Trotwaer. Jaargang 11
(1979)– [tijdschrift] Trotwaer– Auteursrechtelijk beschermd
[pagina 209]
| |||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||
YnliedingGa naar eindnoot1Mei de útjefte fan disse Samle Fersen kin de joeddeiske lêzer nou foar de easte kear alle nou bekende fessen fan de yn 1963 ferstoane dichter yn ien hânsume bondel fan begjin oant ein trochlêze. Nêst de ek al yn de Samle Fersen fan 1949 en yn Fan wjerklank en Bisinnen opnommen fessen, fine wij jir ek noch in Skift Oanfollingen der't yn opnommen binne de ‘fersen dy't net yn ien fan de beide bondels publisearre binne’ (6). By dy lêsten wiene sawol oarspronklike gedichten as oersettings. It feit dat wij no dus nei alle gedachten alle wurk fan Postma foar ús hawwe is reden genôch foar mij om yn Trotwaer wiidweidich omtinken te jaan oan it oeuvre fan ien fan de grutste fryske dichters fan disse ieuw, faaks wol de grutste. Ik sil jirbij earst in koart oersjoch jaan fan de krityk oant no ta, om dêrnei myn eigen ynsjoggen te formulearjen, dy't dan ferlike wurde sille mei de jeddere kritiken. As tredde folget der dan in gearfetting en in list fan de artikels en boeken dy't wichtich binne foar de stúdzje fan Postma. | |||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||
[pagina 210]
| |||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||
I(1) Ik jouw jir east in koart oersjoch fan de wichtichste karakteristieken fan Obe Postma syn wurk, en gean jirbij mar alfabetysk te wurk. U.J. Boersma, om dan mar te begjinnen, wiist yn 1953 op ‘it opheevjen fan de tiidsfaktor’ yn Postma syn gedichten: ‘Hy oerwint de forgonklikheit troch it ponearjen fan it bliuwend’ (91). C.A. Faber (1946) wiist der op dat Postma syn ‘liet... gjin klacht (is) om hwat forgyng, hwant hy kin hwat foarby gien is sjen yn heger ljocht’ (185). De ‘opskroeve libbenswil... dy't sa karakteristyk wie foar in great diel fan de Jeropeeske dichtkunst tusken de beide wrâldoarlogen, is him absolút frjemd’ (187). Faber freget him ek noch ôf wat de ferklearring fan Postma syn ‘skrutenens’ wêze kin ‘hat er dêrom nea de leafde tusken man en frou bisongen?’ (189). Mar it is ek sa dat Postma net yn it foarste plak syn eigen siele leavet, syn leafde giet út nei it libben fan it folk, wol syn wêzen opnimme (190). D. Kalma (1916) hâdt út dat de bêste fessen skreaun binne ‘as er sjongt fen de tiden, do't er as bern libbe en winske’, mei oare wurden as er sjongt fan de ferlenne jonkheid, dat paradys. Krityk hat Kalma ek, want wol Postma fan it ‘hegere’ sjonge dan wol syn selskrityk him net bihoedzje tsjin ‘ûnbihelperigens en ûndichterlikens’; sels syn ienfâdichste lieten wudde soms noch ferûnsuvere troch ‘would-be dichterlike utering, dy't der alderminst yn thús heart’. Dat ljicht der net om. Deselde Kalma (1918) kin dochs ek wer tige optein wêze: ‘dizze stille, dimmene sjonger’ (31) ‘hwaens sêfte dichterlikheit en stille ynlikheit yen omwevet mei sok in ûnwearsteanber-meinimmende oandwaenlikens’ (32) sjongt net fan ‘de great-minsklike Ljeafde mei har treftich en ammeleas op-en-del-gean’... ‘hy ken se net’; mar hij sjongtfan ‘de stille dingen fen it dimmene libben’. Yn dat lêste sil dochs wol wer in poarsje krityk stykje omdat Kalma, lykas we noch sjen sille, no just net sa gek is op dat dimmene. Fierders is er der net wis fan oft wij jir no ‘primitive ienfâld’ of ‘in einleas-forfine kinst foar ús hawwe. Hij komt dan noch op deselde krityk as yn 1916, nammentlik dat ús dichter net fan de greate dingen sjonge moat, want dan bejowt syn technyk him, en wurdt it in toar en hulterich gestroffel, ferl. de twa Natûrwittenskiplike Gedichten yn Fryske Lân en Fryske Libben. Kalma beslút syn besprek mei in hiele goede karakteristyk: ‘Dizze skriuwer is by útstek great yn it skynber-lytse, by útstek lyts yn it skynber greate’, en jir ha wij ‘it stil-wémoedige sjongen fen ien, dy't syn suverheit fen herte ef altiten biwarre èf nei folle ûnderfinings en striid werwoun hat’ (32). Yn 1930 is Kalma neist syn bewûndering ek wer tige kritysk. Hij fynt de leafde fan Postma ûnpersoanlik: ‘Dizze ljeafde is tige ûnpersoanlik, hja jildt it doarp en syn minsken binammen lyk as dy wierne yn det forline det yn it hjoed neiwirket en forstjert,... mar faek liket it in ljeafde dy't weromkomtta hjarsels, ljeafde ta de eigen dichterdream mear as ta de sûnder mis minder harmonyske, mar riker en krêftiger realiteit (160) Dy leafde giet sa nei it ferline út dat it joed him faken ûnbegryplik wudt Kalma hie dy leafde ek ‘wider winske yn it minsklike’ (160). Yn 1953 utert Kalma nochris wer de klachte fan de Jongfriezen: ‘dizze man | |||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||
[pagina 211]
| |||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||
stiet mei syn antlit nei it forline fa’ (82). Ut alles docht bliken dat Kalma muoite hie mei Postma, en dat sil straks ek nei foaren komme as ik de kritiken neirin op wat se ús te fertellen ha oer de foarm bij Postma. W. Kok (1953) leit der de klam op dat Postma aloan wer it sljochte wud foar kar nimt ‘om dat omheech to driuwen ta de heechste skientme’ (93). Syn fessen binne ‘himelsk’ en dochs altyd oan de iede bûn (94). Je soene dus ek sizze kinne, dat Postma de dichter is fan de himelske iede (GvdM). L. Nauta (1954) beskriuwt Postma as in dichter pur sang dy't it om mear as skientme allinne te rêden is, in dichter dy't mei ‘hiel syn wêzen bisocht him dizze wrâld eigen to meitsjen, mei forline en takomst der by’ (2). Neffens Nauta is Postma folle mear in keunstdichter as Sierksma wol ha woe, al jowt ek Nauta ta dat bij Postma ‘de ienheit tusken folk en dichter net tobrutsen is’, al is dy ienheid dan in ‘dreamde ienheit’: ‘Hoe reëel dizze dream ek wêze mei, hja driuwt op 'e skientme en bistiet by de graesje fan de geast’ (3). Sadwaende soe der dochs noch wol ris in spjalt tusken folk en dichter wêze kinne, mar jir gie Sierksma net op yn (4). Yn 1958 is Nauta nochris op de tekst oer Postma, yn in besprek fan Fan Wjerklank en Bisinnen, en kin dan net sa lûd beare fan de poëzij dêryn. Postma herhellet âlde témas yn somtiden slim tradysjonele bylden, en is net altyd yn steat en realisearje dy témas op in nij (82). It monotoane en herheljende hat nammes altyd al in wichtich merkteken west fan dizze poëzij. De frije fessen hat er noch wol wat weadearring foar, mei har ‘parlante toan’ (82) - al wit ik nou sels net wat Nauta dêr presys mei bedoelt. De kontrastwurking begjinne in soad fan Postma syn fessen faak troch te libjen, je troch dat kontrast wude it east fessen. En dan is der ek noch de irony. Nauta wiist ek noch op it ferskynsel fan it brûken fan nammen: fan frou Faber-Hornstra oant Dante (83). Neffens de besprekker is Postma op syn bêst as er mei himsels yn petear rekket (84) J. Piebenga (1953) seit ek nijsgjirrige dingen: ‘It fers wol biswarre, wol wierheit yn in magyske formule fêstlizze. Altyd sil de dichter de goaden gewelt oandwaea, allyd sil er it forlieze; dêrom hat Obe Postma, dy't winne wol, de ierde ta God makke’. ‘Syn wurk is in ientoanige lofsang op de waechsdom, in natuerhymne sûnder ein, in knibbeljen sûnder bidden’. ‘Spjalt, tobrutsenheit, sûnde binne foar him frjemde bigripen’. ‘Fryslân is foar Postma (net de rykste, net de greatste, mar wol de meast religieuze Fryske dichter fan dizze ieu) tagelyk alles en neat’. De meast religieuze dichter. Lit ús dat ûnthâde. Deselde wiist der yn 1957 op dat bij Postma altyd joed en juster gearrane, wat fergien is sprekt noch ta harren dy't harkje kinne, en sa is der gjin skied tusken libben en dea (221). Fierders wudt alles wat Postma syn eagen sjogge fuot ta simboal fan wat ûnsjenber is. Nei in min of mear wudlike herhelling fan wat er yn 1953 skreau, seit Piebenga dan noch dat Postma syn grutte betsjutting leit yn ‘it tsjoenen mei sljochtwei wurden’ (222). D. van der Ploeg (1978) komt op de ‘riedseleftige forhâlding tusken ienfâld en djipte’, dêr't de krityk faak gjin ried mei wit. Dêryn leit nou krekt Postma syn | |||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||
[pagina 212]
| |||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||
poëtysk kinnen. Al giet it oer in foarbije tjid, dochs giet dit dichtwurk ús hieltyd mear oan omdat it alle dagen mear de klam leit op ‘ús tokoart oan folksmienskip’. Disse gedichten binne in ‘fynbislipe fordjipping fan it minsklik fielen’. Dochs is de realiteit jir faak ferdreamde realiteit, syn poëzij siket de minske en de mienskip - it wol nei de minsken ta. Soe dat sykjen net ris wize kinnen op gemis oan ferbUnens, mienskip, freget Van der Ploeg him ôf. If monisme, dat ferbynt wat teskuord is, hat faaks ek ‘in bihoefte west foar syn yn wêzen iensume en ysolearre libbensstyl’. Wat altyd oansprekke sil is Postma syn ‘forrifeljende ienfâld, syn iepenens en ljochtens’. Foar Van der Ploeg binne syn gedichten de dreamen fan in âd man dy't altyd bên bleaun is. Fan Obe Postma sels kinne wij yndirekt ek noch wol wat gewaarwudde oer syn eigen poëzy. Yn 1928, yn in besprek fan de bondel Dage, Fersen I fan D. Kalma, wiist er derop - en dat is grif as ferhoalene krityk bedoeld - dat Kalma mear mei de geast as mei de sinnen waarnimt: de iede is net Kalma syn leafste elemint. ‘Sa liket er ús wolris hwet los fen 'e groun’. Dat lêste is ien fan de moaiste prippen oan it adres fan Kalma dy't ik ea lêzen ha, en tagelyk yndirekt in prachtige gearfetting fan wat Postma net wol yn syn eigen poëzij. Want dat is ommes poëzij fan de sinnen, just net los fan de grûn. Yn in oar artikel (1949a) - ek al wer nei oanlieding fan in opmerking fan D. Kalma oer dichterlik fielen - seit er it sa: ‘Moat der opslút forskil wêze tusken dat dichterlik fielen en it deistich-minsklike? Moat de dichter altyd heech boppe de ierde forkeare?’ (68). Yn 1949b komt er ek noch op it belang fan de sinnen bij de skiente-ûnderfining: de skiente ‘hat har oarsprong nomd yn de sinnen, mar is dêr ek bûten gien yn it geastlike’ (273), foaral bij it gesicht en it gehoar komt de skiente ta ús en ‘ûntjowt har fierder yn it geastlike’ (273). Wij sille noch sjen dat dit hiel goed as karakteristyk fan krekt syn eigen wurk jilde mei. As yn 1934 F. Schurer de Gedichten fen Rilke besprekt komt er ta de folgjende útspraak: der is tusken Rilke en Postma ‘in selsume oerienkomst: de soele, skimerige dreamewrâld, dy't de ljeafde fen beide hat; de flecht nei it libben det forstille is ta hast allinnne sfear en oantinken’ (232). Dreamewrâld, dat wol, mar ‘soel’ en ‘skimerich’....? En wat bedoelt Schurer mei ‘hast allinne sfear en oantinken’? Dochs net dat Postma syn poëzij allinne sfearoantsjuttend en net konkreet wêze kin? Wij sille sjen. Wij komme nou ta oan de wichtichste skriuwer oer Postma, F. Sierksma. Yn 1947 besprekt er It Sil Bistean, en ferklearret dan dat Postma altyd om it tiidleaze socht hat, om dat wat bliuwt, net achter mar yn de dingen: ‘net om de ierde hinne, maar der trochhinne’ (112). ‘Postma heart net ta al dy filosofen, dy't by har prakkesaesjes oer de eftergrounen fan it libben, allinne dy eftergrounen oerhâlde en yntusken it libben kwytrekke binne’ (113). ‘De minske fynt allinne trede as er it bitizende foarmforskaet ûnder eagen doar to sjen. Hwat soene wy fan de Uneinige witte, as wy net ienris it ierdske mozayk bigripe? Bigripe sille wy dat nea, mar wy kinne it sjen, it bilibje en leafhawwe’ (113). Postma jowt en forsearret gjin oplossing, der is allinne glimkjende | |||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||
[pagina 213]
| |||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||
humor. Marde pine is der dochs wol, leit lykwols ‘sa djip, dat hja hast forswijd wurdt’ (114). Yn 1950 besprekt er de Samle Fersen fan 1949. Ek jir komt er ta in oantal treflike útspraken Postma syn poëzij falt op troch de leafde foar it detail, ‘de aparte, concrete dingen’ dêr't keunst per definysje mei te krijen hat. Dat ‘concretisme’ bewarret him foar klysjees (76) Lykas alle dichters skriuwt Postma oer syn ‘forlerne paradys’ dat er wer oproppe wol. It gedicht Pinkstersnein leart ús dat foar Postma himel en iede ien binne, de himel wudt op de iede fûn kin dêr alteast somtiden fûn wurde (77). Hij nimt de iede oan, ‘it ûnbitinge oannimmen fan it stjerre- en minskebistean yn skientme en fomeatiging (is) it sintrale libbensbisef, dêr't dizze poëzij út wei skreaun wurde koe’ (78). It docht Sierksma nij dat disse poëzij sa sterk spiritualistysk is: ‘Dat de man dy't de ierde leafhat oant yn elke kerl, syn lêste hâld fynt yn 'e al-geast liket eigenaerdich’ (79-80) Bij in dichter dy't gjin ferskil ha wol tusken himel en iede liedt dat ta in ûnoplosbere tsjinspraak. ‘Hij leaut oan 'e algeast, om't er oan 'e ivichheit fan it libben leaut’ (80). Sierksma wiist jir op in probleem dat yndied om bestudearring freget, ik hoopje jir fierderop noch op yn te gean, benammen it probleem wat dy algeast nou krekt foarstelle moat, en hoe't Postma syn tinken dêr wol ta liede moast - mei of sûnder tsjinstridigens. Postma wie gjin esteet, en hij wie konkreet: hij dichte net fan in boer, mar fan ‘Sjoerd Douwes' en Jan Minnes’. En al is syn wurk net bylkerich, hetstocht en begearte is it net brek (81). Ek Sierksma leit der de klam op dat in protte gedichten it prinsipe fan de kontrastwurking toane, bijg, troch de konkrete dingen yn in kosmyske fisy te pleatsen, wêrtroch't ynienen in peilleaze djipte ûntstean kin (84) Bern fan de Ierde (1953) is Sierksma syn lêste en meast wiidweidige konfrontaasje mei Postma syn wurk. Lit ús ris sjen wat er noch oan syn opfettings oer Postma tafoege, of oars ferwudde hat. Postma is de dichter dy't de ivichheit fynt yn in bûthus of yn in sleatswâl, hij is de dichter fan de sletten mienskip, it Fryske folk; de ferbûnens jirmei is it fûnemint fan syn wurk (11). Dit is syn wrâd, en alles yn dy wrâd is famylje fan de dichter (12). Nei oanlieding fan De Boerinne fan Surch skriuwt er: it ‘raffinemint komt rjochtstreeks út de folkstael en út de folkssiel. Hy makket fan de folkstael net in kunsttael, mar hy hellet út dy folkstael hwat der oan fine poezij al yn siet’ (23). Opfallend oan dit gedicht is wer it détail de boerinne hat langst nei har ferlenne paradys, nei har beam bij har âden thus en net samar in beam, mar in abeeljenbeam. En sa neamt er noch folle mear details (24). Ja, ‘der ûntkomt him (Postma) neat’ (25). Dat lytse stikje minsklik fertriet, dat dochs ek ûnbidige grut is, hat neat abstrakts oer him, en grypt us oan (24). In oar aspekt fan dat konkretisme is dat libben allinne wurklikheid is as men it sjen, rûke, jerre of taaste kin. Bij Postma fine wij ‘it raffinemint fan de sintugen, dêr't in siel efter sit’ (25). En oan de ein fan dit gedicht is der dan noch de irony, dy't lykwols net hud oankomt omdat it de irony fan de solidariteit is (25-6). | |||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||
[pagina 214]
| |||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||
Sierksma komt fansels ek op de tekst oer it monisme, dêr't er fan seit dat dat yn de easte pearioade yn oanlis oanwêzich mar yn de twadde pearioade bewust ferarbeide is. Der is gjin spjalt tusken libben en de kosmos, mar in ienheid, en dy ienheid is fan de geast: ‘Alles komt fuort út de geast en alles giet werom nei de geast, ek hwat wy stof neame’ (27). Winliken bestiet allinne de Geast mar, dy't himsels ta utering bringt yn de miljoenen libbensfoarmen dy't wij om ús hinne sjogge en dy't de dichter sa ynleaf wiene (28). Der is sadwaande wol in spanning, mar net in spjalt. Dêrom is der foar Postma ek neat dat wij sûnde neame, mar sis net dat er dus in atheist is (30). Dy grutte Geast, dy't himsels yn ús matearialisearret, begrypt tige goed dat Postma, as bên fan de iede dêr sa oan hinget en oan it libben fan dy iede: ‘God is ommers yn dizze ierde, Hy is dizze ierde en hoe soe de Uneindige himsels net bigripe?’. It konflikt wurdt sa dus net oplost, mar de skerpste kantsjes geane der wol ôf (31). Noch wat oer it ienheidsfielen bij Postma: ‘De ienheit fan it hielal wurdt wjerspegele yn de ienheit fan fielen en tinken yn de dichter sels. As hy de ierde’ freugd bilibbet, dan is dy freugde trochljochte en suvere fan it tinken, dat de lêste ienheit ken’ (33) (ûnderstreking fan mij, GvdM). Dat ienheidsbesef hâdt dan fansels ek yn dat der gjin kar tusken goed en kwea dien wudt, en dat ferklearret it feit dat Postma in dúdlik swak hie foar wylde bruiers as Slauerhoff. ‘It libben is to great en machtich om it kreas yn stikjes snije to kinnen’ (38). Yn it dichtwurk komt it besef fan Mem lede har tsjustere kanten soms ferbjusterjend nei foaren, sj. it gedicht Winterjoun op s. 158 (39). Oer dat gedicht sil ik it útsoate jirûnder noch hawwe. S. Sybesma (1953) jouwt op tige persoanlike, mar neffens mij ek treflike wize syn fizy op de iepenens fan it wurk fan Postma: ‘Of is er my soms to eigen? Bisibbe dream en amper died? Soe ik faeks earder op 'e flecht slaen foar safolle iepenens, en banger wêze, dat de siele kronken wurdt; soe ik myn siele mar om hals bringe? It brânt, it skroeit, dizze swetteleaze, genedige, mylde ienfâld en it is in lêst, dit ljochte erfskip oan to nimmen en to hoedzjen. ... Postma hat Fryslân, sjoen en trochskôge oan yn 'e woartels, dochs leaf, lykas it libben Hoe'n kleau, hoe'n spjalt moat der west hawwe. En hoe'n brêge hat er slein. Hwa praette fan fersen?’ (95-6) (ûnderstreking fan mij, GvdM). D.A. Tamminga (1947) fynt dat yn it wurk fan Postma de lytse dingen altyd in relaasje mei it kosmyske krije ‘dy't foar greate dichtkunst alpha en omega bliuwe sil’ (42); se meitsje har los ‘fan 'e inkeld sinlike oanskôging’ en krije har ynhâld troch ‘de wei fan it visionnaire’ (43). Tamminga achtet de kwatrinen yn It Sil Bistean de bêste poëzij ea skreaun yn Fryslân (45). Dyselde Tamminga skriuwt yn 1963 ek noch oer de ferhâding - literair fansels! - tusken D. Kalma en Postma: Kalma wuddearre Postma wol, mar dochs wie de lêste in ‘ûnder himelbistoarmers (mar min) thús to bringen konfrater’ (276); dat hiene wij ek al tocht nei lêzing fan Kalma syn kritiken. Tamminga leit ek noch de klam op eat dêr't oare kritisi net sa faak op komme, ntl. dat it dichtsjen swier kealle bij | |||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||
[pagina 215]
| |||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||
Postma, en hellet dêrbij oan fan Postma sels ‘en smert om lytsens kurf syn marken yn’ (SF 223), en dat de fessen faak de ‘fal’ net krije woene (SF 43) (238).Ga naar eindnoot2 A. Wadman skriuwt útsoate ek oer Postma yn syn ynlieding ta Frieslands Dichters (1949), en leit lykas oaren ek de klam op it feit dat Postma altyd troch it ferline ynspirearre wudt: ‘het onbeperkt geluk-der-ontdekking, dat de jeugd is’ (27). Yn syn artikel fan 1953, dat foar it grutste part wijd is oan in stúdzje fan de foarm, komt dochs noch in karakteristyk fan algemiene aad foar, want Postma wudt jir in tsjustere dichter njemd, nettsjinsteande de sa maklik lykjende bûtenkant. Neffens Wadman soe op Postma fan tapassing wêze de útspraak fan Boutens oer it dichtsjen as in ‘zich versteken in schoone onvindbaarheid’, wêrút dan ek wer te ferklearjen wêze soe syn foarkar foar tsjustere dichters as Rilke, Boutens, Verwey, Dickinson (85). Wadman achtetde styl fan Postma net primair, dat is jedder de filosofy, dy't yn oanlis fuot oanwêzich wie en allinne mar om in befêstiging yn de styl frege (86). En bij alle leafde ta de iede en de honger fan de sinnen makket de matearje fan syn dichterlik taalgebrûk dochs altyd in tige ûnstoflike en ûniedske yndruk. De honger fan de sintugen is jedder in honger nei it mear algemiene as nei it konkrete: de foarwerpen an sich binne eins mar simboalen - taastber, dat wol - fan it algemiene (85-6). Fandêr ek dat de adjektiven mear in feralgemienjende as in détail-oantsjuttende funksje hawwe; en it draait yn wêzen wer it meast om it filosofyske (87). It lettere wurk is eins ien lange monologue intérieure (88), wat net útslút dat der faak stroeve, geheimskrift-achtige plakken yn dat wurk te finen binne: it is suver sa dat der in striid útfochten wudt tusken syn langst nei iepenens - iepen is in kaaiwurd! - en syn oanstriid ta in ‘zich versteken’ (88-9). Dat wiene in oantal útspraken dy't de muoite fan it ûnthâlden mear as wuddich binne. Jirmei soe ik dan dit oersjoch fan de wichtichste kritiken ôfbreidzje wolle. Wa't niget hat oan mear, kin ik ferwize nei de literatuerlist oan de ein fan dit artikel.
(2) Dan folget no in oersjoch fan wat de kritiken te sizzen ha oer it mear spesifyk filosofyske yn it wurk fan Postma. It seit himsels dat yn it oersjoch fan de wichtichste karakteristiken dat filosyske ek al ris om de hoeke kipe hat, ik sil lykwols besykje ferdûbeling te foarkommen. Faaks is it stikje fan O. Bottema (1941) net in eigentlike krityk op Postma, dochs is wat er seit oer wiskundigen lykas Leonardo, Novalis en ek ‘een der fijnzinnigste onzer friese dichters’ (20), nijsgjirrigernôch om wat fan oan te heljen. Hij seit oer de wiskunde as disipline dat it in feit is ‘dat haar stoute concepties uitgaan boven elke voorstelbaarheid en een triomph beteken en van het vermogen van de menselijke geest om zich van de werkelijkheid te abstraheren’ (5). De wiskunde biedt ús in byld ‘van betrekkelijke onvergan- | |||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||
[pagina 216]
| |||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||
kelijkheid’ (6). Foaral dat lêste jouwt stoffe ta tinken as wij betinke hoe't Postma altyd socht hat om dat wat bliuwt - It sil bistean! - en dat yn it earstoan ek bij de wiskunde sykje wollen hat. Yn it fraachpetear dat er oan J.J. Kalma tastie (1947) komt dat ek nei foaren: hij woe wiskunde studearje omdat er in andert socht op de fraach nei it wêzen fan de dingen. Der moat jir wol bijsein wudde dat dy wiskunde him dochs net alhiel jûn hat wat er der fan ferwachte hie. Hij hat him dan letter ek mear yn de filosofy, en foaral yn de skiednis bejûn, en fansels it dichtsjen (1). Adich is de opmerking fan J.H. Brouwer dat foar Postma yn in wetterdrip de hiele wrâd en de hiele himel har wjerspegelje kinne (1947: 322). Ek dat is ienheid. Eins is ek it artikel fan G. Heymans (1907) net in krityk op it wurk fan Postma, mar omdat syn namme sa faak yn artikels oer Postma njemd, en syn wurk nettsjinsteande dat dochs nea yn dat ferbân oanhelle wudt, is it jir dochs de muoite wuddich ris te sjen wat de man dy't Postma yn it filosofyske sa tige beynfloede hat nou sels oer dat ferneamde, mar nea mear bestudearre monisme te sizzen hat. En dat is namste wichtiger omdat ik myn twivels ha oer dat monisme yn Postma syn gedichten, dat wol sizze it is foar mij de fraach oft dat monisme mear is as in fan bûten der bij helle saak, dy't hiel goed mist wudde kin bij it lêzen fan de gedichten sels. Ik ûntken dus net in bûtenliteraire relaasje en beynfloeding, mar al eventueel in eigenskip fan dit dichtwurk dy't allinne mar yn de technyske sin fan it wurd ‘monistysk’ njemd wudde moat. It artikel fan Heymans giet oer it psychysk monisme, en is in wjerwurd op krityk fan Dèr Mouw, dy't der op út woe dat it psychysk monisme gjin rekkenskip jaan kin fan it ik, dat dochs de helte fan elk-en-ien syn wrâd is. Neffens Heymans lykwols kin men net prate fan it ik en de Bûtenwrâd, mar allinne fan it Eigen Bewustwêzen en Bûtenwrâd, dêrfan is it easte ûnmidlikerwize jûn, it twadde in needsaaklike oanfolling op grûn fan it kausaliteitsbegjinsel (4). It Ik is net ûnmidlikerwize jûn, en syn bestean wudt ek net fereaske troch it kausaliteitsbegjinsel: ‘Ongetwijfeld eischt de wettelijke samenhang der bewustzijnsprocessen een reëelen grond; maar hetzelfde geldt ook van den wettelijken samenhang der buiten wereldsprocessen, en men zou, door dien eersten grond het Ik te noemen, zonder reden een beslissing nemen over zijne zelfstandigheid en afgeslotenheid tegenover den tweeden’ (4). Ik tink dat Heymans bedoelt dat as je de reële grûn fan de bewustwêzens-prosessen it Ik njemme, je dan ek logyskerwize in soate fan Ik-heid taskriuwe moatte oan de bûtenwrâldprosessen, want ek dy hawwe in wetlike gearhing; en boppedat, freget er blykber, wêrom soene wij dy twa ik-heden sa strang skiede? As wij ien Wrâdgeast oannimme soene, of ien Wrâd-ik, soe dan likegoed net dy gearhing fan de bewustwêzensynhâden ferklearre wêze? Sa soe, ferdigenet er him, yn ien klap in ferklearring jûn wêze foar ‘de enkele voorstellingen en aandoeningen als zelfstandige dingen’ en oarendiels foar de ‘gegeven eenheid van het individueel bewustzijn’ (7) (ûnderstreking fan mij, GvdM). | |||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||
[pagina 217]
| |||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||
Dêr Mouw lykwols hat der ek noch op wiisd dat it psychysk monisme gjin ferklearring jouwt fan it feit dat der bliuwende yndividuele karaktereigenskippen binne, en Heymans moat ynskikke dat dat in wêzentlike krityk is. It psychysk monisme kin wol in wetlike gearhing, net bliuwende karaktereigenskippen fan in persoan ferklearje. Foar dat lêste sil der dochs in ‘grond’ bestean moatte. Mar, sa is syn dochs wol wat swakke ferwar, is it erkennen fan sa'n grûn ‘een bezwaar tegen de door andere overwegingen waarschijnlijk gemaakte opvatting van het individu als een integrerend en alleen voorbijgaand afgescheiden bestanddeel van een meeromvattend bewustzijn?’ (8) (ûnderstreking fan mij, GvdM). En dan komt der it argumint fan de erflikens: ‘de individueele aanleg van ouders en voorouders wordt teruggevonden bij de nakomelingen’, elts yndividu draacht eat yn him fan it hiele minskdom en fan de hiele wrâd en fan it hiele wrâdlibben (8). En dan binne der noch de bekende pathologyske gefallen fan spjalting en wikselingen fan ik-heden (9). én it feit dat der bij sûne yndividuën konflikten en wikselingen yn it réaksjepatroan foarkomme dy't soms útrinne kinne op trochbrekking fan de ienheid, en dy soms alhiel teneate dogge. Binne dêrom yndividuele bewustwêzens net jedder tafallich as essinsieel? Of oars sein, binne dy yndividuele bewustwêzens yn werklikheid net ‘sejuncties’Ga naar eindnoot3 binnen in neger bewustwêzen? (10). Neffens Heymans al, en hij ferfettet dat wij no op it probleem fan de yndividuaasje stjitten binne: ‘Men stelle zich slechts voor, dat de psychische ondergrond der natuurverschijnselen opengelegd, de ontwikkeling van sejuncties in het individueel bewustzijn stap voor stap vervolgd, en de ontwikkeling der individualiteiten als daarmede evenwijdig loopend herkend ware (en niets van dat alles ligt in het beginsel buiten het bereik van de empirische methode)’ (12). Men stelle zich slechts voor.... Ja, sa soe it wêze kinne, it is net bewiisd, mar it is al te bewizen. Heymans achtet it psychysk monisme dus in ûnderstelling, in noch te bewizen saak, in eventuele ferklearring fan guon ferskynsels. Wij sille sjen yn hoefier't Postma syn ‘filosofy’ jirop liket. Dat der oerienkomst is, is mij wol klear. Eins soe der folle wiidweidiger stúdzje fan Heymans syn skriften makke wurde moatte as mij jir mooglik west hat, mar dat ferget hast de ynset fan in beropsfilosoof. Ik hoopje dat dat noch ris dien wudt. Om no werom te kearen ta de echte kritiken, J. Piebenga (1957) skriuwt dat bij Postma altyd joed en juster gearrane: ‘Hwat forgien is, sprekt jit ta dy't harkje kin, en sa is der gjin skied tusken libben en dea’ (221). En, ‘Hwat de eagen sjogge, wurdt fuort ta symboal fan hwat to sjen is’ (221). Ek Piebenga leit der dus de klam op dat bij Postma de objekten fan de sinnen folle mear binne as objekten allinne Wa't no noch oerbliuwt is fansels Sierksma, dy't - jirboppe is der ek al op yngien - fan Postma seit dat er gjin skied sjen wol tusken himel en iede (1950: 77), en dat bij al syn konkretisme de filosofy sa spiritualistysk is (79). Piebenga sei soks yn wêzen ek al en wij ha jirboppe sjoen dat yn in oar ferbân Wadman ek al de ûntdekking dien hie dat Postma sa tige feralgemienet. Yn 1953 komt | |||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||
[pagina 218]
| |||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||
Sierksma op it monisme, dat neffens him yn de easte pearioade al yn oanlis oanwêzich wie, mar letter mear bewust ferarbeide is (27). Om oerlaping te foaren te kommen kin ik jir fierder ferwize nei wat ik al jirboppe fan Sierksma 1953 oanhelle ha. Lit ús jir inkeld ûnthâde hoe wichtich it ienheidsbesef bij Postma west hawwe moat en dat suver syn hiele wurk ek yn dat ljocht besjoen en ferstien wurde moat, en lit ús foaral Sierksma syn opmerking ûnthâlde dat de filosofy - dy't letter dan monistysk neamd wurde kin - al oanwêzich wie fan it easte begjin, foár Postma syn eigentlik yn de kunde kommen mei de filosofy ‘monisme’. It liket der no hast al op as krij ik stipe foar myn skepsis oangeande it monistyske fan de Postma-filosofy; ik doar no hast al te sizzen: de filosofy is de typyske Postma-filosofy, groeid út in persoanlik ferlet - oer de oarsaken wêrfan noch wol it ien en oar te sizzen wêze soe -, dy't letter ynhâdlik in bulte mien blykt te hawwen mei it saneamde monisme. As lêste noch wol ik njemme it ynsjoch fan Sierksma dat bij Postma de ûnwennichheid en de langst nei it ferline har ûntjûn hawwe ta ‘it bilibjen fan forline, hjoed en takomst yn it tideleaze nou’ (40). Yndied, je soene safier gean kinne en njem Postma de dichter fan it tideleaze no, mar dat moat jirûnder altyd noch wier makke wudde, fansels. Dit wie dan in koarte gearfetting fan wat oer de filosofy fan Postma skreaun is of sein wudde kin
(3) Ik kom no as lêste op wat der oer de foarm op it aljemint brocht is. U.J. Boersma (1953) wol hawwe dat Postma fan gjin uterlike stylmiddels ferlet hie om de spanning oer te dragen, der is in folslein benefter bliuwen fan de foarm by de ynhâld. Derby wurdt dan doeld op it loslitten fan it rym. Fierders hat se lykswols neat konkreets te sizzen. Bij J.H. Brouwer (1947: 324) lêze wij dat it wurk dochs wol in beskate ûntjouwing hat: de ik-foarm kipet hieltyd mear om de hoeke, en de strofe-foarm wudt mear en mear loslitten, ek it rym. Fierders komt it konkrete benjemmen mei substantiva en verba hieltyd mear nei foaren, wylst de adjectiva en de adverbia mear en mear terrein ferlieze. Der is oeral fersobering. Koartsein, dat is de foarm dy't past bij syn mimerjend tinken. D. Kalma (1930: 159) fynt bij Postma in tekoart oan krêft: de persoanlikheid wudt net yn ‘bliuwend ritme’ útdrukt. Yn 1953 op s. 83 fine wij in soatgelikens oardiel. It jit dat ‘it meast markante fan syn styl... hwat negatyfs (is): dat hy alle spanning mist. Hy swevet, hy glydt; hy stiet net’. Om misferstân te foarkommen: D. Kalma skriuwt jir oer O. Postma en net oer D. Kalma. It gedicht Opwekking (SF 58) hat wol dy ‘driftige anapestyske biweging’ dêr't Kalma san ferlet fan hie, en ek rommet er noch it fes Lok (SF 81), dêr't neffens him alle spanning yn betard is ta stil lústerjen, mei stylmiddels dy't net fierder ferienfâdige wudde kinne (84). De frije praatfersen hâdt Kalma fansels ek net | |||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||
[pagina 219]
| |||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||
sa fan: ‘in greate forearming as de muzikaliteit plak makket foar de wiisheit. Foar psychysk monisme binne der de hânboeken, en foar de biografy eigenet him it proaza stikken better as it minder rhythmysk boun is. De dichter oertsjûget allinne dichtsjende’ (84). Dat is dúdlik fanút in hiel oare opfetting fan it dichterskip skreaun as Postma sines. J.J. Kalma hie yn 1947 in petear mei de dichter, dy't oer foarm it neikommende wolkwytwoe: ‘De foarm is net mei opsetsin keazen, mar komt fansels. Ik fiel b.g. dat it trije fers de werklikheit it natuerlikst werjowt..... Mei in moade hat dat neat to meitsjen’ (1) (Understreking fan mij, GvdM). Dat binne wudden om te ûnthâden liket mij sa ta. De werklikheid, dêr giet it om, net om moaiichheden fan ritme, bouw, rym en sokke dingen. L. Nauta (1958) ha wij jirboppe ek al oanhelle. Dy hie it oer it monotoane en herheljende yn disse poëzij (82), en ek oer de kontrastwurking. Ek sokke dingen moatte ûnder ‘foarm’ beflapt wurde, tinkt mij, fandêr disse herhelling fan myn kant. Ek F. Sierksma (1950: 84) wiist op de kontrastwurking, bijg, dat it konkrete en it kosmyske njonken inoar steane. Op s. 81 seit er noch dat dit dichtwurk it net ha moat fan it uterlike en it bylkerige, it hinkt ek wol ris. It komt mear op it altyd keazen krekte wud oan (84). Yn 1953 jit it sa: ‘Yn de spanning tusken foarm en ynhâld...... leit by Obe Postma de klam op de ynhâld, de frije stream fan hwat oan de siel forskynt’ (16). Yn it frije fes brûkt Postma krekt sa folle ‘dichterlike foarm... as hy nedich hat om fan syn gemimer bliuwende skientme to meitsjen’ (17). Wat de taal oanbelanget, Postma wol gjin keunsttaal, ferl. it gedicht it Frysk (SF 45) (18), en is ek ‘fij fan it skuttend byld’ (Oan dy't my lêze sille yn letter tiid, SF 207-8) (19). Postma wol ‘de bylden fan syn siel frij streame litte’ (19), is mei oare wurden gjin esteet dy't it allinne om it moaie te rêden is. Om noch even op it frije fes werom te kommen, D.A. Tamminga, dy't yn 1953 ek al in fraachpetear oangong mei Postma, krige fan him te jerren dat er net troch. Walt Whitman of de hollanners op it frije fes kommen is. It is wol sa dat Boutens him ta de fjouwerrigel brocht hat (77). Wij sille te ûndersykjen ha oft de opmerking oer it frije fes stipe fynt yn it wurk sels. De man dy't oant nou ta fierwei de measte oandacht jûn hat oan de foarm is sûnder mis A. Wadman (1953), dy't ek fynt dat Postma ien fan de ‘tsjustere’ dichters is, nettsjinsteande de ienfâdich lykjende foarm (85). Wadman leit der de klam op dat er it eigenskipswud op bisûndere wize brûkt, op it impressionistyske ô, en fynt ek noch eigenadichheden yn de sinsbouw, lykas omkearing (inversy) (86). Wat er no mei dat impressionistyske bedoelt wit ik net, mar lit ús mar ris sjen wat er oan konkreets ûntdutsen hat. Neffens Wadman ûntliene de adjektiven lykas gouden, blinkend, blank, bliid, blauw, ljocht, ryk, stil, klear, fris har suggestiviteit fral oan har ‘algemiene, for-algemienjende wearde en oan har greate frekwinsje. Hja appellearje oan inkelde tige algemiene gefoelens en minder oan in uterst fine persoanlike gefoeligens’ (87). Al dy eigenskipswudden binne yn it foarste plak net détail- en sfearoantsjuttend, | |||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||
[pagina 220]
| |||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||
mar wize mear op it filosofyske. Der is bij Postma in sintrale kean fan wiisheid mei dêr om hinne in sfear fan algemiene, oan dy kean ferbûne gefoelens (87). Wadman achtet Postma tige foarm- en doelbewust, wat bijgelyks te sjen is oan de faken tige konstruktyf opsetten sinsbouw (87). Dan binne der noch de retoaryske fragen, de ôbrutsen en elliptyske sinnen, antitheses, chiasmen, herhellingen: alles wiist jir op in tige doelbewust foarmbesef, in foarmfêstens dy't nei binnen keard is: Postma syn lêste wurk foaral is ien oanhâdende monologue intérieure (88). Der is ek in tsjinstriid tusken de iepenens en de oanstriid ta in ‘zich versteke’ dy't him foaral uteret yn passaazjes mei in protte fraachtekens en brutsen sinnen. Dat is foaral sa as Postma siket om it hast ûnbenjembere, en der is dan in wjeraksel te merkbiten tsjin alle offisiële poétyske wudden. Hij wol it dan mei in minimum oan wudden ôfdwaan, en giet dan oer yn in soate fan dichterlik geheimskrift, mei ‘ûnpoetyske’ sloppe passaazjes. Faaks is dat net ûnmacht, mar in ‘biwuste machtsôfstân dy't yn wêzen machtsformeardering bitsjut’. Sokke blykber neatsizzende passazjes binne dan kaaipassaazjes (89). Wadman hellet jir inkelde nijsgjirrige dingen oeral, oan de oare kant moat ik sizze dat er dochs mar in bedroefd lyts bytsje wiermakket as er it oer de echt formele ferskynsels hat lykas omkearing, sinsbouw ensfh.: as je sokke ferskynsels foarm njemme wolle, mij bêst, mar ik soe sa graach ris jerd hawwe wat der no foar dichterlike foarm yn skûle, mei oare wudden wat foar dichterlike effekten der mei berikt wudde. It iennige wêr't er wat mear konkreet wudt is as er it hat oer de ôbrutsen en elliptyske sinnen. Ik kin net oars sizze as dat dit artikel mij eins teloarstelt omdat ik der mear fan ferwachte hie. Lit mij dit oersjoch beslute mei de fêststelling fan J.J. van Weringh dat foar Postma foarm ‘hiel dûdlik allinne middel (is) ta it adaequaet ûnder wurden bringen fan in idé, hja is nea doel yn harsels’ (1953: 96), wêr't ik it wol mei iens wêze kin. Dat ferklearret ek de altyd fernimbere wjeraksel bij Kalma, dy't neffens mij yn foarm, moaie foarm, dochs altyd folle mear in doel yn himsels sjoen hat.
(4) Ik wol der no ta oergean en lûk inkelde konklúzjes út it foargeande. Foar it gemak sil ik dêrbij koart om de hoeke gean, en mij beheine ta it op in rychje setten fan de punten dy't der neffens mij útspringe.
| |||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||
[pagina 221]
| |||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||
| |||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||
[pagina 222]
| |||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||
Dat wie it dan wol sawat. Wy kinne no lang om let oergean ta de gedichten sels, en neigean oft - neffens mij dan - boppesteande punten yndied strike mei de feiten. | |||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||
II(1) Ik wol no om te begijn nen east in tal kaaigedichten bijlâns rinne, d.w.s. gedichten dy't foar it goede ferstean fan Postma syn wurk ûnmisber binne. De jiertallen achter de titels ferwize nei it jier fan ûntstean en/of de easte publikaasje. It leit net yn de bedoeling jir no in soate fan ex cathedra ferklearring te jaan fan de te njemmen gedichten; ik sil ek op dingen wize dy't mij net klear binne: faaks binne der dan oaren dy't it wol begripe en dêroer ek skriuwe kinne. De easte trije strofen fan Pinkstersnein (1901) (SF 30) jouwe neat opfallends, de lêste lykwols al:
Hwat ierdske wille komt soks binei?
O hillige pinkstersnein!
It heechste lok is op my saeid
En de himmel iepenlein
Nei it begjin mei syn beskriuwing fan de blommeprachtop in pinkstersnein is dit wol in hiel ironysk ein. Je soene tinke, dy blommeskientme is no krekt de ie de en har moaiens. Mar nee: de wille fan de dichter giet fier út boppe iedske wille, in Uniedsk lok saait op him del, en dat allegjer yn wudden dy't fansels tige bibelsk oandogge. De grutte irony leit yn it feit dat bibelske wudden, of alteast wudden dy't sterk tinken dogge oan wat de bibel skriuwt oer pinkstersnein, jir brûkt wudde om krekt it tsjinoerstelde fan it bibelsk boadskip te ferkundigjen. Foar Obe Postma is de ‘himmel’ de iede, de iede mei har blommen. En as der in himelsk lok ta him komt, dan is dat in iedsk lok. It is de geast fan de iede dy't jir op him delsaait. Sa einiget dit ûnskuldich lykjende gedichtsje ynienen folle minder ûnskuldich, en wij witte no al: foar disse dichter is de bibel it boek fan de natuer, de iede sels. As it lok al ris op jin delsaait, dan komt it fan de iede. Disse dichter wie ek de dichter fan it ferline, sj. De Boartersstâl (1903) (SF 35).
En lokkich hy, dy't, wurch fan 't sjen, biwarre
It sieleprint fan moai yn jonkheit garre!
| |||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||
[pagina 223]
| |||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||
En ferl. ek op deselde side Houwster Herne (1903):
Us dream en sin! Hoe wie it ien, myn boarter
Yn Houwster herne, trouwe kameraet!
Mar it giet jir fansels net om in tige algemien nostalgysk gefoel, dat elkenien wolris hat, it giet derom dat de jonkheid noch dy seldsume ienheid skeppe koe tusken ‘dream en sin’, in ienheid dy't letter teloar giet en slim noch wer op te roppen is. As men noch lyts is, dan binne in diggel en in blom op in boartersstâl troch de fantasy fan de jeugd noch it moaiste op de wrâd. Dat is lok. Letter is der noch it lok as men wit dat men trouw bewarre hat it sieleprint fan doe. Hjerst (1909) (SF 40) is ek al in gedicht oer it ferline. Postma sjocht yn syn ferbylding it skreppen en dwaan op in pleats yn de jest. En dat jouwt him freugde, fansels, hy wie ek fan boere-komô. Lykwols, der is mear:
Mar myn forlangst is mear: ik moatde sielen sjen,
De rin fan 't libben en fan minsken al 't bistean.
O, 't folts yn my to witten, dy it kin en draech!
En sûnder print fan died net út it wurk to gean!
It is wer sa dat in tebinnenbringen de dichter net ferliedt ta in algemien gefoel fan nostalgy, nee, it is wer folle konkreter en djipgeander, dit tebeksjen moat nei de sielen ta fan it ‘folts’, wol it kenne, alhiel - wol it yn wêzen sa fier bringe dat de dichter it folk yn him draacht. Postma wol ienheid tusken him en folk, en lykas it folk, wol ek hij net sûnder ‘print fan died’ út it wurk gean. Ek hij wol spoaren achterlitte fan syn bestean, en dan tink ik hast dat er ‘print’ dûbelsinnich brûkt jir: print as sichtber spoar fan libben, wurk, mar ek print as eat dat printe is yn boekfoarm. En mei dat lêste is it dúdlik dat dy ienheid in langstme-ienheid is en bliuwt: it folk mjukset en stutwasket, Postma is ‘master dy't syn folk oan 't wurk set’, hij skriuwt fan tierren in gedicht fan langstme Yn Maert (1913) (SF 50), mei syn prachtige lêste fjouwerrigelige strofe, jouwt ús in oar tipysk aspekt fan Postma:
Hwer wie it dochs, dat sokken lucht my strielde
Yn 't lok fan fleur'ge dei?
Fan leechste sinnen komt de djipste fieling,
Hwat binn' wy noch de ierde nei!
Ek jir sjogge wij hoe't lok fan it ferline it lok fan no mei beskiedt, mar wij stjitte jir ek op wat oars: it rûken, it fielen, it sjen, de leechste sinnen, jawol, dêr komt lykswols ek de djipste fieling wei! Dat sintúglike dat tagelyk ek altyd wer sa djip geastlik ferarbeide wudt is wol ien fan de skaaimerken fan hast alle poëzij yn dit boek. It lok fan ‘fleur'ge dei’ doe, en it lok fan joed wudde troch it | |||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||
[pagina 224]
| |||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||
ferbinende tebinnenbringen gearsmeid ta in noch djipper lok, djipper omdat it út de sinnen komt en ék syn oarsprong nimt yn it tebinnenbringen dat alles gearbynt: alle jeddere mominten fan lok en it lok fan joed, soene je hast sizze kinne, wudde bijinoar opteld ta in folle greater lok. Ek yn Slotsang (1915) (SF 63) blykt dat wer ris tige klear. Postma skriuwt jir dat hij yn Fryske Lân en Fryske Libben bondele hat de sangen dy't ‘it lok fan blide dagen’ bringe, en dat de tsjustere dagen har sangen net hawwe. It binne fessen fan in ‘blier tobinnenbringen’, it binne ek - wij ha der boppe al op wiisd - fessen dy't de ienheid mei it folk oproppe wolle: ‘yn my klinkt, hwat ek yn oaren klonk’. De fessen binne boppedat mear as ‘boartsjen yn in liddig' ûre’, se hearre ‘ta libbens wurk’, moatte dus wol foargoed jenstich nommen wudde. It oantinken, altyd wer it oantinken, dat liket wol de boanne te wêzen fan disse gedichten:
En 't is my, wie it libben yn 'e dream
It wiere, en it oare reach en reau;
(Soms komt it oer my as in dream fan lok (1907) (SF 69)) Yndied, ‘jonkheits ljocht is 't dat myn paed bistrielt’, altyd wer. Mar is it oantinken eins neat oars as in ienheid te skeppen oer de spjalt hinne fan it doe en it no, om de dichter út syn isolemint fan joed-allinne wei te tsjoenen, en is ek de langst om diel te hawwen oan it libben fan hiel de wrâd net in aspekt fan dat stribjen nei ienheid dat tagelyk in befrijing betsjut út de bannen fan it ik? Sjoch Pinksterbisiik (1909) (SF 71):
Dit is suverst lok: de tinzen gean to litten
Ut farkjen sûnder hâld,
En fan it libben yn him sels to fielen
Fan heel de wrâld.
Yn Febrewaris (1914) (SF 75-6) jouwt ús ien fan de alderprachtichste dichterlike omskriuwingen fan it ienheidsstribjen, dat no njonkelytsen suver itselde begjint te betsjutten as it loksstribjen:
Fan alle ljochte dagen komt dit ljocht
En alle lije loften hnne op nij,
En wer komt alle rook en alle sang,
It lok, dat wie, giet nimmer net foarby.
It lok, dat wie, giet nimmer net foarbij.... Dreamde wurklikheid, of de wurklikheid sels foar Postma? Yn alle gefallen sjogge wy wer hoe't lok ‘opteld’ wurde kin ta in hieltyd grutter lok joed. It lok, ien fan de kaaiwurden sa't wij noch sjen sille, hat alles te krijen mei in suver skeppend poétysk ienheidstinken. Yn itselde gedicht skriuwt Postma noch dat it lok fansels komt, mar is | |||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||
[pagina 225]
| |||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||
dat wol sa, freget men jin ô? Blykt njonkelytsen net út alles dat it lok in skepping fan de minsklike geast, de dichterlike geast, is? Der is Postma al ier te hâden jûn dat er in sjonger fan inkeld mar it ferline is, en dêr hat er it gedicht In sjonger fan it forline (1918) (SF 119-20) troch ynspirearje litten. Yn de njoggende strofe jit it sa:
O poëzije' siel en djipste boarn:
It doe yn 't hjoed wer woun; ta skiente brocht
Hwat net as libben wie! Hwa klaget dan
Om hwat forgong? It stiet yn heger ljocht!
Klearder kin it hast al net: jir stjitte wij op de djipste boanne fan de poëzij, en dat is dat wij it doe wer winne kinne yn it joed, en ta skiente bringe kinne wat mar slochtwei libben wie. Dat Postma de wudden ‘winne’ en ‘bringe’ jir brûkt kin net tafal wêze. Ik ha al sein dat ik betwivele oft it lok wol fansels kaam; út disse twa tiidwudden, aktiviteit-oantsjuttende tiidwudden, docht neffens mij kleare bliken dat ik der net fier nêst wie. Lokkich wêze ferget ynspanning, in hiel libben lang, in libben lang as dat fan Postma, en de measte gedichten yn de Samle Fersen binne de delslach fan it besykjen it lok te winnen. ‘Winne’ is nammes ien fan de kaaiwudden fan syn poëzij. ‘Lok’ is fansels ek sa'n kaaiwud, en dêr sille wij it noch oer ha. It is lykwols wol tsjinstich en gean der jir alfêst efkes op yn. Myn liet (1921) (SF 124-125) jouwt moai dúdlik oan wat it lok foar Postma net is: it is net it lok fan de himel en fan de god fan de kristenen, it is net de hege treast ‘fan fromme lok-yn-smert’ - en dêr bedoelt er grif it kristlik religieus fielen mei -, nee
It is mar eigen lok en leed
Dêr't ik fan reauntsje kin;
en wêr't er fan sjongt dat is
... myn ieder, eigen groun,
It is it goede ljocht,
De siele, dêr't ik part oan haw:
In bern, ta wêzen brocht
Postma is fansels it bên dat ta wêzen brocht is, en dat bên sjongt fan de iede en it ljocht, ek al twa kaaiwudden, mar wat is de siele dêr't er part oan hat? Moatte wij dat begripe as datjinge dat er letter ek wol de algeast njemt? Yn alle gefallen, it is dúdlik dat er net fan de ‘hege himmel’ sjonge wol, noch fan ‘Gods great-hearlik hûs’; en ‘Dok hillich harpgerûs’ - mei syn oan Gysbert Japiks besibbe wudkar - hat him ek al net yn de earen reaunte. Hij sjongt mar fan eigen lok en leed, en fan ‘it libben, waerm en sterk’, sokke ienfâdige dingen fierder. Troch dy dingen te pleatsen nest al dy hege, himelske saken, berikt | |||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||
[pagina 226]
| |||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||
Postma it effekt dat wij nou krekt al dat gewoane lok en leed, dat gewoane libben, al lykje se mar ûnbetsjuttend, ynienen sjogge as eat gruts en hearliks. It is jir as yn Pinkstersnein, de iede is de himel, de himel is de iede.
Wer wat oars komme wij tsjin yn It húske (1926)(SF 144), dat ferbjusterjende, kjelmeitsjende, ûnnoazel-lykjende mar ferrifeljende gedichtsje. It is mar sa'n ienfâdich, suterich gefaltsje,
In seilbokse wappert oan 'e line,
En de wyn rûst troch de tillegraeftrie.
Neat bisûnders, en it is ek noch ûnnoazel skreaun, mei rigels fan ûngelikense langte en sûnder rym, sûnder byldspraak, koartsein sa ‘ûndichterlik’ as it mar kin. Wa tinkt der no oan djippe dingen bij it sjen fan sa'n klintsje? Postma al, want drekt nei de jirboppe oanhelle rigels folgje disse:
Soene wij stjerre?
Yn it húske libje tûzen bleek-grize huzen,
Ofbrutsen en forgetten
Mar de trie rûst har namme.
Yn it finstik libje tûzen ôfearte lânnen,
En de hynders dy't it bibieten
En de hannen dy't it bidolden,
Sa sil us lân en ús hûs bistean!
Soene wij stjerre - om krekt dy wudden op dat plak te skriuwen, dat is wol echt de keunst fan Postma; ik krij der alle kearen wer einepikefel fan as ik it lês. Sa wudt dat ûndichterlike, suterige wenninkje yn ien klap in simboal mei in djippe betsjutting. wis, it is ta fergean keard, mar tagelyk is it ûnfergonkelik, tiidleas. It stiet tagelyk yn it joed en it ferline, it is winliken joed en ferline beide, joed en ferline ferlieze har tapasberheid, no ja lês it sels mar. Dit gedichtsje is faaks net ien fan de grutste fan Postma syn gedichten, dochs is it foar mij ien fan de yndrukwekkendste uteringen fan syn talint om de lytse, heane dingen om ús hinne ien klap to meitsjen ta simboalen fan it machtige libben dat yn syn streamen troch de tiid him ek dêryn ferwêzenliket, en se dêrtroch like grut en machtich as it libben sels makket. Yn Myn liet like der al in ferwizing te stykjen nei eat as in algeast. In lyksoatige ferwizing fine wij yn De dea fan de dichter (1923) (SF 152):
Hjir by ús is hy.
En by syn folk! Hjir bleau hwat fan him teach;
En sa moat wol syn wêzen, ús foarby,
Troch d'ether spegelje yn it al-omfiemjend each.
| |||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||
[pagina 227]
| |||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||
Ik moat sizze dat sokke wudden as ‘it al-omfiemjend each’ mij net bot oanstean, se besykje wol eane nei te ferwizen, mar binne te abstrakt, te min dichterlik be-tsjuttend, om eat foar mij te betsjutten. Ik kom jir noch op werom. Fansels tinke de measte lêzers no: monisme! Dêr wol ik har net ûngelyk yn jaan, dochs giet it jir yn disse gedichten yn it foarste plak om de filosofy sa't dy dichterlik stal kriget, of jedder stal krije moatte soe, en net om de filosofy sa't dy ek yn oare boeken, en bepaald gjin gedichtebondels, te finen is. Mei oare wudden: neffens mij hat it monisme as offisiële filosofy Postma syn dichtkeunst faken mear kwea as goed dien. Ut bijg. It húske is in beskate filosofy te heljen, dy't yn folslein dichterlike foarm ferwudde is; jir besiket Postma nei myn gefoel in filosofy fan bûten út yn in gedicht te triuwen. Dat slagget net al te bêst, en dêrom nimt er syn taflecht ta it machtsmiddel fan it drege wurd ‘it al-omfiemjend each’ Op de kwestje fan it monisme en it wurk fan Postma kom ik ek noch werom. De sjonger fan de iede, de man dy't neffens syn gedichten it goed en it tsjoed fan dy iede leavet. soe der fan beskuldige wudde kinne, en faaks wol mei rjocht en reden, dat er dochs meast dichtet fan it moaie fan de iede, en dat er de swarte kanten fan de wrad net acht jouwt yn syn wurk. De man dy't, wij sille it ek jirûnder noch sjen, fan gjin sûndebesef witte wol, soe dochs ek de wredens fan it libben benjemme moatte; hij hat twa skriklike wrâdoarloggen meimakke, dy't lykwols sa't it liket net folle spoaren yn syn wurk achterlitten hawwe. Moatte wij him dat kwea ô nimme? Ik leau fan net, want neffens mij hie Postma net it talint om him as dichter te uterjen oer de grouwélichheden dy't minsken inoar oandwaan kinne. Feitliken hie er mar ien talent, it optikken fan de lytse dingen te kosmyske, om dat wud mar ris te brûken, hichten. Dochs it is ek wer net sa dat it tsjustere alhielendal ûntbrekt. Nim nou ris Winterjoun (1927) (SF 158-9):
Tsjin 'e ljochte himel de iken stean,
In wylde, tsjustere kloft;
De takken wringe har troch-inoar
Toropje de blanke loft
As frjemde bigearten, hwer't klaed ôf foel,
Nou neaken wine hja roun.
En krinkelje har ta in spoeke-wâld.
Hwer't ierdske yn forgoun
De stompen forbliede ut 'e iepen woun
It donkre focht dript del.
O winterjoune smertlik feest.
Hoe grypst ús sterk en fel
Foar mij, ik wol it earlik bekenne, is dit ien fan de tsjustere gedichten dêr't | |||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||
[pagina 228]
| |||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||
Wadman it oer hie. Der binne wol inkelde oangripingspunten, bijg. de wudden ‘ljocht’ en ‘blank’ - kaaiwudden alwer - dy't kontrastearje mei it wud ‘tsjuster’ yn ‘tsjustere kloft’. En de titel seit ek wol wat: Postma dichtet nei myn yndryk leaver net oer de winter of de jûn, mar jedder oer de wat ljochtere tiden fan it jier en de dei. Wêr moatte wij lykswols oan tinke bij it wud ‘iken’, dy ‘wylde, tsjustere kloft’, dy't de blanke loft teropje? En hokker ‘frjemde bigearten’ steane jir ynienen yn har neakenens foar ús, sadat se alle iedskens ferlieze? Hoe kin in feest fierders ‘smertlik’ wêze? It is dúdlik dat jir mei kontrasten wurke wudt: ljocht tsjin donker/tsjuster, en feest tsjinoer smet. Fierders soe men noch tinke kinne oan in implisyt kontrast tusken oanklaaid - mei blêden yn de simmer - en neaken, as iken net mear yn it blêd steane. Nou is it sa dat ‘ljocht’ en semantysk besibbe wudden bij Postma altyd assosiaasjes oproppe mei blide dagen yn de jonkheid, en mear yn it algemien mei lok yn jedder tiden dat - wij seagen it jirboppe al - ek it lok fan no is. It kin dêrom hast net oars of dy tsjustere ikekloft, dy frjemde begearten, wolle dat lok ûnderstek dwaan, net liker as wudt dy ûnkomplisearre ljochte lokssteat fan de jonkheid bedrige fan it folle mear komplisearre libbensgefoel fan no. Dat wud ‘komplisearre’ fynt stipe yn it feit dat de de blanke loft teropjende iketûken har troch-inoar wringe, en ‘krinkelje ta in spoeke-wâld’. Safier binne wij no dus kommen mei ús útlis, mar de fraach bliuwt fansels: wat is no in concreto dy bedriging? Faaks binne der wer inkelde oangripingspunten yn it feit dat der fan ‘bigearten’ praat wudt, fan neakenens, fan ‘it donkre focht’ en fan in ‘smertlik feest’. Der is wol wiisd op de mooglikheid dat Postma homo-seksueel fan oanlis wie. Soe dit gedicht net ris it oangripende besykjen wêze kinne om, hoe bedutsen dan ek - it is 1927! - eat mei te dielen oer it smetlik feest en de feestlike smet fan òf in selsbefrediging òf in kontakt mei in fan deselde seksuele langsten fitere minskebên? Ut en troch moat it klaad ris fan dy begearten ôgliidzje, mar se binne maatskiplik taboe, en liede blykber ek bij in sûndeleaze Obe Postma ta in gearmjuksel fan bliidskip en fertriet. Fertriet omdat er wol wit, dat dat net ‘kin’ yn 1927; en bliidskip omdat er dochs mar in gewoan bên fan de iede is mei syn ferlet. Of sit ik der nêst mei myn ferklearring? Wij sille sjen, ek noch yn it ljocht fan noch te besprekken gedichten. In hûs (1930) (SF 172) leart ús ek wer hiel wat oer wat de dichter Postma beweegde. Syn eagen sjogge op in kuier in hûs mei daaljeblommen en eskenbeammen, en kuere troch de ruten ek de keameryn, wêr't in heit, in mem en jonge bên tahâde. mar
't Is net myn eigen, 't is al-Fryslâns erf;
My is it jown dat ik it tekenje soe.,
En jimmer wer nim 'k op de barm myn sté
En sjoch it oan oft ik it winne koe
| |||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||
[pagina 229]
| |||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||
Ienkear, hwa wit, as alles mei my wie,
Ek hwat ik nou net neame doar,
Miskien dat my genede joech
It dreamebyld dat net forstoar.
Dit is ek net sa maklik, ek wer in bytsje tsjuster. Wat wol er no presiis ‘winne’ en wat is it dat er net njemme doar? Wat wie syn dreamebyld dat net ferstoar? It hat der in bulte fan dat de dichter mei longerjende eagen dat toaniel fan dy heit-en-mem-en-dy oanskôget, en jir yn it gedicht de langst uteret nei ek sa'n feilige rounte mei syn waarmens en burgenens; mar der is eat dat him sa'n lok net tastiet, eat dat er net njemme doar: de leafde dy't minsken jedder net bij de namme njemme doarsten? Ik tink fan al. Neffens mij skoarret disse ynterpretaasje dy fan Winterjoun, en oarsom. Yn alle gefallen jouwt In hûs ús in prachtige karakteristyk fan de dichter Obe Postma: in ienlik man dy't fan in ôstân - yn in barm! - besiket sels lokkich te wudden troch it lok fan oaren ta sines te meitsjen. Troch te sjen wol er it ‘winne’. Wie er ek net de man dy mannich jier út Grins wei it Fryske lân besong? In yn wêzen o sa iensum man, sa't Durk van der Ploeg (1978) ek al skreauw, waans fessen net de utering binne fan mienskip mei de wrâd om him hinne, mar jedder fan langst nei dy mienskip. Der stie him wat yn de wei dat er net njemme doarst...., hij, de outsider. Dy hetstochtelike, altyd wer herhelle langst nei mienskip, ienheid, mei de wrâd om him hinne fine wij ek yn Yn maert (1935)(SF 180), wêr't er - alwer! - yn in ûnderwâl de wrâd om him hanne opdrinkt. Hij is net te geastlik foar modderkluten, hij wriuwt se fyn yn syn hannen, wol se suver hast ta part fan himsels meitsje, of himsels ta part fan de iede, dy't godlik, wreed, mar dochs ek aljaand is. Dat Postma yndie de dichter is fan de langst nei mienskip, en net fan de mienskip sels, blykt neffens mij ek út it feit dat er sa faak oer syn ‘freonen’ skriuwt, lykas yn it gedicht mei dy namme, Freonen (1935) (SF 184), wêr't it ek al hiel opfallend is dat er seit dat er nettsjinsteande syn stillens en ienselvigens dochs wol syn freonen hat. En dan njemt er in kelner op in stasjon, of in oar dêr't er wol ris in wudmannich mei wiksele hat. Net folle wuddich, soene wij sizze. Dochs, seit Postma, kin it wêze dat de minsken him wol genegen binne omdat er har eat fan it libben sels seit, en dan ‘Net opmakke as in byld, mar sa't de siele it oanbringt’. Net it moaie dichterlike wud, mar eat ienfâdichs, rjocht út de siele wei, dat wol de dichter Postma ús jaan, net ‘de hege skiente fan de inkelen’, mar ‘al it ûnnoazele dat de siele bewege kin’ (Dichters stoffe (1936)(SF 185)). Dat is wat om te ûnthâden. Postma is de dichter dy't ús djip yn it moed taaste kin mei it benjemmen fan wat fan dy ûnnoazele dinkjes, wêr't wij dan ynienen fan beseffe dat se yn wêzen sa wichtich foar ús binne. Lykas in pear beammen foar in boerinne te Surch... Wij hawwe it al sjoen, Postma skriuwt net oer grutte machtige dingen lykas wrâdoarloggen, dat kinne wij ek net fan him ferwachtsje mei syn beheinde | |||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||
[pagina 230]
| |||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||
ûnderfining -hie er it wol besocht, dan wie it in mislearring wudden. Hij skriuwt oer dy dinkjes dy't dan samar foar de minsken grut en machtich blike te wêzen. Gjin epos dus fan Postma, jedder in ‘eposke’... ‘fan it meanen ôf oan it gersdruijen ta’; gjin koaren en tsjinkoaren lykas Douwe (Kalma) en Fêdde (Schurer) dat sa moai koene. ‘Poezij net mear hwat heechs en aparts, mar frij en nei it neatichste útgeande!’ (Ald (1939) (SF 206)). It is nijsgjirrich yn Postma syn gefal dat er noch opmerkt dat de âderdom frijmakket. It is bekend dat de jeld bij Postma net ferlamjend wurke op de ynspiraasje, krekt oarsom. De âdens makke him dus frij om troch folle ûnwierhaftichs en skynber gruts hinne te sjen, om dan te stjitten op it skynber lytse, mar wierhaftich grutte. Sa jouwt er ús poëzij de piramiden wanlyk, poëzij dy't ‘net sterker as de minskene hert’ is, en krekt dêrom mannich ‘lústerjend ear’ fine sil; poëzij net fan in heech-dichterlike ‘dichter’, mar fan
..... in minske, iepener op dichters baen
As wenst wol ha woe, fij fan skuttend byld;
Hy jowt him oer oan dy't ta 't libben giet.
In feint, in bern, en sûnder pols of skyld.!
(Oan dy't my lêze sille yn letter tiid (1939) (SF 207-8)). Dat er net fan ‘dichterlike’ wudden hâdt, bringt mei dat er gjin masker of skyld hat om him achter te ferskûljen, dat er iepen foar de lêzer oer stiet. Postma is de dichter dy't it dichtsjen om sa mar te sizzen sekularisearret. De taal fan de dichter is net mear heechdravend, en stiet dus tichter bij it folk. Wat lykwols net útslút dat syn gedichten net altyd maklik binne, wij ha dat al faker fernommen. Tsjinje (1939) (SF 208) is bijgelyks wer sa'n fes dêr't de dichter net planút yn seit wat er no bedoelt, troch hokker ferskynsel ik no njonkelytsen hast tink dat wij, yn sokke fessen, krekt sykje moatteom de meast ynlike uterings. Postma mei dan iepener op dichters baan west hawwe as de measten, der binne ek foar him dingen dy't er net rjochtstreeks sizze doar. Ek bij him komt it skuttend byld wol foar; of, yn alle gefallen, as it om it meast ynlike giet, dan wudt soks dochs mear midlikerwize nei de lêzer ta brocht. Sa iepent it gedicht Tsjinje mei de rigel ‘De jongste fan twa freonen sprekt’; al is it gedicht fierder al yn de foar Postma sa karaktenstike ik-foarm, dy easte rigel liket wol in slimme set te wêzen om de lêzer op de doele te bringen. Ommes, no kin dy lêzer tinke dat it ik fan de dichter net it ik fan it gedicht is. Nettsjinsteande dat moat men oannimme dat wij jir dochs in fes foar ús hawwe mei in djip persoanlike iepenbiering. Lês de tredde en lêste strofe mar
Ien kear, mei dyn earmen om my hinne,
-Boartsjen wie it loekst my tsjin dy oan,
Hast my neamd dyn bêste soan,
Och, ik bin dyn heit en dyn slavinne.
| |||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||
[pagina 231]
| |||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||
Neffens Tamminga wudt jir in ‘homo-erotyske bining op 'en klearsten útsein’ (D.A. Tamminga 1978:20), en dêr kin ik it wol mei iens wêze. Dat neffens dyselde Tamminga de âdste fan disse twa freonen prof. Tsjitse de Boer west hawwe moat, de twa jier âdere, mar yn 1939 - it ûntstean fan dit gedicht - al ferstoane geastessibbe fan Postma, is biografysk nijsgjirrich, mar foar de ynterpretaasje komme wij der net folle fierder mei: it gedicht sil ús leare moatte wat jir útsein wudt. Dat it jir om in homo-erotyske bining giet, stiet wol bûten kiif, tinkt mij. No kinne twa freonen elkoar ek wol ris freonskiplik fêstgripe, dat it om mear giet falt neffens mij te lêzen út it feit dat drekt sein wudt ‘Boartsjen wie it’. Net liker as wol Postma jir sizze dat it net sa searieus opfette wudde moat. Troch dit sabearre fan de jenst kriget dit gedicht in wat apart karakter. Mar wij binne der fansels noch lang net út wat de ynterpretaasje oanbelanget. Ik moat sels bij it lêzen fan dit fes altiten tinke oan dat oare homoseksuele freonepear Achilleus en Patroklos út de Ilias. Redenen jirfoar binne, tink ik, it wud ‘Sterke’ dêr't de earste strofe mei iepent, it feit dat yn dyselde strofe de ‘ik’ fan it gedicht as skyldfeint nêst de âdere freon stiet, en ek dat de jongere freon it wapenreauw fan de âdere draacht, as yn de Ilias. Dan is der ek noch de rigel ‘Stranger as dou sels hâld 'k each op frjemde knapen’, dy't grif ferstien wudde moat as utering fan oergeunstige leafde. As wij de biografyske kennis as part fan dit gedicht beskôgje - en dat is wol wat in twivelachtige saak -, dan soe der ek noch in oar betsjuttingsnivo wêze kinne, it gedicht soe dan nammentlik op in abstrakter plan opfette wudde moatte as in utering fan trou fan de dichter oan de geasteswrâd fan de âdere freon De Boer. Dy wrâd wol de jongste ferdigenje tsjin ‘frjemde knapen.’ De lêste rigels, dy't jirboppe oanhelle binne, binne in besykjen - op hokker plan dan ek - de twa aspekten fan dat tsjinjen te skilderjen: de jongste folget en tsjinnet de âdste (soan en slavinne), mar dat tsjinjen is tagelyk it hoedzjen as fan in heit. En dat is dan wer in tipyske Postma-tins: tsjinjen is needrich folgjen, mar ek tagelyk it hoedzjen fan in sterkere net wanlyk. Net allinne kin lyts grut wêze, ek tsjinjen yn leafde en freonskippen hat twa fan dy tsjinoerstelde, skynber tsjinoerstelde kanten. Ik hoopje jirmei de ynterpretaasje fan dit slimme gedicht in lyts eintsje op gleed holpen te hawwen en út disse formulearring mei blike dat der neffens mij noch wol in tal fragen ûnbeantwudde lizzen bleaun binne. Wat wurdt der bijg. bedoeld mei de ‘slachte-spreuke’ dy't de ‘ik’ fan it gedicht earet troch de wapens fan de freon as sier te dragen? Postma, de oars sa ‘iepene’ dichter, hat him jir iendiels wol iepenbiere, mar oarendiels ek wer ferskûle achter in ‘skuttend byld’. Hwer giet jins dichtsjen oer? (1940) (SF 211-2) is lykswols wer in iepen gedicht, wêryn't Postma in antwud jouwt op de fraach wêr't syn dichtsjen oer giet, oft it oer god, leafde, heitelân of natûr giet. Oer god seit er dit: | |||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||
[pagina 232]
| |||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||
Ik song fan God it earste bernedicht,
It wie syn byld, dat ik yn 'e wolkens seach.
Dat wie de bennetiid, en it is ferlyn:
Nou stean 'k as heiden slein oan tsjerkeweach.
Hij sjongt no as folwoeksen mins dus net oer god. Fan leafde ek net, alteast gjin ‘jong-minne liet’ Fan de natûr dan? Ja, dat wol, mar dan
net as in idel byld;
Sa as hja droech, de ljocht- en libbensstream.
Wol oer de natûr dus. mar.. net as in byld, jedder as de stream wêrop't ljocht en libben - en binne dy twa eins net ien? - meifierd wudde. Mar dan komt it:
Mar alles is yn alles; siele hat
Syn libbensreis en swetten binn' net oer.
Sa mei it wêze dat in selde liet
Sjongt God en leafde, heitelân, natûr.
Persoanlik mei ik disse prachtige strofe hiel wat better lije as guon oare passaazjes dy't faak oanhelle wudde om Postma syn monisme te bewiizgjen. Monisme of net, ik fyn dit in treflik slagge gearfetting fan de filosofy fan it swetteleaze; gjin swiere wudden as ‘algeast’ - allinne mar de fêststelling dat foar de dichter god en leafde, heitelân en natûr allegearre ferwikselbere begripen binne, en dat swetten dus net te lûken binne. Gâns better mei ik dy rigels dus lije as disse
Mar hwerom soe der gjin frede wêze, as it iene
wêzensbigjinsel opnomd wurdt yn it alomfetsjende lyksoartige?
Al moat tajûn wudde dat de lêste rigels wer in soad fergoedzje:
Haw ik dy frede? Sil ik dy frede hawwe? Haw ik de ierde net to leaf?
O de waerme sinne fan dizze winterdei! O it ûntsachlike dat om ús hinne is!
(Fan libben en dea (1941) (SF 223-4). Der hoege bij Postma wier net grutte, hibbige wudden brûkt te wudden om dochs in grutte, djippe yndruk te meitsjen; want hij wit ek dat it ienfâdige lân as in sé wêze kin, en in eagenblik as de ivichheid (sj. Is it wol great? Is it wol djip weikomd? (1951) (SF 267)). Dat er him better bij it ‘gewoane’ hâde koe, besefte Postma sels oer it | |||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||
[pagina 233]
| |||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||
algemien hiel goed, hokker besef dochs dus net altyd foarkomme kinnen hat dat er, bij syn sykjen om it ûnpeilbere achter dy gewoane dingen te ferwudzjen, út en troch - en dat fral yn de lettere fessen, leau ik, as er ûnder ynfloed kommen is te stean fan filosofyske streamings - syn taflecht nimme moast ta grutte, swiere wudden dy't mear sizze wolle as dat se dichterlik oerbringe kinne. Fansels, je kinne bij it dichtsjen oer it alderdjipste wat in djipfielend mins ûnderfynt bij it oanskôgjen fan de wrâd om ús hinne, net altyd ta mei de wudden fan de golle, it bûthús en de boerekeamer; dochs hawwe de measte stitaten oant no ta wol sjen litten dat Postma dochs in hiel ein komme koe mei it sljochte wud. Wij moatte it no mar ris oer wat oars ha, nammentlik oer it ferneamde sûndebesef, of jedder fansels it ôfwêzich wêzen fan dat besef. Wij ha boppe al sjoen dat it ienheidsbesef wol liede moast ta in oanfuddigjen fan it goed sawol as it tsjoed op disse iede, en yn dat ferbân is it gedicht Ljochte moarn yn 'e finne (1948) (SF 322) nijsgjirrich omdat it hast in religieuze utering is. It is de beskriuwing fan in ‘heidens moarnsskoft’ yn de finne: wij leare jir dat wat de minske ha moat fan de himel en fan de iede neat mear is as de klaver en de sinne:
De waerme gloed, it ljocht: in himmelfal,
En 't libben út de groun omhegens fierd!
En de trije-ienheid is foar de dichter net de heit en de soan en de hillige geast fan de kristen, mar de groei fan de natuer, de iede en it ljocht:
O groede-suster, ierde-mem, god-ljocht,
(It is dochs mear as heit? Dy sloech ik oer
Yn 't wrâldsbistel sa 't ik it foar my brocht.)
O ljochte trits fan 't goed dat my wjerfoer!
Yn de wrâd fan dy god rint de dichter as in lyts dierke,
In bern allyk dat wit fan tsjoed noch from; wat lykswols noch net sizze wol dat der gjin ûnderskied is: ik ynterpretearje it no oanhelle kwatryn sa dat der yn útsein wudt dat it kwea der wol is, mar dat ek dat in te oanfuddigjen part is fan it libben, sûnder dat dat oanfuddigjen in blynwei, fatalistysk oanfuddigjen is. De minske moat leare it kwea te sjen as in essinsjeel part fan it libben, dêrsûnder is it libben net foar te stellen, mar it is net sa dat it kwea net bestriden, en dat net nei wat hegers stribbe wudde kin:
- Mar haw ik ek net kwea it kweade sein,
It goede goed? Haw 'k net de wet bitocht?
En as sok heidens moarnsskoft is fortein,
Haw 'k moedich net nei heger wiisheit socht?
| |||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||
[pagina 234]
| |||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||
Dochs bliuw ik noch wol mei inkelde problemen sitten, want it is krekt as seit Postma jirre dat der noch eat hegers is as de ‘ljochte trits fan it goed’ dat him wjerfoer: giet dy hegere wiisheid dêr't jir sprake fan is yndie út boppe dat goed? Ik wit it net. Wy binne no hast oan de ein fan disse reis troch de Samle Fersen. Lit ús mei Postma dêr noch ris op tebeksjen yn Myn Poëzij (1951) (SF 325): wêr giet syn poëzij oer? Oer in ‘dream fan in sneintomiddei as de sinne skynt’, as de sinne him wer tinken docht oan syn jonkheid, dy't net altyd lokkich wie, mar ek wol ris ‘mei tsjusterens en fortriet’
Mar hwat nou de sinne is, dat wie doe it greate libben sels.
En dan folgje der inkelde rigels dy't net ‘moai’ binne, mar wol deagewoan hiel moai yn har grutte ienfâdige krêft:
Mar it libben fan de man hat net wurde kinnen hwat it wêze moast,
En de man hat tagong socht ta herinnerjens kostbre gielgoerde
- O de lûden fan it foarjier, o de roken fan de simmer!
En ta it forline fan de geslachten, dêr't syn bloed út fuortkomd is.
Wat foar tragyk leit jir yn disse o sa ienfâdige wudden besletten? Wat hat de oarsaak west dat it libben fan de man net wudde koe wat it wudde moast? Faaks wie it datjinge dat er doe net njemme doarst yn In hûs (SF 172), en east de âderdom hat dy tragyk wat fersêfte:
Earst de âlderdom hat mei hwat wiisheit oerwinne kinnen,
En foar hwat ‘moai en suver’ hjitte hat hja de dingen fan de minske steld,
Sa fier as myn freonen it mei bilibje kinne.
Ja, dat is dochs wol hiel moai en suver om it sa sizze te kinnen: de dingen fan de minske.... Mear net, mar is it net alles? In selde tebeksjen fine wij ek yn Jo lêze fêst faek yn jou eigen gedichten? (1961) (SF 336-7), in gedicht dat faaks as aldereaste lêzen wudde moast fan dit boek, omdat it san treflike kaai is ta wat Postma as dichter besiele hat. Ik gean der jir net op yn omdat al it boppesteande ek al as kaai fungearre hat. Lit mij disse paragraaf ôfslúte mei noch ien lêst iepenbierjend gedicht: Strofen uit de nalatenschap van Andries de Hoghe (1962) (SF 338), mei as ûndertitel Fersen fan P. C Boutens, fessen dy't Postma njemt ‘it skienste fan de hollânske dichtkunst’, en dy't dochs net opnommen wudde mochten yn dy syn samle gedichten - der moast in dichtersnamme foar betocht wudde ‘mei in | |||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||
[pagina 235]
| |||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||
teltsje der by’
Waerd der dan in skande yn dy strofen iepenbier makke?’
freget Postma him o
‘Een kind, een knaap die voor uw oogen viel’;
Mar it wie gjin fallen yn modder en weaze.
It gong oer in leafde sûnder wettich hûs,
Oer de biminnensdrang fan in ‘leafdeleaze’.
De leafde sûnder wettich hûs..... hat Postma dy leafde ek net lijd, hat Postma ek net altyd langst hawn nei in hûs? No't ik dit lês kriget it fes In hûs (SF 172) - it is no al ferskillende kearen njemd - in noch djippere betsjutting foar mij, want ik begjin no te fermoedzjen dat hast al Postma syn gedichten de utering binne fan de langst nei in hûs, se binne de hûnderten kearen herhelle rop fan ek in ‘leafdeleaze’ om der bij te jerren, fan in man dy't hieltyd wer oer syn freonen prate moast omdat er se net hie. Sa binne disse gedichten dan syn hûs, wêr't de ienheid hearsket fan ferline, joed en takomst wêr't de wrâd, de natuer en de minske ien binne, wêr't alle spjalten en kleauwen bebrêge binne. In hûs fan de geast. Gedichten fuotkomd út de ‘biminnensdrang fan in ‘leafdeleaze’ Gedichten dy't wis wol jerre ta it skienste fan de fryske dichtkeunst.
(2) Yn disse paragraaf wol ik inkelde kaaiwudden bijlâns rinne dy't wichtich binne foar it ferstean fan de Samle Fersen. Om de tiid kin ik mar in stik twa-trije útkieze, wylst der folle mear binne; op myn eigen listke fyn ik wudden as: sinne, lok, ljocht, iede, himel, rook, erf, freon, leafde, dea, wyn, lûd, mem, bitinken, binjemme, bilibje, en der soene noch wol mear to njemmen wêze, sj. ek Wadman (1953). As easte woe ik it wud ‘ljocht’ behannelje, in wud dat miskien wol hûndeten kearen foarkomt, soms yn gedicht op gedicht, soms sels ferskillende kearen yn ien gedicht. It komt foar yn kombinaasje mei ‘ferline’ en ‘dreamen’ (43), it ferline doe't it libben noch ‘in ljochte wei omheech wie’ (47); it ljocht jouwt fleurigens (60). It ferline, de jonkheid, is in ljocht dat syn paad bestriele (69). It ‘hege ljocht’ is ek it moaie, dêr't ‘it fûl’ fan disse iede foar weikrûpt (71), en op s. 72 wudt it alwer it moaist op iede njemd, en noch mear:
It is it libben sels.
De krêft dy't alles driuwt!
en it bringt fleur en laitsjen mei. It is yn wêzen it ljocht dat hieltyd wer ien fan de | |||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||
[pagina 236]
| |||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||
betingsten foar it lok liket te wêzen, lykas ek dúdlik op s. 76, en lykas it lok it optelde lok fan alle jeddere dagen is, is it ljocht suver ek it ljocht fan alle jeddere tiden. It ljocht is it libben, dat ha wij al sjoen, en
Ut d'ierde opbloeid troch de krêft fan 't ljocht,
Is minske wol fan ierde en ljocht it bern.
In dei as hjoed bringt neijer him oan honk
En lit in glim fan d'earste leafde sjen!
Sa liket it ljocht dan de boanne fan alles te wêzen, de easte oarsprong, it honk, en de easte leafde - yn itselde gedicht (Yn Febrewaris (1914) (SF 75-6) lêze wij
It lok, dat wie, giet nimmer net foarby.
wêr't faaks likegoed it wud ‘lok’ troch ‘ljocht’ ferfongen wudde koe, want it ljocht liket wol ien fan dy allesoerhearskjende easte benneyndrukken te wêzen dêr't de dichter letter altyd oan werom tinke moat. En wat ek net sa frjemd is as wij beseffe dat foar Postma de sinnen sa tige wichtich wiene. Is it ek net sa dat it ljocht ien fan de easte sintúglike waarnimmingen is sadré't in lyts krektbenne minskje syn reis troch dit libben begjint? It is ek noch opfallend hoe faak ljocht en waarmte yn itselde gedicht njemd wudde, lykas ek jir, wêr't sprake is fan ‘lije loften’ Ljocht-waarmte, waarmte-ljocht is blykber in simboal mei in geweldige sizzingskrêft foar de dichter, omdat it him ta syn oarsprong werom bringt, en de bining skept mei de iede en de jeddere slachten dêr't er út fuotkomd is - fansels it ûnderwurp dat him syn hiele libben dwaande hoden hat: de bining mei de wrâd, it ferline, de oarsprongen. De ienheid. It seit himsels dat dan de dea as attribút it tsjuster tawiisd wudt (117), wat net sa origineel is fansels, mar dêr giet it bij Postma ek net sa bot om. Eins is it ljocht as simboal fan it libben dat ek al net. It is de djipte, de yntinsiteit fan de simboalen dy't sa echt hielendal Postma eigen binne. Troch se alweroan te brûken krije se op it lêst in assosiative djipte en wiidte dy't je bij net folle dichters finne sille Omdat ek it joed fuotkommen is út it ferline, sadat alles wat jedder bard is wol ‘Forstoarn, forgoun’ is mar paradoksalerwize dochs no noch trochlibbet ‘yn ljochte dei’ (137), is it net sa frjemd dat it ljocht ek assosiaasjes opropt oan de ivichheid, de ûneinichheid. It ljocht skept ommes it libben, is it libbens sels, en alles wat ienkear libbe hat sil altyd en ivich trochlibje: it sil bistean! It ljocht is godlik (280) en ek op s. 322
O groede-suster, ierde-mem, god-ljocht.
út it al jedder behannele gedicht Ljochte moarn yn 'e finne. Wie de namme fan ien fan Postma syn bondels ek net De ljochte ierde? | |||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||
[pagina 237]
| |||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||
[pagina 238]
| |||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||
It twadde kaaiwud dat ik útsocht ha foar besprek is ‘lok’. Wij ha al sjoen dat dat wud faak foarkomt yn ferbining mei ‘ljocht’. Lit ús ris besjen wat dêr noch oan tafoege wudde kin. Yn it al bekende fes Pinkstersnein (30) lêze wij dat ‘it heechste lok’ op de dichter saait bij it skôgjen fan de skientme fan de natuer, en dat de himel foar him ‘iepenlein’ wurdt. De pracht fan de natuer makket Postma lokkich, en dat loksgefoel iepenet foar him de poatten fan de himel. Dy natuerpracht moat jin berikke fia de sinnen, de ‘leechste sinnen’ dy't lykswols de ‘djipste fieling’ jouwe. Yn it gedicht mei de namme Lok (1916) (SF 81) binne it de dreamen fan de iepen himel, de ljochte iede en har hetslach, it lûd fan de skiente dy't de dichter lok bringe. En ek noch dit:
As dit eigen libben bloeide
Nei syn aerd, dan is it goed
Dat lok waait de dichter net alle dagen oan, it komt wolris op in stille ljochte snein, mar it giet ek wer fuot. Net alle dagen is dêr dat ‘opgean yn in blank heelal’ dat oer him komt bij it sjen fan ‘Al 't ierd-bistean’. It komt út en troch, en wilens bliuwt ‘de tocht fan 't hert’, en ek ‘it lege wramen’ (85). De langst nei ienheid, nei ien-wêzen mei al 't ied-bestean, ja mei hiel it hielal, wud wis alle dagen net ferfolle. En dy iede is dan net in idealisearre iede, warskôget Postma, en de minsken nimt er sa't se binne, sa't se besteane, net sa't se wêze soene(124). Hoe'n bytsje is der mar nedich foar dat lok, as de minske it mar sjen wol: in leperop bij 't jest, it kraaien fan in hoanne op in boerehiem, in hagedoan mei reade beien, in âd pleats ‘En d'âlde god, dy't oer de loften stiet’ (128).
Dit is it lok, dat elts him winne kin:
Gjin erfdiel as it libben heart er ta! (129).
It libben, oars neat! Mar wat in libben! Dat lêste gedicht dêr't út oanhelle is wie skreaun yn 1922. Wij hoege no eins gjin mear sitaten te jaan, omdat ek op dit stik fan saken it wurk fan Postma altyd wer in fariaasje op ien téma is. Dochs kin ik it net litte om út dat prachtige Fan de iene boarne, mei as ûndertitel Lyts dicht fan it lân (1952) (SF 281-284), dit sitaat te jaan, want it jouwt sa'n moaie gearfetting fan alles wat der oer it ‘lok’ sein is:
Hwat west hat en hwat is, dat is deselde wrâld;
Ien siele, ien bigryp hat alles yn,
Dit is it suverst lok, ien mei natûr,
Mei alle libben ien, ien mei de Geast
Dy't alle libben draecht’
| |||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||
[pagina 239]
| |||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||
Jir hoech ik neat mear oan ta te foegjen, tinkt mij. Tred soe ik dan noch eefkes op it wud ‘himel’ komme wolle. It is al wer it fes Pinkstersnein (30) dat ús no te pas komt. Yn dit fes wudt de dichter de himel iepenlein, mar it is net de himel fan de kristen, sa't de titel ús yn easte opslach tinke litte soe. Nee, de himel is jedder de iede en alles wat op dy iede bloeit. Mar al is de himel fan de kristenen net de iede, dochs is dy himel neffens Postma foarme nei de skientme dy't se op de iede sjogge:
Ik wit: it oard fan fromm'ne langstme
Is foarme nei dit hillich byld.
út lerde en himmel (1924) (SF 153-4). Dy folchoadder - iede en himel - is neffens mij mei sin keazen, want is de folchoadder yn it gewoane spraakgebrûk ornaris net krekt oarsom? Foar Postma kaam útsoate de iede east. Ik leauw dat ik ek dit koarte stikje it bêste ôslute kin mei in sitaat dat alles seit:
Ik kin net helpe dat de dream fan lok
Hwerút wy nei de himmel gean,
Is boun oan 'e ierd, sa as hja leit
Dêr grien yn 'e âlde steat;
En oan 'e pleats yn 't beamt mei 't bultich blok
En mei de kij, dêr't melkster har ta keart.
(Oktober (1931) (SF 318). Jir woe ik it, wat dit oangiet, bij litte. Der soe noch folle mear te skriuwen wêze oer kaaiwudden bij Postma. Dat soe lykwols in stúdzje op himsels fergje.
(3) Dan komt no oan bar in behandeling fan de mear filosofyske tinzen bij Postma, wat sûnder mis foar in part in herhelling wêze sil fan it haadstik oer de kaaigedichten. Ik sil besykje dat safolle mooglik te foarkommen troch sa direkt mooglik - mei sitaten dus - te wurk te gean. Wij ha fansels al lang ûntdutsen dat it sykjen nei it bliuwende yn de ferskynsels karakteristyk is foar Postma. Dat bliuwende, dêr moatte arguminten foar komme, dichterlik-filosofyske arguminten. Ien fan de easte kearen dat dat bart is yn it gedicht Augustus-snein (1912) (SF 47-8):
Al 't moai is fuort.- Dochs stoar it net alheel,
De wearskyn bliuwt. hoe djip de tiid forsinkt.
Ik ferstean dit sa, dat dy wjerskyn de wjerskyn fan it moaie is yn it het fan de dichter. It moaie giet foarbij, mar it ûnthâd hâd it fêst. Sa ferstien is der tsjin dit argumint net folle yn te bringen, tinkt mij. | |||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||
[pagina 240]
| |||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||
It ûnthâd bewarret de bylden fan it moai fan jedder dagen, mar it ûnthâd is fansels wol wat in abstrakt ding. Hoe kin wat dêr bewarre wudt mear rook en smaak krije? Fansels, krekt troch dy rook en smaak, troch de sintugen. Lang bewarre bylden, suver hast fergetten, komme werom troch de stimulearring fan de sinnen, wêrtroch in wikselwurking ûntstiet: de waarnimming mei de sintugen grypt folle mear oan omdat it ûnthâd der sines oan tafoeget, en it ûnthâd wudt alle kearen dat de sinnen waarnimme ferrike mei djippere, hieltyd mearsizzende bylden. Ferlykje û.o. it gedicht Yn Maert (50), dat al jedder njemd is, mei disse rigel:
Fan leechste sinnen komt de djipste fieling
In oar aspekt fan de ienheids-filosofy fan Postma is dat der altyd in driuw is om ta de oarsprongen wer te kearen. It kennen fan de oarsprong fan de dingen, de oarsprong fan jesels, makket in minske lokkich omdat dan it isolemint fan de minske beëinige is: hij nat de sprong oer de skied tusken it oare en himsels makke:
Ut d'ierde opbloeid troch de krêft fan 't ljocht,
Is minske wol fan ierde en ljocht it bern.
In dei as hjoed bringt neijer him oan honk
En lit in glim fan d'earste leafde sjen!
(út Yn Febrewaris (1914 (SF 75-6). De ienheid fan alle dingen wie ont no ta geastlik fundearre, it wie de geast dy't de ienheid skôge: wat bleauw wie allinne dat wat bleauw yn de geast en it ûnthâd fan de waarnimmer. Der is noch in oar argumint foar it bliuwende yn de ferskynsels, en dat is dat alles dat jedder bard is syn ynfloed hân hat op it no besteande. Wat no bestiet hie net sa wêze kinnen sûnder datjinge dat yn it ferline bestie:
Mar yn dit gea, myn bodder, hastou boud
En dien hwat moast. 't Hie sûnder dy
Syn plak net sa yn al it ierdske hawn.
(De lodde (1923) (SF 135-6). Jir wudt in ienfâdich bodder mei syn lodde optild út it ferline, en yn in ivichduorjend joed pleatst. Sa binne der dus twa plakken dêr't it bliuwende socht wudde moat: yn de geast fan de waarnimmer, en yn de ferskynsels sels. Beide binne bûten alle dichterlikens om, tinkt mij, wier, en beide kinne krekt troch dy wierheid in tige sterk poétyske útwurking hawwe. Yn disse opfetting stiket neat dizenichs, neat ‘dichterliks’, yn de ferkeade betsjutting fan it wud. Disse wize fan skôgjen stuolket op konkreet waarnimbere feiten, en it is no krekt disse bisûndere | |||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||
[pagina 241]
| |||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||
skôging dy't it dichterlike jir útmakket. Yn it fes It libben dat forgong (1925) (SF 141-2) fine wij lykswols noch in tredde opfetting oangeande, en ferklearring fan, it bliuwende:
O dit giet bûten tiid! Wy binne diel
Fan selde wrâld, hoe koe der oars
Sok fielen troch ús gean?
Ien siele, ien bigryp omfiemt it al.
Yn de lêste rigel besiket Postma jir in ferklearring te jaan fan syn gefoel fan ferbûnens mei jeddere slachten yn it gea. It is net it ûnthâd, it is net it feit dat it joed-besteande skepen is troch it juster-al-besteande - nee, dit gefoel fan ien-wêzen mei dy jeddere slachten komt omdat ien siele, ien begryp harren allegearre omfiemt. Fansels moat ik jir no tinke oan wat ik skreaun ha oer Heymans yn 1, 2. Heymans sei ommes dat it Ik net ûnmidlikerwize jûn wie, mar allinne de bewustwêzensynhâden, en dat it Ik ek net fereaske waad troch it kausaliteitsbegjinsel. Lit mij nochris oanhelje wat ik boppe ek al sein ha: ‘Ongetwijfeld eischt de wettelijke samenhang der bewustzijnsprocessen een reëelen grond; maar hetzelfde geldt ook van den wettelijken samenhang der buitenwereldsprocessen, en men zou, door dien eersten grond het Ik te noemen, zonder reden een beslissing nemen over zijne zelfstandigheid en afgeslotenheid tegenover den tweeden’. Mei oare wudden, as je in persoanlik Ik ponearje, moat je ek in Wrâd-ik ponearje. En wêrom dan dy twa ikheden sa strang te skieden, frege Heymans him ô, wêrom net ien heger en allesomfiemjend Ik te ponearjen, om sadwaande de gearhing fan alle ferskynsels te ferklearjen? Ut de niis oanhelle rigels docht kleare bliken dat Postma, yn it sok fan Heymans, ek sa riddenearret. Ik moat sizze dat sa'n riddenearring mij hielendal net oansprekt, en dat ik de krityk fan Dèr Mouw op de fizy fan Heymans stypje moat: ommes, troch it opheffen fan de grinzen tusken alle ferskynsels soe wol de wetlike gearhing fan alle dingen ferklearre wêze, mar net it feit dat der bliuwende yndividuele karaktereigenskippen binne. Wij ha jirboppe al sjoen dat Heymans syn ferwar tsjin de krityk fan Dèr Mouw tige swak is. Persoanlik makket it psychysk monisme op mij dan ek de yndruk fan in mystyk leauwen, dat mei alle oare foarmen fan mystyk mien hat dat it ferstân bij de wichtichste ûnderdielen fan it systeem útskeakele wudt. De konklúzje fan de gearhing fan de bewustwêzensprosessen ta it ponearjen fan in Ik, is ferstanlik noch te folgjen, al bliuwt it in hypotese. De wetmjittige gearhing fan de bûtenwrâdsprosessen soe ek noch ta in ferstanlik akseptabele stelling liede kinne dat der in fêste grûn wêze moat om dy gearhing te ferklearjen. De stelling fan Heymans lykswols, en dus ek dy fan Obe Postma, is in folle fierdergeande hypotese, in hypotese yn it kwadraat suver, dy't dan ek noch op folslein ûnbewiisbere grûnen it ferskil tusken it psychyske en it fysyske it universum úttsjoent. De stelling fan it psychysk monisme giet neffens mij fier | |||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||
[pagina 242]
| |||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||
út boppe de feiten dy't it besiket te ferklearjen, en hat dêrtroch mear fan in optocht wrâdbyld fan in filosoof, as dat it de feiten, foar safier bekend, besiket te oarderjen yn har gearhing. De lêzer sil njonkelytsen foar it ferstân ha, dat ik net sa folle ha moat fan dy o sa dizenige al-geast fan Postma as ferklearring fan de ienheid fan de dingen. Sa lang't it bliuwt bij de easte twa opfettings omtrint dy ienheid, bin ik lykswols tefreden, omdat dat ek poétyske krêft besit, hokker krêft - fermoedzje ik - fuotkomt út it feit dat sa'n opfetting fan ienheid, sa'n fizy op de werklikheid, réaksjes bij de lêzer losmakket sa fan: ja, sokke ûnderfinings hie ik eins ek wol ris; mar ik hie se nea klear ûnder wudden brocht. Tink bijgelyks ris oan it al njemde It húske (144), dêr't it húske op syn pôle ta in konkreet simboal wudt fan de ienheid fan joed en ferline. Soks foldocht mij hiel wat better as it praat fan ‘it al-omfiemjend each’ op s. 152, dat mij neat seit omdat it net ta myn ûnderfiningswrâd jert. Ik besef dat ik mei dy lêste opmerking in wol tige subjektyf elemint yn de diskusje brocht haw, want it is fansels sa dat oaren dy wrâd wol mei Postma diele kinne. Lit mij it noch wat skerper sizze: gedichten lykas It húske berêste neffens mij op konkrete, hiel goed mooglike, ûnderfinings; fessen dêr't sprake is fan ‘al-geast’ en ‘al-omfiemjend each’ net. Dy berêste mear op winsken: ‘wie it mar sa’. Mar lit ús weromkeare ta Postma syn gedichten sels, en noch in stikmannich sitaten jaan dy't syn tinkwrâd foar de lêzer iepen lizze kinne. Aldereast dan de lêste fjouwer rigels fan Oertinking (1940) (SF 214-5):
Mar hwat west hat is hwat oars as hwat net west hat,
Bûten minskene net-witten en fortsjustering.
It moat stean bliuwe yn de Geast dy't it al bilibbet:
Yn al syn fasen sil it bihâlden bliuwe.
En ik moat fansels ek disse hiel ferneamde net ferjitte:
Kinne jimme noch bidde? Ik kin it net mear, mar wol kin ik my lyts fiele,
Idel yn 'e romte, fan it heelal, wei tusken forline en takomst,
Lichte flikkertins yn it Al-bilibjen.
út Produksjeslach (1941) (SF 221). Tamminga hat eane sein dat it wud ‘belibjen’ jir opfette wudde moast yn de dútske sin fan ‘beleben’, dws. ‘fan libben foarsjen’ (Tamminga 1978:20). Dat wol mij min oan. Yn it easte plak omdat ik net ynsjoch wêrom't de betsjutting fan it fryske ‘belibje’ jir hosk wêze moatte soe; yn it twadde plak omt dat ta in ûnlogyske ynterpretaasje liedt. Yn it psychysk monisme is it universum fergeastlike, en letterlik alles is dêrom, yn Postma syn opfetting fan dat monisme, allinnich mar aspekt fan dy iene, alles-omfetsjende, tiid en romte net kennende Algeast. Postma seit yn disse | |||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||
[pagina 243]
| |||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||
rigels dan ek dat er yn wêzen net in ôsletten gehiel - Obe Postma dus - is, mar allinne mar ien tins is dy't dy Algeast tinkt. Postma liket dus allinne mar in stikje begrinzge tiid-romte, mar is it net: de Algeast, de alsiele, dy't it hiele universum fan tiid-romte omfiemet, ken ‘Postma’ allinne mar as ien hiel koarte tins fan himsels. It universum is geast, en tins. In flikkertins yn it ‘fan libber foarsjen’ wol foar mij neat betsjutte. Foar disse opfetting pleitet ek de no folgjende rigel oer de dea:
It is mear dat ús statten fan it Al-bitinken yn ien byldbirik
gearbrochten omfieme wurde sille.
(Fuortgean) (1943) (SF 228-9): dit ‘Al-bitinken’ is neffens mij synonym mei ‘Al-bilibjen’. Disse hiele rigel stipet eins myn opfetting. Fierders is der dan noch in oar synonym fan Al-geast: ‘der sielen’ siel’ (Ljochte dei (SF 229)), dy't myn ynterpretaasje noch skoarje kin, en ek noch ‘Albigryp’ (275). Lit mij dit haadstik beslute mei dy dochs - nettsjinsteande myn beswieren tsjin de algeast - wûndermoaie en hiel it dichtwurk fan Postma gearfetsjende fyfde strofe fan Fan de iene boarne (1952) (SF 281-4) - in gedicht dat ik ek as gehiel yn syn sljochtens en djippens ta de moaiste fan de Samle Fersen rekkenje:
Yn it hjoed is ek 't forline: it libbet jit!
't Is yn ús bloed, yn wyn en weagen is 't;
Yn 't âlde hûs is foarfaers wêzen bleaun,
Syn flear en eskenbeam stean noch yn 't hôf,
Yn 't finstik it hynder noch dat yn 'e hikke biet,
En yn 'e sleat om't hiem it eineguod.
Sa wie it en sa is 't, der is gjin skied!
Hwat west hat en hwat is, dat is deselde wrâld;
Ien siele, ien bigryp hat alles yn,
Dit is it suverst lok; ien mei natûr,
Mei alle libben ien, ien mei de Geast,
Dy't alle libben draecht!
(4) Ont no ta ha ik mij dwaande hoden mei it wurk, en net mei de persoan, fan Obe Postma, en ik bin dat ek net fan doel. Dochs woe ik jir ûndersykje wat wij leare kinne oer de persoan sa't dy yn de fessen nei foaren komt, de literaire persoanlikheid. Ek dat soe ús eat leare kinne oer de Samle Fersen as gehiel. De fraach is dus hiel ienfâdich: wat lit de dichter Postma los oer himsels? Der is fansels de ferneamde skrutenens en dimmenens, hij njemt himsels dan ek in ‘skruten feint en sûnder namme en rop’ (126). De wrâd sil him ‘gjin acht slaen’ want hij is mar ‘in lytse bourgeois’ (150) - al is dat lêste dan ironysk bedoeld, wier is it dochs. Hij is op dyselde side ek ‘Fêst oan it forline en it | |||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||
[pagina 244]
| |||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||
fryske fielen’, en hij hopet dat ‘Dy't stienen op 'e terp en de himrik ôfeagen’ him tagedien wêze sille. Disse lytsboarger, lykswols, moat dochs ek ‘wrakselje mei 't libben’ - ek lytsboargers moatte dat (155). As skriuwer kin er allinne mar oer wier barde dingen dichtsje: ‘Ik haw gjin krêft fan hege fantasij’ (155); wiere dingen binne dan ek dy ‘frjemde bigearten’ dêr't we it al wiidweidich oer hân ha (158). As sechtichjierrige fielt er him noch jong.
In bern yn frez' en langst; in triljend hart
Hwaens rêst is nomd,
It krêatuer fan eigen gloed fortard.
(wêr't dat It wol In wêze moatte sil). Hij is dus dimmen, sûnder namme en rop, mar hat dochs wol syn fûle langsten, ‘Yn bigearens twang forlern’ (171). Guon fan dy begearten, liket it, doart er net te njemmen (172), mar in ‘dreamebyld dat net forstoar’ betsjoent him altiten. Hokker? Hij is ek net ien dy't samar in praatsje begjint, hij is net as Goethe ‘Dy't mei eltsenien prate koe’ (176) want hij soe de ‘tean’ net fetsje en wit net genôch fan it libben fan oaren ôf ‘it âlde allinne sil my eigen wêze’ (176). Postma is ‘stil en ienselvich’, mar de minsken binne him dochs wol ‘genegen’, de ienfâdige lju, omdat er rymket oer it ‘libben sels’, ‘Net opmakke as in byld, mar sa't de siele it oanbringt’ (184). Hij dichtet oer ‘it Fryske lân of soks eat’, is ûnbekend, is dêrom dochs ek wer net ‘sa ûnskuldich’ want hij sjocht ek hiel wat dat foar syn eagen gjin stân hâde kin. En ‘al praet ik der sa net oer, ik haw dochs ek de groeden dy't spyt dêr yn dreaun hat’ (204). Nêst syn langsten en begearten is der dus ek spyt. Spyt om wat? Hokker dream is net ferfolle? Wie it de dream fan In hûs (172), of de dream fan in libbensfreon yn Tsjinje (208)? Spyt is der ek om lytsens: ‘smert om lytsens kurf syn marken yn’ (223). En spyt is der omdat
hwat der wêze moast freugd fan myn jeld,
Dat kin ik - ûnloks tiid - net reedzje nei bigear. (235).
Hij is ‘foar alles iepen’
fan de geast birierd,
Mar djip yn 't earste ierdsk bigearen trou. (235).
Yntellektueel dus wol, mar dochs trouw oan de iedske begearten en langsten. Gjin fan de iede ferfrjemde yntellektueel dus. Dochs wie der ek wol lok, as er him ‘ien mei al 't bisteande fiele mocht’, en ‘mei hwat west hie; fan wrâld-siele diel’ (275). Dan is der bij einsluten ek wer dy dimmenens, dy't him uteret yn syn opfetting dat er nêst oaren as Kalma en Brolsma - al wudde dy nammen net njemd, se wudde sûnder mis bedoeld jirre - net folle te betsjutten hat as | |||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||
[pagina 245]
| |||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||
skriuwer. Jir, yn syn seis-en-tachtichste jier, hopet er noch op wat wiisheid! (276) Dimmen. Skruten. Dochs wolle syn fessen ‘nei de minsken ta’ (211)! Postma wol ek nei de minsken ta, want
It is in minske, iepener op dichters baen
As wenst wol ha woe, fij fan skuttend byld;
Hy jowt him oer oan dy't ta 't libben giet,
In feint, in bern, en sûnder pols of skyld. (208).
Dy iepenheid, dêr't Sybesma sa troch fan de kaat rekke, is neffens mij ek yndied ien fan de grutte sjarmes en bliuwende weaden fan disse Samle Fersen. Postma op syn bêst is in dichtsjend minske dy't mei in oar minske praat, sûnder in reekgerdyn op te lûken fan dichterlike wudden. Syn fessen geane ek echt nei de minsken ta. Sûnder pols, skyld of skuttend byld joech er him oer oan dy't ta it libben gongen. As men no mar lêze kin en wol.
(5) As lêste fan myn dielûndersykjes yn II woe ik it noch oer de foarm hawwe. We hawwe yn I sjoen dat der oer dy foarm wol it ien en oar te dwaan west hat, sûnder dat dat folle fertuten dien hat ont no ta. De fraach is oft dat tekoart oan echte resultaten te witen is oan de kritisi, of oan it feit dat der faaks net folle oer dy foarm te sizzen falt. Sûnder no de pretinsje te hawwen dat ik dat foarmprobleem eventsjes gauw oplosse sil, soe ik oer de besteande literatuer jiroer dochs noch in pear opmerkings fan myn kant tafoegje wolle. Oer it probleem wat foarm no winliken is, sil ik mar net begjinne, omdat dan de ein der fan wei is. Lit mij foar dit haadstik foarm mar ienfâdich definiearje as dy manier fan brûken fan it kommunikaasjemiddel - de taal-, dy't blykber it bêste bij de betsjutting past en dy it bêste werjouwt, en dy't boppedat eat ‘eigens’ oan it wurk jouwt. Dat lêste moat sa opfette wurde dat de foarm ek de bêste is as er nei ús gefoel de literaire persoanlikheid wjerspegelt. Lit mij mar mei it aldereaste gedicht begjinne, De boerinne fan Surch (1900) (SF 27). De easte fjouwerrigel is sa:
De frou stiet op it boerehiem
Stil by de bûthúsdoar,
Yn sneinse swarte boerinneklean
Mei in bûnte skeldoek foar.
Dit klinkt fuot al net sa dichterlik, net ferheven. Hoe komt dat? Wêrom komt it sa gewoan op ús oer? - mar pas op foar ‘gewoan’ bij Postma fansels! As we oan it tellen slane, dan docht bliken dat de easte rigel 8, de twadde 6, de tredde 9, en de lêste 7 wudlidden hat. It sit dus ‘gewoan’ sa dat de regelmjit- | |||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||
[pagina 246]
| |||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||
tigens dy't je fan sa'n fesfoarm ferwachtsje soene, der op dit stik fan saken net is. Yn it hiele gedicht nammes net: suver eltse rigel hat wer in oar tal wudlidden as de ûnmidlik foarôgeande. Mei it metrum is it lyksa: der is yn it hiele fes gjin fêst metrum te finen. De easte rigel soe miskien as patroan tsjinje kinne, en dit metrum jaan:
De FROU stiet OP it BOEreHIEM,
mar rigel twa wol dan al net, want it is net:
Stil BY de BUThúsDOAR,
mar jedder:
STIL by de bûthúsDOAR.
Rigel trije giet ek al tsjin it ‘metrum’ fan rigel ien yn, sa't de lêzer foar himsels wol sjen kin, wylst rigel fjouwer folslein it omkearde metrum fan ien hat. Fjouwer is net:
Mei IN bûn TE skelDOEK foar,
mar krekt oarsom:
MEI in BUN-te SKELdoek FOAR.
Dit is dochs yn it easte it bêste gedicht dochs al in wichtige fêststelling: sawol wat de rigellangte as it metrum - en ek it ritme! - oanbelanget, is der yn dit sa foar it each sa regelmjittige fes gjin sprake fan regelmjittigens. Dochs is dit net in ‘kreupel’ of ûnhandich, stjitterich, fes. Watfoar ‘wetten’ heaskje der dan yn dit gedicht? Fansels it rym: elke twadde rigel rimet mei de fjidde. Mar dat liket net sa wichtich. Wat foar mij dit gedicht sa'n aparte smaak jouwt is - leauw ik hast - it ritme fan de sprektaal: de rigels steane jir wol netsjes ûnderinoar, en se rymje ek wol, mar dêr hâdt it ferskil mei de gewoane, net-poétyske taal dan ek mei op. De rigellangte is wakker ûngelyk - de langste rigel befettet 11 wudlidden, de koartste 6! -, en it ritme is it ritme fan de praattaal. Sjoch mar yn dy kostlike sechde strofe:
Hja is nou hast al in âld WIIF
En hat al GREATe BERN.
Mar DAN wurdt har it moed DOCHS fol:
Hja mei dy lânsdou hjir net SJEN!
wêr't fral de lêste rigel, útsprutsen op lege toan en sûnder klam, behalven it | |||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||
[pagina 247]
| |||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||
lêste wud ‘sjen’, dat mei ferheging fan toan en mei gâns klam sein wudde moat, it bisûnder goed docht. Al dy opkroppe ûnwennigens komt jirre ta in útbarsting, en dy rigel is, om sa te sizzen, in toanielspiler dy't dat foar ús útbyldet. Der is in protte losmakke oer de lettere frije fessen. Ik leau dat dit fes ek al adich frij is, de iennige regelmjittige eleminten binne it rym, en de fjouwerrigelige strofefoarm. Foar mij stiet it fêst dat Postma syn frije fessen dy't er letter begûn te skriuwen, net in nije ûntjouwing binne, mar allinne mar de logyske konsekwinsje fan de manier fan dichtsjen sa't wij dy yn De boerinne fan Surch al foar ús hawwe. Postma koe bij gelegenheid wol in metrysk en ritmysk mear regelmjittich fes skriuwe, sa't we noch sjen sille, mar hij hat dat grif net altyd wollen, omt dat net bij de aad fan syn keunst paste, dy keunst is, lyk as syn skepper, o sa iepen, en hat gjin ferlet fan dichterlikens en skuttende dingen lykas metrum, byld en strofebouw. Deselde eigenskippen as De Boerinne fan Surch hawwe ek in soad oare fessen, it iene mear, it oare minder. Lit mij no ris in foarbyld jaan fan regelmjittigens:
It WETter weagt him OP en jowt him YN
En DOUNset yn 'e KLEARe SINneskyn;
De WEAgen KOMme en BATSkje tsjin it HAED,
De SKIPpen GEAne STIL har GLEDde paed.
(In hjerstdei (1903) (SF 36). De lêste glêde rigel jouwt mei syn regelmjittich ritme, dat jir gearfalt mei it metrum, knap de beweging fan deskippen wer. Yn de trije foarôgeande rigels skimere it metrum al wol wat troch it ritme hinne, mar it lêste jouwt pas de fiif jamben dy't we ferwachtsje. In regelmjittich, of ‘ûnderlizzend’ regelmjittich, patroan koe Postma dus wol oan, sa't we jir sjogge. In oar aspekt fan dy ûn- ‘dichterlikens’ fan Postma wie dus ek it falle litten fan it rym, en dat barde al frij ier yn de Samle Fersen. As ik mij net fersin fine wij op side 53 al it easte rymleaze fes, nammentlik To Wuns (1913) (SF 53). En al is dit fes noch net te fergelykjen mei de lettere praatfessen - it is ommes opbouwd út fjouwerrigelige strofen -, dochs giet it dy kant wol wat út: de rigellangte fariearret tusken de seis en tsien wudlidden. Dêr stiet dan wer tsjinoer dat it gedicht oer it gehiel nommen frij jambysk fan metrum is. In nuveradige tuskenfoarm alsa tusken it regelmjittige en frije fes. Wat fierder yn de Samle Fersen - mar jedder skreaun! - steane noch twa soatgelikense fessen, nammentlik Soms komt it oer my as in dream fan lok (1907) (SF 69) en Is dichter wêzen oars as 't lok fan 't libben sjen? (1909) (SF 70). Beide binne wer opbouwd út fjouwerrigelige strofen, mar it lêste is it frijst, omdat dêr de rigellangte wikselt, wat bij it easte net sa is. En dan binne der flak dêrnei ek al de easte alhiel frije fessen, sûnder fêst metrum, rym en rigellangte: Fleanen (1910) (SF 71-2), It ljocht (1912) (SF 72) en It wurk (1912) (SF 73). Frij ier yn it lange dichterskip fan Postma fine wij dus | |||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||
[pagina 248]
| |||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||
al frije fessen. It is faaks wol tsjinstich jir eefkes wer te jaan wat Postma sels fan dy frije fessen seit: ‘De foarm is net mei opsetsin keazen, mar komt fansels. Ik fiel b.g. dat it frije fers de werklikheit it natuerlikst werjowt. (...) Mei in moade hat dat neat to meitsjen’ (J.J. Kalma 1947: 1). No kin in fesfoarm fansels likegoed wol tige funksjoneel wêze, al is dy dan net mei opset sin keazen, en dat jouwt Postma yn syn opmerking oer de ‘werklikheit’ dan yn feite ek ta. Postma kennende moatte wij wol oannimme dat er jir earlik is - wêrom soe er net? - en dat dus dy frije fessen ‘fansels’ kamen. Dat wol wol yn mij del, ek al yn it ljocht fan de opmerkings oer De boerinne fan Surch; en dat jildt ek foar dy ‘werklikheit’, omdat dat wol past yn it byld fan de dichter sa't wij dat no njonkelytsen foar ús hawwe. Lit mij disse hoas oer it frije fes ôbreidzje foardat ik op wat oars kom. Wat is it geheim fan it frije fes bij Postma, en foaral dy fan syn lettere jierren - de easte frije fessen sprekke mij net sa oan -? Neffens mij: de ynhâd en de foarm beide. Neffens ynhâd binne dy fessen yndied, sa't al faak sein is, it gemimer fan in wat yn himsels keard dichter, dy't al mimerjende-wei mei de lêzer praat, deagewoan in pypfol praat, en dan syn tinzen wat doarmje lit oer libben en dea, fan jinsels, fan de hiele wrâd. Bij dat ynformele praatsje past gjin keunstige dichtfoarm, dêr past allinne de foarm fan in wat ynformeel ferrinnend praatsje, wêr't de iennige ienheden sinnen of stikken fan sinnen binne, dy't sawol op it nivo fan de betsjutting as op dat fan it útsprekken op harsels stean. Enjambeminten sille dus sa goed as ôwêzich wêze: elke ‘dichtrigel’ is in syntaktysk, semantysk en artikulatoarysk frij op himsels steand gehiel. It begjin fan elke rigel falt dêrom gear mei it begjin fan in nije betsjuttings-, sins-, en sprekienheid. Dy kinne hiel koart, mar ek hiel lang wêze, sjoch mar:
Oan dykskant siet ik
It reid forweegde yn it kroas;
In froask stiek syn kop der troch hinne - yn hoe lang hie ik dy net sjoen -
Nou bin ik wer ien mei it fryske lân.
In boereman ropt in oaren oan om oer 'e minne tiid to praten;
Ik foun de tiden sa min net:
De lepen saeije oer it greidlân.
En in drystenien oan ikkersein pronket mei syn kúf.
(Septimber (1933) (SF 176). Guon fan dy dichtrigels binne sa lang dat se twa printe rigels yn it boek beslane, oaren kinne wer maklik op ien printrigel. As yllústraasje folget jir noch in hiele langen ien:
Ja, ik kin noch. as de bern, in ferske meitsje foar de greate
minsken om op to sizzen as hja har libbensspul boartsje.
| |||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||
[pagina 249]
| |||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||
(Tachtich (1948) (SF 322-3). It seit himsels dat sok dichtsjen gefaarlik ticht bij it ûndichterlike komt, want as de ynhâd en de spotske irony it net úttille boppe it proazayske, dan is sa'n gedicht ek daalk en yn ien klap gedicht ô: de ynhâd en de irony meitsje it fes. De niiskrekt oanhelle rigel is krekt troch dy ynhâd en syn humor noch wat mear as in gewoane proazayske sin; is dy ynhâd net nijsgjirrigernôch, dan is it fes bedoan, bijgelyks In nije tiid (1960) (SF 334-5) mei ûnder oaren disse rigel:
Foar dy kij keapje hja foer, dat hja bûten it sket lâns
delstruije sa dat de bisten der troch de itensgatten by kinne.
Fansels is disse rigel út it ferbân skuord, mar it gedicht is as gehiel net folle better. Postma sprekt jir syn ôgrizen út oer de Amearikaanske manier fan buorkjen - dy't no njonkelytsen al lang nei disse kusten oerwaaid is -, en ik kin ek skoan neikomme wat him sa oandeart, mar dit ‘gedicht’ wol, mar net ta gedicht wudde. It proaza bliuwt proaza, dat wol sizze der is nêst de meidieling oan it oerflak net in djippere betsjutting; der binne gjin sterke ferburgen assosiaasjes, de humor ûntbrekt. Koartsein: der is nêst de proazayske meidieling gjin dichterlike meidieling. Ik leauw trouwens dat dat ek krekt it dichterlike elemint útmakket yn de goed slagge frije fessen: de spanning tusken de foarm, dy't dy fan it proaza - de praattaal - is, en de dêrmei suver yn konflikt steande ynhâd. Postma syn goede frije fessen oerwinne it proaza. In hiel oare, en foar syn hiele samle wurk net sa karakteristike, Postma fine wij yn Opwekking (1915) (SF 58-9), dat sa begjint:
O feinten, o freonen, it libben is koart
En faei binn' de flechtige ûren!
De died of de wille! Haw krêft, haw moed
De ploege of it reau to stjûren!
Dit fes falt fansels op troch syn trinten ritme en syn lûding, ferlykje bijgelyks it stêfrym mei f yn de easte pear rigels. Der steane wol mear fan soksoate fessen yn dit boek, en ik moat sizze dat ik se wol lije mei, al is it wol sa dat we jir net de ‘echte’ Postma foar ús hawwe. Nim bijgelyks Yn it iere foarjier (1921) (SF 106), dat sá begjint
Teare blommen sêftkes weve;
Sigen wurdt yn 't strûkguod wei;
Iere maitiids jong forheugen
Trillet yn 'e ljochte dei
It ritme, dat ik as ‘ynbannich-gefoelich’ omskriuwe wolle soe, makket foar mij dit fes ta ien fan de bettere yn de Samle Fersen. Dochs komme sokke fessen net sa faak foar, en dan ek mar allinne oan it begjin fan it boek. Ek al wer in | |||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||
[pagina 250]
| |||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||
teken dat Postma syn poézij hieltyd minder ferlet hie fan, en driuwe woe op, uterlikheden. In oar ‘uterlik’ middel dêr't út en troch ris gebrûk fan makke wudt, is de lûding. Ferlykje disse rigels út Yn Febrewaris ris (1914) (SF 75-6):
Fan alle ljochte dagen komt dit ljocht
En alle lije loften rinne op nij,
En wer komt alle rook en alle sang,
It lok, dat wie, giet nimmer net foarby.
Wat mij jir opfalt is de rol fan de l en de n, dy't foar myn gefoel wat floeiends en sêfts oan disse rigels jouwe; ek de lûden skreaun mei m en ng lykje jir oan mei te wurkjen. Dy yndruk fan dat floeiende past wûndere goed bij de ynhâd jirre. En ek sokke lûdingsferskynsels binne allinne te finen bij de iere gedichten. Wat âder Postma wudt, wat minder dat er ferlet hat fan uterlikheden, sa't ik niis al sei. At der bij it lettere wurk noch sprake is fan foarm, dan is it iennige dat dy namme noch fertsjinnet it brûken fan semantyske, dus ynhâdlike, tsjinstellings. Soms leit it der wat al te tsjok op en komt it oer as eat keunstmjittichs:
O, noch in dei-twa op de bloeijende ierde,
Mei it godlike, leave, leed-tofrettene libben,
It smertlik-foldragene, himmel-foarskôgjende,
Triljend trochwraemde, goudglâns-oerstrielde!
Gjalp (1925) (SF 154-5). De tsjinstelling tusken ‘godlik’ en ‘leed-tofretten’ bijgelyks is mij wat te folle socht. Soms, of leaver faak, is it finer ynlein, en is it effektiver:
Shakespeare en Rilke binne blêdden dy't falle.
Ik siikje nou nei wylde boerinnen,
En ik moat Goasse Gerbens jongens hawwe as hja de kij it
spantou om de poaten bine.
(It Fryske fjild (1933) (SF 175); en fansels it ferneamde To Harns (1935) (SF 181-2):
Goethe die in reis nei Italïe en Rilke nei Ruslân,
En as in oar minske kamen hja werom.
Ik haw op myn âlde dei nei Harns ta west;
In oar minske koe ik net wurde, mar ik haw stien op it
heechste fan 'e bolwurkstún
| |||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||
[pagina 251]
| |||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||
Disse rigels binne foar mij ûnferjitlik, al is de rest fan it gedicht dêr net neffens. It is yn dit ferbân faaks nijsgjirrich te witten dat Postma sels oer de humor yn syn wurk sein hat dat it ‘net socht’ wie (J.J. Kalma 1947:1). Miskien is de geefste humor wol de humor dy't samar fansels komt, en net optocht is. In oar soate fan tsjinstelling hawwe wij yn It húske (SF 144), dêr't ik yn II, 1 al oer op de tekst west haw, en jir dus net wer wiidweidich op hoech yn te gean. Foar in goed begryp fan de foarm bij Postma liket mij dit fes tige wichtich ta, bouwd as it is op de tsjinstelling tusken it deagewoane en it alderalderwichtichste yn it libben, hokker tsjinstelling - fansels! - gjin tsjinstelling blykt te wêzen: ek it lytse is grut, ek in reis nei Haans kin in minske feroarje. Wêr't mar mei sein wêze wol dat bij Postma op syn bêst de foarm en de ynhâd goed bijinoar passe, dat yn feite foarm en ynhâd ien wudde. It probleem fan alle skriuwers is in foarm te finen dy't krekt de ynhâd werjouwt, en dus bij dy ynhâd ‘jert’. Postma hat ûnderskate kearen dat probleem oplosse kinnen, oare kearen ek wer net; mar hokker dichter hat allinne mar goed slagge fessen skreaun? | |||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||
IIIYn I, 4 haw ik in rige konklúzjes fan oaren ûnderinoar setten, mei de bedoeling út te finen oft se strykten mei de útkomsten fan myn eigen ûndersyk. Lit mij dêrom no hiel yn it koart neigean oft ik yndie gâns oare útkomsten haw. Konklúzje (b) wie dat syn fessen faken ûnbehelperich binne (D. Kalma). Obe Postma docht yndie net oan it technyske fjoerwurk fan Kalma, mar oft syn fessen ûnbehelperich binne? It is jedder sa dat Postma oer it algemien gjin ferlet hat fan slimme rymskémas en ôwikseljende ritmen. Men soe sizze kinne dat bij Postma de foarm in folle minder opfallende rol opeasket as bij dichters as Kalma: de ynhâd giet foar. De foarm hat gjin selsstandige funksje, se wurdt allinne brûkt om de ynhâd te fersterkjen. Dat Postma de dichter fan it ferline is (konklúzje (e), is wier, mar der moat wol bij sein wudde dat bij Postma it wud ‘ferline’ in hiel oare betsjutting krigen hat. It ferline is bij him tagelyk ek joed en takomst. Konklúzje (f), dat neffens Kalma Postma syn leafde ûnpersoanlik is, en net op de realiteit rjochte is, soe men oer tsiere kinne. Postma hat yndie net - of net folle! - dichte oer de leafde tusken twa minsken; de leafde yn syn poézij is yndie rjochte op oare objekten, mar om no te sizzen dat dát net de realiteit is...... Nêst it ferline, is neffens mij ek de realiteit bij Postma in begryp mei in oare betsjutting as dy't wij der trochstrings oan jouwe. Dat is jirboppe wol oantsjutten, tink ik. F. Sierksma seach in mooglike tsjinspraak tusken it feit dat foar Postma de iede de himel is, én dat tagelyk disse poézij ta tige spiritualistysk is (konklúzje (w)). Ik leauw net dat dy tsjinspraak der is. Dizze poézij is, sa't wij sjoen ha, de poézij fan in geast dy't troch syn gearbinende krêft de tsjinstelling tusken ferline en joed oerwint. It lok fan doe wudt yn de geast bewarre, en is sa- | |||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||
[pagina 252]
| |||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||
dwaande ek it lok fan no! Boppedat is der dan noch de kosmyske algeast, wêrfan't de minske fan doe en de minske fan no, de iede sels, flikkertinzen binne. Lykas Postma sels de iede fan no net allinne waarnimt troch de eagen, mar fral troch syn geast, dy alles ferbynt, yn feite dus de wrâd dy't er sjocht tinkt, sa tinkt de algeast ek it hiele universum. Sa is der ynsté fan in tsjinspraak jedder in oerwinning fan dy tsjinspraak. De iede is de iede sa't de geast dy tinkt. It is fansels in hiel oare fraach oft wij Postma jir folgje wolle. Dat wiene de wichtichste ôwikingen fan de konklúzjes yn I, 4. Mei de oare koe ik it yn har algemienheid wol lyk fine, sûnder dêrmei sizze te wollen dat myn ûndersyk folslein deselde resultaten jouwt. De lêzer hat yn it foarôgeande beoardielje kinnen wat myn ûndersyk oan nijs opsmiten hat, en yn hoefier't besteande ynsichten ferdúdlike en eventueel ferdjippe binne. It hat myn bedoeling yn alle gefallen wol west om te dwaan wat in protte oaren kritiken tefolle neilitten hawwe, nammentlik net allinne mieningen te ferkundigjen, mar dy mieningen ek safolle mooglik te skoarjen mei sitaten út de fessen sels. | |||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||
IVIk hoopje mei myn artikel in bijdrage levere te hawwen oan de ynterpretaasje fan Obe Postma syn wurk. In goede ynterpretaasje liket mij de easte betingst foar in ferantwudde weadeskatting, en oan dat lêste ha ik mij jir net yn it foarste plak weage, al ha ik fansels - lykas de lêzer wol fernommen hat - wol wudden yn dy rjochting brûkt. It liket mij ta dat in beargumintearre evaluaasje ien fan de opjeften is fan de takomstige kritiken oer Postma. Dat is in dreech kerwei, want objektiviteit is op dit stik fan saken in wud dat suver net tapasber is, omdat it bij it hifkjen fan in wurk altyd giet - en allinne mar gean kin! - om de hifker en syn oardiel: en de hifker is fansels subjekt. Likegoed soe dochs besocht wudde moatte Postma syn plak yn de fryske literatuer sa goed as kwea fêst te stellen, en fierders ek op nederlânsk, eventu el op Europeesk nivo. Dat hâdt yn: ferlykjen mei oare skriuwers, en tsjininoar 6weagen fan kwaliteiten. En dat hâdt wer yn: in tige belêzen hifker. In oare opjefte foar takomstige kritisi is neffens mij in mear op de ûnderskate bondels rjochte oanpak fan ynterpretaasje en evaluaasje; sels ha ik mij mear op de Samle Fersen as gehiel smiten. Der soe bijgelyks neigien wudde kinne wat de ûntjouwing fan de dichter west hat yn it filosofyske, djipper dollend as ik it jir dwaan kinnen haw. Ek de ûntjouwing fan de konkrete útwurking fan syn tématyk soe in tankber ûndersyksobjekt wêze, om mar te swijen fan de mooglikheden dy 't der lizze op it gebiet fan de foarm, kaaiwudden, dichterlike persoanlikheid, en it plak fan Postma yn it ramt fan syn tiid. Ik bin der lykwols fan oertsjûge dat yneasten de ynterpretaasje it swierst weage moat, omt in ferkead begryp fan de tekst elke oare oanpak jeslings útwurkje litte sil. | |||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||
[pagina 253]
| |||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||
VOer it boek sels woe ik ek noch in rigelmannich kwyt. It befettet in Forantwurding fan Tineke Steenmeijer-Wielenga, in Ynlieding fan D.A. Tamminga, de fessen út de Samle Fersen fan 1949, fan de bondel Fan Wjerklank en Bisinnen fan 1957, en noch in skift Oanfollingen dêr't de fessen yn opnommen binne dy't net yn ien fan dy bondels stiene. De tekst is dy fan de Samle Fersen fan 1949 en fan Fan Wjerklank en Bisinnen. Wiene der yn it skift Oanfollingen twa ferskillende ferzys, dan is der keazen foar de lêste troch de skriuwer neisjoene lêzing. Nei de fessen fine we noch Fordúdlikingen en Noaten sa't dy troch de skriuwer jûn wiene yn jeddere publikaasjes; in Alfabetysk Register neffens begjinrigels; en in ynhâdsopjefte mei de jiertallen fan ûntstean en easte publikaasje, foar safier bekend. Foaroan yn it boek sjogge wij ek noch de foto dy't ús al bekend wie út Fan Wjerklank en Bisinnen. As ik al krityk ha, dan soe dat wêze moatte op it feit dat de gedichten ûnderinoar trochprinte binne, wat fansels romte en jild besparret, mar it each syn gerak net jouwt En dan fyn ik it ek noch spitich dat de jeddere ferzys sa't dy bekend binne net yn in apparaat opnommen binne, want dat hie de ûndersiker dy't sokke lettere feroaringen bestudearje wol in bulte wurk besparre. Faaks hie no ek ris in oare foto brûkt wudde kinnen. Printflaters steane der net folle yn. Ik ha de neikommende fûn, dy't it jir mar eefkes 8printsje, miskien kinne de útjouwers der noch wat mei foar in twadde printinge.
| |||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||
VISa haw ik dan lang om let de eind besyld fan dit artikel oer Postma, en ik hoopje dat de lêzer net allinne it geduld hân hat om it oant safier út te lêzen, mar der ek noch wat fan opstutsen hat. Ik hoopje fierders noch dat ik kritysk genôch west haw, want dat skynt it lêste healjier it biedwud wudden te wêzen fan stikjes oer Postma, sjoch Van der Ploeg 1978 en 1979, R. van Tuinen 1979, en Y. Foppema 1979. Fral Van der Ploeg wol hieltyd wer ha dat de lju harren krytysker opstelle, en net domwei alles mar moai fine. No haw ik noch nea in keunstner moete dy't allinne mar masterwurken skoep, of it moast dan - fan | |||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||
[pagina 254]
| |||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||
jerren en sizzen, want al syn wurk ken ik fansels net - Bach (J.S.) wêze, dy't suver gjin ynsinkingen op it stik fan artistyk nivo hat, dat dy opmerkingen fan Van der Ploeg sille wol bedoeld wêze as prippen oan it adres fan dy friezen dy't jûchhei roppe bij elk wud frysk dat se lêze. Sokke friezen skine der dus noch te wêzen. Ik hie lykswols sa graach wollen dat Van der Ploeg no ris út de lapen teard hie wat der no krekt te bekritisearjen west hie, want dat docht er net. Dêrom ha ik dy oproppen ta in krityske hâding ek net botte heech: yn it foarste plak omt in krityske hâding in fanselssprekkendheid wêze moatte soe tsjinoer sels de grutste master yn de keunst, en yn it twadde plak omdat net oanjûn wudt wêr't dy krityk him op rjochtsje moat. Wat mijsels oanbelanget, ek ik bin fan miening dat net alle fessen - útsoate! - itselde nivo helje, en dat haw ik ek ferskillende kearen dúdlik skine litten. Mar fierders haw ik foar it doel fan dit stik allinne de bêste en meast nijsgjirrige fessen sitearre en besprutsen, wat ek net oas as wenst is: de rom en rop fan in keunstner rêste op syn bêste en nijsgjirrichste wurk, en it net sa bêste ferjitte we dan mar. Dat is ek it earlikst, liket mij sa ta: it bêste fertsjinnet ús omtinken, en it soe net earlik wêze dat bêste omleech te heljen troch hieltyd mar mei klam op it minne te wizen Wat Obe Postma oangiet, hij hat neffens mij in soad skreaun dat yndie net it predikaat ‘masterlik’ fertsjinnet, mar jedder dat fan ‘adige feskes’. Dochs hat syn wurk mij nea ferfeeld of troffen as ûnearlik, oardreaun of tefolle oanset. Suver al syn wurk is earlik fan toan en ynhâd, en suver út it moed kommend. Hoe oas fûn ik dat yn de Strofen uit de nalatenschap van Andrios de Hoghe fan P.C. Boutens, troch Postma sels ta it moaiste fan de hollânske dichtkeunst rekkene, en dy't ik dêrom mar ris lêzen ha. Moai binne se echt wol, jir en dêr; oangripend ek wol, jir en dêr; mar faak stiene se mij tsjin fanwegen it opsnolke, bylkerige, moaidwaanderige taalgebrûk. Postma syn fessen ha dat net, al binne it allegearre gjin masterstikken, se binne earlik, ienfâdich en suver, en komme út in suver, ienfâdich en earlik moed. Dat wie syn gruttens. Hat er net altyd besocht ta skiente te bringen wat net as libben wie?Ga naar eindnoot1.Ga naar eindnoot2.Ga naar eindnoot3. Ferwizings. Jir folget in list fan alle artikels en boeken dy't ik direkt of midlikerwize brûkt ha bij dit besprek. Ik stribje dus net nei folsleinens. In wiidweidige list kin de lêzer fine yn it yn 1979 bij de Koperative Utjowerij ferskynde | |||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||
[pagina 255]
| |||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||
boekje Oer Obe Postma, hokker bibliografy dêr gearstald is troch Joop Boomsma. Ek dy skynt trouwens net folslein te wêzen, as we Van der Ploeg 1979 leauwe meie. Dit boekje befettet J.H. Brouwer 1947, F. Sierksma 1953, en A. Wadman 1953, en fierders in ynlieding fan A. Feitsma. Wa't disse útjefte redigearre hat is neane te finen, faaks wol A. Feitsma, of oas J. Boomsma?
| |||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||
[pagina 256]
| |||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||
|
|