Trotwaer. Jaargang 11
(1979)– [tijdschrift] Trotwaer– Auteursrechtelijk beschermd
[pagina 109]
| |
Alex Riemersma
| |
[pagina 110]
| |
mei - dy binne moai rynsk útstruid oer de syden, sadot ut tol te learen syden moai lyts bliuwt. Ik ha ek wurdjerring fwar de kar fon de foto's fon skriuwers; oer ut ginneraal datjerje de foto's út de jirren dot de ôbylde skriuwers ek echt públysjerren. Sóks ferheget de yllústraasje-wearde fon de foto's. Oer un lyts tol printsjes bin ik stroffele: wêróm mast Obe Postma san fierô-plaatsje taskikt krije? Der wie oars wol un moaijerenien fon de mon en profyl te beseften (s. 74). Ut plaatsje fon De Tsjerne (s. 110) is ryklik lyts útfallen neffens dot fon Alternatyf (s. 138) en dot wer fjirstente grut neffens dot fon Trotwaer (s. 145). Wurdt dêrmei net de relatyve lyterêre en lyterêr-hystoaryske wearde fon dy tydskriften út ut lykwicht lutsen? Ut fernuveret mij ek dot Daniël Daen middels de wuardering fon de printsjes óp de syden 145-146 sa ydentyfysjerre wurdt mei Trotwaer. Dykstra hie Daniël Daen better selsstannig behonnelje kunnen tróch njónken syn petret syn hônskrift ôf te printsjen. Dêrmei soed er ek wer de mooglikheit hôn hawwe óm ut petret fon Adri van Hijum njónken Trotwaer ôf te printsjen. Ommers, van Hijum hat jirrenlang méár os Daen ut gesicht útmakke fon Trotwaer yn de eagen fan de lêzers. Bij einslútten dit: wêróm hat de gearstaller fon ut yllústraasje-materyaal net kónsekwint de petretten brûkt, dy't Sjoerd de Vries fon ferskate skriuwers makke hat? Dot hie weenst west en soe de byldzjende keunst tichter bij ut fólk bracht hawwe. Beholven ut petret fon Tr. Riemersma binne de Vries syn keunstwurken ykoanen ollyk.
Rjóchtlijnen fwar ut beoardieljen fon skwalbûkken ûntlien ik oan de Didactiek-commissie fon de ôdieling Nederlâns fon de Vereniging van Leraren in Levende Talen, sat dy sytjerre wurde yn J. Griffioen, Zeggen-schap (Groningen 1975, s. 258-9). Ut lyket mij ta, dot de nûmmers 4 o/m 12 fon de neamde rjóchtlijnen genôch hôdfêst jouwe óm un rejeel besprek óp te bouwen. Ik sil ut rychje mar bijlôns. 4.1. Is de auteur van een bepaalde vakwetenschappelijke opvatting uitgegaan? Zo ja, welke? Ut fwarópwurd noch ynlieding wurdt jun dúdlik wêr't Dykstra sawot stiet yn de wittenskip. Eksplysyt formúljerret er syn stônpunt net. Men mat beleaven net miene, dot sóks oerstallig is. Ut de praktyk fon ut skriuwen fon lyteratuerskiednissen en út ut ûndersyk nei dy praktyk hat wól blyken dien, dot fakópfettings - eksplysyt formúljerre of net - wól ynfloed hawwe óp ut skriuwen, ek ut skriuwen fon skwalbûkken. Fwar ut Hollônsk wurdt tsjintwurdich ol wot dien oan refleksje oer de lyteratuerskiedskriuwing 1); fwar ut Frysk soe sóks net ferkeard weze. Os ik ut goed sjóch, don stiet Dykstra oan de kont fon de kumulaasje-lju: safólle mooglik ynfermaasje meinimme, ryp en grien, beide wot jerder en joed fon belang achte waard; ek safólle mooglik meinimme fon de sekundêre lyteratuer, lykefólle wot kont dy yn de lyteratuerwittenskip útskaait. Ut stribjen nei fólsleinens is yn typysk skaaimerk fon hônbûkken; skwalbûkken beheine har meastentiids ta stoffe dy't fwar de learlingen fon | |
[pagina 111]
| |
belang achte wurdt. Net olles wot ea skreon is hoecht memoarysjerre te wurden. 4.2. Is deze vakwetenschappelijke opvatting op een didactisch verantwoorde wijze gerealiseerd? Probleem bij dizze fraag is fonsels wot no sekuer ‘dydaktysk ferontwurde’ is. Dot hat ek te krijen mei de doelgrûp, de ôdens fon de learlingen, ut nyvo. Utgeande fon de tróchsneed, yn ut foar net-ynteresjerre learling fon un middelskwalle kin men net oars os fêststelle dot de brij fon nammen en tytels, dy't oer jun kómt, te min hôdfêst jouwt fwar ut gefoel, dot lyteratuer ek wot mei juns eigen libben te krijen hat; ut is ek te min un stymulôns ta lêzen. De learlingen kinne oars net os nammen en tytels memoarysjerje. Ik mis fonsels teksten; Tekst en Utlis wurdt net oerstallig mar mat bóppedien brûkt wurde. 5. Welke leerpsychologische of didactische richting volgt de auteur? Tja, wot mat ik dêr no mei oan? 6.1. Wat zijn de doelstelling van de auteur? 6.2. Wordt er direct en consequent naar dat doel toegewerkt? Olle kôns dot Dykstra gjin kónkreet formuljerre doelstelling hôn hat oars os yn un ‘gearfetting’ un byld te jaan fon de ûntjouwing fon de Fryske lyteratuer. Ik soe wólris fon de mon jerre wólle wot er os skwalbûk mei syn wurk foar hie. 7.1. Welke zijn de algemene didactische technieken van de auteur? (Bijv.: discussie, zelfwerkzaamheid, individueel werk, groepswerk, rollenspel, problem solving.) 7.2. Stellen deze speciale eisen? (Bijv.: vaklokaal, bibliotheek, secundaire literatuur, taperecorder, stencilapparatuur, meubilair in een speciale opstelling.) Fonsels, men kin os learaar mei elk bûk nog olle konten út os men dot wól, mar don mat men geregeld ut bûk tús litte en sels oan ut wurk mei stymulearingsprojekten. Ut bûk stymuljerret net ta ‘student-centered’ lessen, hast olles bliuwt yn de sfear fon de dosearder. Ik siz net, dot de ‘moadyeuze’ oanpak mei diskusje en video ollinnig-sillichmeitsjend is; ik siz, yn de lyteratuerlessen binne mear mooglikheden en kônsen óm út de learling wei de stoffe te benaderjen. De kroanologyske fólgwuarder, dy't suver yn olle skwalbûkken hontjerre wurdt, kin hiel goed ynroale wurde fwar un tematyske oanpak. De learlingen kinne bygelyks bêst selsstannig un tekst by de kop krije, dy analysjerje, op 'e nij skriuwe út un oar perspektyf wei; de learlingen kinne ek teksten dy't kwa tema lykóprinne mei elkwar fergelykje. Sa binne der gôns mooglikheden óm hyltyten wer sponnende lyteratuerlessen te meitsjen meielkwar. Ut leit net ópsletten yn de natuer der dingen dot de lyteratuer per skriuwer ut rychje bijlôns behonnele wurdt. Wêróm soenen wij de eksameneask fon ‘kennis en inzicht’ sa iensidich os hystoaryske kennis ópfetsje?, 8. Wordt er een beroep gedaan op kritisch denken, creactiviteit en/of inventiviteit van de learlingen? Ut bûk befettet gjin kónkrete ópdrachten fwar de learling. Krytysk tinkwurk is fonsels oltyten nedig, mar memoarysjerjen lyket fwar dit bûk wól genôch. De | |
[pagina 112]
| |
learlingen matte fonsels ek ferskriklik goed har bêst dwaan óm de barokke sinbou fon Dykstra te fertalen yn hûûs-en-bwórren Frysk. 9. Is de uitgave vóór uitgave in de praktijk getoetst? Fondotoangeande stiet neat yn ut fwarópwurd. Ut lyket mij ek net wierskynlik, dot Dijkstra de tekst fon ut bûk yn syn hiele hear en fear tûtst hat. Syn tûts soe òf fya un oare lesjouwer òf óp kolleezje yn syn wurk gien wêze matte. Bij un tûts yn ut foar soe grif de slim te begrypen sinbou en de ôde stavering nei foaren kómmen wêze os beswier tsjin ut bûk. No sitte wij dêrmei en hûlang nog? 10. Beantwoordt de metode aan de bestaande leerplannen en exameneisen? De eask fon ‘kennis en inzicht’ kin men moai grif un soad bûkken mei oan fóldwaan. Dit bûk ek. De fragen 11 en 12 binne benammen fon tapossing op skwalbûkjes oer grammatyka, styl en stavering. Ollinnig de punten 12.8 en 12.9 lykje mij yn dit ferbôn fon belang. 12.8. Is er rekening gehouden met de belangstellingssfeer van de leerlingen? 12.9. Is de taal afgestemd op de leerlingen voor wie het methodedeel bedoeld is? Myn yndruk is dot beide fragen mei nee beöntwurde wurde matte. De sinbouw is net maklik fwar de learling. Ut lyket deróp dot Dykstra yn sa min mooglik wurden safólle mooglik ynfermaasje oerbringe wól. Nei myn betinken stribbet er mei syn barokke sinbou syn doel fwarbij. De learlingen jekje moai gau ô os ja kónfróntjerre wurde mei un sin os: ‘Hwat sa as in nei-Romantyk bistimpele wurde kin, waerd fan 't bigjin ôf oan oerspield fan in floed fan hwat yn Fryslân bikend komme soe to stean as de “folksskriuwerij” en hwat ek wol oantsjut wurde kinne soe mei de term Realisme’. (s. 46). Wêrómt dot soe der yn de styl fon Dykstra oltyten bijmat is mij un riedling; ut bwadskip wurdt der sa ûngrypber fon. Oer Tamminga skrjo Dykstra: ‘Hij soe fierút de wichtichste dichter fan syn generaesje wurde. (...) Yn 'e twadde bondel ‘Balladen en Lieten’ (1942) soe dat net altiten slagje’ (110). Sóks kómt mij frjemd oan; wêróm net gewoan ‘Tamminga is de wichtichste dichter fan syn generaesje. (...) Yn 'e twadde bondel is him dat net altiten slagge.’? Dot seit ómmers krekt utselde, mar kwarter en sûnder pûspos. Wij matte ús jernstig ôfreegje ot de wuardering neffens tiid wól de meast gaadlike is fwar de learlingen; men soe lykegoed efterút wurkje kinne, de ómkearde kroanologyske fólgwuarder oannimme. Eigentiids wurk is fwar de jóngere learlingen better tagónklik, sprekt ek mear oan. Oare skwalbûkjeskriuwers soenen dochs ris stinne matte oerdy mooglikheid. Beholven ut taalgebrûk slút ek de stavering net oan by dy fon de learlingen. Olle skwalbûkken ferskyne langer dan yn de Mulder-stavering; men kin sóks diktatuer fon de AFUK neame, hondig is ut wól en bóppedien realistysk. Om ut gebrûk yn skwalle net te frustrearjen hie Dykstra better de nije stavering | |
[pagina 113]
| |
brûkke kind. Of miende hij dot der yn 1980 wól un better skwalbûk fwarriedig wêze soe?
Un hônbûk mat fonsels fóldwaan oan gewoane easken fon betrouberens, sekuerens, fólsleinens, up to date wêze en krekt de rieplachte bwarnen oanjaan. Ik kin ut net goedkrije, dot Dykstra net kónsekwint sekuer oanjûn hat, wêr't er syn ynfermaasje weihat. Syn bûk is fonsels un gearfetting fon de besteande sekundêre lyteratuer (en dêr is neat óp tsjin), mar ik mat tefólle riede nei wêr't er beskate mienings skype hat. Fwar un skwalbûk kin dot bêst, mar fwar un hônbûk? De eask fon de kóntrolearberens fon ut wurk fóldocht Dykstra net oan. Dot hie Piebenga yn olle gefollen better! Yn 1972 hat Dykstra fwar ut Frysk Fylologekóngres óp de tekst west oer ut hônbûk. Syn lêzing hat de tytel meikrygen ‘Fryske Literatuerkunde Hjoeddedei’ (Yn: Philologia Frisica Anno 1972 (...) Ljouwert 1974, s. 122-127). Dykstra praatte dêr oer un’ (...) skreauwend forlet fan in nije modern opsette Fryske literatuerskiednis, in hânboek fan 'e Fryske literatuer, (...) in nije paedwizer, dy't krektlyk as syn foargonger algemien brûkber wêze moat, en tagelyk opset neffens de easken fan de tiid’ (124-5). Dykstra hat ut don oer ut ‘ynternasionale gehiel’, ut ‘sosiologysk flak’, de ‘forhâldings folkstael-literaire tael’ en yn de apotheose: ‘Ik moat dêr oan tafoegje, dat dat neffens my ek ynhâlde soe dat de tiid foarby is, dat dat ienmanswurk wêze kin’ (126). Dit hônbûk is wol ienmonswurk en mei dêrom miskyn net hifke wurde neffens de krytearya dy't Dykstra fwar ut ‘grutte’ hônbûk oanlein hat. Mar ek yn un lytse gearfetting soe wól ut ien en oar oer ut sosjologysk flak te sizzen west hawwe. Ut lyket deróp, dot Dykstra syn eigen fraag ‘(...) út hwat formiddens kamen de skriuwers?’ (1972. s 125) op eigen wize óplóst hat tróch kónsekwint fon olle skriuwers ut beróp oan te jaan. Ut is mooglik dot fwar gwón skriuwers un ferhôding oan te wizen is tusken oplieding/beróp en har lyterêre wurk. Mar ut giet mij te fier óm fon skriuwers dy't óm 1950-1960 hinne lyterêr wurk públysjerren ut beróp oan te jaan dot ja yn 1978 útoefenje. Fwar Marten Brouwer is dot miskyn wól ut meast komyk; dy hat ollinig yn syn stúdzjejirren lyterêr wurk skreon. Dykstra jouwt net oan wot stúdzje ot er doe die, nee: ‘nou heechlearaer massa-kommunikaesje’ (s. 130). Ut sosjologysk flak soe hiel goed ynfold wurde kinne mei un beskôging oer ut neioarlochske studintefermidden. De Fryske lyteratuer begjint fwar Dykstra blykber mei de rune ynskripsjes; dot strykt aardig mei syn omskriuwing fon ut begryp ‘Fryske lyteratuer’: ‘(...) samling fan dokuminten dy't de muoite fan it biwarjen en hieltyd op 'en nij lêzen en forstean wurdich is en dêr't de Fryske tael it materiael foar levere hat. (...) in rige teksten dêr't sadwaende yn bigjinsel ek de algemien literaire mjitstêven op ta to passen binne (...)’ (syde 8-9). De runeynskripsjes binne grif fon bliuwend belang fwar de wittenskip: nammekunde en etymology ha der belang bij, mar ot dêr ek de ‘olgemien lyterêre mjitstêven’ óp tapost wurde kinne? Sóks wordt jun net klear salang't dy mjitstêven net eksplysytjerre binne. Ien fon de mjitsteven is nei myn betin- | |
[pagina 114]
| |
ken dot de tekst lyterêre / estetyske preteensje hawwe mat. De runeynskripsjes noch de ôdfryske wetten hawwe dy preteensje, dy teksten binne ómmers ópskreon mei un net-lyterêre bedoeling. Sa besjoen begjint de Fryske lyteratuer mei Gysbert Japicx. Op kolleezje begjint Dykstra dêr ek mei. Wêróm yn ut hônbûk net? De yndieling fon ut ôdfrysk is un probleem apart by Dykstra. Os ik ut goed begrepen ha, don hat Sjölin de geografyske yndieling yn ôdeastfrysk en ôdwestfrysk ynroale fwarde kroanologyske: klassyk en nei-klassyk ôdfrysk. Sjölin bestriidt de geografyske yndieling (sjóch Us Wurk 15(1966), s. 25 e.f. en Eindführung in das Friesische. Stuttgart 1969, syde 16-18). De termen klassyk en nei-klassyk nimt Dykstra wól fon Sjölin oer, mar yn ut skift klassyk makket er wer un geografyske yndieling: easterlauwersk en westerlauwersk ôdfrysk. Dot wie fonsels de bedoeling net fon Sjölin. Wot dat oangiet hôdt frou Steenmeijer har krekter oan de útkómsten fon Sjölin yn har les oer ut ôdfrysk yn Teksten Utlis. Ut lyket deróp os hat Dykstra sawól Sjölin os de tradystjonalisten har gerak jaan wóllen, sa't Arhammer dot ek útselde yn syn besprek fon de Einführung yn ut Niederdeutsches Jahrbuch 97 (1974), syde 156: ‘Neben der geographischen Gliederung behält freilich die chronologische und stilistische Einteilung Sj.s in klassiches und nachklassisches Afr. sowie Urkundensprache ihre Berechtigung.’ Hû't dy twa stônpunten krekt njónkenenwar rjócht fon bestean hawwe kinne is mij noch net dúdlik wurden, krekt ómdot de ferdigeners fon de stônpunten os fjoer en wetter fwar elkwar oersteane (fergelykje Buma yn: Das Fivelinger Recht. Göttingen 1972, syde 20). Fwar ut grutte honbûk soe dizze kwestje ris útyten wurde matte.
Tony Feitsma makke my yndachtich óp in tragykomyske flater yn ut bûk. Op syde 27 hôdt Dykstra út, de bertedatum fon Simen Althuysen is net bikend en dat er nei 1757 stoarn wêze moat. Yn har artikel Oer it libben fan Simen en Jan Althuysen hat Tony Feitsma sjen litten dot Simen yn 1683 doopt is, hoewol't er neffens de Boekzaal ± 1679 berne wêze moatten hie. Simen hat syn soan Jan oerlibbe, dat hy moat nei 1763 stoarn wêze. Tragykomysk neam ik ut, dot Dykstra net goed óp de hichte is mei de útkomsten fon lyterêr-hystoarysk ûndersyk, dot yn syn eigen wittenskiplik tydskrift buorkundich makke is: Us wurk 15 (1966), syde 6-18.Ga naar eindnoot1) |
|