Yn de rest fon ‘ut besprek’, dot is dus even sjen 53 sm, sytjerret se un lang ain ferhaal, dot nèt lyterêr, mar taalkundeg hifke vurt, en un stik út ut naivud dot lyksa, en mai rjócht, taalkundeg skôge vurt.
Ho, dut kómt net goed, ut mat 52 sm vêze, vont 1 sm, de lêste, befottet de vinsk fon frau Steenmeijer dot ús bêste jonge romanskriuwer ensfh. Sa sjugt mun mar ver: sels út de mwólle fon de lyterêre analfabeten sil juns róm ferkundege vurre.
Fon dy 52 sm gjit 17 en 9, totaal 26 sm, dus de helte ô oan sytaten út myn bûk. (Ik soe ut óp priis stelle os frau Steenmeijer ut honoraryem fwar dy 26 sm tekst stwatte voe óp myn gierorekken 1118836 of óp myn bankrekken (Rabobank, Frjentsjer) 3204.59.853).
Yn de 26 sm. tekst dyt don noch oerbljoot gjit frau Steenmeijer yn óp a) ut sytjerre pat tekst út vot is fôi yn ut ôdfriesk? en óp b) ut sytjerre pat tekst út ut noivud.
Ik besteegje yn ut naikómmende gin ómtinken oan frau Steenmeijer har taalkundege ópmerkingen en ydeeën. Ik lit har graag de ylúzje dot se vot fon taalkunde ôvit. Ik behain mij jirre ta de 19 1/2 sm tekst dyt os lyterêre krytyk bedoeld is.
Ut is fonsels vól frjemd, dot un vurkstik dot os lyterêr vurkstik oanbean vurt, en dot os sadaneg yn ut fwaste plak lyterêr hifke vurre vól, yn ut fwaste plak taalkundeg hifke vurt. Vêrómt frau Steenmeijer dot sa dien hat? Fwar ut naist ómdotse gin kloaten ferstôn fon lyteratuer hat, en ómdotse, os se har dur net útrêde kin mai un mwólfól klysjees - vot bij un tradysjoneel bûk don noch vól slagget - fólslain mai de bek fól tósken stjit.
Dêrmai bedoel ik net dot se net tróchkrûpt is yn lyteratuertéory. Eppie Dam hat Viktor Sklovskij ek net lêzen, mar kómt don doch ta syn ferslimmingstéory, vêrt frau Steenmeijer oas net vit te sezen os: “Syn kommunikative doel stribbet de skriuwer op sa 'n menier foarby’ en ‘It liket wol strafwurk foar lêzers’. Kingma, de bekende lúzzege resinsint, en de Haan drupt de lyteratuertéory ek net út de pin vai, mar se binne mai ut bûk sitten gien en havve har ôfrege vot de ydyoat jir en dêr mai bedoelde en ot dut sóms gekoanstekken vji en dot jênsteg miend, en se havve har mieninkjes mai elkwar kónfróntjerre en besocht óm de boel ynenwar te possen en ta un ôvagen te kómmen, en dot smyt yn baide gefollen un resinsje óp óp bazes fon un petear mai of óp bazes fon un verskeppen fon ut bûk.
Dot is genôch - hût se ut bûk fjidder vederje is net vichtig. Mij tinkt dot un bûk, vêrt blykber flyt óp dien is, dur rjócht óp hat óm yngeand lêzen, en óm beoardele te vurren.
Dòt is myn beswier tsjin frau Steenmeijer har resinsjerjen, méár os tsjin ut fait dot se neat fon lyteratuertéory ôvit (hûvólt dot un resinsint oan de belangrykste provinsjale kronte net misstean soe), dot se ut bûk (dut net en gin inkeld) net yngeand lêst en dur net mai óm vrakselt en dur net mai yn petear gjit.
Ut tróchrinnende ferhaal (de stroom) vurt fon sain: