Koperative Utjowerij, Postbus 1069, Ossekop 11, Ljouwert. Tel. 05100-20035.
Ponghâlder
H.H. Brattinga
Appelmerk 6
Bolswert
Bolswert, 13 desimber 1976
Oan Provinsiale Steaten
fan Fryslân
Ljouwert.
Achte Kollezje,
Mei't op de kommende sitting(en) fan de Steaten ek de boekesubsydzjes to praet komme sille, wolle wy Jimme omtinken freegje foar it neikommende. Wy binne fan bitinken dat skriuwer en útjower de frijheit ha moatte om sels to kedizen oer foarm en ynhâld fan har boeken, ek as der foar dy boeken subsydzje oanfrege wurdt by de provinsje.
Wy hiene oant foar koart gjin reden om Jimme dizze fanselssprekkende stelling nochris yn it sin to bringen. De lêste tiid ha wy lykwols ûnderfoun dat de Provinsiale Kommisje Bifoardering Frysk Taelgebrûk him tonei ek bimuoije wol mei ynhâld en foarm fan de to subsidiearjen boeken.
Oer in dichtbondel dy't wy útjaen wolle, mar dy't by CRM ôfwiisd waerd foar in subsydzje, hat de skriuwer fan de Kommisje Taelbifoardering, de hear E.S. de Jong, ús skriftiik to witten dien dat wy hwat swakkere fersen yn dy bondel mar forfange moasten troch sterkere. Wy binne fan bitinken dat it DB fan de Kommisje Taelbifoardering mei sa'n suggesje fier bûten syn boekje giet. De Kommisje Taelbifoardering heart net as in super-útjower it útjowersbilied yn Fryslân fêst to stellen. De provinsjale subsydzjes binne ornearre foar it stimulearjen fan fryske útjeften, net foar it dirigearjen fan de polityk fan de fryske útjowers.
De kwesje fan de frijheit fan foarmjowing wurdt aktueel by in nij kêst yn it konsept-reglemint foar de boekesubsydzjes (sjoch foar de folsleine tekst de Stiennen Man fan 3 desimber 1976): as in útjower ‘stiet op in ôfwikende stavering’, moat er neffens dat konsept-reglemint de needsaek dêrfan oannimlik meitsje (kêst 18). De KU hat fan it bigjin ôf op it stânpunt stien dat in útjower as sadanich net foar of tsjin in bipaelde stavering heart to agearjen, mar útjaen moat hwat him goed en gaedlik taliket. Dêrby moat er de skriuwers safolle mooglik romte jaen; de skriuwers moatte dus ek de mooglikheit ha om nei eigen foarkar te kiezen foar b.g. stavering-1945, Steate-stavering of Riemersma-stavering, likefolle oft wy foar of nei 1980 libje. By de KU steane dan ek yn de neiste takomst boeken yn trije staveringen op it programma. De stavering heart by de foarmjowing fan in boek, en dêr heart de skriuwer yn prinsipe