Alex Riemersma
Kommunnykaasjeproblemen.
Ut stik fon Willem Abma Relaesjeproblemen (Trotwaer 1977-2) hat winliken twa kearnpunten:
1. | Tr. Riemersma gappet wider os dot er byt; |
2. | Willem Abma hat fólslein gelyk os ut der óm giet ot kennis oer de persoan fon de skriuwer fon belang is fwar de (krekte) ynterpretaasje fon un lyterêre tekst. |
Willem Abma besyket tinkt mij fia un oanfól óp Tr. Riemersma un ferdigening te jaan fon syn eigen metoade fon lyteratuerskôgjen, dy't er brûkt hat óm eigen wurk fwar leken tagónklik te meitsjen (sj. Trotwaer 1977-1). De oanfol óp Tr. Riemersma os sadanig sil ik jir net óp yngean; dêr kin Riemersma sels wól mei ôweve. Wól wól ik óp ut stik fon ut byografisme un pear ópmerkings meitsje. Fwar ut gemak slag ik Abma efkes lyk mei De Jong en Fokkema (dy't Abma os otorytijten oanhellet óm eigen bewearings te ûnderbouwen); mij tinkt dot dêrtróg de ferhôdings dúdliker wurde: Abma ferskûllet him net langer efter otorytijten (un wize fon wurkjen dêr't Abma oars oltyten poer óp tsjin is) en Riemersma striidt mei iepen fyzier. Ut meast irrytonte yn ut artykel fon Abma is fwar myn gefoel nammentlik de wetige en skwalmasterige toan dêr't út blyken dógt dot Abma wól tragen freegje doar oer Riemersma syn bewearings, mar eigen ydeeën, mienings en metoades olhielendol net yn 'e kiif stelt. Willem Abma besyket De Jong en Fokkema tsjin Riemersma út te spyljen en sels bûtten skot te bliuwen.
Om ta de saak te kómmen: is ut needsaaklik fwar ut ynterpretjerjen en genietsjen fon un lyterêre tekst dot de lêzer weet hat fon ut libben en ut hôden en dragen fon de skriuwer? Hat de lêzer der wot oan fwar ut lêzen fon de bóndel De Iken fon Dodona bijgelyks dot er wit dot de skriuwer sa'n minne jeugd hôn hat yn ien of oar dwarpke óp 'e klaai? Wis, de fersen út dy bóndel soene nea sa skreon wurden wêze os de skriuwer net yn un fermidden lykos Folsgeare ópwûksen wie. Mar fwar de lêzer is de ûntsteansskiednis fon un tekst net beskiedend fwar syn lêstgeniet. De lêzers soalt de persoan fon de skriuwer neat, of hij mat of meiwurker wêze fon un rabbersblêd. De kennis oer ut ûntstean is oerstollig fwar de ynterpretaasje fon un lyterêr wurk. De measte skriuwers binne dea; oer har persoan hawwe wij gjin of inkeld mar brokstikeftige ynfermaasje. Lykwóls kin wij har wurk lêze, ynterpretjerje en genietsje, ntl. óp grûn fon de tekst en mei help fon de kultuerskiednis.
Willem Abma hôdt út dot kennis fon de byografyske gegevens fon de skriuwer ynfloed hat óp ut wjerfarren fon un lyterêre tekst. Ja, dot is wier - spytigernôg! Abma neamt ut wjerfarren rómmer os ut ynterpretjerjen en dêr koe der wólrus gelyk oan hawwe. Mar hoe róm ut is en wot ut wjerfarren krekt ynhôdt - dêr kómt ek Abma net út. Yntúytyf sein hat wjerfarren te krijen mei un wot persoanliker belibjen en óp jin ynwurkjen litten fon lyterêre