ljocht der yn. As er it wurk dien hie, jouns al let, hwant heit liet in bulte oan him oer, dan siet er yn syn keammerke to lêzen of to fluitspyljen. Hy hie in greate kiste mei alderhande boeken, dy krige er fan in omke dy't in tige geleard man west hie.
Ik wie noch in lyts jonkje, in jier as fiif, doe't Greate Geart by ús kaem. En mei syn kommen fleure myn bernelibben hielendal op. Hy wie net kalm en evenredich, mar libben en biweechlik, hoewol 't der dochs rêst en frede fan him útstriele. As heit net thús wie, siet er gauris by mem en my mei syn fluit of hy tortelde my forhaeltsjes, wy diene ek spultsjes, syn fantasij wie sûnder grinzen, wol bernlik en licht
Doe't er syn húske krige en ynrjochte, wie ik altyd by him. Hy hie moai húsrie, ek fan dy omke. Sêfte stuollen en moaije kasten. Op ien fan dy kasten sette er in houten Maria del, hwant Geart wie roomsk. Ik biseach it.
‘Wat is dat een mooie frou, Geart Is dat jou moeke?’
‘Ja, dat is myn moeke’
‘Hewwe jou dan gien echte levende moeke, Geart?’
‘Nee, ik kom ommers uut ut weeshuus. Daar woane allemaal kienders sonder fader en moeke.’
‘O ja.’ Ik seach dat er in krúsbyld boppe syn bêd spikere, de wite stikken muorre foelen op it kjessen, mar it kaem klear.
‘Wie is dat, Geart?’
‘Dat is myn groate broer.’
‘Hoe heet jou groate broer?’
‘Jezus’.
‘Waarom sit Jezus an dy stok fast, Geart?’
‘Daar hewwe de meensen hem an fast spikert.’
‘Must ie dan straf hewwe. die broer fan jou, Geart?’
‘Hij must gien straf hewwe. Hij waar feuls te goed. Toen kwammen der meensen die konnen hem niet meer uutstaan. En doe hewwe se hem an ut krús fastslagen’
‘Wat rare meensen. Die musten se maar doadskiete, fynt Geart oek niet?’ Doe lake Geart Hy pakte my op en swaeide my yn 'e rounte; dat foun ik prachtich
Hwat Greate Geart fan syn stikje tún makke hat, dat wie suver in wûnder. It wie net it tsiende part fan myn tún yn Canada, mar hwat der net yn stie oan blommen en strûken, hoefolle flinters en fûgels as der net kamen, dat wie