fersrkiklek vichtege, aspekten fon ut kunstvurk os de nijskjirregens fon ut ferhaal, ut ûnderverp, de tematyk, ut vrôdbyld sat dot stôl kryt. Net elkenien fynt olles lyke smaaklek en heel vot minsken sille, ómt se de oanbiedingsfwarrem net lekker fyne, de taalpil net óphappe vólle. Vot sait de Kommisje jirre fon? Neat fonsels.
En os lêste is dur don noch: ut ómslag, de tytel, de typografyske ferswarging, dyt ek elk fwar harsels un rol spylje os ‘smaakmakker’. Oer ol dusse dingen neat. Doch binne se tige belangryk. Ek fwar de Kommisje dyt supsydzjes taviist. Of net taviist.
Ja, de Kommisje sait doch vot. Yn kêst 18 stjit dot dur fon útgien vurt dot de góngbere stavering brûkt vurt, en dot, os de útjauer stjit óp un ôvykende stavering, hij de needsaak dêrfon oantoane mat.
Op himsels is ut ol núver dot de útjauer ûndersteld vurt un miening oer stavering te havven, ja te beslissen yn hókker stavering un taalkunstvurk ferskyne sil. Hût de Kommisje dut yn syn kommisjekop kryt, is mij net dúdlek. Of ut mat vêze dot de Kommisje vólbewust de oteor mai syn yndyvydúele skrjotront bwótten de diskusje hôre vól, en krekt dwan vól os hat de útjauer un stel robotachtege ferhaaltsjeskrjowers-taalbefwadderers yn ut vurk.
De Kommisje hat grif fwarkar fwar de góngbere stavering, teminsten de needsaak dêrfon hûgt net oantoand te vurren. Ik mat seze dot ik de tinzen dyt jirachter sitte net rekónstrúerje kin. Ik kin mij überhaupt net fwarstelle dot ut vonear en vêr ek NEEDSAAKLEK is óm yn hókker stavering ek te skrjowen. Ik ken mij nammes ek net fwarstelle dot ut needsaaklek is óm te skrjowen (lyteratuer te maitsjen).
De Kommisje hat jir grif ver net oer naitocht. Meskyn hat de Kommisje vól tocht: vij tinke jir mar net oer nai, vont os vij jir oer naitinke, don kómme vij meskyn ta kónklúzjes dyt vij helendol net areg fyne, dus kenne vij better net naitinke, mar gevoan vot dóm lulle. Vont dut is dóm gelul. Un skrjower is frij óm ol of net te skrjowen. En os ur kiest óm ol te skrjowen, don is ur frij óm yn hókker stavering ek te skrjowen. Dur is jir óp gin inkele vize sprake fon matten, fon needsaak.
Oannoazele holzen havve vól beveard dot de góngbere stavering soe makleker te lêzen vêze os ollerhonde nijere staveringen. Dur is ek beveard dot oare staveringen soenen ut lêzend fólk fon ut friesk ferfrjemdzje. Dusse gjolpen misse sels de skyn fon un beviis. Dêróm soenen dusse gjolpen tige skoan yn ut tinkpetroan fon de Kommisje posse.
Mar sels ol soé ut vier vêze, dot gwón lêzers fonvege de stavering un bûk net lêze vólle, vot don noch? Dur binne ek bulten lêzers dyt un bûk net lêze vólle ómreden fon un beskate tematyk, ómreden fon ut ûnderverp, of dyt un bûk oan kônt leze fonvege de yngevikkeldens fon kómposysje, sênery, point of view, of óm de slimmens fon de sinbau.
Mat de skrjower skielek ek noch oantoane dot ut needsaaklek is óm sa healviis mai ut point of view óm te slaan, of óm un modern libbensgefoel yn