Koperative utjowerij, Postbus 1069, Ossekop 11, Ljouwert, tel. 05100-20035.
Sekretariaet
Tr. Riemersma
Godsacker 10, Frentsjer
Grou, 21 novimber 1976
Oan de Hear E.S. de Jong, skriuwer fan de kommisje Taelbifoardering,
provinsjehûs,
Ljouwert.
Achte Hear De Jong,
Wy ha biswier tsjin de ôfhanneling fan de sybsydzje/oanfragen foar Fôi en Fredeleas en foar Winter, troch it deistich bistjûr fan de kommisje Taelbifoardering. Wy sjogge yn dy réaksje in oantaesting fan de ûnôfhinklike fryske \^útjowerij en suver in bigjin fan in sinsurearjen fan boekpublikaesjes via de jildponge fan de provinsje.
1. It hat oant nou ta altyd sa west dat de provinsje garant stie foar it subsydzje fan de boeken dy't trochforwiisd waerden nei CRM. It wurdt út Jou brief net dúdlik hwerom't by dizze boeken dat gebrûk net mear jildt.
2. De kommisje hat it subsydzje foar de twa neamde boeken net ôfwiisd, mar trochforwiisd nei CRM. Nou wiist it deistich bistjûr it subsydzje op eigen manneboet ôf. Trochforwizing hat lykwols oant nou ta nea bidoeld west as in forkapte ôfwizing fan in subsydzje; it wie earder in forkapte tawizing, mar dan leafst út oarmans beurs. Kin it deistich bistjûr oanfragen dy't troch de kommisje yn gunstige sin bihannele binne, nou samar ynienen ôfwize? Dat it jild nou op is, is in kwesje fan Provinsjale of Deputearre Steaten, en heart gjin rol to spyljen by in prinsipiële ôf - of tawizing fan subsydzje troch de kommisje.
3. It liket ús minder winsklik ta dat de kommisje Taelbifoardering, it deistich bistjûr, de skriuwer fan de kommisje en/of Deputearre Steaten bigjinne to útjowerke boartsjen en oan de útjowers foarskriuwe hokker fersen oft der al of net yn in bondel opnommen wurde moatte. Dizze eask fan it deistich bistjûr wize wy falikant ôf.
4. It is hwat wûnder dat Jimme by de boeken dy't by CRM west ha (op groun fan in negatyf CRM-oardiel) sels op kwaliteit bigjinne to selektearjen, wylst Jimme dat by ‘net-literaire’ boeken oan de útjowers oerlitte. It liket derop dat Jimme fan doel binne om de ‘literaire’ boeken safolle moogiik to kearen.
5. Jimme lizze direkt forbân tusken de kwaliteit fan in literair wurk (neffens de bioardieling fan de Ried foar de Kunst) en de taelbifoarderjende wearde dêrfan, as Jimme troch CRM ôfwiisd wurk ‘literair blykber net taelbifoarderjend wurk’ neame.