| |
| |
| |
Durk van der Ploeg
Yn it forwulf fan 'e dwaesheit
Ypk fan der Fear, De dei is jong BV Friese Pers, Ljouwert. Gurbe-rige 19 Priis: f 16,90
It wie al moai hwat jierren lyn dat ik in Fryske roman lêzen hie, doe't ik op forsyk fan de Trotwaer-redaksje, toset rekke oer de jongste roman fan Ypk fan der Fear De dei is jong. By dizze periodike ûnthâlding stie by my foarop de gedachte dat it fruchtber wie foar it skeppen fan in soune ôfstân fan it Fryske lettertúntsje en suverjend wurkje koe op myn wrantelige forhâlding ta it Fryske proaza yn it algemien. Ik hie der forhoop op dat ik nei forrin fan jierren hwat frisser oansjen koe tsjin in Fryske literatuer, dy't yn dat tiidrek fornijing en forjonging sjen litte soe. Yn de efter my lizzende jierren ha ik spitigernôch nea it gefoel krigen dat ik hwat mist ha. Oarsom, ik ben foar in bulte argewaesje biwarre bleaun. Ik mei wol sizze dat ik my yn dat fakuum tige noflik field ha en my gâns tiid frijmeitsje koe ta figuerseagjen.
| |
| |
Ik gyng it avontuer mei De dei is jong fol bitrouwen tomjitte, omdat it fenomeen Ypk fan der Fear by my fanâlds de bilicheming is fan de yntuïtive en spirituéle mystifikaesjes yn de Fryske romanliteratuer. Dêrby hat har wurk sjarmante bifynlikens en pseudo forbjusteringen. Se wie foar my de auteur fan it waerme, it forrifeljende en it net altyd nei to kommen sielsbilibjen. Har wurk hat hertstocht en fantasij, mei gâns heimsinnigens en bitizing. Dêrby de lichaemlik mishipten, dy't yn har wurk trochstrings fungearje as bjusterbaer-like personages mei in heft yn hannen. Sy hat proaza skreaun hweryn mear as hwer ek, de forbylding ûnnatuerlike lopen makket en it godfruchtich en weakhertich moed him treaste lit oan froulike dwylsin. Dêr komt noch by dat ik yn dit ûndernimmen stipe waerd, meidat ik loovjende wurden lêzen ha oer dit boek, as soe dit it bêste wêze dat Ypk fan der Fear op papier set hat. Mar dat is my sûr opbrutsen.
Wichtichste persoan yn it forhael is Djoeke, dy't neffens de earste blêdside hwat twivelriedich de forhâlding mei har freon Herman forbrutsen hat en op 'e dolle rûs in baen oannommen hat as selskipsdame mei administrative njonkenfunksje, by in tsjustere famylje, dy't wenne yn net neijer to lokalisearjen kusten yn it slot Séhiem. Dêr moat se har dwaende hâlde mei Apollonia, yn myn foarstelling in schizofreen skelet, dat yn it forrin fan dit forhael mei help fan Djoeke wer op fuotten komt. Der binne twa bern. It earste is dea, mar leit op mysterieuze wize fier fan de oare famyljeleden op it partikuliere tsjerkhôfke, op in kampke lân bigroeven. De oare libbet, mar it is in mongoal fan net sa'n gewoan soarte. It liket my ta dat se by de berte it bern fuortsmiten ha en de placenta biwarre. Yn in dizenich dekôr stiet de noch dizeniger man fan Apollonia, dy't eame op sé forkeart en om net neijer út to lizzen reden net thús wêze kin om syn forstoarne soan. Fierder binne der de saekwaernimmer Jetse, ek al net sa'n gewoanen en Freark, dy't it oansjoch foar it mantsje- fan-alles. In hwat bitizjende funksje hat Helene, in frommiske dat yn 'e buert wennet en mei har mem twiveleftige famyljebannen blykt to hawwen mei de biwennersfan it slot. Om ditgearmjoksel fan geastlik healnôgen en lichaemlik mishipten kompleet to meitsjen binne der noch de Jezus-minsken, dêr't Helene ek by heart, dy't ynfloed útoefenje op guon biwenners fan it slot. Binammen Apollonia. De mysterieuze triedden fan dit forhael wurde op 'e ein fan it boek like wazich as knoffelich oanhelle, as at se yn de opbou fan it forhael spoun wurde. Ik kin dêrom net oars sizze as dat it ien greate broddellape is, rûch fan de losse triedden, sûnder ienich patroan. Dat wol ik hjirnei út 'e doeken dwaen. Om net de fortinking op my to laden dat ik der mar hwat hinne skriuw ha ik op dy
plakken dêr't ik myn krityk rjochtsje op details, hieltyd de fynplakken oanjown. Dat elk kin my yn alle fatsoen neiride.
Om to bigjinnen hwat oer de ‘toponimyske’ en geografyske nuveraerdichheden, dy't ik notearre út de earste haedstikken, dêr 't Djoeke op reis is nei har bistimming. Ik ha dêr de folgjende farianten opskreaun: It bûten, it hûs mei de
| |
| |
toer, it slot, in kastieltsje mei in buorkerij, in great kompleks, buorkerij, stins, âld slot, in hûs as in slot, it brede hûs. Ik bin by einsluten ôfgien op hwat les Spreekmeester der op it omslach fan makke hat, hwant út de omskriuwingen fan Ypk fan der Fear koe ik my min in byld foarmje. Foar dat hûs leit in great stik greide as in Ingelske lawn. Mar even fierder leit it hûs op in terpke, itjinge yn myn foarstellingsformogen haperingen toweech brocht hat, lykas in diaprojektor dy't kuren kriget. Ik ha ek geregeld oan west mei de tiid en it gebiet hweryn dit forhael spilet. Myn earste yndruk wie fansels Gaesterlân. Mar dêr is de sé al lang net mear. It forhael spilet yn dizze tiid, al stiet der op side 31: ‘se wie hjir sahwat yn de Midsieuwen bidarre.’, en wurdt der op side 69 forteld: ‘Se wennen hjir wol yn in stikje oertiid’. Dat blykt efterôf op in romantysk trekje fan de skriuwster to wizen. Yn it doarp rinne de froulju lykwols noch yn ‘klaeijinge’, hwerûnder ik forstean dat se yn histoarysk kostúm rinne. En dat wiist út nei de Urker buorren. Dat kloppet lykwols wer net mei de biskriuwing fan it lânskip mei greide, bosk en pingo's. Dat lêste fyn ik op 'e sângrounen yn 'e Wâlden. It docht my nammentlik bliken dat Ypk fan der Fear der geografysk ek in tizeboel fan makke hat. Mar dat is noch dêr oan ta. De persoanen dy't yn dit boek spylje komme my stik foar stik foar as healnôgen en psychopaten. Dat bigjint al mei de dizenige biskriuwing fan in ambivalinte bistimming fan Djoeke. Se hat sollisitearre nei in baen, mar wit net hwat it ynhâld. Se wurdt der goed foar bitelle, mar wit sels net hwerom. It foarmet in dúdlik byld fan Ypk fan der Fear har gaotysk skriuwen. Hieltyd wurdt de lêzer forrifele mei wer oare oanwizings en feiten dy't it opboude
patroan net folsleiner meitsje, mar forsteure. De skimigens fan de personages yn dizze roman blykt ek al dalik as Djoeke by har oankomst in swarte frou as in kateftige troch it hûs biwegen sjocht, dy't fordwynt ûnder de treppen (side 19). Dy magyske forskining spilet it hiele boek troch en forskynt yn de twadde helte fan it boek as in echte kat, dy't oer it hiem strûpt as Djoeke op in joun by Freark yn 'e fjûrhutte sitten hat (side 137). Lykwols wrinzgjende hynders, in pratende ka en slûpende minsken, dy't altyd ynienen efter immen steane, wurkje mei ta gâns skadige tafallichheitsfaktoaren, dy't net funktioneel de skriuwster wol wakker fan pas komme omdat se to pas en to ûnpas sitewaesjes skeppe en forbalje. In foarbyld fan sok in tafallichheit: Djoeke tinkt: ‘Trouwens as se forlet fan in man hie, moast se net by Herman wêze! Elze kaem der yn en lei in brief by har del. Ien fan Herman wrychtich!’ (side 54). Dat liket op foartsjirmerij. Noch ien sa'n tafallichheit: As Djoeke yn Helene har auto útnaeije wol mei Apollonia, stiet op it momint dat se fuortride wolle de saekwaernimmer Jetse, dy't op reis wie, wer op it hiem. Dan kin de reis net trochgean. Dat is to trochsichtich en komt hjir allinne to pas yn de kream fan Ypk fan der Fear. In oare methoade fan de skriuwster om noch gau in sitewaesje oannimlik to meitsjen en gatten yn it forhael op to foljen is it opleppeljen fan feiten dy't koart dêrfoar al pleats foun hawwe. Se docht dat yn folle gefallen troch it holtsje fan in foraltereare Djoeke rekapitulearje to litten. Dêrby binne faek sokke wichtige saken oan 'e oarder, dat ik my regelmjittich ôffrege ha hwerom't de skriuwster dy net brûkt
| |
| |
hat op it plak dêr't se yn it forhael hearre. Se hat mei dizze methoade in stik fortelmateriael forspile en jowt tagelyk de yndruk as skriuwster hwat forgetten to hawwen. In dúdlik foarbyld, hweryn 't forhelle wurdt fan in brief dat de deis tofoaren kommen is (side 122), wiist der op dat dizze wize fan skriuwen meiwurket ta it sweverige sfearke yn dit boek.
Der sit yn myn lês-eksemplaer frijwol gjin blêdside mear hwerop gjin oantekens steane lykas: Hoe kin dat? Hwa seit dat? Ynmooglik. Is al earder sein. Kin net. Unbigryplik. In tizebrol. Hjirûnder in stikmannich feiten mei de wiete finger om dy marginale oantekens fan my to rjochtfeardigjen: ‘Se stiene wer by it grêf’ (side 29), mar se wiene der net wei west. Neffens hwat Helene op side 70 fortelt moat selsmoard yn de omkriten fan Séhiem like gewoan wêze as even nei't húske. Dyselde Helene is ien fan it Jezusfolk, dat as apostels by de doarren lâns giet om it evangeelje to forkundigjen. It forbaest my as Helene op side 73 tusken noas en lippen oan Djoeke fortelt dat se altyd wapene is mei in revolver. En ik mar miene dat de sêftmoedigen it ierdryk biërvje sille. It sil miskien de froulike rivaliteit wêze, mar ta myn greate forbjustering lês ik flot dêr oerhinne dat op it stuit dat Helene dat fortelt, it Djoeke yndachtich wurdt dat Jetse har ek in revolver jown hat, en dat er har it sjitten leare sil. Dat de wapens lykje op Séhiem as apels út 'e koer to gean. Hwa't sokke flauwekul leaut is gek. De gekheit wurdt lykwols noch greater as Ypk fan der Fear, njoggen sinnen neidat Djoeke forteld hat dat Jetse har it sjitte leare wol, Djoeke op 'e fraech fan Helene, ‘Hast der wolris mei sketten?’ antwurdzje lit ‘Doe't ik it learde.’ Mar alle dwaesheit fan dizze 73ste side is jimme noch net oansein, hwant Ypk fan der Fear wol ús dêr leauwe litte dat dit wapenbisit legael is: ‘Wy ha forgunning foar de jacht.’ Dat dogge se dêr dan blykber mei revolvers. Dêr komt noch by, dat ik altyd wol witten ha dat it Jezusfolk gefaerlik wie, mar dat se mei revolvers omrinne wol net yn my del en liket my in dwaesheit opkommen út it bitize holtsje fan Ypk fan der Fear. Yn haedstik alve wurdt
biskreaun hoe't Djoeke ynienen ta de djipste geheimen fan it hûs trochkrongen is. Dat is noch dêr oan ta, mar dat der yn 'e bibleteek fan it slot prosesstikken sitte wol my net oan, omdat datsoarte attributen óf by justysje, óf, as it om histoarysk materiael giet, yn it ryksargyf sitte. Punt út. Op side 79 wurdt in forhanling jown oer kristendom en heidendom, mar it is beide kearen dom. As ik it goed bigrepen ha, en dat sil 't wol net, dan is it Jezushûs yn é buorren in soarte fan huorrekast sûnder hoeren, dêr't de klanten yn 'e seas brocht en ôfhelle wurde fanwegen it folkloristysk fortier (side 86).
Op 'e skieding fan de haedstikken tolve en trettsjin smeket Djoeke Jetse har frij to meitsjen. ‘God of Eros?’ spot Jetse dan. Mar op side 95 blykt de natuer op tige ûnwerskynlike wize mei to wurkjen as Djoeke en Jetse togearre yn 'e auto har oerjowe oan de leafde. Dan falt der samar in beam om mei ‘in lûd as it salvo fan gewearen’. Bigryplik dat Djoeke even letter de frijage ûnderbrekt mei de fraech: ‘Leaustû oan in hel?’ Mar gelokkich, it blykt dat se beide it
| |
| |
bitrouwen en útsicht op 'e himel steld hawwe. Dus wurdt it God, hwant mei Eros rint it út op in klûmske bidoening, (side 147). Dat it seksueel stik foar stik wrakke skepsels binne yn dit boek, wol ik oantoane mei inkelde foarbylden. It giet hjir oer trije minsken yn de krêft fan it libben: Djoeke, Jetse en Freark. Djoeke is in út it lead slein frommis sûnder karakter. Jetse, dy't op it slot foar master opslacht, hat in gear brein mei somstiden pedofile trekjes. Freark, de hús-, tún en keukenfeint, is in ynfantile kloat. Ik wol dat oantoane mei inkelde sitaten. Op side 134 is Djoeke mei Freark yn de fjûrhutte. Nou, dat giet op in stumperich frijen. Dus net sa fier, en Freark is al ryklik gau wer by syn positiven. As Djoeke seit: ‘lk bin to âld for dy’, dan is Freark syn biskied: ‘Né’, sei er earst en doe, ‘it moat ek mar net.’ Tolve siden fierder is Djoeke mei Jetse op in eilân yn sé (hoe ha se it foun). Dêr hat Jetse in hûs fan griene planken, net greater as in keet. De biskriuwing fan it ynterieur hat lykwols mear fan dy fan in villa. Jetse hat dêr in atelier, hwant sa blykt dan ynienen dat er ek skildert. Dêr makket er as wie it neat earst in portret fan har en sil dan even mei har op bêd. As er har flink opwaerme hat en alles foar it gripen leit, wurdt Jetse sa ympotint as in lûs op in houten flier en slacht yn lullich en âldmannich praet, (sjoch side 145). Lês dan wol even troch nei 146 dêr't de kloatigens fan dit stuk ûngelok folslein ta syn rjocht komt. En hwat lês ik dêr dan? Net to leauwen: ‘lt moat mar net’, seit er en gyng oerein, ‘mar it hie it bisykjen wurdich west’. ‘Djoeke fielt har dan hast as in hoer’. Hwat dêrfan de reden wêze kin is my net dúdlik wurden, hwant
se sit neffens hwat ik op dizze siden lês by in stel ympotinte homofile snobs.
De persoanen yn dit boek libje net, mar it binne marionetten yn de kronkelige harsenspinsels fan Ypk fan der Fear. By alles hwat der sein en dien wurdt jowt se lucht oan har sucht nei mystifikaesje. Se blykt hieltyd wer hâlden en kearen to hawwen om it forhael yn in spoar to krijen dêr't it mar net hinne wol. It tal guodkeape oplossings dy't as dreameffekten op bysûnder naïve wize tsjinje ta needoplossingen binne legio. Forhâldingen tusken guon persoanen wurde samar fan de iene op 'e oare blêdside ta wanforhâldingen, wilens oarsom fijanskip like flot liedt ta affiniteit. In treflik foarbyld dêrfan op 'e siden 130/131, as Jetse Djoeke it leksum lêze sil, omdat se mei Apollonia útnaeije woe. De driigjende hâlding fan Jetse foroaret as in blêd oan'e beam, as er sûnder ienige oanlieding de opmerking makket: ‘Wy soene noch to farren, dat moat moarn mar wêze’, sei er. Dat is mei forachting fan de lêzer yn uterste wanhoop sykje nei in útwei foar it forhael, hwant dy boattocht moat al wêze om de hjirfoar biskreaune seksuéle knoffelichheden stal to jaen. It forhael rammelt psychologysk dan ek oan alle einen en kanten. Mar ek stilistysk driuwt it fan wrakhout. Op side 132 wurdt sûnder mear fan ‘hy’ nei ‘se’ oerskeakele, as binne it divelskunsten. Dêrby wurde karakters yn dit boek forachte en personages as domme en lamme eleminten hinne en wer smiten. Soms bigjin ik to leauwen dat it allegear slimme ymbesilen binne, dy't allinne réagearje op latinte emoasjonéle gefoelens. En as Ypk it dan net mear wit flechtet se yn fragen (ryklik 900) as ôfliedingsmanoeuvres en stoplapen.
| |
| |
Ypk fan der Fear hat yn dit boek alle seilen fan it byleauwe opset en nei formogen de geasteswrald oeral helle. Op side 29 set dat moai knap yn mei it leauwe yn spoeken, as soene dy it deade berntsje Syds formoarde hawwe. Mooglik moatte hjir forbannen lein wurde mei it op side 19 neamde swarte frommis dat it slot op mysterieuze wize ûnfeillich makket en fierder yn it boek ek noch wûndere slaggen docht. Op side 35-36 jowt Ypk fan der Fear ynsjoch yn de romantyk fan it heidendom. It liket my ta dat se hjir in klap mei de mole hawn hat. Op side 68 fortelt Jetse dat der nea in foto fan it deade bern makke is om't er sa'n hekel hie oan de konterfeitsels op 'e boppegong. As Apollonia Djoeke op side 79 freget har út 'e bibel to lêzen seit Apollonia: ‘Ik fiel my soms sa'n heiden’. Dat wurd ‘heiden’ komt wol gauris foar yn dit boek, mar it is my net dúdlik wurden hwat der yn dit forbân mei bidoeld wurdt. Yn in dialooch op side 87 wurdt biweard dat Jetse (de namme komt fan Jezus) sels oan Jezus fortsjinnet, omdat er de hier bart fan it Jezus-hûs yn it doarp, dêr't de sekte alle dagen byelkoar komt en meielkoar dounset en mienskip mei elkoar hat. Sa wit ik wol lju dy't oan Jezus smoarryk wurden binne. Op side 91 wearzet Djoeke as der yn it Jezus-hûs roppen wurdt: ‘Sa wurde wy dronken fan Jezus, ús forlosser.’, mar fan dy ôfkear blykt fierderop neat mear: wol komme de sympathyën oan it ljocht. Ypk fan der Fear hat gelyk: ‘Sa tsjinnet de Alderheechste as it greate jiskefet’, (side 96). Op side 121 ûnderstelt Djoeke dat de Kweade (mei in haedletter) mei Tea, it mongoaltsje, spilet. Apollonia jeuzelt dan oer in foarboade. En Djoeke loadst dy diskusje dan mei in link fraechje kreas yn it reid. Net wer oer prate. De byldspraek jowt op side 125 in yndruk fan oerspanning as de idé fixe fan Apollonia om oerdoopt to wurden yn
forgelyk komt to stean mei ‘tsjoenmiddel’. Jetse lit op side 145 wer syn Mefistoles-glimke sjen (Mefistoles is in fallen ingel, of ek wol oantsjut as helske geast). Dan freget Djoeke har ôf oft er in satan is of in sadist, mei dêroan keppele de fraech oft er him dêr efter forskúlje wol. Op side 180 docht Ypk der noch in skepke boppe-op, it sizzen is 't selde. Dan sjocht se yn Jetse wierlik in divel, as er Apollonia hwat yn it ear lústert. Dy oantiging wurdt dan wer hwat ôfswakke mei de meidieling dat er inkeld in divelshelp is fan de superman, (is de man fan Apollonia), ‘of oars divelsûntwyk, in ingel koe ek’. Ja dan bin ik der mei oan. Lykwols, de sabeare Adam en Eva-theologyën op 'e siden 141, 142 en 147 wize op dwylsinnigens en elemintaire efterstân yn godstsjinstige ûntwikkeling. As Djoeke yn haedstik 19, op syk nei Apollonia, yn it slyk fordwaelt en har taflecht siket by de Heare, freget it earme skepsel har yn wrak leauwe ôf oft se Heare foar har stikkene karke spanne wol. Ik tink lykwols dat dy konklúzje krekt is, hwant op pagina 158 sjocht se har mem as de biskêrmingel. Sa kin der fansels neat forkeard gean yn dizze wrâld. ‘De dea brekt geheimen en iepenbieret sûnden’, stiet der op side 162. Dat soe Ypk fan der Fear my nochris dúdlik meitsje moatte. Djoeke fielt har dit forhael yn in surréalistyske sfear em op side 194 fielt se harder noch fierder yn bidarre, mar dat liket my in misforstean fan it bigryp surrealisme, dêr de werklikheit formongen wurdt mei foarstellingen út it ûnderwêsten. It is lykas Ypk fan der Fear
| |
| |
op side 194 skriuwt: ‘Se mocht dochs wolris nei in dokter ta’. En dy hat gjin middels tsjin surréalisme. As Djoeke op side 196 de sinne bloedread ûndergean sjocht en it liket dat de bosk yn 'e brân stiet, tinkt se: ‘Elk stjerren wie ek in jongste dei’. Dat is klearebare kletskoek. Yn haedstik 23 bigjint it boek apokalyptyske trekken to fortoanen. Ien fan de meast ûnmuzikale útroppen dêryn is: ‘De trompet wie de lêste bazún’. ‘Us mem is it net iens mei myn theologyske misstapkes’, seit Djoeke op side 88. Mar dit binne gjin misstapkes mear, dit binne sektaryske trekken mei psychopatyske effekten.
In riedsel dat ik likemin oplosse kind ha, is it foarnimmen fan Djoeke om in roman to skriuwen. In thema dat it hiele boek troch foarkomt. Ik ha it spoar dêrfan folge fan side 53 ôf, dêr't ta dit foarnimmen ynitiatyf nommen wurdt en op side 57 oanfette wurdt om de sitewaesje, hweryn Djoeke is kommen to forkearen, better to bigripen, mar dan tagelyk tsjinnet om de tragyske erfaringen fan Ypk fan der Fear mei har útjower(s) to fintilearjen. Inkelde ûnbinullige pseudo-djipsinnichheden oer manlju yn boeken doggen dan op side 58 de haedstikkelike doar ticht. Op side 112 wurdt it my ynienen even dúdliker as Djoeke fan harsels tinkt: ‘Dêr wringt him de skoech, dat ik neat wit. Hoe kin ik sa ea de roman ôfkrije? Mar op side 117 stiet sûnder ienich forbân de fraech oft der noch oare stof(fe) foar har roman is? Op side 138 libbet Djoeke yn de forhoping dat Jetse har safolle fortelle sil dat de roman slutend wurdt. Dus in soarte diktaet, tink ik dêr, mar de folgjende pagina sieddet twivel as Djoeke by Jetse yn it boat harsels ôffreget oft se al mei in nije roman oan 'e gong is, eardat de earste ôf is. Dat wiist hinne nei in oeuvre. Side 140 bringt wer in mysterieuze útfal oer de roman, wilens op side 144 de lêzer foar de kroade riden wurdt. Se is dêr mei Jetse op it sé-eilân. As er har syn atelier sjen lit en syn skilderstikken toant freget Djoeke harsels ôf: ‘Soe se oer har eigen artistike oanstriid bigjinne?’ Ik tocht dat se dêr al lang oer bigoun wie en sels mei Jetse yn diskusje stie oer it skriuwen fan in roman. Of is dat mar lary? ‘In roman is mar in roman. It libben sels is folle nijsgjirriger.’ skriuwt Ypk fan der Fear op side 148. Is dat forachting fan it eigen talint of selsbifêstiging? By it stjerbêd fan Apollonia (side 171) wurdt suggereare dat Jetse ûntdien is. Mar as
er by it stjerbêd wei komt giet er nei Djoeke en ik sitearje: ‘Wer in skeakel woun foar de roman,’ spotte er. Dat ropt foar my fragen op lykas: Hwerom dy spot fan Jetse wilens er ûntdien is? Hoe komt er op it kloatige idé om it forstjerren fan ien dy't him leaf is to sjen as in skeakel yn in roman hwerfan er de ynhâld net ken? Of giet de bou fan de troch dit boek hinne suggerearre roman lykop mei De dei is jong? Hoefolle earnst skûlet der efter de spot fan Jetse? Yn de tryste bui dy't Djoeke op side 177 ûndergiet, freget se harsels ôf oft se sa tryst is om de minsken of om har roman. ‘Der wie nou dochs al in ein, al hie se alle triedden der hinne noch net yn hannen. En hoe soe de stream strak yn alle rêst fierder gean kinne?’ Dat wiist der op dat se mei de foar myn gefoel tinkbyldige roman foarop rint by De dei is jong, hwant dêrfan moatte noch in pear opbychtsjende haedstikken folgje. It sitaet die my fierder tinken oan hwat se op side 148 skreaun hat: ‘It wie wier, se hie miend de triedden fan
| |
| |
it weefsel yn hannen to hawwen, se hie de kleaune opwoun, mar it wie in tizebrol wurden’. En nim fan my oan dat dit oerdrachtlik bidoeld is. Ek de lêste oanwizings fan it ‘roman-projekt’ troch dit boek hinne jowe gjin oplossing, mar wize hinne nei ‘it libben as roman’. Mar de konklúzjes binne forkeard: ‘Is de roman nou ôf, Jetse?’ freget Djoeke. Dan antwurdet Jetse djip filosofysk: ‘In roman komt nea ôf, likemin as der ea yn it libben in ein komt.’ In bitiizjende opmerking der't ik net út kom, of der hat stean moatten dat der likemin in ein komt oan de roman as oan it libben. En dêr bin ik it net mei iens, ôfsjoen dat dat in forabsolutearring ynhâlde soe fan de roman. In Leitmotiv ha ik dan ek net fine kind yn dizze roman yn de roman.
Hwat my yn wêzen noch it meast steurt yn dizze roman, is dat it nearne ta in útdragen saek komt. It bliuwt krytmountsjemeallen en dizenich gejeuzel. Ypk fan der Fear lit it wol foarkomme dat it forhael nei de ein ta skreaun wurdt, mar dêr binne gjin oanwiisbere faktoaren foar, of it moat wêze dat Djoeke by einsluten mei de brot sitten bliuwt en de mongoal Tea meinimt as se har taflecht wer siket by Herman. Dat dy har dan (alwer yn oerdrachtlike sin) oankommen sjocht, lit Ypk fan der Fear yn it midden. Wol lit se Jetse en Freark op side 206, as se op it station steane om Djoeke en Tea út to wuiven, forfalle yn dom praet, dat útrint op de opmerking fan Freark: ‘Kinst net úthâlde, dat hja in glei frommes is’. En dat wilens der hielendal gjin sprake fan west hat en ik dat ek net forwachtsje fan dizze beide erotyske fossilen. Ek de thúskomst fan de man fan Apollonia, dy't oantsjut wurdt as ‘de baes’, liedt ta oars neat as in offisjéle meidieling fan de baes oan it personiel. Ek de foarstelling dy't Djoeke har makke hat fan ‘de baes’ dy't op ûnderskate manieren relativearre wurdt en by einsluten útrint yn de gedachte dat ‘de baes’ net in ‘superman’ is, mar in ‘hean postuer’ hat: ‘mar hie se dan in Anton Geesink forwachte?’ (side 177). Soksoarte forfrjemdingseffekten falle hjir folslein út 'e toan, ek al hat Apollonia bloed sjoen doe't har man op thúsreis wie (side 178). Hwat moat ik mei al dy oanwizings en hinnewizings? Moat ik dêryn lêze dat Apollonia as broas wyfke de forpersoanliking is fan it swakke, it sêftmoedige, dat stal krije moat yn it kristlik leauwe? Is ‘de baes’ dêr tsjinoer in trawant fan satan, mei Jetse as in fallen ingel yn it sok. Hwat moat ik mei de tsjustere en kreupele krusing fan in flash backen in monologue
intérieur, dy't hjir en dêr wer oergiet yn in eangstige dream, in dwylsinnich werbilibjen, in bycht, bidoeld as it forhael oan ‘de baes’ oer de lêste wjerfarrens fan Djoeke mei Apollonia (siden 178-193)? Ik ha bisocht fordjippings to finen yn dat 22ste haedstik, dêr 't in nuveraerdige rivaliteit tusken ‘de baes’ en Jetse oan it ljocht brocht wurdt. Hwer't it Ypk fan der Fear lykwols om to rêdden is bliuwt yn it forburgen. Ek al nim ik de kweageasten, de goaden en alle oare geastlik ûnrant serieus, ik kom der net út. Dêrby liket it my forwûnderlik dat ‘de baes’ him op sok in iepenhertige wize troch syn personiel útkloarkje lit. It liket my ta dat it allegear sûgd is út 'e grouwe tûme, en dat Ypk van der Fear der wer ris yn forslein is.
| |
| |
De tael fan dit boek is min. Ik wol dat biwize mei it oanwizen fan in tal flaters, dat út noch yn gjin oanspraek makket op folsleinens. Der komme yn dit yn 'e doetiid skreaune forhael by herhelling forkearde tiidsfoarmen foar. Ik plôkje even in foarbyld fan side 6, dêr 't Djoeke yn swiet neitinzen oan har mem tinkt: ‘Mem lei bigroeven op it hôf om de tsjerke fan it doarp’. Ik nim oan dat de mem dêr noch bigroeven leit. It twadde sinsdiel, of de tafoege sin hat dan yn syn algemienens neat mei de doetiid to krijen, omdat it dêr giet oer in sitewaesje dy't noch bistiet en fuortbistiet. Ik wol dêr fierderop noch inkelde foarbylden fan jaen. In oare flater is, dat der stilistysk gjin flyt dien is op dit proaza. Sa bigjint yn it earste haedstik de sin 32 kear mei ‘Se’. In styl dy't net útkomt boppe in opstel fan de twadde klasse mavo-leerling. It ûntbrekt de skriuwster hjir folslein oan kréatyf taelgebrûk. En dat net allinne yn it earste haedstik, mar it hiele boek lit der slim ûnder. Hoe rûch as Ypk fan der Fear mei de tael omsprongen hat biwiist ek it great tal flaters yn de tekst. Ponny (side 9) wurdt skreaun as pony. ‘It kniezjen fan de tsjillen klonk’ (side 11). Kniezjen klinkt net. In nuvere sinskonstruksje op side 12: ‘Jetse wie op 'e dyk sitten gien. Se kaem by him, hy makke in gebeart fan: sit njonken my en praette net mear oer swimmen’. Op side 25 stiet klamtoan ynsté fan klam. Deadenikker op side 28 is in lettergearstalling dy't ik oars net ken as deade nikker. It moat wêze deade-ikker. Se genoat, stiet op pagina 34, mar it moat geniete wêze. In trijetsjillerke op side 47 en 61,
moat skreaun wurde as trijtsjiller, trijtsjil of trijetsjil, mar trijetsjillerke is fortaeld Hollansk. It hoeve op side 60 moat hoege wêze. ‘Safolle hertsear hat er dan fan’, op side 67, mar dan moat der wêze. ‘It wist al’ (side 71) moat wêze Ik wist al.’ In nuver grapke op side 77, dêr't stiet boardefol skrânze. It kin wêze dat se in boardfol skrênze ha, of dat se har oan'e boarde ta fol fretten ha, mar dit kin net. Op side 90 lês ik: ûntdekte ynsté fan ûntdiek. Kaem by har sitten (side 91) moat wêze kaem by har to sitten. Apollonia soe der ris tuskenút moatte. Op side 106, moat wêze: Apollonia soe der better ris tuskenút kinne, of: Apollonia soe der ris tuskenút moatte. Op side 116 in grapke dat yn it Frysk net kin: ‘As is forbarnde turf’. In stilistysk mankemint op side 120: ‘Djoeke, frege se, bistû wolris bang, datst dyn forstân forlieze en dan hwat forkeards dwaen silst?’ Dat silst moat stean etter forlieze. Dan folget pagina 122, dy't ik hjir yn syn gehiel oernim en dy't ik opsnolkje mei myn kursyf kommintaer: Apollonia suchtte. Fan spyt of fan forlichting? Dat moat Ypk fan der Fear útmeitsje. Djoeke seach nei de doar, hy stie yn it kier. Tige wichtich foar in mystyk sfearke. Mar hwer wie Elze en soe se Thea ek hwat dwaen kinne, wie hy net mei de oarsaek fan har ûngelok? Hwa? En hokker ûngelok? Hie se yn it foarige har oare jonkje kwea dien?
Hokker? Wie dat it greate geheim dat forswijd wurde moast? Oer hokker geheim giet it hjir? Apollonia stie stiif nei har to sjen. Nei; hwa? Hwat gyng der yn har om? Hwa is dy har? Hwerom waerd se sa rojael bitelle? Dat moaf Djoeke bliksums goed witte. Dy tutte hat dochs sels sollisitearre? Hwerom hie se neat sein? Hweroer? Tsjin hwa? Hwa is dy se? Wie Jetse sa hommels fuortgien om 't it nou noch koe of allinne om de baes to warskôgjen? Dat is in sin dy't fier op it forhael yngrypt
| |
| |
en moat dêrom as in kloatige regyfout fan de skriuwster oanmurken wurde. Der wie trouwens ek in brief kommen de deis fan to foaren, dêr't er wakker op omstavere hie. Fan hwa kaem dat brief? Foar hwa wie dat brief bistimd? Hwa hat der wakker op om stavere? Noch stie Apollonia nei har to stoarjen. Moat weze: har oan to sjen, of har oan to stoarjen. Se woe sjen litte, dat se net bang wie: ‘Sil ik dy op bêd helpe?’ Hwa is dy se? Hwat like se dochs op Helene, mar dy wie bloun. Dat is flauwekul, se liket der op of se liket der net op. Dêrby grypt dit gegeven wer foarút op it uterst wrakke forhael, dat dêrmei troch gâns foaropsette bidoelings kompositoarysk ek as in plumpudding yn elkoar falt. Hwat tinkst nou eins? frege Apollonia. In domme fraech, dy net mear is as in stoplape, en dy't biwiist dat Ypk fan der Fear in minne dialooch skriuwt. Hwant noch kloatiger der oerhinne: Hoesa? Dû bist bang. As se har oanfleach en EIze kaem net! Dat Elze weibleau, wie in teken, dat it sa'n feart net roun. Hwerom soe se har oanfleane? Hwat bitsjut Elze har weibliuwen yn dit forbân? Hwat soe sa'n feart net rinne? Soe de reis oergean moatte? Hokker reis? Mar dat woe se net, sa hie se it har yn 'e holle set. Hwat? Even gyng der troch har hinne, dat it om harsels wie, mar hoe dan? Dêr moat Ypk fan der Fear in antwurd op formulearje. Bist sterk? frege Apollonia foar de twade kear. As in hynder, is it antwurd fan Djoeke, dy't op side 121 al sein hat dat se sa sterk is as in bear. Mei hokker maniakael frommis ha wy it hjir to krijen? En dy is bang foar sa'n útlibbe babbe as Apollonia? Dat leaut sels Ypk fan der Fear net. Der wurde yn dizze sinleaze letterbrij sechtsjin sinleaze fragen steld,
sûnder dat ien sterfling op ierde der antwurden op formulearjen kin. Miskien misse der dêrom trije fraechtekens. Ik ha der tweintich fragen oan forboun en ek as dy biantwurde binne bliuwt it in foarbyld fan de totale stylleazens dêr't Ypk fan der Fear dit ‘romantsje’ mei yn elkoar slingere hat.
It kueren (side 124) moat wêze: oanslaggen, fratsen of gridzen. ‘It iennige, dat Apollonia noch tsjinyn lei’ (side 126) moat wêze: ‘It iennige dat Apollonia der noch tsjinyn lei.’ De sin: ‘Djoeke hie it triomfantelik gefoel, dat neat mear keare koe, liet Freark mar komme’. (side 127). Moat miskien wêze in itriomfantelik gefoel, mar by my wint de ambivalinsje fan gefoelens it hjir. ‘Se hie der har foar omklaeid’, op side 131 moat wêze: ‘Se hie har der foar omklaeid.’ ‘Us mem riedt to folle yn myn dingen om’, stiet op side 133. Moat wêze: ‘Us mem riert tofolle yn myn dingen om.’ Op deselde side stiet it wurdt doe'tstû, mar doestû is better. In slim ûngelokkige formulearring is: ‘Hie se net altyd tusken hingjen en wjirgjen hongen?’ (side 134) Op side 139 de yn dat forbân net to bifetsjen fraech: ‘Hoe soe dyn eigendom wêze?’. Wolle op side 144 moat wollen wêze. Op side 148 wurdt de kleaune opwoun. Wy wine de wekker altyd op. ‘Yn hûs of yn 'e stallen wie se net’ (side 149) moat wêze: ‘Yn 'e hûs of yn de stallen wie se net.’ Op deselde side stiet: ‘Altyd binne jim de hort op’, moat yn goed Frysk wêze: ‘Altyd binne jim ûnderweis’. It wurd kâldklam, op side 150 moat wêze klamkâld. Geauhonger op side 153 moat wurde geahonger. Op side 154 stiet skreauden, moat wêze skreaunen. Fierder op dizze side:
‘Skras mar troch, Djoeke, boppedat in hynder wie gjin houn.’ Binne twa
| |
| |
sinnen dy't mei in komma forboun wurde ta ien. Losreupt op side 155 moat wêze losreept of losropt. Op deselde side en ek al sinjalearre op side 68: it wurd lijd, as it lit wêze moat. Unnoazel op side 156 moat wêze ûnnoazele. In bernlike formulearring ek op side 156: ‘soene se hjir wol komme doare iens?’. Op side 166 stiet: ‘Hy leunde’, moat wêze leune of line. De reet yn it gordyn, (side 168) moat wêze: de skreef of de naed yn it gordyn. Rûkte op side 170 moat rûkt wêze. Op side 174 wer sa'n wûndere hong-hing-konstruksje: ‘Der hong spanning yn 'e keamer, hwat koe der foar nijs yn 'e loft hingje?’ Fierder op dizze pagina de partikularistyske kreet yn in folslein ûnbigryplike sin: ‘Nei it lêste - of hie er dat net eane-njûre lûd fan de stjerrende, hie er noch hwat bisocht en doe wie er weiwurden. Né, sa koe't net weze.’ God mei witte hwat it wol is, Yn 'e tún op side 177 moat wêze yn it tún. Op deselde side: ‘Hy hie leaver noed foar Thea stean kinnen’, moat wêze: ‘Hy hie better noed foar Thea stean kinnen’. Op side 190 wurdt even in bern forwekt, mar yn goed Frysk wurde se oanset. Yn haedstik 23 stiet fjouwer kear it wurd ljep, dat yn goed Frysk sprong bitsjut, mar Ypk fan der Fear bidoelt lep (spade). Op side 198 wol de skriuwster ús leauwe litte: ‘Jezus, dy't de dea oerwoun
hie’. It binne fansels de Olympyske Spelen net en neffens de Skrift hat er de dea oerwoun. Noch sa'n ynbakt forsin. In minske sin wie in minske libben (side 202). Ik leau dat dat hjoed noch sa is, al hat Ypk wol in omkear yn my toweech brocht.
En noch is de ein der net. It is tofolle om op to neamen hoe faek ynterpunksje forkeard stiet. Der binne in pear kroadfol komma's troch dit wurk hinne struid. In oar tokoart is dat der oanienwei fragen steld wurde yn dit boek, fragen dêr't nea in antwurd op komt. Ik ha troch it hiele boek hinne likernôch 900 fraechtekens sjoen. Dêrby hat de skriuwster ek noch in hantsje fan útroptekensn hwant dêrfan steane der in tûzen yn om de lêzers fral mar op it hert to drukken dat dizze lary fan bitsjutting is. It komt sels foar dat der efter in sin in fraechteken mei twa útroptekens pleatst wurde. Dat moat wize op wanhopigens of schizofreny. Ik ha ek oan it tellen west mei it wurdtsje distânsje. Mar myn statistysk formogen rikte krekt net fier genôch en ik rekke op 'e helte de tel kwyt. Mar likernôch fjirtich kear komt dit freselike wurd foar, dat my optlêst as in flok foar eagen stie. En dan ha ik de setflaters noch net ienris neamd. Mar ek dêryn blinkt dit boek út boppe gâns oaren.
Apollonia wie in hillige, dy't sa likernôch 250 jier nei Kristus libbe en yn Alexandrië forbarnd is. Sy is biskermhillige tsjin pineholle en pinemûle. Ik lês op side 184 dat de Apollonia út dit boek Djoeke ek alris fan 'e pineholle ôfholpen hat. Ik ha der lykwols in stik pinekop oan oerhâlden. Dêrom hoopje ik dat der foar de jongste dei net wer san boek forskine sil.
|
|