Trotwaer. Jaargang 9
(1977)– [tijdschrift] Trotwaer[p. 56] | |
[p. 57] | |
Moarnsfanút in swart forline
giet de wrâld my kâld oer de lea
ik skrilje en 't stiet my ûnfêst foar
hwa't ik bin en
hwer't ik winliken wenje
| |
[p. 58] | |
Deide dei is lyk in sêfte wyn
dy't oer myn antlit streaket
ien amerij de lippen bynt
en fuortstrykt yn it ivige
| |
[p. 59] | |
jow my ien wurd dêr't
dizze del mei tekene wurdt
in glimlaits in gedachte
't is oars sa sljocht
igael en kleurleas sil ek
dizze dei wer oan 'e hael
gean mei dy oaren
jow my ien wurd
ien lichte wetterslach
|
|