| |
| |
| |
De mon, de bol en de ómbollingen
Willem Abma jaut dur blyken fon de regels fon ut lyterêre bedrjo net te kennen of net earbiedegje te vóllen. Fonsels gjit ut yn de lyteratuertéory en -krytyk, lykos yn olle vittenskip, óm ut óp de fwargrûn pleatsen fon juns aigen persoan, óm ut útstôlen fon juns aigen kwalytijten, en óm ut oantoanen fon de ónkunde en bespotlekens fon juns tsjinstonders. Dêr gjit ut óm. Mar ut is vênst vurren yn de skrjowerij óm ut stribjen nai aigen oansjen safólle mooglek óp de achtergrûn te pleatsen, krekt te dwan os gie ut net óm earsucht en idelhyd, en óm dêrfwaroer de klam te lezen óp ollerhonde ópfottingen en mieningen, os soe ut fwarútbringen fon de vittenskip ut belangrykste doel vêze.
Fwarhinne vjinnen de gelearden earleker en rjóchtútter: se skólden enwar de hûûd fól en skrjoden spotskriften oer enwar. Dot jert tsjintvurg net mear ta de goede smaak. Os vij ien leegleze of bespotiek maitsje vólle, don skrjowe vij: ut is tige spyteg dot X yn syn fertsjinstiek artykel net djipper óp dut en dot yngien is...; of: hûvólt de tinzen dyt X óntvikkelt, mij tige brûkber talykje, vól ut mij fwarkómme dot ur him óp un essinsjeel punt fersint...
Fonsels, dut is boerebedroch. Mar ut oanvizen fon dut bedroch, te sezen ut bevearen en bevizen dot achter de stearyl-hofleke toan en de kwônskwiis-saakleke ópset fon vittenskipleke bijdragen un vrôd fon oergunst en aigenbelang sit, is gin tankber vurk. Ut measte vot de óntmaskerder berikke ken, is dot de vittenskippers un sletten frónt fwarremje óm har belangen te ferdigenjen en him bwóttenslútte en ferketterje.
Fólle snoader is ut óm jun pynlek persys oan de regels fon ut bedroch te hôren en de dwaasheden fon ut vittenskiplek bedrjo oant yn ut apsurde te perfeksjonjerjen, sa dot mun vraak nimme ken óp de gekkeboel, sónder fon leeglezende krytyk beskuldege vurre te kennen.
Ik ken dut faaks ylústrjerje oan ut gebrûk fon tytels. Tony Feitsma hat útsteld óm de dokterstytel - en dot betsjut bij ainslútten òlle tytels - ô te skaffen. Mar sóks stuitet óp vjerstôn, en ut hat net fólle kôns óp súkses. Better soe ut faaks vêze óm de lju dyt blykber grutsk binne óp har tytels yn olle ómstondegheden en oant yn ut apsurde bij har tytels te neamen, en de tytels bij minsken dyt har dur net óp fwarstean litte, vai te litten. De lju dyt mun oant yn ut healvize be-tytel-t, sille jun nóit fon gekoanstekken beskuldegje kenne, vont don soenen se ymplysyt tajan dot ut dwaas is óm tytels te fieren.
Dur sille grif minsken vêze dyt úthôre dot persoanleke earsucht gin rol spylje mai yn de vittenskipsbeûffening en dot bij har don ek net dógt. Sókken mat mun yn de gaten hôre. Yn de regel sjugt mun oan har karjêre vól vot dur oan is fon har súver vittenskipleke motyven en har gebrek oan persoanlek belang. Tige ynsidinteel sil ut meskyn fwarkómme dot lju har ynsette fwar de vittenskip, sónder te besykjen, ek net fya freonen en slûpvegen, óm dêr de maatskipleke fruchten fon te plukken. Bij mij is dot un
| |
| |
apnormaal slag minsken, mar goed, ik sil har ut bestean net fergunne, en salangt se óp de stúdearkeamer bljowe, binne se fonsels ek helendol net lesteg - ut is oltyten better dot se dissertaasjes skrjowe os dot se jiskamers ómskóppe.
Dur is yn ut frieske lyterêre vrôdsje plak oan de top fwar un lit ús seze fyftjen, twinteg persoanen: un stik of fjauer proazaskrjowers, dichters, toneelskrjowers, krytysy/eseeisten. Ut aigenbelang fon elk fon har is ut bêst tsjinne bij ut bestean fon un grûp minsken, ut hûgt net un hecht ferbôn te vêzen, dyt un lyterêr públyk skept, vêrt elke yndyvydúele skrjower him ta rjóchtsje ken. Ien olinneg slagget ut net óm oan ut ferlet fon de lêzers temjitte te kómmen, de iene lêzer hôrt mear fon proaza, de oare mear fon poësy; en ek ol soe un skrjower olle genres yn de macht ha, hij ken himsels doch nóit yn ferskillende yndyvydúen ópspjolte, syn taalbwadskip bljoot doch jimmer lykernôch utselde, en un pat fon ut públyk sil ur nea oansprekke. Dur is dêróm rûmte fwar mear skrjowers. Hûfólle ot ut lije ken, dot hinget fon de produktyvens fon de skrjowers ô, fon de ópnimmingskapasytijt fon ut lêzerspúblyk en ek fon ut ferskaat fon kréaasjes. Dur soenen óp ut stuit bêst un pear proazaskrjowers bij kenne, sónder dot dur vrjowerij fon kómt. Dichters binne dur vól genóch, en ut spytege is dot se temin distônsje fon enwar hôre en tefólle yn enwars faarvetter sitte. Ut slag fessen fon De tv op it jiskelân, Fitraezjewrâld, Altyd like fleurich, Wetter, Stien en sân, en net te ferjitten dy fon Operaesje Fers, sees mar ut vurg en ôdmonneg beëameljen fon ut lytse leed fon de vrôd, dêr is mear os genôch fon prodúsjerre, en os de dichters durmai tróch gónne óm enwar fwar de fwótten te rinnen, don sille dur skielek vól us koppen rôlje.
Willem Abma skrjoot un slag fessen dot dur nochol útkipt - útsain don ut bwóttensprónkje Fitraezjewrâld. Hij hat dêróm sa goed os gin kónkerinsje en hij hûgt net tsjin oare dichters oan te knokken. Offysjele vedjerring hat ur krygen yn de fwarrem fon de G.J.-priis, dot hij hûgt mai oare vudden neane oer yn noed te sitten: syn karjêre is makke.
Ut is dêróm heel aigenareg dot Abma tsjin Adri van Hijum en Trinus Riemersma begint te knokken. Fon dusse monnen hat ur net un sprút lêst. Se skrjowe - os se ut dógge - heel oare fessen os Abma, dot fwar kónkerinsje hûgt ur net bang te vêzen. Op ut krytyske mêd hôre de baide monnen har fiervai meast dwande mai proaza, dot dur is net fólle gefaar dot se ea noch us de fessen fon Abma krytysk hifkje sille.
Ut hji fólle ferstondeger vest os Abma ut mai dusse baide monnen óp un akoatsje gooid hji. Se havve no ienkear beskate fertsjinsten en un beskate namme, en se kenne him helpe óm syn pesysje yn de frieske lyteratuer te besterkjen. Sij skeppe mai un lyterêr públyk vêrt Abma syn produkten oan kwyt ken, en se jaue un beskate states oan de frieske lyteratuer, net yn ut lêste plak oan ut tydskrift Trotwaer, vêrt Abma redakteor fon is. Ut hji fólle ferstondeger vest os Abma skreon hji dot ur tige viis vji mai
| |
| |
de bijdragen fon Van Hijum en Riemersma.
Ut lyket dur óp dot Abma de grutte en de easte mon yn de frieske lyteratuer vurre vól, en dot ur dut besyket te berikken tróch gwódden dyt him nai de kroan stekke ut swijen óp te lezen. Dot lyket mij dóm dwan; mun ken ol, dat ik sain ha, mai un mon of twainteg nai de macht en de eare grype, mar ien olinneg slagget ut net. Ek net os dy iene mai kop en skauders bóppe de oaren útstekke soe, meskyn sels: krekt don net, vont yn dot gefol soenen de oergunstege njóggentjen dy iene ysoljerje, bwótten de macht hôre, begekje en belekje. Mun ken oan de macht kómme os mun ree is óm dy macht te patsjen. Mun vurt fon juns maten eare, os mun juns maten no en don ek rus un fear yn de brûk stekt. Kwatsain: mun vurt olinneg don óp honnen drûgen, os mun ree is óm oaren yn de kónt te krûpen.
Ut gjit Willem Abma yn syn Dichter en bisprek: in ynterpretaesjeforgeliking (Trotwaer 1977-1, 26-49) net óm ut bestriden fon de struktuerannelize of fon de lyteratuervittenskip yn ut olgemeen, noch óm ut beplaitsjen fon un oare, bettere ynterpretaasjemetoade, mar ut is syn doel óm Van Hijum en Riemersma, dyt vot tefólle praatsjes havve, dyt ek tige konkreet tefólle syden yn Trotwaer ópeaskje - vêrt útsoate fólle better fessen fon D. Daen stean koenen-, un tebeksetter te jan, en óm de lêzers te oertsjûûgjen fon ut grutte belang fon D. Daen syn fessen, tróch har de ynterpretaasje durfon, en dus de vedjerring, foar te skrjowen.
Ut ynliedende pat fon Dichter en bisprek is un ûgryslek rankúneus stik proaza. Lyteratuervittenskip is ónsin, Van Hijum en Riemersma binne fakydyoaten, har bijdragen yntresjerje gin mins, se prate olinneg mar autorytijten nai, ut binne blyne epygoanen, se etaljerje har vysheden, ut is sabeore-vittenskiplek, ‘blaeskakerij’, ut is un slop ôtreksel fon dispútten. Abma nimt ut mai syn vudden net sa nau; hij is lilk, hij is feróntveadege, en dot jaut him - mient ur - ut rjócht óm olles dur mar út te kreamen.
De struktuerannelize set un tige dúdlek stempel óp Trotwaer, en dot is net fon joet of juster. Dût Abma yn de redaksje sit nóm, vji de koets fon Trotwaer gin gehaim. Os Abma ut mai dy koets net iens vji, hji ur gin sit yn de redaksje akseptjerje matten. Os ur ut no net mear mai dy koets iens is, mat ur besykje syn maten oer te heljen óm Trotwaer yn oarevai te stjoeren. Slagget him dot net, en merkt ur bij himsels dot ur ut vot langer vot mear óniens is mai de rjóchting fon Trotwaer, don bljoot him neat oas oer os him veróm te lûkken.
Fonsels hat dur ek olle gelegenhyd vest óm de ónveade fon de struktuerannelize, of eventúeel ut ferkead tapossen dêrfon yn Trotwaer, oan te toanen - dur hat mear diskusje oer vest. Nimmen hat súnneg vest mai lyteratuerfervizingen, dot Abma vist de bwannen, vêrt de monnen de vyshyd vaihellen. Mar, sat vól blyken dien hat, Abma hat gin nócht óm de boel te bestúdjerjen, hij vit nai ut lêzen fon fjauer bûkjes vól dot olles ónsin is, en ut fervizen nai lyteratuer is olinneg mar etaljerjen. Ja, óp san foet!
| |
| |
Syn ónkunde dógt kleare blyken út ut artykel Relaesjeproblemen (Trotwaer 1977-2, 133-140), vêrynt ur os fwarbeelden fon fiksjoneel proaza olinneg non-fiksje neamt. Aanst gjit ur noch sa fier dot ur ut vetbûk fon strafrjócht ta fiksjoneel proaza ferkljerret. Ut doel fon de fragen dyt Abma yn dot artykel stelt is net óm dur ontvud óp te krijen - vot ek un ónsin, vêróm fon mij ópheldering te freegjen oer un beskate ópfotting fon lyteratuer vêrt tsientollen artykels oer skreon binnen -, ut doel is óm oan te toanen mai help fon de Jong (Prof. Dr. de Jong, sait Abma), dot Riemersma un tiezekop is vêrt de lêzers mar net tefólle óp te sail gean matte. Ut meast lullege is, dot Abma net sels mai mij yn debat gjit, mar de autorytijt fon de Jong tsjin mij yn stelling bringt. Net Van Hijum, noch Riemersma ferskûlje har achter de autorytijt fon professer-dokters, de jinnege dyt dot dógt is drs. G.W. Abma.
Abma lit ut fwarkómme os praat ur net olinneg fwar himsels, mar mai út namme fon de dómme klyber. Hij hat ut oer de ‘ynteressearre leek’, de ‘reedlike taellju’, hij vól net ‘elitair’ vêze. Ut beróp óp de klyber kómt os un knyn út de hege hoed. Willem Abma is gin fólksmon, skrjoot net fwar ut fólk en syket syn ynspyraasje net yn ut fólk. Hij skrjoot fessen dyt olinneg tróch un kultúrele elyte nai te kómmen binne, en dot net iens helendol, vont hij mat se noch ferdúdlekje. Hij skrjoot polemyske artykels tsjin Van Hijum dyt gin yntresjerre leek yntersjerje. Hij mjukset latyn yn syn artykels óm sjen te litten dot ur un elytêre óplieding hôn hat. Hij basjerret him óp partyeel bejeftege fakydyoaten os Prof. dr. Van Baaren en Prof. dr. de Jong, va har geskriften fier bwótten ut êgwaid fon reedleke taallju leze. Abma is redakteor fon un tydskrift vêrt un selekt plûchje hele en heale yntelektúelen óp abónjerre is. Ut beróp óp de klyber dot Abma dógt, is folsk.
Ut beróp óp de klyber is ek smwarg, ómdot ut dómste pat fon ut fólk oltyten ree stjit óm vot ut oansjugt fwar befwarrjóchte lju te begekjen. Os Abma de dómhyd mobylysjerje vól tsjin de reedlekhyd en ut sûn ferstôn, don hat ur un mooie kôns fon slagjen. Mar ien dyt de dómhyd fon ut fólk te help rópt tsjin un pear yndyvydúen dyt him yn de vai stonne, haf ik net un soat respekt fwar.
Ut beróp óp de klyber is ek stóm, ómdot de dómhyd gin suptyle ferskillen sjugt tusken mear en minder elytêr, mear en minder fakydyoat, mar olles oer de kop rêget vot ‘kultuer’ is, olles vot bóppe fretten, krôkjen en skyten útgjit, en net earbiedeg holt makket fwar ut dichtvurk en de ‘folksadeghyd’ fon Willem Abma. Os de dómmekrêften ienkear losbrekke, don gjit hij dur ek oan.
Abma syn beswier tsjin artykels dyt vot djipper dólle komt fólslain ónfervacht en lyket net bótte tróchtocht. Dur binne ek drege artykels fon Schönau, Bremer en Sörensen yn Trotwaer ferskynd, en dêr hat Abma nèt tsjin protestjerre. Sels berópt ur him óp ópfottingen fon De Jong. Ek yn de resinsjes fon him en fon oaren sit un stik lyteratuertéory bebakt, ol vurt dy
| |
| |
don net mai safólle vudden bwórkundeg makke. Utsain ôvaaid praat, bestjit dur gin praat dot net un beskate ydéology en un beskate téory ferret. Ek Abma soe vitte matte dot dur net sókssavot bestjit os ónbefwaroardele oardeeljen oer ópjektyf vaarnómmen faiten. Ek Abma soe vitte matte dot vot yn vudbûkken en ensyklopedyen oan ‘faiten’ ópneamd vurt, de delslag ton beskate téoryen is, en dot dy faiten neat vjirskynleker binne os vot un fakydyoat etaljerret. Vêrt elkenien ut oer iens is, is neat vjirskynleker os vot ien nijljochter útfynt. Ut bevende is net better os ut nije, en vot achterhelle en fersmyten is fertsjinnet net bóppe ut tsjintvuddeg góngbere steld te vurren.
Yn de oerenlange diskusje dyt fwarôgyng oan ut ópnimmen fon Dichter en bisprek haf ik mear os ienrus sain dot Abma mai dut artykel de krytyske funksje fon Trotwaer en yn ut fwaste plak syn aigen redakteorskip ûndergrûûf. Dy ópmerking fon mij is sels yn de printe ferzje fon ut artykel, os un soate fon skot fwar de bûûg, telône kommen. De argúmentaasje dyt Abma jaut is útsoate net mynes.
Abma syn stelling dot de skrjower-sels fólslainer ynterpretjerje ken os de lêzer, is yn Trotwaer 1977-2 genôch fon sain. Dur binne twa dingen dyt ópfôle: fwast hat Abma oltyten fleoreg maidien oan ut ferpatsjen fon resinsje-eksemplaren en oan ut besprekken, sónder mai de krytyske ópmerking te kómmen dot sóks vinlek ónsin vji, ómdot vij os bwóttenstonders net adekwaat ynterpretjerje en dus beoardeelje koenen en dot ut fólle better vji óm de skrjower sels mar óm un resinsje te freegjen; twad lûkt Abma út syn stelling net de kónklúzje dot de redaksje tenai olle resinsje-eksemplaren verómstjoere mat ómdot dy net ta un adekwate ynterpretaasje en dus beoardeling bij steat is, dot oanbeane fessen en ferhalen ópnómmen vurre kenne sónder te besykjen óm se te beoardeeljen óp grûn fon un ynterpretaasje, en dot de redaksje vól ópkrosse ken, ómdot un samler ut vurk vól ô ken. Nai oanlieding fon dusse kónsekwinsjes haf ik onjerre dot Abma de krytyske funksje fon Trotwaer en syn aigen redakteorskip ûndergrûûf. Abma sil dusse riddenaasje vól ver fakydyoat neame, of meskyn ‘ekstreem formeel’ - dot is ek san skelvud fon him.
Abma syn stelling kómt ynienen út de lóft fôlen en lit gin spoaren nai. ‘Moat ik nou op groun fan dit graduële forskil yn kundichheit fan ynterpretearjen prinsipiëel alle ynterpretaesjes fan lêzers en kritici ôfwize? Wol né, dat soe bilachlik swart-wyt wêze. It literaire bidriuw, it spul moat moai yn stân holden wurde en trochgean,’ sait Abma. Mar ut gjit útsoate net óm un ferskil yn kundeghyd fon de ynterpretearders, ut gjit óm ut prinsypjele ferskil yn metoade: mun basjerret jun olinneg óp de tekst, óf mun basjerret jun óp de tekst en óp de byografy fon de skrjower baide, mai don rus jir don rus dêr ut aksent.
Os ut ynterpretjerjen fon ún vurk fon út de skrjower syn bedoelingen vai fwartyd noch naityd metoadysk needsaaklek vest hat en is, vêróm vurt don vól bij ut ynterpretjerjen fon ut aigen vurk dy metoade fólge? Nait ut mij
| |
| |
talyket inkeld óm de resepsje, de ynterpretaasje en dus de vedjerring fon ut aigen vurk te stjoeren. (Abma vól ynterpretaasje en beoardeling loskeppelje, mar dot is net goed mooglek: un beoardeling óp grûn fon un ferkeade ynterpretaasje hat gin inkelde veade.)
Hu vittenskipiek de lyteratuervittenskip is, en vêze ken, fôlt oer te striden. Vij soenen dur lykvóls nai stribje matte óm útspraken te dwan dyt kóntrolearber en systematysk binne. Abma, lyket mij ta, dógt ljevver útspraken dyt ónkóntrolearber en ónsystematysk binne, krekt vot him ut nóflekst útkómt. Dot makket ut jun net maklek óm mal him te diskusjerjen. Willem Abma neamt mij de iene kear un fakydyoat en freget un nûmmer fjidder yn ut artykel Relaesjeproblemen ot Prof. Dr. Riemersma sa goed vêze vól óm dómme mon Abma út te lezen vot Prof. Dr. Riemersma bedoelt mai de dingen vêrt Prof. Dr. Riemersma fon skreon hat, en ot Prof. Dr. Riemersma don ek noch sa freonlek vêze vól óm te sezen vot Prof. Dr. Riemersma tinkt fon vot Prof. Dr. de Jong sain hat. Om, nim ik oan, yn un dêróp fólgjend nûmmer te skrjowen dot vot Riemersma ontvudde hat, un fwarbeeld is fon partyeel bejeftege fakydyoatisme vêrt de yntresjerre leek neat oan hat. Yn dot fluenske en mjitske artykel krûpt Abma mij yn de kónt, fwar ut naist óm mij skielek bij de pik te pakken, en dotsoate seksúalytijt, dêr hôr ik net fon.
Yn dut artykeltsje haf ik óp de mon spyle en net óp de bol. Ik haf óp de mon spyle óm dúdlek te maitsjen dot ik net óp de mon spylje vól, mar óp de bol. Nimmen ken, tinkt mij, fon mij fervachtsje dot ik mij kónsinsjeus oan de spulregels hôr, os Abma ut frij nimt óm syn aigen goal ticht te spykerjen, fon elke korner un penalty óp myn doel te maitsjen, syn aigen handsbollen en naitraapjen net te rekkenjen, en de skiedsrjóchter os un fakydyoat ut fjild ô te stjoeren. Mun mat don de regels lyke bót oertrêdzje os juns tsjinstonder, of de partij ôbrekke. Dot lêste lyket mij de baas: hear Abma, ik diskusjear net mear mai jo.
Tr.R.
|
|