Ik haf óm dut brief en óm dusse behondeling stjerrende lilk vest, artykels óp pepier set en ver ferskwórd en mij yn sliepeloaze nachten ôfrege hût mun ien sa oan kônt skóppe ken en doch skynhilleg skrjowe dot mun duróp út is óm ‘de finsters oer en wer iepen to hâlden’.
Lju ût KU- en VU-fermidden, dyt ûnderfyning ha mai Grins, ha mij te ferstean jûn dot sók dwan heel gevoan is bij ut Frysk Ynstitút en se havve sitten te gnizen óm myn ópsternatens. Meskyn haf ik ut oan myn nayvens te tankjen, meskyn haf ik tefólle betrauen hôn yn Dykstra en syn maten, de ‘ienriedige stêf’. Oant no ta hji ik mai de Grinzer stêf, sat dy dêr óp ut stuit sit, noch yn ut persoanleke, noch yn ut saakleke kónflikten hôn; de ferhalen fon gwódden dot dur mai Grins net te vurkjen vji, haf ik oltyten mai un kei sôt nómmen. Mar ik mat seze: ik bin yn ienkear bekeard, ik haf myn gronde, ik bin sêd.
Meskyn vji ut snoader óm myn skonde, dyt ik achterô besjoen oan aigen ónnoazelens te vyten ha, te ferbergjen, en mij stil te hôren. Mar ik públysjerje dusse ‘histoarje fon un teloarstellend vjerfaren’ doch, dot skielek net de skiednis ferfolske vurt en Grins ver skynhilleg útrópt dot ut oltyten dy en dy binne dyt de ferhôringen bedjerre. Ut is Grins, en ut is neat oas os Grins.
Mun ken ut brjifke fon Grins ek vot minder emoasjoneel en vot mear saaklek lêze, en jun don ôfreegje vêrómt dur vinlek un tariedingskemisje beneamd is, os de stêf fon ut Frysk Ynstitút ut sels lykegoed en better ken en kómpetenter is óm de problemen te beoardeeljen.
Mun ken jun ek ôfreegje ot un oare fervurking fon ut samle matryaal (dot noch sammele vurre mat, nim ik oan) nèt rekket oan ut vurk fon ollerhonde oaren. Kómt dur yn ut ‘abie-bûk’ vot oer ut kwatte ferhaal, don kómme se óp myn terain; vurt dur skreon oer lyteratuersoasjology, don kómme se óp Tony Feitsma har mêd; vurt dur skreon oer lyterêre krytyk, don meane se Piter Boersma ut gês fwar de fwótten vai; sil dur skreon vurre oer struktuerannelize, don stekt Adri van Hijum de earen óp. Dur ken deagevoan gin gearfotsjende stúdzje skreon vurre sónder óp ut vurkfjild fon gôns persoanen te kómmen en ut makket dêrbij gin grevel út hût ut matryaal ferarbaide vurt. Dûbbeld vurk ken olinneg tefoaren kómmen vurre tróch olle lju dyt har mai frieske lyteratuer dwande hôre yn un vurkmienskip gear te bringen.
Sit dur achter dut frjemde brjifke meskyn de vinsk óm fon dot frekte hônbûk, vêrt ol jirren oer stind mar nóit vot oan dien vji, ô te kómmen, vot net koe jert Buma de hakken óptild hji, en is ut ‘kónflikt’ mai de KU-VU un mooie gelegenhyd óm sónder prestiizjeferlies dot projekt dot Grins fier bóppe de macht gyng ô te skowen?
Ik mat seze, ut yntresjerret mij ollegjerre net mear vot Grins útbret en bekokstooft. Se matte har de kónt mar rêde. Se matte mar un mooi