neboekjes skriuwe. Dêr hat De Fryske Literatuer forlet fan. Net fan jonge proazaskriuwers. Sjoch de LC der mar op nei en harkje nei de ROF. Sa heare Jo nochris hwat. Of net. De ROF freegje om in kopy fan de bisprekken fan de fersebondel ‘Mei de jierren’ en de forhalebondel ‘Strie Oerdwers’. Achte hear Dam, By dizze stjoer ik jo ta it bisprek fan de bondel ‘Mei de jierren’, de forhalebondel ‘Strie oerdwers’ is nea troch ús bisprutsen, mei freonlike groetnis, Radio Fryslân. liskâld. Hwer hat De Fryske Literatuer dan forlet fan? Fan jonge poëzijskriuwers en âlde proazaskriuwers, hwant ‘De dei is jong’ (sic) fan Ypk fan der Fear moast al bisprutsen wurde. Dat is my allegear likegoed as bêst, mar dan ek net kankerje en eamelje dat De Fryske Literatuer forlet hat fan jonge
proazaskriuwers. Jim lige dat jim skeel sjogge. Frou Steenmeijer freegje om in kopy fan it LC-bisprek fan ‘Strie Oerdwers’, hwant ik bin spitigernôch dy krante kwyt. Grapke. Ja, de forhalebondel wie al neamd wurden yn de Sinteklaze-boekebylage fan de LC. En, hja hie ûnthjitten der letter noch wiidweidiger op werom to kommen. Mar sûnt dy tiid net mear foar de krante skreaun. Eh, oare drokten en sa. Och, forskynde ek mar in bytsje tsjintwurdich. En, dat waerd wol byhâlden troch fêste meiwurkers en sa, dochs, ommers, net wier, witst wol, eh toe ju, net sa flau, sa'n skoft lyn, hwat soe dat, gjin geseur. O, ik koe by it FLMD in fotokopy fan it Sinteklazebisprekje oanfreegje, dêr hiene se der apparatuer foar. Dat hie in goeije grap west. Tweintich rigels ‘bisprek’ en dy moai útforgreatsje en achterin listke boppe de skriuwtafel en hieltyd even sjen en proaza skriuwe en op nei de twadde forhalebondel en o sa bliid en noait mear gûle en dy duvel wis en wrachtsjes en moai waer en lange dagen en yn 'e wolkens en mei beide fuotten en mar ien pear hannen en mei it skûm en op ‘en nij en mar ien kear jong en mar ien kear proazaskriuwer en mar ien Fryske Literatuer en sa wiis en sa healwiis as it mar kin en sa'n forlet o sa'n forlet. Om earlik to wêzen, ik haw to heech by mysels opsjoen. Ik miende, De Fryske Literatuer hie wier forlet fan my. Is 't net raer? Dat is dus in misse rekken. Hoe koe ik ek sa. Ien gelok. As it der op oankomt, haw ik gjin forlet fan De Fryske Literatuer. De Prinsetún ûnder tachtich kúb snie en tsien hânbré izel oer De Koperen Tún. Dêr ha wy forlet fan. De Fryske Literatuer hat forlet fan in baes winter. In wytboek mei lege briefkes. Snie oerdwers! En dan in sniepop op it omslach. En dan in folpinne as noas. Eh dan in ûnbidich hite simmer. En dan dy sniepop rane litte. En dan dy folpinne
oerhâlde, en dan de dop derôf krije en dan fan dy twa stikken in krús meitsje. En dan in adfortinsje yn de LC. En dan sizze: De Fryske Literatuer hat forlet fan jonge proazaskriuwers. Ik soe my forskuorre.