Tichelwurk
Heal wurk
De lêzers fan Trotwaer 1976-3, dy't net ek myn artikel yn it Friesch
Dagblad fan 20 maert 1976 lêzen hawwe, sille net it measte hawn
hawwe oan Trinus Riemersma syn ‘Jetrus: ut skip moi jild’. Ut in
telefoanpetear mei Trotwaer-redakteur Willem Abma die my bliken,
dat yn elk gefal dy redakteur al net iens presiis wist, hwat ik yn it
Friesch Dagblad skreaun hie, en oft Riemersma syn lulkens al of net
torjochte tsjin my ûntstutsen wie. Ik haw yn it Friesch Dagblad fan
20 maert oantoand, dat Riemersma syn ûndersyk nei de prestaesjes
fan Fryske skriuwers dy't in wurkbeurs of in talage hawn hawwe út it
Fonds voor de Letteren, heal wurk wie. Ik protestearde tsjin it feit,
dat Riemersma op groun fan dat ûnfolsleine ûndersyk kollegaskriuwers
biskuldige fan wanprestaesjes.
Yn Trotwaer 1976-3 skriuwt Riemersma - ik fetsje gear:
1. | Ik (Riemersma) hie net it doel om skriuwers to biskuldigjen. De
strekking fan myn artikel wie om ‘it nuvere dwaen en litten fan it
Fonds voor de Letteren oan it ljocht to bringen’. Oer dy strekking
skriuwt Tiny Mulder net yn it Friesch Dagblad. |
2. | Men kin fan my (Riemersma) net forwachtsje, dat ik in deeglik
ûndersyk doch. |
3. | Hoe soe ik trouwens sa'n ûndersyk dwaen moatte? |
Opmerking by 1. As Riemersma net fan doel wie om kollegaskriuwers
to biskuldigjen, hoe komt dan de kwalifikaesje ‘wanprestaesje’
yn syn artikel? It stiet der dúdlik: ‘De slimste gefallen fan
wanprestaesje binne...’ en dan folgje de nammen fan fjouwer
skriuwers. As in skriuwer útgiet fan forkearde feiten, dan bin ik net
genegen om yn to gean op de strekking fan in artikel, skreaun op
groun fan dy forkearde feiten.
Opmerking by 2. Lêzers forwachtsje mei rjocht en reden, dat kranteen
tydskriftskriuwers de feiten, dêr't se yn har artikels mei foar it
ljocht komme, goed en folslein sammele en kontroleard hawwe.
Opmerking by 3. De bêste en gauste methoade om jins materiael to
kontrolearjen is it opskiljen fan de bitrutsen persoanen, yn dit gefal de
skriuwers om hwa't it Riemersma to rêdden wie. Dan rint in krante-