Provinsiale Kommisje Bifoarding Frysk Taelgebrûk.
Provinsjehûs, Ljouwert. Tel. 5100-41214. (tastel 223, moandeis en freeds; oars tastel 226)
Us nûmen UT-73-'76
Antwurd op
jimme brief nr.: fan 1 nov.
Ljouwert, 5 nov. 1976
Oan de KU, Appelmerk, Boalsert
Achte hear,
Foar de goede oarder efkes it neikommende:
Jou nije oanfraech foar Fabryk is op en nij nei it FúF gien (sjoch ôfskrift).
Mounling hat de hear Vermeulen meidield dit yn de gearkomste bringe to si sillen. Op it heden is de pot leech, mar it FúF hat noch jild to barren fan de provinsje, dat dy earst noch fan it ryk barre moat. Sa goed as wis, dat de nije oanfraech dêrút honorearre wurde kin. Der sil yn it bistjûr fan it FúF yn elk gefal in pôsityf advys oer jown wurde.
Hwat Foi en Fredeloas oanbilanget. It jild oer 1976 is omparte. Ik ha dit punt yn it deistich bistjûr fan de kommisje brocht. Algemien wie men fan bitinken, dat yn dit gefal op en nij oanfrege wurde moat foar 1 jannewaris, op it nije formulier en ûnder de nije betingsten.
De bidragen sille dan allicht hwat heger útkomme (de forneamde 10% en it opfieren fan honorarium. Dit advys hâldt fansels net yn dat de oanfragen sûnder mear goed foar sein wurdt). Dat CRM ien dichtbondel ôfkard hat op groun fan kwaliteit is foar de kommisje net in maklik punt. De ynhâld fan de oanbeane wurken bimuoije wy ús ornaris net mei, mar inkelde leden hiene muoite mei de fraech oft literair blykber net taelbifoarderjend wurk wol subsidiearre wurde mei op groun fan taelbifoardering. Oaren sizze: De forantwurdelikheit leit by de útjower, dy wurdt mansk genôch achte ek mei it each op it peil fan eigen fûns allinne wurk fan kwaliteit to jaen. Faeks soe mei it forfangen fan in pear swakke gedichten troch sterkere dit probleem út 'e wrâld wêze (sûnder dat wy ien en oar hoege to sjen, in meideiling yn dy geast, desneeds allinne mounling achtsje ik wol foldwaende.)
Foi en Fredeloas is ek troch CRM wegere op groun fan de stavering, sa hat men ús witte litten. Men woe gjin oerheids- en mienskipsjild stekke yn sa'n eksperimint. It deistich bistjûr mient dat in eventueel subsydzje yn 1977 ôfhingje sil, yn elk gefal mei ôfhingje fan de wize hwerop oannimlik makke wurde kin, dat de brûkte ôfwikende stavering sa nedich is. Ik skriuw dat nou al om letter toloarstelling foar to kommen. Dat yn de yn jou brief neamde útjeften it jiertal 1976 komt is yn dit gefal gjin biswier. Mei groeten