| |
| |
| |
Geart van der Meer
Ta in string reaun
Eppie Dam - Strie Oerdwers (en soartgelike forhalen)
Koperative Utjowerij,
Ljouwert - 1978.
Dêr sitte je dan wer mei in boek foar de noas dat je bisprekke moatte, en ornaris wurdt fan in bisprekker forwachte dat er seit, hwat er fan it boek fynt, en hwerom't er it goed of min fynt. Dat hwerom sit mij al jierren dwers, it jowt de reden oan fan it moaifinen, en om de reden fan in estetyske ûnderfining - hwant dêr giet it dochs om - oan to jaen....., nou dat is in hiele toer. De âlde Romeinen wisten al dat it net folle doel hie en tsier oer smaken en kleuren. Ik leau dat wij noch net folle fierder binne as dy âlde Romeinen: witte wij wol werklik de reden hwerom't wij eat moai of net moai fine? Neffens mij nat de psychology dêr noch gjin andert op jown. Wij ha it der al dreech genôch mei om út to dokterjen hwat wij nou moai fine, lit stean dat wij de reden dêrfan
| |
| |
witte. Muzyk is moai omdat it moai is, seit Simon Vestdijk yn syn tige nijsgjirrich boek Het eerste en het laatste; Grondslagen ener praktische muziekesthethiek; Den Haag, 1956 - en gelyk hat er. Vestdijk wol him ynearsten hiel forstandich biheine ta de freach hwat moai foun wurdt, en dat is sa forstandich omdat wij pas tinke kinne oan it hwerom as wij hiel presys fêststeld ha hwat.
Ik moat hjir tinke oan de forneamde struktueranalyses fan Van Hijum en Laverman yn Trotwaer in pear jier tobek. Hja ha fansels yn safier wichtich west dat der ûndersyk dien is mei min-ofto-mear kontrolearbere feiten, it hwat dus. Mar al dy points of view, dy relaesje-patroanen en dy struktueren, wie dat wol echt hwat wij moaifounen? Nim bijgelyks Van Hijum syn operaesje op ‘De Hite Simmer’ fan Riemersma (Trotwaer 1970: 3-4). Van Hijum hat doedestiids fêststeld dat it mei it point of view en sok spul wol aerdich ynoarder wie, technysk dan. Nou, dat is mar moai, tink ik dan, mar dat wie perfoarst net de reden hwerom't ik it boek moai foun, en ek net hwat ik moai foun. Is in boek, of hwat dan ek, allinne moai omdat alles technysk goed kloppet? Né! De technyske kant fan de saek is in bitingst, hwat wy moai fine is hwat oars. It sil bij einsluten dochs wol altiten wer om de ynhâld gean, it téma, of hwat dan ek. In ynhâld dy't ús oansprekt kin mei breklike technyske middels oan ús meidield wurde - en dochs genietsje wij noch! Shylock yn ‘The Merchant of Venice’ wurdt ús oan it bigjin fan it stik skildere neffens it antisemityske byld fan dy dagen: hij is nou just net simpatyk, en oan it ein fan it stik ek net, as hij letterlik sûnder syn poun fleis en syn Jessica fuorthune wurdt, fuorthune lykas men mei Joaden docht. Lykwols, Shakespeare wie dan wol in man fan syn tiid, en dus oant op in hichte antisemyt.... hwat barde der mei him yn it midden fan it stik? Elts wit dat wol dêr komt Shylock ta de forneamde, jin djip yn it moed taestende útbarsting dat Joaden forduld ek minsken binne mei gewoane minsklike gefoelens En wij, wij gûle mei Shylock!
Fout! sille de Van Hijums roppe, en yndie, it is in fout. Shylock is dúdlik bidoeld as de greate smycht fan it blijspul - blijspul! - hij fortsjinnet it op syn donder to krijen Mar dochs sille wij Shakespeare ivich priizje om dy erupsje fan minsklikens, dy technyske flater, dy foute, hwant ynkonsekwinte, karaktertekening, dat treurspul yn it lyts dat de ienheit fan hwat in blijspul is, forneatiget.
Hwat ik mar sizze wol is ditte: technysk mei der hiel hwat mis gean, sa liket it wol, en dochs kin der estetyske ûnderfining pleats ha. Je kinne it ek sa sizze: estetyske ûnderfining is net alhiel ôfhinklik fan technyk, en grif ek noch sa: in flaterloaze technyk liedt net automatysk ta estetyske ûnderfinings, in technysk sûnder wryt of slyt skreaun boek kin je folslein kâld litte. It komt allegearre hjir op del: it hwerom is net alhiel to finen yn it hoe, de mear uterlike kanten fan in kunstwurk. Bigryp mij net forkeard: folsleine ôfwêzichheit fan technyk kin noait ta kunst liede, mar it is gewoan net sa dat de konklúzje dat alles technysk folslein kloppet, bitsjut dat in boek in great literair kunstwurk is. En dêrút folget dan ek dat hwat wij moai fine net allinne it formele, technyske
| |
| |
aspekt is, yn de gongbere bitsjutting fan dy wurden.
It is njonkelytsen heech tiid om ‘Strie Oerdwers’ ûnder it mes to lizzen, en om de fraech to biantwurdzjen oft ik it in moai boek foun, en hwat ik dan sa moai foun. Om to sizzen hwat ik moai foun is it grif it bêste en jow earst yn it koart oan hwer't dit boek mei syn tretjin forhalen oer giet, d.w.s. net de forhaeltsjes as sadanich giet it om, mar om de motiven dêr't al dy forhalen om draeije. Lit ús gewoan ris ien foar ien dy forhalen bijlâns rinne.
1. | STRIE OERDWERS. Motiven: it gefang, hjir eangst foar fêstrustke patroanen en lilkens om dy patroanen, bijg. kontaktloaze relaesje fanke-heit; en tiid, hjir dat hwat ienris takomst wie, ûnforbidlik forline wurdt. |
2. | NEARNE. Motiven: it gefang, hjir de biskriuwing fan it libben as in ivige sirkelgong, oeral itselde, itselde praet, en de winsk dêr út to brekken; en eangst/skuld, hjir eangst foar it deariden fan in lyts famke. |
3. | DE FLECHTLING: motiven it gefang en faeks ek wer eangst, hjir dat in traumatyske ûnderfining yn de jeugd de haedpersoan noait wer loslit, mei as gefolch dat er opsletten is yn achterfolgingseangst. |
4. | IT GEFANG. Motyf: it gefang, hjir itjin skikken yn it boargerlik patroan fan it libben bij in hospita. |
5. | BRâNNETTELS. Motiven: it gefang, hjir dat Polly opsletten sit yn it skuldgefoel oer it troch har foroarsake auto-ûngelok fan har freondin; en skuld, (sj. boppe), in skuld dy't him ek útwreidet ta Wicher, omt hij ek mandélich wurdt oan de ‘moard’ op it lesbyske leafde easkjende invalide kammeraetske. |
6. | WEROMSTUIT. Motyf: it gefang, hjir in sleurhoulik, en langst om út to brekken. |
7. | BIJKE. Motiven. skuld, hjir skuldgefoel om it deariden lyts famke; en gefang, hjir it bisef dat dat skuldgefoel him noait wer loslitte sil, him altyd hjitfolgje sil. |
8. | LEECHTE. Motiven: it gefang, hjir de abslute monotoanens fan it libben as de oarehelte wei is; en de tiid, yn dy monotoanens in mânsk probleem. |
9. | TUPPERJE. Motyf: it gefang, hjir dat der gjin echt kontakt mear is tusken de beide troude lju, hja sitte biwuolle yn fêste réaskje-patroanen; sels yn de dreamde forhâlding mei Rykje rekket de manlike haedpersoan net los fan dy frijheidsbirôvjende programmearre réaksjes. |
10. | SNEON. Motyf: dat is hjir net sa dúdlik; foar it neiste wer it gefang: de pedofyl kin net oars as sa en sa hannelje. |
11. | HOUTEN STêD. Motiven: de tiid, hjir de fraech hwat tiid is, bistiet dy wol foar in âld, fan nimmen observearre man?; en it gefang, hjir it forlet om út it tiidloaze, únobservearre ‘libben’ fan in iensum âld man to brekken yn in stêd dy't him folslein foarbijsjocht. |
| |
| |
12. | HAR FORRIZENIS. Motiven: it gefang, hjir soartgelikense forarbeiding as yn forhael 11; en tiid, hoopfolle takomst wurdt toloarsteld forline. |
13. | BLOED. Motyf: eangst/skuld, hjir de ynbylde dea fan in lyts famke troch in troch haedpersoan foroarsake auto-ûngelok. |
As wij nou sa it hear oersjogge dan is it dúdlik dat dizze forhalebondel bijinoarhouden wurdt troch de reade tried fan trije inoar tige bisibbe motiven, ‘bisibbe’ omdat yn wêzen tiid lykas hjir opfette, en skuld/eangst de wichtichste stiennen binne fan de muorren fan it gefang, dêr't alle persoanen yn dit boek yn libje, of yn torjochte komme..
Dat wie dus in koarte motive-analyse fan de forhalen. Lit mij nou dan is bisykje de fraech to biantwurdzjen hwat ik moai foun, en hokker forhalen ik moaijer foun as oaren. Ik wol dêrom nou deselde forhalen nochris bijlâns rinne, mar dan yn in oare folchoarder: earst it moaiste, dan it op ien nei moaiste ensfh. As dat dien is, is it faeks mooglik it hiele boek to bioardieljen. Ik ha bisocht dy folchoarder suver op it gefoel fêst to stellen.
It forhael dat bij mij boppe-oan stiet is LEECHTE. De twa al neamde motiven kinne je ek sa opfetsje: de tiid, d.w.s. de ôfwêzigens fan taestbere tiid, is it gefang. Hwat foun ik hjir moai: de wize hwerop't it probleem fan de ôfwêzige tiid hjir delsetten is, der is yn wêzen gjin tiid mear sûnt Foek dea is, en de headpersoan praet allinne mar mear tsjin (net mei) himsels. It forhael is folslein torjochte net yn de ‘ik’-foarm, mar de haedpersoan sprekt himsels oan mei ‘dou’. Dat docht it bij mij goed. It is in teken, om samar to sizzen, fan de folsleine iensumens hjir; ‘dou’ kin net mear tsjin Foek sein wurde, ‘dou’ en ‘ik’ binne ien persoan wurden, werklik kontakt is weifallen, oerbleaun is yndie leechte.
Ek it hinne-en-wer fytsen allegeduerigen nei de skiep past hjir neffens mij goed, it hat hwat fan in ivige herhelling, en is dus gjin echte biweging. Ek de thúskomst fan de reizen nei de skiep is altyd itselde, wurdt ek suver yn deselde wurden in stik-twa trije kear biskreaun. De iene kears is it fiif foar healwei tolven as er thúskomt, de oare kears fiif nei. Mar hwat let it? De ‘tiid’ fan in wekker is allinne mar in biskate stân fan de wizers, is gjin echte tiid.
Der binne noch mear dingen. De minsken sizze fan ‘Foek is ek dea’, dat is ‘krekt oft der noch ien dea wie’: ja, is de haedpersoan sels ek al net in bytsje dea? It spoar dat syn fytstsjillen bij 't winter lûke nêst it spoar fan de hinnereis is in prachtige fynst, hwant it is krekt it spoar fan twa minsken dy't hjir nêstinoar fytst ha Oangripend! Der soe noch wol mear to neamen wêze. Alles wurket mei de yndruk fan stilstân, leechte, to forsterkjen, en dat yn seis-en-in-heale side De lêste sin ‘ik bin hjoed wer net al to al to’ is ek prachtich,
| |
| |
útsprutsen as er wurdt nei it tinken oan selsmoard. It ‘ik’ hjir is ek sa bitter, hwant it wurdt sein troch ‘dou’.
It forhael dat as twadde op myn listke stiet is BRâNNETTELS. Hwat ik moai foun wie de manier hwerop't skuld en gefang yn it forhael ek skuld en gefang wurde fan Wicher, net mear fan Polly allinne. Wicher is net skuldich oan it ûngelok dat Polly houden hat mei har freondin, hij wurdt al mei mandélich oan de ‘moard’ op de freondin troch Polly. It iene - de forealens - sleept al it oare mei. De oarspronklike skuld fan Polly wreidet as in inketplak. It giet as mei brânnettels: in tafallige oanrakking makket dat je hûd jokket en oantaest wurdt. De ‘brânnettels’ binne dúdlik bidoeld as in soarte simboal, dochs fyn ik se der in bytsje fan bûten bijsleept, hja binne tofolle allinne simboal, en spylje gjin werklike rolle yn it forhael sels. Dat is oars mei ‘leechte’, dêr't alles syn plak hat en dêrnêst noch simboalysk wêze kin.
Nûmer trije op myn list is HAR FORRIZENIS. Hwat ik hjir moai fyn is de biskriuwing fan de forneatigjende wurking fan tiids tosk: takomst wurdt hjoed en dan toloarsteld forline; hwa't earder in wichtige rol spile wurdt nou net mear achtslein. Dat téma wurdt goed konkretisearre yn de har tokoart - hwant net mear heechachte - dien fielende Mefrou Vereecken, en de troch har mei wearze observearre diner-itende skeamele - yn har eagen - oerbliuwsels fan de ienris mei jeugdich fjûr lôgjende Biweging. Hja stumet, en as in stúmjend bern siket hja om in bernachtige triomf. Dy triomf dy komt: yn de foarm fan in oprop tsjin de ein fan it diner dat der tillefoan is foar ‘Mefrou Vereecken’. Sa wichtich is hja blykber dochs noch! Allinnich is it sa tryst dat hjasels dy tillefoan-oprop organisearre hat: in bigreatlik bemachtig bisykjen fan in great-minske om út it gefang fan de alles forneatigjende tiid to ûntsnappen.
BIJKE js nûmer 4 Ik fyn it slim to sizzen hwat ik hjir nou weardearre ha. BIJKE is faeks op 4 tolânne kommen om it oansprekkende ûnderwerp fan de man dy't in famke deariidt en koart dêrnei de âlden fan it stumperke bisiket, noch foar de bigrafenis. It ûnderwerp dus? Miskien wol. Mar de konkrete útwurking is fansels de iennige manier om it ûnderwerp literair stal to jaen. Hwat is dêroer to sizzen? De omwei hwerlâns er nei it hûs fan de âlden riidt is psychologysk goed, tinkt mij, en kin ek simboalysk opfette wurde: it op jin nimmen fan skuld bisiket in mins nammers ornaris ek foar him út to skouwen. Ek it tobetinken oan it wan op de hûd fan syn heit doe't er noch lyts wie, is slagge: it bringt it bisef dat dizze great-minske skuld net ôf to huffen is. It greate boerd mei DENK AAN ONZE KINDEREN dat er nou ál sjocht ditkear, forbjustert him en forgreatet syn skuldgefoel.
De konfrontaesje mei de âlden is ek wol oertsjûgjend foar ús delsetten, foaral de dan ek opkommende opstandigens fan himsels tsjin de biskuldigingen. Nettsjinsteande alle skuldgefoel wol er dochs net folslein op de knibbels, in tige minsklike réaksje liket mij ta. Hwat ik net sa weardearre wie syn gedachten oer ‘hwat in kultuer dêr't de dea gjin better plak gund waerd, hwerom dy falske emoasje fan de klean dy't hja droegen, it stuoltsje dêr't hja op sitten hie, it hountsje dêr't hja merakel mei koe, jow jim del, sy is dea, it wie in
| |
| |
ûngelok..’ (69). Miskien ha ik monteurs to leech, mar soene se op sa'n stuit echt wier yn termen fan kultuer tinke? Dochs is it probleem fan de suvere réaksje op de dea hjir wol goed nei foaren brocht: de deaden wurde oanklaeid mei ús emoasjes. Suverder soe wêze yn it neaken: in skuldige soe ek neaken komme moatte om neat to forbergjen.
Lykswols, hwat moat ik mei de lêste side? Hwerom hjitte alle hounen fan Bijke? Bijke is in standert-namme, in cliché-namme foar hounen, en sil wol yn forbân brocht wurde moatte mei ús cliché-emoasjes. As dat de bidoeling is, fyn ik it persoanlik wer in hwat to forsearre simboalyske draei, it simboal is net sa yntegrearre yn it forhael.
Dan nûmer fiif: HOUTEN STED. Hwat mij net noaske wie de abrupte oergong nei it ‘ik’-perspektyf, wylst oant dan ta it auktoriale ‘hij’-perspektyf fan de alleswittende skriuwer brûkt wie (‘hij’ en ‘ik’ binne forskillende persoanen!). Twa hiel forskillende perspektiven yn in koart forhael docht it bij mij nou net sa goed. Wol goed slagge is neffens mij de biskriuwing fan de alhiel troch elkenien foarbijsjoene âldman, dy't mei gjinien yn de stêd echt kontakt kriget, mar der wol forlet fan hat. Syn libben is kontaktloas en tiidloas, en út dat gefang is gjin útwei. Syn kontakten mei patatfroulju binne gjin kontakten fansels. As er swaeit nei in typiste wurdt der net weromswaeid. Hij bistiet gewoan net foar de stêd, dat dochs forlet fan leafde en smûkens, tink oan de tegels op s. 117: dy binne ‘waerm en brún’ en lûke him sterk oan.
Dat der destruktive driften yn de man opkomme is net forwûnderlik. Dochs bifrediget de ein mij net, as er syn fan lúsjefersprikjes en treinkaertsjes opboude stêd oan ‘ik’ sjen lit, en dy stêd dan fornielt. ‘Myn eigen stêd hat my deaswijd, mar hja sil it witte, hja sil har master thús fine. Deaswijd hat hja my, myn bloedeigen stêd. Mar ik sil myn forrizenis ha. Dêr dan! Dêr! En dêrre! Ik sil myn forrizenis ha. My komt de wrake ta en myn wrake is hurd’ (123-124). it is - alwer - slim oan to jaen hwat mij nou presys net foldocht. Ik leau dat dit ein my tofolle as maeksel oandocht. It jowt in finale draei oan it forhael en is mij dêrom leau ik hwat to maklik.
TUPPERJE stiet op seis. It ivige hakketakjen fan twa troude lju wurdt hjir goed biskreaun, en is in gefang sûnder doarren, nei't letter bliken docht. Ommers, de manlike haedpersoan komt sels yn syn dreamde forhâlding mei Rykje, in oar frommis, al moai gau yn deselde sitewaesje tolânne. It hinget allegearre fan jesels ôf, mar blykber kinne je net oars. Echt kontakt yn it libben, dêr draeit it hjir om, en dy is yn de deistige sleur faek fier to sykjen. Dat de haedpersoan fan it observearjen fan de tupperjende froulju genietet - genietsje wol - út nocht oan ûnnocht, is ek goed sjoen: syn frustraesjes liede ta minachting fan syn frou, de frou, en syn foaroardielen wurde hjir moai bifestige. De alderearste en alderlêste alineas oer C.G. of G.C. van Niftrik foun ik geeamel - dat hie der fan mij net ynhoegd.
Dan nûmer sawn: STRIE OERDWERS. Ik kom nou bij de mij minder boeijende forhalen. Lykas yn TUPPERJE is it hakketakjen, hjir tusken heit en dochter - it programmearre tsieren - aerdich werjown. Har swalkjen troch de
| |
| |
dunen tsjut har bisluteloazens oan oangeande in echte kar yn it libben. Hja hat eangst om te kiezen. Dochs doart hja bij de twadde biskriuwing fan sa'n tocht it hege dún net op: simboalysk foar eangst en ûnwissens? As hja dan wer thúskomt freget har styfmem har krekt itselde as har heit ek altyd plichte to dwaen: ‘Hwer hast sitten?’ Ja, hja sil akseptearje moatte dat it libben in ivige herhelling is. Dat noasket har fansels mar min, en dat wurdt moai dûbelsinnich troch har heit ûnder wurden brocht: ‘Der koe wolris hwat opbroeije (lêste sin)’. Dit forhael sit wol goed yninoar, mar der is dochs neat dat mij yn it moed taest. De útwurking fan de motiven is hjir net ‘swier’ genôch útfallen.
SNEON is op it achtste plak kommen. Ek dit forhael wie net sa nijsgjirrich. Dat de skriuwer him yn it skeanprint rjochtstreeks ta de lêzer rjochtet, is net sa slagge, al sil it bidoeld wêze de maklike réaksje fan Jan Publyk op pedofilen en har dieden wer to jaen. Sokke ynmingingen ha ik it mier oan. Eins foun ik it iennich aerdige fan it forhael de biskriuwing fan de jeugdoantinkens, bijg. de sabeare-echte praetsjes mei heit, it sabeare greatdwaen as bern. Dy nostalgyske langst nei de bernesteat forklearret yn it forhael de pedofilens fan de haedpersoan, mar oft soks psychologysk yn de es is, wit ik net. Fierders leau ik it mei dit forhael wol. De ein is ek foarsizber en biedt gjin nijs.
Nûmer njoggen: BLOED. Wer it motyf fan de skuld en de eangst: de haedpersoan hat bloed jown, en wylst er leit to bikommen kriget er hallusinaesjes, bijg. dat er in famke deariidt. Op himsels goed biskreaun, mar it feit dat dy biskriuwing sa is dat wij witte dat it in hallusinaesje is, nimt wol hwat fan de spanning wei.
NEARNE (nûmer tsien) We ha hjir it motyf fan de finzenis, hjir útwurke as de ivige sirkelgong fan it libben. Dy útwurking sprekt mij alteast net oan. De haedpersoan ‘ûntsnapt’ mei it dreamfamke Tiny út it gefang, mar hat dan dochs ek eangst (26). De antiklimaks fan it wekkerwurden is wol aerdich, mar mear dochs ek net. Binearjend is NEARNE net. Goed troffen binne de petearen mei oare reizigers yn de wachtlokalen: de hast wurdlike herhelling in stikmannich kearen hiene op mij wol in komysk effekt. Opfallend is wer it eangstkompleks oangeande it deariden fan in lyts famke.
WEROMSTUIT (alfde plak) seit mij neat. It motyf is wer it bikende gefang: de man fljocht wol altyd út - as in dou - mar komt ek altyd wer bij it wiif werom. Mar dat foroaret oan de ein, hij forlit har foar in oarenien. As er him dan biklaget oer syn frou - hja is to passyf, grif ek net ynteressant genôch -, en dêrtsjinoer har opfolchster yn de leafde priizget mei de wurden ‘Jimme ha forgetten de rollen om to draeijen. As Dully net wol, dan komt der neat fan yn. Ut! En ús Arthur sil letter sizze heit ik wol boartsje, en dan haw ik mar to boartsjen. Tine, jim lytse blauwe doffert hat in oar honk foun, dêr't er hinne fleane sil, hieltyd wer, hwer ek wei’ (60-61), dan docht mij dat hwat frouljusblêd-romantikerich oan.
DE FLECHTLING (Tolf) sprekt mij ek net oan. It ûnderwerp fan in man dy't in traumatyske jeugdûnderfining net forwurkje kin en sadwaende ta in misdie komt - hij hat achterfolgingseangst - is mij hwat tofolle optocht, psy- | |
| |
chologisearderich, to skématysk opsetten om nijsgjirrich to wêzen.
IT GEFANG (de lêste op myn list) loek mij ek net. De -utwurking fan it motyf alle ‘swierte’, tragyk, en itisdan ek net mear as in ‘forhaeltsje’ wurden sûnder djipgong, al is wol bisocht dy djipgong to suggerearjen mei it simboalyske guozzebrief mei syn gefang, dêr't de haedpersoan fansels yn tolânne komt.
Dat wie it wol sahwat. Ik moat sizze, as ik der sa op werom sjoch, dat it mij net tafallen is en fyn út hwat je moai of net moai founen. In nuttich ûndernimmen hat it wol west, nei min bitinken. Ik leau dat bisprekkers ris hwat faker ûnder wurden bisykje moeasten to bringen hwat har nou presys boeide. As ik oan myn eigen ûnderfinings op dit mêd tink, dan moat ik bikenne dat ik der hwat dat oanbilanget wolris mei oan west ha. Omt je dochs hwat moasten, seinen je dan mar hwar oer hwat mear technyske en formele saken.
It moat lykswols nochris mei klam sein wurde dat sokke saken net primair binne foar it genietsjen fan in boek - ik soe sizze wolle, technyske bihearsking is mar ien fan de bitingsten foar in goed slagge boek. As in tal jierren tobek yn Trotwaer fêststeld wurdt dat it point of view yn De Hite Simmer moai konsekwint folhouden is, dan siz ik - nochris -: moai, dêr is it neat minderom, mar ik lit mij troch gjin ien wiismeitsje dat dat it is dat wy yn it foarste plak waerdearje oan it boek - om earlik to wêzen hat Van Hijum dat ek net sa sein, moat ik der wol bijsizze. As wij in boek aliinne op syn ynderlike gearhing hifkje wolle, dan liedt dat ta kunst yn de ivoaren toer! Foar my lykwols leit de waerde fan de kunst yn de relaesje ta de wrâld - wylst technyske folsleinens wol weardeforheegjend wurket fansels, mar dochs altyd bitingst bliuwt, mear net. Gjin kunst om de kunst! It is de lang net maklike opjefte fan de kritisi de stelling van de relaesje ta de wrâld to fordúdlikjen en to konkretisearjen.
Dat ha ik hjir in lyts bytsje bisocht. Ik leau sizze to meijen dat de forhalen dy't it heechst op myn listke steane dêr steane omt de ûnderwerpen ‘swier’ genôch binne - d.w.s. genôch oan tragyk yn har hawwe - en ek noch technysk ridlik slagge binne De forhalen dy't it leechste steane misse dat tragyske, dat potinsjeel wol yn it motyf sit, mar yn de útwurking net goed nei foaren komt. Forlykje hwat dat oanbilanget ris LEECHTE mei IT GEFANG: ik ha beide it motyf gefang meijown, mar hwat in forskil!
Oant nou ta haw ik alles tsjininoar ôfwoegen; hwat is nou myn mear abslute oardiel? Ik siz net it is in geweldich boek. Dêrfoar taest it mij dochs net djip genôch yn it moed - mar de bêste forhalen dogge mij dochs wol hwat. Ek fyn ik dat de spanning dy't ik graech bij in koart forhael ha wol, der net genôch is. Hwat mij in pluspunt liket is de reade tried fan deselde motiven dy't it boek mei syn trettjin forhalen ta in ienheit riuwt. Dat is it sterke punt fan dit boek. It sterke punt fan dizze skriuwer liket mij ta it feit dat er inkelde motiven keazen hat, dy't eigentiidsk binne, en dy't him greate mooglikheden biede om swierdere toanen oan to slaen. Sjoen dit boek hoege de technyske middels him dêrta net to ûntbrekken
|
|