Trotwaer. Jaargang 9
(1977)– [tijdschrift] Trotwaer– Auteursrechtelijk beschermdTichelwurk
| |
[pagina 371]
| |
gekwurden, lustmoard, in kaeiklub, ensfh. om dochs mar in forhael to krijen. In ûnbitsjuttende ynhâld sleept ek de foarm mei nei de bidelte. Beide eleminten binne yn in kunstwurk net to skieden. Hat Riemersma wier op ierde neat substantiélers oantroffen om oer to skriuwen?’ (Tiny Mulder yn it Friesch Dagblad fan 06.08.1977 oer de ferhalebóndel - sij neamt ut vurk núvergenôch un romon - Fôi en fredeloas.)
Mai de vrôdskôging maispylje yn ut oardeel oer lyteratuer? Dot dógt ur en dot mai ur en dot mat ur. Un romon of un fes of un ferhaal is net olinneg mar retoaryk, is net mooie vudsjes óm un ónferskilleg votfwar tema hinne baud, is net olinneg fwarrem óm un fjidder belangeloaze ynhôrd. Un lyterêr vurkstik is un pat fon de vrôd sat de skrjower dot sjugt en vedjerret. Yn ut lyterêre vurkstik kómme de skrjower syn (fwar)oardelen en mieningen ta úttering; yn de kar fon ut ûnderverp, ut tema en de stof lit ur him os óp de reële vrôd betrutsen kenne; hij vól dut en dot óp ut oljement havve, grif ómdot dot him yn de verkleke vrôd rekke hat of ópfôlen is, ómdot dot neffens him ferkead of bespotlek of ónvier of skynhilleg is. De lêzer en besprekker ken net olinneg net óm de mieningen en ópfottingen sat dy yn ut lyterêre vurk stôlkrije hinne, maidot fwarrem en ynhôrd net te skieden binne, hij soe ut vurk ek tekwat dwan os ur besocht óm ut lyterêre vurk olinneg os taalkunst te beskôgjen en te vedjerjen en fólslain fwarbij te gean oan vot de skrjower sain havve vól en te praat bringt. Ut lyterêre kunstvurk is un réaksje óp de vrôd, en ut freget fon de lêzer lyksa óm stelling te nimmen. (Dot stellingnimmen fon de lêzer sil selden praktyske gefólgen ha. Jo Smit hat rus sain dot ur tróch lyteratuer óp de smaak fon whisky kómmen is, mar dot is ek savot utjinnege effekt fon lyteratuer vêrt ik fon heard ha.) Op himself haf ik dur dêróm neat óp tsjin dot Tiny Mulder myn ferhalen óp vrôdskôgleke grûnnen ôviist. Dot is har goed rjócht; os sij dot sa fielt, don is dot selfs har plicht. Myn bóndel tsjûget fon un beskate libbensópfotting vêrt Tiny Mulder neat fon ha mat. Akoat. Myn beswieren rjóchtsje har dêrtsjin, dot Tiny Mulder fon myn bóndel net un olsydeg en lykvichteg eksposee jaut, mar dur inkelde dingen útpikt en neamt, krekt os soe ut óp olle bledsyden olinneg mar gean oer pearjende en sûppende apen, dot Tiny Mulder de eksplysyte krytyk óp de mienskip en óp libbenshôringen en de ymplysyte krytyk dyt blyken dógt út de beskreone libbensaintsjes fon gwón fygueren út de bóndel dyt ‘dur mar vot hinne libje’ - ut artistyke nyvo fon ien en oar swij ik útsoate oer -, dot se dy net sjugt, net sjen vól, net sjen dwar faaks, mar os ‘geseur en gejammer’ ôdógt, dot Tiny Mulder har aigen vissegheden en oertsjûgingen net yn de kiif stelt, mar sónder mear, sónder dyaloog tusken harself en ut bûk, de ópfottingen dyt yn ut bûk stôlkrije os ‘nihilisme’ feroardelet, dot Tiny Mulder har aigen ópfottingen en har aigen vrôdskôging net iens neamt, grif ómdot dot net noareg is, ómdot dy gin útlees en ferdigening noareg havve, ómdot vot sij hopet en ljoot sûn en normaal is, mar dêrfwaroer vól de ópfottingen dyt yn ut bûkvurk stôlkrije vyt oan un geastleke depresje, vêrt ik east vól út vai | |
[pagina 372]
| |
matte sil, vól dur ea noch vot goeds fon mij telône kómme. Dot lêste benammen neam ik huftereg, en ik snap net hût un kristenmins sóks yn un kristleke kronte skrjowe dwar.
Oan hókker krytearya un lyterêr vurkstik fóldwan mat neffens Tiny Mulder, sait se net. Nai olle gedachten mat ut gean oer belangryke minsken en yntresonte aintsjes libben, dur maie gin hufters en trutten yn fwarkómme, de lju matte un doel yn ut libben ha en olles, of tenminsten un heel soat, sinfól fyne, dur mal net sûpt en sekst vurre, dur maie gin óntspoaringen os selfmoad, lustmoad en gekvurren yn beskreon vurre, en fwarremekspearymenten binne net tastien. Kwatbij haf ik un bûkje fon mefrau Maren-Grisebach oer lyterêre vedjerring lêzenGa naar voetnoot1). Maren-Grisebach makket un fergelyking tusken de veadesystemen fon fasisten en marksisten. Bij olle, en bij ut grutte ferskil yn dy vedjerringen fôle de oerienkómsten óp; baide de fasisten en de marksisten vize ut nyhylisme, de dekadinsje en ut fwarremekspearyment ô. Dot binne krekt de beswieren dyt Tiny Mulder tsjin myn vurk oanfiert. Dêrmai vól ik net sain ha dot Tiny Mulder fasistyske of marksistyske simpatyen hat, mar ol dot dusse trije neamde skaaimerken dyt oan un kunstvurk fêststeld vurre kenne, blykberde easten binne vêrt de ienfôdege bwarger, vot ur don fjidder ek ljowe mai en vot syn vrôdskôging ek is, him oan stjit. Vêróm? Omdot ut ‘nyhylisme’, te sezen ut betwiveljen fon ut nut fon ollerhonde beuzegheden de ynstelling óp ut daisteg vurk net tun goede kómt en skea dógt oan de produksjemaatskippij; ómdot de ‘dekadinsje’, ut akseptjerjen en besprekber maitsjen fon minder syvylysjerre gedrachsfwarmen skea dógt oan ut byld dot ut minskefee yn ut belang fon maatskippij en steat fon himsels ha mat; ómdot ut fwarremekspearyment de réalytijt óp un oare, óngevoane vize sjen lit en de minsken oan ut tinken set. ‘Nyhylisme’, ‘dekadinsje’ en ‘ekspearyment’ maitsje de minsken krytysk en minder grypber fwar manypúlaters, maitsje har frij fon fwar de maatskippij nuttege fwaroardelen en vaanfwarstellingen; se dógge ôbrek oan ynstytûtten os tsjerke, steat en haulek, dyt útfûn binne óm de minsken ûnder de tûmme te hôren. Yn va syn belang matte dur bûkken skreon vurre oer belangryke minsken dyt har libben os sinfól ûndergónne, dyt gin problemen havve en net yn seks of drank flechtsje, dyt net bwótten de poat pisje en gin misstappen dógge, en dot óptsjinne yn un tradysjonele styl en un ôdvrôdsk prosedee? Yn va syn belang matte dur maklek fwótkeuteljende bûkken skreon vurre dyt de lêzer syn hassens óp nónaktyf sette en him ut bemoedegjende gefoel jaue dot ur lókkeg is mai syn sloof fon un viif en syn klieren fon bên en syn stómpsinnege baan en syn pils en shag en fiskakte? Tiny Mulder lit har dur net oer út. Faaks is dut neffens har yn ut belang fon | |
[pagina 373]
| |
de nederlônske hailssteat of ut vestersk kapytalisme of de kristleke kultuer of ut failege bwargervrôdsje mai un fwartúntsje en geranyems en sneons ferskjinje en snaintemwaans un sean aai. Neffens mij is un belangryke funksje fon lyteratuer - mar net de jinnege - óm te dwasbóngeljen en te lekskooien. Lyteratuer baut de mienskip net mai óp, jaut net iens ópbauende krytyk, lyteratuer krytykastert en spytgnysket. Lyteratuer ferset him tsjin olles vot him machteg makket en baasspylje vól. Ik sees net: lyteratuer is lófts, vont de diktatuer fon lófs is lyke slim os dy fon rjóks. Lyteratuer kiest tsjin ut mienskipleke en fwar ut yndyvydúele. Yn dy sin ken men lyteratuer a-polytyk en elytêr neame.
Ik polemysjerje jir net tsjin un keukenprinses út Pyaam dyt óp de stoel fljugt fwar un nyhylistyske mûûs mai un bleat rûpke, ik polemysjerje tsjin un persoan dyt de lyteratuerkrytyk fon un friesk daiblêd en fon de regyonale ómróp yn honnen hat, dyt mear os ien finger, ja vól fûsten, ja faaks vól un pear skoandere billen yn de CRM-brij hat - vont ik bin en bljo erchtinkend -, dyt Van Doorn doket en stoket en mai un stel ópblaasde lyterêre kwasten út de rônnestêd oates en toates is - kwatsain: tsjin un pómmeront. Yn de jirren '65-'70 vji dur un óplibbing te merkbyten yn de frieske lyteratuer. Dur ferskynde mear, dur koe mear, dur mócht mear. Of haf ik dot olinneg mar sa sjoen yn myn jeuchlek ontûsjasme en vji de lóft yn vêzen lyke tsjuster os no? Yn olle gefollen, ik sjug no amper ljochte finsters. Dur sil vól tróchskreon vurre, mar ut gwód mat ek útjûn vurre en ut ken net mear sónder supsydzje. En os ut ferskynd is, don mat ut noareg un trjoke mai ha fon de besprekkers - os dot artistyk sjoen teminsten lije ken. Mar ôsjoen fon de sinten, dur mat un draachlek klymaat vêze, en dêr mekjerret ut óp ut stuit óp ut olderslimst oan. Os lyteraters fijonnen fon de lyteratuer vurre en lyberale kultuerpómmeronten ut plak rûmje fwar morele verbevapeners mai un súnneg griffemead pypermuntsjesmûl os vji ut olle dagen snain, don is ut nacht yn de nane. Jo Smit mai yn téory gelyk ha: ien lêzer is genô, mar va hat moed óm te skrjowen os juns vurk inkeld teld vurt óm syn taalbefwadderjende veade, en inkeld akseptjerre vurt os ut blyken jaut fon un ‘gezond modern levensbesef’ lykos langlêsten un CRM-ynstônsje oer un lyterêr vurk oardele? Ut is óm fon te kwarjen. Lyteratuer is un réaksje óp de réalytijt en ut lyterêre vurkstik twingt de lêzer óm pesysje te kiezen. Mar ut ómkearde is ek vier: de mienskip réagjerret óp lyterêre vurken en twingt de lyteratuer óm pesysje te kiezen. Yn dut lôn fon kultuerdespoaten os Jappy en Tiny Mulder en oare Keuningen en har Jongen soe de funksje fon lyteratuer noch vól rus ‘nyhylistysker’ en ‘dekadenter’ vêze matte kenne os vot ik bóppe dut stikje set ha, nammentlek: ut skyten óp oarmons stûppen en ut migen tróch oarmons brievebussen.
Tr.R. |
|