De fraech nei it hwêrom
It is, blykber, net ienfâldich, dúdlik to meitsjen hwat men as lêzer/kritikus oanwol c.q. oanmoat mei poësij.
Dizze konklúzje moat wol lutsen wurde as men lêst hwat S. Sybrandy as relefante opmerking helle út myn bisprek fan de bundel Popkes tekenje fan S. de Jong. Sybrandy konkludearret dat ‘Adri van Hijum poësij lêst om de ynformaesje en dan útrekkene de fersen fan Steven de Jong dêr't hy de understatements net fan oanfielt.’ (Trotwaer 1976-5, side 320)
Ik tink dat mei dizze folsin yn koart bistek oantsjut wurdt hwer't de problematyk sit dy't gearhinget mei it hifkjen fan kunst yn it algemien en dus ek fan poësij.
Yn myn eagen bistiet kunst (theater, musyk, dâns, literatuer, byldzjende kunst ensfh.) by de graesje fan de konsumint. Leo Vroman formulearre dat heel pregnant yn it fers Voor wie dit leest. De seisde strofe fan dit fers bigjint mei de sin ‘Doe deze woorden niet vergeefs ontwaken’ en dat is it wol sahwat. Der sil hjir of dêr wolris in Gauguin wêze dy't, ôfsletten fan de wrâld, allinne foar syn eigen wolwêzen, dwaende is mei it kréearjen fan mear of minder slagge kunstprodukten, oer it generael lykwols wurdt kunst makke mei it doel oaren as de produsint fan dy kunst, mei dy kunst op 'e hichte to bringen. Hwat docht de kunstner as hy him dwaende hâldt mei it kréearjen fan wurk? Krekt, forbyldzje, forwurdzje, yn lûden werjaen hoe 't hy de wurklikheit, better miskien in stikje fan de wurklikheit, sjocht. Foar de kunstkonsumint is ynteressant hwat de kunstprodusint seit, sjen lit, hearre lit fan syn fisy op in stikje wurklikheit. Sybrandy hat it dus goed sketten as hy stelt dat ik poësij lês om dêr ynformaesje út op to dwaen. Ik kin my oars ek net maklik in yntellektuele aktiviteit foarstelle dy't net as driuwfear it ynformaesje forkrijen hat.
In needsaeklik forfolch fan myn earste stelling (kunst bistiet by de graesje fan de konsumint) is: de konsumint kin easkje dat de produsint him sa dúdlik mooglik útsprekt oer syn ynterpretaesje fan syn wurklikheit. Ik tink dat L. Wittgenstein yn dit forbân it bigryp taelspul ynfiere sild hie. Men soe, mei oare wurde, sizze kinne dat kunst allinne dan ynteressant wêze kin foar de konsumint as de produsint in dúdlike fisy op de wurklikheit jowt. It liket my, wer oars sein, folslein ûnsinnich in foarm, hoe fraei dan ek, to produsearjen sûnder in dúdlike ynhâld. Sa'n foarm soe, op syn bêsten, allinne en by útslúting foar de produsint ynteressant wêze kinne. Hjir leit ek myn fundamentele biswier tsjin, bygelyks de steapelfersen dy't J. de Haan ea yn dit tiidskrift publiseaje liften hat. Dy steapelfersen binne neat oars as abstraksje fan abstraksje fan de wurklikheit en dêrmei foar púzzleders aerdich boartersguod. Ek foar net-púzzleders wol aerdich om der ris op in treurige sneintomiddei mei om te pielen, mar seker net mear as dat.