| |
| |
| |
| |
| |
| |
Pieter Breuker
Anna Hendriks Meester - de Vries (*1901)
1: Ynlieding
De skriuwster Anna Hendriks Meester-de Vries is net folle oer bikend. De Encyclopedie van Friesland (1ste pr. 1958) bisteget 5 rigels oan har. Neamt Jan Piebenga yn syn Koarte skiednis fan de Fryske skriftekennisse (1ste pr. 1957) sydlings har toanielwurk noch in kearmannich, yn Klaes Dykstra's Lyts hânboek fan de Fryske literatuer (1977) komt de skriuwster hielendal net mear foar. As men fierder op 'e sneup giet, hâldt it mei in pear (koarte) fraechpetearen út 'e fyftiger jierren wol sahwat op.
De bitreklike ûnbikendens fan frou Meester joecht jin oars net sa botte nij to dwaen: de trochsneed lêzer sil har grif alderearst kenne as de skriuwster fan berneboeken (Moarke) en it lot fan datsoarte skriuwers is - alhiel to'n ûnrjochte - nou ienris dat harren wurk navenant mar in bytsje omtinken krijt. Dit jier fan it bern liek my in moaije gelegenheit ta om dêr ris hwat oan to foroarjen.
Der is noch in oare - persoanlike - reden foar dit artikel. It heucht my noch skoan dat ús beppe my foarlies út Moarke (1ste pr. 1945). Ik sil doe in jier of sawn west hawwe. Ik foun Moarke in prachtich boek, dat alle kearen nei mear smakke. Troch myn wurk op 'e P.A. kaem ik langlêsten op 'en nij yn'e kunde mei Moarke. Fansels, ik biseach it boek nou mei hiel oare eagen, mar it spriek my noch altiten oan. Al gau kaem de winsk yn my op om mei de skriuwster yn 'e kunde to kommen Doe't ik hearde, dat se noch sa helder as in bij wie, weage ik de stap om har foar in ynterview to freegjen. Ien tillefoantsje wie genôch. Omdat der - sa't wy hjirfoar al sjoen hawwe - oer har oare wurk ek net folle skreaun is, haw ik dat ek yn it fraechpetear bihelle. Dit artikel is it risseltaet fan hwat frou Meester my skreaun en forteld hat, oanfolle mei de útkomsten fan eigen ûndersiik
| |
| |
| |
II: In pear bisûnderheden oer har libben
Anna Hendriks de Vries is op 11 augustus 1901 to Langsweagen op 'e wrâld kommen as âldste bern fan Hendrik de Vries, timmerman - oannimmer, en Tjitske Mulder, húsfrou. Der kamen nei har noch fjouwer oare bern, trije bruorren en ien suster. Earmoedich wie it thús net, mar Anna har heit-en-dy pasten wol tige op 'e sinten. Ien foarbyld. Anna moast in nije jurk hawwe en dy soe op 'e Gerdyk kocht wurde. Mei har mem reizge se mei de tram fan Langsweagen nei De Gerdyk. De jurk kaem der lang om let, mar wie de djûre kant neist: fjouwer goune. Dat hie ta gefolch, dat mem foun, de weromreis moast mar geandefoet dien wurde. As âldste bern moast Anna fansels meihelpe yn 'e húshâlding. Dêr hie se net folle aerdichheit oan: alle moarnen wer ôfwaskje en flier oanfeije wie slim ientoanich wurk. As it heal koe, siet se to lêzen. Niget oan literatuer krige de jonge Anna oars net fan thús mei, al wie de bikende soasialistyske foaroanman Rindert van Zinderen Bakker (1845-1927; timmerman, Frysk skriuwer) in broer fan har beppe oan memme kant. Sels forklearret se har literaire bilangstelling sa: ‘ús mem hat wolris tsjin my sein: “dou moast mei lêzen de kost fortsjinje kinne.” Ik lies alles. As hja my net fine koene, siet ik earne yn in hoekje stikem letters to forslinen. Dat hat, tink ik, de ûndergroun fan myn skriuwen west.’ Ta har jeugdlektuer hearde ek Sljucht en Rjucht, datby pakeen beppe lêzen waerd. Letter, yn'e tritiger jierren, trune Willem Arnoldus Eisma (1869-1948; boekprinter en útjower) har tige oan om toanielwurk to skriuwen en om bydragen to leverjen foar Sljucht en Rjucht (dat hy útjoech).
Yntusken (1924) wie Anna de Vries troud mei Hendrik Meester, arbeider op it bûterfabryk to Langsweagen en winkelman yn klompen, learzens, papierwaren ensfh. (De winkel is der noch. Under ús petear hat de skille fêst fiif kear gongen. By dizze gelegenheit helpt Meester de klanten, oars dogge hy en de frou it beide wol). Se krigen twa dochters, dy't, sa't fierderop ek noch bliken dwaen sil, foar in part mandélich wiene oan mem har lettere skriuwerij. Doe't de beide bern om 1950 ta de doar út wiene, woe it mei it skriuwen net rjocht mear: ‘ik hie tocht, dat ik dêr doe in soad tiid foar krije soe, mar dat foel ôf. Ik wie myn ynspiraesjeboarne (foar berneboeken) kwyt. Ik ha slim ûnwennich west. Letter kamen de pake- en beppesizzers. Ik ha yn dy tiid ek noch wol hwat skreaun, mar it woe sa goed net mear.’
Bihalven lêze, mei frou Meester graech hantwurkje en túnkje: ‘ik hâld fan blommen, planten en dieren.’ Yn 'e hûs binne de biwizen to sjen: oeral steane blommen en planten en ien fan de beide katten leit noflik yn in âlderwetske fauteuil neist de oaljekachel. It tún, dat der op dizze reinige desimberdei kâld en treasteleas by leit, moat simmers in pracht wêze.
De skriuwster hat har hiele libben yn Langsweagen wenne. Yn har produktive jierren (± 1930-1955) lei it kontakt mei de bûtenwrald lang sa maklik net as hjoeddedei. Hat se dat nea as in gemis field? ‘Ja, dat wie it grif. Wy hiene as toanielskriuwers gauris ús gearkomsten yn Ljouwert. Dat wie fansels in hiele
| |
| |
reis. Boppedat koe ik net samar út 'e húshâlding weistappe, dat die men doe net. Ik wie oars wol hwat aventûrlik oanlein: sa ha 'k foarhinne faker as ien kear forfarre wollen om de dingen yn 'e hûs foroarje to kinnen. Dat lêste ha 'k trouwens like goed dien, al wenje wy al sûnt 1925 yn dit hûs, dat ús heit noch setten nat.’
| |
III: Koart oersjoch fan har wurk
Frou Meester hat fan 1931 oant en mei 1956 hiel hwat wurk útjown. Har earste forhael, Dochs noch in sinnestrieltsje, is to finen yn Sljucht en Rjucht fan 1933. Al gau kaem der in lange rige sketsen en forhalen út har pinne. It greatste part dêrfan is forskynd yn Sljucht en Rjucht, der't se ek wol ûnder de skûlnammen Sjoerd, A., Anke en Brún yn skreaun hat. Foar't it blêd yn 1941 ophoud to forskinen, hie frou Meester ek al namme makke yn û.m. it Nieuwsblad van Friesland, dat har forfolchforhael Sibrich (1936), publisearre ûnder it pseudonym Anke, opnommen hie. Nei de oarloch krige se binammen ûnderdak yn Frysk en Frij, de opfolger fan Sljucht en Rjucht. Oare sketsen en forhalen fan har binne û.m. to finen yn It Heitelân, de Heerenveensche Koerier (dêr't se de skûlnamme Jantsje wol yn brûkte) en de Friese Koerier.
Ek as toanielskriuwster wie frou Meester tige produktyf. Har debút kaem yn 1931 ûnder de titel Nynke út. Letter folgen noch in tweintich oare stikken. Ien dei boer en boerinne (1ste pr. 1938) is ien fan har meast suksesfolle wurken. Der kamen fjouwer printingen fan. Mar ek oare stikken siet wol sleet yn. Sa waerden Anny út Amsterdam (1940) en Lokkebrea (1950), dat yn 1976 by it ynheljen fan boargemaster Van Bodegom to Langsweagen nochris mei in protte sukses spile is, elk trije kear oplein. Op forsyk skreau se foar de ‘Vrouwenbond van de Partij van de Arbeid’, gewest Fryslân, it toanielstik It Dager (1939). It lêste wurk op dit mêd, De founling en de prinses, is fan 1954.
As wy It forlerne doekspjeldtsje (1934), in foardracht foar twa persoanen, en de revue Gouden Frissels (1952), skreaun ta gelegenheit fan it fyftichjierrich bistean fan it bûterfabryk to Langsweagen net meirekkenje, bliuwe har romans en berneboeken noch oer.
De twa romans Jonkheit en - it forfolch - Rôljende Weagen binne beide yn 1943 útjown, mar it earste boek hie - ûnder de skûlnamme B. Winia - as forfolchforhael al yn Sljucht en Rjucht fan 1937 stien, wylst it oare trije jier letter - mar nou ûnder eigen namme - yn itselde bied to finen wie, ek as feuilleton. Beide boeken binne trije kear printe.
De Teltsjes fen de Komkommerploech (1938) woun frou Meester ien fan de prizen mei dy'tde Provinsiale Underwiisried útskreaun hie foar berneboeken. Yn 1945 kaem de skriuwster mei Moarke foar it ljocht, mar ek dat boek wie earder al as forfolchforhael forskynd yn Sljucht en Rjucht (1938). It yn 1943 skreaune ‘famkesboek’ Unwaersfûgel kaem yn 1946 út.
| |
| |
| |
IV: It fraechpetear
1. It greatste part fan Jou forhalen, sketsen en boeken hat yn SLJUCHT EN RJUCHT stien. Hiene Jo in dúdlike bining mei dat blêd?
- Sa't Jo witte, frege Eisma my geregeld om wurk. Om't hy de útjower fan SLJUCHT EN RJUCHT wie en om't ik dat blêd al fan jongsôf oan koe, wie it foar my eins in fanselssprekkende saek om dêryn to skriuwen. Ik hie miskien ek wol yn in oar tydskrift, bygelyks IT HEITELAN, torjuchte kinnen, mar dat wie doe in moannebled, wylst Sljucht en Rjucht alle wiken forskynde. Dat foun ik in ding fan bilang. Doe't ik letter seach, dat ik yn SLJUCHT EN RJUCHT in plak foun hie, wie ik dochs wol in bytsje greatsk. Dat hat foar my wol in oanmoediging west om der mei troch to gean.
2. Jo hawwe gauris ûnder skûlnamme publisearre. Hokker reden hiene Jo dêrta?
- Ja, dat die ik om to hearren hwat de minsken fan myn wurk seine. As ik dat ûnder eigen namme útjoech, krige ik eins nea rjochtstreeks krityk en ik woe dochs wol graech witte - foaral yn 'e bigjinjierren - hoe't oaren dêr oer tochten.
3. Der steane gâns toanielstikken - sawol earnstich as koartswilich - op Jou namme. Hiene Jo dêr mear nocht oan as berneboeken en romans of is der in oare reden?
- As ik ien kear in toanielstik goed yn 'e holle hie, dan wie ik dêr folle earder mei klear as mei it skriuwen fan in boek. Ik mocht it graech dwaen. De persoanen yn 'e toanielstikken libben foar myn eagen. Dêr kaem noch by dat de alde hear Eisma ek altiten graech toanielwurk fan my hawwe woe. Dy oantrún hat der by it skriuwen fan boeken nea west.
4. Hokker stikken hiene Jo it measte sukses mei?
- Al myn stikken binne wol spile. NYNKE gyng doe noch al in rop fan út, omdat ik in nije jonge skriuwster wie.
5. Is Jou wurk allegearre opfierd yn Langsweagen?
- Wy hawwe hjirre trije toanielforienings: LANGSWEAGEN, LUKSTERHOEK en JONKERSLAN. Dy hawwe allegearre myn wurk wol opfierd, earst fan de kladde ôf fansels. As der dan hwat wie dat my net rjocht sinnige, dan koe ik dat noch foroarje. Ien fan de eardere toaniellieders hjirre, Glas (hy libbet net mear), hat my dêr altiten tige by holpen.
En hoe siet it mei it spyljen bûten Langsweagen?
- Myn stikken binne troch hiele Fryslân opfierd en ek wol om utens troch Fryske selskippen.
| |
| |
6. Jo stiene sels ek wol op 'e planken. Hawwe Jo ek rollen út eigen wurk spile?
- Né, ik ha nea yn myn eigen toanielstikken meisplle. Wol hâldde ik lêzingt út eigen wurk. Ik hie úttreksels makke fan de toanielstikken TWA SISTERS (1934) en SA'T DE ALDEN SONGEN (1951) en fan de romans JONKHEIT en ROLJENDE WEAGEN.
7. Kinne Jo hwat mear oer dy lêzings fortelle? Hoe is it bigongen?
- Koart foar de oarloch frege de Provinsiale Underwiisried my om in lêzing to hâlden. Dat naem ik oan. It waerd AS IK GREAT BIN, in netprinte forhael oer de minne tritiger jierren. Letter ha 'k in protte foar de plattelânsfroulju op 'e tekst west. Ik mocht it graech dwaen. Mei myn fiifensawntichste bin ik ophâlden. Ik ha nochal in sachte stim en dat joech wolris hwat problemen, foaral as der âlde minsken yn 'e seal sieten. Neitiid hat it my wol spiten, dat ik der in punt achter setten hie. It wurk joech my in protte bifrediging.
8. Ik kom noch eefkes op Jou toanielwurk werom. Jou lêste stik is fan 1954. Yn in fraechpetear út dat jier (FRYSK EN FRIJ, 15-11-'54) û.m.: ‘Wy (de toanielskriuwers) moatte fan itbiwende kouwepaedtsje, ôf (....), we reitsje útpraet en útsjoen. It Frysk toaniel folget noch foar in great part de fuotleasten fan dat fan foar de greate wrâldkriich. Nei dizze oarloch lizze de problemen der frijhwat oars hinne en it slimme is nou, dat party skriuwers, binammen de âldere generaesje, har foarm net rjocht fine kin.’ Dochs hawwe Jo dan noch wol plannen, ‘sawol foar toaniel as likefolle hwat foar de bern.’ Lykwols hawwe Jo sûnt dy tiid neat mear útjown, útsein in pear koarte forhalen. Hwat wie dêr - achterôf sjoen - de oarsaek fan?
- Om mei de bernelektuer to bigjinnen. Doe't myn eigen bern ta it hûs út wiene, wie ik myn ynspiraesjeboarne kwyt, sa't ik Jo al sein ha. Nei 1954 binne de toanielstikken IEN DEI BOER EN BOERINNE en LOKKEBREA noch yn in werprintinge forskynd, mar oarspronklik wurk woe net rjocht mear. Wol ha 'k yn dy snuorje Thornton Wilder (*1897) syn toanielstik OUR TOWN (1938) nei de Hollânske oersetting forfryske en Holtrop (1865-1925) syn novelle DE WYLDE BOERINNE (1914) foar it toaniel biwurke. Beide stikken binne eins hwat mislearre. It wie doe moade om de spylders de hanneling net sasear troch attributen mar troch gebearten útbyldzje to litten. Dat lei my net sa botte. Dêr kaem noch by, dat ik yn dy tiid in protte lêst hie fan in kwael oan 'e mage. Dêr ha 'k skoften mei omsukkele.
9. Jou beide romans JONKHEIT en RôLJENDE WEAGEN is net folle fan bikend. Kinne Jo hwat oer de achtergrounen (ûntsteansskiednis ensfh.) fortelle?
-By de âlderein binne JONKHEIT en ROLJENDE WEAGEN wol bikend, leau ik. Yn 1970 is der in 3de printinge fan beide boeken útkaem. Ik ha de boeken yn 'e ik-foarm forteld, dan koe ik my better yn 'e haedpersoan Elske ynlibje. ROLJENDE WEAGEN spilet yn 'e omkriten fan Grou. Dêr lei foarhinne it
| |
| |
plakje Burstum, ik leau sawn boerepieatsen midden yn it lân. Dêr ha 'k foar myn trouwen ien kear west. Dy wrâld hat op my in djippe yndruk makke. De minsken koene der oars net wei komme as se moasten altyd oer de mar. En dêr komt Elske dan letter to wenjen yn ROLJENDE WEAGEN.
10. De TELTSJES FEN DE KOMKOMMERPLOECH (1938), in aventûreroman foar bern fan sa'n tsien oant trettjin jier, wie Jou earste berneboek. Yn in fraechpetear mei Douwe Tamminga (LEEUWARDER COURANT, 18-8-'51) komt de ûntsteansskiednis fan it boek eefkes oan 'e oarder: ‘It ûntstean is sa simpel as 't kin. Mei't ik sels lytse famkes hie en mem gauris fortelle moast, ‘probearre’ ik myn forhael earst op eigen bern. Sloech in ein net bot yn, dan foroare ik it wolris.’ Wie it ek in greate oergong, fan toanielwurk nei berneboek, ofwiene der biskate oerienkomsten?
- Né, it wie net in greate oergong. As ik foar de bern tortelde, hie'k altyd stof by 't soad, dy socht ik yn it forline. In protte fiten dy't ik yn TELTSJES biskreaun ha, binne yn werklikheit troch myn trije bruorren úthelle. Mei hwat fantasy der omhinne makke ik dêr in forhaeltsje fan. It húske op 'e foarplaet is dat fan âlde Minke. Dat wie in skat fan in minske.
11. UNWAERSFUGEL; forhael út it jier 1943 is in boek foar âldere famkes. Lykas MOARKE hawwe Jo it skreaun doe't Jo siik wiene, wylst it mei TELTSJES mien hat, dat it der op oantrún fan Jou dochters kommen is: ‘Myn dochters klagen, der wie yn 't Frysk sa'n bytsje lektuer foar jongfammen, foar ‘bakfisken’. En mem sette in forhael op, lies it by einen foar oan har fammensbern, dy't der daliks krityk op leveren. En dy wie soms lang net mak, dat siz ik jo. Mar ik haw der in protte fan leard.’ (L.C., 18-8-'51).
Kinne Jo in pear Fryske berneboeken út dy tiid (de tritiger en fjirtiger jierren) neame dy't Jo de muoite wurdich achten?
- JONGES FAN GAESTERLAN (Inne de Jong; 1ste pr. 1941);
SIDERIUS DE GRANAET (Abe Brouwer; 1ste pr. 1942);
WYTSE, IN JONGE ûT 'E WALDEN (Jan en Jant Visser-Bakker; 1945).
12. In wichtich elemint yn Jou jeugdboeken is de leafde. Yn TELTSJES is dat de leafde fan de âden - en ek wol oare âlderen, byg. âlde Minke en notaris Krats - foar de bern én fan de bern foar de âden. Itselde jildt foar ûNWAERSFUGEL, mar dêr kipet de (noch hwat puberale) leafde fan de 16-jierrige haedpersoan Hilde foar Tsjeard al eefkes om 'e hoeke. Sels yn MOARKE, in forhael dat alderearst oer bisten giet, is de leafde in binend elemint, like goed tusken bist en minske as tusken minsken ûnderling. It forkearde en fortrietlike is net folle plak foar: sa spilet ûNWAERSFUGEL yn 'e twadde wrâldkriich, marde forskrikkingen fan 'e oarloch fornimtmen net folle fan, wylst de iennichste dissonant yn TELTSJES it fordrinken fan alde Minke is. Woene Jo de bern waermte en ‘in feilich herntsje’ (term fan Jant Visser- | |
| |
Bakker) jaen?
- Jo hawwe gelyk dat leafde yn al dizze boeken foarkomt. Mar ik ha se foar bern skreaun, foar myn eigen bern. Foar bern wol men graech alle problemen weinimme. ûNWAERSFUGEL ha 'k mei sin net to tryst makke. Net krimmenearje, in soad dingen fan 'e ljochte kant bisjen. Ik ha yn de oarloch nachts wol op bed lein to triljen as de bommesines út Ingelan oerkamen. Hjir yn 'e buert is ek wolris in masine út 'e loft tallen. Soks wie freeslik en dêr wie men ûngedien fan. Miskien hie ûNWAERSFUGEL wol spannender wurden as ik oer soksoarte saken al skreaun hie, mar ik woe sa graech ús bern in moaije jeugd jaen.
Hokker oare opfiedkundige wearden sieten foar?
- Dêr ha 'k by it skriuwen nea oer prakkesearre.
13. Yn in ynterview fan Pier Boorsma mei de skriuwer Bernard Sijtsma neamt de lêste MOARKE ‘een geweldig boek, dat in een andere taal vertaald zou moeten worden’ (SONDE, jrg. 2, nr. 8, s. 11). De bisprekken fan Moarke binne allegearre tige posityf Dat it boek tige oanslacht, biwiist ek it tal printingen (1ste pr. 1945; oplaech 1000 eks. bûten it tal foar de yntekeners fan ‘Us Frysk Berneboek’; 2de pr. 1948; oplaech by de doetiidske útjower Laverman en by de skriuwster ûnbikend, mar nei alle gedachten 1000; 3de pr. 1961; oplaech: sj. 1948; 4de pr 1968; oplaech 1000 eks; 5de pr. 1974; oplaech: 1000 eks; 6de pr. 1975; oplaech 1000 eks). De lêste printinge is al wer in goed jier útforkocht. Neffens Tabe Beintema, dy't de beide lêste útjeften op syn noed nommen hat, wurdt it boek ek faek troch folwoeksenen kocht dy't MOARKE yn har bernejierren kennen leard hawwe en it nou nochris lêze wolle. Hoe forklearje jo it greate sukses fan MOARKE?
- Dat is in slimme fraech om andert op to jaen. Kin it komme troch de minsklike trekjes yn de bisten? De forhâlding Moarke - Bello as kat en houn, mar ek wer freonskiplik of it forhael oer Kees en Koas, de beide kninen yn it tún dêr't de froulju efter oan sitte? It binne allegearre fan dy dingen dy't echt barre kinne.
It útbyldzjen fan de bisten as minsken sil grif meispylje. It falt my op dat Jo krekt it stik oer de kninen neame. Dêr wie by my net folle fan hingjen bleaun. Dat wie oars mei byg it forhael oer de beide kikkerts Knillis en Harke. Dat kaem grif mei om't ús heit-en-dy har twillingsoannen - sa út 'e gek wei - wol gauris Knillis en Harke neamden, mar dy forneamerij wie op himsels al in biwiis, dat it stik oer de kikkerts tige oanspriek. Kinne Jo ek sizze oft Jo guon haedstikken mei mear ynspiraesje skreaun hawwe as oaren?
- Né, dat leau ik net. Ik hâld fan al dy bisten dy't ik biskreaun ha. In geit fyn ik ek sa leaf. Geiten hawwe sokke guodlike kopkes. Mar kikkerts ha 'k altyd bang foar west, dy koene sa ûnforwachts earne to foarskyn springe.
| |
| |
14. MOARKE is tige geef fan tael. Hollannismen en oare frjemde ynslûpsels komt men eins net tsjin. Der steane wol gâns wurden en útdrukkings yn dy't de bern fan hjoeddedei (en ek dy fan 1945?) lang net allegearre (mear) like goed bigripe, byg: ‘tsjammen’ (s. 24), ‘gehottefyl’ (s. 29), ‘in hiele stikel út'e foet wêze’ (s. 44), ‘altomets’ (s. 48), ‘diggelfjûr’ (s. 53), ‘skrilje’ (s. 69), ‘hameije’ (s. 82) en ‘derten’ (s. 118). Hiene Jo in doel by dat taelgebrûk?
Né, mar der is my altyd leard om geef Frysk to brûken. Nou moat ik tajaen, dat wy hjir yn Langsweagen ek net goed Frysk prate: tsjin ‘tsjamme’ sizze wy ek ‘fûgelforskrikker’.
Hoe hawwe Jo Frysk skriuwen leard?
- Troch myn lektuer koe 'k dat al aerdich en ik hie in abonnemint op DE POMPEBLEDDEN.
Yn ien fan 'e neamde fraechpetearen sizze Jo, dat it brûken fan Frysk foar Jo in fanselssprekkende saek wie. Dochs hawwe Jo ek in pear forhalen yn it Hollânsk útjown, byg. WEG IN WORDING (NIEUWSBLAD VAN FRIESLAND, 1955). Hoe is dat to rimen?
- Ik woe ris sjen oft in forhael fan my yn it Hollânsk ek pleatst wurde soe. Dat slagge dus, mar ik bin der dochs net mei trochgien, om't it Hollânsk my net botte lei.
15. Soene Jo der biswieren tsjin hawwe as it (útforkochte) MOARKE meijertiid nochris yn 'e saneamde steatestavering forskine soe?
- De steatestavering is net moai, my tinkt, dat ús Fryske tael dêrmei fornield wurdt. Mar miskien bin ik âlderwetsk en moat ik der earst oan wenne. En as dy stavering foar de bern makliker to learen is, dan sil der ek wol in goede side oan sitte. As de steatestavering skielk algemien wurdt, nou, fuort dan mar, dan mei MOARKE dêr om my ek wol yn útjown wurde.
16. Kinne Jo ek in pear moderne Fryske berneboeken neame dy't Jo de muoite wurdich achtsje?
- Diet Huber en Jant Visser-Bakker fyn ik goede skriuwsters foar bern. In skoftsje lyn lies ik IT BIST FAN BUORFROU (1978; P.A. Dijkema-van Calsbeek). Der sit wol hwat spanning yn, mar soene bern it net ûnnatuerlik fine?
Grif. Hawwe Jo de oare Fryske literatuer sûnt '45 ek byhâlden?
- Ik ha sunt dy tiid in protte lêzen, mar hiel hwat boeken is my neat fan bybleaun. In útsûndering foarmje Rink van der Velde syn FOROARING FAN LUCHT en PAKE SYTSE, dy forjit men daedlik net, dy binne sa libben. It lêste boek dêr't ik my mei formakke ha, wie DE AMERIKAEN fan Durk van der Ploeg. It boeide my, it is koartswilich en it hat in prachtich, ûnforwachts ein.
17 Hwat is neffens Jo Jou bêste boek en hwêrom?
| |
| |
- MOARKE stiet leau 'k wol boppeoan by my. Ik ha it mei in protte nocht skreaun. Lekker op bêd lizze! Hwat dwaen dat net mocht, hwant ik moast rêst hawwe, mar ik krige stikem fan 'e bern sa nou en dan in skrift tastoppe en dan skreau ik wer in haedstik oan MOARKE. Dat lies ik har dan letter foar, sa groeide MOARKE.
18. Hokker bitsjutting hat it skriuwen foar Jo hawn? Wie it allinne mar leafhawwerij of waerden Jo troch noch hwat oars dreaun?
- It wie earst leafhawwerij, mar doe't ik letter auteursrjucht barde foar myn toanielstikken, foun ik dat wol moai, hwant it wiene minne jierren en as der dan wer hwat sinten binnen kamen, wie ik tige greatsk.
19. Hawwe Jo ek noch wurk lizzen?
- Bûten AS IK GREAT BIN en de beide net-útjowne toanielstikken, leit der noch in berneboek. It is in biwurking fan AVONTUREN FEN BRUN, dat yn 1940 yn fjouwer forfolgen yn SLJUCHT EN RJUCHT stien hat. Ik ha it al ris by in útjower hawn en dy seach der wol hwat yn, mar dan moast it bikoarte wurde. Dat is der by bleaun.
20. Wy binne oan 'e ein fan it fraechpetear kommen. Is der miskien noch hwat dat Jo kwyt wolle?
-Ik moast net ien om my hinne hawwe as ik oan it skriuwen wie. Ik slet it leafst ôfsûndere en dan mei in pear repen sûkelarje. Faek krige ik nachts idéën en dan woe 'k der ôf, mar dêr hie myn man fansels net it measte forlet fan.
Tsjalbert, âldjiersdei 1978
|
|