-Fynst it net moai? frege mem.
-Ik hâld der net fan natuerforskynsels sintimenteel to bioardieljen, sei Alef.
-Sok gouden ljocht, dat is in wûnder, sei mem.
-Komt dalje op, sei Alef toanleas.
-Dalje?
-Reinwetter, sei Alef.
-Dou likest Thyl Ulespegel wol, sei mem.
-Dou moatst net altyd alles sa forpeste, fûtere Roas.
-Hwer is Super? frege Alef. Hy roun it tegelplein oer nei it hok. De halsbân lei leech oer de flier.
-Witstou hwer't Super is? rôp er nei Roas.
Roas kniep de fûsten om 'e stangen fan 'e karre.
-De houn is fuort, sei mem.
Alef roun it hiem oer en rôp oanienwei Super, Super, Suuuup.
It bigreate har doe't se him rinnen seach. Doe't er werom kaem roun se foar him út nei de garaezje, treau de tûme op 'e koffersluting dy't knappend iepen sprong. Alef stie njonken har. Se hearde him sykheljen.
-Super, Super, sei er, as koe er it him noch net yntinke dat de houn dêr foar him lei. It hier stie him rjochtrazend op 'e bealch en syn bek wie ien greate rige tosken. Der kleefde him bloed yn 'e facht. Alef doek mei syn boppelichem yn 'e kofferbak en struts mei de hân oer de wreed opsteande facht.
-Hoe komt dy houn dea? frege er en stiek syn boppe-ein noch fierder yn 'e bak, dat er suver oer de houn hinne kaem to lizzen.
-Ik koe der neat oan dwaen, sei Roas skruten.
-Hwêr koest neat oan dwaen?
-Ik ha him deariden by de ynrjochting.
-Hwat moatstou by de ynrjochting?
-Ik woedêr wêze.
-Marde houn.
-Ik koe dêr net wei bliuwe.
-En doe?
-Ik krige him foar de auto.
-Wiest jaloers?
Se skodholle.
-In ûngemak, tink. Ik wit it net mear.
Hy bleau in hiel skoft boppe de bak stean sûnder in wurd to sizzen.