Jowt de tekst dêr oanlieding ta? Lit wy it dochs marris bisykje mei de close-reading-methode.
De earste sin fan dizze tekst kin, ha ik de yndruk, op twa manearen ynterpretearre wurde:
It epitheton bismet mei kunst kin taelkundich sjoen, sawol forboun wurde mei in frjemd as mei it eigen âlde doarp. Sjoen lykwols, it forfolch fan dizze tekst, liket it nochal foar de hân to lizzen om to forûnderstellen dat bidoeld is: in fremd, bismet mei kunst, yn it eigen âlde doarp.
De twadde folsin fan dizze tekst is mar foar ien útliz fetber: de frjemdling út de earste folsin fan dizze tekst blykt fan it froulik geslacht to wêzen en bismet mei kunst as se is, troch de buorren fan har eigen âlde doarp to rinnen mei in spikerpak oan dat nau slút om har billen. Dy billen steane, op dizze manear etalearre garant, foar geil of oergunstich praet.
Dizze analyse, dy't neat fan dwaen hat mei djiptepsychology moat, nim ik oan troch de earste de bêste treddeklasser fan de earste de bêste basisskoalle makke wurde kinne.
De tredde folsin út de tekst, dy't hjir bisjoen wurdt, moat hwat ha fan in konklúzje, in morael, sjoen it feit dat de twadde folsin ôfsletten wurdt mei in dûbelde punt. Dizze tredde folsin hat hwat forrassends mei't de dochs hwat deiske problematyk, dy't yn de earste twa folsinnen fan dizze tekst signalearre wurdt, op in hwat filosofyske manear fortaeld wurdt. De frjemdlinge yn eigen doarp is, yn de eagen fan de doarpsbiwenners, in objekt, in ding. Sels makket se fan har ex-doarpsgenoaten objekten, dingen, troch mei âld ark (har glêdde brits) by har nij sear (in adoraet jong feint yn wiete fuorge biskûl biedend en wer forstjittend) to weech to bringen. De thematyk dy't hjirmei oansnijd wurdt laborearret seker net oan de êbbe en floed, dy't moade hiet, it thema is al sa âld as de minske. Wol wurdt dat, thema yn in eigentiids kader set, binammen troch it feit dat de objekt-subjekt tsjinstelling oan 'e oarder steld wurdt. Dat thema is - nei myn bitinken - binammen troch in filosoof as Sartre yngeand oan 'e oarder steld. Dêrmei ek is de banale probleemstelling dy't sprekt út de earste twa folsinnen fan dit fers, transcendearre.
Hwat moat hjirnei noch sein wurde fan Willem syn opmerkingen oer dit fers. Faeks allinne dat it nochal gefaerlik wêze kin foar in kritikus of - Willem syn wurden: poëzijhifker - om ûnder it mom fan djiptepsychology yntuïtive feeling oan bod en bar komme to litten. It soe sa wêze kinne dat dan de kritikus syn eigen frustraesjes - dy't fanút syn ûnbiwuste omheechbuorrelje - as in gedegen krityk biskôget.
Ik bin oars al fan bitinken dat de redaksje fan dit tiidskrift dy krityk nea akseptearje moatten hie, al soe it allinne mar wêze om't dêrtroch ien fan de redaksjeleden tofolle mei de billen bleat komt.