Trotwaer. Jaargang 9(1977)– [tijdschrift] Trotwaer– Auteursrechtelijk beschermd Vorige Volgende [pagina 110] [p. 110] Eppie Dam Wilsterflappe it leger wie omreken drild as wy ien foar ien de wilsters mei it houten yngewant op harren stielen poatsjes yn 'e ikker pripten allinne 't ljipke op 'e weau kleau algeduerich op har wjukken oanhâldend hearrich oan it tou dat effter skûle yn fortroude hannen wie opa koe gjin frysk mar song dochs altyd wer omheech de fiere golle loften leech as hiele kloften op it net deloploften ien hael en it forhael wie út njoggentich en njoggen wie de greatste hys: eachrôljend bitellen hja de priis foar even skoft en kunde oan hwat kâlde soartgenoaten my tinkt ik flean as hûndertste noch hieltyd as in seare grap troch eigen fersen hinne en ûntwyk de flap Vorige Volgende