macht wurdt noch symbolisearre troch it pistoal dat it greatste part fan it forhael yn Govert syn hannen is, mar oan 'e ein troch Alice hantearre wurdt (Jo kinne ek noch in paralei sjen tusken Govert yn it ledikant oan 'e ein fan it boek en syn frou Minke oan it bigjin)
Lykas wol faker, leveret ek hjirre de fraech oft de figuer fan de haedpersoan wol konsistint is, mow oft er hjir en dêr net to folle op de skriuwer liket en oft hy fierder wol in hielendal slutend gehiel fan eigenskippen fortoant - foarsafier't in minske dat dan tocht -, foar my de greatste problemen op. Dat hinget fansels ek wer gear mei it byld (fakentiden in klisjé) dat jo sels fan guon lju hawwe.
Sa is Govert bilestingamtner, mar it byld dat jo út it boek fan him krije strykt dêr net mei As Govert in houliksadfortinsje skriuwe sil, stiet der (s 13,14) ‘Tsjin 'e joun griep er it skriuwblok út 'e kast, helle alles oer 'e kop om in balpinne, hwant in skriuwer hie er noait west De tafel lei bisjidde mei papier en noch hie er mar ien rigel skreaun’ (De skriuwer koe hjir faeks gjin wjerstân biede oan de forlieding fan it klisjé dat goed is foar in smout sketske Sa wurde houliksadfortinsjes altyd skreaun tusken bergen kladtsjes, sa binne byg. ek buorfroulju altiten nijsgjirich, lêbbich en drok mei keppeljen, s. 16).
Noch frjemder is Govert syn rêaksje as er yn Alice har klean in pistoal fynt. Hy is binaud dat hy fortocht wurde sil fan de misdied dy't grif mei dit wapen yn Amerika bigien is Hy rekket folslein fan it sintrum, syn wilde reis yn haedstik 8 is der it biwiis foar
Oan 'e oare kant is Govert ek wer in evenredige fint, dy't alles om him hinne en ek himsels skerp observearje en relativearje kin. Ik tink dat hjir de skriuwer sa nou en dan troch syn haedpersoan hinne skimeret: (s. 10) ‘Mar doe't se (Minke) de siken utblaesd hie, hie er him ek hillich foarnommen net langer slaef fan it wurk to wêzen Homo ludens’, of (s 83) ‘Froeger hie er noait mei bleate fuotten op it kleedtsje stappe mocht Minke woe net lije dat er mei switfuotten op it kleedtsje stapte Hy wie alle jounen mei in sprookje op bêd rekke’ Hwat in selsspot! De figuer fan de haedpersoan oertsjûget my dus net oer alle boegen Mei it boppesteande hinget gear dat it pistoal tofolle in selsstannige rol bigjint to spyljen en yn haedstik 8 mei de man op 'e rin giet ynsté fan oarsom De relaesje tusken Govert en Alice is hjir folslein op 'e eftergroun rekke en de spanning yn dy relaesje wurdt forfongen troch in hiel oare spanning dy't neat mei de haedstream fan it forhael to krijen nat.
De spanning fan it forhael wurdt noch op in oare wize forbrutsen, trochdat ntl Govert en Alice, dy't inoar bistride en nei it libben steane, dochs ek forlet ha fan minsklike waermte en help en dy nearne oars fine kinne as by elkoar. S 153. ‘Dou bist leaf sei se, doe't se it op hie en der kaem har in teare laits om 'e mûle. - Ald skiter sei er En letter, doe't er op bêd lei, sei er it nochris tsjin de nacht. Ald skiter Lytse protter
Soksoarte ynhâlden sinnen jowe krekt de nuânsearre gefoelens oan tusken de tsjinstanners dy t - âld, helpeleas en iensum - op inoar oanwiisd binne. Hja meitsje foar my dan ek de kearn - en de wearde fan it boek út