“En Marge” sa't de frânske titel seit’. It is twads in forwûnderlik debút omt de bondel in griemmank bifettet fan njoggen oersettingen, fan in tsiental hollânske fersen en in fyftichtal fryske Der is dus gjin skifting makke: it dichterlike wurk fan tritich jier is op ien heap smiten. Dat nat syn neidielen. In oardering nei thema of tiidsfolchoarder is út de bondel net op to meitsjen, de oersettingen binne út harren oarspronklike forbân lutsen. It dúdlikst lit him dat fiele by it fragmint út ‘The waste land’ fan T S Eliot, ek al oerset trouwens fan Haring Tjittes Piebenga Ek al set ‘the waste land’ mei it fan Sybesma oersette fragmint útein, der is sa net folle fan to snappen De oersetting fan in fers fan Rilke is better nei to kommen nammesto mear omt dizze oersetting my better foldocht as dy fan Fedde Schurer yndertiid Bytiden hat de dichter in tuskenfoarm fan oersetting en oarspronklikens hantearre namtlik dêrre as er him ynspirearje lit troch forneamde dichters út it forline, sa as de ‘ballade à la François Villon’ op side 114, en ‘Dionysysk, tinkend oan Euripides' Bakchai’, op side 50.
Ik haw de sammele fersen fan François Villon der marris op neislein, hwant sfear en styl fan de balladen fan Villon wazemje troch Sybesma's ballade. Dat is dan ek it iennige, ik haw Sybesma perfoarst net bitraepje kind op biriming of neidichting. Wol liket it slotfers fan syn ballade in bisûnder soad op de ‘ballade pour Robert d' Estouteville’ fan François Villon. Komt Sophocles yn 'e bondel foar, yn it fers ‘Dionysysk’ hinget Sybesma wol tige oan tsjin Euripides ‘Bakchai’ yn tael, styl en thema Wol wurdt yn de lêste twa strofen fan dit fers m forrassende forbining lein tusken Bacchus en Kristus: beide godlike oerwêzens dy't harren libben offerje om minskelibben mooglik to meitsjen.
‘Gods dieden binne great en ûnforsteanber
en dêrom krekt kostet it Him Syn bloed
berchhichte of krús, hja binne ûnomgeanber,
dat mei Syn dea hilligje wy ús hjoed
God is de Hear. God is it offerdier,
en wy syn feinten. Ja, en wy syn jagers
Ut dizze skuld ûntspringt ús libbenstier
wy- tusken God en beest Syn tekendragers!’
De hollânstalige fersen binne allyk fan toan as de frysktalige. Hwat dizze bondel it meast karakterisearret namtlik is it epigoanisme dat troch fierwei it greatste part fan dit wurk waret. Tael, styl, bylden, stavering, fersfoarm, strak rithme en metrum, it yn dizze bondel net funksjoneel oersetten fan in inkeld fers fan in master út it forline, it oanlynjen tsjin de klassiken as Euripides en Sophocles, it binne stik foar stik symptomen fan in biwûndering dy't de skriuwer ta neifolging oanpuonne hat. It fers ‘in memoriam A. Roland Holst’, jowt der in biroerd foarbyld fan