Trotwaer. Jaargang 9(1977)– [tijdschrift] Trotwaer– Auteursrechtelijk beschermd Vorige Volgende [pagina 52] [p. 52] Geart v.d. Meer Soms soms sjochst in stien dy't leit to glinst'rjen yn it sân- mar wolst him mei dyn fingers gripe troch dyn fingers rûgelt sân. soms yn in dream is hja in put en dou in stien dou falst en hja falt dij tomjitte - wekker falt der dochs mar ien. soms op in moarn - nacht is oer en lepen it gerdyn - driuwt heech yn 't blau in reade draek frij? ûnfrij? o tou, o wyn! Vorige Volgende