Trotwaer. Jaargang 9
(1977)– [tijdschrift] Trotwaer– Auteursrechtelijk beschermd
[pagina 317]
| |
Ph. H. Breuker
| |
[pagina 318]
| |
ûntbrekken fan Kalma syn brieven nei de forlovingstiid. Neffens meidieling fan mefrou S. Schaap-Wiersma hat Kalma fuort nei har dea ‘in pak brieven mei in lintsje’ krigenGa naar eind4, dat by neifraech bliken die sa tsjûk to wêzen as in slúf, omheechset op syn brede side. Bûten de iene leafdesbrief dy't de skriuwster der úthâlden hie doe't se de oaren weromstjûrde (175, 34; 12/1/19), kin der yn dat pakje oars net sitten hawwe, soe men sizze, as dy lêstneamde brieven fan Kalma, hwant de oaren - dat is alles hwat der publisearre is yn de Briefwiksel - sil er al foar har dea hawn hawwe. It moat jin muoije dat de útjowster har net útlit oer de skiednis fan de brieven. Hja hie oars ek hwat sizze kinnen oer it ûntbrekken fan de brief fan Simke Kloosterman fan 6 april 1916, dêr't Kalma yn 1940 út sitearret en oer de list fan har wurk dy't hja him dat jiers stjûrdeGa naar eind5. Dy lêste koe wolris mei de tearen der noch yn biwarre wêze yn Hs. 1167, 9c op 'e P.B. Wol wurdt it biwarplak fan de brieven neamd, mar net krekt (VII). De formulearring fan har tank oan it F.L.M.D. foar de tastimming ta de útjefte hat foar de konservator grif oanlieding west en diel yn syn Jierforslach 1976 mei dat de útjefte forskine koe omt de Douwe Kalmastifting en de Simke Kloostermanstifting as rjochthawwende erfgenamten dêr it frij ta joegen.Ga naar eind6 Neist it fierhinne ûntbrekken fan in eigentlike briefwiksel wurdt it karakter fan de útjefte mei biskaet fan it greate tal fersen fan Kalma, dy't hy as in oare Perk foar har makke. Yn it tiidrek fan dy poëzij, dat is fan jannewaris 1917 oant novimber 1918, stjûrde of joech er har 57 fersen, op seis nei allegearre sonnetten en krekt likefolle brieven, as 't men de nûmer 44 en 79 dy't oars neat as fersen binne, net meirekkenet. Ek al dêrom leit 't swiertepunt fan de Briefwiksel yn de earste jierren, doe't der faker en langer brieven skreaun waerden. De helte fan de tekst is fan foar 1920 en dan binammen noch fan 1917 en 1918. De earste, net biwarre, brief hat fan har oan Kalma west, nei't se in saeklik bryfkaertsje fan him skreaun op 15 novimber 1915 oan har útjower Jongbloed om har adres en om tastimming ta oernimmen fan in fers út Ruth foar de net mei namme neamde blomlêzing It sjongende Fryslân, trochstjûrd krigen hie. Yn syn andert tanket er har foar de freonlike wurden oer de Jongfryske biweging - dy't ûnderwilens op 20 novimber oprjochte wie -, freget er om nij wurk foar de blomlêzing en ek nei har oardiel oer syn stikken yn de Ljouwerter Krante. It is sûnder har brief net út to meitsjen, hwa't op in briefwiksel oanstjûrd hat, mar it hat der wol fan dat se it beide graech woene. Har toan moat tige hertlik west hawwe, hwant syn twadde brief einiget er mei har ‘frjeondinne’ to neamen (4, 68; 29/2/16). Wol is it ûntstean fan de leafdesforhâlding to folgjen. Hja noeget him oant twa kear ta út yn Twizel to kommen, it earst op 16 juny 1916 (10, 30). Op 6 septimber moetsje se inoar dêr. Yn de dêroanfolgjende brief wol hja wer by inoar komme en skriuwt se in pear fragminten út fersen fan him en fan harsels oer, hy andert optein oer har moeting, en hja wer, mei kearende post, dit: ‘Leau mar, ik fielde it krekt sa - it wie ek for my o sa'n hearlike moaije dei, dy | |
[pagina 319]
| |
earste, dot wy inoar mei bikende eagen skôgen en ús sielen as twa snaren fen ien fieling roerd waerden’ (21, 46-50). In moanne letter neamden se inoar leafste en skreaune se ‘dou’. De forhâlding, dy't op syn oanhâldend oanstean sûnt 9 july 1917 op 6 juny 1918 in offisiële forloving wurden wie, duorre oant tusken 24 en 27 novimber fan dat jier, doe't hja by syn bisite yn Den Haech der in ein oan makke. It is dúdlik dat hy it net oankommen field hat, dat it mis gean soe. It hat der dochs al in soad fan wei dat hy himsels net west hat yn de forhâlding en har forbjustere hat mei safolle ûnechtens en hantastlikheden. De ûnlykwichtigens yn syn leafdesuteringen liket slimmeroan wurden to wêzen en it forhevene en mar al to ierdske lizze net tichter by inoar as yn syn lêste leafdesbrief fan 2 novimber 1918. Hwa sil lykwols sizze oft ek hy net syn eigen koarddounsjen sjoen hat en bliid wie dat er nei de fal op 'en nij bigjinne koe? Faeks hat hja har ‘prince lointain’ it slappe tou wol opjage: har iennichst biwarre leafdesbrief (nûmer 70, 13/6/17) is ek net frij fan oerdwealskens. Oan it bitiisde spul fan forwachtings oer en wer en fan selsforwachtings wie foar beide in ein kommen. Oft hja de selskennis dêr't it him noch oan ûntbriek, net like nedich hie, is in fraech dy't de iensidige taksaesje fan syn homofily as oarsaek fan it ûntbinen fan de forhâlding twifeleftich makketGa naar eind7. Oan de briefwiksel komt gjin ein. Hja noeget him út: ‘As Jy der sin oan ha, skriûw den ris in wirdmennich’ (172, 38; 19/12/18). Fêste regel sit der net folle yn, bûten de jierdeis- en nijjierswinsken. Troch inoar is der ien kear yn de trije-fjouwer wike in lytser of greater brief. Se komme ek wol ris by inoar, al is it likemin faek, en it hat der wol fan dat se ek in pear kear meiinoar op fakânsjes geane. It giet meast oer deistige dingen dy't Simke yn Den Haech bilibbet, oer har reizen, redaksjewurk, ek wolris - yn de gelegenheitsbrieven meast - oer de moaije tiid dy't se togearre hawn hawwe, en inkeldris oer har wurk, en dan binammen oer materiële saken as útjeften en kosten. Ut har Ljouwerter tiid is de korrespondinsje sûnder folle bilang. De eufoary is dan al lang oer. Dy hat, grif foar beide, duorre fan 'e simmer fan 1916 oant dy fan 1918. Hja bringt de bitsjutting fan dy tiid sa ûnder wurden, as se it hat oer de ‘godlike skiente’ fan Kening Aldgilles: ‘En as Jy sizze: ik ha mei oanpart oan 't ontstean fen dit wirk - den nim ik dit oan - ik wit, it is sa. Hwerom it foar inoar to forswijen? For ús allebeide - kinstnersnatueren as wy binne, dyt it forsinkjen yn in lyksoartige siele nedich ha - hat ús boun in seine west en scil det ek altyd bliûwe’ (206, 36-41; 2/4/20). Fan Kalma syn dronkenskip fan 'e leafde is nêst it lyryske toanielstik Kening Aldgillis de psychologyske novelle Alrik Loara fol autobiografysk fordichtsjen in wichtige literaire delslach. Wichtich is ek de rige fersen dy't hy foar har skreaun hat. De lytste helte is hjir foar it earst printe en fan de oaren, publisearre yn de fersebondel Ut stiltme en stoarm fan 1918, jowt de Briefwiksel nochal hwat farianten. It ûntstean fan de fersen is troch meidielingen fan Kalma goed to folgjen. Mear as ienris ek sprekt hy iepentlik syn opfettingen oer kunst en kunstnerskip út. | |
[pagina 320]
| |
De ynfloed op it wurk fan Simke Kloosterman liket minder great. Ofgeande op har eigen listen fan wurk neffens tiid fan ûntstean, sa't dy gearfette binne troch Simonides mei oanfollings fan Kalma en WumkesGa naar eind8, hat hja nei in pear jier fan neat dwaen tusken 1915 en 1919 tige aktyf west. Neist navenant g âns fersen ûntstiene der nochal hwat nije forhalen, lykas Brimmerheide. Ut de Briefwiksel wurdt dúdlik dat hja al yn 1917 dwaende wie mei hwat yn 1926 publisearre wurde soe as It Jubeljier (103, 99; 4/11/17). It forhael hjitte earst 1798 en letter Ripperda syn wei. Yn 1921 wie se der fierhinne mei klear (226,85; 28/8/21). Hja hat der dus stûf oan arbeide yn de forlovingstiid al, mar Kalma komt der sa goed as neat fan to witten. Him wurdt gjin rie frege, noch meidieling dien fan hwat har dwaende hâldt, of it moat al by útsûndering wêze en dan giet it noch meast oer saeklike dingen. Simke Kloosterman docht souverein hwat har goed tinkt en hâldt Kalma fier op in ôfstân, faeks sels wol sûnder dat dy it altyd murken hat. It forbergjen giet har sa handich ôf, dat it in twadde natuer wurden is. Sûnder mis hat se gelyk as se har keninklik fielen foralgemienet ta in eigenskip fan kunstners. Yn de neidagen fan de Romantyk dêr't hja yn libben, wie it forhearlikjen fan it yndividu in sucht wurden. Dochs moatte har persoanlike oanliz en omstannichheden har der alderearst ta dreaun hawwe. Treffend bringt se har ûntagonklikens sels sa ûnder wurden: ‘Jy kenne my frij goed... ik ha Jou trouwens ek de eare jown, my in bytke fen Jou kenne litte to wollen. Mar de greatste en moaijste dingen fen mysels, nou dy sitte noch wol trije, fjouwer doarren fjirder en der binne slotfêsten op, nou Lips is der neat by! (259, 18-22; 21/12/24). Literaire oerdriuwing is der amper by, hoe't ek de humor oanslút by de tradysje fan de etyske ûngerymdheit. Dat it mar al to wier is, mei út in pear foarbylden bliken dwaen. Neffens de list fan har wurk hat se tusken 4 en 10 juny 1933 trije fersen skreaun ûnder titels dy't al riede litte dat se net gaedlik wiene foar publikaesje: In deinen jungen Augen, Maeijelok en Sûnt ik dy kenGa naar eind9. Yn'e brief oan Kalma fan dyselde tsiende juny hjit it dat in minne resinsje har lam slein hat, dat se sûnt in wike of trije neat mear dwaen kinnen hat (380, 18-22). Fan de bisongen leafste ûntbrekt elk spoar yn de brieven. Slim is it ek mei it hieltyd wer letter datearjen fan De Hoara's fen Hastings. De Briefwiksel bringt ta jins earste fornuvering net folle nijs oer dizze geheimsinnige famyljekronyk, dy't neffens de gongbere opfetting dochs yn 1916 alteast noch ûnder hannen wie, mar by ûndersyk docht bliken dat er dat ek net jaen kin: de Hoara's wiene al lang skreaun ear't Kalma en Kloosterman inoare kennen learden. Yn hwat wol har lêste oantekening dêroer wêze sil, skriuwt se: “Makke en skreauwn yn 'e jierren Novimber 1916 oan Maert 1919 ta”Ga naar eind10, yn de âldste eigenhandige oantekening is it 1909.Ga naar eind11 Dy stiet op... de sawn blauwe skriften dêr't se dat jiers de roman dy't earst noch As 't stof fan 'e wegen hjitte, yn skreaun hat, fan wurd ta wurd hast gelyk oan de útjefte fan 1921. Sa bigjint to skimerjen hwat Wumkes bidoeld hawwe kin doe't er skreau: “In autobiografy, al soe it faeks ien west hawwe fol forsin of | |
[pagina 321]
| |
illusy, hat hja net neilitten”Ga naar eind12. Hwat moatte der in frjemde krêften yn har it wankel lykwicht efter de skyn bidrige hawwe en hwat hat se Kalma in bytsje jaen kinnen. De trou sil balsem west hawwe foar de pine fan it tokoartsjitten yn freonskip dat de brieven mei har praet op 'e bûtenkant om sa genedeleas bleat lizze. Kalma dêrfoaroer komt jin út de Briefwiksel oan as in adoarearjende adolescint dy't de nofteren werklikheit forjit of forliest yn prakkesaesjes oer it djipste en heechste idéael. Op him liket fan tapassing hwat Bloem skreaun hat yn Aanvaarding: “Toen ik jong was, bestond ik in vormen Van het leven, dat komen zou:”. Sa binne der yn dizze Briefwiksel twa minsken oan it wurd dy't, hoe ûngelyk ek fan eftergroun, beide foar har útprate sûnder freegjen of antwurd to wachtsjen. Hwat dat oangiet, is it weiwurden fan de antwurdbrieven in biskikking fan Hegere Wiisheit. Hja binne lykas Anton Wachter, dy't neffens Vestdijk oan de ein fan Terug tot Ina Damman fielde “hoe onwankelbaar trouw hij blijven zou aan iets dat hij verloren had, - aan iets dat hij nooit had bezeten”. It forskil yn jierren en de ûngelikense hâlding foar de oare oer dy't der alteast foar in part it gefolch fan is, hawwe ek har delslach yn de styl. In binlike forliking fan har wize fan skriuwen yn de Briefwiksel is dêrom net goed mooglik, mar neist de literaire Kalma lit yn '16-'18 al de praetsike Kloosterman fan letter har ûnderskiede. Kalma skriuwt evenredich yn lange golvjende sinnen oan de ein fan it lêste kantsje ta en fierder ek net. Syn brieven binne in ienlûdich gesûs, dat men ûnder it lêzen wolris kwyt woe. Hy wachtet de tiid ôf dat it skriuwe wol, “it ljeafst op in Snein, as der hwet earnstich-bliids en feestliks yn my is (....) detstû de tael fen myn siele lêze scilst” (71, 11-6; 24/6/17). Hy stjûrt oan op forhevenens en ûntskuldiget him de inkelde kear dat er fêststelle moat dat syn brief ien great forslach wurden is (116, 149; 27/12/17). Nijs stiet der dan ek net sasear yn syn brieven, al waerden se nochris útmangele ta fersen. Simke Kloosterman dêrfoaroer skriuwt mar raek. As't it lêste kantsje fol is, giet it fierder op 'e side, boppe-oan of mear nei foaren.Ga naar eind13 Om moai skriuwpapier bikroadet se har net. It is of praet se tsjin Kalma en wurde de minsken dêr't it oer giet dielnimmers oan it petear. Altyd is der ek de wisse Kloosterman sels, dy't it lêste wurd hat yn in ôfslutende sin. Har birettens fan 'e Spreuken en de direktiven fan it itensiedersboek oppenearret har ek yn mannich afoaristyske formulearring hjir. It hat har grif net lang pleage dat se wer “Jy” ynsté fan “dû” skreau. Ien kear mar komt dat lêste efkes werom, as't se him yn har forbylding as doctor sjocht en harsels - wol yn it middelpunt - as lyts en ôfhinklik (346, 11-20; 8/11/30). Dat is in seldsumheit, se is oars de keninginne. Sa is de hiele Kloosterman ûmwjersteanber yn dizze brieven oanwêzich, el al is it efter de momkape fan tante Betje. Skokkende dingen - it sil nei it foargeande gjin nij dwaen - jowt de Briefwiksel amper of net, ek net oer trêdden. As 't der alris immen minder gunstich neamd wurdt, dan skûlet er wei efter initialen (257, 75; 4/11/24; | |
[pagina 322]
| |
Hânskrift fan Douwe Kalma, lêste side fan syn brief oan Simke Kloosterman fan 30 oktober 1916 (yn de Briefwiksel 24, 95-123).
| |
[pagina 323]
| |
344, 64; 21/9/30, beide sa yn it hânskrift), efter it ek foar Kalma neatsizzende “immen” (391, 22; 19/3/35), wurdt it oardiel útsteld oant in petear (185, 75; 29/4/19; 237, 116; 3/4/22; 386, 14; 14/6/34) of op in los bryfke skreaun dat forbaernd wurde moat (194, 2; 15/7/19; 383, 25, 11; 24/10/33, 1/11/33). De útjowster hat dan ek folstean kinnen mei it weilitten fan mar twa lytse passaezjes om gjin minsken op it sear to kommen. Sa kin wol nimmen him steure oan de útjefte omt dy trêdden, ek al libje dy noch, to nei komme soe, mar foar elk kin it in fraech wêze oft Simke Kloosterman der net tokoart mei dien is. Hja woe net hawwe dat bûtensteanders ek mar it minste oer har persoanlik libben oan 'e weet kamen. Har leafdesbrieven oan Kalma frege se op en as't er in pear hâlde woe, moast se skriftlik syn wurd ha, dat nimmen oars as hy se oait lêze soe (174, 64-65; 1/1/19). Hwa tinkt yn dit forbân net fuort oan it petear fan heit en soan yn de Hoara's nei't de forkearing mei Tine fan 'e baen rekke is? It is yn it biseten bisykjen om de iennichste brief fan de jonge oan har werom to krijen, dat de âlde Wychman noch ien kear, en winliken skerper as ea, foar jin komt to stean. “Dû bist sa dom - dû bist net los fortrouwd! Hwa skriûwt nou yn in brief, hwet 'r krekt tinkt? Hwet min net tinkt, det set min yn in brief en oars... det seit min ûnder fjouwer eagen, as der gjin tsjûge is, Fokke. Merk dy det. Siz om myn part noch tsjin tsjien fammen diselde flauwe praetsje, mar in brief, jonge, dyt skreauwn is, det is dyn fijan”. Fokke draeide ringkjes reek de loft yn en seach se efternei.... mar hy sei gjin wird. “Dy brief moat 'k werom ha”, bigoun Wychman wer’Ga naar eind14. De fraech nei it moarele rjocht fan de útjefte fan brieven kin net twingerder wêze as yn dit gefal. Foar Kalma leit it makliker. Dy hat him fuort nei har dea nei oanlieding fan har forbaernen fan fersen nochal posityf útlitten oer dy frage: ‘Fen nijs komt hjirby de frage nei foaren, hokfor brûkme der makke wirde kin fen neilitten brieven; in frage dy't al oan de oarder is sûnt it brieveforkear Gysbert-Gabbema. Hwent brieven binne literair-wittenskiplik materiael fen de heechste wearde; mar hja hawwe net for de iepenbierens ornearre west. Fensels kin der faek folle oan brieven ûntliend wirde sûnderdet hjar hokfor biswieren foardogge; dêr't mear persoaniike dingen sprekke, scoe men it bitrouwen biwarje moatte det de skriuwer sels ûndersteld hat, alteast oant it hiele foarmidden dêr't de skriuwer mank forkearde, it fjild fen it libben forlitten hat’.Ga naar eind15 Hy hat ek gjin reden sjoen de beide tafallich biwarre leafdesbrieven fan harto forneatigjen. Dat binne de nûmers 18 en 40, al hat it alle kâns dat hy de earste, dat in kopy is dy't hja yn de slúf fan syn earste leafdesbrief dien hat, lang nei it forbrekken fan de forloving, faeks wol nei har dea fan har werom krigen hat. Foar Kalma oer kin der dêrom gjin sprake wêze fan it skeinen fan bitrouwen. En jildt dat ek net foar Simke Kloosterman, krekt omt de brieven net yntym binne? Oars hie de útjefte der nou faeks ek net west. Ek om dy reden soe men hast bliid wêze dat hja har persoanlike uteringen forbaernd hat, as it bisef der net wie dat yntimens bitrekliker wurdt nei't der mear tiid oer hinne giet. Dochs hâldt ek oer ieuwen in minske it rjocht op syn geheim as't er dat | |
[pagina 324]
| |
Hânskrift fan Simke Kloosterman, lêste side fan har brief oan Douwe Kalma fan 21 desimber 1924 (yn de Briefwiksel 259, 20-59).
| |
[pagina 325]
| |
wollen hat en it is hiel hwat oars as't er it sels swart op wyt oerlevere hat of dat in oar it ûnderstelt. Heeroma hat yn syn rede Moraal der filogogie, dy't oer dit probleem giet, fan de biograef solidariteit frege mei de minsken dy't er biskriuwt.Ga naar eind16 Net altyd kin dy der wêze, mar yn de measte getallen gelokkich wol. Dochs jilelt dêrneist de synyske wissichheit dat it oardiel himsels wol straft as't nedich is. Spitigernôch neamt noch forantwurdet de útjowster har bislút ta útjefte. Hat ta it nimmen dêrfan ek bydroegen dat de samling forskynde yn de Estrikken, dy't foar stúdzje ornearre binne? Foar de útjefte is gâns noed stien. Dat falt jin fuort al op by it sjen fan it losse registerdieltsje mei sa'n 2000 trefwurden op nammen fan persoanen en saken. Yn koarte tiid (Register 1) is op it Frysk Ynstitút dêrmei in bitroubere en ûnmisbere tagong op de mânske Briefwiksel fan oer de fjouwerhûndert siden makke. Yn de definitive útjefte soe in saekregister op syn plak wêze, al sil dat net safolle opsmite by dizze eigenikkige briefskriuwers. Dan koene faeks ek fan titelleaze fersen de bigjinrigels opnommen wurde en de - gauris oploste - pseudonymen neist de bisteande opjefte in plak fine ûnder de auteursnammen. De oankondige ôfsûnderlike notysje fan titels (Register 2) is grif maklik foar hwa't oars as de bisoargers net wit hwa't De Quinneys bygelyks skreaun hat. De soarch foar de útjefte sprekt ek út de nûmering fan de brieven en de rigels en út de tritich bledsiden ‘Ta- eakke’, ek it wurk fan it Frysk Ynstitút. Dêryn binne systematysk en sekuer bysûnderheden meidield oer de printe teksten op 'e brieven en kaerten, oer adressearring, frankearring, poststimpel en oantekeningen fan de ûntfanger. Krekt troch de biskriuwing fan de sluven falt it jin op dat dy om 'e brieven fan Simke Kloosterman ûntbrekke. By forsin is de iene dy't der fan oer is (fan brief 383, de lêste) net forantwurde. Under de opjefte fan soarten briefpapier hie hwat sein wurde kinnen oer it skriuwpapier, dat tusken beiden forskilt. Opjefte fan de printbryfkaerten op har plak tusken de brieven hie nofliker west om ûnder it lêzen wei in byld fan de forhâlding to krijen. It binne mar lytse oanmerkingen op dizze foarbyldige biskriuwing. De útjefte fan de brieven sels moat sinnich wurk west hawwe omt Simke Kloosterman de mâlste flaters yn 'e stavering makke. Oer it algemien is de tekst krekt werjown. Fan 46 fan de meast ûnwierskynlik lykjende flaters die bliken dat der mar tsien forkeard oernommen wiene. Dat binne de neikommende, dy't hjir neffens it hânskrift opjown wurde: tomjitte (55, 297); dyn (102, 12); hiele (163, 55/; gefljoch (190, 49); Hoares (250, 4); briefke (254, 5); ef (336, 46); it (378, 14); widânzje (399, 83) en goed (402, 8). By it neigean fan dy wurden kamen wolris hwat oare ûngerjochtichheden oan it ljocht, fierwei meast yn 'e ynterpunksje, dy't gjin namme hawwe meije. In inkelde kear is de útjowster op 'e doele rekke yn de tizeboel fan marginale, lêste opmerkingen mei it gefolch dat in sin op it forkearde plak bidarre is. Troch in oare flater bliuwt der ûndúdlikheit oer de fraech hwer't de seis sonnetten fan brief 30 thús hearre. Yn 41, 34 moat yn sté fan II lêzen wurde IV en dêrmei is wis dat de earste trije earder jown binne, sa't 41, 26 en de | |
[pagina 326]
| |
datearring fan Simke Kloosterman ek útwize. De fiif sonnetten dy't yn brief 79 opnommen binne, hat Kalma har grif jown op har forlovingsdei, 6 juny 1918. Ek nûmer 44 sil wol jown wêze. It binne allegearre mar lytse dingen by it wurk dat foar de útjefte forset is, ek dizze swierder weagjende winsk dat tonei yn mooglike brievepublikaesjes in foto fan it hânskrift opnommen wurdt. De útjowster en har helpers komt tank ta foar har wichtige útjefte, dêr't de leafhawwers fan it wurk fan Douwe Kalma en Simke Kloosterman bliid mei wêze sille en dy't in oantrún ta de stúdzje fan dat wurk is. Foar alles kin dy lykwols bigrepen wurde as in utering fan tank oan de beide skriuwers, dy't ús ek as minsken nei wurden binne. De dokumintaire wearde mei dan sa ûnskatber net wêze as dy fan Gysbert Japicx syn brieven en minder great as dy fan Harmen Sytstra en Tiede Dykstra foarsafier't dy útjown binne, alteast foar de kennis fan de persoanlikheden jowe se wol safolle. Grif leit it nou yn de reden om by tiid en gelegenheit oan dy trije brieve-útjeften ta to foegjen de iere korrespondinsje fan de fjouwer freonen dy't de Jongfryske Mienskip oprjochten. |
|