Trotwaer. Jaargang 11
(1979)– [tijdschrift] Trotwaer– Auteursrechtelijk beschermd
[pagina 195]
| |||||||||||||
I. AnekdotyskJan Dotinga seach ik foar it earst op in dichtersjoun yn Koartehimmen, organisearre fan Operaesje Fers. En hwat mear wie, ik hearde him. Douwe Tamminga hie in fers sein mei in grapke oan 'e ein, Slieper yn it moeras. It wie Tamminga syn lêste bydrage. Hy kaem oerein en roun nei syn stoel yn it | |||||||||||||
[pagina 196]
| |||||||||||||
publyk. Forbinende-tekst-man Joop Boomsma wachte it fuortebjen fan it manmachtich laitsjen ôf en kundige de folgjende sprekker oan. Dotinga siet doe al to plak en studearrre op syn papieren. Doe't Joop sitten gie, sette it gibeljen en nokkerjen om Tamminga syn humor him noch even fuort. Op dat momint seach Dotinga op, suver hwat ergere. It wie stil. Mûle iepen: Unbiwenber forklearre. Stilte, eagen werom op it papier. It wiene de earste wurden poëzij dy't ik fan him hearde. Hy praette mei in bihearske oerfloed van spij tusken tonge en forwulft. De wurden kamen noflik plakkerich ta de mûle út. Ik socht omdoch om in triedtsje flibe tusken beide lippen. Gjin sprekkersskûm yn 'e mûlshoeken. Dotinga hie in artikulaesje fan kom sa. It wie om kâld fan to wurden. Unbiwenber forklearre, it wiene sawn wurden apart. Roujende went/ûnder it reiten tek. Trije kear in t yn de lêste trije wurden: op papier it achtslaen net wurdich, út syn mûle in gedicht allinne. Binammen it wurd ‘tek’ joech my fanwegen krektens en koartens de kik, dêr't ik hjoed noch net oerhinne bin. As ik yn 'e auto troch Droegeham ryd, sit ik my stikemwei to oefenjen: tek, tik, ttek, tikk. It slagget my net. En ek foar Droegeham kin it my bytiden ôfgryslik pleagje. Ik stie, miende ik, hiel gewoan nei Harkemase Boys - RVVH to sjen doe't de bal nei in lange traep oer it dykje gie. Even wie der op it fjild neat to rêdden, en yn dy algemiene twifel tusken ‘nije bal yn 't spul’ of ‘âlde bal út it strewiel helje’, sei ik it samar ynienen: it reiten tek, tek. In wykmannich letter wie ik der op sportpark ‘De Bosk’ hiel ticht by. De jonges wiene noch even oan it ynskoppen: trije man in meterke as tsien fan inoar ôf. De bal wie hurd, de skuon fan echt lear. Dy koarte oanreitsing fan bal en skoech, dat wie it hast. Bytiden is it ek op tillevyzje to hearren. Mar men mist lykwols de t en de k. It bliuwt bihelpen. Jan Dotinga, foarlêzend, is de Cees Buddingh' fan de fryske literatuer: folslein ien mei it iene wurd dat tusken de toske weirûgelet. Buddingh' en Dotinga har fersen krije in diminsje mear as hja se sels foarlêze. Printe en bondele moatte se har sels wiermeitsje. Mar kinne Dotinga syn gedichten noch wol sûnder de trilling fan stimbannen en de fibraesje fan it moed? Nei Koartehimmen lies ik ‘Finster op Helgolân’ op 'en nij. Mei oare eagen, mei oare earen.
Gaesterlân is spraekles nimme,
nammen neame, artikuleare.
Yn 'e Leiseleane
tusken de beammen nei de L
fornimme en yn 'e Bargebek happe
nei de bolbjirken wyn fan 'e mar
sjonge fan Blokjebrêge en Wyldemerkwei,
Wyldewerkwei en Blokjebrêge.
It libben giet fierder en by Dotinga syn nijste dichtbondel sit gjin gramme- | |||||||||||||
[pagina 197]
| |||||||||||||
foanplaet. Ik moat my net oanstelle. Wis en wrachtsjes kinne dy fersen it dwaen sûnder stimlûd. Inket en papier bringe wer oare feesten towei. | |||||||||||||
2. SkematyskDe bondel ‘Flaggen en tûkelteammen’ falt rûchwei yn twa parten útinoar:
Dat lêste skift is wer yn fjouweren to forsnijen:
| |||||||||||||
3. Byldspraek (A)Hwat opfalt by it dichterskip fan Jan Dotinga, is dat er him gauris ynspirearje lit troch kréaesjes fan oaren. Nou is wol to fordidigjen dat útsoarte elke skriuwer wol réagerret op in faek kultifearre werklikheit, mar by Dotinga is it hiel stringint de kunst dy't ynheakket op de kunst. Hy hat fersen skreaun nei oanlieding fan bibelske Psalms, in leafdesfers nei it Heechliet makke, dichte by komposysjes, wylst yn Hjir 7-1 bygelyks wer in fers stie by in tentoanstelling fan wandkleden. Ik fyn dit gjin tokoartkomming salang't it de skriuwer mar slagget eat nijs ta to foegjen oan it oarigineel. Boppedat moat de refleksje ek op himsels stean kinne en sûnder it oarigineel bigryplik en nijsgjirrich wêze. Yn syn nijste fersebondel hat Jan Dotinga in searje fersen opnommen dy't inte binne op de byldzjende kunst (û.o. wurk fan Henry Moore, Mari Andriessen, Robert Couturier). It hat hjir en dêr al as klacht to hearren west dat der gjin ôfbyldings fan de oanbilangjende kunstwurken yn de bondel opnommen binne. Ik haw dêr fuortendaliks gjin forlet fan. Hwer wie men op út? Woe men de dichter kontrolearje en neigean oft er dit of dat byld wol krekt sa biskreaun hie as dat it werklik wie? Soks is ûnsinnich. Dotinga jowt gjin biskriuwings fan bylden en plastiken, hy makket gjin poëtyske kopyen, mar hy notearret hwat it (foar)byld yn him toweibrocht hat. En elk sjocht mei oare eagen en fielt mei in oar moed. Op himsels kin it hiel nijsgjirrich wêze en haw it byld (of in printsje derfan) derby, mar it hoecht yn dit gefal net. Dotinga syn fersen steane op har eigen fuotstik, se binne op harsels skoan nei to kommen en boppedat nijsgjirrich om to lêzen. De syklus Schilderij fan Rutger Kopland stiet ek ôfprinte sûnder in ôfbylding fan Het Teniersplein te Antwerpen fan Henri de Brakeleer (Al die mooie beloften). Mar Kopland is in dichter, hy makket poëzij dy't poëzij is sûnder mear. It skilderij wie mear in oanset, in ‘nei-oanlieding-fan’. En as lêzer wurdt | |||||||||||||
[pagina 198]
| |||||||||||||
men sûnder plaetsje mear op wurd en yntinsje smiten, hwant mei dat plaetsje dernjonken ûntkomt men net oan it kontrolearjend effekt (de fersen en it skilderij stiene yn De Revisor). En it skriuwen fan de skriuwer gie nou krekt net neffens in kopyearjend twalingprinsipe, mar it wie in persoanlike aksje mei hiel eigen emoasjes dy't folslein autonoom stâl krigen. Boppedat is it sa, dat ien dy't dat printsje der perfoarst by hawwe wol, dat mei hwat sykjen wol krije kin. Dotinga is in dichter. Ek yn dizze syklus lit er sjen dat er poëzij skriuwe kin fan de aldersuverste soart. Fersen skriuwe is net yn 't lêst in kwestje fan technyk. Dotinga hat dy technyk yn 'e fingers en bihearsket it ambacht. Hy wit hwat in haedletter dwaen kin, hy brekt de rigels ôf op it goeije momint, hy wit hwat in strofe docht, hy biseft it effekt fan in wurd allinne, hy kin weilitte, suggerearje en birikt hiel hwat mei in komma. Fersen skriuwe is boppedat in kwestje fan klank en kleur. De dichter Dotinga is net in man fan in protte rym. Bytiden kin er it net litte, mar oer 't generael docht er it der sûnder. Dochs binne lûden en bylûden faek treflik opinoar ôfstimd. It is de stikeme rym fan de bettere dichter. Fersen skriuwe is fierders in kwestje fan bylden oproppe, bylden mei oare bylden forbine en fan bylden forbine mei it abstrakte. Dat slagget Dotinga yn suver elk fers. Hy wit hwat in gedicht hwat dat oanbilanget lije kin. In hiel inkelde kear wurdt it hast guodkeap en stekt in biskaet trukaezje-effekt de kop op. Ik wie fan doel en doch dizze kear suver gjin sitaten yn it bisprek, hwant elk dy't de bondel noch net hat, moat sjen dat er him kriget, foun ik en fyn ik noch. Mar nou't ik it bisprek úttikje en de dichtbondel njonken de typmasine iepen leit op side 28/29, bikrûpt my in noflike bigearichheit om it fers Roujende widdou mei de letterhammerkes hiel moai op it papier to slaen. En ik doch it ek. Ik skreau fan technyk, fan klank en kleur, fan bylden mei bylden forbine, fan bylden forbine mei it mear abstrakte en ik haw skine litten dat dizze dichter in master is. Elk kin it nou sjen. Dy twa rigels dy't de twadde strofe útmeitsje, binne twa rigels om nea wer to forjitten. Roujende widdou
Nei Schets Watersnoodmonument
Melisant '56, Gerarda Rueter, Nederlân
Se hat har wapene
tsjin de kjeld fan opstân
haet wraek
mei de lange klean
fan it stil wêzen
bitinken bidden.
| |||||||||||||
[pagina 199]
| |||||||||||||
Eachlidden kinne gjin leed mear tille;
In mûle is forslike.
Noch steane de seamen
stiif fan wetter, fol deaden,
mar skruten bigjinne hannen
in nij bitrouwen.
Hwat seit de ynhâld fan in fers oer de kwaliteit? Yn prinsipe neat. As de earderneamde eleminten yn opitmale foarm oanwêzich binne, kin it gedicht by wize fan sprekken oeral oer gean om nijsgjirrich en goed to wêzen. Dotinga biwiist it gelyk fan dizze biwearing mei fersen as Hazzewynhoun, De wrakselders en Kop fan in hynder. It binne de meast biskriuwende fersen út de syklus en it wie dêrom ek hielendal yn oarder, dat Tiny Mulder by har bisprek yn It Deiblêd krekt fan Hazzewynhoun de foto sjen liet. Dat koe lije, hwant fan de 26 fersen wie dit it meast kopyearjende, om dat wurd noch ien kear to brûken. Mei oare wurden, de echte dichter kin oeral oer skriuwe en as sadanich is de ynhâld dus úndergeskikt. Mar in minske bliuwt in minske en is sljocht nei alles hwat minsklik is. Hoe dan ek, hy wol lêze fan minsklik lok en leed en fan alles hwat dêr tusken leit. Soks ta eigen bifêstiging en fortreasting, as it mar werkenber is. Wy lêze nea fûler as hwannear't it oer ússels giet. En dizze dichter skriuwt oer minsken en dus oer ús. Hy is trochkrûpt yn lok en lijen, liket it wol. Nou haw ik der as poëzijlêzer gjin bilang by to witten oft dat lok en dat lijen fan Jan Dotinga út Droegeham authentyk en persoanlik trochlibbe is. Ik bin syn freon net, hy is myn dichter. Syn gedicht is mines en it giet my alline om mysels. Ik fyn my der yn werom, ik haw der hwat mei op, it sprekt my oan en it docht my hwat. As ik Douwe Tamminga syn In Memoriam lês, tink ik: It is myn soan net dy't dea is. Mar om't ik my it forlies yntinke kin en it projektearje kin op in mear eigen sitewaesje, komme de fersen my oan it moed. Sterk sein: Tamminga lit my fierders kâld en ik ûndergean syn leed as in flechtich lêzen rou-advertinsje fan in fiere kunde of as de deistige bylden fan it Journaal, it giet foarby. Allinne it gedicht bliuwt hingjen, om't ik niget haw oan poëzij, om't it minsklik werkenber is en om't it kwaliteit hat. De dichter bliuwt ek, mar as minske bliuwt er nerges. En sa heart it ek, hwant as er as minske op meilijen út wie, hied er my in persoanlik brief skriuwe moatten en gjin teksten publisearje moatten mei in bygelyks poëtyske foarm
Dotinga hat fansels persoanlik west yn de kar fan de bylden en plastiken dy't him in fers wurdich wiene. Of miskien waerd dy kar him optwongen troch de | |||||||||||||
[pagina 200]
| |||||||||||||
bylden sels, om't er der gewoan net ûnderút koe en skriuw der oer, mar dêr is de kar net minder persoanlik om, krektoarsom. Yn syn bondel Finster op Helgolân stiet it fers eksposysje/princessehof. Doe al die bliken dat de dichter in foarkar hat foar it minsklik lichem:
de suppoost freget twa kwartsjes
heal jild
en dat by safolle neakenfigueren
It 3/4 part fan de syklus Byldspraek wurdt útmakke fan fersen dy't it minsklik lichem ta ûnderwerp hawwe. Ek dit is ien fan de fêste pylders ûnder it dichterskip fan Jan Dotinga (It leafdesfers nei it Heechliet haw ik al earder neamd yn oar forbân). De bilangstelling fan de dichter giet net sa saer út nei it lichem as objekt, hoewol't er soks net mijt, mar earder nei it lichem as uteringsfoarm foar de geast dy't der yn tahâldt, om it foar it gemak mar even sa to sizzen. Fleis, bonken en bloed litte aggresje sjen, ûnmacht, eangst, wanhoop en freugde. It ynnimlike fan dizze fersen (Byldspraek) is de manier fan poëtysk kontakt-meitsjen tusken it lichem as sadanich en it moed fan syn bisitter. De dichter wol witte hwat der yn in oar omgiet, om't er witte wol hwat der yn himsels omgiet. En dat wol de lêzer fan himsels ek. Der wurdt wol praet fan de ‘tael fan it lichem’. Dotinga wol har forstean en dichterlik syn konklúzjes lûke út de stân fan earmen en skonken. Hy lêst eagen, mûlen en nawlen en skriuwt fan it fortriet, de freugde en de eangst dy't der út sprekke. Soks leit ek al gau yn 'e reden by it skôgjen fan in minsklik lichem, mar it is de wize fan forbinen dy't de dichter ta dichter en it fers ta fers makket.. En oft it nou giet om it lichem fan in frou, de lea fan in man, it liif fan in puber of de hûd fan in berntsje, Dotinga leit hieltyd it wêzen oerweldigjend suver bleat. Harmoany, Libbensfreugde en Jonge Frits binne prachtige fersen, mar nou doch ik de fersen dy't ik net neamde tokoart. Sa'n bondel bisprekke is gekkewurk. | |||||||||||||
4. Seis fersen oer in ruilforkaveling (B 1)Dizze fersen wol en moat ik koarter oer wêze. Hwat de kwaliteit oanbilanget, ik soe herhelje moatte hwat ik earder foar Byldspraek jilde litten haw. Dêrom bihein ik my dizze kear ta de ynhâld. De syklus giet yndie oer in ruilforkaveling en de gefolgen foar minske en natuer. De fersen roppe hieltyd de tsjinstellings op dy't it forkaveljen (sahwat yn syn algemienens) toweibrocht hat. It is it deistich hâlden en dragen fan de minske tsjin de wetten fan efficiency. Hjoeddedei wurdt it lok birekkene en op ien kavel set. Mar bliuw dêr mar ris minske by: wy binne ússels net mear/oer en tofolle (34). De minske is wei- | |||||||||||||
[pagina 201]
| |||||||||||||
rekke, weirekkene en fuortsifere. Hy siket noch wol om in smout en smûk plakje, mar lannen, wegens en sleatten binnen rjocht en sljocht. It lânskip jowt net mei, it is net bûchsum genôch om minsklike emoasjes opheine to kinnen. Alles leit der sa kreas en bigryplik hinne, mar, seit de dichter, lit ús bidde om reid/om ûnforsteanber gewaechs (35). Hwa't en hwat altyd op himsels wie, wurdt iepenbier, publyk. It heimnis fan stille boerespultsjes achterôf is fuort. De effysjint-ekonomyske kompjûtermaetskippij komt oeral en walst alles plat hwat lyts, ûnrindabel, eigensoartich en eigensinnich is. De paden binne rom en it lân is birikber/by nacht en ûntiid (36). En dochs is de minske dy't de natuer yn hannen hawwe wol, noch ôfhinklik fan dyselde natuer, bygelyks fan waer en seizoen. Hy wol syn god lykwols graech in krúske sette litte foar in kúb sinne, trije fleanmasinen wetter, in bitidere maityd en in langere neisimmer. Mar hoe ôfhinklik binne wy winliken noch mei broeikassen en bireiningsynstallaesjes? | |||||||||||||
5. Acht fersen oer leauwe en natuer (B 2)Yn de fersen oer in ruilforkaveling wie spyt to fornimmen oer it forlies fan de natuer as suver elemint yn it minsklik bistean. De dichter keas ek dúdlik foar hwat oan himsels oerlitten en dêrom echt, earlik en tagelyk ek tsjuster wie. Elk yngripen fan minsken kriget eat fan it heimnis wei, dat it lân út himsels wei yn him hat. Yn guon fan de fersen dy't folgje op dit ruilforkavelingsforslach, giet it folslein de oare kant út. Nou wurdt bytiden de frije natuer in soarte fan oermacht dy't de minsklike geast (dy't oarderje wol) oermânsk wêze kin. Men moat blykber yn- en oersjoch hawwe om it op fuotten hâlde to kinnen. Dêr't de dichter earst noch bidde woe om reid/om ûnforsteaber / gewaechs (35), seit er nou, yn it fers tún (41): in helderheit bistribje ik/in oarder fan tallen en kleuren. Yn forkaveling (35) klinkt it suver as in sinyske klacht: dit is it gea fan alles stiet to plak, yn it fers op side 43 (dat ek tún as titel hat) wurdt der ark byhelle om alles yn tichte fetten to skoffeljen: ik ris my út mei great en skerp fenyn/gjin chaos op it plak dêr't ik gebied. It soe wol ris sa wêze kinne dat it leauwe yn in god út itselde forlet fuortkomt as it skreppen fan de túnman op syn groun: nammentlik it forlet om alles op in rychje to krijen. De minsklike natuer likegoed as de fegetaryske - binne op folsleine frijheit út. Mar as dy frijheit jin boppe de holle waekset, is it moai dat men Wurd en Wet en mês en meanmasine hat. Moat it fers tún op side 43 faeks yn dat ljocht lêzen wurde? Dit binne de fjouwer lêste rigels:
de tún hy leit der foar as 't keninkryk
fan god ik mei der sa wol oer
faeks bring ik moarn mysels yn 't lyk
'k bin as de dea sa bang foar 't fjûr
| |||||||||||||
[pagina 202]
| |||||||||||||
Bang foar it fjûr fan de hertstocht as foar it fjûr fan de hel? (It fers tún (43) seit safolle en safolle net, dat it winlik mear omtinken krije moast as dat yn dit bistek dwaenlik is).
Ik haw al earder skreaun fan in manier fan bylden forbine neffens in biskaet trukaezje-effekt. Men moat yn dizze bondel echt sykje om mindere fersen to finen, mar as men se fynt, dan yn dit skift. It fers bloei bigjint sa: it fjild/in tekken fan god/hark hoe't de beammen/applaudiseare/geroft fan grien/is net fan 'e loft (40). Dat is gjin poëzij. It hat der net iens njonken lein. It griist jin allinne mar oan. De earste rigels binne fan Nel Benschop, de oare twa hat Jaap Zijlstra oer gear west en Hans Bouma hat it ôfmakke. Doe woe Jan Dotinga sels wer, mar syn neifolgjende moaije rigels kinne it fers net mear rêdde. Ek feest (45) fyn ik mislearre fanwegen syn ûngrypberens en wiidweidigens, hoewol't it net iens in lang fers is. Mar hwer komt it wei en hwer giet it hinne? It fers it is it swijen (47) is suver neat-sizzend. It hat gjin spanning, it is waerm-wurch-wiidweidich. En yn sa'n bondel falt soks gau op en it komt dûbeldhurd oan. | |||||||||||||
6. Seis of sawn fersen by in stikmannich psalms (B 3)Moatte dichter en bisprekker itselde foarlân hawwe? It hoecht net, mar it is noait wei, soe ik sizze. Goos van der Vliet hat him min ofte mear fortild oan de op 'e Bibel ynspirearre fersen fan Liuwe Hornstra, om't er dyselde Bibel net trochkomme kind hat. Yn Trotwaer 78-5, side 317, skriuwt er dan ek oan Hornstra: ‘Yndied hie ik de op bibel en leauwe ynspirearre fersen better net oan 'e oarder stelle kind. Dy steane net op harsels, mar fereaskje in foarkennis dy't ik net ha.’ Nou is kennis in kwestje fan stúdzje en van der Vliet hie bygelyks de muoite nimme kind en lês de passaezjes dy't rillefant binne foar it forstean fan dy fersen. Mar dan noch, tinkt my, hied er net folle oer de poëzij sizze kind, om't er de draechwiidte en gefoelswearde fan in bibelwurd net biseffe kin, hwant hy is blykber net yn in kristlik formidden greatbrocht. De klinyske kennis is hiel hwat oars as it trochkrûpt-wêzen-yn. Elkenien kin in psalm lêze en him fordipje yn histoaryske en literaire achtergrounen, mar net elkenien wit hwat it is om in psalm to sjongen of út to flokken. Net elkenien wit hoe't in psalm fan in preekstoel ôfdonderje kin of sweve kin boppe in panne mei sûpenbrij. Net elkenien rint al syn libben mei psalmwurden, psalmrigels en psalmfersen yn 'e holle om. Net elkenien wit hwat in âld psalmboek, in noatebalk, in lettertype, in meldij, in oargel oan in psalm foroarje en tafoegje kin. Koartsein, net elkenien hat rêst en lêst hawn fan de psalms. Hoe réagearret nou ien dy't by dy psalms opbrocht is, op fersen dy't refleksjes binne op guon fan dy psalms? Hy wit yn alle gefallen hwer't de dichter | |||||||||||||
[pagina 203]
| |||||||||||||
it oer hat en dat is in fornaem punt. Mar hoe earlik, of betten hoe objektyf is syn oardiel, hwant syn earlikens sille we mar net oan twifelje. Ik bidoel, is er as bisprekker ûnbiwust miskien earne op út en spylje syn eigen ûnderfings mei psalms, bibel en leauwe in rol? Hwat dat lêste oangiet, ik tink fan al. Mei dat? Ik leau dat er der net foarwei kin, as hy moat him stilhâlde. Nou hoecht er it net mei safolle wurden to sizzen fansels, mar de tûke lêzer is in heal wurd genôch. De tûke harker oars ek, hwant doe't Willem Abma foar Radio Fryslân sizze liet, dat de kristlike poëzij fan Jan Dotinga net allinne in poëzij fan sjongen en biliden wie, siet dêr (hoe neutraal ek) in (posityf) oardiel yn. Of kin ik nou de ROF-bisprekker to goed? Ik stean op hiel glêd iis. Hwat is it doel fan kristlike (sosjalistyske, kommunistyske) literatuer? Is dat it kristlike of is it de poëzij? Is it fers ûndergeskikt oan it boadskip of oarsom? Giet it om It Wurd of om it wurd? Ik haw dit bisprek as titel meijown: De formannichfâldiging fan it iene wurd. Hwa't Dotinga faker lêst, sil it opfalle dat er in swak hat foar it wurd ‘formannichfâldigje’ en al syn ôflate foarmen. Allinne yn dizze bondel stiet it al fjouwer kear en foar sa'n wurd is dat faek. Yn de syklus Forlit my net alhielendal/út psalm 119 (Hjir 6-2/3, side 8-24), komt it twa kear foar. Dy formannichfâldiging komt faek ta utering yn de wurkwize fan de dichter. It is meastentiids ien gegeven, ien wurd dat útgongspunt is en dat in hiel fers lang hieltyd op ‘en nij fan in oare kant bisjoen wurdt. Technysk kin soks liede ta de steapelfoarm. Mar ek rekkene nei de ynhâld is bytiden sprake fan formannichfâldigjen. It is altyd noedlik en karakterisearje immens dichterskip, binammen as it sa'n soad kanten as by Jan Dotinga, mar ik reitsje der hieltyd mear fan oertsjûge, dat dit dichterskip in bisykjen is út to finen hoefolle kear it libben mei leed en lok formannichfâldige wurde moat en kin om de folsleine frijheit as produkt to krijen. It is it oanhâldend skeppen fan azem en skreppen om romte. It is net iens it forkennen fan de grinzen, mar gewoanwei it oer de grinzen hinne gean om dan, foar de fêstichheit en feilichheit, werom to kommen op it plak fan fortrek. Of is it plichtsbisef of hearrigensdrang? Der binne party foarbylden to jaen fan dy twaliddichheit: (driuw nei) it frij - (forlet fan) it stokramt (sjoch ek ûnder 5). Ut de syklus yn Hjir:
romte
biskreppe dyn hannen
foar ús
dû bist myn freding (9)
muorren
binn' ús sarken
it antwurd stiket
dochs tilt ús hert
fan libben (12)
| |||||||||||||
[pagina 204]
| |||||||||||||
Yn ‘Flaggen en tûkelteammen’ stiet it noch dúdliker. It twadde foarbyld seit my alles.
hwant ik mei net
en dou silst al
is it paed
nei de frijheit (49)
mar hy is jok
hwat jowste (52)
Om op it kristlike elemint werom to kommen, is der by Jan Dotinga sprake fan formannichfâldiging fan It lene Wurd? Né, net yn dy bitsjutting dat er evangeeljesearret en alle volken tot Zijn discipelen makket. Dêrfoar sprekt ek tofolle twifel en striid út de fersen. Hwant bihalven fan it sjongen oer -, wit de dichter ek fan it suchtsjen ûnder it leauwe. Syn poëzij is net in oanrekommandearjen fan it leauwe, mar in pûrminsklik wrotten mei it leauwe. Sa komme wy net by It Wurd út, mar by it wurd, poëtysk formannichfâldige. | |||||||||||||
7. PersoanlikWis, ik wie it sels dy't dit bisprek skreau, mar dochs haw ik nou it gefoel dat ik noch persoanliker wurde moat. Doe't op de redaksjegearkomst de bondel ‘Flaggen en túkelteammen’ in bisprekker ha moast, haw ik ûnfatsoenlik gau de finger opstutsen. Net om de bondel allinne, mar mear om de dichter: Jan Dotinga. Ik hie op de ien of oare manier it gefoel dat dizze skriuwer yn It Frysk Formidden ûnderwurdearre waerd. En dat gefoel haw ik noch, ik wit net hwerom. Ik sei de redaksje in wiidweidich artikel ta oer de dichter Jan Dotinga, dêr't ik al syn publikaesjes oant nou ta yn bihelje soe. Dat is der spitigernôch net fan kommen, om't ik de lêste en kommende moannen oare dingen by de ein ha moa(s)t as fryske skriuwerij. Dit bisprek is haestwurk. It jowt hjir en dêr in pear oansetten ta dat artikel dêr't ik it oer hie. Dingen dêr't ik wiidweidich op yngean woe, haw ik mei in pear wurden ôfdien. Dêrom is it my ek net oeral slagge en lit sjen hwerom't Dotinga in dichter is fan kom sa. Mar soks hoech ik dochs elkenien ek net foar to kôgjen, wol? As dat al moat, dan sil ik it net litte, hwant oer Jan Dotinga syn poëzij is it lêste wurd noch net sein. Foar myn part meije se de Gysbert Japicxpriis ôfskaffe as dizze man him net kriget. Hy hat al Rely Jorritsma's genôch hawn. En gau in bytsje. Ik warskôgje noch ien kear. |
|