Trotwaer. Jaargang 11(1979)– [tijdschrift] Trotwaer– Auteursrechtelijk beschermd Vorige Volgende [pagina 5] [p. 5] Eppie Dam Trotwaer de stêd is fol flinters op 'e doele rekke fan twifel tusken eigen wjukken - gjin spoar hwa wit hwerhinne foar of achterút de iene dei de oare yn hwa seit ús hoe't wy rinne? wy witte net hoe let it is net ien bringt ús to binnen hoe en hwat en hwat wy woenen hertslach is in klok dy't jimmer rint en hope hawwe dat hwat oangiet ienkear noch opnij bigjint wy binn' forgetten yn 'e strjitten swalkers tusken juster en joun forlern as kat en houn doarmjend tusken twa seizoenen [pagina 6] [p. 6] Trajekt topografysk gjin fragen it iene plak seit ús it oare treinen reizgje de kaerten del retour fan achteren nei foaren mar dêr't wy hinne geane en einlings en to'n lêsten ienris en foargoed bidarje woll' wy net bliuwe om to rêsten azem bliuwt in minskelibben lang yn en út op swolch en slom en hwat wy hjir en dêr ek fine wy komme op it spoar werom [pagina 7] [p. 7] Roazekrâns riuwe dagen oaninoar mar in gebet sûnder ein hwant hieltyd wer opnij bigjin en freegje wie en freegje is en freegje soe en altyd freegje hwat en hwannear [pagina 8] [p. 8] Leauwe hwat woenen wy noch mear as inkeld in bigjin en sljochtwei hjir en dêr hwat azem krije wie dit dan net genôch en wit fan lok en lijen wurd en werwurd ha en lit de sinne syn birin? hwat hope hâldt ús wekker hwat mear as rust en rein - as wy net better witte rint alles op 'e ein [pagina 9] [p. 9] Op stjerren nei it himd dat sit ús al as wie it om ús hinne getten - dêr stiet in stoel dy't noflik sit wy lizze kûlen yn in kjessen perfekt falt ús it fel oer de eagen it eachslid sa foar ús makke om alles hwat forgetten wurde moat lippen handigje moai byinoar de mûle stiet ús al nei swijen it iene ear op it oare birekkene fingers gripe nei fingers hannen garje in fûst fan gebet sa dogge wy noch ien kear in slach yn 'e romte hwant ûndertusken - wy hiene hjir gjin wrâld gjin poat de holle stie ús hjir nei wenjen net [pagina 10] [p. 10] Euthanasy wekker wurde is in antwurd hawwe mar sa hurd gjin fragen witte wekker wurde is de dea foar eagen mar net witte hoefolle dagen hwat let ús leave en omearmkje en forstringelje opnij de fuotten en lit mar moai en sêft forstjerre hwat ienkear dochs forlern is en forgetten Vorige Volgende