[Nummer 2]
Redaksjoneel
Mei yngong fan dit nûmer docht Oene Spoelstra wer mei yn de redaksje. Wer, omt Oene hat al in kear earder yn de redaksje sitten: syn namme stie by it rychje ‘redaksje’ yn de nûmers 1971 - 7/8 oant en mei 1973 - 4. Nij is syn namme en wurk dus net yn Trotwaer. Hy hat geregeld tonielwurk publisearre en dêr ek prizen mei woun. Wy tidigje derop, dat er ek yn de kommende jierren toniel en poëzij bydrage sil. Oene hat op him nommen om ek oer films to skriuwen en oer oare aspekten fan it kulturele libben.