Trotwaer. Jaargang 9(1977)– [tijdschrift] Trotwaer– Auteursrechtelijk beschermd Vorige Volgende [pagina 314] [p. 314] Jelle Kaspersma Winter 1962-1963 nel in strieminne teelt fol rein en stoarmen hat de winter de sé by staveren de bek boun yn it opper fan de ôfslach kypje de nikkel-prûmkjende en van nelle-smokende fiskerlie ûnder de rânne fan harren klotsen wei de fierte yn dêr't mokken omsweve faeks leit it dêr iepen de stive eastewyn twingt de hânnen yn 'e bûs en de froast hat de kotters oan 'e wal soldearre der is neat to forstriken de beugen binne butke foar piksjitten is it to kâld forgees harkje hja moarns ier nei it earste sein fan de maittid: de iisbrekkende teiwaerwyn [pagina 315] [p. 315] Bûtsykje dou en ik rinne om't wy it thús langer net bankje koene oer de dyk dy't fryslâns fuottenein omklammet fiif sintimeter snie kreaket ûnder ús klompen de froazige stilte wier yn 'e bidelte rjuchts streekje de troch swart iis oermastere sleatten harren runen oan 'e kym ta lofts leit kâld de swijende dea fan it wetter dat inkeld stoarne merkels priisjoech de sinne lit him net sjen: it waer stiet hjoed forkeard foar poëzij sadré't de joun yn 'e loft komt gean wy sûnder bút op hûs oan en rinne ús niis-makke printen - de maten 26 en 29½ - bylâns [pagina 316] [p. 316] Foar in bern Omsirkelje de berch hoeden hwant de berch is freonlik tink oan de iepen delling oan de oare kant tink troch de berch hinne oan de iepen delling oan de oare kant faken is der gefaer dêrre of kwea yn dat iepen fjild tink yn in sirkel om dizze freonlike berch hinne en dré sil de berch dan wurde as krystal en dou silst de iepen delte sjen troch de krystallen berch hinne en alle wierheit fan berch en delling sil dines wêze en omsirkelje de berch hoeden en rin hoeden dy delling fol frede yn der't it herte fan krystal syn wente hat Peter Blue Cloud (oerset fan Jelle Kaspersma) Vorige Volgende