Trotwaer. Jaargang 9
(1977)– [tijdschrift] Trotwaer– Auteursrechtelijk beschermd
[pagina 111]
| |
Tr. Riemersma
| |
[pagina 112]
| |
goed fwarkómt, mar dyt fwar de lêzers fon hûndet ier lyn, en ek fwar de skrjower fon ut vurk, apsurd vest havve soe. Doch mat dy ynterpretaasje oltyten ‘yn’ ut vurk sitten ha, oas koe ur dur letter net ‘út’ helle vurre? De lju fon hûndet ier lyn havve don doch dy ynterpretaasje oer de kop sjoen? Ik set fraagtekens, vont dusse kónklúzjes vólle mij net oan. Mij tinkt dot un kunstvurk yn ferskillendetiden ferskillende ynterpretaasjes ha ken. Ut mat sa vêze: ynterpretaasjes stjerre un kunstvurk ô en vaakse un kunstvurk oan.
Ut is, noch us, net sa dot vot mear dur út un kunstvurk helle vurt, vot mear ut ydeaal fon un óptymale ynterpretaasje tichterbij bracht is. De óptymale ynterpretaasje lait eane tusken ûnderynterpretjerring en oerynterpretjerring; mun ken dur temin ‘úthelje’ mar ek tefólle. Abma vól bijfwarbeeld amper ómtinken jan oan ut rym en ut metrem fon de fessen út De iken fan Dodona; dot is un kwesje fon ûnderynterpretjerring. Un fwarbeeld fon oerynterpretjerring is - fwar mij, en Abma hôrt dur rekken mai dot dur mear sókke lêzers binne - de ópmerking fon Abma dot ‘it lytse wyfke, de timmerman en de jongste kinne maklik model stean foar Maria, Joazef en Jezus.’ Ut is spytegernôch net sa, dot san oerynterpretjerring út himsels ôfôlt ómt ur oerstolleg en net-adekwaat is. Sa simpel lait ut net. Ik ken mai gin logyske riddenjerring óntstride dot Abma syn ynterpretaasje un seker hôrdfêst hat yn de tekst. Ut is fólle mear sa, dot Abma syn ynterpretaasje myn easte ynterpretaasje fon ut fes skaint, en dêróm hji ik ijevver hôn dot ur him stilhauden hji, vont dusse fon mij net vinske ynterpretaasje sii mij doch vól bijbljowe. Os ik út dusse dúdlek tige supjektyve ferhôring ta ut kunstvurk en ta útienrinnende ynterpretaasjes doch un olgemene kónklúzje besykje te lûkken, don mat dy vêze: oerynterpretjerring dógt ut kunstvurk mear skea os ûnderynterpretjerring.
Vot no ut ‘hineininterpretieren’ oanbelanget, ik ha dot vud oltyt sa begrepen, dot dejinge dyt him duroan skuldeg makket, dingen ‘yn’ de tekst ‘lait’ dyt dur helendol net ‘yn stonne’; hij lêst de tekst út syn aigen sytevaasje vai, of hij lêst him sat ur him graag lêze vól. Dy lêste beskuldegingen binne nwódiek, ómt se ûnderstelle dot de beskuldeger vit ut ien en oar ô fon de ‘hinein’-ynterpretearder syn pryvee-sytevaasje en/of syn fêstrwóstke ydeeën. Lykemin os mun de tekst fon un kunstvurk keppelje mai oan de pryvee-sytevaasje fon de skrjower, mai mun de ynterpretaasje keppelje oan de pryvee-sytevaasje fon de ynterpretont. Ut vurt minder nwódiek os mun de ynterpretaasje leze ken naist oare útteringen fon de ynterpretont, lykos mun de teksten fon ien skrjower ek fergelykje mai.
Vot is nammes krekt ‘eat yn de tekst leze vot dur net yn stjit’? Ut is net apslút út te maitsjen vot ol en net yn de tekst stjit. Un tekst is net ô, hij hat lege plakken dyt tróch de lêzer ópfólle en oanfólle vurre. Dy lege plakken fóllet de lêzer óp mai syn aigen ‘appersepsje-matryaal’, óm un vud út ut | |
[pagina 113]
| |
kweekskwallepsychologykbûk te brûkken, mai syn kennes, emoasjes, relaasjes, vrôdskôging. Mai oare vudden: de lêzer lait oltyten vot yn de tekst, de lêzer skept de tekst nai, hij kónkretysjerret de tekst.Ga naar eind2) Un tryvyaal fwarbeeld fon san leeg plak (‘Unbestimmtheitsstelle’) is: dur vurt un persoan beskreon, mar dur vurt net maideeld ot dy persoan skwón oan hat, of klómpen, leazens of sandalen, of hwasfwótling of óp bleate fwótten ómrint. De lêzer fôlt dot lege plak net iens óp, óngemurken lûkt ur dy persoan vot oan de fwótten. Dut kónkretysjerjen fon de tekst betsjut net olinneg dot de gotten yn de tekst sljóchte vurre, mar dot de hele tekst ô makke vurt. Neat yn de tekst is fólslain beskreon - ut is no ienkear ónmooglek óm mai un aindeg tol vudden de ónaindege verklekhyd te beskrjowen. Ut lyket sels sa te vêzen dot vot mear de skrjower beskrjoot, vot ónbeskater de tekst vurt. Un fwarbeeld: un sydenlange, sa krekt moogleke verjefte fon immens tinken. Ut net ô-vêzen fon de tekst jaut de lêzer de mooglekhyd óm de tekst tróch syn aigen ynbring ta libben te vekken. Dot betsjut dot de ‘Unbestimmtheit’ net negatyf vedjerre vurre mat, mar pozytyf, dot yn de ‘ónbeskatens’ fon de tekst de mooglekhyd ta verskepping en estetyske vedjerring jest lait.
Os vij no verómkeare nai ut ‘hineininterpretieren’, don soenen vij dy term ferstean kenne os un kónkretysjerring fon de tekst dyt te fier bóppe de tekst út gjit. Mar vot is ‘te fier’ en va makket dot út? Oare lêzers dyt oas - mar lyke supjektyf - kónkretysjerje... Om doch vot ynhôrd oan ut vud ‘hineininterpretieren’ te jan, soenen vij ut ópfotsje kenne os un ynterpretjerring inkeld fon út un beskate soasjalistyske, marksistyske, godstsjinstege ydee vai, of fon út un moadefylosofy of twangneuroze. Mar sóks ken lykegoed, en faaks helderder, útlain en ferkljerre vurre os un kómbynaasje fon ûnder- en oerynterpretjerring.
Nai dusse olgemene ópmerkingen kóm ik no ta Abma syn útgóngspunten en stellingen. Ut is spyteg dot Abma syn betoog net logysk ópbaut. De ferskillende, min of mear óp enwar oanslúttende, delen fon syn fyzje binne ferspraat oer de haadstikken ‘Utgongspunt en forantwurding’, A en B.
Ut ut fwaste haadstik lyket mij vichteg de ópmerking: (1) ‘Al is it foar my de fraech oft in skriuwer dy't sels syn wurk ynterpretearret oars kin as syn útgongspunten relateare oan it biografyske. Alles hwat er skriuwt is per definysje persoan-boun.’
Ut haadstik A: (2) ‘It fers is autoritair en autonoom. It is autoritair omt it autonoom is. De dichter hat in tige eigensoartige relaesje ta syn fers. Myn wurkhypothese is dat foar de dichter dy't syn fers lêst, mei tanksij dy eigensoartige relaesje, dit fers kwantitatyf minder autonoom is as foar de sljochtwei lêzer dy't it fers dat er lêst net skreaun hat. Biwiis marris dat dit | |
[pagina 114]
| |
wier is, kin men sizze. Biwiis marris dat dit net wier is, kin ik sizze. Yn 'e ûnbiwiisberheit fan beide leit ek myn rjochtfeardiging fan it hantearjen fan in wurk-hypothese. De dichter is (moreel) like ûndergeskikt oan de tekst fan it fers as eltse oare lêzer. Ek foar him is de tekst fan it fers autonoom. Dêr mei gjin misforstân oer bistean! Mei “kwantitatyf minder autonoom” bidoel ik dan ek dat de dichter tanksij syn eigensoartige relaesje ta it fers folsleiner ynterpretearje kin as de trochsneed lêzer.’
Ek út haadstik A: (3) ‘Mar, hwat is in tekst? Dat is hjir in kearnfraech tocht ik. Hwant as it giet om de kondysjonearring fan it fers, dan wyt de dichter mear as de lêzer. Dat kin net oars. It jin as dichter biwust meitsje kinnen fan dy kondysjonearring foarmet dan ek in wichtich kenniselemint binnen de eigensoartichheit fan de relaesje dy't de dichter ta it fers hat. It hat fan dwaen mei it wêzen fan it fers en de bitingsten foar it ûntstean fan it fers. De kondysjonearring fan it fers fynt delslach en echo yn de tekst fan it fers. Dat kin doch noait oars?’
Ut haadstik B: (4) ‘As it de dichter in bytsje slagge is hwat er bidoelt to sizzen yn adekwate biwurdingen yn 'e skreaune tekst to transponearjen - en dêr mei men fanút gean by elts mei in normale yntelliginsje - dan is, nochris, de ynderlike bidoeling fan de tekst net los to keppeljen fan de bûtentekstuële yntinsjes fan 'e dichter.’
Fjidders út B: (5) ‘Op in lyts tal útsûnderingen nei haw ik dus bisocht om my per fers op dizze doarpsmienskip to wreken troch harren net alinne yn 'e sijk to setten, mar leafst harren der yn to forsûpen.’
Beholven dot ut spyteg is dot Abma syn betoog net logysk, ik bedoel stap fwar stap, ópbaut, is ut ek spyteg dot ur syn stellingen net better taljochtet en/of mai un fwarbeeldsje úttsjut vot ur krekt en persys bedoeld. Yn dusse sytaten sitte noch gôns óndúdlekheden: Vot betsjut ut dot un fes autorytêr is? Vot vurt bedoeld mai autonoom? (Ik haf ut mar ynterpretjerre os fiksjoneel). Vot betsjut persoan-bûn en vêr bestjit dy bôn út? Vêr bestjit de aigensoatege relaasje út? Vot betsjut moreel lyke ûndergeskikt? Hû ken un tekst autonoom vêze os ur tagelyk kwantitatyf minder autonoom is? Vêróm ken de skrjower tanksij dy aigensoatege relaasje fólslainer ynterpretjerje os de lêzer en net minder fólslain? Vot vurt ferstien ûnder de kóndysjonjerring fon de tekst? Hû ken dur fon bwóttentekstúeel praat vurre os dur noch gin tekst is? Vêróm vurt de kursyvjerre keanfraag ‘Mar, hwat is in tekst?’ net beöntvudde?
Ik haf, sónder ut ontvud óp ol dusse fragen ô te vachtsjen, mij un miening fwarme oer Abma syn ópfottingen, en vot mij dêryn net-rillefont lyke, haf ik fjidder gin achtslain. Ut ken vêze dot ik Abma ferkead ynterpretjerre haf en | |
[pagina 115]
| |
dot ik polemysjerje tsjin dingen dyt ur net beveard hat. Dot is don te vyten oan Abma syn knóffeleg formúljerjen - ol bljoot ut skonde fon myn tiid...
Mun soe út sytaat (1) ópmaitsje kenne dot olles vot yn un lyterêre tekst beskreon vurt, út ut libben nómmen is. De verklekhyd hat model stien fwar de tekst. Meskyn mat mun út ‘persoan-boun’ begrype dot ut fwarbeeld fon de tekst sels út ut aigen libben fon de skrjower nómmen is; elke tekst soe don autobyografysk vêze.
Ik ferskil jiroer fon miening mai Abma. Neffens mij beskrjoot de skrjower lang oltyten net persoanen of fwarfollen dyt oan de verklekhyd óntliend binne, en mócht ur ol út en tróch un beskaat fwarfol út de verklekhyd óppikke en ta útgóngspunt fon un tekst kieze, don sil ut noch faken barre dot út dy tekst fólle mear en heel vot oas vaakst os olinneg de ôspegeling fon dot vierbarde fwarfol. Dot histoaryske fwarfol ken yn de totale tekst fólslain óp de achtergrûn raitsje.
Ik nim oan dot Abma ûnder de kóndysjonjerring fon de tekst (3) ferstjit: dotjinge vot de skrjower oan de lea of de geast ûnderfûn hat. Ut selsbelibbe fwarfol is don betingst fwar ut óntstean fon un tekst. Vjirskynlek rekkent Abma ek de bedoeling fon de skrjower (5) ta de betingsten fwar ut óntstean fon un tekst. Oer oare betingsten vurt net praat. Yn un simpele formúlle gearfotte soe ut don sa vêze: selsbelibbe fwarfol + bedoeling = tekst.
Neffens mij óntbrekt jir vot. Ik ljo dur neat fon dot selsbelibbe fwarfol (bijgelyks minne behondeling) + bedoeling (bijgelyks vraaksucht) automatysk un lyterêre tekst ópsmyt, os un soate fon gemyske réaksje. Ik ken mij skoan oare risseltaten fwarstelle: de skrjower gjit veróm nai ut dwarp fon syn jeugd en slagt un pear fon dy lammelingen fwar de kop; of hij gjit yn ut djipst fon de nacht bij de boeren lôns en dóndert de molkbussen yn de grêft; of hij lait him út óp oare pesterijen, annonyme brieven of vot ek. Abma sait: ‘Ik ha lykwols gjin middel om my to wreken, of it soe de pinne wêze moatte.’ (haadstik B) Ik ken hast net ljowe dot Abma jirre earlek is; de jefte óm ien ut bloed ûnder de nailen vai te heljen is doch elk minske oanbenne? Mar sels ol soe Abma ónbekwaam vêze ta olle kwea, en ol soe ur inkeld mar skrjowe kenne, vêróm hat ur don net eksakt beskreon hókker rotstreken syn ôd dwarpsgenoaten úthelle ha, en dot ferhaal bij stinsel fermonnegfôdege bij neare nacht yn olle brievebussen fon ut ôddwarp treon? Dòt soe un ópskwór jûn havve!
Abma makket net dúdlek vêrómt ur ynstee fon ferslag te dwan fon de verklekhyd, lyteratuer - fiksje - skreon hat, vot fwar de gevoane mon betsjut: óptocht, ónvier, en don ek noch fessen, dyt fwar de gevoane mon nòch fjidder fon de réalytijt ô stonne os ferhalen en romons. | |
[pagina 116]
| |
Hûfólle minsken yn Abma syn ôddwarp sille de fessen lêze en har dur tróch ‘yn 'e sijk’ set fiele? Vêróm ek vurt de bóndel fessen ferkocht oan lju dyt neat mai Abma syn ôddwarp noareg havve? En vêróm skrjoot Abma duroer yn un lyterêr tydskrift ynstee fon yn ut streekblêd dot yn syn ôddwarp lêzen vurt?
Dut ollegjerre is dwaas, onfwarstelber, ynadekwaat en tiidfergriemerij, os vij yn de kóndysjonjerring fon de tekst net un oare faktor behelje, te vitten: un persoan dyt dur nócht oan hat óm lyterêre teksten te maitsjen. Sónder dy persoan is ut hele lyterêre bedrjo óntinkber. Pryveebedoelingen fon dy persoan spylje amper un rol, lyket mij ta; de jinnege rillefonte bedoeling is de bedoeling óm un (goede) lyterêre tekst te maitsjen.
Abma misken ut spesyfyke fon un lyterêre - fiksjonele - tekst. Hij makket gin ûnderskied tusken fiksje en non-fiksje. Syn ópmerking yn sytaat (4) hat neffens mij betrekking óp non-fiksje. Immen dyt un ferhondeling of un artykel skrjoot, sil him bevust vêze (matte) fon syn bedoelingen en hij sil dur fwar swargje (matte) dot syn vudden fólslain dúdlek maitsje vot ur seze vól en dot dur gin misferstôn mooglek is.
De tinzen en ydeeën dyt yn un artykel dellain vurre, vjinnen dur ol jert ut artykel óntstie, se vurre yn ut artykel ‘ûnder vudden brocht’, en dot mear of minder adekwaat. De tekst fon ut artykel is de útdrukking fan de ydeeën dyt de skrjower óntvikkele hat.
Yn un fiskjonele tekst vurre de ydeeën tróch de tekst beskaat. De ydeeën vurre net ûnder vudden brocht, mar se óntstonne út de vudden. Prymêr is de letterleke tekst; dur vurt vól sain: un lyterêre tekst hat gin ynhôrd, of dy hat east yn de fwarrem vest.
Elk dyt vól us un fiksjonele tekst makke hat, vit dot de tekst net de eksakte delslag is fon de skrjower syn noasjes, syn bedoelingen, gefoelens, ensfh., mar dot dy tekst ‘syn aigen góng gjit’, en himsels ‘réalysjerret: ‘ut iene vud hellet ut oare út’. De tekst makket himsels frij fon de eventúele histoaryske achtergrûn, hij óntvynt him oan de skrjower syn bedoelingen, hij ferfrjemdet him fon de skrjower en makket him frij en selsstonneg - autonoom.
Os no un skrjower fon syn tekst sait (fergelykje ut 2e sytaat): dot slagt dêróp en dut hôrt dêr ferbôn mai, don vól dot neat oas seze os dot ur de ‘Unbestimmtheitsstellen’ fon de tekst mai histoarysk matryaal oanfóllet, vylst de lêzer-net-skrjower dy lege plakken mai óptocht matryaal fóllet. Om un fwarbeeld te neamen: bij de fyguer Boer Bontsje (út De iken fan Dodona) stel ik mij un grauliveg persoan fwar, mai un skjinne blaukyle mai vyte | |
[pagina 117]
| |
knopen oan, en un pet óp de flaizege hólle. Mear net, ik soe ut gesicht net úttekenje kenne, mear haf ik grif net noareg. Abma hellet him faaks mear fwar de geast, hij tinkt oan Boer Bontsje sat ur sit te melken, of dóngstruit, of hût ur nai tsjerke raizget. De iene kónkretysjerret mear os de oare. Mar os Abma don stelle soe: ik ha Boer Bontsje jirren maimakke, ik ken him sat gin lêzer fon ut fes him ken, ik vit noch fólle mar fon him os vot yn ut fes stjit, don lees ik dêr tsjinyn: Boer Bontsje betsjit olinneg yn ut gedicht, vij vitte neat oas fon him os vot yn ut gedicht stjit, en os ut gedicht net skreon vji, hji Boer Bontsje net bestien.
Ik vól fonsels net óntkenne dot un skrjower (sóms) aigensoatege relaasjes ta syn vurk hat. Mar myn stelling is: de aigensoatege relaasjes fon de skrjower ta syn vurk behinderje him óm dot vurk adekwaat te ynterpretjerjen. Abma ferstjit ûnder aigensoatege relaasjes lyket mij ta: de oantinkens oan de verklekhyd vêrt de tekst un réaksje óp is en de oantinkens oan de bedoeling fon ut skrjowen fon de tekst. Neffens mij is dur noch un relaasje, te vitten ut oantinken oan ut skeppingsproses. Kwat nai ut reekómmen fon de tekst spylje olderhonde tekstdelen dyt vailitten of vizege binne noch un rol. Ek plesier bij ut skrjowen, of krekt mismoedegens ómt ut net vaar vot mun hope hji, spylje un rol. Mar óp un doer stjerre sókke oantinkens ô, en don is un skrjower jest yn steat óm syn aigen vurk te ynterpretjerjen en te beoardelen.
Nammes net olinneg de skrjower, mar ek oare lêzers, yn ut fwaste plak femylje en kunde fon de skrjower, kenne un apatte relaasje ta ut vurk havve yn dy sin dot se ut vurk relatjerje oan un beskaat fwarfol út de verklekhyd. Femylje en kunde havve noch vól us de oanstriid óm ut vurk te hifkjen óp syn ‘vjirhydsgeholte’, te sizzen ot de skrjower vól ‘earlek ferslag’ fon de verklekhyd dien hat. Ek lyteratuerkrytysy, dyt oas better vitte mûsten, havve dur areghyd oan óm ut vurk fon de skrjower os un begeliedingsprodukt fon syn byografy te sjen. Fwar ol sókke lêzers jild dot se ut fiksjonele fon un lyterêre tekst miskenne, en dêróm minne lêzers binne.
Ik hji tocht dot Abma yn syn artykel un ferlitten stelling ferdedege, mar hij blykt doch net poerolinneg te stean. Tafolleg rón ik tsjin un artykel fon N.P. Stallknecht oan, vêrynt deselde pozytyve vedjerring fwar de relaasje skrjower - aigen wurk ópbrocht vurt.Ga naar eind3) Stallknecht jaut mij gelegenhyd óm noch vot djipper óp de saak yn te gean en óm myn tinzen ô te rûnjen. Oas os Abma dyt klam lait óp de histoaryske achtergrûn fon de tekst en óp de bedoelingen fon de skrjower, rjóchtet Stallknecht ut ómtinken óp ut skeppingsproses, vêrt de skrjower tsjûge fon vest hat, en de lêzer útsoate net. Ik nim ut pat fon ut artykel dot betrekking hat óp dy relaasje jirre yn fertaling oerGa naar eind4): | |
[pagina 118]
| |
‘De dichter ken syn aigen vurk daleks os ur ut lêst of ut him fwar de geast hellet aktyf ynterpretjerje of ta libben bringe. Syn begryp fon ut ferbôn tusken tekstdelen is grutter os dot fon elkenien - de meast bejeftege lêzer útsóndere -, maidot, ta un hichte, dy ferbonnen fwótkómme út syn aigen bedoeling, te sezen, út ut fwargefoel dot ur, hû faag of skematysk ek, hat fon vot ur maitsje sil. De dichter hat tsjûge vest fon un kréatyf proses dot pleats fûn yn syn aigen bevustvêzen. Hij hat, óm samar te sezen, óp ferskillende nivoos mai ut fes libbe, fon ut oldereaste begin os un faag ómskreon óntverp ô dot him noch óndúdlek fwar ut êg ôtekene, meskyn gearfotte yn un pear losse sinnen, tróch de ferskate fazen fon kómposysje, vylst de oanfielde of bedoelde betsjutting him ol óntjûn hat, en stap fwar stap ut geheel fon ut vaaksende kómpleks fon ut fes sels yn de macht krygen hat. Oan de oare kônt mat de lêzer ut gedicht fon bwótten ô naieroan kómme. De karmooglekheden dyt achter de vudden en ritmen fon ut fes leze, de trjidden fon de estetysadke en semontyske ferbyningen, binne him net daleks bevust. Hij mat se óp nij feroverje, sómtiden tróch un proses fon doelbevust rieren nai, jert de fólle gearklang oan betsjutting, ut libben fon ut gedicht sels, him klear vêze kin. De lêzer mat, sels os ur fon ut fes frij en ónbehindere genietet, sykje óm eat vot him yn faite net jûn is. Om sa te sezen, hij mat oltyten tusken de vudden en de rygels lêze os ur ut gedicht ta libben bringe vól. Ut fes vurt olinneg don fólslain, os vot tusken de vudden lait lyke klear vurt os de vudden sels. Tusken de vudden, ree óm bij un súksesfól lêzen rûnóm nai foaren te kómmen, lait un betsjuttingspotinsje dyt, aktúalysjerre, ut fes syn únyk karakter jaut en dot de lêzer mai blidens begroetsje sil. Mar de lêzer mat himsels tusken de vudden pleatst havve. Vot dut oanbelanget ken de dichter him oer, maidot ur tusken de vudden sitten hat fon ut easte skrútten ferskynen derfon ô bij ut drege vurkjen oan de kómposysje.
Lykegoed ken de geduldege lêzer mai ûnderfyning him bijtiden mai rjócht en reden ôfreegje vot beskate tekstdelen no aigenlek mai enwar te maitsjen havve. Ut is oltyten mooglek dot de dichter yn un moment fon hoopfól ontûsjasme un beskaat effekt sónder mear oannómmen hat, vylst de vudden dyt ur koazen hat dot effekt net oerdrage - of meskyn hat ut tróch un persoanleke asoasyaasje oan un sin of un byld un kennesynhôrd ferbûn, vêrt ut grutste pat fon syn lêzers net óp kómme ken.’
Mij tinkt, vij matte oldereast ôrekkenje mai de byldspraak dot de lêzer tusken de vudden en de rigels lêze mat os ur ut gedicht ta libben bringe vól. Tusken de vudden en de rigels stonne olinneg mar spaasjes en ynterlynys, en dêr vurt un lêzer net un soat viizder fon. Byldspraak kryget sa gau un aigen libben en nimt don ut plak fon krekte formúljerring yn. Vot Stallknecht vinlek bedoelt te sezen is, lyket mij ta: bij ut ynterpretjerjen fon un gedicht mat mun net olinneg sjen nai de vudden dyt dur stonne, en nai de | |
[pagina 119]
| |
haadbetsjutting fon de vudden, mar mun mat ek elk vud óp himsels fergelykje mai synonymen dyt dur net stonne en besykje te begrypen vêrómt de skrjower dut vud no krekt koazen nat en mun mat naigean hókker núônsjerringen dur oanbrocht vurre tróch de ynfloed dyt de vudden út ut fes óp enwar havve, eh hókker (bij)betsjuttingen ekstra klam krije tróch ritme en rym, tróch metrem en anty-metry, tróch pleatsing yn de sin en enjambement.
Os de fyzje fon Stallknecht sa goed verjûn is, don vól hij beveare dot de skrjower ol dy ferbonnen tusken de vudden en vudgrûppen of tekstdelen better leze ken os oare lêzers, ómdot dy ferbonnen fwótkómme út syn aigen bedoeling of fwargefoel. (Ut begryp fwargefoel, dot un sekere passyvens bij de skrjower ûnderstelt, un ôvachtsjende hôring, lyket mij mear possen bij ut kréatyve proses os ut begryp bedoeling, dot tsjut óp un pion dot útfierd vurt.)
Stallknecht hôrt yntusken un slag óm de jerremtakke mai te stellen dot dy ferbonnen ta un hichte út de bedoeling of ut fwargefoel fwótkómme. Hû heeg dy hichte is, sait ur net, en lykemin vêrt dy ferbonnen don út fwótkómme os se net oan de skrjower syn bedoeling of syn fwargefoel óntsprútte. Os mun sa faag bljoot, ken mun fonseis un soat beveare! Nammes, set Stallknecht ek dotjinge vot dur don noch oerbljoot fon syn bevearing yn de lêst sytjerre alynéa net óp losse skrûven? Os dur fwar de syn aigen vurk ynterpretjerjende skrjower oltyten ut gefaar driget, dot ur dingen lêst dyt dur net stonne, dot ur ferbonnen lait dyt dur net binne, os ek de skrjower bij ainslútten, óm vis te vêzen fon un goede ynterpretaasje, ôgean mat óp de tekst sat dy dur lait, hókker fwarspróng hat ur don noch óp oare lêzers?
Ol is jirmai Stallknecht de mwólle tichtbûn, ut is oltyten vot maklek óm ien mai syn aigen vudden fwar ut blok te setten, en ut befredeget net. Dêróm soe ik doch noch vól vot seze vólle oer ut proses fon de kréaasje, vot Stallknecht, lyket mij ta, os un fjiste bevust en vóloerlain vurkjen-oan beskôget.
De iene skrjower sait fonsels de oare net, en ut is mooglek dot dur dichters binne dyt hele risten synonymen en lykvidege sinkónstruksjes yn tinzen of óp pepier naistenwar sette óm dêr don ut gaadlekste vud of dé bêste sin út te sykjen. Mar regel lyket mij dut net. Ut is olmeast sa, dot un skrjower, sat Stallknecht sait, un beskaat fwargefoel hat fon vot de tekst vurre vól, de skrjower fervachtet dut en dot, hij sjugt ut fes ol fwar him. Faak is dur ek ol un rigel, ut hûgt de fwaste net te vêzen, dyt os útgóngspunt tsjinnet, of vêrt óp ta skreon vurt. Mar don? Vêr kómme de vudden vai os dur noch gin synonymen binne óm út te kiezen? Ut soe ut maklekst vêze óm te | |
[pagina 120]
| |
sezen: gwón sinnen binne dur ynienen en dy vurre skreon en goed befûn, en dur vurt nea fergelyke mai oare mooglekheden, en yn oare gefollen vurre dur sinnen útprebjerre en befredeget ginien fon olle probearsels. Vier ken dot net vêze, vont un sin is dur net samar, dêr mat tinken en oerlees oan fwarô gean. Mar ut lyket mij óndwanlek óm dut proses, fon hût un sin ynienen út de fólhyd fon juns tinzen vai ópdûkt, krekt te beskrjowen. Mun hat, os mun sit te skrjowen, juns êgen en earen net ticht, dot sadwande kryt mun ollerhonde vjirskynlek steurende, mar yn gwón gefollen faaks ek vól ynspyrjerjende yndrukken. Dêrbij tizet dur yn juns hassens ek noch un macht tinzen óm dyt fwar ut meastepat neat mai de te maitsjen tekst noareg ha. Don ynienen is de sin dur: ‘óp un hautbult siet un kot him te slikjen.’ Vêróm is dot un kot vurren, vêróm net un mósk? Kómt dot fon de kot dyt mij nyskes óm de tjennen strúnde? Of kómt ut fon de mósk dyt niis óp ut sket siet, en tocht ik sadwande oan ús kot dyt oltyt óp móskejacht is? Dot ken mun yn de regel net nai fertelle. En stel dot dur skielek un lêzer kómt dyt sait: ut beeld fon dy achtertún hji fólle sprekkender vurren os dêr net un hautbult stien hji, mar un ferrwóstke sentryfúúzje, vêrt dy kot óp siet. Vot mat mun dêr oas óp seze os: net óp sind? Mun vit faak net vêrt ut vaikómt, vot mun skrjoot. Ut is dur, sóms goed, sóms net ol te bêst: ut ken jun mairinne of tsjinvjirje. Vinlek ken mun un skrjower don ek net ferontvudlek stelle fwar vot ur skreon hat - mun ken him dur inkeld óp oansprekke dot ur ut net skrost hat.
Yn dy gefollen vêrynt mun vól vot achterhelje ken fon de skrjower syn kiezen út ferskillende mooglekheden, os dur oantekeningen bevarre bleon binne of un lettere printinge ómarbaide is, is ut neffens mij ek net sa dot dutte bijdraagt ta ut better begrypen fon de tekst. Sóms is de feroare ferzje lykveadeg oan de easte, en don freget mun jun ô vêrómt de skrjower überhaupt oan ut feroarjen slain is, mai oare vudden: don begrypt mun dur noch minder fon. Ut kómt ek foar dot un skrjower syn ol útjûnne teksten yn un twadde printinge behoffenet, óp un menier dot mun tinke mat dot de skrjower neat fon syn teksten begrypt, dot ur se sa fergriemt. En yn ver un oar gefol ken mun jun net begrype vêrómt de dichter east dy stómpsinneg banale sin skreon hat, en net fwótendaleks de gûie sin dyt yn de printe bwanne stjit.
Ien mai oar hôr ik ut duróp dot de relaasjes dyt vichteg binne fwar ut ferstean fon de tekst, tróch de lêzer út de tekst te heljen binne, en dot ur dêrbij gin ferlet hat fon jeddere, tróch de skrjower fersmyten, redaksjes, noch fon olles vot him ûnder de kréaasje yn de hassens fon de skrjower ôspyle hat.
De skrjower hat don neffens mij ek gin fwarspróng óp de lêzer - of ut soe un tydleken vêze matte: hij lêst de tekst mwannen, en sóms jirren jedder os | |
[pagina 121]
| |
oare lêzers. |
|