Trotwaer. Jaargang 9
(1977)– [tijdschrift] Trotwaer– Auteursrechtelijk beschermd
[pagina 53]
| |
[pagina 54]
| |
Hellzapoppinwol it jônkje mei it mûtske op
daliks dit fers forlitte
en nei ûnderen ta gean
syn mem stiet yn de marge
op him to wachtsjen
mêm
| |
[pagina 55]
| |
Detektiveit spoar roun fan lord gilmore nei
doe 't ik syn butler duchtich tante
twa bluodderige fingers by
biwuolle yn in âlde krante
ik kaem him oer it mad hy wynde
út fleach de treppen del fordwoun
it leeljeblanke lyk lei yn de
in g-snaer om de strôte boun
ik snipte him mei de frou fan
op bêd en dy wie frijhwat flotter
as lady gilmore silger sels
mar hy moast wol bikenne dat er
|
|