Trotwaer. Jaargang 11
(1979)– [tijdschrift] Trotwaer– Auteursrechtelijk beschermd
[pagina 164]
| |||||||||||||
Tr. Riemersma
|
1) | Ferlet. Immen hat eane ferlet fon. |
2) | Bod mai betingst, Ruiloanbod. De tsjinspylder dógt un oanbod mai betingst of de helt dógt sels un ruiloanbod. |
3) | Oerienkómst. Helt en tsjinspylder slútte un oerienkómst. |
4) | Jefte. De helt kryt fon de tsjinspylder vert un ferlet fon hji.
Konsekwinsje. De helt ûnderfynt de gefólgen fon de oerienkómst. (Hij merkt bijfwarbeeld dot ur syn skôd kwyt is, of hij vurt tróch de tsjinspylder mwanne óm de ôspraak nai te kommen). |
6) | Flechtkôns. De helt besyket frij te kommen fon de oerienkómst of óm de gefólgen durfon te óntgean. (Dus'se funksje hat ferskillende ‘ûndertypen’: ut ken vêze dot de helt un ópdracht útfiere mat, steld tróch de riedjauer of de tsjinspylder, dot de tsjinspylder - bij vize fon areghyd - óp him nimt óm un taak dyt de helt stelt út te fieren, dot de helt - de tsjinspylder durynlúzzet, of dot de helt de tsjinspylder durfon oertsjûûgje ken dot ur him oan de letter (mar net de geast) fon de oerienkómst hauden hat). |
7) | Ontsnapping. De helt bestjit de prûf - de ferskillende typen binne de vjergeaën fon dy fon funksje 6. |
8) | Rêding. De tsjinspylder lit de helt mai rêst en jaut him ô. |
Dot mij no ek yn RL noch ferhalen fon dut type ópfôlen binne, dyt ik destiids oer de kop sjoen ha, is grif ut gefólg fon ut fait dot mun leare mat óm te apstrajerjen fon ut oerflak fon ferhalen - mun dwar yn ut begin net ol te fólle distônsje te nimmen fon de kónkrete ferskyningsfwarrem. Meskyn mai mun dêroan de konklúzje ferbyne dot ut ús óp un doer ek mooglek vêze sil óm ut ópvizen fon de struktuer fon oare os fólksferhalen te learen, os vij ut mar besykje en dur óp ôjage raitsje. Vot de struktuer fon de ‘kóntrakt mai de kweade’-sêge betreft, jaue de bóndels fon Poortinga safólle stof, dot ut duróp lyket, dot de moogleke fwarremfaryaasjes belain binne, en dot nije ferhalen neat essinsjeels bijbringe sille. Ik hoopje dêróm, os ik ut eane kwyt ken, oer dy sêge-struktuer un viidvaideger artykel te públysjerjen.
De ferlossingssêge
Os oanrin ta de beskrjowing fon un oare sêgestruktuer, dyt ik mien óntdutsen te havven, is ut gaadlek óm de twadde helte fon de ‘kóntrakt mai de kweade’ - sêge nochrus yn ómtinken te bringen. Naidot ut kóntrakt sletten is en de kweade tsjinspylder syn ferplichtingen naikómmen is, kómt fwar de helt fon ut ferhaal de driigjende kónsekwinsje. Hij óntkómt oan dy driging troch bijgelyks un ópdracht út te fieren:
5) | kónsekwinsje: dúvel easket de siel fon de helt |
6) | ópdracht: helt mat nai tsjerke gean en bidde |
7) | ópdracht fólbrocht: helt gjit nai tsjerke en bid |
8) | rêding: dúvel jaut belies |
Dusse struktuer ken ek ollineg, dot vól seze sónder de funksjes 1 o/m 4, un ferhaal drage, lykos bijfwarbeeld blyken dogt út inkele vjervólfferhalen (FS126, FS128, FS129, FS134) en diereteltsjes (RL239, RL259, RL260, RL262). Ut fait dot yn dy ferhalen de helt gin oerienkómst mai de kweade sletten hat, of óp un oare menier skuldeg is oan aigen ómstondegheden, betsjut dot ut gefaar vêrt ur oan bleatsteld is, net os kónsekwinsje ópfotte vurre ken; jir mat un funksje driging of oerlêsf oannómmen vurre. De struktuer is don:
a) | driging, oerlêst |
b) | ópdracht |
c) | ópdracht fólbrócht |
d) | driging, oerlêst ópheft |
Ut pear b-c is yn de bóppeneamde diereteltsjes út RL ynfólle net mai ópdracht fólbrocht', mar mai ‘durynlúzjen-duryntraapjen’, dot vol seze, de helt rekket tróch un ferliedingsmanoeuvre frij.
Fergelykje vij no De vyte kastlainske (HD132) mai un ferhaal fon ut type a) o/m d), en óm oerienkómst en ferskil sa dúdlek mooglek útkómme te litten, un spûûkferhaal mai dy struktuer, bijfwarbeeld Ut trije viif (FS98), don lyket óp ut easte gesicht De vyte kastlainske deselde a-d-struktuer te havven:
a) | driging, oerlêst: dur is un ferfelend spûûk (FS98; HD132) |
b) | ópdracht: stien ferleze (FS98); spûûk ferjeffenis skinke (HD132) |
c) | ópdracht fólbrocht: helt ferlait stien (FS98); helt ferjaut (HD132) |
d) | driging, oerlêst ópheft: spûûk kómt net ver (FS98; HD132) |
Mar bij naier ynsjen dógt mun De vyte kastlainske gevelt oan, os mun dut ferhaal oer ut a-d-skema hinne spont. Fwast vurt de oarsaak fon tastôn (a) vailitten; ut spûûk spûket net ‘samar’, mar ómreden fon un jeddere begiene misdied. Dur mat dêróm un funksje misdied (os fwarriedege oantsjutting) oannómmen vurre. Ut spûûkjen ken don ek net mear olinneg mar ópfotte vurre os driging of oerlêst, mar is - teminsten fon ut spûûk út sjoen - un bijferskiinsel fon de straf dyt ur ûndergean mat. Twad is ut yn faite net sa, dot de persoan un ópdracht kryt tróch ut útfieren vêrfont hij fon ut lêstege spûûk ferlost vurt - dejinge dyt ferlost vurre mat en vól, is ut spûûk, dot ôhinklek is fon un minske dyt him helpe vól, en dyt, óm ut ómtinken fon moogleke helpers te lukken, omspûket. Tred kenne vij, yn ut ljocht fon ut fwargeande, spûûk en libbene persoan net ópfotsje os ‘kweade tsjinspylder’ en ‘helt’, mar vij matte fon ut spûûk os helt útgean - ut is essinsjeel de skiednis fon misdied - straf - forlossing - fersoening dyt un beskate persoan vjerfart; de fyguer dyt de helt syn ferlossing bevurket, mat út ut perspektyf fon de helt os helper oanmurken vurre. De tsjinspylder vurt net neamd; mun soe seze kenne, dot is ‘de gerjóchteghyd’ sat ut fólk dy, olteast yn dut ferhaal, oannimt.
Ut lyket ut bêste óm bij de beskrjowing fon de struktuer fon dusse sêge fon un dûbbeld perspektyf út te gean, dot fon de helt en dot fon de helper:
De pylkjes jaue de rin fon de honling oan. De funksjes 5. en 8. binne ‘ónaigentleke funksjes’; se drojwe nammentlek de honling net fjidder, mar ut binne simptomen fon beskate funksjes, sat dy har mannyfestjerje yn ut perspektyf fon de helt. Ut ómvaarjen fon un spûûk is un bijferskiinsel fon de funksje straf, en voneart dur un ain kómt oan dot ómvaarjen, ken de kónklúzje lutsen vurre dot de misdied soend is. Ut sil blyken dwan dot de funksje 8. by gwón ferhalen óntbrekt.
De ferhalen stik fwar stik
Besjugge vij nochrus De vyte kastlainske (HD132) mai ut êg benammen óp de fyguer fon de helper, don dógt blyken dot de persoan dyt dy rol spylet, him net os sadaneg fielt of prissentjerret. De jóngkeardel dyt letter ut kastlainske ferlost, tinkt net bij himsels: dur is grif vot te rêden mai dot ómspûûkjende frommes, faaks ken ik har helpe, nee hij bloot de nachts yn de krûgsitten óm sjen te litten dot ur net bang is. Jest os de helt un berop óp him dógt, nimt ur de helpersrol óp him. De helt bepraat de fwarskiednis mai de oansteande helper, en hij jaut eksplysyt de moogleke ferlossing oan: ferjeffenis fon de bedreone misdied.
De helper yn Halve Jan en de trije spûken (HD104) is lyksa un persoan dyt óm te toanen dot ur net bang is, nachts vekket en de spuken ôharket. Ut ut sezen fon de spûken, os se har jild telle: ‘Dur mist nóit vot, spyteg!’, makket ur óp dot de spûken dur net sa viis mai binne dat olle jild dur noch is, mar vot dêr achter sitte ken, vit ur net. De helper hellet ut jild, os de spûken har ver ôjûn havve, út ut gehaime fekje. Voneart de helper de oare nachts ver óp beskûl krûpt, dógt blyken dot de spûken der tige viis mai binne dot ut jild fwót is. Se seze: ‘No kenne vij rêst fyne, noot immen ut jild nómmen hat, dot ut ver nut dwan ken’. De spûken ferdwyne don fwargoed. Os dur letter un bónkerak fûn vurt yn dy oarde, vurt ónjerre dot dy trije spûken bij har libben ien fermwadde hjinnen.
Yn Hû komme se doch oan dot ferhaal (HD133) freget un bentsje de skipper óm him klean te jan en óm him te doppen. Oas, fertelt ur, mai ur de hymel net yn; syn pake hat him fwót bij de bette ferdrónken. De skipper fóldógt oan dot fersyk. Funksje 5., immen lûkt tróch spûûkjen ómtinken, óntbrekt - sadwande is ut needsaaklek dot ut spûûk dyrekt un apèl dógt óp de helper.
De frau dyt gin rêst yn ut grêf fyne koe (FS75) fertelt ut ferhaal fon un frau dyt hookstrooks kómt te ferstrjerren en gin gelegenhyd kryt om har saken ô te hondeljen. Voneart de tróch har spûûkjen ópskrikte femylje freget vot dur te rêden is, freget ut spûûk óm dit en dot noch te plak te bringen en fwarenwar te maitsjen. Voneart dy ópdracht útfierd is, kómt ut spûûk net ver.
De oansteande helper yn Ut liet fon de vyke (RL16) is tagelyk dejinge dyt de misdied bedrjoot. De ferskyning fon de mem fon ut óndoopte bên en spyt óm vot ur ut bên ónthauden hat, drjowe him nai ut plak vêrt ut bên en syn maten spûûkje. De spûûkjes fertelle de helper hût se ferlost vurre kenne, sónder lykvóls te fervachtsjen dot de mon har vier helpe ken. Doch slagget dot de helper. De spûûkjes ferdwyne don, mar se beljenje de helper east noch riinsk.
Dut ferhaal hat noch un útvraiding fon de struktuer:
A dógt vot goeds B dógt A nai om beljenne te vurren A vurt beljenne B vurt straft un struktuer dyt bijfwarbeeld te fynen is yn Ut easte dêrt jo mai begjinne (RL70) en yn De swirste ier (FS6), de bekende skiednis fon ut freonleke en ut ónfreanleke fanke. Yn RL 16 ken mun dus twa struktueren kónstatjerje, dyt oanenwar keppele binne. (FS6 hat un yngevikkelde struktuer, maidot dy un gearranen fon twa struktueren sjen lit).
Un typysk ferhaal is Ut testament (RL 12); jir is de helt nammentlek un libben minske, en de helper un spûûkjend, dus dea, minske. Fwar de dúdlekhyd set ik olle funksjes even út
Ek san ferhaal mai un spûûkjende helper is De kreamfrau dyt verómkaam (HD130). De misdied is jirre ut fervaarloazgjen fon ut bên, en de straf mat vêze dot ut bên net dijt. Ut bên mat ret vurre, mar de vinsk dêrta ken net troch ut bên sels úttere vurre. Ut is de (deade) mem dyt un ferlossingsplon útbret en réalysjerret. Lykos yn ut fwargeande ferhaal, rint de askje net fon funksje 3. nai funksje 6., mar fon 5 nai 6 Funksje 8., jir ut ta rêst kómmen fon de mem, vurt net ûnder vudden brocht.
Don binne dur noch un stik of sôn ferhalen vêrt de neamde struktuer minder dúdlek yn veróm te fynen is; net olle funksjes binne nammentlek oltyten oanjûn en de relaasjes tusken de funksjes binne sóms vot ôvykend.
Yn ut ferhaal De slange yn de mage (RL43) sil de misdied bestean út ut betsjoenen fon de faint en de straf út ut betsjoend vêzen, d.v.s. ut fait dot de faint slang vurt De faint is tróch syn faam frege om un braidsbûket út ‘ut Betsjoende Got’ te heljen, en voneart ur oan dy vinsk fóldwan vól, snapt de tsjoender him. De faam is dus un (ónfrijvillege) helper fon de kweade tsjinspylder, en mun soe ut fersyk oan har faint beskôgje kenne os un funksje ‘durynlúzjen’ en de réaksje fon de faint os de funksje ‘duryntraapjen’, funksjes dyt út de mearkeynlieding bekend binne, mar ek yn sêgen fwarkómme (sjug de jirboppe neamde ferhalen RL239, RL259, RL260, RL262). De funksje fon ut ómtinken lûkken kryt ynhôd tróchdot de faint yn ût stôl fon de slang nai syn
faam gjit óm har fon de betsjoening op de hichte te stellen. Ut bwadskip, dot de tsjoender de faam havve vól, lyket óp un mearkefunksje ‘kweade tsjinspylder easket faam ta braid’, mar yn dusse sêge ken ik de eask fon de tsjoender min os funksje teplak bringe; ik lit dot aspekt dêróm bwótten beskôging. De slang-faint jaut gin menier oan vêrt ur óp ferlost vurre ken; ut plon ta ferlossing gjit fon de faam út - ek jir rint de honling dus ver fon funksje 5. nai funksje 6. De ferlossing hat pleats fya un nochol yngevikkelde ferliedingsmanoeuvre, vêrtrócht de faam de tsjoender yn de macht kryt. De beljenning fon de helper, funksje 8., mat vêze dot de faam har faint verómkryt. Skematysk:
Ut sônmontsje (RL45) hat lykos ut fwargeande ferhaal un kweade tsjinspylder dyt tsjoene ken. De misdied fon de koaning is ut betsjoenen fon de mem fon syn bên. De straf is ut net dije kennen fon ut bên. Ut skriemen vot ut bên oan ien tried vai dógt, rópt ut ómtinken fon de koaning óp. Dy riedplachtet de kweageasten vêrt ur ómgóng mai hat en hij kryt de ried óm de help fon ut sônmontsje yn te róppen. Ut sônmontsje kómt tenai jûûns om ut bên yn de sliep te bringen. Dot lyket noch gin funksje te vêzen. Dot is ol, kómt mij foar, de vinsk fon de koaning dot ut sônmontsje fwargoed un ain makket oan ut skriemen en ut fervytend sjen fon ut bên. Ut sônmontsje fóldógt oan dy vinsk tróch de koaning blyn te maitsjen, dyt don fon de toer stróffelt en him dea fôlt. De ferlossingsmooglekhyd vurt net oanrikt tróch dejinge dyt ferlost vurre mat, ut bên; ek ken mun net seze dot de koaning ut ferlossingsplon útbret, of dot ut sônmontsje dot dógt. Ut sônmontsje stràft de koaning, mar net, olteast dot dógt net blyken, mai de bedoeling óm ut bên te ferlossen - dur vurt ek neane suggerjerre dot ut sônmontsje vit hût de fwarke yn de stôl sit. Hij lit him tróch de koaning brûkke oant ut him te grau vurt. De aigentleke helpersfyguer, dyt réagjerret óp ut apèl fon ut bên, is de koaning sels. Hij is un helper tsjin vil en tank, ken mun seze, vont hij helpt ut bên tsjin himsels. Dot mai frjemd lykje, mar ut is ek út mearkes bekend dot de helpersfyguer de helt fijonneg tsjinoer
stean ken (fergelykje De sterke prinses (RL11)), en ek dot de kweade tsjinspylder dejinge vêze ken dyt de helt de vrôd ynstjoert (fergelykje De prinses dyt harsels in bên vinske (RL19)), dot dus ien persoan twa rollen spylet.
Nammes, yn De slange yn de mage, jirfwar behondele, spylet de faam de rol fon helper, mar ek dy fon hontlanger fon de kweade tsjinspylder, dyt de faint duryn lúzzet, un rol dyt yn mearkes de kweade tsjinspylder sels, of gwón fon syn sibben of fainten vaarnimme, mar dyt funksjoneel ta ut aksjeberik fon de kweade tsjinspylder jert. Yn Ut liet fon de vyke is de helper de jeddere misdiedeger, dyt spyt fon syn dwan en litten hat. Nai olle gedachten jild fwar dusse sêgen utselde os fwar vóndermearkes, dot de aksje net beoardele vurre mat nai de yntinsje en/of de gesindhyd fon de bedrjower, mar neffens ut belang fon dy aksje fwar de fwótgóng fon de honling.
Omdot de helpersrol vaarnómmen vurt tróch de kweade tsjinspylder, dyt dea rekket, is dur fon un beljenning fon de helper gin sprake, of mun soe ol stelle matte: tróchdot de helper dea is, hat ur gin lêst mear fon ut bên, en oan syn vinsk is dus fóldien - mar dot lyket vot fier socht. De rêding fon ut bên bestjit út ut ónttsjoend vurren fon ut bên syn mem, vot de koaning net vóllen, en ut sônmontsje os helpershelper net fwarsjoen hat. Yn skema:
Ut klaaiende liet (RL56) lit ol ver minder dúdlek de behondele struktuer sjen. Oanvêzeg is de funksje misdied: de prins slagt syn suster dea, mar de funksje straf is net markjerre - dur vurt net sain of suggerjerre dot de prinses gin rêst fynt yn ut grêf. Ek funksje 3, de moogleke ferlossing, óntbrekt. Funksje 5., ut omtinken lûkken, is tige dúdlek oanvêzeg yn de vudden dyt yn de fluitmesyk te hearen binne. De ôde koanegin dyt de fluit bij ainslútten yn honnen kryt, en dyt mun os fwarnaamste spylder fon de helpersrol beskôgje mat, makket gin plon óm har deade dochter óp ien of oare vize te ferlossen. Vot se ol dógt, is ut útbringen fon de moad, en dot óp san menier, dot de misdiedeger syn ónskuld net folhôre ken. Mun soe dot os de sônde funksje ópfotsje kenne. De bestraffing fon de misdiedeger - hij vurt sa kjel dot ur dea delfôlt - soe don os funksje 4. ópfotte vurre kenne; de helt fon ut ferhaal vurt tróch dy bestraffing net ret of ferlost, mar hij vurt vreekt, en dot soe him un sekere fóldwaning jan kenne. Of meskyn ken mun better seze, dot mai dy bestraffing ut rjócht syn rin krygen hat, en de misdied soend is. Funksje 8., de beljenning fon de helper,
óntbrekt - nûvergenôch stjert de helper ek:
Ut spûûkmûntsje bij Vergea (FS137) lyket un soat óp ut jirfwar neamde ferhaal. Ek jir un benaideelde fyguer dyt net óp rêding fon ut aigen libben of sielehail út is, mar dyt tróch beskate tekens de misdiedeger oanviist en vraak freget. Lykos yn RL56 is ut slachtoffer fon de misdied net óp ien of oare vize os geast of spûûk mondéleg oan de tekens dyt ta de óérstjûging - óm un rjóchtsterm út ut ôdfriesk nij libben yn te blazen - fon de misdiedeger liede; ut is of nimme de natoerkrêften ut óp har óm eventúele helpers óp un misdied yndachteg te maitsjen. De helpersrol vurt spyle tróch un kolektyf, vêrt de vurklju dyt ut bónkerak fon ut fermwadde fanke fyne, en dejingen dyt de misdiedege boer ta de dea feroardele, út nai foaren kómme. Mar vinlek is de boer, dyt ópdracht jaut óm ut mûntsje te setten, de belangrykste helpersrolspylder, vont hij bringt de saak oan ut rôljen. Vij havve jir dus utselde ferskiinsel os yn Ut sônmontsje, dot de kweade tsjinspylder tagelyk de helper-bij-óngelók is. Lykos yn dot ferhaal, óntbrekt ek yn Ut spûûkmûntsje bij Vergea funksje 8.
Ut hontsje (RL63) is nochol un rúddymentêr ferhaal; oanvêzeg binne de funksjes 1., 5., 6. en 7
Ot de mwadner straft vurt, fertelt ut ferhaal net, dot funksje 4. is net ak-
sentúerre.
Ut is vier - hier, hier! (RL72) is lykos ut fwargeande un ferhaal oer un dyt har styfbên deadógt. Ut hat deselde funksjes:
Ut róppen út de saad vai fotsje ik, lykos yn ut ferhaal sels dien vurt, óp os un vjerlûûd, nèt os un him óppenjerjen fon ut slachtoffer fon de misdied.
Ik bin sa kôd (FS74) hat olinneg de funksjes 5. o/m 8. Un pópke fertoant him út en tróch oan skippers en rópt don ‘ik bin sa kôd’. De measte skippers réagjerje net, mar don is dus rus un skippersfrau dyt ut bentsje un himdsje jaut. Fon dot stuit ô vurt de ferskyning net ver vaarnómmen. Dut ferhaal hat un soat vai fon Hû kómme se doch oan dot ferhaal, jirbóppe neamd. Mar de útliz fon ut bentsje oer de begiene misdied, syn straf en moogleke ferlossing óntbrekt.
De funksjes
1. Os oantsjutting fon de easte funksje lyket ut vud oertrêding gaadlek, ómdot ut yn olle ferhalen gjit óm ut sóndegjen tsjin ien fon de regels dyt yn de mienskip jilde. Yn gwón gefollen hat dy oertrêding ut karakter fon un fersóm, bijgelyks ut net ôhondeljen fon juns saken (FS75), ut net dopen fon un bên (HD133; RL16; FS74), yn oare gefollen ken de oertrêding sónder mear un misdied neamd vurre, bijfwarbeeld os ut gjit óm betsjoening (RL43; RL45) of moad (HD132; HD104; RL56; FS137; RL63; RL72). Mear of minder misdiedeg binne ut feroarjen fon un testament (RL12) en ut min behondeljen fon bên (HD130).
2. Yn de ferhalen HD132, HD104 en FS75 ûnderfynt de oertrêder sels de gefólgen fon syn vondied of fersóm, hij fynt gin rêst yn ut grêf en mat tróch un helper ferlost vurre; dur ken yn dy gefollen mai rjócht fon ‘straf’ praat vurre. Meastol lykvóls is de helt fon ut ferhaal net sels skuldeg oan ut ûnk dot oer him kómt, hij is ut slachtoffer fon un oar syn oertrêding, dot sadwande is ut vud ‘straf’ minder gaadlek, vont straf is, lyket mij ta, un maatregel dyt tsjin un misdiedeger nómmen vurt. Vot de measte helten yn dusse ferhalen oer kómt, ha se vinlek net fertsjinne; sij matte bliede fwar un oar syn vondieden. Un bettere beneaming fwar de twadde funksje lyket boete, vont eane fwar boetsje mat sóms ek de ónskuldege. Lykos ek út oare ferhalen blyken dógt, bijfwarbeeld út HD110, HD114, FS136, FS140, kenne baide ut slachtoffer en de bedrjower fon de misdied feroardele vurre ta spûûkjen; grif is de aksje belang-
ryker os de skuldfraag. Voneart de misdiedeger sels de helt fon ut ferhaal is, don is dur gin tsjinspylder oanvêzeg, of oassain: dy twa rollen fôle yn ien persoan gear. Is ut slachtoffer de helft fon ut ferhaal, don spylet de misdiedeger de rol fon de kweade tsjinspylder, dyt yn ut belang fon de helt korrysjerre of feroardele vurt.
3. De tredde funskje hôrt de mooglekhyd yn ta ut herstel fon de rjóchtsvwadder, vot him óp un kónkreter flak mannyfestjerje ken os feriossings- of os vraakmooglekhyd. Os oantsjutting fon dusse funksje vurt koazen fwar ut vud fereffening, mai de ynhôd: ut ver yn ut lyk bringen fon de steorde ferhôringen. De ferlossingsmooglekhyd dógt him fwar bij helten-misdiedegers, dyt fwar har aigen vondieden boetsje matte, nammentlek yn de ferhalen HD132, HD104 en FS75, en bij helten-slachtoffers fwar vaat noch un kôns óp ferbettering oanvêzeg is: HD133, RL16, RL12, HD130, RL43, RL45 en meskyn ek FS74. Yn fjauer ferhalen mai un helt-slachtoffer, RL56, FS137, RL63 en RL72, havve de fermwadde persoanen gin dyrekt fwardeel fon ut útbringen fon de moad; ut aksent lait óp ut oanhôren en oardelen fon de misdiedeger. Ek yn oare ferhalen mai un tsjinspylder-misdiedeger vurt dy lêste sóms oardele en berjóchte, lykos yn HD133, RL12, RL43 en RL45, mar yn dy ferhalen is dot bijsaak en lait de klam óp de ferlossing. Ut is ópfôlend dot yn de fjauer ferhalen mai ut aksent óp vraak ien of mear funksjes óntbrekke; mun mai dêrút meskyn de kónklúzje lûkke dot voneart ut vraakelement oerhearskjend vurt en ut ferlossingselement óntbrekt, mun mai un degenerjerre sêge fon dut type te maitsjen hat - yn olle gefollen hat dusse oerveging reden vest óm te kiezen fwar ut vud ‘ferlossing’ yn de tytel fon dut ópstel.
4. De fersoening betsjut fwar de helten-misdiedegers dot se rêst yn ut grêf fyne en net langer os spûûk hûgge óm te spannen. Fwar de óndoopte bén bestjut de fersoening dot se nai de hymel gónne, fwar de betsjoenden dot se ónttsjoend vurre, fwar ut mishondele bên dot ur syn erfskip óntfangt. Fwar un stik of fjauer fermwadde fygueren hôrt de fersoening yn ut vitten dot rjócht syn berin hôn hat en dot se vreekt binne.
5. De easte funksje fon de helper betsjut ut jan fon ómtinken oan un apèl dot de benaideelde, mai ópsetsin of sónder ut te vóllen, óp him dógt. Ut de helper syn stônpunt vai sjoen is ut teken vêrt ur óp réagjerret vot frjemds of vot begeleidingsferskiinsel dêrfon, vurt funksje 5. sinfól; tusken 2. en 5, lait óm sa te sezen de link fon de oare vrôd nai dusse vrôd, dur vurt fon de oare kônt un beróp dien óp de helper. Ek os de helper ut óngevoane barren net os un apèl ferstjit, hondelt ur yn olle gefollen doch adekwaat tróch him iepen te stellen fwar de vinsken fon de helft, of sels tróch tsjin syn aigen belang yn de ferlossing fon de helt te bevurkjen. Ut gjit jir lang net oltyten óm un spûûkferskyning dyt de helper syn niget of bravoere útlokket; ek ut net-krijen fon un grêfstien, ut net-dijen fon un bên, dúdleke tekens os ut vyske dot de fluit heare lit en ut ôsniene bennehontsje, of óndúdlekere tekens os ut ôbanen fon ut mûntsje kenne de funksje beróp ynhód jan.
6. De sekste funksje hat betrekking óp ut oanfuddegjen tróch de helper fon
un taak dyt ur sjugt en dyt ur himsels stelt. Yn inkele gefollen vurt dy taak him tróch de helt sels oanrikt, dyt don útsoate vit óp hókker menier os ur ferlost vurre ken. Dut hat pleats yn HD133 (de helt freget óm klean), HD132 (de helt freget ferjeffenis), FS75 (de helt freget óm eat teplak te bringen). Yn un pear ferhalen vurt de ferlossingsmooglekhyd vól oanjûn, mar dur vurt minder eksplysyt un taak oanrikt, ómdot de helt net vit dot dur un helper harket (HD104), of ómdot de helt net vit ot de helper vól bij machte is óm te helpen (RL16). Yn dusse gefollen vurt dur fon de kréatyvytijt fon de helper net fólle frege, hij hûgt oas net te dwan os de taak út te fieren. Nochol gaurus, dógt blyken, jaut de helt gin fereffeningsmooglekhyd oan, yn un inkel gefol ómdot ur net vit dot him ómkrûmte bijlain is, yn oare gefollen tróchdot ur him net útterje ken, maidot ur te jóng is, of maidot ur net mear os ‘geast’ of ‘spûûk’ oanvêzeg is. Voneart don de vize vêrópt de helt ut ómtinken fon de helper freget tagelyk ut hû en vot fon de misdied bekend makket, lykos yn RL43, RL56 en RL63, don hat de helper ut noch rilletyf maklek; hij mat un oanpost fereffeningsplon útbriere. Jaut de helt noch de fereffeningsmooglekhyd, noch ut aad fon de oertrêding oan, don mat de helper sels east útsykje hût de fwarke yn de stôle sit, lykos yn RL12, yn hókker ferhaal de ôdboer naigjit hût ut kómt dot syn iene arbeider boer vurren is en de oare arbaider bleon is, en os yn HD130, vêrt de mem yn útsyket vot har bên skeelt. De helt en de helper fólje enwar dus oan; bij un aktyve helt jert un pasyve helper, en oasóm. Voneart de kweade tsjinspylder de helpersrol óp him nimt, vurt ur bijstien tróch tredden, dyt min of mear óp goed gelók de ferlossing fon de helt en de bestraffing fon de tsjinspylder bevurkje.
7. De sônde funksje ken oantsjut vurre os de útfiering fon de taak dyt de helper óp him nómmen hat, ol of net óp fersyk fon de helt. De helper slagget duryn óm de helt te befrijen en/of óm de tsjinspylder feroardele te krijen.
8. De lêste funksje soe de beljenning neamd vurre kenne, ol is dot vud mooglek vot te swier. Yn HD133, FS75 en FS74 bestjit de beljenning olinneg dêrút, dot de helper net langer lêst hat fon ut spûûk. Yn HD130 vurt de mem yn ut grêf net langer steort tróch ut gûlende bên. Yn HD132 en HD104 kómt dêr noch oerhinne dot de helper fynonsjeel better vurt fon syn helpersaktyvytijten; yn RL16 hat de helper fynonsjele en lichamelek vinst. Yn RL12 kryt de helper os beljenning un grêfstien, en yn RL43 kryt de helper har faint veróm. Voneart de helper tagelyk de kweade tsjinspylder is, is dur fon un beljenning gin sprake, en ek yn inkele oare ferhalen óntbrekt dusse funksje.
De akteors
Dur binne bij de ferlossingssêge trije akteors te ûnderskieden: de helt, de helper en de tsjinspylder. Helt en tsjinspylder kenne tróch ien persoan spyle vurre, voneart de helt sels slachtoffer vurt fon syn misdied. Ek kenne de helpersrol en de tsjinspyldersrol yn ien persoan gearfôle, mar don binne, útsain yn RL16, ûnderskikte helpers oanvêzeg, dyt de helper-tsjinspylder syn bestraffing bevurkje. Dur binne yn ut matryaal gin fwarbeelden oanvêzeg fon
ut gearfôlen yn ien persoan fon de helterol en de helpersrol, en dot lyket net tafolleg te vêzen - voneart de helt himsels helpe koe, soe dur gin kónflikt of dusvwadder vêze, bijgefólg gin yntrige.
Lykos ut mooglek is dot ien persoan mear rollen spylet, is ut ek mooglek dot mear persoanen ien rol besette. Bijfwarbeeld is dot un gefol yn HD104, vêrt trije persoanen de helterol yn spylje, en yn HD133 mai twa persoanen dyt os helper fungjerje. Ferhalen mai twa tsjinspylders binne net oanvêzeg yn ut matryaal, ol un ferhaal mai un hontlanger fon de tsjinspylder, nammentlek RL43, vylst mun fon FS75 ek ûnderstelle ken dot de tsjinspylder de maivurking fon syn dochter hat.
Fwótsette annelize en fergelyk mai oare struktueren
Bij ut oanvizen fon de struktuer fon de ferlossingssêge bin ik útgien fon de struktuer fon de ‘kóntrakt mai de kweade’-sêge, ta de beskrjowing vêrfont ik mij ynspyrjerje litten hji tróch de risseltaten fon Alan Dundes syn ûndersyk fon nwadamearykaanske indyaneferhalenGa naar eindnoot3. Ut lyket sinfól óm de ferlossingssêge ek nochrus rjóchtstreeks te fergelykjen mai gwón indyaneferhalen, ómdot yn baide ut sóndegjen tsjin de regels en ut befêstegjen fon tabû ut tema is.
Ut begin fon de struktuer fon de ferlossingssêge - oertrêding, boete - lyket óp de tróch Dundes beskreone struktuer ‘interdiction-violation-consequence’ vêrt noch un ópsjonele funksje ‘attempted escape’ bij jert. De oerienkómst vurt noch dúdleker os mun, lykos Dundes dógt, de easte funksje, de ‘interdiction’, os ur net mai safólle vudden útdrukt is, ymplysyt achtet. Dot vól seze, de oertrêding: un mon slagt syn faam dea, ûnderstelt ut gebod: do silst net deaslaan. Dy lêste funksje is lykvóls net yn vudden dellain, ómdot sóks oerstolleg is - olle harkers vitte dot mun net mwadzje mai, en fjidder - óm ús oan ut frieske matryaal te hôren - dot mun juns bên dope mat, dot mun juns styfbên goed jert te behondeljen, dot mun gin testamenten yn juns aigen fwardeel feroarje mai, ensfh. Sókke geboaden en ferboaden (funksjoneel kenne dy lykslain vurre, lykos net olinneg bij Dundes, mar ek bij Propp bart) hûgge net eksplysytjerre te vurren, ómdot se harsels seze. Vij soenen dêróm un ymplysyte funksje gebod/ferbod, of kwatsain regel oannimme kenne. De naikómmende funksjes fon Dundes kenne don mai údders óp ien streek set vurre:
(interdiction) - (regel) |
violation -oertrêding |
consequence - boete |
Lykos yn dy fon de indyanen, ken ek yn de frieske fólkslyteratuer dy struktuer fon trije (vêrfon ien ymplysyte) funksjes un kómpleet ferhaal jan, sat bijfwarbeeld blyken dógt út de jir ol jedder neamde sêgen HD110, HD114, FS136 en FS140. Nimme vij os fwarbeeld HD110:
(regel - do silst net deaslaan) |
oertrêding - ôde Heinrich vurt fermwadde |
boete - Heinrich spûket |
Yn dusse fjauer ferhalen skikt de helt him yn syn ómstondegheden, hij dógt gin vryten óm dur feroaring yn te bringen. Dot is òl ut gefol yn de jir behondele ferlossingssêgen, dyt nammentlek sjen litte dot de helt mear of minder aktyf, en minder of mear oanviisd óp de reevillegens fon de helper, besyket óm ferbettering yn syn lot te bringen. Ut ópfôlende yn de ferlossingssêge is, dot dy ferbettering oltyten berikt vurt fya yn helpersfyguer, en dot de óntsnapping oan de boete oltyten fya mear os ien funksje réalysjerre vurt.
Jir lit him un ferskil oanvize mai de nwadamearykaanske indyaneferhalen, vêrt de needsaak óm de ‘attempted escape’ oer mear funksjes út te spjolten, ôvêzeg is. Ut de gearfottingen fon de ferhalen dyt Dundes jout, dógt blyken dot yn gôns gefollen de óntsnapping un inkeldfôdege honling is. Lykvóls, dur binne ek vól fwarbeelden fon ferhalen verbijt un útsplitsen fon de óntsnapping oer mear funksjes yn olle gefollen vól mooglek vest hji. Fergelykje ut naikómmende ferhaal: ‘a little boy is told by his sister not to shoot at a squirrel when it is near the water (Int.). The boy shoots at a squirrel near water (Viol) and when he seeks to retrieve his arrow which had tallen in the water, he is swallowed by a fish (Conseq.). Eventually, the fish is directed to swim to the sister who is fishing. The girl catches the fish, cuts it open, and released her brother (AE)’ (Dundes 1964, 68). Dy ‘attempted escape’ ken oanjûn vurre os:
Ek oare fwarbeelden fon un ‘attempted escape’, lykos ‘The youth's friends are unable to rescue him, but his wife dives down with a shell knife and frees him’ (Dundes 1964, 66), en ‘The protagonist usually escapes through the helpful intervention of friendly animals’ (Dundes 1964, 70) toane oan dot de helpersfyguer en de helpersaktyvytijt bij de nwadamearykaanske indyaneferhalen net óngevoan binne, en dot ut ûnderferdelen fon de ‘attempted escape’ yn mear (détai) funksjes óp un minsten mooglek is.
Vêrt Dundes óp viist, mar mai ut êg óp de ‘attempted escape’ net fjidder útvurket, is dot mun de boete (consequence) ópfotsje ken os un gemis (lack) of os de ópheffing fon un gemis (lack liquidated). Fwar de ferlossingssêge kómt olinneg ut lykstellen fon de boete mai un gemis yn de beneaming; un gemis - fergelykje ek ut mearke - tsjut óp un ónbefredegjende tastôn, vêrt middels un beskate aksje ferbettering yn oanbrocht vurre ken; de ópheffing fon un gemis markjerret dêrfwaroer de ain fon un honlingsrige.
Voneart vij de boete fon de helt ópfotsje os un gemis, dot fya beskate bemiddeljende funksjes ópheft vurt, don beskôgje vij yn faite de óntsnapping fon de helt os un útvraiding of tajekke, os un nij begin, en vij spjolte dus de sêge yn twa patten óp. Vij soenen, oanhekjend bij Dundes, seze kenne: de ‘attempted escape’ is un ópsjonele fwótsetting fon ut ferhaal, dyt bij ut ‘ôde Heinrich-type’ ôvêzeg is, mar oanvêzeg is yn de feriossingssêge. Vij soenen
dut sa yn skema verjan kenne:
De helt ken net sels syn gemis ópheffe, hij is ôhinklek fon de helper dyt fwar him un taak útfiere mat; ut twadde pat fon de sêge ken don skematysk verjûn vurre os:
Voneart de helper un soat mai de helt óp hat, sil ur daleks ree vêze óm te dwan vot de helt fon him freget; ut gemis fon de helt fielt ur yn dot gefol os aigen gemis. Mar os helt en helper enwar frjemd binne, don mat de helt de helper óp ien of oare vize yntresjerje fwar de te oanfuddegjen taak, hij mat durfwar swargje dot de helper dur sels belang bij kryt óm de taak út te fieren. Sat ús matryaal sjen lit, ken de helt de helper óp ferskillende menieren yntresjerje; hij ken de helper mai un reëel gemis ópskypje (tróch him un grêfstien te ómthôren), hij ken de helper oerlêst beswargje (tróch te spûûkjen of te gûlen), of hij ken óp syn gefoelens spylje (tróch un misdied kenber te maitsjen of te suggerjerjen).
Hûvólt, sat vij yn de ferhalen sjoen havve, de helt de helper net oltyt mai ópsetsin lestig fôlt, en dur dus fon ut fwarópsette doel óm de helper ta aksje oan te setten yn ut olgemeen gin sprake vêze ken, is ut doch oan de oare kônt dúdlek dot de helper him tróch ut dwan en litten fon de helt ta dieden provosjerje lit. Mai oare vudden: ol vól de helt net bevust ut ien of oar berikke, hij lokket doch tróch un beskaat apèl un adekwate réaksje út. Voneart vij de bedoelingen fon de helt dur bwótten litte, mar ús basjerje óp syn aksjes en de útlokke réaksjes, don maie vij lyket mij ta seze dot ut him slagget óm syn gemis óp san menier te útterjen of te prissentjerjen, dot de helper mai un gemis
ópskype vurt. De fólslaine struktuer vurt don:
Fonsels vurt dur óp san menier nochol apstrajerre fon de kónkrete ferskyningsfwarrems fon de ferhalen. Fwardelen fon sók útienplúzjen fon un struktuer binne dot de logyske ferbonnen dúdlek vurre, en dot oerienkómsten en ferskillen mai oare struktueren oan ut oerflak kómme.
Story en plot
Ut skema jirbóppe makket de kausale ferbonnen tusken de ferskillende funksjes dúdlek. Ut is, sees mar, un logyske vwaddering fon de ferskillende aksjes. Dur binne noch twa oare vwadderingen dyt ut ómtinken freegje, nammentlek de histoaryske ópienfólging fon de ferskillende fwarfollen (story), en de ópienfólging fon de faiten yn ut ferhaal sat ut fertelt vurt (plot).
De kronologyske vwadder lit him út ut skema fierhinne ôlêze: nai de oertrêding fólget de boete, nai ut gemis de taak, en nai de taak de útfiering - un omkearde vwadder is ek net mooglek.
Bij de plot kómt un lyts bytsje faryaasje fwar. Meastol fôlt de plot gear mai de story, dot vól seze, ut ferhaal begint mai ut maidelen fon de misdied. De mooglekhyd bestjit lykvóls dot ut ferhaal útainset mei de fyfte funksje, ut ómtinken lûkken tróch de helt fon de helper; de fwarskiednis vurt don, fwarôgeande oan de sechste funskje, os un flachback ynskood. Un inkele kear vurt de misdied oan de ain fon ut ferhaal maideeld, ol bestie dur don jedder vól un fermoeden fon.
- eindnoot1
- Ype Poortinga, De ring fan it ljocht, It fleanend skip, De held en de draek, Bosch en Keuning/De Tille, Baarn/Ljouwert, resp. 1976, 1977, 1978.
- eindnoot2
- Tr. Riemersma, De morfology fon ut mearke, Trotwaer 1976, 220-245.
- eindnoot3
- Alan Dundes, The Morphology of North American Indian Folktales, FFC 195, Helsinki 1964.