| |
| |
| |
Teake Oppewal
In diamantsliper is noch gjin goudsmid
D.A. Tamminga, Frjemdfolk op Barrahiem
Friese Pers, Ljouwert - 1978
Priis: f 27,50
It romandebút fan Douwe Tamminga, ‘Frjemdfolk op Barrahiem’, stelt in resinsint dy't it ûnder de ‘hogge’ nimme wol foar in nuver dilemma: Hokker kritearia moatte der oanlein wurde? Tamminga hat foar syn dichtwurk in neffens my torjochte erkenning foun, dy't sels wider fiemet as de Tsjonger. Dat men soe sizze: Fan sa'n literator mei hwat forwachte wurde as er nei syn 65e noch mei in nij literêr zjônre útein set. Oan de oare kant is it út it boek net alhiel dúdlik hokker pretinsjes oft de skriuwer mei syn jongste wurk hat. As it bidoeld is as in fordivedearjend lêsboek, hat it net folle sin en hifkje it op syn literêre merites. Mar omdat wij it net safier komme litte meije en siz: It moat wol in goed boek wêze, hwant Douwe Tamminga hat it skreaun, sille wy hinnegean en hifkje it neffens it ‘Jeropeeske nivo’, sa't Wadman dat in kear sein hat (sj. ‘De bûter út de tsjerne’, s. 17). Nou, dan fuortdaliks mar sizze hwer't dizze krityk op delkomt: de Roman bliuwt ûnder it nivo dat men fan in literêr wurkstik forwachtsje mei. Trije kardinale stikken komme yn de roman oan krapper ein: De skriuwtrant, it stal jaen fan de romanfigueren en it útwurkjen fan de sintrale thematyk fan it boek.
| |
Styl
Der binne bledsiden dêr't it boek knap skreaun is (bg. it relaes fan pake Stella
| |
| |
oer de opstân tsjin Olennius op himsels bisjoen), mar de tekst tilt op fan in lyts tal ynadekwate stylmiddels dy't alles byinoar it boek technysk biskôge ûnfolweardich meitsje.
a. De gong fan it forhael bliuwt hyltyd stykjen troch it brûken fan it Homearyske wurdtsje ‘sa’ om in episoade gear to fetsjen. Bygelyks: ‘Sa, mei kwinkslach en los kâlt, glied de joun yn de foarnacht oer.’ (35) Ik haw yn it hiele boek in foege 25x dat ‘sa’ telle kind. En hwat by Homearus in karakteristike stylfiguer is, komtjin by Tamminga oan asin hwat knoffelich middel om it iene forhaelstikje oan it oare to lymjen.
b. Helte slimmer noch is it rynsk struijen mei rhetoaryske fragen en útroppen. Dat jowt de yndruk fan ien dy't hiel hurd skreaut om ús it ien en oar dúdlik to meitsjen omdat er bettere middels brek is. As men bg. lêst ‘Hwer foun men greater frede as nou op Barrahiem?’ (35) dan wol de skriuwer jin twinge to antwurdzjen ‘Nearne’. Mar sa licht lit in lêzer him net forrifelje. As de skriuwer it summum oan frede suggerearje wol, dan moat er bisykje dat yn syn forhael byldzjend wer to jaen, mar net de lêzer mei in to ienfâldich middel twinge soks oan to nimmen. Boppedat, oan it niisneamde sitaet geane in pear rigels foarôf dy't dy fredige sfear ymplisyt al skilderje, dat der is hielendal gjin forlet fan in rhetoaryske fraech ta bislút dy't de lêzer de ynhâld fan de eardere rigels nochris ekstra en ientsjuttich útleit. Op guon plannen yn it boek wurdt sels de iene rhetoaryske fraech nei de oare yn in hiele rigen fan fraechsinnen oan inoar reaun (bg. 66-67, of yn sprektael de filippika fan Walthera tsjin de Romeinen, side 47).
Op itselde nivo lizze ek sinnen fan it soarte: ‘Hoe doarst se!’ (173) ensfh.
c. In oar stylmiddel dat de skriuwer neffens my tofolle brûkt binne de neitinkstipkes. En dan net as yn in dialooch de iene persoan de oare yn de rede falt, mar sinnen dy't der sa útsjogge: ‘Hy stjûrde it boat nei de útbiten wâl, dy't deun tsjin it terpke oan lei...’ (123) Wer krijt de lêzer it gefoel dat de skriuwer mei in ienfâldich middel de byldzjende krêft fan de sin forheegje wol, de spanning opskroeve. Mar de útkomst is rjochtoarsom: Omdat it ús allegearre to dúdlik en to eksplisyt makke wurde moat rint alle spanning út sa'n sin wei.
It mienskiplike elemint by de trije opneamde stylmiddels is dat se it forhael ‘overstated’ meitsje, en sa alle suggestiviteit dy't der fan útgean kin deaslane. En wy kinne dat rounom yn it boek weromfine, ek yn figueren en sinskonstrukjes dy't net ûnder ien fan de trije neamde punten falle. En dat is dan it greate biswier dat ik tsjin de skriuwstyl ha.
d. Herhellingen, dêr wit elk dy't lêst en skriuwt fan dat er der mei oppasje moat. Yn it boek wurdt twakear in hiel fragmint herhelle: Fardou oan it dounsjen (34, 110) en Adger dy't der útpykt om Ryklef en Fardou allinne to litten, beide kearen mei de wurden‘Jim rêdde jim wol?’ of sokssahwat (151, 190). Dat de skriuwer himsels in bytsje oan it neibauwen wie hie er ûnder
| |
| |
it skriuwen blykber sels ek yn 'e rekken, hwant yn alletwa de foarbylden lit er de romanfiguer as de sêne foar de twadde kear foarkomt weromtinke oan de earste kear (Fardou 110, Ryklef 190).
In nuvere herhelling stiet ek op side 74: ‘En Walthera? koe Ludwine net neilitte to freegjen’, en in eintsje fierderop ‘En heit? koe Adger net neilitte to freegjen’. Fansels mei in skriuwer delsette hwat er wol, mar as ik soks lês tink ik: Hea, hie er net hwat mear flyt dwaen kind op de foarm?
e. Ta bislút in wurdmannich oer it taelgebrúk. It brûken fan de drege fryske wurden, Tamminga eigen, wurdt hjir funksjoneel omdat it de ‘couleur locale & temporale’ forsterket. By dy wurden fine wy in bytsje werom hwat yn de styl ûntbrekt: In stik lading, omdat de lêzer sagau net wit hwat it wurd nou krekt bitsjut, al fielt er it meastentiids wol sa heal en heal oan út de omtekst. It boek wurdt der dreger troch, mar dat is net slim: Men moat net to biroerd wêze om yn gefal fan need de bibleteek yn to strûzen en rieplachtsje Waling-om. De iennichste fraech dêr't ik mei sitten bliuw is oft it ek mooglik is om yn sok Frysk in hjoeddeiske realistyske roman to skriuwen, of dat it sa sterk oan romantisearring en it forline assosjearet dat soks bij definysje ûnmooglik is. Mar dat is oan Tamminga om to biwizen.
| |
De romanfiguren
Op it omslach stiet dat it boek stuolket op âldheitkundige foarstúdzje èn op fantasij. En it is krekt of kin men der by it lêzen sa mar de dingen út dy't weromgeane op dy âldheitkundige foarstúdzje. Dat binne dy dingen dy't jin it ‘leauwensweardichst’ oanfalle. Bg. de biskriuwing fan in Romeinsk kamp, fan de striid tsjin Olennius, of sokke lytse details as: ‘Twaris jiers, hjerstmis en maitiidsdei, as de lytse hannel fan 'e simmersutelders yn izerwaren en ierdewurk frijwol stil lei, joegen opkeap en ôflevering fan slachtte jimmer har bysûndere drokten, foaral foar him’ (100) of: ‘Stil hie er doe ûnder it hurdsté in stiennen akse bidobbe, it skerp omheech, om de gunst fan de Tongergod to winnen yn riten as dizze.’ (52). Om koart to kriemen: De biskriuwingen fan de materiële dingen om de minsken hinne, fan natuerlike saken as waer en lânskip oant en mei har kulturele produkten.
Mar sagau't it derom giet de minsken sels út to byldzjen, harren ideën en tinzen, fielings en uterlik, en it mear op fantasij oankomt, bliuwt de skriuwer stykjen op in wûnder simpel nivo. Fardou bygelyks. Wy witte allegearre wol dat der hiele moaije famkes fan 17 jier binne, yn 48 n. Kr. grif ek al. Mar as in skriuwer ús dat witte litte wol yn in literêr forantwurde roman, dan moat er dat wol orizjineler en subtiler dwaen as sa't Tamminga it docht. Fardou komt yn it boek nei foaren as in soarte fan ‘Goudelske’ út famkesboeken. Hwa't de plakken dêr't har uterlijk yn biskreaun wurdt mei inoar forgeliket (s. 11, 28, 34, 105, 110) sil útfine, dat op alle plakken hast itselde sein wurdt. De skriuwer hat blykber mar in biheind reservwaer mei romantyske klisjé's ta syn foldwaen om
| |
| |
it famke foar ús del to setten. En mei har 17 winters is se nochal nayf ek: As se op de Villa dounsje moat foar Gargilius giet der yn har om: ‘Hwat woe er? Hwat barde der?’ (111). It liket my wol hwat ûnwierskynlik ta dat sa'n praeviktoriaensk heidensk boerefamke der net better mei op 'e hichte wêze soe hwer't manlju yn it algemien en dronkene soldaten yn it bysûnder yn sokke sitewaesjes ornaris op út binne. De ûnwierskynlikens fan Fardou har naïvens wurdt noch forsterke as wy in stikmannich siden fierder lêze dat har broer Adger wrâldwizer is: ‘Skielk moat se meskien de hoer spylje.’ (117)
As de romanfigueren bij Tamminga prakkesearje of har ûnwis fiele, brûkt er hyltyd wer it middel fan de fraechsin (al of net rhetoarysk) om soks út to byldzjen. It is Adger bg. frjemd om it hert wurden hwannear't er de hiele filippika fan Walthera tsjin de Romeinen oanheard hat. Syn prakkesaesjes dêroer as er weromrint nei hûs ta wurde oanjown troch de iene fraech op de oare to loegjen (49). Of Ripperdboer, neitinkend oer de Romeinen: ‘Hold dat gobberjen op lân en macht by de Súdman dan nea net op? Wie dit ronseljen fan hierlingen net om eigen bloed to sparjen? Hie it offer fan de skatplicht, jierren lang, net to wille genôch west? Wiene de Friezen fan Westereach en Easterech soms in oerwoun folk?’ En de skriuwer rakket dêr sa yn 'e bisnijing fan syn eigen rhetoaryk, dat er it net litte kin en jow noch in andert ek: ‘Né, ommers!’ (25) It giet der net om dat der hielendal gjin (rhetoaryske of net) fraechsinnen brûkt wurde meije, mar as de biskriuwing fan minsken dy't oan it prakkesearjen binne of earne mei ompakke hast allinne mar yn fraechsinnen giet, tsjut dat op it net ûnder de slach hawwen fan de technyk om to biskriuwen hwat der yn minsken om gean kin.
In oar foarbyld fan tokoart oan byldzjend formogen as it om de minsken giet isitwerjaenfan hwat Adger fielt as er mei Ryklef en Nittert by it hunnebêd west hat.‘Goaden.....reuzen. Reuzen....goaden. Unsichtber, en derdochs wêze. Hwat wist men fan har bistean?’ (97) Sa'n passaezje komt by my oer as in stoplape, en dêryn wurdt mear as Adger ûnkunde mei reuzen en goaden it ûnformogen fan de skriuwer dúdlik om oan Adgers ‘religieuze erfaring’ stal to jaen. Boppedat, ik miende altiten dat de Germanen der in hiele rike mythology op neihâldden, dat Adger hat syn fielen grif foarm jown yn konkrete foarstellings.
De romanfigueren komme dus net genôch út de ferve en wurde to romantysk ôfskildere. Dêrom is der ek gjin dramatyk yn it boek to finen, sa't Tiny Mulder yn har bisprek fan it boek opmurk, mei as foarbyld: Gjin inkeld forwyt fan Fardou oan har heit Ripperd, as se weromkomt fan Tjurrit syn villa. En ik kin it net helpe, mar as ik lês oer de leafde tusken Ryklef en Fardou krij ik in smaekfan laswietensyn 'e mûle. En de bloedfreonskip tusken Adgeren Ryklef skynt as iennichtste funksje to hawwen dat Adger Ryklef oan Fardou keppelje moat (bg. 88, 190), wylst de freonskip oars net hifke wurdt en faei komt to stean as yn it gefal dat Adger him der hast oer forpraet (115), hwat tsjin de ôfspraek wie (9). It thema fan de bloedfreonskip, yn it earste headstik sa swier ynsetten, blykt fierderop yn it forhael neat om 'e hakken to hawwen. In lêste
| |
| |
foarbyld fan foar my ûnfortarbere romantyk: Yn in hiele lange sêne is pake Stella oan it wurd oer de opstân tsjin Olennius. De fjouwer jeuchlike harkers om him hinne heine him de wurden út de mûle en falle him fan klearebarre meibilibjen hyltyd yn 'e rede. De sfear dy't de biskriuwing dêrfan opropt lit my tinke oan soks as ‘kleuterklokje klingelt’.
| |
Ynhâld
It sintrale thema fan it boek is de botsing tusken de fryske en de romeinske kultuer. Sa'n thema sitte twa aspekten oan: In histoarysken- en in psychologysken-ien. Histoarysk: Hoe gie dat proses fan dy botsing yn syn wurken en hokker basale krêften en meganismes wurken der neffens de skriuwer ûnder it oerflak fan de dingen fan al den dei? Psychologysk: Hwat diene, tochten en fielden de minsken yn it spanningsfjild fan dy twa botsende kultueren? Hwat it earste aspekt oangiet, dêr hat de skriuwer him goed kwiten fan syn taek. Hwa't standertwurken oer dy tiid trochnoasket (bg. Boeles, ‘Friesland tot de 11e eeuw’ en van Es, ‘De Romeinen in Nederland’) kin útfine dat it byld dat Tamminga fan de tastannen út dy tiid opropt goed forantwurde is. Bygelyks: It lânskip, de waren dy't forhannele waerden, it om en ta gean fan it buorkjen, it feit dat de terpbiwenners yn de Wâlden op jacht giene, Stella jr., dy't de greate Bataveopstân fan 69 '70 n. Kr oankommen sjocht, it nimmenslân oan de Ryn, de opstân tsjin Olennius, it romeinske simmerkamp yn Winsum, en fansels de keapakte út de terp fan Tolsum (Stelus, Riperius en Gargilius binne de wiere histoaryske nammen) En gean sa mar troch. It seit himsels dat er dy hâldfêsten sa nou en dan bysnijd hat neffens eigen bistek: ‘Baduherna’, dat yn it boek op it noardeastlike herntsje fan Westergoa tocht wurdt, eame by Bitgum om, hjitte yn werklikheid ‘Baduhenna’ en wie in bosk, dat dat moat op in oar plak lein ha as dat de skriuwer ús leauwe litte wol, hwant yn it terpelân wiene gjin beammen. Mar soks stiet in skriuwer frij to dwaen, tinkt my. It basispatroan fan de relaesje Friezen-Romeinen sa't dat yn it boek biskreaun wurdt strykt mei it histoarysk-wittenskiplike byld De Friezen ha har rille maklik skikt as satellyt-gebiet ûnder it romeinske biwald,
en krigen yn roal foar kouwehûden biskerming tsjin de Chauken en hannelsforkear dat nije materialen brocht.
Hwat it twadde aspekt fan it thema fan de kultuerbotsing oangiet, de minsken, kinne wy stelle dat der yn it boek fiif ‘typen’ delsetten wurde, dy't allegearre in biskaet plak ynnimme yn it spanningsfjild romeinsk-frysk, en dêr't sa likemôch alle romanfigueren ûnder rubrisearre wurde kinne:
1 | Tjurrit, de romanisearre, fielt him forheven boppe syn lânslju mar mist ek alle oansluting mei harren |
2. | Stella jr., is nijsgjirrich nei hwat der yn de romeinske wrâld to keap is mar komt dan werom (Ek: Fardou). |
| |
| |
3. | Ripperd, de twivelriedige, dy't net wit hokker pozysje as er ynnimme moat (Ek: Ryklef en Adger). |
4. | Tjomma, de ‘realpolitiker’ dy't de Romeinen akseptearet as it net to grou giet - se jowe ommers biskerming en komme mei potguod, izer en weet - en dy't fierders it frysk eigene hoedzje en noedzje wol (Ek: Stella sr.). |
5. | Walthera, dy't om redens fan persoanlike erfaringen in soarte fan ‘ofwizingsfront’ tsjin de Romeinen útmakket (Ek: Sékwah en muoije Folmar). |
Mar it punt is, dat dy typen it hiele boek troch itselde bliuwe, der is gjin foroaring of fordjipping fan ynsjoch, der is gjin wrakseling tusken de pozysjes. In konkreet foarbyld is dit: As Stella jr. weromkomt nimt er û.o. in romeinsk goadebyldtsje mei (histoarysk sjoen is dat hiel wol oannimlik: yn guon terpen binne yndied fan sokke byldtsjes foun). Men soe dan sizze dat sa'n goadebyldtsje wol oanlieding jaen soe ta frysk-eigene twistmûlkerij ûnder de lju oer godstsjinstige kwesjes. Mar né hear, it iennichste dat wy lêze is in apodiktyske útspraek fan Tjomma: Us goaden binne better as dy fan de Romein, hwant sy hawwe ús holpen yn de droechte en by de opstân tsjin Olennius (166). En dêrmei út. Gjin inkeld wjerwurd fan Stella, dy't dochs de macht en de kundigens fan de Romeinen (dat ek fan har goaden) fan binnenút kin. Stella komt werom en hat leard: ‘Hwer wie it better libjen as ûnder eigen folk?’ (184). Dat kin: hy moast de wylde faksen kwytreitsje. Mar it is my krekt of hat er yn 'e groun neat leard en falt er op itselde nivo werom dêr't de oaren ek op sitte: Fryslân boppe! Syn 4 jier bûtenlânerfaring hawwe him gjin grissel relativearring opsmiten fan de eigen kultuer. Dêrom kin Walthera him wer akseptearje (186), omdat er him hiel nuet op 'e nij skikt yn de plige en sede fan de âlde mienskip. Yn feite is der by Walthera dan ek neat foroare. Presys itselde patroan fan foroaring fan ynsjoch as by Stella jr. fine wy by Fardou: de avontûrlike nijsgjirrigens foar de romeinske wrâld slacht om yn wjeraks en in idéalisearjen fan de tastân thús (112). Foarmyn gefoel is dat in foroaring dêr't gjin djipper ynsjoch út woun is. Sa bliuwe de romantysk tekene persoanen ek yn har hâlden en dragen foar de frjemde en de eigen kultuer oer tofolle ‘typen’ en gjin wiere minsken.
Wy kinne dat nochris ekstra fordútse troch dit boek to forgelykjen mei in gelyksoartich forhael fan dy oare frsyke skriuwer (ek al is er dan net frysktalich), ‘Wind en avondrood’ fan Theun de Vries, út 1958. Ek dat forhael spilet op de fryske terpen en ek yn dat forhael stiet in kultuerbotsing sintrael: it forhael spilet sa 800 n. Kr., de krystening fan Fryslân is drok oan 'e gong, oan de iene kant steane de dragers fan de âlde heindenske kultuer en oan de oare kant de oanhingers fan it nije leauwe. De Vries syn boek is likemin psychologysk fyn ynlein en djip útdold, mar it greate forskil mei Tamminga is dat er net romantisearret en dat de romanpersoanen mear wrakselje mei de tiidgeast. Binammen de haedpersoan, Una Wiarda (yn sosjale pozysje en polityke fizy to forgelykjen mei Tjomma Twafinger), wint úteinliks it ynsjoch, dat it kristendom op 't lêst net to kearen wêze sil as de minsken wòl apelbeamkes, krûden en goede tsjinsten fan de kristen presters oannimme. Tjomma Twafinger prakkesearet der überhaupt net oer, oft de
| |
| |
pozysje fan: Wol romeinsk izer en weet, mar gjin romeinske kultuer, oft dy pozysje wol hâldber is. Una Wiarda komt oan de ein fan it boek út op it stânpunt fan Walthera: Alles fan de kristenen ôfwize. Mar dan is it al to let, Fryslân giet foar Wodan forlern, en bliuwt der foar har neat oer as fuort to gean nei it lân fan de Wytsingen ta, dêr't noch wol wodansbern wenje. Sa forarbeidet se de kultuerbotsing, in nivo dêr't Tamminga's romanfigueren net oan ta komme.
Dat de Vries ek perfoarst net romantisearret mei bliken dwaen út in sin as ‘zijn vrouw baarde hem ieder jaar een kind, als een gezonde koe die kalf werpt na kalf’, in sin mei in sfear-lading dy't út noch yn net by Tamminga pasje soe, mar dy't foar myn gefoel krekt wol de tinkwrâld fan dy âlde Friezen bitrouber opropt.
Yn de kearn sit it swakke punt yn Tamminga's boek neffens my hjiryn: Oan de iene kant docht de skriuwer alle war ús in leauwensweardich byld foar to tsjoenen oer hoe't de âlde Friezen libben ha (it histoaryske aspekt), en dat slagget him ek aerdich. Mar oan de oare kant makket er dat ûnmooglik troch in to ienfâldige, statyske en romantisearre en dêrom net- leauwensweardige skildering fan dy eigenste âlde Friezen to jaen (it psychologyske aspekt).
Oars sein: Ik wol bêst fan Tamminga oannimme dat dy fiere foarfaer fan mij bg. sa buorke en sa wenne hat as dat hy fortelt, mar ik kin net oannimme dat er sa field en tocht hat as dat de skriuwer my leauwe litte wol.
| |
Pluspunten
Hou nou? Moat it boek dan mar yn 'e âldpapiermole? Dat soe skande wêze, hwant it hat syn kwaliteiten, dy't ik al yn it foarôfgeande neamd ha:
1. | It is in goed lêsboek, dat ús in soad fertelt oer hoe't ús foarâlden doetiids libben, stof dy't yn romanfoarm makliker tagonklik is as yn de wittenskiplike standertwurken |
2. | Foar minsken dy't der niget oan ha (en dêr rekkenje ik mysels ek ûnder) is it barokke taelgebrûk in apart geniet by it lêzen fan it boek. |
3. | Bibliofyl sjoen hie it ek minder kind: Neffens hwat wy wend binne fan de Friese Pers is it tal printflaters lyts en de typografy sjocht der kreas út, û.o. mei twa kaertsjes op de kaften (dêr't spitigernôch de skael op mist). |
| |
Konklùzje
Ik haw bisocht mei arguminten sjen to litten, dat Tamminga's debút net foldocht oan de easken fan in literêr forantwurde histoaryske roman. Hwat der oerbliuwt is in goed lêsbere ‘folksroman’ mei in apart karakter, net mear, net minder.
|
|