| |
| |
| |
Tr. Riemersma
De skjintme vurt ferbwolgwodde
2.
Hij ried de rotónde ô nai Slupsk ta. Ut vji óp ut stuit net sa freesleke drók mear. De measte raizgers sûnnen te plak vêze óm dustiid, en ut dwórre noch un hwat jert se veróm kwamen, un oere of fiif, sais, don vji ut ver smoarfól óp de vegen. Dêr vjinnen de flatgebauen fon Slupsk ol, krekt un út de fûgen vûksen makette mai spûûnzen bjemkes en un blauferve fiverke, bwattersgwódautoos, oeribel fergrutte, un munsterachtege nyfelderij. 50 km, hij nóm gos veróm. Hij mijde ut sentrem, ut sû drók vêze yn de binnenstêd, fwar de hotels en kefees. Hij bijode óp de rûnvai, ut vji noch un kylometer of trije nai ut strôn. Hij remme fûûl fwar un oerstekkende tutte fyfteg meter fwar un seebrapaad, sókken vjinnen te beroed óm even óm te rinnen, se sêg fonsyden os hji se ut fólste rjócht, mun mûst se de poaten ûnder de beoleg vairide. Se hji un pear bên oan de hôn. Oas hji mun ut avventoerje kennen, un lyts ópdónderke tsjin de knibbels dot se oer ut osfolt kwakte, un skainde hassens en un brutsen skauderbónke, mun hji sa gau nóit remje kennen hji mun seze kennen, se stiik ynienen oer, vylst mun dur net óp fertocht vji, ómmes fjidderóp vji un seebrapaad. Hij remme, ut ljocht spróng óp read. No stiik dur fonsels ginien oer. Hij stie dêr fwar lul. Ut frómmes ferdwûn út de spegel. Se hji fonsels ek de oare kônt oer dónderje kennen, óp de moterkap. Ut bloed út har noas sû oer ut lak rón vêze. Grien. De Brainward spotte fwót. Dêr vji de ôslag nai ut strôn ta ol. Hij swaaide nai lófts, mûst vachtsje fwar un tsjinlezer dyt persys fyfteg ried
os sieten dur tsien plysjeautoos achter him, un kloat mai glêdkjimd hier en un lulleg briltsje, trije pk ûnder de moterkap sókssavot, un kroade mai un moterke. Ut vji jir ol drókker, dur ried un auto mai ijskoos fwar him út, dur sû grif gôns ópfretten vurre, ut hji fon ut ier noch net sa hyt vest os joet. O, kûkje mûst ôslaan en vji bang dot ur de bócht net krije kû. Fjitteg. Tryteg. Aansent stapte kloaresóm ek noch út óm de bócht te mjitten! No, sjug us oan, dêr kriemde beppe ol! Fwótsje fwar fwótsje. Hij vôde ut gos yn en gysele óm de ijskokarre hinne. Un tsjinlezer liet syn ljocht flikkerje en tûttere. Hij jûûg lyksa un lel óp de klaksón, synent siet fólle better lûûd yn, os dur tûttere vurre mûst, kû ur dot sels vól dwan.
| |
| |
Ut vji groatfól óp ut parkearterain, hij ried olle strjitten tróch, dur vji net un gotsje te fynen. Hij sêg ek nimmen risselvaasje maitsjen óm fwót. Vól klauden jir en dêr gwódden bij de kófferbakken óm. Termosflessen mai kófje of frisdrank, broadsjes en sinne-oalje varen te fwarskyn helle. Un frómmes mai un ferskriklek graue kónt stie krûmbûûgd oer de kófferbak. Mun mûst de kap nai ûnderen slaan dot kop en jerrems fêstknypt sieten, ut vji un prachtege pearhôring. Se sû nóit vitte vaat har nómmen hji. Hij liet de vain fwarút rôlje. Se hji ûgryslek ferbaande hóksen, se sû fonnacht net te brûkken vêze. Har kearel sa gail os bwótter fon olle nêkene liven óp ut strôn, su him olle bwasten en billen fwar de geast helje en de ferbaande klútte flais naist him ferflókke. Hij dúste óp de klaksón dot un pear ôde ljutsjes kjel fonsyden strampelen. Dur vji net un plakje frij. Hij ried ut parkearterain ô óp nai ut strôn ta. Oan vjeskônten fon de dyk stie un hage fon autoos, stiif tsjin ut stykeltried oan. Olles stie smoarfól oant vêrt de dyk óphaude en ut mulle sôn fon de dúnnen begón. Hij bljode stean. Ut hele strôn vji fól vrymeljende minskeliven. Tûzenen mûsten dur vêze. De brôning vji swak, un streep vyt un aintsje see yn. Bên bwatten mai felkleore bollen. Oan de foet fon ut dún vji un lange rige parresollen. Dêrachter stienen strônstwóllen. Hij stiik un sygret oan en helle de sinnebril út ut fakje. Ut vji hyt. Hij sêg óp ut heloazje, ut vji óp ut varemst fon de dai. Ut sû dur amper te hudden vêze,
of dur mûst dêrûnder vot vyn stean. De parresollen beveegden net, sa te sjen.
Un plysjemon kwaam óp him ta en bûûgde nai him oer. Hij draaide ut rút óp. ‘Jo maie jir net stean,’ sai ur. ‘Nee’, sai ur, ‘mar olles is fól.’ ‘Jo matte keare, en him dêr mar eane delsette, fwarbij ut parkearterain. Os dêr rûmte is.’ ‘Dêr is ut ek fól,’ sai ur. ‘Ik ken dur ek neat oan dwan,’ sai de plysje. ‘Jir kenne jo yn gin gefol stean.’ Hij ried de vain achterút oan ut parkearterain ta. Hij dwast net te swaaien yn ut sôn, en óp de dyk vji te min rûmte. Hij ried veróm nai de stêd ta. Olles siet fól. Hij mûst vól un kylometer nai ut strôn ta rinne os ur de vain jireane delsette. Hij slûg de dyk yn dyt de ijskoauto nómmen hji. Olle autoos fon de vrôd kûnnen jir vól óp un bult stean. De minsken kûnnen vól gek vurren vêze. Ut lyke ferdómd vól ot mun oas neane hinne kû os nai dot rotstrôn. Oan de ain fon de dyk vji un soate fon útsponning. Hij sette de auto óp un stik vyldlôn del. ‘For visitors only’ stie mai bryke letters óp un boed ferve dot oan un pjeltsje prónke. Hij kû vól un gleske bier helje. Ut vji gekkevurk óm nai ut strôn te rinnen jirvai. Ut vji vól oadel kylometer. Of mun mûst jirvai dwasoer stekke tróch de dúnnen. Hij diig de auto óp slot. Nee, dur stie net un sucht vyn. Ut kû vêze dot ut oan ut
| |
| |
strôn vot koelder vji, mar ut sû net un grut soat útmaitsje. Ut vji un heel gebóngel jirvai dwasoer tróch ut losse sôn. Ut mócht fonsels ek net. En ut sû vól oerol ôf rede vêze mai stykeltried. Hij rón de hautene stûppe fon de útsponning óp. Dur sieten un pear minsken óp ut teroske. Ôdere lju. Yn ut ding vji ut sa goed os leeg. Mar ut vji net óngeselleg. Olles fon haut, flier en mwórren. De flier beveegde ûnder syn stap. Ut dak vji fon striebetón. Ut haude de varemte grif areg tsjin. Dur vji un bar fon net-skaafde planken, mai bóppe-óp un formyka blêd. Plestik vynranken slingeren bij de stylen ómheeg en hóngen fon de oerkapping fon de bar ô. Vyte spaanske vynkrûkjes. Un ôd koperen tsjettel. Un sichte. Ut vji vot gwódkeap, mar net óngeselleg. De juke-box vji gelókkeg út. ‘Pilske,’ sai ur tsjin ut famke achter de bierkraan. Se hji tsjûk hier, dot yn un stut gearbûn vji. Se hji kliene earkes. Gin bellen duryn. Hij gyng sitten mai ut gesicht nai de dúnnen ta. Bij twaen, ut vji no óp ut hytst. Hij kû strak noch vól us nai ut strôn rinne. Ut hji gin haast. Dur vji doch neat te ferstryken. Mar mun mûst doch vot, san snain. Ut famke sette ut bier fwar him del. Ut vji un steveg mókkel. De swatte jurk sponde óm har achterst, de rône fon ut brûkje tekene him ô. Sû se de hele jûn noch verke matte? Vonear sû san ding tichtgean? Nai saizen vaar ut jir stil tink, don sû se de boel vól tichtgooie. Se sû vól yn de stêd venje. Mar óm jir fjauer oeren te sitten. Ut vji goed pils. Koel. Hij stiik un sygret oan. Naist him sieten un stiktrije ôdere minsken oan un tafel, oan
syn kônt un mon, oan de oare kônt un mon en un frau. Dur lai un hûntsje ûnder de tafel. De mon oan syn kônt hji de rym oan de poat fon de stoel bûn. De frau hji un trauring óm. De mon naist har net. Dy jerden net bijenwar tink. Se praten vól drók tsjinenwar. De mon striik óp har earem óm. De mon olinneg, mai de rêg nai him ta, prate net mai. Hij sêg nai bwótten, trómmele óp de tafel en fluite sacht. Helendol yn de fjiste hûkke sieten un mon en un frau mai un famke. Se vjinnen epteg klaaid. Ut famke hji un strik yn ut hier. Dot sêg mun oas nea mear. Meskyn vjinnen se vól bij un sekte. Un ier of tsien, tólve tink. Helendol stiif óptutte. Ut minske sels ek. Se sû un fiifentryteg vêze, se hji de jurk oan bóppen ta ticht, un hwódsje óp. De kearel hji un swatte strik, en un lefdûkje yn ut bwóske. Hût sókken jir fersyld rekken? Ut famke gyng nai bwótten. Se helle lege glêzen óp fon de taffeltsjes. Se slûg nai un brims dyt bij de glêzen siet. Se hji un mooi kopke os se sa prót sêg. De rôk sponde ûnder ut bevegen fon har billen, se hji vot un búkje. Se harke nai de lju óp ut teros. Se knikte. Se sai vot. Oer de dúnnen vji ut leeg. Mun kû dur grif net lôns. Rjócht fwar him út achter ut stek stie un vyt boed. Dur sû vól óp stean
| |
| |
dot mun dêr net kómme mócht. Ut vji nammes ek un heel gebóngel. Hij kû aansent noch vól us sjen ot dur óp ut parkearterain un plakje frijkómmen vji.
De mon naist him gyng oerain. Ut hûntsje vaar mailutsen dût ur de stoel achterút skode. Hij grómmele vot tsjin ut beest. Hij helle de beos út de bwós en gyng nai de juke-box. Hij besêg de tytels. Hij drukte óp tûtsen. Ut apperaat klikte. Un earem skode hinne en ver en pakte un plaat óp. Ut krêke even, dû vji dur mesyk. Un ôde swingplaat. Goodman of sa of Hampton. Nee, Goodman vjirskynlek. De kearel begón te swingen. Hij spróng mai krûmme knibbels fwar de mesykkost óm en haude de jerrems ómheeg. Hij klapte yn de honnen en sóng durbij: hee, hee, hee! De frau sêg even nai him, en prate dû ver fjidder mai de kearel naist har. Syn lófterearem lai no óp de bekling fon har stoel. De rjóchterearem vji ûnder de tafel. Se hjinnen de knibbels stiif tsjinenwar oan. Syn hôn vji óp har knibbel. De kearel gyng naist syn tafel stean te doansjen en te springen. Hij drónk syn glês leeg. ‘Mooi mesykje, menhear!’ rûûp de kearel. Hij knikte, hij sêg him net oan. Hij vji snústereg klaaid. Dur sieten knibbels yn de bóksen en de brûksbôn prótte foar ûnder de rym vai. Óm de gulp vji ut fetlek. De bwóssen fon ut joske hóngen út. Hij hji gin strik fwar. Dur sieten swatte tearen yn de nekke, en groeden fon stjinpûsten lyke ut vól. Hij hji him juster of freed fwar ut lêst skeard. Hij sêg fwar him dût de kearel ver óp him ta spróng mai syn tróchsakke knibbels. Ut minske lake. De kearel siet mai syn kop flak bij har en lyke drók óp har yn te praten. Hij sêg de kake bevegen. De snút fon de kearel kû ur net sjen. De pûddel kefte ynienen. De kearel skópte nai him, en gyng dû ver
gevoan sitten. Hij sêg nai de doanser. Hij hji smelle, stekkende êchjes, dy kearel. Hij vji ol vot better klaaid, mar ut vji un rare skûljekop. Vot ut mins dêr oan fûn? De plaat vji ôrón. De kearel makke noch vot núvere meneuvels en gyng dû ver sitten. De oare frege ot se noch vot nimme sûnne. ‘Vólsto ek un broadsje? Se ha jir ek kroketten. Dot stjit dêr. Sjugst vól. Dot ken vij vól nimme. Ja, óp myn rekken!’ Ut viif mykere vakker nai de priislist dyt oan un style fon de bar hóng. ‘Do ek un kroketsje, póp?’ sai de kearel vylst ur har yn de nekke streake. ‘Ja, un kroket mar,’ sai de kearel tichtst bij him. ‘Mai un pear stikken bôle.’ ‘Juffer, juffer! Vij vólle vot bestelle.’ Ut graue fanke kwaam achter de bar vai mai un blêd. ‘Ja, ik kóm,’ sai se. Se rón nai bwótten ta. ‘Set noch us un plaat óp,’ sai de kearel mai de skûljekop. ‘Jir, vot matst ha? Un kwatsje?’ De swinger nóm ut kwatsje oan en gyng durmai nai de juke-box. Hij socht óp de nij un plaat út. Mai hwatten begón de mesyk ver. Ut vji un nijmwadreg stik mesyk, mar de plaat vji
| |
| |
ferslyten, sa faak mûst ur draaid vêze. Hij kroste en slûg oer. De kearel jûûg dur neat óm, of hij hearde ut meskyn net iens. Hij stie ol ver te swingen en te springen. De mjitte haude ur net ol te fólle rekken mai. Hij rûûp vot tsjin ut pear bij de tafel. Se sêgen him even oan, en stiken dû de koppen ver bijenwar. Syn hôn glied ver oer har knibbel. De seame fon de rôk skode óp. De fingers striken oer de binnenkônt fon har knibbel. Vêróm sêg ur dur ains nai? Vot hji ur durmai noareg? Ut vji dot ut sa apsurd vji, dy ôde gekken dêr ûnder de tafel te frymeljen. Os vjinnen ut bên dyt tús gin plak hjinnen. Ut famke kwaam veróm en nóm de bestelling óp. ‘Ja-ja,’ sai se, ‘Ik ha vól kroketten.’ Se hji un mooi model, un bytsje te fet, dot vól, ûnder de bh siet un fetrichel. Se hji swiere bwasten. Ut vji un lekker ding. Un stómp. Un smel brûkje mûst se oan ha, swat. Un bh mai heale kups, en ut hier los. Se sû mooi vêze. Gek dot dy earkes sa lyts vjinnen. Se hji nammes ek mar un lyts nwaske. En fyne hontsjes. Se vji ains net swier baud. Se vji te grau, dot vji ut him gevoan. Mar noch net fjiste grau, ut vji noch vól mooi. Un lekkere stómp. Sûst dij bêst mai fermaitsje kenne. Laist dij net sear oan de bónken teminsten. Hij kû har freegje, ot se sais oere óphaude. Hij kû east oltyt noch even óp ut strôn sjen. De dai mûst ek óm. Hij stiik un sygret oan en sêg vêrt de twaletten vjinnen. Achter him. Hij rón durhinne. Ut stónk dur oldermislekst nai ien of oar óntsmettingsmiddel, lysol of sa. Hij knope de gulp los en liet ut vetter tsjin de mwórre oan kletterje. Jezus, vot un miel. Ut
brûûs stie duróp. Ut jeppe óp fwar un ain segaar dot immen yn de gwatte mytere hji. Dêr rón ut oer de daam hinne. Ut segareain rôle un pear slaggen óm. Hij skódde de lêste druppen durô. Ut ding fielde nóflek. Hij hji bêst sin oan dot graue mókkel. Hij striik sacht oer syn lul. Ja, hij hji dur bêst sin oan. Hij bestoppe ut ding en socht óm un kraan. Dur vji un voskbakje, fjidderóp tsjin de mwórre oan. Ut vji sa smwarg os vot. Un hondûk vji dur net. Don mar net. Hij rón veróm nai de seal ta. ‘Noch un gleske bier,’ sai ur tsjin ut famke. Hij bijode oan de bar stean te sjen dot se ut ynskónk. Ja, ut vjinnen mar kliene hontsjes, en flak achter de póls varen de jerrems ynienen mólleg. Se vji te fet. Se sêg him oan. ‘Ut mat even óplûkke,’ sai se. ‘Fonsels,’ sai ur. Se rón tróch un miggedyn nai achteren ta. Dur sû un fûûg keukentsje vêze. Se pielde yn hyt fet óm grif, hij hearde ut brûzen. Sû sij de twaletten skjinmaitsje matte? Don hji se dur net un soat oan dien. Se sêg dur oas sels vól netsjes út. Meskyn kwaam dur ek vól un oar viif of un kearel fwar. Kû mun ek hast net fon san famke freegje, dot sij ut diig. Se kwaam veróm en skónk syn pils bij. Se sette ut fwar him del. Se sai neat. Hij nóm ut mai nai de tafel ta. Ut vji
| |
| |
net ien óm un praatsje te maitsjen. Ut mesykding spyle noch. Ut mûst ol ver un oare plaat vêze. De kearel vji ver bij de oaren sitten gien. Hij smookte un sygret. Dur vaar net praat. De kearel mai ut múskegesicht sêg nai bwótten. Syn hôn lai noch óp de knibbel, stil no.
De mon en frau mai har dochter makken risselvaasje. Ut minske striik olle tearen út de rôk dyt dur meskyn net iens yn sieten. Dû begón se oan ut bên te pielen. Se jûûg oerol trjokes tsjinoan, tsjin de strik óp ut hier, en tsjin de skauders fon ut monteltsje. Dû vaar har noch óp de skwón viisd, vêrt vot óp siet meskyn. Ut famke skódhólle en fage dû oer de skûûg. Mem en dochter rónnen nai bwótten. Ut minske pielde oan ut famke har kraag. Ut famke skokskaudere. Dût se bwótten vji draafde se ynienen fwót, ut hauten teros ô, ut sônpaad oer. Ut minske rûûp vot. Hij sêg ut gesicht dût se de doar achter har ticht die. Se die him echt ticht, se liet de kruk net los, mar se draaide him ver ómheeg, krekt os siet dur gin fear yn. De mon stie mai de beos yn de hôn fwar de bar. Ut famke vji noch yn ut keukentsje. Se slûg mai bwadden óm, hearde ut vól. Un baklucht drjode de seal yn. Hij kryge ains ek ol ver sin oan vot, noot ur ut rûûk. Hij kû har aansent vól us freegje. De mon begón ut grif oan te gean. Hij beveegde de bópperain fon syn lichem óm tróch ut miggegedyn te loeren. Hij sêg ta ut rút út. Syn frau en dochter vjinnen ollang óm de hûkke. ‘Juffer!’ rûûp ur. Un núver, heeg, óbyten lûûd: jufrr! Ut famke kwaam mei de kop tróch ut gedyn. ‘Ik kóm sa,’ sai se, en vji ver fwót. ‘Jamar, juffer!’ sai de mon. Hij tjente hinne en ver. Hij stiik un sygret oan en drónk syn bier. Ol mai ol siet ut jir vól nóflek. Hij lai de fwótten óp un oare stoel. Ut vjinnen mar gwódkeape hauten stwóllen, ut sû har
neat skele kenne.
Ut famke kwaam tróch ut gedyn mai trije bwadden. Se skode se fwar de trije ôde minsken óp de tafel. ‘Juffer!’ rûûp de mon bij de bar ver. ‘Ik ken net hudder! Dot sjugge jo doch!’ Se vaar súver mooi os se nydeg sêg. Har gesicht vji read ópset. Ek har lytse earkes vjinnen read. Ut sû fon ut bakken en brieren kómme. Sû ut hier nai oalje rûkke? Se rekkene ô mai de mon, dyt no hasteg nai bwótten skeat. De trije ôde lju fyken mai un bulte geskaai fon jerremtakken yn de kroketten óm. Se brachten de bôle net nai de mwólle, mar de kop nai ut bwad ta. En os ut yten heal yn de mwólle vji, digen se de kop ver achteroer. Krekt ainen dyt kroas slóbberen. Ut famke sette noch twa glêzen bier bij har óp tafel. ‘Juffer,’ sai ur, ‘mai ik ek un pear stikken bôle mai kroketten fon jo?’ ‘Ja,’ sai se. ‘Jo ha de oalje no noch hyt, no?’ sai ur. Se hji har ol ómdraaid, se vji net praatsk. Ut vji godlek sat se rón, dy sponde
| |
| |
rôk óm har tsjûkke kónt. Hij must har freegje óm dy swatte jurk oan te hôren jûn. Os se ut vû. Mar se sû ut net vólle. Ut vjinnen har vurkklean. Mar meskyn frege ur har net. Ut vji ek net sa belangryk.
Dur ried un auto de dyk ô. Ut sûnnen dy lju vól vêze. Se hjinnen ut yn un ómsjug behimmele. Se fagen viidvaideg de mwólle ô en steapelen de bwadsjes ópenwar. ‘Dot smakke goed, net!’ sai de kearel mai ut gemene snútsje. De oare kearel knikte en sai: ‘Javis, javis.’ Se proasten en drónken har bier. Ut frómmes gyng oerain. Se rón nai de twaletten ta. Ut sû har net tafôle. De swinger helle un kronte fon un oare tafel en gyng sitten te lêzen. De múskekop helle un segarekoker fwar ut ljocht. ‘Do un segaar?’ frege ur. De kearel achter de kronte sai: ‘Neu.’ Hij biet de punt fon de segaar ô en spuide de tebak oer de flier. Hij pafte de segaar oan. Mai syn stekkende êchjes sêg ur ut hear oer, nai de kronte fwar him, ek even nai hím - hij diig of murk ur ut net -, dû nai de húskedoar. Hij sêg óp ut heloazje. Hij gunde ut minske grif gin tiid óm te pisjen. Ut sû syn viif net vêze. Se sû vól bij dy núvere springer jerre. Dy sieten fwarenwar oer, lykos mon en viif meast dógge, en dû vji hij dur naist delplóft. Mar hû hji ur har jir fûn? Of se vjinnen mai har trijen kómmen. Of se sieten jir vól faker en dot vist hij. Meskyn kwamen se vól út de stêd, dot sû vól. Meskyn vennen se flak bijenwar.
Ut famke brocht him de kroketten. Dot gyng mar redsem. Har bóppe-earem rekke syn skauder dût se ut bwad delsette. Har hier vji flak bij him. Ut vji mar un moment. Se vji net tasjitsk. Hij skwórde un mósterpwódsje iepen en kneep ut gele gwód os un graue vjirrem oer de kroketten hinne. Se hjinnen oltyt fon dy bleekgele móster yn kefees, krekt kottestrónt. Hij snijde un kroket óp en pjukte mai ut mes yn de vêke drits. Dur siet súver gin flais yn. Ol un pear bledsjes grien, peterseelje of sa. Ut vji vinlek kleare moal. Mar ut smakke net iens beroed. Fwarol net os dur goed vot móster óp siet. Hyt vjinnen dy dingen vól. Hij fage de mwólle ô en nóm un swólg bier.
Ut minske kwaam veróm fon ut húske. Se sêg even oer ut skauder fon de krontlêzer en gyng ver sitten. De múskekop knikt har ta. ‘Hast de segaar oan?’ frege se. ‘Hast linse net ien jûn?’ ‘Vû ginnent ha.’ ‘Vûsto gin segaar, linse?’ De kearel grómmele vot achter de kronte. Lies ur vinlek vól? Of siet ur te slûgjen? ‘Matsto noch vot drinke?’ frege de kearel. ‘Nee,’ sai se. ‘Un sherry?’ ‘Êê nee, ju,’ gychele se. ‘Vólst mij drónken ha?’ Hij flústere har vot ta, en se gychele ver. ‘Gek!’ sai se. De kearel gyng nai de bar ta mai syn leeg bierglês. Hij hearde dot ur ut famke óm bier en sherry frege. ‘Vot lêsto, linse?’ frege ut mins. ‘Neat,’ sai de kearel. Hij pjukte de
| |
| |
restkes fon de kroket óp de fwarke en stiik ut yn de mwólle. Ut hji net iens min smakke, fwardot ut kleare moai vji. Hij skode ut bwad fon him ô en lai óp de nij de fwótten óp de stoel. Ja, mun sû ek vól even slûgje vólle. De dai mûst doch óp ien of oare menier óm.
De kearel kwaam veróm mai pils en sherry. Hij sêg dur os un hear út, mar dy lûdderkop bedoar olles. Sek oer de kop! Tocht dot minske meskyn ek. Hij sette de glêzen óp tafel en gyng deun naist har sitten. ‘Proast, leave!’ sai ur. Ut minske gychele mar. Tutte. Se haude ut glês yn baide honnen en brocht ut no en don nai de mwólle, hij ljode net dot se drónk, se rûkte grif olinneg mar. De fint prate sacht óp har yn. Ut frómmes hji meskyn fwarhinne vól kreas vest, mar ut vji no vot un sloans.
Hij ferskikte dot ur nóflek siet en stiik un sygret oan. Kertier fwar trijen. Ut vji noch varem. Kûst ut sjen oer ut dún hinne, de lóft, hût ut dêr bakte. Dur flêg net un fûgel oer. Os hjinnen se ollegjer ut skôd óp socht. Fûgels kûnnen vól lêst fon de varemte ha. Dot vaar dur sain teminsten, mósken sieten te gapjen, sainen se. Mar dot sû net vier vêze. Sûst seze dot de fjerren un fûgel lykefólle tsjin varemte os tsjin kjeld beskermen. Un fûgel kû ómmes helendol net gapje, dot vji ónsin. Oas hji mun dot ómmes vól us sjoen. Va hji ut ea sjoen? Se sainen ut oltyt vól, mar ginien hji ut sjoen. Ut vji kletspraat. Godskes, vot slûg dot fanke rûg mai de bwadden óm. Smiet se ien stikken? Se vji tink oan ut ôvoskjen. Meskyn hji se mar un stik of tsien bwadden. Se mûst se daleks ôvoskje fwar oare klonten. Se hji gin ôvoskmesyne. Of meskyn brûkte se dy olinneg os ut drók vji. Dot vji ónsin fonsels, ut vji ut iene of ut oare. Os se temin bwadden hji, hûgde se ek gin ôvoskmesyne. Tróch de vyke ek net. Meskyn vji ut jir tróch de vyke nammes noch fólle stilder. Dot sû hast vól. Vaat frij hji, gyng nai ut strôn. Net nai dut healvize ding, jelvy de vrôd. Veróm hjinnen se ut jir ains delset? Ut vji vól ut restoront tichtst bij de see. Mar doch tefier fon ut strôn óm ut te berinnen. Dur stienen nammes ek genôch petat- en fisktinten fwar de slimste hónger. En ost vot oas ha vûst en dij oanklaaid hjist en yn de auto stapt vjist, don kûst fwar utselde nai de stêd ride ynstee fon jirhinne. Dot hjinnen se ferkead gokt. Ut ding hji fwót achter ut parkearterain stean matten, dotst dur út see vai sa hinne rinne
kûste. Dot hji klondyzje brocht.
Hij drukte de sygret út en diig de êgen ta. Kust de lûden better heare ost de êgen ticht hiest. Dot vji mai blynen ek sa, vaar dur sain. Dy gyngen ek óp ut lûûd ô. Dur rieden noch hyltyten autoos oer de strônvai. Dêr mûsten se vól vêze. Dy fon de stêd kûst jir net heare. Nee vól? Sûnnen dur don noch
| |
| |
mear bij kómme? Of meskyn sêgen se ot dur noch plak vji óp ut parkearterain en rieden se don ver fwót, lykos hij dien hji. Ut vji ek mar ien auto dyt ur hearde. Of twa meskyn. Dur stienen ómmes vól tûzen autoos. Os dur ien fwótgyng of bijkwaam, dot makke neat út. Hij vist noch net vêrt ur jûn hinne sû, mar ut makke ek net san soat út. Hij vû noch vól un ain ride. Fon Slupsk nai Snaidhm, dot vji un mooie dyk. Mar don mûst ur vachtsje oant ut measte ferkear dien vji. Oas siet ur ver hyltyten te remjen achter de lytse sukkelders. Mar ut makke ek net sa fólle út. Hij kû ek vól un oare kônt út ride. Snaidhm vji grif ek net fólle te belibjen. Os de boaten oankwamen, dot vji oltyten vól un mooi gesicht. Mar dot mûst ol treffe. Óp snain sû dur net fólle yn de haven te rêden vêze. De feartsjinst, oas net tink. Un inkeld frachtskip. Mear net. Sóms vjinnen dur seesylders, mar dur stie no temin vyn. Sûst de moter durbij oan ha matte. Dot vji ol ver jirren lyn, dût ur mai vest hji. Dû hjinnen se de hele middy óp ut dek lain. En fiske. Ut vû net byte. Dot fanke hji ur nóit versjoen. Se mûst yn Snaidhm venje.
Dur kroste un stoelpoat oer de hauten flier. Hij diig un êg óp. De iene kearel krontlies, of slûgge. De oare siet bij ut viif óp te twingen. Se hji ut glês sherry noch oltyten yn de baide honnen. Sjug, syn hôn lai ver óp har knibbel en har rôk vji un aintsje ómheeg skood. Hij diig de êgen ver ta. Dur vji un goed restoront yn Snaidhm, dêr kû ur jûn vól even hinne. En dur vjinnen ek vól byoskopen. Os ur him ol ferfeelde. Mar don kû ur ek oltyt noch vól un ain ride, fon Snaidhm ut binnenlôn yn, don vji ur ek samar ver óp de dyk nai hûûs ta, ol vji dot net sa ferskriklek vichteg, vont hij kû lykegoed veróm ride oer Slupsk. Hij fage oer de fwarhólle en de êglidden. Ut jûkke. Hij hji grif swit. Dêr jûkke ur fon. Hij vrjode mai de knokkel yn de êghûkke. Dur siet vot, un spook. Middenóp de dai, sû mun seze. Ut mûst fon ut stowen kómme. Hij hji ut rút un skóft iepen hôn ûnder ut riden. Hij slikke oan ut topke fon de middelfinger en striik ut krûmmeltsje gwód út ut êg vai. Hij knypere tsjin ut ljocht. Sjug, dot gekke mins hji har knibbel oer de kearel synes lain. Se siet mai de skónken útenwar. Ut vji ollegjer bil. De rôk vji net mear te sjen. Syn hôn vrótte yn ut tsjuster óm. Dot se gin oar plak hjinnen fwar sóks. Se kûnne doch nai un hotelkeamer gean, os ut tús net kû? Dy kearel kû ut oas net fólle skele. Hji him ferskûlle achter de kronte. Gón jim góng mar. Of hji ur lytse gotsjes yn de kronte makke en loerde ur dêr troch? Lykos de learaar-ingelsk diig ûnder de rippetysjes en don letter ónfóldwanden ómpatte fwar ôsjen?
Dur kwaam un montsje de seal yn. Ut vji ien dyt óp ut teros sitten hji. Hij lai de sinnebril óp de bar en frege vot ur yn de skuld vji. Ut famke lai de
| |
| |
brjifkes naistenwar, kroste en syfere. De mon betelle en rón de doar út. Bwótten vjinnen lûden. Se stiken ô. Hij liet de êglidden ver sakje. Hij mûst noareg net yn de sliep fôle. Hij sû fon de stoel ômyterje kenne. Of healvize lúden maitsje yn de sliep. Even slûgje, mear net. En aansent noch un gleske bier, en don noch mar even óp ut strôn sjen. Hij krúste de fwótten oasóm óp de stoel. Óp un doer kryge mun lêst fon de hakke vêrt olle gevicht óp lai. Ut vji krekt os kwaam ut ljocht tróch syn êglidden hinne. Ut sû ek vól kenne, ut vji mar tin fel. Kûst mai de êgen ticht ek vól fernimme vêrt de lampe vji yn un keamer. Mai de êgen ta nai ut finster rinne, ja dot kû, os bên dienen se dot. Vêrt ut taffeltsje, mai dy blómmen, dû vji mem lilk. Dur vji un brims dyt óm syn hólle gûûnze. Hij mûst net slaan, ut beest stiik vól ver ô. Se dienen niks os mun stil sitten bljode. Ut jûkke oan de rjóchterknibbel, ut kwaam fon ut stilsitten, mun fielde don juns hele lichem, krekt os óp bêd, os mun stil lai en olle tinzen fwót giene, don fielde mun olles oan juns lichem, oerol vjinnen plakjes dyt jûkken, mar dur vji neat, mun hûgde net te klauen, ut fielde mar sa. Hij hearde de kronte ynienen ritseljen, hij diig de êgen óp, de kearel tearde de kronte ynenwar. Hij lai him net del. Hij haude him yn de honnen. Hij bljode durmai yn de honnen sitten, de rjóchterhôn hji ur him yn, de lófter lai op syn knibbel. Hij sêg oer de tafel hinne nai de frau. Se siet deastil mai de jerremtakken óp de tafel plonte oan vjeskônten fon ut lichem. Se siet fwaroer mai ut liif tsjin ut
tafelblêd, ut glês sherry hji se tusken de honnen knypt, ut vji noch lang net leeg. Se sêg de kearel, ut sû har mon doch vól vêze, stiif oan. Har êgen vjinnen greot. De kearel naist har hóng tsjin har oan. De rjóchterhôn hji ur de segaar yn. Hij smookte net. Syn lófterhôn vji fwót, eane ûnder de tafel mûst ur vêze, drók dwande. Ut frómmes sette ut glêse oan de mwólle, mar se drónk net. Se krûpe vai achter har honnen. Se bûûgde noch djipper oer de tafel, ynienen begón se te hymjen en te hwasjen, se diig os ferslókte se har, mar se hji net drónken. De hûn kefte, se hji ónfervachts har fwótten ferset, de billen klapten tsjinenwar. De maue fon de kearel beveegde, hij makke syn hôn frij. Heel stareg. Hij sêg nai de kearel mai de kronte, syn múskekop gnyske. Ut frómmes drónk har sherry óp, se fage de mwólle ô en frege óm un sygret. De mon naist har helle un dwaske sygretten út de bwósse, hij skódde ien út ut pakje en jûûg har fjoer. ‘Noch un pilske?’ frege de lûdderkop. De mon mai de kronte skódhólle. De kearel rûûp de juffer óm un glês bier en óm de rekken óp te maitsjen. Hij diig de êgen ver ta. Dy kearel mûst murken ha vot dur bard vji. Hij hji neat sain. Hij hji de kearel ûnder de tafel tróch un skóp jan kennen, os ut him net sinnege.
| |
| |
Of syn viif, os ut teminsten syn viif vji. Hij hji de tafel nai him ta lûkke matten, don hji ut viif dêr sitten mai de rokken ómheeg. Ut kû dy kearel grif neat skele. Meskyn hji ur gin belang mear bij dot ôdviif. Of hij kû sels neat mear. Mar hij lyke noch mar goed fyfteg. Springe en doansje kû ur vól. Hij hearde ut famke nai de tafel rinnen. Se sette vot del. ‘Tanke,’ sai se. Sû se ut fernómmen ha? Nai olle gedachten net. Se sieten mai de rêg nai har ta. Se lette dur meskyn ek net óp. Jir sû vól us faker vot fwarfôle. Se stie jir olinneg fwar ut fertsjinst. Fjidder kû ut har neat skele, meskyn. Os dur mar net raasd en dónderjage vaar, kû ut har ollegjer neat skele. Mûsten se sels vitte vot se digen, os un oar dur mar gin lêst fon hji. Os sij sa sitten hji mai him, se hji vól lyke graue billen, mar mwaier. Se lyke sa net, ut kû har neat skele, lyke ut vól. Meskyn hûgde ur har net te freegjen. Se hji un nwatsk kopke. Os se dur gin sin oan hji, sai se ut vól. Ut makke ek neat út. Dêr vji se ver. Hij die de êgen óp. Se jûûg de mon ut vikseljild. Se vji mooi. Mar aigenviis, of koel, of baide. Dur kû net un glimke ô. Of hji se ut murken en vû se dy lju ljevver slyte? De kearel kwaam fon de stoel en jûûg de mon en de frau un hôn. ‘Tiisdy sjug ik jim vól ver, hen?’ sai ur. ‘Beitske leave, hen?’ hij jûûg har un tút óp ut hier. ‘No lju, don gónne vij mar, no?’ Hij swaaide de doar út en gyng fwar ut rút stean óm noch vot te sezen grif. Hij hearde him róppen, mar ferstie ut net. Dy oan de tafel sainen neat veróm. Ut frómmes knikte en lake. De kearel gyng fwót.
‘Noch un gleske bier, juffer!’ sai de mon.
‘Vêróm matsto no ver bier ha? Niis fon Jon vûst ginnent ha’.
‘Ik ken myn aigen vól betelje.’
‘Dóg net sa flau!’
De kearel sai neat. Hij tearde de kronte ver útenwar en gyng óp de nij sitten te lêzen.
‘Sóks fyn ik no benneg,’ sai ut mins. ‘Vêróm dógst sa flau?’
‘Hôr dyn snút! Sjugst net dot ik lês?’
‘Vot belêsto hyltyten? Vot stjit dur don yn?’
‘Neat.’
‘Ik fyn dij mislek.’
‘O. Soa.’
‘Ja.’
‘Vitst vól vot ik dij fyn?’
‘No?’
‘Un hoer.’
| |
| |
Ut minske blikte ynienen syn kônt út. Hij diig os murk ur har net. Hij kearde ut gesicht ô en sleat de êgen. Ut mins flústere ut ien of oar.
‘Un hoer,’ sai de kearel. ‘Un smwarge dwail.’
‘Hôr dyn snút.’
‘Ik sil sels vitte ot ik prate vól. Dwail.’
‘Betink us vot oas.’
‘Dwail.’
‘Och do!’
‘Ja, ik!’
‘Sûûg.’
‘O ja, hen?’
‘Grutte sûûg. Bist un grutte sûûg’.
‘Ja-ja. En do don?’
‘Och, bast!’
‘Hoer.’
‘Och fint, vaai óp.’
‘Dot sûst vól vólle.’
‘Ja!’
‘Ik bin dur noch.’
‘Sûûg! Vot bisto fwar kearel?’
Ut famke brocht un glês bier nai de kearel ta. Hij tocht dot syn stoel beveegde ûnder har stap. Se vji te fet.
‘Tankevól,’ sai de kearel lûûd.
‘Proast, leave!’
‘Och, bast!’
‘Ja-ja. 't Skeelt un bult vaat ut sait.’
‘Smoar yn dyn bier!’
‘Nee, famke, ik pos vól óp.’
‘Ik bin dyn famke net!’
‘Va syn famke bisto don?’
‘Ginien synent.’
‘Soa, nee?’
‘Do bist stóm. Do vitst net iens votst seze matst. Saist hyltyten utselde.’
‘Soa, bin ik stóm? Do bist un hoer, dot is vot oas.’
‘Sjugst vól? Saist hyltyten utselde!’
‘Do bljoost ek utselde, do bljoost un hoer. Hast oltyt ol un hoer vest.’
| |
| |
‘Ik vû dot ik dij nóit sjoen hji!’
‘Dot saisto ek oltyten.’
‘Dot haf ik joet noch net sain!’
‘Hast ol vittefaak sain.’
‘Sjugst vól? Do lygst. Do kletst dur mar vot hinne.’
‘Hoer.’
‘Do kenst neat betinke. Do kenst mar ien vudsje. Stumper.’
‘Ien vudsje is genôch. Hoer.’
‘Fôl dea.’
‘Dot sûst vól vólle. Ja hen?’
‘Hôr dij stil.’
‘Don vjist frij.’
‘Matst net lêze?’
‘Kûst olle jûnnen mai un oarenien óp bêd. Dot sûst vól lekker fyne! Olle jûnnen un oaren. Dot dógge hwórren. Don sûst dyn sin ha.’
‘Ik sû mij olinneg vól rêde, teminsten.’
‘O, javól! Un lampke fwar ut rút!’
‘Do bist un stumper. Do kenst dij net rêde.’
‘O nee?’
‘Ik mat ómmes olles fwar dij vainimme? Kenst net iens un brjifke skrjowe.’
‘Un brjifke skrjowe! Frôljesvurk! Mat ik dot kenne!’
‘Kenst ómmes de kost net iens fertsjinje. Stumper.’
‘Is dot myn skuld?’
‘Oare kearels ha vurk, en dij vól ginien ha!’
‘Tochst net! Tochst dot ik gin vurk krije kû?’
‘Dot hûg ik net te tinken, dot ha ik ómmes ol jirren sjoen. Se hûgge net un healen, lykos do!’
‘Soa, un healen, hen! Vitst votsto bist? Un dwail mai un smwarge bek! Do mûst ver us un stómp fwar de bek ha!’
‘Vûst ver un nacht óp ut plysjebero sitte?’
‘Plysjes! Tochst dot ik dêr bang fon vji!’
‘Do bist oerol bang fon. Bang fon vurk fwarol.’
‘Och teef, hôr dyn snút!’
‘Ja, dot vólst neat heare, hen? Mwaans lang óp de hûûd leze, en dais vot ómstippe. En myn sinten fersûppe.’
‘Dyn sinten!’
| |
| |
‘Ja, myn sinten!’
‘Och mins, ik krij doch sels sinten?’
‘Dot skaintsje fon de bijstôn! Ken vij krekt twa dagen ton yte. Os ik myn vurkhúzzen net hji...’
‘Krekt os bringsto dur san soat yn!’
‘Mear os do, teminsten.’
‘Oja?’
‘Ja, sa sit dot.’
‘Och mins, vot ken mij dot jild skele.’
‘Nee, ómdotst ut net hûgst te fertsjinjen. Dêróm ken ut dij neat skele. Osto dur olle dagen fwar yn ut spier mûst, don sûst vól oas piipje.’
‘Ik ha genôch beolege yn myn libben. Ik vji mai tretjen ier ol bij un baas.’
‘No en? Hû ôd vji ik? En ik verk noch!’
‘Vot ôstofje!’
‘Diest dot mar us! Diesto mar us vot yn de hûûs. Don vji ik teminsten us un kear klear os ik túskwaam. Mar no ken ik tús ek noch us un kear oan de góng. Bist noch te beroed óm jerappels te skylen.’
‘Frôljesvurk!’
‘Ja, frôljesvurk bist te beroed ta, en kearelsvurk bist te beroed ta. Do vólst neat! Do bist stjónkende lui!’
‘Vêrfwar sil ik verke? Fwar san dwail, san sloerje?’
‘Dot hat dur neat mai noareg. Dêr gjit ut net óm. Do matst dyn luie hûûd us brûkke. Gón nai ut bero. Freegje óm vurk.’
‘Ik ston ómmes ynskreon.’
‘Ik ston ynskreon! Stumper! Mienst dot se dij ut vurk yn de skutte smyte? Do matst dur achteroan. Olle dagen durhinne, don jaue se dij vól vurk.’
‘Olle dagen durhinne! Se sjugge mij oankómmen!’
‘Ja, se sjugge dij oankómmen, en se jaue dij óp ut lêst vól vurk, óm fon dij ô te kómmen.’
‘Dur is giniens vurk.’
‘Gekkepraat! Hû sû dur no gin vurk vêze? Elkenien arbaidet.’
‘Eling ek net.’
‘Eling! Don neamst ek de grutste óngelók óp dytst fyne kenst!’
‘No ja.’
‘Vot no ja? Matsto dij mai Eling fergelykje? Elkenien yn de strjitte hat
| |
| |
fjidder vurk. Mar do net.’
‘Dy kenne un fak.’
‘Do hjist ek vól un fak leare kennen. Mar vjist dur te beroed ta. Ljest de kontsjes durô rinne. Hast kônsen genôch hôn, mar do vûst net. Hji ik mar nai ús mem harke. Dy hji dij dû vól sketten. Mar ik sêg ut net. Stómmeling dot ik vest ha!’
‘Jim mem! Dy ôd racheldóbbe!’
‘Hôr dij stil oer ús mem!’
‘Va begint oer jim mem? Do beginst oer jim mem.’
‘Ut is myn mem, ik mai duroer prate.’
‘Bliid dot ut myn mem net is. San teef!’
‘En dyn mem don! Vji dy better? Dy sykleke sangerpot? Oltyt siik en nóit dea. Se sû tryteg ier lyn ol deagean, en no libbet se noch. Net dea te krijen!’
‘Vot se ollegjer oan ús dien hat, dot is dij fergetten, hen?’
‘Vot se oan ús dien hat! Leave stumper, se hat niks oan us dien. Oan dij hat se vot dien, ferdómd noch ta. Se sjaude dij de dingen ta, yn ús trauen noch, krekt of swarge ik dur net fwar. Se hat dij oltyten ferpópke.’
‘Ús mem hat oltyten klearstien, os dur vot vji. Óp jim mem hûgden vij net te rekkenjen.’
‘Ús mem venne fjistefier ô. Dot vitsto lykegoed os ik. En ús mem hji mear bên. Mar jim mem hji mar ien jónkje, en dot vjisto, en se hat dij tróch ende ver tróch bedoan.’
‘Do bist oergunsteg, ómdotst san mem net hôn hast!’
‘San mem hji ik net graag ha vóllen. Harrejasses! San krytereg viif dot oltyt klage en kliemde. Oltyt siik, oltyt kwaaltsjes. Do bist ómmes krektsa vurren. Ek oltyten gammel en neat kenne, en jir lêst en dêr lêst. Mar dokter hat noch nóit vot fyne kennen. Kleare ynbeelding. Te beroed óm te verken, dot is ut en oas neat!’
‘Do mûst mar us havve vot ik ha, don sûst vól oas piipje.’
‘Hast mij óit piipjen heard? Ik sit net te janken. Ik set de tósken vól ópenwar.’
‘Ik vû dot ik dij nóit sjoen hji.’
‘Matst mij naiprate. Kenst sels neat betinke?’
‘Och, hoer, hôr dyn snút!’
Hij rûûp de juffer óm un gleske bier. Hij helle de fwótten fon de stoel en gyng rjóchtóp sitten. Ut minske sêg ver nai him, fernóm ur. Se hji fwarhinne
| |
| |
net óntsjep vest. Hij stiik un sygret oan. De kearel krontlies ver, of diig ot ur lies. Ut vji net un type óm te krontlêzen. Un tillefyzjesjugger en swetser, mar net un lêzder. Meskyn kû ur net iens lêze. Lytse bên vûnnen ek oltyt lêze, óm greot te lykjen. Se viizden dingen oan en preuvelen vot. Hauden de kronte óp de kop. Hij vji meskyn analfabeet. Kû ek net skrjowe sai dot mins. Dêr vji ut bier ol. ‘Tanke,’ sai ur. Ut fanke sai niks. Dur vji ut iûûd fon un auto óp ut parkearterain. De mon jûûg tefólle gos. Hij vû meskyn fersichteg tusken de gotten en bulten tróch. Hij smookte de sygret óp. Dur kwaam ginien de feronda óp. Eane achter yn ut gebau gyng un doar. Ut fanke gyng nai ut keukentsje ta. Meskyn brocht ien vot. Hji ut un frachtauto vest? Ut lûûd fon de moter lyke net óp un frachtauto. Of un lichten. Dot kû fonsels vól. Un bestelauto, dot kû ut ol vest ha. Un VW-bestel mai dwaskes kroketten of frykondellen. Dot kû vól. Mar óp snain kwamen se oas net, sû mun seze. Meskyn hjinnen se ut fon de vyke net oan tiid hôn. Safólle vaar jir oas net ópfretten, dot se óp snain noch us kómme mûsten. Meskyn vji ut vól kunde fon har. Har freon? Vêróm sû dy kómme os se noch lang net klear vji? Hij kû doch skilje. Dur mûst tillefoan vêze. Meskyn vji ut de baas dyt de boel tróch de kónt sjen vû. Mar vêróm kwaam ur dur don net yn?
‘Ik vól fwót,’ sai ut minske.
‘Gón do mar fwót,’ sai de kearel.
‘Vûst mij dot ain rinne litte?’
‘Bist sa flink net? Do kenst dij sa goed rêde!’
‘Jau mij de beos don, don nim ik un taksje.’
‘Un taksje! Velja, ut ken net óp!’
‘Oas fersûpsto ut doch.’
‘Och viif, hû kryst ut yn de kop!’
‘Drink dyn bier óp en rekkenje ô.’
‘Drjo net sa! Ut sit jir goed.’
‘Ik vól jirvai. Vot sil mun jir langer?’
‘Vot silst tús?’
‘Dot sjug ik vól.’
‘Noot Jon fwót is, no fynst dur jir neat mear oan, hen?’
‘Jon hat dur neat mai noareg.’
‘Onee?’
‘Nee. Vot sû Jon dur mai noareg ha?’
‘Olles!’
‘Velnee, hû kryst ut yn de kop.’
| |
| |
‘Do tinkst dot ik gek bin!’
‘No, gek, dot vit ik net. Mar dyn ferstôn hast mar amper.’
‘Do tinkst dot ik neat yn de gaten ha.’
‘Vot sûsto yn de gaten ha. Do mûst us yn de gaten ha dotst us un kearel útmaitsje mûst. Dot mûsto yn de gaten ha.’
‘Minske, dêr gjit ut helendol net oer.’
‘Onee? Gjit ut dêr net oer? No, dêr ha ik ut tafolleg òl oer.’
‘Och do! Do sangerst ol jirren oer utselde tróch. Betink us vot oas.’
‘Dut is no ienkear ut belangrykste. Dotsto sa stjónkende lui bist.’
‘Better lui os smwarg.’
‘Smwarg? Matsto noareg seze. Hast dij joet net iens vósken.’
‘Dot bedoel ik net.’
‘Dot bedoel ik ol!’
‘Do bist smwarg.’
‘Soa.’
‘Ja. Do tinkst dot ik de êgen fól strónt ha.’
‘Skjin bist teminsten net!’
‘Hôr dyn bek, mins! Harkje nai mij!’
‘Vêróm sil ik nai dij harkje? Dot ha ik ol fjistelang dien. Hji ik mar nóit nai dij harke, don hji ik net yn dusse elinde sitten.’
‘Minske, sangerje net sa tróch! Praat us besteklek.’
‘Besteklek, sait ur! Hast un nij vud leard?’
‘Och goare teef! Kenst ut net litte, hen? Do matst mij oltyten ut bloed ûnder de nailen vaihelje. Mar do matst net miene dotst mij fwarbij kenst, ik ha olles vól sjoen!’
‘No, mooi. Don hasto olles sjoen. Dot is fijn fwar dij. Vot ha ik dêr mai noareg?’
‘Nee, sa kenst dij dur net ômaitsje! Dot sûst vól vólle!’
‘Och kearel, hôr óp fon jeuzeljen! Rekkenje ô, don kenne vij fwót.’
‘Dot fanke is dur ómmes net iens.’
‘Róp har don!’
‘Vêróm? Ut sit jir goed. Ik sit jir teminsten goed. Niis siesto jir ek goed. Dût Jon jir noch vji. Vêróm bist net mai Jon fwótgien?’
‘Don hji ik no teminsten tús vest.’
‘Ja, en óp bêd.’
‘Och, do ôd gek!’
‘O, no vurt ut mooi! Ik un ôd gek! En jimme don?’
| |
| |
‘Va jimme?’
‘Do en Jon.’
‘Ik en Jon?’
‘Ja, do en Jon.’
‘Vot is dur mai Jon en mij?’
‘Durómhinne helje, hen? Do tinkst dot ik neat sjoen ha.’
‘Godskes kearel, vot hasto don sjoen?’
‘Dot ur bij dij siet.’
‘Dot ur bij mij siet. Ja! Hij hat jir vól un oere naist mij sitten. Is dot sa besónder?’
‘Dot bedoel ik net.’
‘Nee, do bedoelst neat. Do bist te stóm óm te praten. Kenst net iens út de vudden kómmen, stumper. Kenst olinneg mar sûppe en frette, oas kenst de mwólle neane ta brûkke.’
‘Ja, duroerhinne prate, lykos oltyt. Mienst oltyten dotst mij mai vudden ferslaan kenst. Dot hast oltyt dien. Do luist dur oltyt vól un kónt oan. Do hast mij oltyten bedóndere! Mar duskear retst ut net! Ik ha olles sjoen!’
‘Fijn fwar dij, jóng!’
‘Ja, hoer. Ik vit no dotst un hoer bist.’
‘Mooi sa, don hast no dyn sin. Matst mar goed lûûd róppe, don ken elkenien ut heare.’
‘Vot ken ut mij ferdómme. Ut is myn skonde net. Ut is dyn skonde. Dotsto san dwail bist. Do sjenearst dij neane fwar.’
‘Mooi, don ha vij dot ôpraat. Don hasto dyn sin. Sille vij no mar fwót. Of vûst noch mear skelle?’
‘Ik skel net. Ik hûg net te skellen. Ik sees gevoan de vjirhyd. Dot is ol slim genôch.’
‘Do matst mar fwar de tillefyzje te defteg praten. Do praatst os un gelearde!’
‘Ik ha teminsten mear ferstôn os do. En mear fetsoen.’
‘Fetsoen, sait ur! Sels óp de luie soademyter leze en de frau beolegje litte, dot neamt ur fetsoen! Lit mij asjeblyft net laitsje! Och god, dot ik mai san kearel traud bin!’
‘Mar ik vit vêrt ik stean mat.’
‘Vêrst leze matst, silst bedoele. Óp bêd, dêr bist ut ljest.’
‘Och goar kreng, mun sû dij fergrieme! Mar ik vól de honnen net oan dij smwarg maitsje.’
‘Gón dyn góng mar jer! Don ken ik dij teminsten óppakke litte.’
| |
| |
‘Ik ken dij jedder óppakke litte.’
‘Mij óppakke? No vurt ut noch mwaier!’
‘Ja, fwar ónseedlek gedrag.’
‘Ónseedlek gedrag, dûmny! Tsjóngejóngejónge. Hû krije vij ut yn de kop! Hast dot yn de bibel lêzen, dûnmy!’
‘Ik ha him vól sjoen, vot hij diig.’
‘Soa, hat dûmny ut vól sjoen?’
‘Hij siet dêr te frymeljen, hen?’
‘Va siet vot te frymeljen?’
‘Jon niis, bij dij. Ûnder de tafel!’
‘Och hearegod, vot hellest dij no ver yn de kop!’
‘Neat yn de kop helje. Ut is de vjirhyd! Hij siet dêr mai de hôn.’
‘Mûst dy stumper don sónder hôn sitte?’
‘Besykje mar net óm ut mai de gek te beslaan. Dot retst duskear net! Ik vit vól goed vot ik sjoen ha!’
‘Spoken hast sjoen. Oas neat. Do sjugst oltyt spoken.’
‘Neat gin spoken! Jon syn hôn. Hij siet ûnder dyn rôk.’
‘Och heden! Matsto noch smwarg praat útslaan? Hû ôd bisto vinlek? Lykest vól un lyts bên!’
‘Vûst seze dot ik liig?’
‘Oer sóks praat ik net iens. Kóm no.’
‘Nee, do praatst dur net oer. Do dógst ut ljevver. Do tochst dot ik neat murk, mar ik hji ut vól yn de gaten. Ik sêg syn hôn dêr vól, en de billen un ain bleat.’
‘Sjugst vól, no lygst ver! Dot kûsto nóit sjen. Of kensto dwas tróch de tafel hinne sjen?’
‘Mar no ferpraatst dij raar! Do jaust ut dus ta, dot ut sa vji?’
‘Ik jau neat ta, en ik ferpraat mij helendol net.’
‘Dus, do vûst seze dot ur net oan dij siet?’
‘Hôr óp mai dot smwarg praat. Kûst vól yn dyn bênskens kómme.’
‘Durómhinne prate, hen?’
‘Rekkenje ô, don ken vij nai hûûs ta gean.’
‘Ik sit jir bêst.’
‘Do tinkst olinneg oan dijsels. Dot hat oltyt ol sa vest.’
‘Do tinkst oltyt oan vot oas. Vitst vól vêrsto oltyt oan tinkst? Mat ik ut seze?’
‘Hôr dyn snút.’
‘Vólst ut ljevver net heare. Mij ek goed. Mar ik vit ut doch vól. Do hast
| |
| |
oltyt ol un dwail vest. Os jóngfanke giest ol mai elkenien.’
‘Vot sûsto dêr fon vitte?’
‘Dot haf ik faak genôch heard, fon mear os ien kônt. Do dwailest mai olle kearels óm. Os famke ol.’
‘Vot fijn net, óm sók goar praat út te slaan.’
‘De vjirhyd vólst net heare. Mienst dotst un hele dame bist. Goare hoer! Mai fjitjen slûg se ol mai olle kearels óm. Lai sels mai har aigen hait óp bêd!’
‘Dot lygsto!’
‘Oja? Liig ik dot? Jim Teunes hat ut mij sels ferteld.’
‘Dot lygst, smwarge goarbek! Teunes vji dû noch mar un jónkje fon un ier of fiif.’
‘Tochst don dot dy gin êgen yn de kop hjinnen? Nee, dame, do hûgst mij neat viis te maitsjen. Dût vij trauden hjisto ol heel vot achter de rêg. Ik vji dyn easte net.’
‘Dot haf ik ek nóit sain.’
‘En de tsiende ek net, en de twintegste ek net. Dêróm ha vij ek nóit bên krygen!’
‘Vot hat dot dur no mai te maitsjen?’
‘Do vjist ol lang fernield dûst traudest. Hûfaak hasto nai dokter vest óm san akkefytsje?’
‘Vot akkefytsje? Vot bedoelsto?’
‘Do begrypst mij skoan. Hûfaak hasto ûnder ut mes vest, ost ver us mai jóng siest?’
‘Vot bisto un smwarg stik fretten, net? Ik hji ollang bij dij vai gean matten!’
‘Dóg ut mar. Ik sil dij net tsjinhôre. Ik ha gin belang bij dij.’
‘Nee, bij mij net, dot vit ik vól. Bij myn sinten!’
‘Dy goare sinten fon dij! Dy vól ik net iens ha. Hû fertsjinnest dy vinlek? Óp de rêg?’
‘Do kûst vól siik yn de hólle vêze, kearel! Do hast olinneg mar smwarg praat. Se kûnnen dij better yn un gesticht trjowe.’
‘Mij monkjerret neat. Ik sees oas neat os de vjirhyd. En ik vit ek vól hût ik mij hôre en drage mat.’
‘Ja, dot hear ik, smwarg praat útslaan.’
‘Yn un kefee sitte te smearlapjen mai un oare kearel! Skammest dij net? Tochst dot ik neat yn de gaten hji? Ik kû ut ómmes oan dyn kop vól sjen. Vaarst helendol read óm dyn kóp. En do kûst net iens mear drinke. Siest gevoan klear te kómmen, ôde dwail dyst bist. Sa bist os lyts famke begón.
| |
| |
Olle kearels oan dij fiele litte, en sa bist no noch. Vot ôder vot gekker! De brûk baant dij oan de kónt. Gaile stjónket. Midden yn un kefee. Do jaust neane óm! Do hast gin skamtegefoel.’
‘Ik gean moan nai un atfokaat. Don fertel ik olles votsto sain hast, don sille vij vól us ver sjen.’
‘Dy kearel gniist dij fjauerkont út! Dy sjugt fwót vól votfwar flais ot ur yn de kûppe hat.’
‘Skel do mar mooi tróch, jóng. Ik ómthôr olles vól, en skielek kryst ut vól óp dyn brea! Don kenst dij mar ferontvudzje!’
‘Tochst dot ik bang vji fwar san kearel? Och minske, ik ha vól fwar hyter fjoer stien.’
Ut famke kwaam ver fon achteren ô. Se lai dingen te plak en gyng óp un kruk sitten. Se hji un bûkje yn de honnen. Un slop dinkje. Se tearde ut dûbbeld en lies. San frôljesbûkje fonsels. Oer frijerij yn un sykenhús, sóks liezen dy frôlje.
‘Gleske bier, juffer!’ sai de kearel.
‘Rotsak!’ sai ut minske. En dû tsjin ut famke: ‘En ik un sherry, en don vólle vij ôrekkenje.’
Ut famke lies noch un pear rigels en lai ut bûkje dû óp de kop del. Se haude un glês ûnder de kraan. Don geat se un snjit sherry yn un glês. Se kryge ut bûkje ver óp. De kearel skode de stoel achterút en kwaam oerain. Ut hûntsje vaar út de sliep skwórd en kefte. De kearel skópte nai ut beest. Hij gyng nai ut twalet.
‘Lit dy hûn gevurre, rotsak!’ sai ut mins. Se helle ut beest oan, prate súnneg tsjin him: ‘Bêste hûn, bêste Polly. Jajaja, hij is frau har hûntsje, no? Hij is frau har hûnnepûn. No, stil mar. Ja, ssst! Bêste hûn, javis! Hij is frau har bêste hûn ómmes. Mooi ô! Mooi sitten gean. Tû no! Tink óm frau har hwazen! Ja, baas mai him net skóppe, no? Nee jer, kóm mar bij frau! Frau post vól óp him. Na, tû, net slikje! Dot mai Polly net dwan. Nee, dot vit Polly vól, net slikje. Mooi sitte. Mooi. Ja, hij vit ut ómmes vól.’
Ut famke brocht de bestelling. Se lai un brjifke óp de tafel del.
‘Myn mon hat de beos. Os jo even vachtsje vólle?’
Ut famke bljode mai un nwatsk gesicht stean. Se sai ja noch nee. Ut frómmes tyspele ûnder de tafel mai de hûn óm. ‘Nee, no mooi ô gean. Jau dij del!’
De kearel kwaam ver binnen. Hij vôde mai syn krûmme knibbels nai de tafel ta. Hij gyng sitten, kryge ut brjifke óp. ‘Soa, tólve gûnne.’ Hij lûûk de beos út de bwósse en lai un brjifke en un muntstik del. ‘Sa mar.’
| |
| |
‘Tanke,’ sai se.
‘Tólve gûnne,’ sai de kearel. ‘Ja, ja, do hast ver heel vot ópsopen. Djoere sherry sûppe! Ut ken net óp!’
‘Ik ha minder hôn os do.’
‘Ja, mar dynent is de helt djoerder. Ik drink gwódkeap. Ik vit vot ut lije ken. Mar do drinkst os hjinnen vij jild bij de fleet.’
‘Hôr óp fon sangerjen! do ferdónderjagest fólle mear jild os ik, mai dy ferrekte auto, en dyn toto.’
‘Ja, mar dot smyt ek noch vól us vot óp! En dot ferjitst don mar even!’
‘Ienkear fiifentwinteg gûnne! En hûfólle jild hast duroan ferskyten? Ja, stil mar, bêste hûn. Net slikje.’
‘Fiifentwinteg gûnne, no, dêr kensto heel vot fon sûppe! Vot sitsto dêr mai dy hûn?’
‘Na, tû, net dwan. Mooi sitten gean. Ja, frau vit ut ómmes vól. Hij is bêste Polly, ja jer!’
‘Sit mai de hûn te praten! Kû ferdómme har ferstôn vól net ha. Hôr óp mins! Aansent bringe se dij nai ut gekkehûûs.’
‘Bêste hûn, ja jer. Lit baas mar kletse, jer. Baas begrypt dur neat fon. Velnee! Baas hat syn ferstôn net iens. Frau en Polly vitte ut vól, hen? Ja jer! Kóm mar. Net slikje! Bêst beestke.’
‘Mins, do bist gek!’ sai de kearel. Hij sette ut glês oan de mwólle en drónk. Ut minske nipte ek fon har sherry. ‘Vêr bemwóist dij mai?’ sai se. ‘Ik ha ut net tsjin dij. Ik praat mai dot beest. Vot hast durmai noareg.’
‘Va praat no tsjin un beest! Don mat je vól mooi gek vêze!’
‘Baas begrypt dur neat fon, no? A jónge nee! Baas is un grutte stómkop! Dy ken olinne mar sûppe en swetse. Dy stómme óngelók. Bljo hij mar mooi bij frau.’
De kearel syn poat skeat ynienen ûnder de tafel tróch. De hûn jankte. Ut mins pakte har glês sherry dot vippele.
‘Óngelók!’ rûûp se. ‘Smwarge rotsak! Hûgst dot beest net te skóppen. Hôr dyn poaten tús! Sykje dyn gelykens, lamstraal! Do, mai dyn óngelókkege hûûd. Matst us tsjin un kearel beginne, mar dot dwarst net, grutte skytsek.’
‘Dy rothûn fon dij! Do mai dyn rothûn. Ik vû dot jim baide dea vjinnen.’
‘Vjisto east mar dea, don hjinnen vij rêst!’
‘Ôde ydyoat mai un hûn. Praat dur tsjin os vji ut un bên. Ómdotst nóit bên hôn hast fonsels, dêróm mient se dot dut har bên is. Ôde gek! Ut rint dij tróch, ju!’
‘Hij is leave hûn, jer. Baas mat syn rotpoaten túshôre. Ja jer, dot sait
| |
| |
frau ek. Meskyn gjit baas vól gau dea, hen? Don hat hij gin lêst mear fon dy rotbaas. Kryt ur oltyt lekkere hapkes fon frau. Ja, ómmes, ja hij is póp!’
‘Godnochta! Ut is har yn de plosse slain! Hearegod! Dot mins is knettergek. Ik mai dij aansent vól nai ut gesticht bringe. En don knoop ik dy hûn óp.’
‘Dot silst vól litte!’
‘Ik maitsje dy rothûn dea. Ik smoar him.’
‘Och jónge, hôr óp fon swetsen.’
‘Don kenst janke, os dy rothûn dea is.’
‘Oja, vot sil ik janke!’
‘Tinkst dot ik net dwar, hen?’
‘Och jónge javól, do bist san held! Tsjin san hûntsje dwarst vól.’
‘Kóm jir, rothûn!’ Hij pakte de rym beet. Hij lûûk de hûn nai him ta. ‘Jir do! Ik smoar dot kreng.’
‘Lit dot beest gevurre, grutte blost!’
‘Ik smoar him daleks. Do tinkst dot ik net dwar, hen? Do tinkst dot ik ut net dóg, mar ik dóg ut ol!’
‘No jónge, dóg dot don! En seor net sa! Klwatsek!’
‘O, dus ut ken dij neat skele?’ Hij sette ut beest un skûûg óp de nekke en lûûk oan de rym. Ut hûntsje smûûgde. ‘Ut ken dij neat skele, hen?’
‘Ai jónge nee, vot ken ut mij skele, votsto útheefst.’
‘Don kenst janke, os ur dea is.’
‘Stumper!’
De kearel lûûk fûûl oan de rym. ‘Ik maitsje him kôd, dy rothûn! Dy póp fon dij. Goare ôde teef! Ik smoar dot rotkreng.’
‘Do smoarst mar un ain vai,’ sai ut mins. Se drónk har sherry óp en sêg ta ut rút út. ‘Sille vij no mar fwót?’
‘Ik maitsje him dea, begrypst vól? Kroandea!’
‘Ik vur stróntsiik fon dij! Fon dyn stóm geswets. Hji ik dij mar nóit sjoen! Godskes, vot un stómme óngelók bisto. Se hjinnen dij fwót bij de bette fersûppe matten.’
De kearel liet de rym los en sêg ûnder de tafel. ‘Hij is dea,’ sai ur. ‘Hast no dyn sin? Hij is dea.’
Ut minske sai niks veróm. Se kryge ut toske, dot oan de bekling fon de stoel hóng. Se diig ut iepen, rómmele duryn, diig ut ver ticht en sette ut óp de skutte, de honnen durómhinne. ‘Bist klear?’ frege se.
‘Hij is dea,’ sai de kearel. ‘Hast ut vól heard? Hij is kroandea. Sjug mar us. Dwarst net te sjen, hen?’
| |
| |
‘Ik frege otst klear vjist.’
‘No goed,’ sai ur. ‘Ljo ut don mar net. Sels mar vitte. Mij ek goed, jer. De dame vit ut ver better!’ Hij gyng oerain en skode syn stoel oan. ‘Ik bin klear jer!’
Ut minske gyng stean. Se sêg ûnder de tafel, se bûûgde har. Se kwaam ver oerain en rón óp him ta. Se slûg him mai ut toske yn de snút. ‘Do goare dúvel. Do hast ut vól dien. Akeleke goare sadist!’ Se kearde har óm en rón de doar út. De kearel aaide oer syn vang, hij sêg skean nai de juffer, en rón achter syn frau oan. De doar slûg ticht.
‘Vot vji dur te rêden?’ frege ut famke.
‘Ik vit net,’ sai ur. ‘Mai ik noch un gleske bier?’
Se tape ut yn en gyng ver sitten te lêzen. De hun lai oer de syde. De tónge kwaam him un ain ta de bek út. Hij stiik un sygret oan. Hij sû har freegje kenne aanst. Dur vjinnen no gin klonten mear. Mar se sû jir doch vól oan sais oere ta bljowe matte. Of sû se slútte maie os dur ginien mear vji? Dur vji net fólle kôns dot ut noch drók vaar, dêrfwar vji ut no ol te let. Jelve fjaueren. Ja, ut kû fonsels, os dur un plûg fon ut strôn veróm kwaam. Mar sókken gyngen nai hûûs. Of meskyn stiken gwódden jir doch vól hinne. Sókken dyt yn de stêd vennen en ut noch vól even oan tiid hjinnen. Mar mun mûst ek ol vitte dot ut jir stie. Of vji dur un boed oan ut begin fon de dyk jirhinne? Nee, him tocht fon net, hij hji neat sjoen. Ek net óp let fonsels. Mar dot mûst ek net, mun mûst dur net óm hûgge te sykjen, un reklameboed mûst yn ut êg fôle, oas hji ut gin sin. Os mun duróm sykje mûst, dot vji neat gedaan fonsels, don kû ut dur lykegoed net stean.
Ut famke brocht ut glês bier. Se sette ut fwar him del. ‘Asjeblyft,’ sai se. Tsjónge, dot vji fwar ut east.
‘Tanke,’ sai ur.
Se rón fwót, mar bljode dû stean. Se kearde har ver nai him ta. ‘Dy hûn lait dur noch,’ sai se. ‘Dy mat durvai.’
Hij sai neat.
‘Ik vól dy hûn jir net ha! Vot mat ik mai dy hûn jir?’ Se rón de doar út. Se stie óp de feronde te êgjen. Se kwaam ver binnen. ‘Se binne ol fwót. Vot mat ik mai dot rotbeest?’
Hij drónk syn bier. Se lûûk de stoel oan vêrt de rym oan fêst siet. De rym sponde. De kop fon ut beest ferskode un aintsje. ‘Jasses!’ sai se. ‘Dot ding is dea!’
‘Oja?’ sai ur.
Se gyng naist him stean. ‘Jasses! Un deade hûn!’
| |
| |
‘Maitsje dij net sa oerstjoer.’
‘Vot matte vij dêr no mai? Dy lju binne gevoan fwót gien. Dy krengen!’
‘Ik vit net votst dur mai matst,’ sai ur.
‘Se visten vól dot ur dea vji. Se ha him gevoan leze litten. Vot mat ik no?’
‘Krij him durvai,’ sai ur.
‘Ik kóm dur net oan! Jasses! Un dea beest! Vólle jo him durvai krije?’
‘Javól,’ sai ur. ‘Vêr mat ur hinne?’
‘Bwóttendoar. Smyt him mar eane del.’
Hij makke de rym los fon de stoelpoat en sleepte de hûn achter him oan nai bwótten ta. Hij bljode stean. Ut vji noch near, noch neat minder os strak, en dur stie net un sucht vyn. Fon fierô kwamen de lûden fon see. Dur klónken fladden mesyk. Hij pakte de hûn bij de holsbôn en sjaude him achter ut gebau. Hij sêg óm him hinne nai un stik ark. Dur vji neat. Hij pakte un planke bij de mwórre vai en begón un sleuf yn ut losse sôn te dóllen. Ut vû net bêst, mar ut hûgde ek net djip, ut vji mar un hûntsje. Hij diig de jos út en hóng him oer un pjeltsje. Se stie tróch ut rút yn de achterdoar nai him te sjen. Se hji un heel oar kopke hôn, dût se nai de hûn sêg niis. Fólle leaver vinlek. Hij vrótte tróch oant de sleuf djip genôch vji. Hij kryge de hûn bij de holsbôn en flijde him yn de kûlle. Ut vjinnen môle beesten, pûddels, dur siet gin mwaiens oan. Dur siet un blikje oan de holsbôn. Dur stienen syfers óp en un vud. Hij vist net vot ut betsjutte. Hij skode mai de planke ut sôn oer de hûn hinne. Hij lai vinlek noch te óndjip. Hij skode ut lêste útgrûven sôn duroerhinne en plotte ut heuveltsje mai de planke. Ut jûûg niks. Hij sette de planke ver tsjin de mwórre oan. Dur stie un steapeltsje stjinnen. Hij sjaude se nai ut heuveltsje en flwórre se duroerhinne. Ut sû maidertiid vól sakje. Hij hekke mai de pink ut joske fon de peal en rón óp de doar ta. Se diig de doar fwar him óp. Hij stiik har de jos ta. Se nóm him oan en draaide de kraan fwar him iepen. Hij honvósk. Se jûûg him un hondûk. Hij drûgge de honnen ô en lûûk de jos ver oan.
‘Betanke,’ sai se. ‘Vólst un gleske bier?’
Hij lai un hôn óp har skauder en streake mai de viisfinger har hols. ‘Bisto bang fon deade hûnnen?’ frege ur.
Se kryge syn hôn durvai. ‘Net dwan,’ sai se. Se rón fwar him út nai de seal ta. Se haude un glês ûnder de kraan en vipte de kraan óp en ta. Se sette ut glês del en bljode stean. Hij gyng deun achter har stean. Hij lai syn honnen óp har heupen. Hij liet de honnen heel sacht óp en del glide. Se hji un glêd brûkje oan. ‘Dóg dot net,’ sai se, ‘Ut hat gin sin.’
| |
| |
Hij diig krekt oasóm. Hij liet syn honnen oer har hele lichem gean. Hij kneep sacht yn har rûnne bwasten en fielde yn har ljisken en oan har kónt. Se skónk ut glês bij.
‘Ost dur no even vaigjist, don sil ik ut óp dyn tafel sette.’
Hij diig un stap achterút, en bljode dêr stean vylst se ut bier óp tafel sette en verómkwaam. ‘Vot is dur noch?’ frege se. ‘Veróm stjist dêr?’
‘Do bist mooi,’ sai ur. ‘Ik fyn dij un ferrekt mooi famke.’
Se helle de skauders óp. ‘Drink dyn bier no mar óp.’
Hij bljode stean vêrt ur stie.
‘Echt vier net,’ sai se. ‘Ut hat gin sin.’
Hij gyng bij de tafel sitten en stiik un sygret oan. Vot vji dur mai har?
Meskyn hji se gevoan gin nócht oan him. Of óp dut stuit net, ut vji varem. En gwódden vûnnen midden óp de dai nóit, dy kûnnen olinneg naks mar. Hij drónk syn bier en lai de fwótten ver óp un stoel. Hij mûst aansent mar us óp ut strôn sjen. Se vû doch net. Ut hji gin sin óm oant sais oere ta óp har te vachtsjen. Typstra. Se siet ol ver te lêzen. Vot lies se? San leafdesbûkje doch, tink. Don hji se dur doch vól areghyd oan, yn ut olgemeen. Meskyn dwast se net. Of se hji un skarrel en se vû dur neat tuskentróch.
‘Is ut jir vól us drók?’ frege ur.
‘Nee,’ sai se. ‘Selden of nóit.’
‘Matst oan sais oere ta? Of jûn ek noch?’
‘Jûn bin ik frij,’ sai se. ‘Mar net fwar dij.’
‘Dot freegje ik net.’
‘Dot bedoelst ol.’
‘Ja,’ sai ur. ‘Ik fyn dij areg.’
‘Ut is jim ollegjer óm utselde te dwan.’
‘Vot is dur óp tsjin?’
‘Neat’.
‘No don?’
‘Do hast un gleske bier hôn,’ sai se. ‘Is dot net genôch? Oas kenst noch vól ien krije.’
‘Ik ken myn bier vól betelje.’
‘Un frau net?’
‘Javól, mar dêr is net fólle oan.’
‘Tochst dot dur mai mij vól vot oan vji?’
‘Ja,’ sei ur.
‘Ut sû dij smwarg ôfôle.’
‘Vêróm?’
| |
| |
‘Vólst noch un gleske bier?’
‘Nee,’ sai ur.
Se skónk un glês bier yn en sette ut óp de bar. ‘Un healen,’ sai se. ‘Fwar dy hûn. En don matst óphôre fon seoren.’
Hij drónk ut glês leeg dot ur noch hji te stean. Ut vji har grif mienens. Ut vji sónde. Se vji dur fwar makke. Se vist net vot se diig, dy gek.
‘Hast ferkearing?’ frege ur.
‘Nee,’ sai se.
‘Bist lesbysk?’
‘Hôr óp fon seoren.’
Hij gyng óp un barkruk sitten. Hij nóm un swólg bier.
‘Ik vól ut vitte,’ sai ur.
‘Dur is neat te vitten,’ sai se. ‘Do vitst olles ol. Ik ha nee sain. Dot is olles.’
‘Ut is net genôch,’ sai ur.
‘Do vitst net votst vitte vólst.’
‘Nee,’ sai ur, ‘Dêróm vól ik ut vitte. Os ik ut vist, hûgde ik ut net mear vitte te vóllen.’
‘Sjugst no vól,’ sai se.
‘Mar ik vit ut net.’
‘Is ek mar better.’
Hij sette ut glês del en rón óm de bar hinne nai har ta. Hij kryge har ut bûkje út de honnen en lûûk har fon de kruk vêrt se óp siet. ‘Ik vól ut vitte,’ sai ur. Hij liet syn honnen oer har lea gean. Olles fielde geveldeg. Hij kryge ferskriklek sin oan har. Se makke har fon him los en rón nai de keuken ta tróch ut miggedyn. Hij kwaam har achternai.
‘Bljo dêr stean,’ sai se.
Se makke un rits los en strûpte yn ienkear de jurk oer de hólle. Se vji prachteg, un bytsje te mólleg, sat ur vól tocht hji, mar lykegoed! Se vipte de slutting fon har bh los. Har bwasten skómmelen, se hji heel lytse spienen. Hij kwaam óp har ta.
‘Honnen tús!’ vaskôge se.
Se strûpte har brûkje del. Hij griisde. Syn honnen liet ur sakje. Se lake raar. Se sai: ‘Dot ha de dokters dur noch fon makke. Dût ik óp de vrôd kwaam, hji ik niks. Mooi, hen?’
Hij sai neat. Hij stwarre nai ut vylde flais fon har ûnderliif. Ut vji fon olles vot, mar net vot dur sitte mûst.
‘Un mon sû him dur noch mai rêde kenne, is mij ferteld. Mar dur hat
| |
| |
noch nóit un kearel vest dyt dur belang bij hji. Do vól?’
Hij swijde.
‘Ik vist ut ómmes vól!’ sai se. Se lûûk de brûk ver ómheeg. Hij rón óp har ta, hij aaide har oer ut hier. Se flókte, se taaste achter har en pakte un lege flesse. Se slûg nai him. Har bwasten skómmelen hinne en ver. Dû begón se te gûlen.
Hij rón nai de seal ta en drónk syn bier óp. Hij stiik un sygret oan gyng óp un kruk sitten te vachtsjen. Ut dwórre noch ol un hwat jert se veróm kwaam. Ut vji net te sjen dot se gûûld hji. Mar se mijde ut óm him oan te sjen.
‘Vot bin ik yn de skuld?’ frege ur.
Se kryge syn kaatsje en rekkene. ‘Tretjen gûnne,’ sai se.
Hij lai ut jild fwar har del.
‘Oant sjen,’ sai ur. Se ontvudde net. Hij rón de doar út. Hij sêg tróch ut rút, se siet ol ver te lêzen.
Ut vji smoarhyt yn de auto. Hij diig ut rút óp. Hij swaaide de auto en jage de reed ô nai de strôndyk. Ut vji no meskyn vól minder drók. Hij sêg vól.
|
|