Nou is de bundel neffens it omslach it wurk van Berber van der Geest en Paul Janssen, dus hwat liket wierskynliker of dy moaije jonge frou dy't men op twa-tredde fan alle foto's sjocht is de dichteres? Sachts in Friezinne mei har lange blonde hier, mar net samar in kreaze boerefaem; dêr stiet se to gefoelich foar op de foto, en ek har klean binne fierstomoai en to moadieus om mei ûnder de kij. Se hat al mei it wide Fryske lân to meitsjen, mar net op sa'n manier: Frysk is se grif al, mar se hatek hwat oer har fan ‘import’. Men sjocht har allinne yn 'e hûs, mei de Avenue op skoat, of se stiet ienlik ûnder in wolkenloft in Deux Chevaux (fan har frijer?) of de ûndergeande sinne nei to sjen Hat se de lenhkens fan it wide lân frijwillich opsocht, om ticht by de natuer to libjen mei it lange blonde hier fladderjend yn 'e wyn?
In boeijende frou, en o sa dichterlik, sa dichterlik dat se op har beurt de fotograef ynspirearre hat. Op de foto's sjogge wy har fan alle kanten, de kamera folget har leafdefol, men soe hast sizze, forleave.
Sa liket it boek dus tagelyk in lofsang op it Fryske lânskip en in leafdesforklearring oan in bisûndere frou, tominsten by it earste trochblêdzjen, as we mear nei de foto's as nei de tekst sjogge. Mar komme we op de lêste blêdside dan stiet dêr op 'e foto ynienen neist dizze frou en in man mei in snor (dat moat de fotograef wêze), nóch in frou - ek mei ljocht hier, ek yn moderne klean, mar in stik âlder as de oare It kin net oars of dizze lêste frou is de dichteres en dy fan de foto's hjit dan neffens it byskrift Jantsje Noordermeer. Hwat ien frou like blike twa to wêzen de iene hat de gedichten makke, de oare hat har fotogenike uterlik bydroegen
In foarm fan spesialisaesje dus, dêr't it feminisme miskien biswier tsjin meitsje sil, mar dy't út fotografysk gesichtspunt greate foardielen hat. Wolle foto's en gedichten meiinoar oerienstimme, dan moat de fotograef in seker lyrysk effekt birikke, en dêr lient elke frouljusgestalte har net like goed ta. It visuele byld fan it fotomodel komt dus foar de fotograef mear oerien mei de frouljusgestalte dy't út de gedichten opriist as in portret fan de dichteres sels.
Ut literair gesichtspunt hoecht dit krektlike min ûnforantwurde to wêzen as út fotografysk perspektyf. We moatte ommers by it lêzen fan gedichten likegoed as romans oppasse foar in to autobiografyske ynterpretaesje. De historyske persoan fan de skriuwer of dichter en de fiktive persoan dy't yn in gedicht of forhael oan it wurd is hoege net ien en deselde to wêzen, en meastal binne se dat ek net. Tagelyk moatte we bitinke dat de foto's ek yn scène set en montearre binne, yn har dagelikse libben sil it fotomodel ek wol hiel oars wêze as de frou dy t us op de foto's tomjitte komt. Sa hat de fotograef likegoed as de dichteres gegevens oan de werklikheit ûntliend en dêr in oare, dichterlike, foarm oan jown