| |
| |
| |
Tr. Riemersma
Súppermon en súppertrut
L. Hornstra, Sniejacht(ferhalen), De Tille, Ljouwert 1976
Fon un ferslag yn de kronte fervachtet mun dot ut de verjefte fon de verkleke tadracht is, en mócht bij kóntrôle blyken dwan tot de ferslagjauer dur mar vot hinneskreon hat, don vurt dot dy ferslagjauer en dy kronte os un flater oanrekkene.
Bij un lyterêre tekst lait dot oas: dur is gin beswier tsjin óm te kóntroljerjen ot ut ferslag dot un ferhaal of un romon befettet, strykt mai oanviisbere of efterhelbere faiten, mar ot dot ûndersyk pozytyf of negatyf útfôlt, dot sait neat oer de ‘vjirhyd’ noch oer de ‘veade’ fon dot ferhaal of dy romon. Yn dy sin is un lyterêre skepping autonoom; of ek vól: un lyterêre tekst is fiksjoneel.
De fiksjonalytijt fon un tekst hôrt net yn dot dur néát hûgt te stryken mai de faitlekhyd. Os yn un gevoane réalistyske romon ferteld vurt dot dur un sekere skwalmaster beróppen vurt nai un ienmonsskwalle mai 35 bên, don mai de krytykus seze dot dot ónsin is. Mar os dot skwaltsje sytúerre vurt yn de útbwórren Flaakswert ûnder Bolswert, en ut dógt bij kóntrôle blyken dot dy útbwórren net bestjit, dot hindert neat. Yn ut bysûndere, ut únyke, nai tiid, plak en persoan beskate ferhaal, is de skrjower frij, mar hij mat durfwar swargje dot de olgemene regels, de skemas stryke mai de réalytijt sat de lêzer dy ken. (Dot hôrt yn dot un ferhaal dot yn un syneesk dwarpke spylet, sóndegje ken tsjin de skemas sónder dot de measten fon ús ut yn de gaten ha, en dot sû vól ver ta gefólg ha kenne dot san ferhaal ús minder rekket. Ut lyket mij ta dot de ynteresse dyt jo yn un ferhaal stelle, óntstjit út de sponning tusken de fwarkennes dyt jo os lêzer fan de olgemene regels havve, en de besónderhyd, de nijens fon ut fertelde ferhaal.)
Hûvólt de measte lêzers de fiksjonalytijt fon un tekst vól ynskikke - se sille bedoel ik ‘80.000 yn in stêd’ net fersmyte ómdot dur óp de Nijbuorren te Ljouwert helendol gin Sandra de Bruin vennet - lyket ut oer ut olgemeen doch sa te vêzen, dot ut de lêzers un pree tinkt, os blyken dógt dot de tekst vól óp un oanviisbere réalytijt (en don ljest noch de skrjower syn aigen vjerfaringen) veróm te fieren is.
De oanstriid óm tekst en libben fon de skrjower lyk te slaan, of slimmer: óm de skrjower os persoan te beoardeeljen oan de hôn fon syn tekst, of oasóm de tekst te beoardeeljen neffens ut persoanlek libben fon de skrjower, lyket mij ta inkeld negatyve oarsaken te havven. Ik neam: sensaasjesucht, oergunst óp immens prestaasjes, rabsucht, gemaksucht, rankúnne.
| |
| |
Dur lykje resinsinten - optymistysk neamt mun dy vólrus ‘un better soat lêzers’ - te vêzen dyt ut mai myn (no ja, ik haf ut ek fon un oar...) ópfottingen óniens binne, en dyt vól ferbôn leze tusken de persoan fon de skrjower en syn tekst.
Willem Abma dógt dot bijfwarbeeld yn de resinsje fon ‘Lyts Frysk Deadeboek’ 1) os ur skrjoot: ‘Jan Wybenga, berne 1917, sit yn dy jierren dat de âlderdom en âlder wurden ta in obsessy wurde kinne. Hy hat syn eangsten foar 't âlder wurden. Hy ûntwikkelt in geweldigen agressy tsjin it âlder wurden, it forfal, forgean, it forsuterjen.’ (s. 315) No kómt ut jirre tafolleg út; dur blykt oerienstemming te vêzen tusken de jeld fon de skrjower-os-persoan en dy fon de ‘ynsletten skrjower’ (de fyguer vêrt mun óp grûn fon de tekst ta beslútte ken). Mar betsjut dusse oerienkómst dot dy fessen dêróm vierder of better binne? Nim don us un pear fessen fon Eppie Dam en kónstatjerje dot Dam fólle jónger is os de ‘ynsletten skrjower’ fon dy monneg fessen - hat Dam don de boel belazere, en binne dy fessen dêróm ónvieren/of minder goed?
Frau Steenmeijer dógt utselde os se skrjowend oer ‘Sniejacht’ 2) sait: ‘Yn de figuer fan de man, foar hwa't alles griis en dizenich is en dy't him mije moat om syn hert, kin men de skriuwer werkenne. Yn de fersen Ophtalmology I en II en Cardiology I en II (Alternatyf, july 1976, s. 57-60) uteret Hornstra him oer syn sykten. Tsjin dy eftergroun is it forhael in bytsje navrant en sinister.’ Os no blyken dwan sû dot dut ferhaal skreon vji tróch un mon mai un hat os un dyselmoter, vji ut don minder ‘navrant en sinister’? Frau Steenmeijer taast jirre de autonomy fon un tekst oan, mai de veade durfon (mai) beskiede te litten tróch syn ferhôding ta de (fermiende, olteast net beviisde) faiten. Se dógt utselde bij ut ferhaal ‘Fisk’. Yn oare gefollen dógt se ut net. Vêróm net? Ut sû bijgelyks mooglek vêze dot de skrjower yn 1932 un tocht tróch Fryslon makke hat, ynsnijd rekke, en bij un healvize tutte sljipt ha - tsjin dy eftergrûn sû ut ferhaal ‘Sniejacht’ yn frau Steenmeijer har tinken dochs heel vot oan navrontens of vot don ek vinne matte. Se hat grif te beroed vest óm ut persoanlek libben fon de skrjower nai te sneupen óp méár oerienkómsten mai syn lyterêr vurk os de oerflakkege dyt yn ut êg springe.
Klaes Jansma hat utselde dien, mar óp un vot mislekere - rabberege en kwônskwiis-mailydseme - menier yn ut besprek fon fessebóndels fon Tsjêbbe Hettinga en Berber van der Geest 3), tróch te eameljen oer Hettinga syn minne êgen en Van der Geest har óngetraude steat! Harrekrammelegodferjamme!
Hear (of Frau - mun vit sóks nóit bij skûlnammen, ut kin dus ek vól un Kween vêze). Dynamus dógt ut noch mwaier yn ‘Sonde’ 4) vêrt ur/se/ut de poletyke en lyterêre karjêre fon Geart van der Zwaag hifket nai oanlieding fon ut ferskynen fon dy syn ‘Quatrinen’. De redaksje neamt yn de ynhôdsópjefte dutte de ‘eigen wize’ fan Dynamus. Ut is tryst dot sókke lóftse jónges nai sókke uifemismen grype.
| |
| |
Bij gin fon dusse fjauer resinsinten vurt der systematysk ferbôn lain tusken skrjower en tekst, en ut is dus gin metoade. Ut bart te hea en te gês, don jir us, don dêr us. Ut binne losse en net-ferontvudde, net-ûnderbaude prebearsels óm fot óp ut vurk (en yn un inkeld gefol óp de skrjower) te krijen, óm dot vurk (of dy persoan) sees mar ónskealek te maitsjen.
Ut lykslaan fon de tekst en de skrjower syn persoanlek libben - ut negjerjen of ôvizen fon de fiksjonalytijt dus - ken ek noch ta de kónklúzje liede dot de skrjower achter olles stjit vot syn persoanen dógge, seze en tinke. De ferskillende ik- en hij-fygueren út de ferhalen binne don ollegjerre lykefólle ‘ferklôiingen’ of ‘rollen’ fon dyselde skrjower.
Sa skrjoot Willem Abma yn ut ol jedder oanhelle besprek: ‘Yn de sitearre tekst út Lyts Frysk Deadeboek wurdt formeel net dúdlik oft de miening fan de dichter sels of fan oaren werjown wurdt. Yn werklikheit is dizze fraech net wichtig. It is de meining fan de dichter, ek al docht er oft it de miening fan in oar wêze kin. Hy spilet heechút forskûl. Hy dûkt.’ (s. 315) Ut syn kóntekst vaihelle en sónder acht te slaan óp ut ynterpretjerre gedicht, is vot Abma sait oanfjuchtber. Abma lyket fon miening te vêzen dot un skrjower oltyten syn aigen miening útteret, mar dot ur dy miening sómtiden, ómdot ur dur sels net fwar útkómme dwar, un oar, ien fon syn persoanen, yn de mwólle lait; hij ferskûllet him don achter un oar syn rêg. Ik tink dot Abma ek un oanhinger fon de ‘ferklôiingstéory’ is: de skrjower ken him os ‘ik’ fwardwan: don stjit ur yn syn bleate got; of os un ‘hij’: don hat ur un masker fwar; hij ken ek os haadpersoan un lid fon de oare sekse kieze: don is ur os travestyt hast net veróm te kennen -mar lykefólle hút de skrjower him ek ferklôit, hij IS ut hyltyten SELS.
Dy fwarstelling fon saken doogt net. De skrjower kómt nóit yn syn ferhalen foar. Yn de ferhalen kómme olinneg fygueren foar dyt mun óp grûn fon de tekst kónstrúerje ken. Bwótten de tekst bestonne se net. Formeel vurt nea dúdlik hókker persoanen de miening fon de skrjower fertsjintvuddegje; ut is net sa dot un ‘ik’-fyguer tichter by de skrjower stjit os un ‘hij’-fyguer. De miening fon de skrjower is nóit (útsain bij hele simpele tendinslektuer meskyn) rjóchtstreeks oanviisber, mar dy miening blykt sees mar tusken de rigels tróch. En vot mun don oan mieningen, ópfottingen en ydeeën sammelje ken, dot is noch net de skrjower-os-persoan, mar de skrjower sat en fwarsafiert ur him yn dut ferhaal toane vû. Dot aspekt fon de skrjower is de skrjower syn ferontvudlekhyd. Hij is ferontvudlek fwar elke krekte ynterpretaasje fon syn vurk.
De skrjower sil net oltyten lyke iepentlek blyke litte ot ur ut mai de útteringen fon syn persoanen iens is. Omreden dot ur mient dot syn aigen ópfottingen net ta de saak dógge of dot de lêzers mônsk genôch binne, of alteast vêze matte, óm selsstonneg te réagjerjen óp de tekst, ken ur him sa fólle mooglek óp de flakte hôre. De miening fon de skrjower ken him don behaine ta sókssavot os: sjug no us, lêzers, vot is ut un rare boel yn de vrôd. Ut lyket mij ta dot yn de bêste lyterêre útteringen ut bwadskip fon de
| |
| |
skrjower behaind is ta de twillingsemoasje ‘begrutsjen-veaze’.
De skrjower hat net de pretinsje óm syn lêzers vot te learen en óm de vrôd te feroarjen. Mun kin Dostoiewsky (Skuld en boete) en Camus (De frjemdeling) dur net fon beskuldegje dot se moad propagjerje of fon miening binne dot mwadners minder siwer straft vurre matte, dot is apsurd. De skrjower jaut ‘emoasjemodellen’.
Ik vit vól dot dur minsken binne dyt fólle méár út un bûk helje. De Bibel is vól ut meast dúdleke fwarbeeld fon un lyterêr vurk dot misbrûkt vurt óm aigen rotstreken goed te praten. Mar dy ferkeade ynterpretaasjes binne net te vyten oan de óndúdlekens of de meartsjuttegens fon de tekst, mar oan de kweavillegens fon de lêzer.
Ik set mij jirre ô tsjin Bartle Laverman, dyt skrjoot: ‘Ek de skriuwer sil him biwust wêze moatte fan 'e mûglike tapassingen en evt. misgebrûk fan syn teksten. Hy is mei forantwurdlik foar it brûken en misbrûken fan syn wurk’ 5) Ik ha dy ópfotting ol jedder, en nochol emoasjoneel, bestriden 6) ómdot ik miende un vjerlûûd te hearen fon beskate fasistyske útteringen oer lyteratuer. 7)
De skrjower ken him net hoedzje fwar ferfolskingen fon de strekking fon syn vurk. Ut jinnege olternatyf is don: óphôre fon skrjowen.
Laverman en de salónmarksisten mai un te hege bankrekken ydéalysjerje ‘ut gevoane fólk’ dot fon goede vil is, mar dot ut ollegjerre net sa goed begrypt en dot tróch ‘slimme’ lyteratuer óp de doele brocht vurt. Mar dómme lju lêze net, en se binne nammes óngefaarlek. Gefaarlek binne yntellygente fygueren dyt ferkieze óm simpel te tinken ómt dot har better yn de kream te pos kómt. Dur binne mear dwailen os dómmen.
De bóndel ferhalen ‘Sniejacht’ tsjinnet him oan os un fiksjoneel vurk. Dot dógt blyken út ut ómslag, de typografy, út ut óntbrekken fon un ûndertytel os ‘Essees oer...’, en fonsels út de struktuer fon de teksten. Mar vij hûgge jir net lang bij stil te stean, dur sil tinkt mij gin lêzer vest ha dyt miende dot ur un vittenskiplek vurk oantúúgde dût ur ‘Sniejacht’ kocht. Ek de brieffwarrem bringt ús net óp de doele; ut skrjowen yn brieffwarrem is ómmes ol un heel ôde lyterêre kónfinsje - nammes út un brievehaad os ‘Delhi, april 19..’ dógt genôch blyken dot dy brieffwarrem fiksjoneel is.
Ut apatte fon dusse bóndel is no, dot dur tekstdelen yn fwarkómme dyt har net rjócht yn ut fiksjonele kader skikke vólle. Ik doel op de fylosofyske petearen yn ut lêste ferhaal en óp de lyterêr-histoaryske ynformaasje yn ‘De trije nêsten’. De skrjower hat dy stikken skreon en yn de ferhalen ynfûge, grif ómt ur fon miening is dot dy ynformaasje veade hat en fwar de lêzer fon belang vêze ken. Mar dy ynformaasje is net yntegrjerre yn de ferhalen, sá dot ut de útteringen binne fon de ferhaalfygueren, en sá dot ut de ferhalen fjidder drjoot nai un ain ta. Dy ynformaasje makket dus gin deel út fon de yntrige; òf mun sû ûnderstelle matte dot yn ut lêste ferhaal de ik-fyguer dy yntellektúele taal útslagt óm dot mooie fanke te ymponjerjen, mar dur binne
| |
| |
neffens mij yn dut ferhaal gin tekens dyt duróp vize dot dy ûnderstelling jirre rjócht fon bestean hat.
Ut lyket mij ta dot de skrjower him net goedemôch bevust vest hat fon ut fiksjoneel-vêzen fon un lyterêre tekst, dot vól yn dut gefol seze: ut net-rillefont-vêzen fon ut fait dot dur un skrjower ‘Tûrgéenjew’ bestien hat dyt ‘It Adelsnêst’ skreon hat. Rillefont is inkeld dot de skrjower him oan de olgemene regels en skemas hôrt, vot ur jir dógt: dur bestonne skrjowers dyt mai un aigennamme oantsjut vurre, dyt bûkken mai un tytel públysjerje. Mar ut spesyfyke fon dý skrjower en dòt bûk, dot is net-rillefont.
Fon de fylosofyske of maatskippijkrytyske ynformaasje út ut lêste ferhaal jild ains noch sterker os fon de ynformaasje oer Túrgéenjew dot de veade durfon beskaat vurt troch de dyrekte relaasje fon dy ynformaasje ta de bwóttenlyterêre faitlekhyd - dus tróch ut os non-fiksje te lêzen. Os mun dot fylosofyske petear os fiksje lêst, lykos ik de easte kear dien ha, don réagjerret mun yn de tront fon: vot ôdehoert dy jónge; vonear gjit ur no us mai dot fanke óp bêd!
Gearfotsjend: dy patten ynformaasje binne bedoeld os fiksje - en don binne ut ferfelende stikken dyt ek noch neat bijdrage ta de góng fon de honling; of os non-fiksje - en don hji de skrjower dur better essees oan vije kennen ynstee fon se yn un fiksjoneel kader te pleatsen.
Un oar ópfôlend skôimerk fon dusse bóndel is, dot mear os de helte fon de ferhalen spylet yn un vrôd vêrt de lêzer - olteast dusse lêzer - de skemas en regels net fólslain fon ken, sadot ut him net mooglek is óm nai te gean ot de persoanen psychologysk neffens de réalytijt tekene binne, ot har (ré)aksje gevoan of bwóttenvênsteg binne, ot se har os stumpers of os smearlappen gedrage. De lêzer - mij olteast - óntgjit sadwande ut vêzentleke fon dy ferhalen. Ut sil vól vier vêze, vot de skrjower sait, mar hij ken ut ek vól lige, ik ken ut net naigean, ut is myn vrôd net. Ut ferhaal ‘-273’ dot is un healviis ferhaal, dy mon dógt núver. Of is dy vrôd nûver, en dógt dy mon normaal? ‘It earste lûd’ is un oerdreon en ónecht ferhaal, os mun ut pleatst yn ut Fryslon fon no. Mar vêre en vonear spylet ut, en oan hokker skemas en regels mat mun ut ferlykje? Utselde jild fon ‘Twilling’ en ‘De faem út Bhûtan’.
De fraag twingt him óp vêrómt de skrjower ferhalen skreon hat dyt de lêzer mai un skauderópheljen oan kônt leze mat, ómdot ur se net ‘túsbringe’ en ‘tsjutte’ ken. Ut sû vêze kenne - mar ik jau myn ferkljerring fwar better - dot de skrjower dur beswier tsjin hat dot de lêzer him nairiid en syn ferhalen tûtst oan de réalytijt, dot ur de ferhalen yn un oare vrôd pleatst, ópdot de lêzer him net kóntroljerje ken, mar op syn (de skrjower syn) gesach oannimme mat, dot vot ur fertelt ‘vier’ is. Ik kóm ta dy ferkljerring nai oanlieding fon de mon-frau-ferhôding dyt yn twa fon dy ferhalen un rol spylet, un ferhôding dyt yn ut Fryslon fon no gevoanvai apsurd vêze sû, mar dyt yn oare kultueren - merk ek óp dot ut fanke yn ‘Sniejacht’ (ut lêste ferhaal út de bóndel) un útlônske tutte is - meskyn fwarkómme ken.
| |
| |
Ik bin dêrmai oanlône bij de meast yn ut êg springende tematyk fon dusse bóndel: de rol fon de mon en de frau yn de maatskippij. De mon is neffens dusse ferhalen de tinker, de vitter, de beskermer, de tsjûger, de frau is de ytensierster, de ferswargster, de harkster. Mai oare vudden: de mon is un ópblaasde ydyoat en de frau is un sûppertrut.
De mônlje en frôlje beöntvudzje yn dusse ferhalen oan un rollepetroan sat dot vjirskynlek nea reëel bestien hat, mar dot óntstien is yn ut brain fon mônlje dyt vól bliksemze goed vitte dot se óp de meast vêzentleke punten ynferyeor binne oan frôlje.
De mon yn dusse ferhalen twingt himsels un beskate rol te spyljen, en hij twingt de frau un rol óp. De frau mat bijgelyks un rôk drage (‘De trije nêsten’, s. 33): ‘Né,’ sei er, ‘in frou moat in lape om har skammel hawwe, men mei wol sjen dat it in frou is. Ik ben âlderwetsk.’ Mai ôdervetskens hat dot fonsels net fólle út te stean! Oan de ain fon ut ferhaal vurt mai rjócht-fwar-de-raap-psychology ut dragen fon un brûk tróch un frómmes veróm brocht óp haat tsjin de hait: ‘Dêrom hast in man troud dy't tige mei oaren is, en dêrom draechst in broek.’ (s. 42/43) Dot ut dragen fon un brûk fólle hondeger is bij ut ferrjóchtsjen fon ollerhonde kervôikes, dot un frau dyt twóngen vurt óm un rôk te dragen sadwande minder kapabel is ta ollerhonde vurk en ut tsjin de mon ôleze mat, hat de monleke haadpersoan fonsels net yn de gaten. De skrjower hat ut lykemin yn de gaten, mar dot sprekt net fonsels... De frau vurt fjidder ferplichte óm frissels yn ut hier te dwan (utselde ferhaal), en dur vurre har slavebonnen óm jerrems en hols slain (‘Twilling’).
Tusken de rigels tróch blykt gin inkele twivel oan of spot mai de vissegheden en vaanviisheden fon de monspersoanen. Dusse ópblaasde kikkets lykje dus de miening fon de mon achter ut vurk út te dragen. Mun sû vinskje dot dy mon mear fon de minsken, of fon himsels, ô vist.
Ut is un skynvrôd, dyt yn dusse ferhalen ópróppen vurt, mai syn óphege, archaysjerjende en ónechte taal, syn steatlekhyd, syn útvrydske mielen en relygyeuze teedrinkerijen. Un heel arege test óm de skyn óp ut spoar te kómmen is: fertaal de tekst yn normaal friesk, feroarje de útlônske frôljesnammen yn Durkje, Klaske en de útvrydske mielen yn boerekoal mai vwast en pwódsjes petat.
Un pear epysoaden sille mij lykwóls oltyten bijbljowe - mar ot dot fwar ut bûk plaitet? -: un mon ken sa kwarje, dot dur yn gin jirren gês óp dot plak vaakse vól; un frómmes is sa viis mai ut flutske sied dot un mon yn har achterlitten hat, dot se de hakke fwar de skie hôrt óm ut te bevarjen... - vól ut meast groteske en un súver oandwanlek fwarbeeld fon monleke selsoerskotting.
| |
| |
1) | Willem Abma, De dichter in clown of in charlatan, yn Trotwaer 1976-5, s. 313-322 |
| |
2) | Tineke Steenmeijer-Wielinga, Sniejacht, winterse forhalen, yn Leeuwarder Courant, 18.09.1976 |
| |
3) | Ik vit net mear hókker nûmmer fon Frysk en Frij, ik ha de kronte vaidóndere - Jansma hat myn ynstjoerd stik grif ek vaidóndere. |
| |
4) | Dynamus, De sutelbus fan Dynamus, yn Sonde nr. 20, 5e jg. (1976) |
| |
5) | Bartle J. Laverman, Oantekeningen by in mislearring, yn Trotwaer 1973-1, s. 5-22 |
| |
6) | Tr. Riemersma, Lyteratuer fwar ut karke fon..., yn Trotwaer 1973-5, s. 289 |
| |
7) | Dû haf ik Bartle gin ontvud jûn óp syn fraag dotoangeande; ik ferviis him no nai de ynlieding fon myn krekt ferskynde ‘lt koarte forhael’. |
|
|