Trotwaer. Jaargang 9
(1977)– [tijdschrift] Trotwaer– Auteursrechtelijk beschermd
[pagina 104]
| |
[pagina 105]
| |
Fuotstap
hoar op'e tegels fuotstappen yn in steech
yn'e keamer hear ik it biweech
fan skonken dy't in metrum rinne, dizkear myld,
gjin lichemsstal, inkeld lûd follet it byld
mar oan dit byld ûntspringt it wisse witten:
immen hat my syn wêzen printe
yn fuotstaplûding en it efterlitten
| |
[pagina 106]
| |
Hjerststriel
de dei is sûmber en kompakt
mar dan ynienen lûkt in gloede oer it leaf
skout tusken it lichte swypkjen fan de heechste tûken
hjerstsinnich wûnder sa abstrakt
dat rook en kleuren wevet ta ûnsichtber reach
en skaden strielet yn fier' en treasteleaze hoeken
| |
[pagina 107]
| |
Dizedize, oeral dize hjoed
ien dizedrip wjerapegelet de wrâld
lûkt op yn'e ûnskuld fan myn noastergatten
in ier loopke lâns seamen fan
beammen dy't neakene tûken ûntwrakselje
oan in ûnsichtber park
myn hert weidet op snie en winterwyn
flarden dize lûke myn harsens yn
| |
[pagina 108]
| |
Gloedetûkjes tekenje roasterfyn har tsjin'e loft
ûnforweechber oan'e stilte hinget focht.
ynienen stiet de wrâld yn fjûr en ljocht.
beammen ha tusken ús in fyn gerdyn hongen
mar tinzen en tinten hawwe har al mongen
| |
[pagina 109]
| |
Wûnder't is net to knetzjen út in alfabet
sa as in fers yn rigen fan letters set.
dit wêzen bûten symboal en teken fan 'e tael,
ûntstiicht, it wurd foarby, oan elts forhael.
ik wyt it is in platitude:
sels it lytste lit hint net folslein biskriuwe,
hwat skreaun stiet, is heechút in etude
tusken objekt en waernimmer sil eat ûnsizber bliuwe.
|
|