[Nummer 1]
Útgongspunten fan Trotwaer
Trotwaer hat de earste tsien jier folmakke, in prestaesje dy't yn de drege bigjinjierren troch in protte lju net mooglik achte is - en mei reden faeks wol. Oanlieding dus om op it snjit to wêzen. Ek om nou yn de takomst to sjen, hwant de tiid hâldt gjin skoft en nije nûmers groeije net samar oan de beammen. Dat ha se nammers noait dien, en it soe slim oerdreaun wêze út to hâlden dat de redaksje altyd bidobbe west hat ûnder de kopij. Dy kopij skriuwt de redaksje fansels foar in part sels, in oar part lit se foar har skriuwe troch minsken to freegjen (dat jildt foaral foar bisprekken), en in tredde oanpart wurdt levere troch skriuwers dy't op eigen manneboet wurk ynstjûre (meast forhalen, gedichten en ek reaksjes op earder forskynde stikken yn Trotwaer). Yn guon opsichten is dat tredde part it wichtichst, omdat op dy manier nije nammen en nije foarmen nei foaren komme kinne - en dêr is útsoarte altyd in bulte forlet fan. Dat it mei nije nammen net sa rynsk ompartet is spitich, en it is to hoopjen dat dêr noch ris foroaring yn komt. Faeks is it ‘imago’ fan Trotwaer hjir ek in bytsje debet oan. Je krije wolris de yndruk dat de publike opiny dy jonges fan Trotwaer mar in stel sûrtûten fynt dy't altyd mar drekt mei de hiele wâl ûnbiroaid útfalle tsjin alles hwat harren tsjin it krop stiet. En as je hwat yn Trotwaer