Trotwaer. Jaargang 11(1979)– [tijdschrift] Trotwaer– Auteursrechtelijk beschermd Vorige Volgende [pagina 154] [p. 154] Herman Heida Bygelyks as in frou weromkomt op it âlde plak. de beam, it waarme mos, en dêrtusken foel de apel. it skeinde klokhûs amper bedobbe ûnder fêste grûn. leaf famke boartet wer, mar sa grien dat it net mear laitsje kin. it is de hûn yn 'e fierte dy't oangiet as in wyld, syn blauwe eagen, it skûm om'e tosken. it is tefolle [pagina 155] [p. 155] Korrespondinsje yn it tsjustere hûs wurdt gjin brief, net ien kaart oer de kop sjoen. hja lêst, folget myn rigels, hieltyd wer, as in kat har eigen sturt. it lit har net samar los. har brieven binne lang, mar sa leech, altyd in antwurd, en neat gjin nijs. hja rekkent har in âldfaam, dat hja benefterbliuwt, alteast sûnder my. [pagina 156] [p. 156] Haven de stêd harket mûsstil oan it sâlte wetter, wachtet op in skipfol fracht. túch waakst oer de kaai, âld hout skommelt tusken âlde weagen, mar bûtenút driuwt reek! wyld fjoer fan fierrens; it skip, dat suchtsjend nei de havenskoat, ferdwaalt yn grize nacht. o Yn it foarige nûmer is dit fers net goed ôfprinte. Dêrom dat wy it jitris opnommen hawwe. Vorige Volgende