flaptekst mar to brûken.
Dêr is de bondel op himsels net minder om; allinnich it meagere
tal fersen mei it boppeneamde thema jowt jo wol it idé dat it
probleem de dichter dochs net sa heech siet. Hy hâldt him der al
ridlik gau oer stil, en salang't hy der noch al mei dwaende is giet er
gauris sydpaedsjes del. De lêzer - alteast ik - krijt sa it gefoel dat de
fersen hwat plichtmjittich skreaun binne. Ek bliuwe jo op geheimsinnige
rigels hingjen lykas:
hwat foar de ruten hinget as fitraezje
tsjinnet in siele gjin hûs ta kamûflaesje
dy't de fersen ek al net mear oertsjûgingskrêft jowe.
By it forskaet dat de rest fan de bondel biedt is aldergeloks mear to
genietsjen. Der binne yn it foarste plak in tal leafdesfersen by (yn
tsjinstelling ta it tokoart oan kontakt yn de earste fersen): Stillibben
(s. 15), Dou (s. 16), Forealens (s. 18), O (s. 19), Femme fatale (s. 20).
Faeks hjir en dêr wol hwat tradisjoneel (it waer wurket byg. o sa
mei, s. 18: wiuwende palmen en wolkeleaze himels), mar dochs is
byg. it tradisjonele byld fan it lichum as lânskip hjir wer nij
útwurke, útrinnend op de krêftige rigel ‘dyn eagen tsjoene al myn
lytsens rom’ (s. 16). Yn it algemien binne de ienheden dêr't dizze
fersen har yn fordiele litte (rigels of parten fan rigels) koarter forlike
mei dy yn de bigjinfersen (de fitraezje-fersen), dy't mei dêrtroch
swierder lêze en jo minder meislepe. Yn dizze leafdesfersen sit
gong.
Apart wol ik neame Stillibben (s. 15) dat my efkes oan
Tamminga's Sitadel tinken liet, foarsafier 't it de gewoane húshâldlike
dingen as tekens sjocht fan ‘tagedienens’. De ‘messen fan de
moarntiid’ oan it slot foarmje yn dizze kontekst lykwols wer in to
útwrydsk byld, nei sa'n gewoan bigjin.
In oar skift foarmje de fersen - almeast koart - dy't it fan in
humoristyske observaesje, in understatement, in pointe hawwe
moatte. Oan it bigjin haw ik al dúdlik makke dat Daen syn humor
net altyd mines is. Dochs bin ik bliid dat syn meditearjen oer God,
minske en maetskippij net allinnich syn delslach fynt yn leadswiere
fersen lykas Misrekken (s. 14) en Rekrút of feteraen (s. 26), mar ek
krekt yn lichtfuottiger, flitsender - en dêrtroch gauris minstens sa
effektive - fersen. Ik tink hjir oan Sosjale kontrôle (s. 9), Pech (s.
12), Wer op 'e groun (s. 17), Hoefolle deaden (s. 22), Narcissus
Wiegel-effekt (s. 24), De macht fan it kapitael (s. 25) en de
Gelegenheitsfersen (s. 31). (Dy lêste dan wol ôfsjoen fan de
préokkupaesje mei eigen en houne-bulten dy't de dichter ek op
oare plakken (s. 6) heech en/of dwers sitte).