Trotwaer. Jaargang 10
(1978)– [tijdschrift] Trotwaer– Auteursrechtelijk beschermd
[pagina 107]
| |
Nei de formulesik hie dy pas twa kear moete
stees om fiif oer fiif (side 11)
Under de raljes op 'e efterflap fan de bondel ‘IT SWIET GENIET’ lêze je dat de dichter berne is op 1 febrewaris '42 (wetterman), en op de seisde fan de seisde yn it jier seisensechtich hat hy in fêste baen oannaem (sille wy mar oannimme). Op 'e foarflap wurdt útdruklik opjown dat de fersen skreaun binne (fan 't swiet geniet') tusken 1966 en 1977. Omt dit allegearre sa eksakt troch de skriuwer oanbrocht is moatte je as lêzer wol hast ta de konklúzje komme dat der in oarsaeklik forbân to lizzen is tusken it wurkjen by de krante, it skriuwen fan de fersen en it publisearjen pas nei tsjien jier. At ik de line fan de sifers trochlûk kom ik op in oantal fersen fan 3,7 it jier (...).
traech glydt in fleantúch op greate hichte
nei de nije wrâld, dêr 't, as ik it goed haw,
| |
[pagina 108]
| |
wy ús foar ús libben nei wenjen sette kinne (side 11)
Tusken de raljes op 'e achterflap stiet de dichter ús brimstich, forwaeid, oan to sjen. De raljes iepenje har foar ús(en syn) eagen yn in wide en romteoproppende divergearjende wrâld. It is it omkearde fan it boartsjen mei sifers, of, en dat is ek mooglik, sadré 't je de saeklike wrâld fêstlein hawwe yn formules ûntstiet de romte om jinsels to manifestearjen yn dy wrâld en yn dy oar(e). De dichter daget de lêzer (de oar) út, en tagelyk himsels: giest mei of bliuwst stean(?). Yn ien fers falle dizze foto (it byld) en de tekst gear:
winterhotel oan sé
forbolgen loften
de branning gromt
tar tou en wrakhout
letter sêfte snie
it wetter wykt
spounzen wier en skulpen
swijende obers. (side 23)
It uterlik fan de bondel is it tsjinoerstelde fan wrakhout: útnoegjend glêd aluminium, mei de ynhâld fan de fersen kontrastearjend papier. It húskepapier dert de fersen op printe binne litte wy dan mar foar hwat it is. De fersen sels, dêr giet it om. | |
1. Poezij en anekdoate...............................
yn de city-bag fan minister luns
foun ik de lach fan 15 jannewaris 1966 (side 6)
Yn dyselde tiid - sa'n anekdote ropt oare anekdotes op - hie ik gesoademiter mei it bistjûr fan in gemeente dert ik op dat stuit wurke. Fierder neat, dat wol sizze, foar de lêzer is soks net nijsgjirrich omt it tofolle boun is oan de persoan en de sitewaesje dert er yn libbe (libbet). Yn it fers dert boppesteande datum yn neamd is sjoch ik gjin funksje foar it neamen fan sa 'n jiertal (of it soe de oanrin wêze moatte foar it dichtsjen fan Doele: skreaun tusken '66 en '77; Luns en kvp-kapitael sjoch ik wol, mar Luns en poëzij sjoch ik net...). Miskien soene je útsykje moatte at Luns yn dy tiid kontakt hie mei Christine Keeler (sjoch it blêd PROFUMO, febr. '71), of mei Marilyn Monroe (dus mei de Kennedy's), of mei Beatrix van Oranje, of mei, nou ja, neam mar op. Ik bedoel, foar in kranteman, in histoarikus, in pluzer | |
[pagina 109]
| |
nei forbannen kin soks nijsgjirrich wêze, foar in dichter (en ynklusyf de lêzer) binne data heechstens assosjaesjeknooppunten yn in keaten fan aksjes en réaksjes. Fansels, je kinne der fanút gean dat lêzers in bytsje op 'e hichte binne mei de tiid, mar at poëzij (it fers) ôfhinklik wêze soe fan feiten bûten de wrâld fan de wurden op papier dan liket it my ta dat it fers sels heechstens kommintaer wêze kin, in útliz fan in anekdoatysk barren yn it jier X, op dei Y fan de ûre Z, skreaun troch mins P. Itselde anekdoatyske elemint kinne je fine yn it fers op side 27, ‘timimoun’: ....................
hjir wit men noch
fan de skriklike ljochtflits yn
1960 en de tonger dy 't oanrôljen kaem:
bombe atomique vive la trance.
Ek hjir hat it jiertal gjin wêzentlike funksje mar klimt troch de neijere forklearring (‘bombe atomique’....) út boppe it jiertal sels (at De Gaulle nou wol of net libbe, bikind of net bikind is by de lêzer, is gjin eask). Dit histoarysk-anekdoatyske elemint komme je faker tsjin yn de fersen fan Doele, en ik moat sizze dat it fakentiids net de sterkste foarbylden fan poëzij binne. It sil to krijen hawwe mei it birop fan de dichter (kranteman èn tagelyk dichter is deselde ûnmooglike flokforbyntenis as bygelyks Hindrik Algra in seksfilm meitsje litte mei Silvia Kristel yn 'e haedrol, of dat E.S. de Jong ‘Turks Fruit’ oerset yn it Frysk en útjowt by syn k.f.f.b.-klup). In dichter is ornaris al in toskuorde persoan, en at er elke dei ek noch omgean moat mei, en tinke moat yn klisjétael (feiten, kommintaer en konklúzjes) dan is it net to forwûnderjen dat sa 'n dichter omtysket mei de tael sels en sa foar en nei útglidet. Foar de skoalmaster-dichter jildt itselde. Dichters moasten eins net hoege to wurkjen, allinne mar skriuwe en sjen, lykas yn it fers ‘luxor foarby’ (side 29): ......................
skippers wachtsje hjir al
ieuwen op in suchtsje wyn
stiennen hearskerseagen
stoarje de ivichheit yn
Yn dit forbân is it nijsgjirrich en lês hwat in sjinees oer it meitsjen fan in fers seit: ‘span de bôge oant it úterste en je soene winskje dat je earder stoppe wiene; slypje it swurd sa skerp mooglik en je sille fiele dat it mei gauwens stomp wurdt.... At Jo Jou wurk dien hawwe, dan lûke Jo Jo werom! Dat is de wurkwize fan goaden’ (út: ‘Tao-tê-ching’). Goaden wurkje net! | |
II De dichter en it paradys | |
[pagina 110]
| |
hûndert dunen
o to libjen yn it sân
kûlen grave sykje nei
forburgen kisten
hear jow my hûndert dunen
kerrel foar kerrel as 't kin
oant ik ek ien bin (side 22)
Yn myn oantekens ha 'k by dit fers it folgjende skreaun: paradys/los fan konvinsjes/sjoch ek Koolhaas: it lêste bist op ierde wurdt ierde (‘De laatste Goendroen’). Assosjaesje op assosjaesje, byld op byld, wurklikheit op wurklikheit. Mei oare wurden, de lêzer sil him nea los meitsje kinne fan syn eigen wrâld. It liket my ta dat de krêft fan in fers, de poëzij as sadanich, hjiryn bisletten leit. It fers is gjin meidieling sec, mar in op gong-bringen fan processen dy 't al fierhinne yn biweging wiene. In punt fan krityk soe wêze kinne dat it tafallige aspekt fan it lêzen fan Koolhaas forboun wurdt mei de fersen fan Doele. Fansels, dat elemint spilet mei. Oan 'e oare kant kinne je ek stelle dat it net samar tafallich is dat je as lêzer oerienkomsten sjogge tusken in fers fan Doele en de roman fan Koolhaas. De wrâld fan de lêzer falt foar in part gear mei de wrâlden yn de tekst. Op oare mominten ha je dat net. Dat kin him sitte yn de lêzer, of yn de teksten.
Op 18 oktober 1946 hong earne yn Hampshire in tichte sédamp dy 't de wrâld sa wol horizontael as leadrjocht omheech in twa hûndert meter greater (lytser) makke. In skyl fan ûntrochsichtber glês sa 't jins skaed bysteat is en folgje Jo oant siikwurden ta. Twa waerkundigen lieten in ballon omheech gean dy 't boppe dy pear hûndert meter útkaem. Nei in skoftke hellen de twa meteorologen de ballon wer omleech en seagen op de ballon in dou sitten: wurch mar tagelyk bliid dat dan dochs in stikje ierde forskynd wie. In roune simplifikaesje fan it fêstelân.
Dizze anekdoate foun ik yn in Barbarberboek fan Brands en Van Geel ('70, Querido). Ditselde idé, hwat my oanbilanget gefoel, krige ik by it lêzen fan ‘hûndert dunen’ fan Doele èn by it lêzen fan in neffens my sublym fers fan Chris van Geel (Raam nr. 102, maeije '74):
oktoberkauwen
Het zich verplaatsen van
de kauwen in de bomen,
| |
[pagina 111]
| |
het dringend praten op
een tak om thuis te zijn.
It thúswêzen, dêr giet it om. Yn beide fersen. En neidat ik de tentoanstelling fan Van Geel yn Bergen sjoen hie (3/9 - 22/9 '77) dert - foar my alteast - poëzij en byldzjend dwaende wêzen in ienheit waerden, of om it mei Van Geel to sizzen ‘de ene kunst leeft nooit zonder de andere, althans bij mij’, lies ik de folgjende rigels:
‘De zee ontruimt het strand
door het te overspoelen’
(en)
‘De zee ontspant
door weg te ijlen,
zij krimpt tot een rivier,
en zinkt in zand’ (Raam, nr. 102)
| |
III De tael en de dichter.....................
letter sêfte snie
it wetter wykt
de spounzen wier en skulpen (side 23)
(en) .................
de sé falt droech
fisken gapje nei de siken
ik kin alhiel nei ingelân rinne (side 24)
It jowt gjin foech en forgelykje de fersen fan Chris van Geel mei dy fan Sikke Doele. As lêzer sjoch en fiel ik in oantal oerienkomsten. It hat to krijen mei it sykjen nei in soarte fan harmonije, it hat to krijen mei it bern yn de dichter, it hat to krijen ek mei de tael sels: de mins is to faek in finzene fan syn tael, en wurdt to faek biheind troch dyselde tael. At je dan sels nochal dwaende binne mei poëzij, mei in stânpuntbipaling fan jins ik tsjinoer alles hwat net ik is - soms is poëzij ek ik, en dan wurdt it helte slimmer - en tagelyk yn in skoftsje tiid in bulte nijsgjirrige fersen lêze, bygelyks dy fan Janne Wijnalda:
‘door vliesdunne schelpen
van huid
komt het tere licht
ik glimlach om het geluid
| |
[pagina 112]
| |
van meeuwen
tegen het stille wit
van wolken’ (Van Oorschot '77)
dan wurdt it in tige tafallige saek en bisprek in bondel fan Sikke Doele dy't hjit fan ‘It swiet geniet’. De tige sinyske titel fan sa'n bondel, in paradoks fan elke soart fan poëzij (genietsjen is brûken fan, en net brûkt wurden fan), bringt jin maklik op 'e doele (excusez le mot). It is it brekken mei elke foarm fan assosjatyf wurkjen, it automatysk ynfoljen fan tael en wurden ûnder ynfloed fan datjinge hwat je as lêzer meimeitsje. It is net ommenocht dat ik op foargeande siden bigjoun bin mei wurden as nije wrâld, branning, skippers, ivichheit, dunen, kerrel sân, in dou, in ka en it wyt fan wolken. Myn skriuwen, myn forhael oer in bondel fersen fan in oar (hoe doare je eins, soe 'k sizze...) hat daelk to krijen mei myn eigen trochrinnend forhael, mei myn eigen stean yn 'e tiid. Ik haw dit boppe al middels foarbylden oanjown. It is it kommintaer fan de lêzer sec. En net it forslach fan in net by de saek bitrutsen analysearder. Je binne ommers altiten in diel fan de oar, fan de wrâld om jin hinne. Ek yn en mei poëzij, ik soe sizze, binammen by poëzij. Doele seit it sa: ...................
hjir neamt men noch
de deaden: iensume swalkers op
kamielen, dy't gjin krante liezen en
weiraenden yn it sân (side 27)
Of, en dan wurdt de wrâld op syn kop set, mar it bitsjut itselde yn al syn sarkasme: ......................
wy kinne ús ôfslute
wy hoege net to harkjen
wy litte de noas bliede
wy bidobje ús ûnder de tekkens (side 10)
| |
IV Tael en papegaaijetaelObjektive krityk is neffens my net mooglik wolle je alteast jinsels en jins gefoel net útskeakelje. En omt poëzij nou ienkear sa'n soad to krijen hat mei dyselde mins yn syn eigen (en oarmans) taeltún, mei oare wurden sa direkt boun is mei ûnderfinings appelearjend oan de ûnderfinings fan oare taeldieren is neffens my de meast subjektive biskriuwing tagelyk de meast en greatst mooglike objektive bineijering fan fersen. Dit hâldt net yn dat je net útgean kinne fan in oantal troch jinsels úttochte (of oppenij konstruear- | |
[pagina 113]
| |
re) ‘wetten’ en útgongspunten. It subjektive wurdt hjirmei boppe it smelle eigen (foar)oardiel úttild. Mei oare wurden, de lêzer fan in krityk, yn dit gefal, kin neigean at it subjekt him holden hat oan de basisgegevens, en dêrmei is subjektyf biskriuwen foar in great part in objektyf oardiel wurden. Oer it gelyk oan jins kant hawwen praet ik hjir net yn dit stik fan saken. Ommers, at in tekst immen hwat docht, is dyselde tekst dêrmei literatuer wurden, foar dy persoan. In tekst wurket at de tael fan dyselde tekst in oarenien is as it sliten wurd fan aldendei:
diktators
....................
diktators wenje net oan sé
se húzje yn de bergen
dei en nacht stoarje de
wachten troch de damp en
speure lâns de ravinen
dêr 't reek is, is ek fjûr
diktators wenje nea oan sé
se freezje eb en floed
efter sânkastielen fynt men
gjin dekking (side 19)
As earste wichtige ‘wet’ (in minimale spulrigel foar it meielkoar omgean, lêzer/fers/dichter) neam ik: poezij is tael yn har wêzentlike foarm. Dat wol sizze dat je as lêzer jinsels werom fine kinne yn dy tael (in sliten klisjé is dêrtsjinoer forstjurre ta brûkmiddel), en dat dyselde mins yn frijheit kedize kin oer eigen tinken, eigen wêzen, eigen wollen en eigen fielen. Yn dit forbân soene je sizze kinne dat in oerheit allinne dat subsidiearret dat tomjitte komt oan dit útgongspunt (mar soks mei, kin en moat in oerheit sels of syn ambtenaren net bipale) omt dat lêste de mins syn frijheit lit. Subsydzje oan al dat oare spul (sintimentele rôlbifestigjende de mins leechachtsjende forhaeltsjes út it deistich libben) is subsydzje foar de status kwo dy 't sa goed is foar de burokrasy. Sa 't ieuwen lang diktators (fan tsjerke of fan steat) har fuotfolk degenerearre ha ta ûnmûndigen, netwittenden en papegaeijen. Yn dy (subsydzje) mûzefalle trape eartiids poëzij net, en sil ek nou de poëzij net traepje. Poëzije is net wend en meitsje it diktators maklik, poëzij wennet wol oan sé en frezet net de eb en de floed omt dyselde poëzij tagelyk dekking en gjin dekking is. It wurd is sterker as hokker diktator ek. In twadde wichtige ‘wet’ bitsjut foar my dat poëzij nea papegaeijetael is, omt it persoanlike en unike elemint foarop stiet. Poëzij is boun oan skriuwer en oan lêzer, en troch dat unykwêzen is poëzij de natuerlike fijân fan alles (en binammen op taelgebiet) hwat leaut yn superpapegaeijen en har | |
[pagina 114]
| |
trawanten. In individu réagearret op de bûtewrâld, en oarsom jiidt itselde, foar de skriuwer, foar it fers en foar de lêzer. Dat kin gearfalle, mar soks hoecht net (at Daniël Daen in bondel fan himsels bisprekt dan bijowt er him op glêd iis omt de bûtewrâld itselde bliuwt, in soart fan ienaeijige twalingsitewaesje: syn selsbisprek hat mear mei narcissus to krijen as mei de problematyk fan de poëzij!). Je krije in folslein oare sitewaesje at de dichter yn fersfoarm skriuwt oer it dichtsjen sels. Op dat stuit krije je der in diminsje by dy 't foar de bûtesteander fakentiids ûnforsteanber wurdt, hwat dichtsjen yn 't kwadraet is. | |
V Poëzij as aesgier
hermetysk ynsletten
................
de plysje komt mei tûzen man
de hoalen wurde útrikke
in tank rattelt, rjochtet
en rekkethwat er reitsje kin
hy toant in dik en read orgaen (side 39)
Dichtwurk, ik haw it boppe al sein, is in ûnderfining yn tael dy 't meastens forskeelt fan krantestikken en oar proaza. Dichtsjen is it foarm jaen oan tael der't ritme en dûbbelsinnichheden in wichtige rol spylje. Dit is myn tredde ‘wet’. Mei oare wurden, yn in fers komme je oare foarmen en taelsaken tsjin as yn artikels yn kranten en tydskriften. De lêste jowe meidielingen, kommintaren, birjochten en mieningen. De tael fan de krante moat by definysje kommunikabel wêze foar eltsenien. Yn dy meidielingen wurde je as lêzer nea dielnimmer. De klisjétael sels soarget foar ôfstân (en torjocht). Yn dy tael fordwine (at se al oanwêzich binne) lytse nuanses, marginale aksinten dy 't soms sa wichtich binne foar 't gehiel. De kwaliteit fan in krante hat mei soksoarte fan saken to krijen. Yn poëzij dêrtsjinoer giet it fakentiids om dy skynber lytse saken dy 't ik omskreaun haw yn de titel as it fiksearjen fan it flechtige en dat dêrtroch yn libben hâlde... Al dizze saken hawwe to krijen mei de niisneamde tredde ‘wet’. Dizze fine skakearringen hâlde bygelyks ta yn de haednammen (de selsstannige dingen), mar wurde pas dan yn 't sicht setten at dizze wurden forboun wurde mei tiidwurden dy 't der foar soargje dat de saeklike oantsjutting sels op gong komt. Ik bedoel, de syntaksis jowt it kreative elemint, kin it kreative elemint leverje, hwant it giet úteinlik om margegebieten fan de tael: in ôfsprutsen bitsjutting moat troch de dichter fakentiids trochbrutsen wurde wol der eat ûntstean fan spanning en driuwende krêft. En hjirmei bistiet it | |
[pagina 115]
| |
gefaer dat altiten wer oanwêzich is, nammentlik dat de poëzij útsoarte gebieten fiksearret dy 't foar de lêzer noch hermetysk tichtsitte, sa 't yn boppesteand gedicht de mins sels as finzene fan syn wrâld opfierd wurdt. De dichter slagget deryn datjinge fêst to lizzen dêr't gewoanwei oer hinne lêzen wurdt: it anekdoatyske wurdt oerbrocht yn in algemiene stelling. De foarm fan it fers, it ritme, de dûbele bitsjuttingen en de spanning fan haednammen mei tiidwurden meitsje dit fers ta poëzij, meitsje dit fers tagelyk ta in anty-swiet-geniet. En dêrmei is de titel fan de bondel yn 't ljocht setten dert er heart:
dekadinsje
.....................
it folk stiet foar de poarten
de kneppel en de seine ré
mar de paleiswacht is biret en
núndert: happiness is a warm gun
geile kening stiiffol huning
winkt syn tsjoenster, freget
hwat him to wachtsjen stiet
mar it wankend ûnheil keart
him net fan 't swiet geniet (side 36)
Dit fiksearjen fan it flechtige en it wurkjen op de dûbelsinnichheden fan de tael fine je bygelyks yn de romans en forhalen fan Gabriel Garcia Márquez (‘Honderd jaar eenzaamheid’, ‘Het verhaal van een schipbreukeling’, en binammen yn ‘De herfst van de patriarch’). Hy biskriuwt de wurklikheit njonken of boppe de histoaryske realiteit lykas de earste rigel fan ‘De herfst...’: ‘In het weekeinde landden de aasgieren op de balkons van het presidentiële paleis, pikten met hun snavels de horren voor de ramen kapot’. | |
VI Poëzij en de barrikadenPoëzij is ek polahsearring, yn dy sin dat it jin twingt mins en wrâld (mins yn wrâld) au serieux to nimmen; it bitrutsenwêzen by de oar is altiten ynklusyf. At de dichter oer himsels (yn, tusken, njonken, ûnder, boppe) de oar skriuwt, skriuwt hy oer in diel fan de maetskippij, en dus oer dyselde maetskippij. De maetskippij wurdt dominearre troch in bline striid om it deistich bistean. Yn dat perspektyf leit poëzij omt dyselde poëzij folslein frij is fan morele en oare papegaeijeforlechjes. Dat bitsjwt dat dyselde poëzij nearne brûkt wurde kin foar hokker stelsel dan ek, en tagelyk in gefaer is | |
[pagina 116]
| |
foar elk stelsel (omt stelsels by definysje minsken biheine yn har mooglikheden, dus ûntminsklikjend wurkje). Trochlutsen bitsjut dat dat elke dichter in gefaer is foar elk stelsel, foar elke klisjétinker en klisjégebrûker. Dit gefaer bistiet der net út dat de lêzer de barrikaden oprjochtet of opgiet, mar wol dat hy in klimaet sjocht (werom sjocht yn himsels) dat de oarsaek wêze kin fan it opsmiten fan barrikaden of it bistoarmjen fan bolwurken fan it swiet geniet. In mins is nea ien kleur tegel:
warskôging
ast net op de tredde rigel tegels
fan de huzen ôf rinst, en ek fan
de swarte tegels gebrûk makkest.
dan komt der in polysjeman, dy't
dy meisleept, yn in sel skopt,
mei, in nacht lang, it útsjoch op
twa damjende tsjinners fan hermandad,
dy 't dy der in nuttich foarbyld fan jowe,
hoe 't men jin oan ien kleur tegel hâlde kin. (side 8)
De kwaliteit fan de to bisprekken fersen is rjochtevenredich mei de wize en de djipte fan it bisprek (it fers stiet hjir sintrael!). De bisprekker, de lêzer sec, kriget de kâns diminsjes yn himsels oan to boarjen dy 't troch de fersen bleat lein wurde, of troch de fersen oproppen wurde. De lêzer dichtet oppenij is gjin klisjé omt it oerset wurde kin yn: mei syn eigen (latinte) taelformogen (yn kombinaesje mei it jowne fan de dichter) rangskikt de lêzer dy oare wrâld yn syn eigen wrâld. En wer, soks bart at it fers foldocht oan de niisneamde fjouwer kriteria (by my alteast). It is in great forsin en mien dat de dichter in soarte fan sosjolooch is: de lêsten soene (yn 'e westlike wrâld) de kristlike god graech op 'e heechste trep fan 'e sosjale ljedder delsette yn in koperaesje mei god steat en alles hwat der by heart (hjoeddedei slagget dat al aerdich: dy kristlike god kin dan jild, macht esf. bitsjutte). Omt in dichter ljedders heechstens brûkt om fan 'e iene wâl op 'e oare to kommen, en sosjale ljedders alhielendal negearret en ûntkent, is sok tinken doelleas tinken: in ynkapsele dichter is gjin dichter. Sosjologen en oare gogen skeppe kleauwen, dichters slempe se ticht of lizze der in ljedder oer. Mei oare wurden, in ljedder is gjin ljedder mear at er leit: in stikje ralje dat brûkt wurde kin. Mear net, marek net minder. Feitliken leit is sa dat de lêzer de nawlestring oppenij oanbringe moat wolle je de forbining lizze dy 't ea west hat. En omt dit net mooglik is soe soks ynhâlde dat in fers by definysje skreaun wurdt tròch en fòar de skriuwer. Yn syn ekstremens sil dit wol wier wêze. Mar, en dit is al oantoand troch it publisearjen sels (in fers dat net publisearre is bistiet net) fan it fers: | |
[pagina 117]
| |
poëzij is tael en dêrtroch kommunikabel. Mei oare wurden, de dichter stapt middels it fers yn de wrâld en forwachtet forbiningen, sawol objektive as subjektive. In fers hat likefolle nawlestringen at der wurden binne, en dêrtroch in x-tal mooglikheden om to klikken mei ûnderskate lêzers en harkers. | |
VIII Foaroardielen en de wurden
by helder waer
.....................
allinne sneins, by helder waer,
kin men op de dyk útsjen nei
in swalkjend eilân foar de kust,
dêr 't de dunen foroarje by de
dei, sadat de lânmjitters wurch
en wanhopich weromkomme nei de
wâl en grimmitich de kostbre
theodoliten yn it wetter smite (side 18)
In fers (lykas boppesteande) sil resonearje moatte, better sein, ien sin en faker in pear wurden hawwe in werklank yn in boaijum fan it biwuste of it ûnderbiwuste. Dêr leit de klank in forbining, of, sa 't boppe oantoand (is), soarget de selsdriuwing fan de syntaksis derfoar dat it kreative elemint yn de lêzer bigjint to wurkjen. Je stappe fan de iene assosjaesje nei (yn) de oare, op in horizontale ljedder fan tré oant tré, soms werom, soms in pear to fier. In klisjé hat gjin of heechstens ien werklank, is al lang stoarn en bringt gjin nij skeppend libben (haednammen en tiidwurden wurkje as glêdrinnende mesjines, funksjonearje, en mear net). In klisjé is in sterilisearre wurd. Dat nou is poëzij útsoarte net. Yn poëzij is in wurd nea in inkel teken foar it fenomeen (en dat hwat der achter stiet, of stean kin), of in fenomeen (...) bistiet nea middels wurden yn poëzij. Yn boppesteand fers ‘smite lânmjitters grimmitich har kostbre theodoliten yn it wetter...’ (theodoliet: verrekijker tot het nauwkeurig meten van horizontale en verticale hoeken). Lânmjitters dogge soks ornaris net, lânmjitters witte gjin rie mei swalkjende eilânnen. Lânmjitters wolle fêstichheit, bgl. At je der fanút geane dat de mins yn oarsprong in swalkjend eilân is, altiten op wei en nea thús, dan hoege je as lêzer net sa'n bult fantasije (skeppend formogen) om to bigripen hwat de dichter yn dit fers bidoelt. Better sein, hwat it fers sets foar de lêzer iepenbieret. It teken, de klanken en de ynhâlden meielkoar polarisearje de tael ta poëzij, dat wol sizze dat de som fan alle ynhâlden yn it ûn (der)biwuste fan | |
[pagina 118]
| |
de dichter troch him nei de oerflakte dreaun wurdt. Dit allegearre meielkoar, it nije fan sa'n gehiel soarget derfoar dat it gedicht ús rekket, dat wy de string oanlizze kinne (mei as basis de fjouwer s.n. ‘wetten’). Poëzij is tael en gjin psychologysk gedweil sa 't bgl. in mefrou Steenmeijer-Wielenga mient yn har bisprek fan dizze bondel (‘It swiet geniet’) yn de Ljouwerter krante fan 25-6-'77. Je freegje je óf hoe't sa'n bisprekster de euvele moed fynt en skriuw hwat oer fersen at bliken docht dat se allinne mar de achtergrounen fan de dichter, de persoan fan de skriuwer, de ynfloeden op it jonge libben yn de fersen siket, en dêrút dan konkludearet dat it slagge is of krekt net. Krekt it neakene feit dat poëzij tael is en tael bliuwt, hâldt yn dat je by dy tael bigjinne moatte. De persoan fan de dichter sels is ommers net ynteressant.
At ik yn dit forbân earst tink oan in surrealistysk fers dan hat dat mei mysels to krijen en mei it feit dat surealisme en klisjé foarelkoar oerstean lykas fjûr en wetter: tusken dizze ûnderbiwust (hast autonoomskriuwend en yn Fryslân fakentiids suspekte) ynspirearjende poëzij en de biwust opboude fersen ieit it midden, sawol foar skriuwer as foar lêzer. De earstneamde soe in trep sûnder treden wêzen, de lêste is in gledde planke om oer hinne to glydzjen, glêd wurden troch morele en etyske oardielen en foaroardielen. Bygelyks hwat poëzij oanbilanget. Yn dit forbân is it nijsgjirrich hoe 't in Klaes Dykstra yn syn ‘Lyts hânboek...’ de poëzij bihannelet (nou ja, oaren sizze lit hwat er sels net lêzen hat) fan de lêste tweintich jier. At je gewoan oernimme (hast letterlik) hwat kranteresinsinten skreaun hawwe dan leau ik net sa sterk mear yn eigen forwurking! Sa'n kranteresinsint is bygelyks Boltendal dy 't yn 'e Lj. Kr. fan 12 nivimber Chris van Geel (sjoch ek boppe yn II) bisprekt, mar tusken de rigels fiele lit dat er noch nea in bondel fan de man sjoen hat. ‘Foaroardielen’ dert bygelyks literaire prizen op jown wurde... | |
VIII Fersen binne net medisinenIt sûnder foaroardielen bisjen fan in fers hâldt bygelyks yn dat je in fers nea tomjitte komme (of bisjen) moatte sa 't de dokter in pasjint bisjocht. In fers is noait siik, de dichter ek net, de lêzer kin siik wêze, mar dêrom kinne je je as skriuwer net bikroadzje. Ik bidoel, hwa 't mient dat in fers (en nou draei ik it om) in medisyn wêze kin tsjin eigen en oarmans kwaeltsjes slacht de planke (net de ljedder) finael mis. By in oantal bisprekkers ha 'k dat idé wolris: in fers moat goed wêze foar de minsken, se moatte der hwat fan opstekke, en mear fan soksoarte flauwekul. Fersen binne nea goed foar minsken, fersen binne wolris tsjin minsken, mar fersen binne altiten foar minsken. At je soks witte (sels ûnderfoun hawwe) bineijerje je in bondel fersen hoeden en foarsichtich. Ik haw it alris earder skreaun: poëzij moat je lëze en | |
[pagina 119]
| |
net to faek bisprekke. As lêzer (dus ek as kritikus) soene je folslein leechte wêze moatte om it fers sa skjin mooglik tomjitte to kommen, elk op 'e helte fan 'e ljedder by wize fan sprekken. Sydspoaren soene net oanwêzich wêze moatte (yn 'e foarm fan de persoan fan de dichter dy 't je kenne, it bertejier dat je witte, it úterlik fan de bondel dy 't je sjogge, de foarynformaesje oer halden en dragen, en neam mar op). Oer jins eigen sydspoaren sille wy it hielendal mar net ha... (sjoch II, V). Koart en goed, de bondel ‘It swiet geniet’ fan Sikke Doele noasket my wol. Myn bisprek toant dat oan neffens my. Ik hie fansels skriuwe kind oer mislearre fersen (hwant dy stean der ek yn), ik hie bygelyks skriuwe kind oer de soarten fersen dy 't je tsjin komme as lêzer (Skylgefersen, natuerfersen, oarlochsfersen, engazjerre fersen). Ik hie in fraech stelle kind oer it ûntstean fan de fersen, oer de folchoarder yn de bondel, oer it sammeljen, en hwat wichtiger is, oer de fersen dy 't net opnommen binne. Hwant fansels, de dichter hat mear skreaun yn dy tsjien jier! Hokker útgongspunten hawwe teld doe 't de kar makke is? Oer de fersen sels soene je hypotheses opstelle kinne: der sitte fersen yn dy 't de harmonije sykje, der binne fersen dy 't oer de wurklikheit geane (anekdoatyske konstatearrings) en in part fan de fersen biskriuwt it forwar fan de dichter tsjin de wrâld op in sinyske, soms humoristyske wize. Soks hie 'k allegearre op sokken bisprekke kind. Sa wurdt it ek in bult dien. Der binne fersen dy 't je foroarje wolle as lêzer omt je miene dat de dichter net genôch skriuwer wie doe 't er it fers makke. Bygelyks dizze:
busgenoat yn texas
de korporael praet
fleurich oer syn breid
yn de berm in boerd mei getallen
whisky easke mear deaden
as de oarloch yn vietnam
cowboys kôgje, stoarje
stúmjend út it raem
silo's yn de rein (side 16)
Al dizze saken ha 'k net bisprutsen: al sokke saken fyn ik net relevant by poëzij. It giet úteinlik om de tekst sels, de skriuwer, en de lêzer. Dat is de literaire sitewaesje dêr't je mei to krijen hawwe. Al it oare is rimbam foar de rambim. Mear net. Sikke Doele, wy sprekke elkoar oer, lit ús sizze, in tsien jier middels de fersen oppenij. Foar it lyts frysk hânboek en de gysbert japikspriis silst ek dan wol net bistean.
Schagen, 19 novimber '77 |
|