| |
| |
| |
Eppie Dam
‘El ja en wy seine ek, ho mear sielen nammersto mear wille’
‘Moarke’ fen A. Meester - De Vries
Us Frysk Berneboek, rige B Nr. 2
Drukkerij Laverman N.V. Drachten - 1945
‘Moarke’ is in boek, ornearre foar bern. Mar it is gjin berneboek. It is in ûnmooglik boek.
Rekkene nei de ynhâld is it in boek foar bern fan 6-8 jier. Mar foar har is it boekto grou (168siden)en de tael to dreech.
Rekkene nei de foarm is it in boek foar bern fan 10-12 jier. Mar foar har hat it forhael neat om 'e hakken.
Rekkene nei de psychology is it in boek foar âlde wiven. Mar hja lêze gjin berneboeken.
‘Moarke’ is werklik in ûnmooglik boek yn de meast letterlike sin. Echt hwat foar in bisprekker. Dy moat.
De haedpersoan is fansels Moarke, de swarte poes, dy't har thús hat by boer Jagersma. De boer hat in wiif en fierderop yn it boek komt der ek in lytsenien. It hiele boek lang komt ús poeske hieltyd yn kontakt mei oare bisten, dy't yn har omkriten tahâlde: Bello (de greate hiemhoun), Kees (de kater), in kanarje, Juno (woef, woef), waf, waf (‘al wer in houn’), Bokke (de hoanne, mei syn hiele keppel hinnen), in akster en in houtdou, Befke (de suster fan Moarke), eamelders, Hindrik en Hike (en noch folle, folle mear protters), Knilles Kwak (kikkert), Kees en Koasje (kninen), Kekke (geit). Bihalven mei de boer, de boerinne en de lytse jonge, fangt hja ek noch apen en bearen mei Tryntsje, de faem, mei beppe, mei buorfroulju, skoaljonges en kattemeppers.
As it op it forhael (better: de forhalen) oankomt, is der hjir en dêr foar de jongere bern noch wol in aerdichheitsje to bilibjen (lykswol, hja komme it boek net troch), mar oer 't generael is de wille gewoantsjes en binne de grappen guodkeap. It poeske pleaget en wurdt pleage, it rint fuort en komt wer thús, sliept en makket in praetsje, springt oer in sleat en komt op 'e poatsjes tolânne, lykas alles op 'e poatsjes tolânne komt. Bytiden giet it need: kanarje-yn 'e gerdinen, hinnen rjochtrazend by it gaes omheech, breidjern yn 't tiis, Tryntsje
| |
| |
op 'e achterste fuotten, kninen los yn 'e tún, geit op 'e rin, mar spanning is der suver nea, ek om't de biskriuwings fierstento wiidweidich binne. De skriuwster makket fan ien skeet tsien tongerslaggen en sa komme wy wer in haedstik fierder. Snobberige Tryntsje slynt wit-ik-hoefolle siden lang fan hwat oars en dan wer 't selde. De geit is trije kear fan 't ket. En beppe mar hopperide en ferskesjonge mei de lytse jonge, hwant heit en mem binne sa lang yn it bûthús en it boek moat dochs fol. En oars wurdt der wol wer in dier by't nekfel pakt. Hwat mear sielen, hwat mear siden. De bigjinrigels fan suver elk haedstik yntrodusearje in nije siel:
II |
By boer Jagersma hiene se acht hinnen mei in hoanne der by. |
III |
Moarke hie ien sister..... |
IV |
De sneins dêroan siet Moar by it eameldersnêst. |
VI |
In pear dagen letter kaem beppe,.... |
VII |
Moarke hie fortriet, och sa'n great fortriet! Tink ris ta, hja hie fjouwer ljeave lytse poeskes hawn, sokke alderljeafste lytse bern... |
VIII |
Knilles Kwak wier in kikkert. |
X |
By boer Jagersma syn boerkerij hearden ek twa kninen. |
XI |
Kekke, de geit, wier in oar bist. |
Binammen by de oanfang fan de haedstikken VIII, X en XI krijt men it gefoel: dit hie yn it earste haedstik moatten by wize fan ynlieding. Men kin op 't lêst net oan it yntrodusearjen bliuwe. Mar wy sitte ûndertusken op side 89, 105 en 116. Sa'n opset wurdt de lêzer deawurch fan. De skriuwster op 't lêst ek? Fral fanwegen de wurdtsjes ek en oar (X en XI) krij ik it gefoel dat hja der likegoed tsjinoan hat sitten to stinnen.
By it bigjin fan haedstik VII sitte wy op 'e helte fan it boek (side 81). Mar earst nou krije wy to hearren dat Moarke in great fortriet hat. Dêr hiene wy al dy tiid noch neat fan fornommen. Hja like altyd like fleurich as in geranium.
Op side 142 krije wy oan it bigjin fan haedstik XIV noch hwat to lêzen oer in gewoante fan it bistke, hwat hiel ûnnatuerlik oandocht, hwant wy mienden, wy koene it nou troch alles hinne. ‘As Moar der út woe, gyng se altyd mar gewoan foar de doar sitten.’ Foar my is it hiel dúdlik: de skriuwster woe it boek hieltyd tsjokker en tsjokker hawwe en hat dêrom hieltyd hwat nijs op priemmen set. It seit himsels dat op sa'n manier fan opbou en ienheit gjin sprake wêze kin. En as it boek de helte koarter west hie, hie it al de helte better west. Trije kear sa koart, trije kear sa bêst, en sa kin ik trochgean.
In poes as haedpersoan hoecht op himsels net forkeard to wêzen. Binammen net as it dier yn har hâlden en dragen it bern idintifikaesjemooglikheden jowt. Ut en troch is dat yn dit boek ek it gefal. Poes bigrypt bytiden neat fan de greate-minske-wrâld, fielt har faek ûnrjochtlik tobekset en fret dingen út dy't net meije.
Spitigernôch is der ek in oare Moarke: it âld wiif, de hin mei de glêzen kont. Dat hja prate kin en de greate minsken harren tael forstiet, is net slim, mar dat hja bytiden âldewivepraet hat en sels in great minsk is, al. As jo it bern de
| |
| |
mooglikheit fan idintifikaesje jaen wolle, moatte jo net mei sipeltsje-beltsje-blomtael oankomme.
Tsjin Bello:
‘Ik gean lekker in ein to kuijerjen.’
‘Och hearken ja, nou sjoch ik it ek, hwat is der bard, ju?’
‘Fensels, det kinst wol bigripe.’
Tsjin Befke:
‘Ik scoe dy ris opsykje.’
‘....wy ha der in hiel gesellich buertsje;
(...) of wy meitsje in bûrpraetsje.’
‘.....it wirdt foar my al hast to let om nei hûs ta to gean.’
‘It kin noch wol hwat tafalle, ju.’
‘Och, det wit ik noch net.’
Tsjin de eamelders: ‘Nou jimme witte der altyd hwet fen.’ De eamelders kinne oars sels ek omraek eamelje en hja net allinne. Der is yn dit boek suver net ien dy't net eamelt
De eamelders:
‘Nou, as jo det dwaen wolle, den tige graech fensels. Och, och, det scoe for ús in hiele stikel út 'e foet weze.’
De akster:
‘Oft jo gelyk ha, men moat hwet oandoarre, mar om fen 't iene yn 't oare to praten, ho giet it mei jou berntsjes, Roelfke, kinne se al fleane?’
‘Och, hearken, det wier hwet.’
‘Och jo moatte rekkenje, it binne ek sokke bretale rakkerts! Mar kom, wy scoene noch hwat ite....’
Befke:
‘Och, och, ik kom hjir nea oer hinne.’
De protters:
‘Goed, mar nou woe ik ha, det wy Sjouke-en dy ôfsizze.’
‘Ei, wy kinne Sjouke-en-dy net ôfsizze, det is fierstento sneu for hjarren.’
‘En hwet tochten jimme nou, ús gasten komme net mear? Mar det siet sa, wy krigen ûnforwachts ús Ale-en hjar op bisite en om't wy nei jimme ta scoene en der dos by uzes neat klear wier, tochten wy den mar meielkoar nei Hindrik-en-hjar, dy scille wol hwet hawwe.’
Dit boek stiet stiiffol mei de biwende krimmenearderige, relatifearjende en biskôgjende sechjes, dy't greate minsken brûke om har forhaeltsjes op gong to bringen en to hâlden: ja, né, ja ja, né né, o, och, o o, och och, ei né ju, och hearken ja, o just, nou, nou né, ei nou, ei ja, och né, mar kom, hwat ik sizze woe, my tinkt, tsjonge tsjonge, allegear goed en wol, o ljeave frede en gjin ein.
Dat it âldwivige taelgebrûk fan de ûnderskate figueren lykfalt mei in âldwivige manier fan dwaen, sil nimmen frjemd oankomme. De houtdou en de akster kinne der hwat mei as hja it oer de bern hawwe. Neffens Befke jowt it gjin pas dat hja der hwat raer útsjen soe, om't de baes en de frou tige fornaem binne, sjoch De losrekke kninen binne sa mei har frijheit forlegen, dat hja út
| |
| |
harsels hiel willich nei de stjelp weromgeane en dêr moai wachtsje oant de boer har deryn lit. It toppunt binne de protters dy't sneins byinoar op bisite komme, net witte hwat hja ‘op 'e tafel’ sette moatte, har ôffreegje hwer't de gasten bliuwe en it wol werris ophelje, hwant dat moat oars al. Men wurdt der mislik fan. As dit boek in soad lêzers hawn hat, komt dat om't der oars neat wie yn 1945.
Mar op dit stuit, 1979, is der noch suver neat. De froulju-mei-de-dûbelde-nammen fan foar de oarloch hawwe hast in monopoaljeposysje yn de fryske berneliteratuer. Wy kinne it har ek net kwea ôfnimme dat hja mar raek skriuwe, om't fierwei it greatste part fan de jongere skriuwers it forrekt en doch hwat oan berneliteratuer. En ûndertusken komt it frysk op de skoallen en breidzje ús warbere froulju wol troch. It wurdt oars al tiid dat hja opkrosse. As ik sjoch hwat de KU yn gearwurking mei de AFUK fan harren op 'e merke smyt foar bygelyks de twadde klasse, dan kin ik fan ellinde net iens mear gûle. Forlike mei tritich jier lyn binne der in pear dingen forbettere: It boek fan 186 siden is nou in boekje fan 30 siden, de sinnen binne koarter, de letter is greater en it taelgebrûk is oanpast. Hwat ynhâld en mentaliteit oanbilanget is der gjin sprútsje foroare. De bern moatte oeral mar om gnize en alles mar moai fine. Goed is goed, forkeard forkeard en skuld skuld. ‘Oe mem,’ gûlt Jolke. It jonkje is alhiel út 'e liken om't er in pot mei sjerp falle litten hat. ‘Mem, ik sil't.... ik sil 't noait wer dwaan.’ It skuldbisef krûpt him troch de hiele lea hinne. ‘Mem, ik yt fan 'e middei pankoeken mei neat, hear!’ (Pankoeken mei sjerp, A. Roodbergen-Bouma. 1977!)
De hjoeddeiske, kinologyske pendant fan ‘Moarke’ is ‘Toppo’, skreaun troch T. de Jager, hé! Dit boek is, hoe kin it, noch bidroefder. It is op side 3 fuortendaliks goed raek.
‘Sa, Toppo,’ seit de frou, ‘No ha ik fan 'e middei in moai ein breide, soe 'k sizze.’
‘Sjochst wol, Toppo? Dit wurdt in moai nij truike foar ús lytse Saakje. Noch in pear dagen fûl breidzje, dan kin 'k it fan 'e wike wol ôf.’
‘Woef, woef!’ seit Toppo, ‘Mei ik der ek efkes oan breidzje? Dan set ik myn tosken der yn. En dan sil ik mei it breidzjen yn 'e bek de hiele keamer trochstowe. Wat wille dy blinkende stokjes dan rikketikje! Grif noch helte lûder as by jo. En dan is it truike samar ôf!’
En dan stiet der foar yn it boekje: Ljouwert, 1977. Koperative Utjowerij!!! Dat de boer rôp: ‘Toppo, do bist it toppunt!’ In wier wurd. En in leskommisje dy't dizze rotsoai goedkart, doocht nerges ta. Dy kin ek net goeije manuskripten bioardielje. Ik wit fan in jonge skriuwster dy't har berneboek oersette moast yn it hollânsk om it útjown to krijen. Hja skriuwt nou geregeld foar twa fan de greatste útjowers fan berneliteratuer, hollânske.
‘Hèje, hèje,’ krimmenearret beppe, ‘fen slaed wirdt men sa slûch,.....’ Hèje, hèje, ik bin deawurch mar kom, men sil der stront mei stientsjes fen skite, siz nou sels, o, o, it is hwet, it iene moarke nei it oare komt mijaukjend fen de parsen, och, och, my tinkt. waf. waf
|
|