Trotwaer. Jaargang 10
(1978)– [tijdschrift] Trotwaer– Auteursrechtelijk beschermd
[pagina 138]
| |||||||
Koarte omskriuwing haedstikken0-1. It literaire wurk wurdt op nivo bisprutsen omt skriuwer en lêzer frij tsjinelkoar oer hearre to stean, en kommunisearje (wolle) yn in frije forhâlding.
0-2. Literatuer is mearsinnich omt de wurden it iene èn it oare bitsjutte, en noch hwat oars op ûnderskate nivo's fan bistean, en dêrtroch mear fragen opsmyt dan biandert. In bistean is noait it bistean.
0-3. Literatuer is in foarm fan permaninte revolúsje en dêrmei (skyn)fijân wurden fan de lju dy't har forwiten dogge it âlde en biwende ynwiksele to hawwen foar it frjemde: de libbende kearn is altiten nij.
0-4. In kritikus is in forminkte lêzer omt er eksplisyt biskriuwe moat oan'e hân fan in oantal yn't foar fêstleine en meidielde kriteria hokker oardiel hy hat oer de tekst: ek in kritikus praet oer syn subjektiviteit yn in wrâld as objektiviteit dert er mei yn tsjinspraek is. At er dy forantwurding ôfleit troch himsels en de tekst bleat to lizzen dan biandert er oan syn funksje as kritikus sec.
0-5. In bisprek hat gjin boadskip oan forburgen winsken yn de sin fan it kondysjonearjen fan in bipaeld soart fan smaek- en ûntwikkelingsnivo sa't dy foun wurdt yn de saneamde massakultuer dy't de lêzer bifêstiget yn syn tinkpatroanen sadat de frijheit om in kar to dwaen ta nul redusearre wurdt, en dert f'ral dêrtroch net praet wurde kin oer taelbifoardering, mar wol fan taelforioedering.
0-6. It lân wurdt kâld en toar at alles hwat net serebrael, trochsichtich of foarsichtich is ôfwiisd wurdt, binammen at konfeksjenoarmen de kodes fan praten en skriuwen bipale. Literaire krityk hat mei dy sjablonen to krijen omt sjablonen -(dêrop liket it tsjintwurdich)- bipale hwat útjown wurdt en hwat net. In argumint ekstra tsjin de rituele krityk. | |||||||
[pagina 139]
| |||||||
1. De Frijheit fan de lêzer- Een zekere relativering zou geen kwaad kunnen (Sjablonen, Koetsier) In skriuwer skriuwt de tael fan it folk hwat net ynhâldt dat hy folkstael skriuwt. Dat is it wichtige forskil, en dêryn leit by definysje syn funksje. Mei oare wurden, ek de skriuwer is lid fan de massa, mar net elkenien is op elk momint in ûnderdiel fan dyselde massa. Noch fierder trochlutsen bitsjut dit, dat bygelyks literair wurk op literair nivo bisprutsen wurde moat en perfoarst net op it nivo fan de massa. Ik bedoel, oan bern dogge je konsesjes op groun fan in biheinde ûnderfining by dy bern en in lytsere wrâld dert se yn libje, of, en dat leit op itselde flak, in ynfalide meiminske komme je tomjitte omt de hendikep in earlike kamp, it útwikseljen fan ynformaesje, it frijwêzen yn in kar yn'e wei stiet. In diskusje op groun fan meilijen en/of paternalisme is gjin diskusje omt de frijheit oan beide kanten yn't geding komt (d.w.s. by de oare kant, it lijende objekt, it meast). Itselde faset spilet in rol at je it medium it boadskip wêze litte, mei oare wurden, at je jins wurden oanpasse oan it nivo fan de saneamde doelgroep (in nij wurd fan de wurdhearskers). Ik diskusjear mei de oar yn in frije forhâlding, ik praet mei folwoeksen selstinkende lju dy 't net mear en ek net minder binne as ik (dit is net gelyk, mar wol gelykweardich). Dy stelling jildt foar de skriuwer, dy stelling jildt ek foar de kritikus. As didaktyske en politike trúk kin 'k de útspraek ‘skriuwe foar it publyk X’ billikje. Yn literaire saken spilet dit gjin inkelde rol. De tael is der om wier to wêzen, en net om to manipulearjen yn moralistyske, yn dogmatyske of yn iensidige rjochting; de tael is der ek net om sekuer, om sinnich of om kreas to wêzen. In bisprekker(yn krante, yn tiidskrift, op radio en op t.v.) dy 't syn lêzers ûnderskat, net foar fol oansjocht en bilearjend tasprekt, of syn lêzer ûnderskate boeken ûnthâldt (sa't bygelyks it Fryske Deiblêd docht) bihannelet dizze minsken net op in foet fan lykweardichheit, mar op groun fan in klassifikaesje fan minsken yn hearskers (de wittenden) en de lju dy 't oerhearske wurde (jimme binne noch net safier, jimme witte net hwat goed foar jim is, jimme soene ris twivelje kinne oan it systeem). Dit frij tsjinelkoar oer stean fan bisprekker en lêzer fan it bisprek is in earste eask dy 't de lêzer stelle mei (moat). Dêrnei komme saken as it literaire wurk, de kriteria fan de bisprekker en eventueel de bidoeling fan it bisprek. | |||||||
2. Literatuer as mearsinnichheit en opposysje- De meningen van anderen interesseren me niet (Sjablonen, Koetsier) | |||||||
[pagina 140]
| |||||||
At je hwat sizze wolle oer literatuerkrityk geane je der automatysk fanút dat der literatuer bistiet, en dat ek it literaire wurk in bisteansfeit is. Mei oare wurden, der bisteane skriuwers dy 't literatuer skriuwe en der libje lêzers dy 't dy literatuer lêze (wolle). Yn dy trijehoek kin praet wurde oer literatuer (de skriuwer, de tekst, en de lêzer). Klear! Né, perfoarst net klear, hwant de (literaire) krityk hâldt him net dwaende mei bygelyks sportforslagen, mei beursbirjochten, mei programma's fan politike partijen, mei hongersneed yn de sahel of mei de dea fan Steve Biko. Literatuerkrityk docht in kar (soe alteast in kar dwaen moatte) en bimuoit him net mei unwierheit, mei (skyn)(hillichheit), mei ûnbirikbere dreamen, mei guodkeape sinsaesje of mei it praet fan aldendei. Der binne dus saken dy't guon teksten literair meitsje en oare teksten net literair. Literatuer ûnderskiedt him troch in mearsinnichheit, dat wol sizze, dat de skriuwer de wurden sa brûkt, sa manipulearret dat se altiten it iene èn it oare (hwat oars) bitsjutte, èn noch hwat oars, mar iderkear op in oar nivo fan bistean. Yn 'e literatuer ha je altyd to krijen mei dat hwat libbe is (wurde sil), en wurdt nea datjinge hwat je sizze folslein sein yn dat hwat je sizze. In wurklikheit is altiten in x-oantal wurklikheden. Literatuer is net it fêstlizzen fan datjinge hwat wy (de lêzer) al witte, literatuer is it fêstlizzen fan datjinge hwat wy al witte op sa'n wize dat wy skriuwend en/of lêzend ûntdekke dat wy it noch net wisten. Dit hâldt yn dat dogma's, stelsels, ideologyen, systemen, morael, etyk en alle oare de mins foarskriuwende rigels yn literatuer heechstens op it twadde plak (of better hielendal net) meispylje kinne, mar perfoarst noait útgongspunt wêze sille. Sosjalistyske, kristlike, liberale, kommunistyske of hokfoar ‘-ke’ literatuer bistiet net. In K.F.F.B. (mei it kristlike as útgongspunt) bistiet wol mar jowt gjin literatuer út. It oanwizen fan literatuerprizen (Friese romanprijs noatabene!) troch dizze klup is dan ek in foarm fan forrifeljen fan de lêzers en it fierdere publyk. Sa 'n klup bringt party (kristlik) polityk propagandamateriael op 'e merk. In kritikus dy 't datsoarte fan teksten bisprekt is in politike kommintator wurden en bisprekt net dat hwat er bisprekt mar dat hwat as forburgen aginda achter it pamflet fan ien oant 250 siden skûlet. Sokke folders binne net taelbifoarderjend hwant reklametael foar it CDA. Soks is legitym, mar at foar sok spul subsydzje jown wurdt ûnder it mom fan stipe oan 'e literatuer en oan de Fryske tael dan is dat forneukeratyf en misliedend. Subsydzje oan literatuer as kunst (en dat is gjin polityk-religieuze katechismus) giet út fan oare grounen, mar útsoarte ek net fan taelbifoarderjende eleminten. Literatuer en polityk moatte skieden wurde. It taelbifoarderjend elemint yn 'e literatuer spilet gjin inkelde rol as doel op himsels. Mar wolle je as oerheit perfoarst subsydzje jaen op tael, dan is it logysk dat je soks allinne mar oan literaire tael jowe en net oan reklametael en propagandafolders omt dylêsten tagelyk de minsken èn de tael sels foarlige en konstant bisoademiterje. Literatuer formulearret net hoe 't men wêze moat, literatuer formulearret hwat men is tusken de oaren en stribbet dêrtroch nei helderheit, en makket net | |||||||
[pagina 141]
| |||||||
gebrûk fan simpele en moralistyske sjablonen. Dat bitsjut dat de skriuwer oer de hiele wrâld skriuwt troch oer himsels yn syn totaliteit to skriuwen. Dé funksje fan de skriuwer is om oer alles to praten, oer de wrâld as objektyf gegeven èn oer de subjektiviteit dy 't him tsjin dy wrâld forset, hwant dêrmei yn opposysje. Dat yn tsjinspraek wêzen mei de wrâld hâldt yn dat literatuer earder fragen opsmyt dan fragen biandert. Of, noch sterker sein, de oanwêzige realiteit yn 'e foarm fan fêststeande antwurden kin bitwivele wurde troch it oanbringen fan fraechtekens achter de oannommen wissichheden. Dy nije ynsichten tsjinoer de saneamde ‘geheide’ wetten en rigels hawwe bygelyks to krijen mei it jin net lekker fielen, mei de forburgen winsken, yn 't koart sein mei it forfrjemdzjende elemint yn dizze maetskippij. Bygelyks mei it forfrjemdzjende brûken fan de tael dy't eigendom en middel is fan elk: de tael fan it bidroch, de tael fan de nije goaden, de tael fan it ûnderwerpen, yn syn totaliteit de tael fan de negative manipulaesje en it hypnotisearre ritueel. Dat is in tael tsjin de wurklikheit fan sjen, fan tinken en fan fielen dy't as normael sjoen wurdt. In doel fan literatuer (fan kunst yn 't algemien) leit deryn om de gewoane wize fan sjen út syn forbân to heljen en nije lagen fan ûnderfinen iepen to lizzen. In doel leit binammen yn it trochbrekken fan de apaty fan de gewoante troch in dissosjaesje fan ideeën, de saneamde wissichheden (of dat hwat foar wissichheit oannommen wurdt) en gefoelens (‘waar het niet spookt, heeft het geen zin te blijven’. Simon Vestdijk). Literatuer lit de mins frij om in kar to dwaen, bygelyks om yn opstân to kommen tsjin forfrjemdzjende tindinzen yn 'e hjoeddeiske maetskippij, en tsjin de forfrjemders. | |||||||
3. Permaninte revolúsje tsjin forstiving- Kunst kunst wat is nou kunst, je kunt alles wel kunst noemen, dit is in ieder geval geen kunst niet toch of wel soms (Sjablonen, Koetsier) Literatuer is in foarm fan permaninte revolúsje, is tagelyk ek in foarm fan anarchy yn dy sin dat literatuer noait in macht boppe him oanfurdiget. Literatuer is folslein frij fan foaroardielen en rommet se op, literatuer bynt de striid oan mei konfinsjes, sinsuer en negative manipulaesje ûnder mear troch nei to tinken oer de metoaden dy't it as medium yn 'e maetskippij hat. Dy metoaden hawwe to krijen mei de foarm fan it literaire wurk, mar dan wol sydlings. At ‘Trotwaer’ de lêste jierren nochal hwat praet hat oer de foarm dan haw ik it idé dat it tiidskrift tofolle praet hat oer it kuijerjend pak en tomin sjoen hat nei de ynhâld dert it yn wêzen by literatuer om giet. Alteast sa like it. Dat formalisearre formele foarmpraet oer de foarm (oer foarmen) giet de wêzentlike fragen oer literatuer en literatuerkrityk út'e wei. Oer de foarm kinne je in frijbliuwende opmerking pleatse, oer de foarm meije je stroffelje, de | |||||||
[pagina 142]
| |||||||
foarm kinne je sûnder euvelmoed en sûnder fêste kriteria (of krekt mei tige strakke útgongspunten) ôfkreakje, hwant de foarm is gjin libbene saek. Dat wol sizze, at je de foarm foroardiele ta in bipaeld systeem, ta in bipaelde struktuer, dan prate je oer it tsjinstelde fan literatuer yn 'e mande mei literatuer. Soks flokt fansels. Dy man is in neger, dus..... Dy frou is in reade frou hwant se is foar abortus, dus....... Hy stimt VVD en hat in eigen saek, dus...... Hy skriuwt en praet gjin geef Frysk, dus... (esf., esf.). It tinken oer de foarm troch in skriuwer oan 'e iene kant en in netskriuwer (wittenskipper, kritikus, esf.) oan 'e oare kant dy't fakentiids útgiet fan in oannommen (of selskonstruearre) teory forskeelt nacht en dei. In skriuwer fynt it fan great en wêzentlik bilang dat alles oangeande foarm, oardering en ynhâld oleatleit foar (biwust) foroarsake foroaring, en altiten yn diskusje stean moat.
Ek in kritikus sil yn syn krityk eksplisyt ûnder wurden bringe moatte hokker kar hy yn dizzen docht, en omt literatuer foarm jowt oan in permaninte foroaring omt de maetskippij in foroarjende mienskip is, sil it dúdlik wêze dat ek de kritikus dat aspekt yn syn krityk meispylje litte moat. Sintrael stiet de stelling dat literatuer by definysje yntolerant is tsjinoer in forstiivjende maetskippij op it flak fan de foarm, en meihelpe kin (moat) om dy foarm funksjoneel to hâlden. Dat bitsjut bygelyks dat literatuer, yn in tiid dat de machthawwers troch de flugge foroaring en it dêrtroch ûntbrekken fan wissichheden by it folk har klauwen yn 'e foarm fan burokratisearring útslaen, in tsjinkrêft wêze kin omt dy literatuer foroaringen oanwiist nei in foarm fan libjen dy 't sinfol(ler) is of wêze kin. Dêrmei is literatuer skynber fijân wurden fan al dy lju dy 't har forwiten dogge it âlde en fortroude ynwiksele to hawwen foar it frjemde of it absurde Literatuer lit bygelyks sjen dat de wrâld fan de konsintraesjekampen de kwintessens wurden is dan de deistige realiteit, by wize fan sprekken. Foar de ienspoarich tinkende fretmins is sok praet fansels tige tige negatyf. De skriuwer lykwols kin dêrmei gjin rekken hâlde. Hy fielde it sa, hy billibbe it sa, hy moast op dat momint in foarm fine foar in emoasje dy't allinne troch him ta utering komme soe. Sa'n skriuwer forkeart yn in permaninte steat fan revolúsje. In skriuwer is ‘anarchist’ of hielendal gjin skriuwer... De foarm fan in literair wurk hat altiten to krijen mei de skriuwer, syn wrâld en de ynhâld fan it wurk. Dat bitsjut dat foarm en ynhâld net to skieden binne en dat je yn elk gefal foarmen noait ‘los’ bisprekke kinne as wiene it kapstokken foar ûnderskate soarten fan literatuer, en dat jildt binammen oangeande de hjoeddeiske, de saneamde komtemporaine literatuer. Mei ûnder oaren Sibren Polet leau ik dat de term foarm in leech sjabloon wurden is (of altyd al west hat). It wurd struktuer yn de sin fan it bleatlizzen fan de organisaesje fan de wurden en sinnen seit mear, lykwols wol altiten sa dat de ynhâld, it geheel fan bitsjuttingen, foarstellingen, bylden, yn 't koart sein dat hwat oerdroegen wurdt, sintrael stean bliuwt. Lang om let giet it net om it hoe, mar binammen om it hwat en om ithwêrom. Ek de forstive foarmen fan de grammatika en fan de sintaksis binne net primair fan bilang yn it literaire wurk, | |||||||
[pagina 143]
| |||||||
hwant yn prinsipe konservearjende en konservative eleminten yn 'e tael sels. Sy ommers lizze forbiningen yn 't foar fêst, en foarmje tael- en tinkautomatismen dy't it frijwêzen fan 'e literatuer oantaeste, ynklusyf de frijheit fan de skriuwer en de frijheit om in kar to dwaen fan de lêzer. Sterker sein, dizze tinken taelautomatismen bihearre ta in bepaelde groep dy't dêrmei bisiket de macht to hâlden. Yn 'e staveringskwestje is dat dúdlik nei foaren kommen (sjoch ek myn artikel un 'e L.C. fan ¾ / 76' ‘Us stavering is in stavering fan de upper-class’). In kritikus sil hwat de foarm oanbilanget each ha moatte foar de foarmjowing dy't in foroaring fan binnenút is. Der is hwat dat foarm krije moat yn wurden, en dêrfoar is it nedich dat bisteande net mear brûkbere (tael)foarmen trochbrutsen wurde. Dy trochbrekker, dy konstruearder, dy makker, de skriuwer dus fan dy foarm is ûnôfhinklik, is frij en fjochtet tsjin forstienning fan foarmen (klisjé's, sjablonen, retoryk, esf.) Ek dat, en binammen dat, makket tekst ta literatuer. It is ommers it greate forskil tusken it mei de hân makke en it masjinael fabrisearre produkt, it forskil tusken it unike en it massale, it forskil tusken it utnoegjende en it banale, it forskil tusken it natuerlike en it oanstellerige it forskil tusken it minslike en it libbenleaze, it forskil tusken frij en slaefsk, it forskil tusken it tsjinstber wêzen oan en it oerhearskje wollen oer, it forskil tusken aventûr en útsliten paden, it forskil tusken leafdefol en leafdeleas. It iene wiist nei de libbene kearn, it oare liedt je fuort fan dy kearn. | |||||||
4. De kritikus is gjin hûsslaef- Ik ben er niet voor en ook niet tegen waar (Sjablonen, Koetsier) In kritikus is yn prinsipe in lêzer as elke oare lêzer. Hy lêst foar himsels lykas dy oare lêzers foar harsels lêze. It is net mooglik en lês foar oare minsken. Krekt hjiryn skûlet de ambifalinsje fan de kritikus: fan him wurdt forwachte (?) dat er foar oaren lêst. Ek de kritikus biheart ta de trijehoek skriuwer - tekst - lêzer, de literaire sitewaesje dert de lêzer yn sit. De lêsûnderfining fan de kritikus kin parallel rinne mei de ûnderfining fan de lêzer x oant y. Mei oare wurden, de lêzer as kritikus (de kritikus as lêzer giet fan de foarûnderstelling út dat in kritikus mear of oars weze kin dan kritikus en moat dus útsletten wurde) is en bliuwt in lêzer lykas al dy oare lêzers. Allinne, de lêzer as kritikus hat foar himsels de opdracht (krigen) jown en biskriuw eksplisyt datjinge hwat er lêst, of, en dan leit it yn itselde ramt fan de lezer sec, de kritikus bisiket syn assosjaesjes, syn irritaesjes, syn sjen, syn fielen en syn tinken, yn't koart sein syn ûnderfinings by it lêzen fan de tekst yn eigen wurden to omskriuwen. Lykas in skriuwer praet in kritikus oer syn eigen subjektiviteit yn in wrâld as objektyf feit dert hy | |||||||
[pagina 144]
| |||||||
(èn de tekst) mei yn tsjinspraek is. At er dy forantwurding ôfleit oan de hân fan in oantal algemiene literatuerkriteria en in oantal persoanlike útgongspunten dan biandert er oan syn funksje as kritikus. It forskil tusken algemiene literatuerkriteria en persoanlike is earder in ûnderskied yn gradueel opsicht as in prinsipieel forskil. De kritikus is net tofreden mei healfielde intuysje, mei ûndefinjearbere bylden, mei net-argumintearre konklúzjes, en hoecht dat ek net to wêzen at er yn't foar foar himsels útgiet fan it feit dat literatuer literatuer is en bygelyks gjin propagandaspul foar en fan in bipaelde sekte. It bisjut net dat in kritikus gjin forminkte lêzer wêze soe, hwant in kritykjower sil altyd de tekst hifkje op in skael fan wearden oangeande literatuer en de funksje fan dyselde literatuer. De wrâld fan de lêzer as kritikus is by definysje in lytser wrâld (eksplisyt oannommen útgongspunten meitsje de romte fan it ûnbikinde, it noch net witten, greater en dêrtroch lytser) dan de wrâld fan de modale lêzer. In kritikus jowt in andert op it wurk troch en út namme fan de lêzer. Hat de skriuwer skriuwer west yn syn wurk en hat er de literatuer literatuer wêze litten? In kritikus redenearret fanút de literatuer nei de lêzer ta. Omt der gjin absolúte wiskundich fêststeande kriteria bisteane oangeande dyselde literatuer (in foarm dy't permanint foroaret kin noait fêstlein wurde, mar miskien is dat it kriterium?), en omt der ek gjin absolúte noarmen oangeande minsken bisteane (in mins is mins omt er frij is iderkear wer syn eigen kar yn frijheit to dwaen, d.w.s. sûnder twang fan bûten en sûnder oermacht, en miskien is ek dat it kriterium?), en omt dizze twa saken sa'n soad meielkoar to krijen ha, dêrom kin in kritikus noait fan absolute kriteria útgean. In oardiel oer it literaire wurk is in oardiel oer literatuer sec en soe weardefrij (frij fan foaroardielen esf), wêze moatte yn dy sin dat allinne sjoen wurdt nei de wêzentlike bidoeling fan literatuer sa't dy bygelyks yn eardere haedstikken omskreaun is (mearsinnichheit, dat hwat libbe wurdt, hwat men is en wurde kin, yn opposysje mei de wrâld, de gewoane wize fan sjen ut syn forbân lûke, in dissosjaesje fan ideeën, in soart fan permaninte revolúsje, fan foaroardielen frij, in foarm jaen oan konstante foroaring, it yntolerant wêzen tsjin in forstiivjende maetskippij, en binammen it wizen nei de libbende kearn) en dêrtroch al of net oan syn doel biandert literatuer to wêzen. In oardiel fan in kritikus is fakentiids net alhiel weardefrij omt ek hy in part is fan 'e wrâld, yn it literaire wurk oansprutsen wurdt op syn minswêzen, op syn eventuele oertsjûging, op syn tinken oer de mins as sadanich, dert er dan op reagearret. Soks is net sa botte earlik tsjinoer de literatuer dy't gjin boadskip hat oan bygelyks de iene noarm fan kristus, boeddha, marx, god, de paus, den uyl, van agt, de goune, de hearsker, de slaef, it kapitael, de arbeider en neam mar op. Dizze stelling bitsjut fansels net dat alle ienmansnoarmen op deselde horizontale skael lizze as soe de literatuer fier boppe al dit ierdske gewrot útstige. At de literatuer yn 't foarste plak foar de mins yn in erflik foroarjende sitewaesje kiest, dan leit in sosjalistyske noarm tichterby as in fassistyske noarm (foarsafier de lêste noch noarm neamd wurde kin!). At de literatuer har | |||||||
[pagina 145]
| |||||||
ôfset tsjin in reaksjonair-konservatyf boargerdom, it forlet oan autoriteit ûnderminet en de nije foarmen fan fassisme (de mins forfrjemdzjend fan himsels troch kapitael, konsumpsje, wurk, jiid, yn in technokrasy) op in meunsterlike wize nei foaren komme lit dan docht dy literatuer hwat se èk dwaen moat. Op literatuer kin men dan ek nea in etiket plakke: literatuer is net reklamemakker foar of tsjin it ien of oar. Konsekwint trochredenearre hâldt dat yn dat der gjin kristlike literatuer bistiet, gjin sosjalistyske en ek gjin fassistyske, om mar in pear foarbylden to neamen. Sokke teksten, ûnder in etiket, binne reklamefolders foar in sekte. It bitsjut ek dat in literatuerkritikus gjin etiket brûke kin, en dat bygelyks in Fries Dagblad útglidet troch op in saneamde kristlike menier boeken to skôgjen. Dat is hwat literatuer oanbilanget net mooglik en it hâldt dan ek yn dat in oantal wurken net, of op in fize, bornearre en fassistyske wize bisprutsen wurde. De frije kritikus wurdt hjir hûsslaef fan in machthawwer. In moai foarbyld dêrfan is Tiny Mulder yn it Fries Dagblad fan 6/8/77, dert se de forhalebondel ‘Foi en fredeloas’ fan Tr. Triemersma op 'e kristlike dongbult smyt. Literatuer stiet fansels boppe sa'n steryl bisprek, omt der gjin sprake is fan in bisprek mar wol fan in leske sedemasterjen en preekjen fanút in bipaelde sekte wei (dat dizze bisprekster mei bipaelt at it boek ‘Foi en fredeloas’ subsydzje krijt litte wy nou mar oer oan it tinken fan de lêzer!). | |||||||
5. De Frijheit om net ta nul redusearre to wurden- Ik ben bang dat een religie of een ideologie of iets dergelijks De taek fan in kritikus is hast net to omskriuwen omt dy taek per kritikus en per medium in oarenien is. Hwa is de lêzer fan it bisprek, en hwat forwachtet de lêzer fan it forhael fan de bisprekker? At de lêzer bifêstige wurde wol yn syn tinken, en de krityk foldocht oan dy forburgen winsk dan is de kritikus alles, bihalve ynteger. Hy forsommet oan de wichtige eask to foldwaen dat lêzer en kritykjower frij tsjinelkoar oer stean moatte. In krantekritikus wurket yn't foar al mei forburgen (of troch de redaksje opleine) easken dy't lizze op it flak fan bigryplikens (mar hwat is dat?), lêsberheit (mar hwa is de trochsneed modale lêzer?), ynformearjend (mar hokker ynformaesje wol men?) en mear fan soksoarte saken. Dat jildt foar elke krante, fan lofts oant rjochts. In kritikus wurdt it noch swierder makke at er him hâlde moat oan de ideologyske opstelling fan in deiblêd (of wykblêd, of tiidskrift, of witenskiplik blêd, of moanneblêd, esf.) dat bygelyks útgiet fan in bipaelde etyk of libbensoertsjûging. In bisprekker forwurdt dan hast automatysk ta in moralisearjend en in forsimpeljende prater oer saken yn 'e marge omt de literatuer sels net bisprutsen wurde kin Op sa'n stuit is de kritikus mislieder wurden | |||||||
[pagina 146]
| |||||||
fan de literatuer, hwant propagandist en politikus. Hy easket saken fan en yn de literatuer dert de lêste allinne mar tragen opsmyt. De literatuer moat dan foldwaen oan ien weardesysteem en dat is yn tsjinspraek mei de literatuer sels. At de kritikus bygelyks it nihillisme, de dekadinsje en de eksperiminten mei de foarm yn 't foar ôfwiist (sjoch ek trotwaer '77-6), omt syn opdrachtjowers (syn lêzers?) soks ôfwize dan is sa'n bisprek alhielendal net mear nijsgjirrich, hwant fundaminteel ûnwier. Itselde jildt foar lju dy't krektoarsom fan de skriuwer (en de kritisi) easkje dat de literatuer allinne ta taek hawwe soe de saneamde revolúsje to stypjen. Ek dat is flauwekul. Literatuer is in part fan de wurklikheit, mar it is perfoarst gjin striidkultuer of hwat dan ek. De frije kritikus hat hjir each foar en handelet hjir ek nei (In kritikus is frij, of hy is net!). Fan de literaire krityk mei de lêzer in oantal saken easkje: de útspraken moatte kontrolearber wêze, it bisprek hat yn prinsipe mei wittenskiplikheit neat to krijen omt wittenskip achterôf wurket, de krityk is gjin didaktyk foar skriuwers (en lêzers), it forhael is gjin gratis reklameforhaeltsje, de krityk is in andert op in lêsûnderfining dy't neijer adstruearre wurdt oan útspraken oer it hwat en it hwêrom fan literatuer, gjin wittenskiplike tekstanalise omt dy de rounte nei eigen noarmen slút. Dy yntegriteit wurdt easke fan de bisprekker, en at er nou yn in doarpsblêd of yn in wittenskiplik tiidskrift skriuwt, makket hwat de essinsje oanbilanget gjin inkeld forskil. Mei en nei forantwurding binne miskien sels dan biskate didaktyske trúks net alhielendal to forsmiten. In wichtich útgongspunt fan de bisprekker moat wêze (ek al omt literatuer dat útgongspunt hat), dat hy syn lêzers net kondisjonearret op in birikt nivo fan smaek en ûntwikkeling en dus tomjitte komt oan alle winsken dy't feitliken better omskreaun wurde kinne as skynwinsken. Op dat eagenblik, at de kritikus wol tajowt, tomjitte komt oan dy saneamde forburgen winsken, hawwe it bisprek en it literaire wurk ôfdien as biwustmeitsjend produkt, en wurket it geheel earder as in soarte fan twangmechanisme. Yn wêzen is elke didaktyske trúk in oanpassen oan it medium en as sadanich in foarm fan negative manipulaesje, hwant der wurdt gebrûk makke fan bigripen dy't dea binne en dus gjin kar litte oan de lêzer. It is dan ek in stompsinnich forsin dat de saneamde massakultuer (yn dit stik fan saken de maklik forkeapbere boeken en folders) taelbifoarderjend wurkje soene (en allinne dêrfandinne in slompe subsydzje krije?). It tsjinoerstelde is it gefal, hwant de tael èn de ynhâld wurkje hypnotisearjend, hwant men wurdt middels de tael ynkapsele yn 'e wrâld, wylst men net sjocht dat men stelselmjittich forjown wurdt mei flauwekul, wylst men tagelyk ek treaun wurdt yn rolbifêstigjende tinkpatroanen dert de frijheit fan de mins om noch in kar to dwaen ta nul redusearre is. Ek dat soart fan saken sil de kritikus yn bisprek jaen moatte en net forswije út hokker taktyske of ideologyske reden ek. Yn myn bisprekken fan de bondels poëzij fan Jan Bylsma en dy fan Sikke Doele (‘trotwaer’ 76-6 en 78-2) hawwe boppesteande saken in rol spile yn dy sin dat ik útgongen bin fan fjouwer foar my wichtige kriteria, dy't yn syn | |||||||
[pagina 147]
| |||||||
bigrinzingen omskriuwingen binne fan dat hwat literatuer makket ta literatuer: 1. literatuer is tael yn har wêzentlike mearsinnige foarm; 2. literatuer is noait papegaaietael, sjabloon of klisjé, en stelt it persoanlike en unike elemint op it foarste plak; 3. literatuer is it sykjen nei in adekwate foarm foar dy tael; 4. literatuer is implisyt altiten engaezjemint mei mins, wrâld en de tael sels en fynt yn dy polarisearring, yn dy opposysje har immanint krityske funksje. Dizze fjouwer saneamde ‘wetten’ jilde foar my as útgongspunten foar in bisprek, mei't se to krijen hawwe mei de eksistinsjele frijheit fan de skriuwer, de tekst en de lêzer sa't ik yn eardere haedstikken wiidweidich biskreaun haw. | |||||||
6. Sjablonen en in kâld toar lân- Ik denk dan bij mezelf lul maar an (Sjablonen, Koetsier) Nei oanlieding fan boppesteande is it forliedlik en bislút net dan mei in pear anekdotes oer literaire krityk, moralisearjende oardielen en saken dert bygelyks subsydzjes op oare dan literaire grounen wegere is, op grounen fan breklike en iensidige mei foaroardielen trochsiedde kritiken (of bisocht is tsjin to hâlden). Foar de skriuwers-kalinder '78 waerd my yn april/maeije '77 frege om in pear bydragen. Ik stjûrde trije teksten, en noatabene it iennige fers dat foar my it weardefolste wie en tagelyk tafallich ek noch oer it tema(wenjen) gong krige ik weromstjûrd Jan Dotinga, ien fan de juryleden en in bitûft bisprekker fan poëzij (sûnder útgongspunten, dat wol) hie him yn't forline ek alris stjitten oan it foarplaetsje fan ‘Ik haw dyn toskfleis fruchtber makke’, wylst er de fersen akseptearre as reedlik goed.. Sûnder argumintaesje waerd my dit fers weromstjûrd
Nij hus
joun stiet de sinne
yn it fyfte seizoen
de dei in stik elastyk
de klok tiid op 'e rin
hwant trochsiedde froulju
iepenje de nawle (har tredde each)
piramides fan rêst
mei bimoude heupen
keare se de sânglezzen
yn it senit
kitst myn stim
piggelmees pôt oppenij
Wie it fers to swier foar de kalinder? Kin janmeidepet sokke fersen net oan? Of | |||||||
[pagina 148]
| |||||||
moatte de kalinderlêzers bifêstige wurde yn har tinken en fielen? Koart sein, in skriuwers-kalinder hat wierskynlik mei skriuwers likefolle to krijen as myn drankboer (mei dit forskil dat de lêste der oan fortsjinnet). Hwat de bondel ‘Ik haw dyn toskfleis fruchtber makke’ oanbilanget noch in pear opmerkings: Douwe Tamminga miende dizze fersen omskriuwe to moatten as ‘fallysk en anael dronkemanspraet by in infantyl en pedafyl printsje op 'e foarplaet’ (23-5-72, yn in persoanlike brief). En dêrmei wurdt dan sa'n bondel poëzij de goelag ynskopt (hwant sokke literatuerkritisi hawwe as adviseurs yn literaire saken de toutsjes foar in part yn hannen; Tr. Riemersma hat it gefal Mulder yn ‘trotwaer’ 77-6 al oanjown). Fan de bondel ‘Yn memoriam’ fan D.T. sizze je dochs ek net dat in foarm fan likepikkerij is, of wol soms? At je op dat nivo de literatuer bihannelje kinne je better yn'e kroech op 'e hoeke fan de buorren sitten gean. Mar miskien sitte de measte Fryske ‘skriuwers’ en bisprekkers dêr dan ek foar it greatste part. My heuge allinne de kritiken fan Anne Wadman as kwalitatyf prima bisprekken, fierders sjogge je in leech gat, in tsjustere nacht dert de katten yn 't donker fynknypt wurde, by wize fan sprekken. Arguminten en útgongspunten? Né, ho mar, ien dizenige brij fan klisjés en foaroardielen. At Piter Boersma yn ‘hjir’ (77-5/6) de ‘kar út ieuwen Fryske poëzij’ kritisearret, en wiist op it frjemde forskynsel dat fan in oantal (eksperimintele) dichters, en binammen fan de hjoeddeiske, neat of hast neat opnommen is, dan hat ek dat to krijen mei it skiftsjen op bûten-literaire grounen omt men yn't foar net eksplisyt de kearnfraech (‘hwat is literatuer?’) biantwurde hat en miskien sels wol net bianderje doar, hwant de konklúzje soe ris wêze kinne dat der gjin of hast gjin Fryske literatuer bistiet. Yn ‘trotwaer’ 77-5 hat Tr. Triemersma it oer in 15 à 20 persoanen oan 'e top: fjouwer proazaskriuwers, dichters, toneelskriuwers en kritisi/essayisten. Dêryn koe er wolris gelyk hawwe nei myn bitinken. Ek Hessel Miedema hat dit probleem yn ‘quatrebras’ alris oan'e oarder steld, en ek hy kaem ta in frij negatyf oardiel hwat de Fryske literatuer oanbilanget. Barber van de Pol hat yn 'e Volkskrant fan 24/12/'77 skreaun dat in lân kâld wurdt as it allês hwat net serebrael, trochsichtich of foarsichtich genôch isôfwiist. En f'ral ek toar as it hiele genres as poezij, it essay en de komplekse roman mei konfeksjenoarmen fuortwiuwt. Dy konfeksjenoarmen hawwe dan to krijen mei saken as standardisearring fan 'e maetskiplike kodes oangeande praten en skriuwen dy't sa njonkelytsen stapke foar stapke ritualisearre wurde. De nammen fan de dingen binne tagelyk wizen fan funksjonearjen, de nammen fan de eigenskippen forwurde ta symboalen fan it apparaet. Mei oare wurden, it bigryp is tagelyk it wurdt en is op itselde momint mar ien wjerklank sadat it wurd in sjabloon wurden is. It is net ommenocht dat yn dizze tiid it boekje ‘Sjablonen’ fan Hans Koetsier útkomme kin (Bert Bakker, nov. 77), dat yn in ikstal foarbylden oanjowt dat der gjin ûntploaiing fan bitsjutting is en dat it ritualisearre bigryp immún wurdt foar tsjinspraek. Sokke hypnotyske formules wurde as fêste bitsjutting fêstlein yn | |||||||
[pagina 149]
| |||||||
'e harsens, en der is gjin romte mear foar ûnderskied, ûntwikkeling en differensiaesje fan bitsjutting, sadat it tinken yn bigripen en it tinken sels bihindere wurde. Dat hwat hjir sketst is, is it tsjinoerstelde fan de bidoeling fan literatuer dy't wol in frijheit fan tinken foarstiet, wol in frijheit om jins miening to sizzen sintrael stelt, en dus nei de kearn wiist hwant de formogens fan de mins net stelselmjittich fomeatiget en forjowt. At ik yn 't forgeande pleitsje foar de literatuer dan pleitsje ik tagelyk foar de literatuerkrityk dy't útgiet fan de doelen dy't de literatuer sels stelt en dêrfandinne hifket. In kritikus dy't omskriuwt hwat er docht oangeande in bisprek is ynteger oangeande de skriuwer, de tekst en de lêzer. Sa'n kritikus kin in politike stim yn't kapittel wurde oangeande it al of net tawizen fan subsydzjes oan literaire wurken (sûnder subsydzjes komt der yn Fryslân neat mear út, en de yndirekte foarm fan sinsuer fan de De Jongen, de Mulders en soksoarte fan lju, hwant útgeande fan à-literaire noarmen, hâldt yn dat der hielendal gjin literatuer mear útkomt.) Dizze sitewaesje is mei foroarsake troch de minne, sloppe en binammen net argumintearre wize fan kritykjaen, nammentlik op basis fan kâldens/toarheit en mei in bihâldende moralisearjende tendins. Ek yn dit opsicht is in op arguminten en útgongspunten stuolle krityk in wichtige saek. Literaire krityk easket hege mjitstêven en is dêrtroch - it wurdt seit it sels - yn himsels kritysk (en dat is hwat oars as moralisearjend).
‘Je moet de betrekkelijkheid van je eigen oordeel leren inzien halo’ (Sjablonen, Koetsier) ‘Ach er zijn natuurlijk een hoop dingen ten goede veranderd’ (Sjablonen, K) ‘Jimme tille der altiten sa swier oan’ (sjabloon fan T. Mulder) ‘Lit ús yn godsnamme net allegearre bearen en wolven sjen’ (sjabloon fan it Fryske folk) ‘It is allegearre net sa relevant: HY bringt útkomst’ (sjabloon fan J. Noordmans) ‘Ik haw sein’ (sjabloon fan J. de Haan) | |||||||
Literatuer:
Schagen, 25-1-78 |
|