Trotwaer. Jaargang 11(1979)– [tijdschrift] Trotwaer– Auteursrechtelijk beschermd Vorige Volgende [pagina 153] [p. 153] Geart van der Meer Drinkeldeade yn sparkelweevjend ljocht sweevjend sylt er troch loften wyt en blau in twirke struide tûzend stjerkes doe wie blak en strak it wetter wer en wettetplanten en omkearde griene wâllen forfetten gau har reis yn wyt en blau en wolkestaesjes dreamden djipper noch as grounen fan fierten dy't hja dochs nea founen en boaijems heger as de sinne lieten har fortokje om ek earne hinne in wytstirns doek omheech fanút de wolken en fordwoun yn flechtsjende wetterkolken mar spatte ronfelich midstwa wer - foel de loft wer yn en gong op syk wer nel syn eigen skyn hij, ien, ûndielber, winkeskou, libbet yn in ivich nou Vorige Volgende