Trotwaer. Jaargang 11
(1979)– [tijdschrift] Trotwaer– Auteursrechtelijk beschermd
[pagina 11]
| |
Yn dizze jefte fan Trotwaer biedt de redaksje jo it toanielstik ‘In Deserteur’ oan fan Arjen Terpstra, hwermei't er yn 1972 de provinsiale Fryske toanielpriisfraech woun. Wij hoopje de lêzers mei it publisearjen fan dit stik in deugd dien to hawwen - guon ûnder dy lêzers ha faeks ek de treflike útfiering bijwenne dy't Tryater letter hjirfan jown hat. Mar oer dy Fryske toanielpriisfraech sels woene wij it hjir graech noch eefkes hawwe. It is in jierlikse priisfraech mei in prizebidrach fan f 2.500, - en de heechste priis is f 1000, - (net f 2.500, - sa't it rounskriuwen fan de Kulturele Ried ús wiismeitsje wol fan 31-10-1978). Ynstjûrd wurde meije koartere, eksperimintele of jounfoljende stikken dy't net earder publisearre west hawwe. Yn de Ljouwerter Krante ha wij lêze kinnen dat foar de ynstjûringen fan 1977 gjin prizen takend binne. De karkommisje freget him ôf, sa lêze wij, ‘oft in priisfraech wol it gaedlikste ynstrumint is om de kwaliteit fan it Fryske toanielwurk to forheegjen’, en advisearret de provinsje om oare wegen to sykjen om ta dat doel to kommen Nou leauwe wij ek net dat perfoarst in priisfraech it bêste middel is om ta goed toaniel to kommen, en der sille miskien bettere wegen foun wurde, mar je kinne lykswols it iene dwaen en it oare net litte. Nei ús bitinken hat in priisfraech yn alle gefallen dit foar dat der in stik erkenning komt foar ynstjûrders fan bikroande stikken, en dat is foaral yn Fryslân noait wei. Fierders bliuwt der dochs altyd de kâns dat der in nije namme nei foaren komt troch dy priisfraech, dat hoecht ek net alle jierren to wêzen - ien kear yn de fiif jier soe dy priisfraech ek al de muoite wurdich meitsje. Om ús soe dêrom dy priisfraech net fan de baen hoege. Mar dan moat dat hiele saekje wol better regele wurde. Hwerom bijgelyks gjin oproppen oan eventuele meidoggers yn de literaire tydskriften: in adfortinsje yn Hjir, Sonde of Trotwaer - de folchoarder is suver alfabetysk - soe nou krekt dyjingen helte better birikke dêr't it foar ornearre is, tinkt ús. Hwerom ek net stikken to bikroanen dy't al publisearre west ha yn in tydskrift of oars earne? It soe der dochs ek om gean moatte goede stikken to finen, en net allinne om it oantrúnjen ta it skriuwen. Hwerom bliuwt it yn prinsipe bij it takennen fan in priis? Sa bistiet de kâns dat in stik lizzen bliuwt, en faeks net iens publisearre wurdt Nou is publikaesje fansels yn it foarste plak in saek fan de skriuwer, mar der soe dochs ris oer neitocht wurde moatte, om to foarkommen dat in stik bikroand en wol yn it forjittersboek rekket. Koartsein: de priisfraech soe better buorkundich makke wurde moatte, ek al printe stikken moatte meidwaen kinne - forl. ek de G.J. priis! -, en der moatte gâns mear prikken yn it wurk steld wurde om ta útfiering en ta publikaesje to kommen. De redaksje jowt drekt ta dat fral dat lêste net in maklike saek is, omt it hjir giet om forantwurdlikheden fan skriuwers en toanielselskippen. Dat der dochs socht wurde moat om in oplossing hoopje wij mei de publikaesje yn dit nûmer fan Trotwaer fan ‘In Deserteur’ oan to toanen: al wie dit stik dan útfierd, it wie net publisearre. Dat ha wij nou al dien. Wij hoopje dat de lêzers it mei ús iens binne dat it skande west hie as dat net bard wie. | |
[pagina 12]
| |
[pagina 13]
| |
Earste bidriuwIt dekor:
In âld skuorre mei dêryn in steapel seildoeken en âlde kleden, in mannich sinesappelkistjes en in stoel en mids dêrfan in tafel.
DOEK:
Der sitte twa manlju yn forknûkele unifoarm by inoar oer de groun. It binne finzenen. Mei de rêch nei it publyk ta stiet immen út in rútsje te dikerjen. Dit is de wachter Lopez. Hy rint lykas de oare spilers yn fantasyklean om. Yn it earstoan wurdt der neat sein. Lang om let draeit Lopez him om, sjocht tomûk nei de finzenen en rint dan op en del. De beide finzenen binne boeid en sjugge noartsk foar har út. De iene is luitenant, de oare gewoan soldaet.
Luit:
Fordomme, hwannear krij ik hwat to fretten? Ik ha honger.
Lopez:
(draeit him nei him ta)
Hu. soe'k mar net tofolle fan foarstelle. Alteast.... ast hwat krigest.
Luit:
Hoe dat sa... ast hwat krigest.
Lopez:
Nou, ornaris krije de finzenen hjir neat, allinne as hja likernôch op 't stjerren lizze, dan smite wy har in hap iten ta.
Luit:
Dat is my ek hwat
Soldaet:
Mar ik ha honger
Lopez:
Dan hiest mar thúsbliuwe moatten, freon. Ast gelok hast, bringe hja aenst noch hwat Mar dou moatst net miene dat hja apart iten siede foar de hearen finzenen. Sels sitte wy al krap, omt ús skûlplak geheim is. Boppedat kinne wy op it stuit gjin nije foarrie krije, om't der yn 'e omkriten allegear fan dat rosmos omswalket lykas jimme... Né, my tinkt dat it wol op in houtsje biten wurde sil foar de hearen.
Luit:
Hm.
(bisjucht syn neilen)
Lopez:
Stom oars, hoe't jim jim justerjoun finzen nimme lieten. Jonge noch oan ta. In bern hie it dwaen kinnen. Jim meije fan gelok sprekke dat jim net fuortdaliks delsketten binne. Jim hiene my net hawwe moatten. Hawar, it sil nou ek wol net lang mear duorje.
Soldaet:
(eangstich).
Bidoele jo, dat wy deasketten wurde?
Lopez:
Hwat oars? Wy binne guerilla's en wy kinne jim net hieltiten meislepe. Altomets wurde der hwat hege ofsieren útwiksele, mar dat is foar gewoane soldaten net weilein Set dy dat mar út de holle.
Soldaet:
Mar wy ha neat útheefd | |
[pagina 14]
| |
Lopez:
Dou bist in finzene en dêrmei út. Wy kinne dy hjir net hâlde oant de oarloch oer is. Ik ha it niis ek al sein, it iten is rounom krap. Loslitte kinne wy dy ek net en dan bliuwt ús neat oer as.... Paf.
Soldaet:
(sjucht forwêzen).
Lopez:
Sa sit it en net oars.
Luit:
Dou moatst him net sa bang meitsje.
Lopez:
(lûkt oan de skouders en rint wer op en del. Silte. Lopez bliuwt wer stean en tinkt blykber nei).
Dochs fyn ik it frjemd dat se jim net fuortdaliks ôfmakke ha. Nou, meitsje jim dan mar klear. Wy ha hjir alris earder in mantsje hawn, lykas jimme. Dat wie in hurden ien, mar nei in dei as hwat joech er bilies. Dêr witte wy ús skoan mei to rêdden.
Soldaet:
Mar wy witte neat.
Lopez:
Dat komt fansels. Wy sille jim wol in opfrissinkje jaen.
Soldaet:
Wier, wier, ik wit fan neat.
Lopez:
Hwerom hâlde se jim hjir dan fêst?
Soldaet:
Yn Godsnamme, hoe soene wy dat witte moatte?
Lopez:
(set syn gewear mei de kolf op 'e groun en linet in bytsje nei foaren op it gewear).
Tochtst nou wier, heite, dat wy net yn 'e rekken hiene dat der hjir yn 'e omkriten noch net mear fijannen tahâlden? Hwant it liket my in frjemd saekje ta dat in gewoan soldaet der togearre mei in luitenant op út giet. Grif om itspul troch de gatten to gnuven... haha nou, wy sille har in waerm ûnthael jaen. Nim dat fan my oan. Dan giet it wer efkes as by âlds. En as wy dochs oan'e gong binne, pakke wy jim tagelyk.
Soldaet:
Ik ha neat ûtheefd. Hwat ha'k dien om deamakke te wurden?
Lopez:
Dou bist út dysels by it leger gien.
Luit:
Siz, bisikest ús bang to meitsjen?
Lopez:
Né, ik ried jim dêr foar ta.
Luit:
Soa... Siz, soldaet
Soldaet:
Ja, luitenant.
Luit:
Dou hâldst fan nou oan dyn kop.
Soldaet:
Ja, luitenant.
(Lopez sjucht mei niget nei safolle discipline, stilte)
Luit:
Sitte hjir in soad guerilla's?
Lopez:
Wol né, man, in pear manlju en in frommes. Der binne frijhwat omkommen. Yn it earstoan hiene wy in 150 man.
Luit:
In frommes seine jo?
Lopez:
Ja, hwat oars, in frommes. Hja woe mei ús meidwaen en ik kin jo sizze, hja sjit foar twa.. In moai ding om sa to sjen, mar net om oan to pakken. Bikkelen bikkelhurd. Aenst sille jo har wol sjen, hwant hja lost my ôf foar de nacht. En bisykje it mar net en liz it mei har oan, hwant it is net sa'n noflik poeske. Us sersjant ek, dy tocht dat wol efkes mei har to klearjen. Hja hat him suver lyts man makke. Hy bisiket it noch wolris, mar dan yn oare wei. Nammers......
(sêfter)
As ik jimme wie. soe'k my by de sersjant mar hwat fan katoen hâlde, hwant dy is o sa opljeppen. Slaen mar gjin acht op syn kettermintsjen en as er lêstich wurdt, jow him dan in greate bek.
Luit:
Komt er hjir faek? | |
[pagina 15]
| |
Lopez:
Altyd as men der net op fortocht is.
Luit:
Hat hy it hjir foar it sizzen?
Lopez:
Dat moatst der ek noch bykomme. Né, gelokkich net. Hy hat in majoar boppe him, alteast sa wurdt er hjir neamd. Eartiids moat er dat al by it leger west hawwe. In net nei to kommen fint.
Luit:
In geskikten ien?
Lopez:
Doar ik net to sizzen.
Luit:
En dou? Hwat dochstou hjir?
Lopez:
Ikke? Ik bin gewoan soldaet, of leaver sein, in pion lykas de majoar dat seit. Foarhinne wie'k boeresoan, mar sûnt der in bom op 'e pleats foel en it hiele spul rampoai rekke, bin'k hjir tolânne kommen. As jongfeint ha se my foar 'e tsjinst ôfkard. Hwerom, dat wit ik net. Hwant it like my sa moai ta.
Luit:
Hoe bist hjir tolânne kommen? Dit is dochs ek in soarte fan leger?
Lopez:
Hja kinne hjir alleman brûke, dy't himsels ynset foar de goede saek. Minsken dy't hwat kinne.. hwant fochten ha'k...
(greatsk)
Bytiden dagen oan ien tried wei troch, wylst de kûgels jin om 'e earen floiten. Ik wit noch wol, dat ik op in berchtop in hângranaet yn in mitrailleursnêst smiet en it hiele soadtsje stoude útinoar. In moai gesicht, man, en ik derhinne. Dat kostet my noch in kear de kop. Mar ik mei stomme graech sjen, hokker wurk ik makke ha. En fordomd, ûnder de mitrailleur lei noch ien to spinpoatsjen.
Luit:
En dy hast as in houn ôfmakke.
Lopez:
As in houn, ja Ik sjuch noch dy eachopslach, doe't ik it mes troch him hinne helle. Op sokke stuiten mei ik greach myn wurk dwaen. En dan komt it ek goed foar de hearen. En it moaiste wie, dat dy mitrailleur it ek noch die. En ik mar rattelje mei dat ding As hounen foelen se del, en ik mar rattelje...
Luit:
Hokker hounen?
Lopez:
Hwat oars? De fijân fansels.
Luit:
Dus ik ek.
Lopez:
Sa wol ik it nou ek wer net stelle.
Luit:
Hâld dy dan de bek mei dyn ûnfoech praet.
(Lopez sjocht forûngelike en rint wer op en del. En giet dan wer foar it rút stean).
Soldaet:
(mûskopjend tsjin de luitenant)
Wy moatte hwat dwaen, luitenant, oars geane wy der oan.
Luit:
Hâld dy stil, soldaet
Soldaet:
Mar har jo dan net foar it forstân, dat...
Luit:
Siz, dou bist dochs net staf wol?
Soldaet:
Mar moarn is it nei alle gedachten to let.
(skriemerich)
Luit:
(lûd)
Godfordomme, dou mienst dochs net, noust' finzen biste, datst nou ek ûntslein bist fan de disciplinaire regels fan it leger, wol?
Soldaet:
Né, luitenant
Luit:
Woe'k sizze
Lopez:
Dou hast de wyn der goed ûnder.
Luit:
Yndied, wy binne gjin guerilla's.
Lopez:
Hwat woest dêrmei sizze? | |
[pagina 16]
| |
Luit:
Dat wy in offisjele ynstânsje tortstjintwurdigje en net in byinoar socht soadtsje binne. Boppedat in soadtsje, dat troch omkeaperij en sabotaezje oerwinningen bisiket to heljen.
Lopez:
Us majoar seit altyd. ‘Oarlocn sûnder ideology is krekt itselde as massamoard’
Luit:
(spotsk)
Nou, dou hast dyn leske goed leard. Myn kompliminten.
Lopez:
Bislaen it mar mei de gek. Gniis my mar út. Mar ús majoar wit hwat er seit en dou kinst prate hwatst wolste, mar it iennichste hwat wy wolle is it lân frij meitsje fan jimme. Hwat dogge jim hjir winliken? Oars net as minsken kapotsjitte en jimme oanfierders... in stel sadisten.
Luit:
Miskien hast gelyk, mar dou sprekst dysels tsjin, heite. Hwat dochstou sels? Dou fynst it sels moai wurk en dan hast ek noch wille as dy minsken sa eangstich sjogge
Lopez:
Harkris, maet, dou moatst net oerdriuwe.
Luit:
En dou soest ús hjir útmeitsje foar sadisten? Ik jow graech ta, wy ha jimme lân sa mar biset en dat hat miskien forkeard west. Mar sadisten binne der ek by jimme
(doar fljocht iepen en mei greate halen komt der in mantsje yn it fortrek)
Sersjant:
(as er praet dan docht er dat hastich en lûd. It is in figuer dy't altyd spanning jowt)
Hwat is hjir to rêdden? Sitte jim allegear to kletsen? Hwer ha jim it oer?
(rint nei Lopez)
Of stiestou hjir hwat to eameljen?
Lopez:
Ik ha neat sein.
Sersjant:
Né, hy seit noait hwat. Bûtendoar hearde ik jim allegearre en gjinien dy't hwat seit. Hie ik dy net forbean om dy yn to litten mei finzenen?
Lopez:
Ja, mar ik ha neat sein.
Sersjant:
(tsjin luitenant)
Of bisikestou hjir it praet hwat op gong to bringen? Hen? Tink derom, freon, by de minste fortinking sjit ik dy troch de raep.
Luit:
Hoe ha jo dat sa yn 'e holle, sersjant. En... eh... ik leau net dat wy ôfpraet ha inoar to doukjen
Sersjant:
Ek noch praetsjes, luitenantsje? As ik dy wie, soe'k mar hwat ynbine.
(en dan nei de soldaet)
En dou dêrre, hastou ek neat sein?
Soldaet:
(wurdt kjel)
Né, wier, wier, sersjant, ik doch neat.
Sersjant:
Ek neat sein?
Soldaet:
Net in wurd, sersjant
Sersjant:
Hwa fan jimme hat dan wol hwat sein? ... Hwa fan jim? ... Siz op, godfordomme
Soldaet:
Gjinien, né, gjinien leau'k.
Sersjant:
(pakt him by it hier en praet súntsjes op gefaerlike toan)
Siz, mantsje, dou wolst dochs net in ûremannich mei in tou om 'e hannen yn 'e loft hingje, wol?
Soldaet:
Né, sersjant
Sersjant:
Hear ris even Hwa fan jim trijen hat hjir hwat sein?
(stilte)
Hoefolle minsken hâlde hjir yn it kamp ta?
Soldaet:
In stik as hwat en in frommes, leau'k. | |
[pagina 17]
| |
Luit:
Greate kloat.
Sersjant:
Hâld dyn bek?
(tsjin soldaet)
Aha. Hat hy jim dat sein?
(wizend nei Lopez)
Soldaet:
(lûkt oan 'e skouders)
Sersjant:
Dus dochs.
(draeit him om nei Lopez)
Soa, dou koest dy smoarge, goare bek wer net hâlde, hen? Fortelt er my dêr de fijân hoefolle minsken hjir binne. Goddomme, it binne altyd deselden. Dit wurdt de majoar oerbrocht en as ik dy wer oer it mad kom, dan sjit ik dy lek.
(giet mei greate gystene halen nei de doar en slacht him nei in hurde klap etter him ticht)
Luit:
Asjebleaft.
Lopez:
Dat mient er net sa. Hy is o sa opljeppen. Fiif minuten letter is it wer oer, dan hat er wer hwat oars by de kop en bigjint er wer to soademiterjen.
Luit:
Tink der om, dat er dy mar net deasjit, as er it mâl fel oan hat.
Lopez:
Hy driget altyd mar nea liker as wie it in blaffende houn.
(sjucht wer foar him del)
Krekt as op it slachfjild. Elkenien rint to balten en to razen. Hja bisykje de tsjinpartij dêr mei to ymponearjen. En in leech gewear kin it bytiden wol mei ta om se stil to krijen
Luit:
Mar tinkstou dan noait oan wiif en bern?
Lopez:
Mar dy sjit ik net del
Luit:
Wit ik wol, mar dou ûntnimst har in kostber bisit.
Lopez:
(sjocht him efkes oan)
Doch net sa weak, man. Of woest sizze datst it slim fynst ast de fijân to liif giest? Dou bist ek sa mar net luitenant wurden, wol?
Luit:
Om de deale Der is forskil tusken dy en my. Faeks dogge wy it allebeide wol forkeard. Dou dochst it foar in part om dyn heitelân to bifrijen, mar yn it djipst fan dyn herte soe it dy mooglik muoije as de oarloch oer wie. Hwant hjir bitsjutst hwat en foarhinne wiest neat. Neat!.. Gjin minske seach by dy op. En boppedat, dou dochst dyn wurk stomme graech. Dou mochst graech minsken deameitsje. Man, dan kin men dy fansels net achtenearje.
Lopez:
Hwerom bistou birops wurden?
Luit:
Gâns lju binne fan tinken, dat hwat men tinkt, net yn oare wei stjûrd wurde kin. Doe't it oarloch waerd, seach ik it sinleaze der fan yn. Dan is in werom net mooglik. Bytiden bisykje ik it noch wol. Oars ha'k it gefoel, dat it libben sûnder sin is As immen de kriich goedkart, fordigenje ik de frede fûleindich. It hat wol hwat fan twa atheïsten, dy't it oer it leauwe hawwe en dêr 't ien dan fan it leauwe nei alle gedachten fordigenje sil.
(de doar giet iepen en in jong frommes komt der yn Hja sjocht der nochal manlik út. Hja draecht in riem mei iepen holster dêr't in revolver yn sit. Hja bliuwt by de doar stean en sjocht de finzenen oan. Earst nei de soldaet en dan nei de luitenant. Dan ynienen klikt der hwat tusken har en de luitenant. Hja giet dan foar harren oer sitten, op in stoel of tsjin de muorre. Har namme is Evelyn of Eve.)
Eve:
(nochal fûl)
Hwa binne jimme?
Lopez:
Dit binne de twa finzenen fan justerjoun.
Eve:
Greate sûch. Dat hoechst my net to fortellen. Ik freegje dy, hwa't it binne, net hwàt hja binne | |
[pagina 18]
| |
Lopez:
O
Luit:
(springt oerein)
Luitenant Hartwig en dy dêrre is soldaet Mussel.
Eve:
Stel dy net oan Dy maet fan dy kin himsels ek wol foarstelle.
(stilte)
Lopez:
Siz, Eve, de finzenen binne al boeid.
Eve:
Al sûnt justerjoun?
Lopez:
Hwat tochten jo?
Eve:
Jow my de kaeijen mar
Lopez:
(jowt se oer)
Hwat wolle jo dan?
Eve:
(smyt de kaeijen nei de luitenant)
Hjir, meitsje jim dat keatting los.
(de blik
fan de luitenant rêst efkes op har)
Lopez:
Tsjonge noch ta, hwat binne jo nommel.
Eve:
It binne gjin wylde bisten. En dou, miterje op, hwant ik kin wol fan dy spuije.
(doar fljocht iepen en de sersjant komt der yn. Mei gystene halen en kwea stampend mei syn learzens rint er op Lopez ta)
Sersjant:
Siz Lopez dou soest joun goed op dyn iepenst wêze, hwant de majoar sit nochal yn noed oer us skûlplak Goed harkje nei frjemde en fortochte lûden en ast dy net bitrouste, de saek fuortdaliks alarmearje. En tink derom, dat ik dy net oer it mad kom, ast leist to sliepen. Hwant dan bist de klos.
Lopez:
Eh, Eve hat de wacht, dus eh.....
Sersjant:
(sjocht forheard nei Eve)
Ek goed. Nou, jo ha it grif wol heard, hwat de majoar woe
Eve:
Dou bist dochs net fan bitinken datst sa'n greate bek tsjin my opskuorre kinst?
Sersjant:
Dat witst wol better.
Eve:
Hwant dizze dame jowt har aenst lekker del.
Lopez:
Nou sersjant, moat dêr net hwat fan sein wurde?
Sersjant:
Hâld dy de bek en miterje op.
Lopez:
Moaiprater
Sersjant:
Hwat hat dyn freon sein?
(rint driigjend op him ta).
Lopez:
(Lûkt oan'e skouders en wurdt wei troch de doar).
Eve:
Enne... hwat sil er mei dizze mannen hjirre?
Sersjant:
Wy moatte earst witte oft hja fan bilang foar de fijân binne en oft ús skûlplak ek bikend is My tinkt dat wy der net folle mei kinne.
Eve:
Dus?
Sersjant:
Krekt ja, Hwer moatte wy der oars mei hinne?
Soldaet:
Mar wy witte fan neat, wy wiene it paed bjuster en oars neat.
Sersjant:
Hy begjint ek wer
Soldaet:
Ik swar it jo sersjant, lit my dochs gean. Wier, wier, ik sil neat fortelle oer dit alles
Sersjant:
Hâld dy godfordomme de bek.
Eve:
(hast net to sjen senuweftich, praet hurd)
Hwerom raestou winliken altyd sa?
Sersjant:
Omdatst tsjin in houn ek raest.
Eve:
Witst wol, dou skepst altyd sa'n sfear om dy hinne. Sels foar eigen folk is | |
[pagina 19]
| |
dat to fornimmen.
Sersjant:
Dêr draeit it ek om
Eve:
Ik bigryp dy net. Dou bist foar dysels en oaren ûnútsteanber. Neffens my soest noait mei in oar libje kinne... ek net mei in frommes.... It koe ek biteare datst dan hwat tajaen moatst.... hahahaha....
Sersjant:
Hwerom lakest sa?
Eve:
Omt ik my yntink datst mei in frou op bêd leist.
Sersjant:
Moat dêr nou sa om lake wurde?
Eve:
Né.... mar it liket my ta datst o sa noflik op bêd lizze soest. In man dy't gûlt as er klear komt.
Sersjant:
(swier)
Dou bist net wiis.
Eve:
Né, wier, ik mien it
(de eagen fan de sersjant geane ûndersykjend nei de
beide finzenen).
Sersjant:
Siz soldaet?
Soldaet:
Hwat woene jo?
Sersjant:
As wy dy ris losmakken en dy by wiif en bern brochten. Hoe soe dy dat talykje?
Soldaet:
Net gek..... ik soe leauwe dat ik dreamde.
Sersjant:
Dus it soe dy wol talykje.
Soldaet:
Sûnder mis
Sersjant:
Sjoch, dat wy jimme fêsthâlde komt, omt wy net witte mei hoefolle man jim hjir om en ta hâldden doe't wy jim finzen namen.
Luit:
As jo hwat witte wolle sersjant, dan moatte jo by my wêze. En siz gjin dingen ta dy't jo dochts net neikomme kinne.
Sersjant:
Neat mei to krijen Siz soldaet, hoe machtich wiene jim?
Soldaet:
Mei syn beiden
Sersjant:
Dat wit ik nou wol Mar der wie dochs wol in legerûnderdiel?
Soldaet:
Wy wiene togearre.
Sersjant:
Dus jimme binne togearre in dei as hwat op stap gien en doe kamen jim yn in great bosk en dêr binne Hâns en Grytsje it paed bjuster rekke. In moai forhaeltsje.... forrekte moai As jim dit folhâlde, sil de dream net útkomme.
Soldaet:
Ik swar, sersjant.
Sersjant:
Lit mar feintsje, moarn sille wy it oars bisykje.
Soldaet:
Hoe miene jo?
Sersjant:
Dan helje wy de wierheit der wol út. Dêr binne wy o sa tûk yn.
Soldaet:
Ik bin ûnskuldich
(sersjant keart him om en jowt him del by Eve, dy't oerein giet en by it finster stean giet)
Eve:
Jonge noch en ta, hwat wie hy aerdich.
Sersjant:
Hâld dou dy der bûten.
(op dat stuit springt de soldaet oerein en fljocht nei de doar Hy fljocht der út en stout fuort. As in kat is Evelyn nei de doar sprongen. Wylst de sersjant raest fan: Godfordommeeee... sjithja in pear kear fuort efterelkoar Bûtendoar in skreau. De sersjant giet hurd nei de doariepening, it revolver yn'e hân)
Hast him rekke?
Eve:
(lûkt oan 'e skouders)
| |
[pagina 20]
| |
Sersjant:
Dy kloat.. as dy ús ûntkommen is. Hwerom hast him de boeijens losmakke.
(rint mei gystene passen nei bûten en ropt om twa wachten. Eve stiet tsjin it doarkezyn en sjocht nei de luitenant dy't oerein kaem is of noch altyd stiet. Hja sjogge elkoar oan, lyk yn 'e eagen. Sersjant bûten)
Hjir leit er, kroandea.
(efkes is it stil, dan wurdt der bûten praet)
Luit:
(fol haet)
Dou hast him deasketten as wie it in bist.
(stilte)
As ik dy ea yn myn kloeren krij, ik formaerdzje dy as in houn. Hearst my wol?
Eve:
Ja... ik ha him deamakke.
(stadich rint se op him ta, safier dat er har maklik pakke kin)
Luit:
Mar hwerom? Yn Godsnamme, hwerom?
(skodhollet)
Eve:
Omt dy man gefaerlik wie. It is syn eigen skuld.
Luit:
(sjocht har frjemd oan)
Hwa bistou?
(stilte)
Eve:
Dou bigrypst neat fan de forbittering en de twang foar de frijdom fan ús lân. Wy ha jimme hjir net frege. Doarpen en stêdden ha jim delbaernd. Froulju en bern ha jim to nei west. En dat moatte wy allegearre goedfine. Neame jimme dat oarloch? En tinkst nou dat ik respekt opbringe kin foar jim folk? En dêrom slagge wy werom mar net krektlyk as jimme. Wy deadzje net yn it wylde wei. Wy likwidearje oars net as minsken dy't foar it heitelân gefaerlik binne. En dat wie dizze soldaet As hy ús ûntkaem wie, dan hie ús skûlplak gjin skûlplak mear west. Né, mynhear de luitenant, oan froulju en bern ha wy ús net bisûndige.
Luit:
Mar docht it dy dan hielendal neat?
Eve:
Hiest my dit ek frege as ik in keardel west hie?
Luit:
Nei alle gedachten net
Eve:
Dou sjochst it net goed. Leau my mar dat forskate froulju de hannen jûkje. mar dy wurde opkeard fan man en bern. Mar tochtst nou dat it net oan ús fret dat ús lân biset is of ús manlju net werom komme? En as der alris ien is, dy't meidocht, dan is dy faek spikerhurd.
(stimmen fan manlju dy't der ynkomme. De majoar is in rizich man en efter him de sersjant en de beide wachten: Lopez en Lehmann)
Sersjant:
(is der ynkaem)
Dus Lopez en Lehmann, dol mar in gat en smyt dêr it saekje mar yn
Majoar:
Hallo, dy Evelyn In geweldich skot, fanke. Ik moat der net oan tinke dat er der útnaeid wie Dan hiene wy fuortdaliks wol opbrekke kinnen.
Sersjant:
Eve, der is gjin ien dy't sa goed sjitte kin as dy. Yn ien kear kroandea.
Lopez:
Krekt yn 'e nekke
Lehmann:
Alle kûgels krekt yn 't rychje
(de majoar stiet nou foar de luitenant en nimt him op)
Majoar:
Helje it dus mar net yn 'e harsens en pyk ek út. Hoe tynst it hjir oars.
Luit:
Yn it selskip fan in aerdich tsjep frommes, nou....
Majoar:
Forwachtest hwat fan har? Hoechst net op to tidigjen.
Sersjant:
(fanatyk rint der hinne en skreaut)
Hwat sille wy nou bilibje? Woe hy hwat fan Eve?
Luit:
Ik praet mei de majoar, Sersjant. | |
[pagina 21]
| |
Sersjant:
(Lilk)
Wol godfordomme, hwat tinkst wol hwa'st biste, stik potfretten.
(skopt nei de luitenant).
Eve:
Bihearskje dy.
Sersjant:
Ik fordigenje dyn eare.
Eve:
Hy misledige my net.
Majoar:
Sa kin it wol. As wy ûnderinoar ek oarlich fiere, dan binne wy nearne mear, en dou luitenant, de bek ticht, oars litte wy dy itselde paedtsje rinne.
Luit:
Dêr sil it dochs wol mei my op ta gean.
Majoar:
Dat hast sels yn 'e hân.
Luit:
Och majoar, kom nou net mei moaije biloften oan dy't jo net wier meitsje kinne.
Majoar:
Miskien, mar as ik dy tusken twa kweaden kieze liet.
Luit:
(lûkt oan 'e skouders).
Sersjant:
Siz majoar?
Majoar:
Ja?
Sersjant:
Kinne wy dy knaep net efkes geweken nimme? Dan witte wy alteast hwer't wy oan ta binne. In goed ding as Eve en ik dêr togearre foar riede.
Eve:
Dêr komt neat fan yn. Sokke dingen dochst mar allinne of mei Lopez, dy't dat wurk ek wol leit. Ik jow my net yn sokke sadistyske spultsjes.
Lehmann:
Ek in tsjindijer, sersjant.
Lopez:
In goed idé, sersjant.
Sersjant:
Hâld dy de bek, Lopez.
Lopez:
Dou hast net in houn foar.
Sersjant:
Wiest mar in houn
Majoar:
Nou gjin grysjes mear, mannen. Wy hoege net to hottefyljen en dat om in finzene. Moarn sjogge wy wol wer. Wy sille nou earst mar ris in sûpke by my drinke
(optein sette hja ôf. Eve bliuwt oer mei de luit)
Eve:
Bliid dat se fuort binne
(stilte)
Luit:
Hoe hjitstou?
Eve:
(forheard)
Giet it dy hwat oan?
Luit:
Bist miskien bang dat ik dyn namme misbrûke sil?
Eve:
Dêr krigest de kans net ta
Luit:
Siz it my dan
Eve:
Evelyn.... Evelyn Michalis.
Luit:
En ik hjit Klaus Hartwig. Dy namme komt in soad by ús foar. Bist hjir al lang by dizze groep?
Eve:
Jezus Kristus, hwat hast dêr mei nedich. As ik dy wie soe'k mar hwat ynbine.
Luit:
Net sa efterhâldend. Hwat soe der nou ynstekke as wy in pypfol prate. Moarn bin 'k der faeks net mear.
Eve:
Sit der wol yn
Luit:
Eins al nuver as men wit dat it mei koarten wolris ôfroun wêze kin. Binammen as men soun is It hoecht fansels hielendal net. It liket my ek wol hwat ûnndlik ta | |
[pagina 22]
| |
Eve:
Neffens dy dan.
Luit:
Dat hat der neat mei to krijen. It is oars net as it weinimmen fan it libben.
Eve:
Hoe faek hastou immen it libben al net binommen? Deabidaerd, sûnder sin? Hoefolle soene der noch oangean as wy dy gean litte soene? En nou'st sels oan bar bist, bikleist dy. Faeks tinkst noch dat it my om dy bigreatet. Mar set dy dat mar út 'e holle.
Luit:
Dyn bigreatsjen ha ik gjin forlet fan. Dou sikest neffens my rounom hwat efter. En meilijen mei mysels ha'k net. Ik wit wol, it is myn eigen skuld dat ik hjir sit, mar dou hast net troch dat in minske fan tinzen foroarje kin.
Eve:
(laket efkes)
Dou woest dus sizze dat troch it delsjitten fan dy soldaet dyn miening oer oarloch foroare is. In sterk stik, hear.
Luit:
Spitigernôch kin in minske himsels net sjen. Hoestou dêr sa niis stiest, greatsk en tagelyk sa'n grousume died útfiere koest. Yn myn eagen sa tsjinstridich mei hwatstou op dit stuit uterste. Ik kin der net by dat soks kin. Hoe koest soks opbringe Hoe bist hjir yn forsile rekke?
Eve:
En op slach foroarestou dyn miening.
(spotsk).
Luit:
Ik ha nea yn 'e oarloch leauwe kind.
Eve:
Lit ús it oarsom stelle Stel datstou dysels sjen koest wylstou minsken dea sjitst. Hwant hoefolle ha jo al net deasketten, luitenant? Hoefolle húshâldingen hastou al net yn trewyn jage sûnder dy derom to bikroadzjen? En ast dy dan ris sels sjen kinnen hiest, soest dan net fan dysels koarre hawwe? En dou soest my soks forwite?
Luit:
Ik forwyt dy neat mear
Eve:
Niis seist datst my hatest.
Luit:
Ik haetsje dy fansels net.
Eve:
Of bist al wer fan bitinken foroare?
Luit:
It wie de réaksje
Eve:
Ut réaksje ha 'k sketten.
Luit:
Lit ús dêr oer swije
Eve:
It liket my ek frij sinleas ta. Binammen mei immen dy't om it hurtsje fan miening foroaret.
Luit:
Jezus, dou wolst in minske ek sa folle mooglik op it sear komme. Boppedat fyn ik dy in slim ûnbitrousum skepsel.
Eve:
Dat ha sy my sa bybrocht.
Luit:
Dou leaust my net Dou bitroust my net. Dou tinkst grif dat ik my hjir útwine wol to'n koste fan dy Ik meitsje myn fuotboeijens wol wer fêst.
Eve:
Da's net nedich Ik ha dy sa wol yn 'e gaten. Né, en it kin my ek neat skele.
Luit:
Wy binne beide to spand. Us tinzen binne hieltyd oan wer by it kamp. Wy libje mids senuweftige minsken. Binammen jildt dat foar dy en my. Dy, omdatst op my passe moatst en my, omt ik net wit hwat myn foarlân is. Lit us gewoan dwaen. Lit ús gewoan prate en it oare forjitte. Eins soene wy earne oars wêze moatte. Dêr sit it op fêst Wy moatte hjir wei. Earne oars hinne.
Eve:
Dêr seist hwat Lit us dat dwaen Hwat woe mynhear? Twa kaertsjes theater? Wel, wel | |
[pagina 23]
| |
Luit:
Fansels bidoel ik it net sa. Kom hjir ris.
Eve:
(nokkerjend)
Dat soest wol wolle, hen?
Luit:
Sjochst nou wol hoe erchtinkend astou bist? Hwerom bitroust my net? By in oar sil ik bisykje om út to naeijen, mar net by dy.
Eve:
Hwat bist my in keardel. Ik bigryp hwatst wolste.
Luit:
Kom dochs mar.
Eve:
(sykhellet swier en giet neist him sitten)
En hwat nou?
Luit:
Ik moat efkes neitinke. Sjoch, wy moatte hwat bitinke dat wy mei ús tinzen earne hinne gean kinne. Houris, ik ha al hwat..... Krij dou dy planken dêr ris Eve, dan sil ik hwat bouwe.
(bout hwat dat fan in fleanmasjine hat, fansels symboalysk)
Sa, hjir de romp... en dêr in wjuk.... Liz dou dy planke dêr efkes sa del.
(bout it mei twa sitplakken efterinoar en de snút fan de masjine stiet
skean op it publyk, dat it sicht hat op foar en sydkant fan de spilers)
Luit:
Sa, klear.
Eve:
Hwat klear.
Luit:
Dat kinst dochs wol sjen, in fleanmasjine.
Eve:
Oooo.... is dat in fleanmasjine.
Luit:
Wis, is it net tige.
(Eve sjocht wol forheard)
En nou stappe dou en ik der yn en dan fleane wy deabidaerd earne hinne.
Eve:
Deabidaerd earne hinne.... jaaaja, soest dan earst de doar net iepen sette, dan giet it hwat makliker
Luit:
Gean nou mar sitten, dan sette wy útein.
Eve:
Moat ik dêr sitte?
Luit:
Fansels, net op 'e wjuk. Dêr efteryn.
Eve:
(giet sitten)
Nou ik bin binijd. Hast genôch branje?
Luit:
(sfapt foar yn, draeit him om)
In aerdich ding, net? En hy sit goed.
Eve:
In bytsje hurd
Luit:
Hâld dy mar goed fêst, wy geane fuort.
(makket bromlûd)
Eve:
(as hy in setsje ûnderskate bromlûden hearre litten hat)
It hat der fan dat er net best fan 'e groun ôf komme kin.
Luit:
Wolné, wy sitte allang yn 'e loft.
Eve:
(sjocht efkes bûtenboard)
Ja, noust it seist.
Luit:
Fantastysk siz dat sweevjen yn 'e loft.
Eve:
Geweldich. Sjochst dy flearmûs dêrre? Dy fljocht hurder as wy.
Luit:
Ik sjoch bergen en wetter. Moatst dêr ris sjen, Eve, hoe machtich moai dy loft dêr is. Dou sjochst boppe op 'e wolkens.
Eve:
Ik sjoch oars net as dy flearmûs, mar bergen en loften, né.
Luit:
Witst, ik leau dat ik my folslein lokkich fiele soe as ik hielendal op it topke fan dy berch sitte koe En dat nimmen dan by my komme koe. En dat ik dêr dagen efterinoar trochbringe koe. Sjen nei dat doarpke ûnder my, hoe't elkenien him dêr hâldt en draecht.
Eve:
Dou draefst wer troch. Ik leau, dat ik marris útstap.
(oerein en wol har iene foet bûtenboard sette)
Luit:
Pas op, Eve
(hy hat him omdraeid en wol har beethâlde. Eve jowt in
| |
[pagina 24]
| |
skreau en stiet to wankeljen om binnenboard to bliuwen)
Tink, derom, aenst falst noch nei ûnderen.
Eve:
(giet forbouwerearre wer gau sitten, sjocht de kiste nochris yn it roun en sykhellet djip)
Ik bin loftsiik. Set dy rotkist bileaven wer oan 'e groun.
Luit:
Dou hast ek gjin each foar de natuer en wy binne noch mar krekt útein.
(moedeleas sit Eve foar har út to sjen. Luit bromt en stjûrt hwat)
Siz Eve...
Eve:
Ja...
Luit:
Dou bist dêr efteryn dochs wol goed?
Eve:
Bêst, fljoch dou mar
(stilte)
Wolst ek in sigaret?
Luit:
Graech.
(Eve fisket twa sigaretten út 'e klean en in doaske lúsjefers.)
Wolst mines ek efkes oanstekken, oars blaest de wyn de lúsjefers út.
Eve:
Hokker wyn?
(forheard en strykt in lúsjefers oan op 'e houten flier)
Luit:
Wy ha nochal hwat yn 'e wyn en yn 'e gauwichheit ha 'k forgetten in wynskerm to bouwen
Eve:
Dat hat men fan dy amateurs.
(stekt de sigaretten oan en jowt ien oan de luit)
Luit:
Dochs is it hjir hearlik Dy stilte... As bern woe 'k piloat wurde... Skoftenlang koe ik der nei sjen hoe 't dy keardels har tastel yn 'e loft hâlde koene. Soms toch ik dat se tsjin in berch fleane soene en dan drukte de wyn de snút omheech en gyngen se der oerhinne... Ik stelde my dan foar dat ik de piloat wie en der yn siet. Dat hie 'k dan as ik op bêd lei. Ik fleach dan oer lân en seach dat alles folle moaijer like.... Dan seach ik fuort de weagen op 'e sé dy't oanrôljen kamen Uren efterinoar folge ik se om to sjen oft harren einleaze dining earne ophâldde. Hieltyd mar fierder, hieltyd op en nij forriisden de toppen mar wer oant ik der dwyl fan waerd en dan treau ik myn stjûrkneppel nei foaren om der mei de noas yn op to barsten... De masjine bleau dan driuwen op 'e weagen. Hiel súntsjes foutere ik dan hinne en wer. It wetter hearde ik dan tsjin de masjine oanklotsen. Fierôf seach ik dan de mêsten fan in skip. O, dan fielde ik my sa greatsk dat ik noch op in stikje fan 'e ierde wie, hwer't oars gjin minske wie. Kinst my neikomme?
Eve:
(knikt stadich)
Dou bidoelst datst dy dan machtich fieldest, dou hiest macht... mar dan foar dysels
Luit:
Miskien al, ja
Eve:
Ast ea nochris frij komst, hwat silst dan?
Luit:
Protestearje tsjin de oarloch.
Eve:
Né, ik mien it serieus
Luit:
Ik ek.
Eve:
Stel dat der gjin oarloch mear is.
Luit:
Ik wit it net ik wit it net it liket my ûnmooglik ta... faeks dat ik dy dan freegje sil om mei my to trouwen.
Eve:
Dou bist net goed by dyn holle.
Luit:
Dat sizze alle froulju dy't in houliksoansyk krije. Psychologen hâlde út dat soks fêst sit op in tokoart oan wurden op dat stuit.
Eve:
Gottogot Hwat bist my dochs in eigenwiis stik pot-iten. Hwant ik soe net | |
[pagina 25]
| |
in sprút foar dy fiele. Dou bist gewoan in sentimentele senile skytsek.
Luit:
Tochste?
Eve:
Hwat oars, hwant ik soe dy mei it greatste gemak in kûgel troch dyn pichel sjitte kinne.
(stilte)
Is der hwat?
Luit:
Né, neat. Krekt as binne wy wer yn it kamp werom.
Eve:
Mar wy wiene dochs yn 'e loft.
Luit:
Ik al, ja, mar dou yn it kamp. En dêr hast my wer hinne brocht.
Eve:
Bist lilk?
Luit:
Né.
Eve:
Ja.
Luit:
Ik siz fan né.
Eve:
Allinne omt ik sei datst wol in kûgel krije koeste?
Luit:
Sûnder erch miskien?
Eve:
Yn fredesnamme, hwat forwachtest dou fan my.
Luit:
Dat is wier... ik ha neat to forwachtsjen.
(stilte)
Eve:
Sille wy mar wer dale?
Luit:
De flecht is noch net ôfroun.
Eve:
Dan stap ik út.
Luit:
Dan falstou del.
Eve:
Ik wit net ofst it troch hast, mar wy binne noch altyd yn dyselde âld skuorre.
Luit:
Skuorre? Hokker Skuorre?
Eve:
Dêrstou yn opsletten bist.
Luit:
Ik sjoch oars net mear as loft en wolkens.
Eve:
Doch nouris gewoan.
Luit:
Dou, dou hast gjin gefoel foar romantyk.
Eve:
Ik wit wol, ik bin net froulik, ik ha gjin fantasy, gjin gefoel foar romantyk, ik bin erchtinkend en wit ik hwat allegear mear. Mar hwatstou dochst kinst hûndert kear romantysk neame, mar it is oars net as de werklikheit ûntflechtsje omdatst net keardel genôch bist.
Luit:
Wy falle.
Eve:
Nou, hwat soe dat?
Luit:
Dan slagge wy tsjin 'e groun en dou ek.
Eve:
Hoe bidoelste?
Luit:
As wy tsjin 'e groun slagge, dan slachstou ek oan smots. Dat komt omdatst in to greate bân mei my hast.
Eve:
(laket lûdop)
Nou moat it net mâlder. Siz, eigenwiis mantsje. As ik dy deasjitte moat dan sil 'k, wylst de kûgels dy yn dyn korpus omwine, lûdop stean to gnizen
Luit:
(oerein, raest)
Derút dou... en op slach.
Eve:
(forheard)
Mar.
Luit:
Evelyn, gean dy fleanmasjine út. Krij dyn pistoal en sjit.
Eve:
(stapt út)
Bihearskje dy in bytsje, luitenant.
Luit:
Fordomme noch ta. Sjit dan. Dou diest it ommers sa graech. Dou soest | |
[pagina 26]
| |
ommers sa lûdop gnize? Doarst net, hen? Of moat ik myn rêch earst nei dy ta draeije, datst myn gesicht net hoechst to sjen? Faeks datst dan better sjitst... yn 'e nekke of sa.
Eve:
(rint op de luit ta, it pistoal op him rjochte)
As ik it ris die, luitenant, hwat soest mâl sjen. Krekt as doe mei dy soldaet. Dat woest eins ek net leauwe. Net earder as doestou ta it binul kaemst dat it dy ek oerkomme kin. Wiest dêrom net sa út de liken slem?... Né, ik ha myn opdracht en sjit dus net.
Luit:
Dou bist bang foar dyn superieuren. Hwat soe 't. Dou giest in kearke mei de majoar op bêd en by need mei de sersjant en hja witte nearne mear fan.
Eve:
Bisykje it mar net, Luitenant.
Luit:
Faeks spilestou hjir de kamphoer. Hwerom soene hja hjir oars in frou talitte?
Eve:
(laket lûd)
Woest my dêr mei krije? Dou wurdst ûnfoech en dou seist dingen dy't oer de skreef geane. Ik soe dyn praetsjes wolris trochjaen kinne. Dan kinne se it mâl fel wolris oankrije.
Luit:
Miskien, ja
Eve:
En sa leaf binne se net tsjin immen dy't se net lije meije.
Luit:
Ik woe graech datst hjir mei ophâldst.
Eve:
Mooglik komme de manlju aenst noch wol en dan kin ik har moai trochdwaen hoestou my op it sear komst.
Luit:
Ast it graech hearre wolst... it muoit my.
Eve:
Bist bang?
Luit:
Dat net, foar dy net en foar nimmen. It is de agressiviteit.
Eve:
Dat sit ek yn 'e minske.
Luit:
It is de spanning, de driging, net de died sels.
Eve:
Ik kin dy net neikomme
Luit:
Lit mar
Eve:
Ik hear se al del kommen, leau 'k.
(yn 'e fierte stimmen)
Hja sille wol wer aerdich dronken hawwe
Luit:
Dou seist it net tsjin harren, nou?
Eve:
Krekt al
Luit:
Eve, alsjebleaft
Eve:
Bist sa binaud?
(giet oerein en rint op him ta, hy sit oer de groun)
Luit:
Faeks al
Eve:
Dou trillest op dyn skonken, dou bist sa bang as in hountsje.
Luit:
Ik wol graech gjin swierrichheden.
Eve:
Dêr mei ik stomme graech oer.
Luit:
Dou seist it harren net.
Eve:
Greate skytsek... bist bang of net.
(Luit knikt)
Oerein dou, oerein.
(luit giet oerein)
Witst dat ik dy haetsje en witst hwerom? Omdatstou sels net iens mear witst hoefolle froulju en bern astou formoarde hast. En dou witst net ienris hwerom, greate leffert. Ik forachtsje dy en haetsje dy
(spijt him lyk yn it gesicht. Hy forlûkt gjin spier en sjocht har lyk oan)
Gean sitten. Omdatst sa'n lefbek bist siz 'k neat tsjin de jonges, hwant dou bist it net wurdich dat se dy
| |
[pagina 27]
| |
omseamje. In wjirm slacht men ek net, dy trapet men dea. Boppedat, greate siel, ik ha ek noch meilijen mei dy.
Luit:
Bisikestou my hjir lytsman mei to krijen?
(stiet noch altyd en linet tsjin de muorre)
Dou hast my, siz mar hwat ik to dwaen ha. Moat ik in ein krûpe?
(doar
giet op, sersjant komt der yn, hy is oansketten)
Sersjant:
Ha, dy Eve.
Eve:
Hast wer oan 'e drank rûkt?
Sersjant:
(stoarrelt nei har ta)
Kom nou ris Eve en doch net sa rot.
Eve:
Ik warskôgje dy.
Sersjant:
Hwerfoar, hwerfoar ju.
Eve:
Jow dy del om to sliepen en drink tonei net wer mei dy greate jonges, hwant dy kinst net bilykje Astou oan 'e koark rûkst, dan bist al wer oer dyn toeren.
Sersjant:
(bisiket har to pakken mar stroffelet en bliuwt stean)
Godfordomme, dy rotkisten.
Eve:
Dat geflok hat gjin sin.
Sersjant:
(sjocht in momint foar him út en draeit him stadich om nei de luitenant en sjocht him mei loerende eagen oan)
Ik kaem hjir eins foar dy.
(der leit in o sa sêfte driging yn)
Luit:
(lakonyk)
Wel, wel, hwat in eare.
Sersjant:
(komt nou lyk foar him to stean)
Ik wol datstou efkes mei giest.
Eve:
Set dy dat mar út 'e holle, sersjant. Ik ken dyn praktiken.
Sersjant:
Ik doch him neat.
(sjocht de luit oan en oarsom ek)
Ik ûnthjit dy dat ik him ûnskansearre wer werombringe sil.
Eve:
Hy giet net mei. Boppedat sommear ik dy om to fordwinen.
Sersjant:
Ik leau, dat de luitenant it net iens slim fynt om mei to gean. Hwat sei?
Luit:
Miskien wol net, né.
Sersjant:
Ik mei him ek wol. Hwat kinst dêr noch tsjinyn lizze, Eve?
(hy giet noch neijer tsjin de luitenant oanstean, de luit stiet yn bistân en Eve sjocht it)
Eve:
Jezus... Hy giet net mei. Né maet, ik wit wol hwatstou wolst. Krekt as dy oare kearen. Doe wie it dy der ek al om to rêdden. As wy goed troch dizze oarloch hinne slagje, krigest dat noch ris op dyn brea. Sadisten binne der al oer en tofolle.
Sersjant:
Luitenant, giest mei? Dyn iennichste kâns om hjir ea wer wei to kommen.
Eve:
(sjocht it wifkjen fan de luitenant. Se lûkt har pistoal en hellet de sersjant by de luitenant wei)
En nou hjirwei, smoarge ûnderkrûper. Nea ha 'k sa'n glûpert sjoen lykastou der ien bist.
Sersjant:
(draeit him stadich nei har om en rint op har ta. Eve bliuwt stean en rjochtet har pistoal)
Eve:
Bisykje it mar net, ik soe gjin momint wifkje.
(hja sjogge inoar fûl oan, by einbislút draeit de sersjant him wer om nei de luit)
Sersjant:
Ast nou fuort net meigiest...
Luit:
(ynienen herstochtlik as wie er frij, hwat hymjend mar dochs oertsjû-
| |
[pagina 28]
| |
gjend)
Né sersjant né.. al soe it my myn libben kostje moatte, mar dit wol ik net.
Sersjant:
Dou wegerest? Smoarch stik eigenwiis... Godfordomme.
Luit:
Smoarge goare flikker.
Sersjant:
(stilte, rint dan stadich op him ta, bliuwt lyk foar him stean en spijt him hurd yn it gesicht)
Hjir, dat fortsjinnestou.
Luit:
Fan dy nim ik dat net.
(spijt werom yn it gesicht)
Sersjant:
(forheard)
Dat sil dy sûr opbrekke heite.
(rint nei de doar en slacht him hurd efter him ticht stilte)
Eve:
Dou bist to fier gien Dit sil er net nimme.
Luit:
Dat kin my gjin barst skele.
Eve:
Ik bigryp it net Dou wiest yn 'e wille op syn útstel yn to gean.
Luit:
Earst al, ik frege my ôf oft ik dêr myn libben mei rêdde koe. Mar ynienen wearzge ik der sa fan dat ik ûnbiskoft tsjin him waerd.
Eve:
Singelier. Ik freegje mysels ôf ofstou foar dysels oer wol earlik bist.
Luit:
Kinstou my immen neame dy't dat foar him sels oer wol is?
Eve:
Né, mar earst wiest sa bang en dan ynienen kin it dy gjin barst mear skele.
Luit:
De died op himsels bieangstiget my net. Stel dy ris foar dat der immen is dy't dy mei in mes deadzje wol. Ear't er tastekt bistou dyn rie to'n ein en as er dy stutsen hat, dan ast der noch weet fan hast, dan bist net bang mear.
Eve:
En doe't de sersjant op dy spijde, wiest doe oer dat punt hinne?
Luit:
Krekt.
Eve:
Hy forjit it net
Luit:
Dat makket neat út ik haetsje him.
Eve:
(knikt)
Ik jow my del
(hja hellet in pear tekkens út in hoeke wei, leit ek in pear foar de luit del)
It muoit my, mar losmeitsje kin ik dy net.
Luit:
Dou hoechst dy net to ûntskuldigjen
(krûpt ûnder de tekkens)
Eve:
Nou, dan net.
(stilte Hja sjogge beide nei de souder. Eve hat de petroaljelampe deldraetd Op it toaniel is't nou skimerich)
Luit:
Dochs is it wol fredich yn dizze skuorre. Alteast nou....
Eve:
Alleman sliept
(stilte)
Luit:
Soe it mei de oarloch noch lang duorje?
Eve:
Doar ik net to sizzen. Men wit net hoe't it op oare plakken forrint. Wy komme fansels al wer frij, mar hwannear? En as it oer is, wurdt it faeks noch in greatere binde len stik earmoede. En it slimste miskien noch, dat men wer yn it stokramt rinne moat Dit mei net, dat mei net. Op 'e tiid nei it wurk. Foar húsfrou boartsje Mei in oppassende man trouwe. Bern krije en dy wer great bringe. Ik wol net sizze dat wy nou sa'n moai libbentsje lije. Bileaven net. Mar wy binnefrij yn dwaen en litten. Gjinien dy't dêr hwat fan seit. Men leart jinsels kennen. Bytiden kin men der net by. Guon minsken helpe in oar, sa nei steane hja inoar. Of hja slachtsje in oar ôf as fé. Der binne lieders dy't yn it deistige libben kantoarmantsjes wiene en der nea boppe útgroeid wiene. Men fielt jinsels. Men doart mear as oars.. Witste... de spanning is fuort. Der komt in tiid fan forfeling en dêr sjoch ik tsjinoan.
(stilte)
| |
[pagina 29]
| |
Luit:
Eve?
Eve:
Eh...
Luit:
Fortel ris hwat fan dysels.
(it wurdt nou hielendal tsjuster. Stadichoan wurdt it wer ljocht. Eve is dwaende de boel hwat op to rêdden en giet dan fuort, de luit wurdt ek wekker, giet oerein en rekt him út. Dan giet de doar iepen, de sersjant komt deryn mei de beide wachten. Trijerisom geane hja op in rychje stean mei de sersjant yn it midden. Hja sjogge de luit lyk oan.
Luit:
Hwat ha wy nou?
(stilte)
Is der hwat?
(dan dogge de mannen alle trije in stap nei foaren)
Hwat.. Hwat binne jimme fan doel?
(stilte. Senuweftich)
Jimme tinke my op dizze manier lytsman to meitsjen, hen?
(wer in stap en altomets wer ien)
Yn godsnamme siz dochs hwat. Ha 'k hwat misdien. Fordeald, ik wit fan neat. Ik ha alles sein... Godfordomme, bliuw stean... bliuw efkes stean.
(mannen bliuwe stean)
Stel, dat myn maten wisten dat ik hjir wie. Dan hiene se hjir al lang west. Ik ha it harren dochs net sein, dat ik hjir bin.
(Luit lûkt stadichoan nei de muorre, as hja noch tichterby komme)
By God, hwat wol jimme. Bliuw stean Kom net tichterby... bliuw dêr stean.
(hja steane nou by de luitenant en geane yn in rountsje om him hinne stean, alle trije de hannen op 'e rêch)
Wolle jimme my foarmoardzje?... Mar dat fynt de majoar net goed... dat witstou sels wol, sersjant.. né, sersjant... dou silst my net formoardzje. Dat meistou net. Hearst my... dat meistou net.
(de luit hoart oan it keatting)
Kom net oan my...
(de iene wachter bûcht him en makket it keatting los. Op itselde stuit springt de luit fuort yn 'e rjochting fan de doar)
Sersjant:
Bliuw stean.
(yn 'e hân in revolver)
Luit:
(bliuwt stean. Freegjend sjocht er nei de sersjant)
Sersjant:
Dêrre dou, op dy stoel.
(ien fan de wachten set in stoel midden oer it toaniel, sa dat it publyk de luit fansiden sjocht).
Kom wer oerein.
(luit rêagearret net)
Oerein, ha 'k dy sein.
(op itselde momint skopt in wachter him de stoel ûnder it gat wel. dat de luit komt to fallen. Hy klaut wer oerein).
As ik dy hwat hjit, dan moat dat fuortdaliks dien wurde. Hast my bigrepen?
(Luit knikt)
Bigrepen?
Luit:
Bigrepen.
Sersjant:
Ik freegje my ôf, hwerom astou soldaet wurden bist.
Luit:
Ik sels ek.
Sersjant:
Hwerom bistou hjirre?
Luit:
(réagearret net)
Sersjant:
Hearst my net? Hwerom bist hjir?
Luit:
Omt jim my finzen nommen hawwe.
Sersjant:
Hwerom hawwe wy dat dien?
Luit:
Omt ik hjir wie
Sersjant:
Greate kloat. Dat freegje ik dy ommers. Hwerom bistou hjir dan?
Luit:
Ik wie it paed bjuster
Sersjant:
Hoenear hastou dyn legerûnderdiel forlitten?
Luit:
Twa dagen forlyn de moarns om tsien úre.
Sersjant:
Mei dy soldaet? | |
[pagina 30]
| |
Luit:
Yndied
Sersjant:
Hoe great is dat ûnderdiel?
Luit:
Sa likernôch twahûndert man.
Sersjant:
En hwerom forlieten jim dat ûnderdiel?
Luit:
Om de omkriten hjir to forkennen.
Sersjant:
Mei syn beiden?
Luit:
Mei syn beiden
Sersjant:
Net mear?
Luit:
Net mear.
Sersjant:
En doe it paed bjuster.
Luit:
Ja, it paed bjuster.
Sersjant:
Yn it greate bosk?
Luit:
Hjir yn it bosk ja.
Sersjant:
Dat liichst allegearre.
(de beide wachten roppe nou ek: ‘Dat liichst’. Elk op syn beurt en lûd)
Luit:
Hâld op, stel idioaten Jimme meitsje my gek.
Sersjant:
Dou liichst
Luit:
Ik liich net
Sersjant:
(ynienen wer kalm).
Wy bigjinne wer fan fannijs. Gean dêr sitten en sjoch lyk foar dy ut Op in bipaelde moarn
(wylst er efter de luit rint)
sei de kaptein tsjin dy datst mei de len of d'oare soldaet de boel marris troch it gat gnuve moast
(Luit sjocht om)
Sjoch foar dy, godfordomme.
(fûl)
.... Nou, sei er dat net?
Luit:
Sokssahwat, ja
Sersjant:
Hwer wiene jim doe?
Luit:
It legerûnderdiel?
Sersjant:
Ja.
Luit:
Oan'e kant fan in doarpke ûnder oan in berch. Wy kampearden yn in stik greide.
Lehmann:
Dat moat Metzlein west hawwe. Mar...
Sersjant:
Hâld dy de bek Hoe let binne jim ôfsetten?
Luit:
(efkes yn bistân)
Tsien ûre ha'k al sein.
Sersjant:
Wiene jim to gean?
Luit:
Ja.
Sersjant:
(springt op)
Soest my in pear earen oan 'e kop naeije? Witstou dat it fan Metzlin hjir hinne 16 ûren rinnen is? Jim binne om 10 ûre fuortgien en 12 ûren letter wurde jim al finzen nommen.
Luit:
Wy ha altyd trochroun
Sersjant:
Altyd trochroun? Bisykje ús net foar de kroade to riden. Wy witte rounom it koartste paed Forhaeltsjes leauwe wy net. Dêrom: de wierheit en net oars as de wierheit
(skreaut by it ear)
Luit:
(ynein)
Ik ha de wierheit sein
Sersjant:
De wierheit hen?
Luit:
Sa't ik it sein ha
(De sersjant jowt de wachten in knikje. Lehmann skopt
| |
[pagina 31]
| |
tsjin 'e stoel fan de luitenant oan, dy falt. Hja pakke him by de earms, slingerje him oerein en dan nei foaren. Mei in slach komt er tsjin de muorre oan en bliuwt dan efkes stean).
Sersjant:
En luitenant?
Luit:
Barst,
(de biweitsers krije him wer beet, lûke him efteroer en smite him oer de groun. Luit sil wer oerein).
Sersjant:
En, luitenant?
Luit:
Dou bist my in goare ûnderkrûper.
Sersjant:
Wolstou ris sjen, hwa't hjir de hurdste kop hat?
Luit:
Yn dyn hert bistou in greate skytsek.
Sersjant:
O.K., lykastou wolst
(biweitsers skuorre him wer oerein).
Luit:
Hâldop, godfordomme
(hja litte him los en de luit wriuwt him oer in sear plak).
Sersjant:
Siz op. Jimme binne noch altyd de moarns ôfsetten?
Luit:
Né.... Yn 'e nacht.
Sersjant:
En dyn kommandant?
Luit:
Wie der net mei op de hichte.
Sersjant:
Jim binne dus sûnder tastimming ta it kamp útgien?
Luit:
Sa sit it.
Sersjant:
En de wacht?
Luit:
Omkocht.
Sersjant:
En jim wiene rinnende?
Luit:
Wy ha it hiele ein roun.
Sersjant:
Dou bist dus.
Luit:
In deserteur, ja
(stilte) (dan bigjinne se trijerisom to laitsjen).
Sersjant:
Godfor, in deserteur. In deserteur..... En dêr ha wy ús sa drok oer makke.
Luit:
Lammelingen
(stout nei ien fan de wachten ta en slacht him tsjin de groun. Oerstadich hellet de sersjant syn revolver foar it ljocht, hy rjochtet).
Sersjant:
Dit giet oer de skreef.
Luit:
(stiet forheard nei de oer de groun lizzende soldaet to sjen en draeit him stadich nei de sersjant om).
Sersjant:
Nimmen hat mear hwat oan dy. Boppedat wurdst gefaerlik. Hast noch hwat to sizzen?
(de doar giet iepen en Evelyn stiet yn 'e iepening mei in revoleryn 'e hân. De sersjant stiet foaroer bûgd, it revolver foar him út, sjocht forheard nei Evelyn In momint bliuwt hja stean).
Eve:
Wy wiene, leau 'k, krekt op 'e tiid, majoar.
Majoar:
(komt der ek yn)
Sersjant, wat is hjir to rêdden?
Sersjant:
Wy hiene him krekt ûnder forhoar en wy binne al aerdich op gleed kommen.
Majoar:
Mar hwerom stiest dêr mei it revolver yn 'e hân?
Sersjant:
Op hope dat er noch mear loslitte sil.
Luit:
Dat Nicht er allegearre, majoar. Hy woe my deasjitte nei't ik in folsleine bikentenis ôflein ha | |
[pagina 32]
| |
Majoar:
Hâld dy sil. Ik freegje de sersjant hwat en dy net. Witst hwat fan him ôf?
Sersjant:
Dat it in deagewoane deserteur is.
Eve:
Deserteur
(hja sogge allegearre nel de luitenant).
Luit:
Yndied, ik bin in deserteur.
Majoar:
En fierder?
Sersjant:
Dat wy neat oan him hawwe En dat wy oer neat yn noed sitten hawwe. Mar hy wie to lef om it ús to fortellen
Majoar:
Mar wiest fan doel him dea to sjitten?
Sersjant:
Né. him allinne yn 'e stokken to hâlden. Sûnder reden sloech er Lopez oer de groun
Lehmann:
Hwat ha jo mei him foar, majoar?
Majoar:
Dat wit ik noch net Ha jim in útstel?
Sersjant:
Neffens my moat er dea
Eve:
Dea? Immen dy't ús fijân net is?
Sersjant:
Hwat woestou oars? Him hjir hâlde oant de oarloch oer is? Him alle dagen to iten jaen, wylst it al sa krap omkomt? Oan sa'n skytsek? Dou wolst sa'n ien sparje? len dy't it fjochtsjen eanget? It muoit my, mar dêr kin ik gjin respekt foar opbringe
Majoar:
En ha wy it dan op 'e noed om oer him rjochtdei to hâlden?
Sersjant:
As wy it net dogge, dan syn maten wol. Boppedat sille se him útkloarkje en ús skûlplak oan 'e weet komme. Wier, majoar, der is gjin oare útwei as ‘likwidearje’ Hy docht oars net as ite en drinke.
Eve:
En as er nouris gjin deserteur is. En as er dy nouris earen oan 'e kop naeid hat?
Sersjant:
Sjoen syn breklike kennis fan dizze omkriten leau ik him.
Eve:
Dou wolst immen deadzje dy't dy yn it farwetter sit. In minske deadzje omt er, lykas eltsenien iten ha moat
Sersjant:
De oarloch is wreed
Eve:
Dou smearlap! Dou mochst him net lije en dêrom wolst dyn sin trochdriuwe.
Majoar:
Eve?
Eve:
It muoit my, majoar mar dy sersjant is gjin minske. Hy is allinne mar sersjant.
Sersjant:
Ik leau net dat wy ús meinimme litte moatte troch sentimentele gefoelens As wy dizze man yn libben hâlde, dan bringt dat in bulte forplichtingen mei Allegedungen moat der op him past wurde. En as er de hakken opnimt, dan kinne wy de hiele winkel hjir wol opdûke. Wy kinne neat mei him. As gizeler is er gjin stur wurdich Oer de fijân kin er ús neat trochjaen. Ik kin perfoarst gjin posityf ding bybringe, dat reden jowt him, salang as de oarloch oanhâldt hjir to hâlden
(stilte)
Majoar:
Faeks hast gelyk, sersjant
Eve:
Hy hat gjin gelyk
(majoar sjocht forheard op)
Neffens my kin men immen, dy't ynsjocht dat er oan 'e forkearde kant stiet, heech respektearje.
Sersjant:
Respektearje selt se
(laket lûdop)
| |
[pagina 33]
| |
Eve:
Respektearje, ja. En dan om alle skippen efter jin to forbaernen, dêr is in bulte moed ta nedich. Forjit net dat dizze man syn famylje dan nea wer ûnder eagen komme kin, as it leger him opjowt as deserteur. Yn syn lân wurdt dat heech opnommen.
Sersjant:
Wolstou...
Majoar:
Lit har útsprekke, sersjant.
Eve:
En as wy sa'n ien as leffert bititelje, dan is dat neffens my slim ûnbiskoft. Boppedat is de útspraek fan likwidearje, omdat wy der neat oan hawwe, bilachlik. Dizze man, dy't syn lân sitte litten hat, omt er it net lyk fine kin mei de oarloch, dy't it fiert en ús fijân dus net mear is, mei net om net oan te nimmen reden deade wurde. Dat kin ik alteast as minske net leauwe...
(stilte)
Majoar:
Hwat seistou der fan, Lopez?
Lopez:
lenris in fijân, altyd in fijân, majoar. Fuort mei dy man.
Majoar:
Lehmann?
Lehmann:
Ik hâld it mei de sersjant.
Majoar:
Nou sjochst, Evelyn.
Eve:
Sûnt hoenear nimme jo de miening fan in oar nei?
Sersjant:
Hastou hwat mei de luitenant? Hwerom wolst him sa graech yn libben hâlde?
Eve:
Dat ha 'k al sein
Majoar:
Hwerom luitenant, hastou net earder sein, datst deserteur wiest?
Luit:
Dat doarst ik net, leaver sein, doarsten wy net. Wy wiene bang, dat jim ús útleverje soene.
Majoar:
Wiene jim al fan doel om hjir hinne to kommen?
Luit:
Wy woene nei in boerespultsje om hwat klean en dan woene wy útnaeije.
Majoar:
Hiene jim al plannen dy kant oer?
Luit:
Wy woene bisykje om op in skip to kommen.
Majoar:
Goed, ik wol my der earst oer biriede, hwat ik fan doel bin en dan hearre jim it wol.
(ôf mei de sersjant)
Eve:
Hearen, ik ha nou de wacht.
Lehmann:
En?
Eve:
En? Fierders winskje ik deabidaerd dat jim fuort geane.
Lehmann:
Stel dy net oan. Eve.
Eve:
Dou hast my heard, nou?
Lehmann:
Dou hast grif it mâl fel oan, omt ik de sersjant meistimde.
Eve:
Dou hast oars net yn to bringen as lege briefkes.
Lehmann:
(by de doar)
Ik moat noch sjen astou wol hwat yn to bringen hast.
(ôf. As de lju de doar út binne, geane Eve en de luitenant safier mooglik fan inoar ôf stean. De luit tsjin de iene muorre en Eve tsjin de oare. Nea liker as wiene se bang foar inoar Stilte)
Luit:
Eve, idioat dyst biste
Eve:
Miskien.
Luit:
Hwerom hast my fordigene?
(stilte)
Aenst bitrouwe se dy net mear.
Eve:
Hâld dy leaver stil
(stilte)
| |
[pagina 34]
| |
Luit:
Mar dêr wie hielendal gjin reden ta.
Eve:
Datst yn libben bliuwst?
Luit:
Bist dat dan wol fan bitinken?
Eve:
Faaks al.
Luit:
It liket my allegearre sa frjemd ta. Krekt as ha 'k it alris earder meimakke.
Eve:
Dou bist in moksis. Ik fyn dy bytiden in greate omkoal. Immen, dy't him faek foar de kroade ride lit. Hast wolris in faem hawn?
Luit:
Ut en troch ris
Eve:
Kinst goed tútsje?
Luit:
Eh...
Eve:
Eh... út en troch ris, hwatte? Witste, bytiden haetsje ik dy. Dan bist sa wis fan dysels wylst in oare kear.
Luit:
Ik haetsje dy bytiden net.
Eve:
Ik frege dy sa niis hwat.
Luit:
Dou praettest der sels oerhinne.
Eve:
Anderje nou mar
Luit:
Elk andert soe bispotlik wêze.
(stilte)
Eve:
Witst, Klaus, dat ik winliken hielendal net frjemd ophearde, doe't ik hearde datst in deserteur wiest? Ik hie sokssahwat wol forwachte.
Luit:
Fynst it slim?
Eve:
Fansels net It hat oars net as dyn libbenskânsen forhege.
Luit:
De sersjant hatet my.
Eve:
Nim him dat mar net kwea.
Luit:
Ik wit net, ik wit net. Hy kin de majoar fansels biynfloedzje. Boppedat is er plakforfangend kommandant.
Eve:
Ik haw him yn 'e kikert.
(oerein springend)
Mar lit ús it nou net mear oer him hawwe.
(stilte)
Siz Klaus.....?
Luit:
Ja?
Eve:
Hwerom binne jim mei de oarloch bigoun?
Luit:
Neffens my troch in tokoart oan kommunikaesje tusken de beide lannen.
Eve:
Dat se inoar net bigripe?
Luit:
Hja witte to min fan elkoar. Hwat de iene docht, wurdt troch de oare forkeard ynterpretearre. Der wurdt to min oan tocht, dat hwat de iene fan doel is, foar de oare in bidriging ynhâlde kin.
Eve:
Mar dat hjoeddedei.
Luit:
Stel, in lân is earm. Der is gjin wurk, der is gjin iten. Hwat kriget men dan? Untofreden folk, rache en skelle op it regear. Ynsté fan mei oare lannen, dy't dêr sa ta sitte, to praten om to sjen hwat der dien wurde kin. Om út it labaret to kommen siket men it heil yn in oarloch, soldaten komme foarinoar oer to stean, formoardzje inoar en witte fan de eftergroun net in sprút.
Eve:
En dou? Astou it nouris foar it sizzen hiest? Hearsker oer in great lân? Hoe soestou dan wêze? Om hokker reden ek mar, dou soest ek dyn macht brûke om hwat dien to krijen hwat neffens dy rjochtfeardich is. Hwa wit.
(ynienen in greate plof. Evelyn en de luit sjogge elkoar oan)
Klaus.
| |
[pagina 35]
| |
Luit:
Eve.
(hja rinne moai hastich op elkoar ta en jowe elkoar in tút. Wer in plof.
Dan fljocht de doar iepen en de sersjant komt der yn mei in stengun oer it
skouder.)
Sersjant:
Godfordommese smearlap, hwerom hastou ús forret? DOEK | |
Twadde bidriuw
(As it doek opgiet is it toaniel skimerich forljochte. De luit leit sa'n bytsje heal ûnder to sliepen. Lehmann, in gewear op it skouder, rint mei in serieus gesicht op en del. Hy slacht de luitenant gjin acht. It dekor is noch itselde. Stadichoan wurdt it tsjuster en dan wer ljocht. As it wer ljocht is ha Lehmann en Lopez wiksele. Stadich giet de doar efter him iepen. Lopez draeit him gau om en smyt it gewear oer it skouder en stiet sjitklear. It is de sersjant dy't yn de doariepening stiet en in hoart om him hinne sjocht sûnder hwat to sizzen en wer fuort giet. Efkes letter wurdt de luitenant wekker. Hy rekt him út.)
Luit:
Moarn, Lopez. Hearken, hearken, hwat sjochstou sûr. Bist sa kjel wurden fan dy klap fan dy bom? Hwat is der justerjoun nou krekt bard? Ik freegje my lykwols ôf, oft dat foar ús ornearre wie. Hwerom seist neat? Of meist der net oer prate? Of mei ik it net witte of sa..... Fortel my dan mar hwat ik hjoed to iten krij.... Ik freegje dy hwat.
(forheard sjocht er nei Lopez, dy't steech hinne en wer rint sûnder acht to slaen op de luit. De luit klaut oerein en rint nei Lopez)
Hwat sil der nou heve? kinst my net fatsoenlik biskie jaen, lykastou dat thús leard hast..... nou? (stilte) My ek bêst....
(op itselde momint wurdt der forheftich op'e doar kloppe en Eve komt der yn).
Eve:
Moarn, minsken.
Lopez:
It muoit my, Eve, mar ik mei dy der net ynlitte.
Eve:
(keart har stadich nei him ta)
Hwat meistou net?
Lopez:
Ik mei dy der net ynlitte.
Eve:
Jonge noch ta En hwa wol dat net lije?
Lopez:
De sersjant hat my dat hjitten.
Eve:
De sersjant hat neat yn to bringen.
Lopez:
Dou en ik witte beide goed dat er de baes is. Witstou faeks ek oft dat bifel net fan de majoar komt?
Eve:
Sokke bifelen jowt de majoar net.
Lopez:
Wit ik net Yn elts gefal ha ik dy opdracht krigen. | |
[pagina 36]
| |
Eve:
Dou witst noait hwat. Dêr bist fiersto snoad foar. Mar ik bin hjir en ik bliuw hjir, feintsje.
Lopez:
Neam my gjin feintsje.
Eve:
En hoe woest my tsjinhâlde?
Lopez:
Hjirmei.
(gewear)
Eve:
Dêrmei. Jonge, doch net sa healwiis. Soks komt dy net yn 'e plasse op.
(Luit slûpt hoeden nei Lopez ta mar dy sjocht it, springt fansiden en stelt him op yn it midden)
Lopez:
Né, jonkje, ik lit my net forrifelje.
Luit:
Lit har hjir, Lopez
Eve:
Né, lit him mar By eintsje bislút moat er dochs ek syn plicht neikomme, oars kriget er bruijen fan dat ierdmantsje. Mar ûnthâld it goed, Lopez, hwannear ik dy to fiter nimme kin, dan lit ik dat net. En as ik wer del kom, dan silst twongen wurde my der yn to litten.
Lopez:
Dou seist tofolle, Eve, mar ik lûk it my net in byt oan.
Eve:
Dat stiet noch yn e kiif.
(ôf. De luit bliuwt stean en Lopez rint hinne en wer)
Luit:
Dou bist in smearlap, Lopez, in greaten ien, ast dat mar witst.
(Lopez seit neat en rint hinne en wer)
Hwerom seist neat? Of bist bang datst in to stom andert jowst? Mei wol, hear. Wy witte wol, datst de snoadste net bist. Dat kinne wy dy net kwea ôfnimme. Of meist fan dy hânskrobber net mei my prate? En sjitte meist fansels ek net, oars wurdt de majoar lilk op de sersjant en de sersjant wer op dy. Dou meist ek net folle. Net sjitte en net prate. Ik kin dy dus safolle nitelje as ik wol Is 't net sa, Lopez? Of bin 'k der mis mei, knik de luitenant marris ta Is it wolris ta dy trochkrongen, datst in luitenant foar dy hast, Lopez? In ofsier? Lopez.
Mei my forgelike bist mar in snotnoas. Dou silst ek nea hwat wurde, hwant dou hast neat foar it forstân Hwant alleman rint oer dy hinne. Dou fielst dy allinne machtich ast in gewear hast en dyn tsjinstander net. Sa bistou, Lopez. In leffert en in broekskiter As de sersjant seit, datst hjir op en del krûpe moatst, dan dochstou dat. Lopez. Ja, krij mar net in kaem. Dwers de flier oer krûpst, hakkeslikjend, efter him oan In krûper, dat bist. Is it wolris ta dy troch krongen datst gjin eigen miening hast? Ja, de miening fan de sersjant, dat is dines. Sels hast gjin harsens Op himsels is dat net sa slim, hear, mar ast tinke wolst, hast harsens nedich En oars bringst it net fier Dou bist nou ienris berne foar neden fan in oar Tafalligerwize is de sersjant dy tsjin it liif oan roun. Hy brûkt dy foar it smoarge wurk Foar itselde jild hie ik tsjin dy oanrinne kinnen. Faeks dat ik dy net ha wollen hie. Mar as ik dy al ha wollen hie, dan like it net sa bêst foar dy. Ik soe dy de hiele dei drille. Faeks komt dy dei nochris. Dan lit ik dy earst in ein marsjeare Witst hwat? Wy geane fêst oefenjen.
(pakt in stoel en der boppe op)
Soldaet Lopez Yn de pas.... Ien, twa, ien, twa, ien, twa.
(ropt lûd en yn 'e mjitte dêr't Lopez rint. Giet efkes troch en dan bliuwt Lopez stean mei de rêch nei de Luitenant ta)
Hwat nou, Lopez. Trochrinne, hear. Of kinst net mear? Nou, dan meist efkes bikomme By eintsje bislút moatst it rinnen ek
| |
[pagina 37]
| |
noch leare.
(Luit bliuwt op 'e stoel en Lopez bigjint wer to rinnen, de luitenant wer)
Ien twa, ien twa, ien twa..... Sjoch, Lopez, sa doch ik dan mei dy. En dan fielstou dy lokkich, hen? As der mar immen is dy't dy hwat liede kin, hwant sels witst it net. Ik soe dy wol rinne litte wolle, Lopez... oer it tsjerkhôf op en del en dan dyn hiele libben lang, sûnder rêst. By alle grêven lâns fan de minsken, dystou yn dyn libben út nocht formoarde hast as gau it in seksuele bifrediging... Sa is it dochs, Lopez. Dan rinst de deadewacht, Lopez.... de deadewacht.... alle nachten weroan. Dou sjochst de wite grêven yn it tsjuster lizzen en alle kearen astou lâns komst, tinkst wer oan 'e persoan dyst deamakke hast en hoe. Dat sil oan dy frette, Lopez, hwant der komt in bining tusken dy en it grêf. Dou fregest dy op it lêst ôf, ofst him wol goed deamakke hast. Oft er net hommels út dat grêf komme kin. Dat is dyn gewisse net, hwant dat hast net. It binne de senuwen, Lopez, dy't dy opfrette. Se wurde hieltyd fêster oanhelle. Dou doarst hast net mear op en del to rinnen. Mar dou moatst en silst de deadewacht rinne. It is in opdracht, Lopez. Alhoewol 't dyn slachtoffers dea binne, bistou bang Spoeksjoch rinst op en del en fan elk lûd wurdst bang. Binammen ast de túnman sjochst yn 'e nacht. Hoe't dy in leech grêf folstoart mei sân. Dan bist deabinaud. Dan wolst flechtsje, mar dat kin net. Dou stiest dan deastil fan eangstme. En dan tinkst mar dat der in geast op dy takomme sil. En dan ynienen sjochst hwat forwegen. En dan hearst in skreau efter dy, heal fan in minske, heal fan in bist, dy't dy troch ieren en sinen giet. Dan is it to let, Lopez.... Gean fuort, Lopez..... Fuort.... Aaaaaaaaaa!!!
(Luit jowt in freeslike weistjerrende skreau. Lopez stiet stôkstiif en it gewear dat er yn 'e hân hat, falt fan kjellens op 'e groun. De Luit dûkt der hinne, mar Lopez is him foar en rjochtet).
Lopez:
En nou, luitenant?
Luit:
Dochs hie ik dy hast.
Lopez:
Hast, ja.
Luit:
Nou alteast praetst mei my.
Lopez:
Ik sil dy ris efkes hwat fortelle, maet. Ik ha opdracht krige, net mei dy to praten. Hwerom wit ik net en hoest der oer tinkst, ynteressearret my net. Mar ik bin net fan doel my it mannewaer opsizze to litten fan dy. Nim dat fan my oan. Hwant as de sersjant ús ôfharket en hy heart ús praten, dan bin ik de sigaer.
Luit:
Mar dou waerdst wol kjel.
Lopez:
Wêz der mar greatsk op. Mar nou op dyn stoel dêrre en dan praetst mar safolle ast wolst. Mar fan dy stoel komst net mear ôf. Boppedat, astou tinkst dat ik my fan dy ynkommendearje lit, dan hast it wol by it forkearde ein.
Luit:
Dat hat wol bliken dien, hwatte?
Lopez:
Gean sitten
Luit:
(lûkt oan 'e skouders, rint nei de stoel en set dy foar op it toaniel. Hy giet der oarsom op sitten, mei it gesicht nei it publyk)
Hast nou dyn sin?
(Lopez rint hinne en wer en de luit sjocht hwat mankelyk foar him út)
Fordomd noch ta.... is it eins net sinleas dat dou en ik rûzje meitsje?
Lopez:
Hwat woestou dan? De fredespiip roke?
(spotsk)
Freonen ha 'k net en
| |
[pagina 38]
| |
ik sykje gjin freonskip.
Luit:
Hwerom mocht Evelyn der net yn fan dy? Hiest net yn 'e rekken dat se om in praetsje mei my forlegen wie?
Lopez:
In praetsje, ja. 't Sil wol op hwat oars útdraeije, tinkt my.
Luit:
Nou, soe dat sa slim wêze?
Lopez:
Sûnt de sersjant jimme oer it mad kaem mei in potsje frijen, bitrout er jimme net foar in sint en de majoar ek net. Hjoed of moarn jowt se dy in gewear en fuort is ús finzene. Né, freon, sa gek binne wy hjir nou ek wer net. Boppedat tilt it hjir op fan dyn soartgenoaten, dat wy kinne gjin risiko nimme. Hja miene noch altyd dat it hjir in boerespultsje is. Us minsken, dy't bûtendoar komme, drage ek boereklean
Luit:
En de bomûntploffing dan?
Lopez:
My tinkt dat it in krûtfet is, dat yn it kamp hjir deunby útinoar sprongen is. It wie yn elts gefal net foar ús ornearre, oars hiene hja hjir al lang west om ris to sjen.
Luit:
As se dit spul hjir fine, komme se del.
Lopez:
Hoe dat sa?
Luit:
Dat leit yn 'e reden In ploech úthongere soldaten plunderje alles hwat har foar hannen komt
Lopez:
Dan sille wy ús fordigenie moatte.
Luit:
Dan bin ik der wis fan, dat jim der oan geane. Hja, dy't mei jim stjerre, groetsje jimme.
Lopez:
Ik ha al wer tofolle sein. Ik liz my nou sels it swijen op.
Luit:
Ja, de sersjant koe ris delkomme.
(stilte)
(Lopez rint op en del en de luit sit noch altyd yn in sterke ljochtstreep)
Hark ris, Lopez. Hastou wolris fan immen hâlden?
(Lopez hâldt efkes op mei rinnen, seit neat en rint wer fierder)
Ik bidoel... hast wolris foreale west?... Fansels hast dat wolris west. Eltsenien is der wolris mei oanhelle. Hwer wennestou foarhinne? Op in pleats, nou? Yn in doarpke... Alle jonges hiene in faem... dou net. Dou fieldest dy altyd efterút set by de oaren. Yn dyn dreamen wiest dè man. Dou gyngst altyd mei it moaiste famke fuort neidatst se út 'e hannen rêdden hiest fan de ien of oare rôver. Mar de oare deis wie it wer oars En dochs wiest foreale op dat famke, nettsjinsteande dat hja dy mei har kont noch net oanseach. Hja makke dy ôfgryslik jaloersk. Hwant hja wist datstou foreale wiest op har. En dêr meije froulju stomme graech oer, Lopez. Dêr genietsje hja fan... En hwat jaloersker se dy makke, hwat sljochter astou op har waerdst. Mar dochs hiest har krije kinnen, Lopez.
(stiet efkes stil)
Ast mar folhâlden hiest. Mar dat diest net. Dou smietst de kop yn 'e nekke en bisochst har to forjitten. En tonei moatst fan froulju neat mear hawwe. Dou libbest dy folslein út op oare dingen. Hoe lang kenstou de sersjant al, Lopez? Faeks al fan foar de oarloch. Hat hy der net foar ret, doestou ôfkard waerdst foar tsjinst, datst hjir tolânne kaemst?? Mar ik freegje my ôf ofstou dyn earste moard yn 'e oarloch bidreaun hast!
Lopez:
Luitenant, dou moatst dy net tofolle ôffreegje.
Luit:
(skreauwerich)
Sjochst wol, dat ik dy ha? Sjochst it wol? Dêrom moat- | |
[pagina 39]
| |
stou it swijen der ta dwaen. Dyn maet is bang, datst dyn mûle foarby praetst. Dat immen der efter komt, hwa't jimme binne. Of is it faeks dyn freontsje net?
Lopez:
Dat giet dy
(ek skreauwerich)
gjin moer oan. Astou foreale bist op dy, op dy klitse, dan moatstou dat witte. Dêr ha ik neat mei to krijen. Hwant in klitse is it, dat kin 'k dy wol fortelle.
Luit:
Leaver tûzen kear in klitse as in flikker.
Lopez:
Godfordomme, hwa sil my dat hjir yn 'e skuon skouwe.
Luit:
Ikke. Ja, dêr doar ik dy foar út to meitsjen. En komris oan my, ast doarst.
Lopez:
(ynienen kalm)
Tinkst nou wier, dat ik myn krêften forgriem oan immen, dy't sokke healwize dingen ynsinuearret?
Luit:
(suchtet)
It muoit my, Lopez, ik hie my net sa gean litte moatten. Mar dou bigrypst net dat ik Eve sjen wol. Dou wegerst deabidaerd. Dou woest Evelyn der net iens ynlitte, omdatst dyn eigen maten net bitroust. Skammest dy net in bytsje, Lopez?
(de luit giet wer yn 'e selde hâlding op 'e stoel sitten)
Is it wier wier, Lopez, dat Eve hjir net mear komme mei omt hja har net mear leauwe? It wol my net oan, Lopez. Ik leau earder dat de sersjant bisiket my hwat gek to meitsjen. Of hast dêr net nei frege, Lopez. Krekt as altyd, allinne mar stomwei dwaen. Of net soms Lopez?
(stadichwei wurdt it tsjuster en dan wer ljocht. As it wer ljocht is, dan stiet Evelyn roerleas by de doar, it revolver yn 'e hân. Lopez docht in biweging mei it gewear)
Eve:
Lit dat, Lopez
Lopez:
Ik forbied it dy, Eve.
Eve:
Dou hast neat to forbieden. Klaus, krij him it gewear ôf.
Lopez:
Hy kin dy deasjitte
Eve:
Jawol.
Lopez:
Ik...
Luit:
Bek hâlde, Lopez!
(nimt him it ôf en smyt it yn 'e hoeke)
Eve:
Hast it, tink. wol troch, Lopez. Dou tochst my to pakken, hen? Hawar!!! Ik hie dy yn it foar warskôge.
Lopez:
Ik leau net dat de sersjant der sa mei ynnommen wêze sil, as ik him dit fortel.
Eve:
Ik tink net, datst dêr de kâns ta krigest.
Lopez:
Hoe mienste?
Eve:
Noch fierder útliz fanneden?
Lopez:
Dat mienst dochs net, Eve?
Eve:
Hwat tochstou dan?
Lopez:
Eve, famke, helje gjin domme dingen út. Ik ûnthjit dat ik neat fortelle sil.
Eve:
Dyn tasizzingen binne my neat wurdich.
Lopez:
Mar hwat hast dan yn 't sin? Dou kinst my dochs samar net dea meitsje?
Eve:
Hastou dy dat ek ôffrege by de slachtoffers, dystou op in beesteftige wize deamakke hast?
Lopez:
Ha wy inoar yn dit stik fan saken hwat to forwiten? Dou diest it út wraek en ik út lust. Mar beide dogge wy it earne om. | |
[pagina 40]
| |
Eve:
Byn him fêst, Klaus. En Lopez, dou, draei my de rêch ta.
(de luit nimt in ein tou en Eve rint op Lopez ta, jowt him mei it revolver in slach op 'e kop. Sûnder in stom wurd to sizzen, sakket er yninoar.)
Luit:
Hwat dochst nou? Dou hast him dochs net dea slein?
Eve:
Wolné, sjit nou mar op.
(luit bynt him fêst)
Luit:
Net to hoopjen dat der nou immen komt.
Eve:
Ik tink fan net. It ynteressearet my ek gjin byt. Ik woe... dy sjen.
Luit:
(sjocht op)
Mienst dat?
Eve:
Oars sei ik it net.
Luit:
Hwat bistou nou foar in famke? Dou bist nou hiel oars as niis.
Eve:
Avensearje nou mar.
Luit:
Faeks is it foar it lêst, dat wy inoar sjogge. Ik leau, de majoar hat noed dat hjir aenst hússiking hâlden wurdt. It is nammers wier dat hja my hwat gek meitsje wolle.
Eve:
Ja, de sersjant hat dat bifel jown. Hy hatet dy ôfgryslik. As er dyn namme mar heart, rint er al read oan.
Luit:
Fanwegen dat spuijen op syn gesicht, fansels. Hat er dat doe ek oan de majoar sein?
Eve:
O God, né, hy skamme him letter dat it hwat die, doe't ik der op doelde.
Luit:
Mar wit de majoar fan dat deaswijen?
Eve:
Ik leau fan net.
Luit:
(oerein)
Dy komt fuort net wer los. Faeks kinst mar better net to lang bliuwe, hwant dan ha wy noch in kânske dat se der hielendal net efter komme.
Eve:
Bist dan net bliid, dat ik der bin?
Luit:
Sa bidoel ik dat net. Fansels bin ik bliid datstou der bist.
(giet nei har ta en jowt har in tút)
Eve:
(makket har los, bisjocht him fan top ta teil op in distânsje)
Luit:
Hwerom sjochst my sa oan?
Eve:
Ik freegje my ôf hokfoar ien astou bist.
Luit:
Dou tinkst dochs net dat ik myn hiele libbensskiednis fortelle sil, wol?
Eve:
Hwerom net? Ik wol deagewoan witte, hwa'st bist en hwatst allegear út 'e wei set hast.
Luit:
Dou kinst my nimme lykas ik bin. Hwat bard is leit efter ús. Wy bigjinne nou en net tsien jier forlyn. Ik bin fan bitinken dat de takomst wichtiger is.
Eve:
En as der gjin takomst is?
Luit:
Dy is der. Hoefolle bern sille wy nimme?
Eve:
Doch net sa sleau. Ik wit net ienris oft ik wol bern fan dy ha wol, der fan ôfsjoen oft ik wol mei dy trouwe wol.
Luit:
Dou hâldst fan my
Eve:
Dat kin moarn wol oerbettere wêze.
Luit:
Tochste?
Eve:
Nou né. Mar likemin wol my in lange forhâlding oan.
Luit:
Pessimist.
Eve:
Né, ik sjoch de réaliteit | |
[pagina 41]
| |
Luit:
(giet nei har ta, pakt har by de skouders wylst er har djip yn 'e eagen sjocht)
Leafste! Yn it bisef dat ik dy leavje, ha ik it lak oan alleman.
Eve:
Ek oan 'e dea?
Luit:
Ik gean net dea
Eve:
In bulte minsken tinke der sa oer.
Luit:
Dochs ha 'k it gefoel dat hja my net deameitsje sille.
Eve:
(draeit har ynienen om nei Lopez)
Sjoch ris, hy is ek wer wekker. Hwat in hurde kop hat dy fint
(giet wer nei him ta).
Luit:
Net to hurd.
(Eve jowt in klap op Lopez syn kop)
Luit:
(as Eve weromkomt)
Moatst noch altyd myn minder moai forline witte?
Eve:
Lit mar sitte.
Luit:
(hy nimt har plechtich by de hân, tutet der op en giet dan yn 'e hoksen sitten oant er op 'e knibbels oer de groun leit en bigjint mei plechtige stim)
Evelyn.... eh..... Evelyn..
Eve:
Sikest faeks om myn fan?
Luit:
It muoit my, mar dy is my troch it sin gien.
Eve:
Michalis.
Luit:
Evelyn Michalis, ik freegje dy om mei my to trouwen.
Eve:
(knibbelt foar him oer, leit har earmen om syn skouders en sjocht him djip yn 'e eagen).
Myn andert is ja. Mar it stiet to bisjen oft wy it ea kinne.
Luit:
Fansels kin dat Wy trouwe nou.
Eve:
Nou?
Luit:
Hwat oars? Hwerom soe ik dy dan nou freegje? Om noch in pear jier to wachtsjen?
Eve:
Hoe wolstou dat dan hawwe?
Luit:
(stiet op mei Eve; sleept earne út in hoeke in bankje oan en set dat midden oer it toaniel del; dan giet er fuort om in lekken).
Dou sjochst tofolle problemen.
Eve:
Ik sjoch wer tofolle problemen. Mynhear tinkt, dat alles samar fansels giet.
Luit:
Net sa boas Ik wol ús earste tsieren efkes útstelle oan't wy troud binne.
Eve:
Ik freegje my ôf oft ik wol goed by myn sûp en stút wie, doe't ik dy tastimming joech
(ûnderwilens makket de luit in bêd fan lekkens en âlde soldatetekkens oer de groun)
Hwat stelt dat foar?
Luit:
Dat is ús houliksbêd
Eve:
Dou tinkst dochs net
Luit:
It muoit my, mar lúkse, ha 'k net.
Eve:
Dat bidoel ik net
Luit:
Oh, né?
Eve:
Né.
Luit:
Hwat oars?
Eve:
Ja, hwat oars?
Luit:
Jaa.... jaa
(hja steane hwat forlegen foarinoar oer)
Sjoch, Eve.... Hjir is dyn breidskleed skjin is it net mar ja.
| |
[pagina 42]
| |
Eve:
En hoe giest dou?
Luit:
Sa mar, oars ha 'k net. (stilte) Wol hwat in keale boel sa, net? Wy hawwe ek gjin ringen,
(in setsje lyn is Eve al op in stoel sitten gien). Oars in âld hok hjirre. Lokkich mar dat der gjin foto's nommen wurde. Ik ha net ienris breidsblommen foar dy...... It is faeks net de dei, dêrst as famke fan dreamd hast en ik bin faeks ek net de jonge prins, mar myn leafde foar dy is folle greater. It is net oars. Letter as de oarloch oer is, dogge wy it nochris. Hjir, doch dyn kleed mar om.
(hy slacht har it kleed om 'e skouders en dan smyt se it ynienen ôf).
Eve:
Dochst it om frij to kommen, of omdatst fan my hâldst?
Luit:
(forheard)
Fansels hâld ik fan dy. Ik bigryp dy net.
Eve:
En dy bom dan? Hwa seit, dat dy net fan dyn maten is?
Luit:
Goddomme noch ta. It binne myn maten net.
(stilte). En dou dan, dy'tsûnder in spier to forlûken immen deasjit.
Eve:
Dat is hwat oars
Luit:
Fansels is dat hwat oars. De himel hat noch nea sa'n erchtinkend wêzen sjoen as dy.
(stilte)
Eve?.... Hwat skeelt der oan?
(Eve gûlt mei iepen eagen sûnder to snokjen. Der rôlje allinne hwat triennen oer de wangen)
Is der hwat, Eve?
(skodhollet)
Ik wit wol dat it sneu is om sa in man to trouwen, mar it is net forplichte.... Boppedat, in houlik kinst it net neame.
(hy nimt har breidskleed op en stadich leit er it har oer de skouders hinne, wylst hja sit)
It is mear in bining tusken twa minsken. Mear net.
Eve:
Mar it kin net.
Luit:
Dou kinst it fansels Kom mar mei.
Eve:
Mar hwat wolstou dan?
Luit:
Trouwe.
Eve:
En dou de amtner?
Luit:
Fansels. It wurdt in echt soldatenhoulik.
Eve:
Asjebleaft.
(hy lit har oerein gean en nimt har mei en lit har foar it bankje knibbelje).
Luit:
Hwat haste?
Eve:
Ik freegje my ôf, hwat wy oanhelje. Dou wolst gewoanwei bisykje mei dizze plechtichheit de greate forskillen tusken ús oer to sljochtsjen. Tusken ús is in fiersten to greate kleau. Wy kenne elkoar mar krekt en dit gefoel bisykje wy to likwidearjen troch in soarte fan oerienkomst to kréearjen. Ik leau net dat dit it is, Klaus.
(stadich oerein).
Luit:
(knikt)
Dou sjochst de dingen better as ik. Wy ride ússels foar de kroade, ik alteast. Miskien ha ik my sa foarsteld, om't ik dy sa graech mei. Ik woein bân mei dy. Nea liker as soest my elk momint forlitte. Dou moatst net forjitte, dat wy yn dizze wrâld fijannen fan inoar binne. Dou hast fan myn folk deamakke en ik fan dines. Dêrom wie ik sa bang, datst by my weigean soest. Winliken woe ik earst net witte hoefolle astou om my joechste.
(stilte).
Eve:
En dou witst it noch net?
Luit:
Né, net hoefier Fordomme, dou tinkst dat ik allinne mar in bining mei dy woe om mei dy op bêd to kinnen. | |
[pagina 43]
| |
Eve:
Né, dat tink ik net. Nammers dan wit ik noch net, oft ik dat wol wollen hie.
Luit:
(rint op har ta; dan nimt er it breidskleed fan har skouders. Hja steane in setsje foarinoar oer en dan tutet er har)
Eve:
(makket har los)
Né, Klaus.
Luit:
(pakt har fêst; tutet har, wylst hja tsjinakselt en letter wer tajowt)
Dou bigrypst net, dat ik fan dy hâld. It iennichtste, dêrst oan tinkst is de fraech oft ik mei dy op bêd gean. Wêz mar net bang, dat doch ik dochs wol.
Eve:
Né, ik wol it net. Ik wit net ienris, hwa'st biste.
Luit:
Bigjinne wy fannijs. Der bliuwt neat fan dy oer. Dou bist net wis fan dysels. Dou sitst fol wantrouwen. Dy hieltyd mar wer ôffreegje oft ik mei dy bom anneks bin. Is it sa net? Of omt ik dit allegear doch om frij to kommen. Fordomme, wêz dysels ris. Tútsje my, lykast dat neffens dyn fielen wol woeste.
(stilte. De luit rint nei har ta en nimt har by de earm). Kom mei.
(Eve linet tsjin him oan. It wurdt daliks moai gau tsjuster; it bliuwt efkes tsjuster en as it stadichoan wer ljocht wurdt. lizze de luit en Eve under de tekkens to sliepen. Lopez is wer wekker en giet stadichwei oerein. As er harren sjocht stiet er forheard to sjen. Op koartswilige manier sjocht er it jitris. Dan wurdt de luit wekker en sjocht nei Lopez)
De sliep ut, Lopez?
Lopez:
Smearlap.
Luit:
Hâld dy stil.
Lopez:
Dit moast de majoar ris witte.
Luit:
Safier is it noch net. Dou soest net sa lûd prate, dan wurdt Eve wekker.
Lopez:
Ik tink wol datst mei dizze grappen dyn kâns forspile hast.
Eve:
(op dat stuit wurdt se wekker. Hja slacht in earm om de luit hinne en hellet him nei har ta. Lopez rêchrjochtet en sjocht binijd nei dy twa)
Lopez:
Noukes, noukes.
Eve:
Lit him de bek hâlde.
Luit:
Ja, Lopez, astou dy kreas deljowst hoech ik gjin slach op 'e kop to jaên. Gewoan mei de kop nei de flier en net sjen, oars helje ik in poat fan in stoel.
(Lopez lit him bidêsd sakje. De luit en Eve geane noch efkes oan, dan komt de luit fan bêd ôf en klaeit him oan)
Dou hast fannacht swier dreamd.
Eve:
Ik? Hoe nou?
Luit:
Dou rôpst hieltyd in namme. In sekere Michel, leau 'k. Is dat ien dêrst foarhinne foreale op west hast?
Eve:
Hoe komst der by.
Luit:
Faeks omdatst mei him ek wolris op bêd lein hast.
Eve:
Ik ha der noch wol tinken fan, dat ik oer him dreamd ha. It wie yndied in âld feint fan mines
Luit:
Hie 'k it net tocht
Eve:
Ik freegje my ôf, hwerom 't ik ynienen fan him dreamd ha.
Luit:
Omdatst by in man op bêd lein hast.
Eve:
Miskien.
Luit:
Fortel ris hwat oer him
Eve:
Lit mar. It is foarby | |
[pagina 44]
| |
Luit:
Krekt net. Uterje dy marris.
Eve:
Wy soene it net oer elkoars forline hawwe.
Luit:
Dit is hwat oars. Foar dy is it nou noch wichtich en dêrom gjin forline.
Eve:
Wier, it hat gjin sin.
Luit:
Doch nou net oft it dy neat skele kin. Ik wol it graech witte.... echt.
Eve:
Witste... Ik freegje my ôf oft it de totaliteit net is hwat my ta tinken set hat.
Luit:
Hoe mienste?
Eve:
Nou't ik dy metten haw en fan de leafde preaun haw, tink ik wer oan him. Op skoalle metten wy elkoar al. Hy seach altiten nei my as wy boarten op it skoalleplein. Hy wie altyd deun by my en somtiden rekke er my oan. Jierren hat dat duorre. Sels op 'e middelskoalle doarst er my noch net to freegjen. Ik krige meilijen mei him. Dat wie it bigjin. Letter waerd ik foreale. Ik krige langstme, langstme nei in tút, langstme nei syn hiele lichem. En ik krige yn 'e gaten dat it noait hwat wurde soe as ik sels it inisiatyf net naem.
Luit:
En dat hast nommen.
Eve:
Ja. Op in joun wiene wy togearre. Hy wie foar myn broer komme, mar hy wist like goed as ik dat dy net thús wie. Doe't ik him oer de helte tomjitte kaem, naem hy mear as de oare helte
(glimket)
Luit:
Bin jimme lang byelkoar bleaun?
Eve:
Trije jier. Doe kaem de oarloch. In wike letter soene wy trouwe. Yn ús doarp tilde it op fan de soldaten. Somtiden waerd der fochten. Michel - sa hiet er - sliepte by my. Hy skriemde fan lilkens en machteleazens. De hiele nacht lei er to wrotten. Ik praette soms ûren mei him. Mar hy bigriep net dat minsken elkoar as hounen ôfmeitsje koene. Hieltyd skodholle er en lústere er: ‘wy binne dochs allegearre minsken’. Doe kaem dy forskriklike nacht dat er net thúskaem. De oare moarns bitiid gyng ik de doar út om him to sykjen. Ik haw him sels foun. Yn 'e drek. Syn hiele lichem wie iepenskuord troch kûgels. In âld man hat my forteld dat er nei de fijân draefd wie. Hy woe har sizze dat se ophâlde moasten, it wie sa doelleas allegearre. Hja hawwe gewoan om dy healwizeling lake en him doe kapot sketten.
Luit:
En bist dêrom
Eve:
Ja, dêrom bin ik hjir Myn God, doe't ik it lyk lizzen seach, wâlle der in greate haet yn my omheech. By syn lyk swarde ik dat ik him safolle mooglik wreekje soe. En yn dizze organisaesje wie plak foar my. Witst, it die my neat as ik ien deamakke. Myn haet gie net oer. Ik skeat samar, sûnder der by nei to tinken. Allinne doe't ik dy seach, wie't as foroare der hwat yn my. Hwerom wit ik net. Miskien dat ik wer hwat minskliks yn immens gesicht seach.
(Dan swaeit de doar iepen en de sersjant en de majoar komme deryn)
Sersjant:
Sjoch, majoar
Majoar:
Jezus.
Sersjant:
Sjogge jo wol, majoar? Hja binne byelkoar krûpt. En sjoch, majoar, dêr is Lopez fêstboun
Majoar:
Nou, nou. jimme ha it wol bûnt makke,
(sersjant makket Lopez los).
| |
[pagina 45]
| |
Sersjant:
Sjogge jo nou wol, majoar, hy hie der útnaeije kind, alles leit hjir foar it gripen.
Eve:
Rin hinne, fint. Dizze man is to bitrouwen.
Sersjant:
Fordigenje dy mar net, famke. Hast tink noch net troch dat er alles bisiket om yn libben to bliuwen?
Eve:
Ik bin mislik fan dy. Witst dat wol?
Sersjant:
Hwat wolst nou winliken? Dat wy him op it skouder klopje en in gewear jowe? Fansels giet dy fint net fuort. Hwer soe er keare moatte? Boppedat hiene syn maten him sa to grazen. Syn iennichste kâns is om hjir yn dit kamp de oarloch to oerlibjen.
Eve:
En woestou úthâlde dat hy dêrom bisiket my foar him yn to nimmen?
Sersjant:
Fansels Sa follesto mear kâns hat er.
Eve:
Dou bist in jaloersk kring. Hûnderten kearen hast it bisocht om it mei my oan to lizzen en nou bist jaloersk, nou't it in oar wol slagge is. Dou bist in goare....
Majoar:
Gjin spul meitsje. jonges. De sitewaesje is al spand genôch.
Sersjant:
Wit ik wol, majoar, mar hja..
Eve:
Hwat bidoelst nou wer, idioat?
Majoar:
Sersjant en Evelyn, hâld jim beide ris efkes stil! Lopez, fortel my earst ris efkes hwat der allegearre bard is. Hwant ik bigryp net hoe't se dy hjir fêstboun hawwe wylst dou de wacht hiest.
Lopez:
Wit ik sels ek net, Hja huften my alle kearen op 'e kop en dan foel ik wer yn 'e sliep
Majoar:
Hwa hufte dy op 'e kop?
Luit:
Ik. Hy woe Evelyn der nammentlik net ynlitte.
Lopez:
Ja, dat wiene de oarders fan de sersjant.
Majoar:
Sersjant?
Sersjant:
Ja.. eh. dy oarders hie 'k al jown.
Majoar:
En hwat barde der fierder?
Lopez:
Ik hie tocht dat Evelyn my op 'e kop sloech.
Luit:
Né, dat ha ik dien.
Majoar:
Luitenant, ik freegje hwat oan Lopez.
Lopez:
Hawar, yn 'e nacht as ik wekker waerd, krige ik wer in trewinkel. Allinne fan 'e moarn ha se my gewurde litten.
Majoar:
Mar witst hwat der ûnderwilens bard is? Hwat hja trochpraet hawwe?
Lopez:
Hja hiene it oer trouwen of sokssahwat. De luitenant woe mei har trouwe.
Majoar:
En woe Eve dat ek?
Lopez:
Hja ha de hiele nacht byinoar sliept, dan wit men it wol. Mar folle ha'k der net fan heard, hwant hja raemden my altyd op 'e kop.
Majoar:
Dat witte wy wol. Yn alle gefallen, Lopez, dou bist my raer ôffallen. Dou hiest mear omtinken jaen moatten, dan hie sokssahwat net barre kinnen.
Lopez:
Mar ik
Majoar:
Dou hast my heard, Lopez? | |
[pagina 46]
| |
Lopez:
Ja, majoar.
Majoar:
Tink der dus tonei goed om...
Lopez:
Ik sil it goed ânthâlde, majoar.
Majoar:
Dan kinst nou wol gean.
Lopez:
Goed, majoar.
(ôf).
Majoar:
Tsjaaa, sersjant, ik woe mar efkes ûnder fjouwer eagen mei Evelyn prate. It liket my it bêste ta, datstou de finzene mar efkes meinimst.
Eve:
Né.
Majoar:
Hwerom net?
Eve:
Omt er mei in finzene net to bitrouwen is.
Sersjant:
O né?
Majoar:
De sersjant docht him neat.
Sersjant:
Kom mar mei.
(luit en de sersjant ôf; stilte; de majoar is sitten gien of sokssahwat en nimt in ‘vaderlijke’ hâlding oan).
Majoar:
Evelyn, famke. Dou witst dat ik dy altyd helpe sil as der swierrichheden binne. Ik hoopje datst my nou ek wer yn bitrouwen nimme silst.
Eve:
Ik bigryp net hwer't jo swierrichheden sjogge. It iennichste is dat de luit en ik it meielkoar miene. Mar hwat kinne jo dêr tsjin yn lizze?
Majoar:
Datst fan him hâldst net, mar wol as der swierrichheden út fuortkomme.
Eve:
De swierrichheden wurde socht.
Majoar:
Wurde dy socht?
Eve:
Dat de sersjant in greate heat hat tsjin de luitenant.
Majoar:
Dêr is my neat fan bikend. Dat hat ek neat mei de saek to krijen.
Eve:
Hat der neat mei to krijen? Hy is krekt de oarsaek fan alle ellinde. Hy hat Lopez oarders jown om my tsjin to hâlden. Hy hat jo hjir mei hinne nommen. Hy set de minsken oan efter him to stean hwannear it der om giet oft de luitenant dea moat of net Hy smoart fan jaloerskens omt er my noait krije kinnen hat.
Majoar:
Rêstich, Evelyn. Hwerom mei de sersjant de luitenant net lije?
Eve:
(sykhellet djip)
Koart lyn hat er by jo in slokje dronken. Hy hie in moai steal hawn, doe't er der ynkaem. Earst bisocht er it mei my. By my kaem er fansels foar de winige doar en doe woe er de finzene meinimme.
Majoar:
Hwerom dat?
Eve:
Ik leau, dat jo dat wol bikend wêze moat, majoar.
(stilte)
Yn elts gefal, ik ha dat wegere en doe waerd de sersjant sa wyld dat er de luitenant yn it gesicht spuide. Dat naem de luitenant net en spuide werom. Letter, doe't wy hwat frijden, kaem er ús oer 't mad en doe hie ik gjin wacht mear. Ik mocht hjir net ienris mear komme.
Majoar:
En dochs bist hjir wer hinne setten.
Eve:
It wie in sinleas bifel.
Majoar:
Ik kin der wol ynkomme Evelyn, tige goed sels. Ik wit hoe sterk de bân fan de leafde wêze kin. Mar dou hast nettsjinsteande dat, yn 'e tiid fan de oarloch, in bifel gjin acht slein | |
[pagina 47]
| |
Eve:
It bifel fan de iene of oare seksmaniak?
Majoar:
Hjir is er sersjant, Eve
Eve:
En hoe'n ien.
Majoar:
En om dy de wierheit to sizzen, hwat de reden ek west hawwe mei mar hielendal ûngelyk hat er net. Fan 'e miet ôf oan dat de luitenant hjir kommen is, hat der ûnfrede west yn dit kamp. Boppedat bin ik fan bitinken dat er in spul mei dy spile hat.
Eve:
Neffens my net. Jo litte jo tofolle troch de sersjant biynfloedzje.
Majoar:
It is oarloch. Evelyn. Dat wit er ek dealske goed. Syn kâns de oarloch to oerlibjen is mar lyts. Dêrom hat er it mei dy oanlein. Nim dat mar fan my oan.
Eve:
Wol ik jo wolris hwat fortelle, mynhear de majoar? Jo sitte der mei yn 'e mage. Jo moatte him kwyt. mar jo witte net hoe. Om him samar dea to sjitten, doare jo net. Dêrom sykje jo in reden. En noch wol in man dy't oan ús kant stiet. In man, dy't neat mear fan de oarloch hawwe moat. En sa'n man wolle jo deadzje? Omt jo jou rie to'n ein binne. Jo binne to weak om ta in útdragene saek to kommen. Jo litte jo der ien optwinge troch de iene of d'oare geastlik forsteurde gek.
Majoar:
Eve, famke, dou slachst troch.
Eve:
Ik slach net troch. Jo litte jo in miening optwinge, mynhear de majoar. In hâlding dy't oars mei lef bititele wurde kin. En as jo dy man deameitsje litte dan sil dat ien fan jou greatste forsinnen wêze.
Majoar:
Ik nim it allegearre fan dy oan, Eve. Allinne mar om dy sjen to litten hoe mis astou bist.
Eve:
Né, majoar, foar my oer wolle jo jo skjin prate. Om josels it gefoel to jaen it gelyk oan jou kant to hawwen. Jo wolle josels foar my oer rjochtfeardigje.
Majoar:
Dou bist foreale.
Eve:
Ja, ik bin foreale Witte jo wol hwat dat is?
Majoar:
Dat hat der neat mei to krijen.
Eve:
Jow andert op myn frage.
Majoar:
Ja, ik wit hwat leafde is. Mar boppedat wit ik ûnderskied to meitsjen tusken leafde, echte leafde en forealens. Forealens is in sykte. Dan is men rounom blyn foar Lykas dou, nou. Ik ha dat faker by de ein hawn. It is in ramp foar de persoan en binammen yn 'e tiid fan oarloch, hwannear't er de dingen net mear op har waerde taksearret.
Eve:
Hoe bidoele jo?
Majoar:
Ik bidoel dat wy ûnderskied meitsje moatte. Yn dizze tiid kinne wy gjin meifielen hawwe Wy ha mar oan ien ding to tinken. Hoe kinne wy de oarloch op in gausten winne? En dan kinne wy net oanklaud sitte mei in finzene, oft er nou deserteur is of net. Sjoch nouris hoe't wy foarinoar oer sitte. It bitrouwen is der net mear yn us formidden. En dat komt allinne fan ien finzene. Mei lilke koppen steane wy foarinoar oer. Hoe sille wy dan ea de oarloch winne?
Eve:
Mar ik mei him graech. Jo kinne him samar net dea meitsje.
Majoar:
Witstou noch hoestou dêr stieste doestou de eed ôfleiste op 'e dei datst hjir kaemst? Ik wie greatsk op sa'n soldaet. En hoe hast tochten, as in | |
[pagina 48]
| |
liuw. Dou wiest de manlju de baes. En nou? Nou stiest der as in foreale dwaes. Hwat bist nou? In slavinne fan de leafde.
Eve:
Ja, ik ha sward.
Majoar:
Wier Eve, hy moat likwidearre wurde.
Eve:
Mar hy hâldt it ek mei my. Hoe soe er dan ús fijân wêze kinne?
Majoar:
(forheftich)
Leaustou dat? Leaustou, dat er fan dy hâldt? Immen dy't syn maet delsketten hat? Leaustou dat sa'n ien fan immen hâldt? In frou dy't yn't leger is? Leaustou dat, Eve?
Eve:
(sjocht him oan, har rie to'n ein)
Hy hat it my sels sein. Hy hat mei my op bêd west. Hy woe sels mei my trouwe. Né, majoar ik leau him.
Majoar:
Elkenien hjir soe wol mei dy trouwe wolle. Wy ha krektgelyk as him yn gjin skoften in frou sjoen. En dan wurdt elkenien foreale op hokfoar frou dan ek.
Eve:
(mei de hannen foar de holle giet se sitten)
Ik bigryp it net.
Majoar:
Dou silst him sels deameitsje moatte.
Eve:
(sjocht op)
Né.... né.... dat sil ik nea kinne. Né, asjebleaft, lit dat in oarenien dwaen.
Majoar:
Der sit oars net op. Oars soest in oarenien dêrom haetsje.
Eve:
En mysels dan net?
Majoar:
Tink der fannacht nochris oer nei... Nim fan my oan dat er net sa sljocht op dy is ast tinkst.
(stadichoan wurdt it tsjuster, oant Eve net mear is as in klear sichtbere gedaente. Unforweechlik stiet se in skoftsje stil. Dan draeit se nei foaren ta, rjochting publyk. Der komt in tintsje ljocht op har gesicht)
Eve:
O, myn God.... ik moat him deameitsje.... ik moat it revolver op him hâlde en......
(skodhollet)
Né, ik kin it net..... O God...... wie Klaus hjir nou mar. Koest my noch mar ien kear sizze datst fan my hâldst. Siz it my, as se dy hjir bringe.... ik sil net sjitte. Mar hja sille dy deameitsje.. en my....
(hja draeit har om en giet mei bûgde holle earne sitten wylst it hielendal tsjuster wurdt. As it ljocht wurdt stiet Klaus tsjin de muorre oan en Eve foar him oer en hja sjogge elkoar forheard oan. De majoar observearret Eve en de sersjant stiet skean efter Eve. Lopez en Lehmann steane ek tsjin in muorre oan it spul to bisjen)
Klaus...
Luit:
Eve....
(wylst se inoar oansjogge jowt de sersjant har in revolver dy't hja sûnder omtinken oannimt en by har del hingje lit)
Majoar:
Eve?
Eve:
Né..... né..... né, ik kin it net, wier ik kin it net. Asjebleaft, twing my net. Ik hâld fan him.
Majoar:
(laitsjend)
Mar hy net fan dy.
Eve:
Klaus, siz datst fan my hâldst. Siz it dan... Ja... hy hâldt fan my.
(stilte)
Klaus, siz it dan. Dou witst hoefolle ik fan dy hâld.
Sersjant:
Sjogge jim wol. Hy kin der net op anderje. Allinne as it tsjuster is kin er sizze dat er fan dy hâldt.
(hy pakt har by de earm en rjochtet dêr mei op de luit).
Eve:
Siz it dan, Klaus, siz it dan.....
(stilte)
Siz it godfordomme...
Sersjant:
Hy seit net in stom wurd. Sjit nou mar of doarst net. Doarst net, hen? | |
[pagina 49]
| |
Lopez:
(lûd)
Sjit dan, fordomme
(op itselde momint klinkt it skot. Dan deadske stilte. Sûnder syn eagen fan har ôf to kearen, grypt de luit mei syn beide hannen nei syn liif wylst er it hast net op fuotten hâlde kin. Eve stiet noch mei it revolver yn'e hân
(kjel wurden)
nei de luit sjen. De oaren lûke har stadich werom. De luit sakket stadich op'e knibbels. Hy glimket).
Luit:
Ik.... ik hâld fan dy
Eve:
(skriemend slacht se har earms om him hinne en leit op har knibbels).
Hwerom? Myn leafste, hwerom......?
(It ljocht foroaret yn in griene glâns en hast tekene steane hja deryn, allebeide op 'e knibbels, sûnder to forwegen).
DOEK
© arjen terpstra |
|