amper mooglik: wy lykje, as minsken, mear op inoar as wy troch den dei biseffe, binammen op 'e allergefoelichste laech, mar wy binne net deselde! Hjiryn leit neffens my it ‘wûnder’ fan it aventûr fan lêzen: deselde, op himsels sin-leaze, tekst boarret yn eltse lêzer in eigen, ûnforwachte libbensdiminsje oan. ‘Kijk maar: er staat niet wat er staat; er staat:’ (Martinus Nijhoff).
1 b) Dizze fraech achtsje ik forkeard steld. Alle wittenskip dy't in lêzer tafallich hat of net hat fan persoan en libben fan 'e skriuwer spilet sûnder mis al of net mei. En biskiedt nei de - tafallige - ynterpretaesje. Hwat is de goede ynterpretaesje? Is der ien goede ynterpretaesje? Hwat in wurk yn immen útheeft, komt del op ynterpretaesje, op in stik bilibjen, ûndergean. As Jo kunde hawwe oan de persoan, it libben, oan wurk fan de skriuwer, dan wurdt Jou ynterpretaesje fan in biskaet wurk fan sines derfan biynfloede, sunder mis; sa net, dan net. It makket yn myn eagen gjin grével út: hwat Jo, hoe dan ek, trochmeitsje by de lektuer, biskiedt Jou -goede, of net sa goede, mar dat leit oan Joynterpretaesje. Eltse ynterpretaesje is intersubjektyf, dêr't ik sa'n wurd om siz.
1 c) Foarm en ynhâld binne ien. Soks bitsjut ‘tekst’, = weefsel. Hwa't dat net fettet, kin wol ophâlde.
2 a) en b): ‘De lêzers fan it bisprek’. Dat hinget derfan ôf: myn bisprekken wiene altiten rjochte op lêzers fan biskate tydskriften - dêr hat men in globaal idé fan, mar yn wêzen rjochtet men jin op ien: dou bist' dejinge; dou meist' witte hwat ik der oant nou ta fan fyn. Eltse resinsje is yn earsten it ôflizzen fan rekkenskip oan jinsels -èn, wol dat flije, oan jins goêkunde. Mar it komt dochs altyd del op in forslach fan eigen lêzersûnderfining. De kunst is fansels, om it sa ienfâldich mooglik ûnder wurden to bringen...
3. Ik hoech myn lêzers net to twingen om it mei my iens to wêzen. Ik jow har myn idé, hwat ik ûnderfoun ha; en dêrfan hinget it ek ôf, oft it in yntroduksje, ynterpretaesje en/of évaluaesje wie of wêze sil. Eigen bitrutsenens èn skatting fan ynteresse by dy lêzers..
4. De slimste fraech: ‘Hwat is neffens Jo litteratuer foarmeel en/of ynhâldlik, en hwat wol hja?’ Ik hâld net fan sokke fragen nei it wêzen fan dingen. En om der nou net al to bot de gek mei to stekken: dat makket ús jit nèt berne neiteam út; as ik der al in andert op jaen doar, is dat ditte: hwat tsjin 'e tiid bistand is, en dat meitsje wy net út. ‘Doel/funksje?’ wel: de minsken, dy't har oan lêzen bikweadigje, in libbensdiminsje - extra to bieden. En dat ‘forwêzentliket hja’, = dat lit hja barre, mei harren fantasije to prikeljen. En dêrom binne yn myn eagen morael/éthyk en literatuer grif fan inoar to skieden. Der is fansels ‘moralistyske’ litteratuer, mar ek dy hat in dûbelde boaijem: foarsafier oangripende litteratuer, giet hja de morael to bûten. Har geheim leit yn'e irony.