meigean. De kritikus mei net yn diskusje komme mei forhaelpersoanen en troch dizze mei de skriuwer. As Tiny Mulder yn har (foar it oare tige sympathyk en bigripend) bisprek skriuwt: ‘ik achtsje dat in yllúzje’, dan heart dat net ta de literêre krityk.
Hwat de kritikus hifkje moat, is, útsein it ambachtlike, de funksje fan de bylden, fan de ûnderdielen, fan it hiele forhael. Hy kin soks allinnich dwaen as hy de bidoeiing fan it forhael bigrypt. As Tineke Steenmeyer, Klaes Jansma en Trinus Riemersma fan it ienfâldige forhael ‘-273’ neat bigrepen hawwe, kinne hja net sizze oft de skriuwer it goed skreaun hat. De man is forstoarn. Yn it hjirneimels wurdt dúdlik hwat er syn hiele libben west hat: griis. Hy hat neat dien, neat goed, in bytsje kwea, hy hat net witten hwat leafde en haet is. In man yn it swart, hast noch ierdsk, hellet him op. Hy moat foar it Himelsk Gerjocht, in Ingel (‘wie it in man of in frou?’) komt mei it Boek, mar hy komt net yn de seal: net wichtich genôch, seponearre. Werom nei syn hokje -273, it abslute nulpunt, hy wie syn hiele libben in folsleine nul. - In learling fan 16 hat al leard sokke dingen to bigripen. Itselde jildt foar de oare forhalen, it is dúdlik to lêzen. Hwat bitsjut India, Bhûtaen, de faem út Bhûtaen? Hwat bitsjut Twilling? hwerom hat de skriuwer in twilling berne litten? ‘It earste lûd’ is krekt sa bard yn Frankryk; it is moai symboalysk. Ek it titelforhael ‘Sniejacht’ hat in bitsjutting, in komposysje mei funksjes fan alle ûnderdielen. As Riemersma it forhael sûnder ‘útwrydske mielen’ hawwe wol, docht bliken dat er fan de funksje fan dy mielen neat bigrepen hat. De parallely fan de petearen mei Linna en de U4nderfinings mei Afroza is him ek ûntgien. De ynhâld fan de petearen is net it wichtichste, mar de funksje derfan (ik haw der wol foar soarge dat se goed passe yn dy formiddens yn 1932). It docht bliken dat Riemersma, lykas de measte ‘kritisi’, net fierder komt as it oerflakkich forhaeltsje, en dan is fansels boerekoal, petat en neuken genôch.
Hwerom meije de forhalen net fier om utens spylje? Alles is folslein authentyk. Hwerom byg. soe ik myn Afrikaenske ûnderfinings net brûke yn ‘Twilling’? Mocht Malraux net oer Sjina skriuwe? Van Schendel net oer Itaelje, Couperus net oer Indonesia, Hemingway net oer Afrika en Spanje, James Joyce en Ezra Pound net oer Itaelje, Terborgh net oer Sjina, Mexico, Spanje? Moat it perfoarst yn Fryslân wêze en by útsûndering yn de Ardennen?
De hakke tsjin de skie is in Yoga-sit fan sa likernôch 4000 jier âld en hat mear as ien (seksuële) bitsjutting. Mei ‘manlike selsoerskatting’ hat dat neat to krijen, dat is wol it domste, binaudste provincialisme: hwat de boer net ken, dat fret er net. Sa net: wy hawwe yn ús kultuer wol lykweardige brûkmen: de frou dy't de lucht fan it bêd noch efkes rûke wol as de man al fuort is, de man dy't eat fan de frou yn de bûse docht om fan en ta oan to rûken. Soe Riemersma soks net witte?
Yn it twadde diel fan syn saneamd ‘bisprek’ docht er krekt itselde hwat er oaren op it brea lein hat, allinnich rûger en agressiver. Spitich.