binne net fan tapassing op Lyts Frysk Deadeboek. Dêr wurdt sûnder in krûmke reserve en emoasjoneel úthelle.
De foarm fan de teksten, en net fersen dus, yn Lyts Frysk Deadeboek is net sloardriger as yn syn oare bondels. Spaesje en enjambeminten wurde, alteast as it om de reden derfan giet, faken wol dúdlik. Faeks hat Jan Wybenga dit biwust dien. Men kin in rachel ûnmooglik in bipaelde struktuer mei jaen. Je moatte mar ôfwachtsje hoe't dy by it skraebjen fan de kiel jin út de mûle flûpt en op strjitte delkwitst. De iene kear lang en giel, dan werris roun en griis, soms in lytse draek mei op in moaist in stikje stjurre bloed der yn. Sa bisjoen passe foarm en ynhâld inoarren aerdich: de foarm fan de ynhâld is net tafallich bleaun en yn dy min of mear fêste foarmjowing set Wybenga him to skoar tsjin it al to spontane en ûnkontrolearbere. Thematysk forwûnderet dit lêste wurk fan Jan Wybenga jin minder as de felheit derfan. Forfal, forgean en forsutering waerden al biskreaun yn Barakkekamp bg. it fers(!) Greiddoarp, side 15. Lyk sa, as it om dit thematyske aspekt fan it wurk fan Wybenga giet, it kaeifers ‘foto’, side 9 yn Barakkekamp. Hwerom in kaeifers?
In djiptepsychologysk hifkjen fan poëzij hat net alles en allinne mei rasjoneel poëzijbisprek fan dwaen. Ik leau dan ek net dat dat lêste hûndert prosint mooglik is (Hjiroer yn oar forbân faeks mear). Dêrom doch mar hwat yntuïtive feeling oan bod en bar. Ut de neifolgjende tekst yn Lyts Frysk Deadeboek mei dúdlik wurde hokfoar link der to lizzen is tusken dizze tekst op side 23 en it fers ‘foto’ út Barakkekamp.
earst tekst 23, Lyts Frysk Deadeboek:
‘Yn kloften sit de 65 + -erbinde/to taertsjefretten en to kofjeslinen foar't each fan 't arbeidzjende gods folk,
dat dy massale liddichgong mar oansjen moat,/ dy't oan de rinten fret en jild forslynt. /Mar breedút yn't ljocht dat har/forgund wurdt, krêbbet dit naesje/swiet, mei de oermond fan sok jeltich reau.’
it fers ‘foto’ út Barakkekamp:
‘Underantlit/mei it antlit/dat dy skôget/djipforwoechsen skitf, /forbyld,/ré om to ûntkommen/oan syn nei-byld,/tweintich jierren djipper/yn'e tiid bibiten,/partsje mei oan kleur en kromte,/bochtsje dy,/ bislaen de romte/ wer yn waermens, libbenswier.
Ik skril tobek foar't glêdde glimkjen,/spegele yn'e deadske flakte/fan it glêshurd brún bromide./ Mar inkeld troch dat palflak hinne/kin'k mysels/biglide.’
Mei de rigels ‘bislaen de romte/wer yn waermens, libbenswier/’fan it fers ‘foto’ wol de dichter de foto fan himsels, mar dan tweintich jier jonger, ta libben komme litte. Dat wie yn 1962. Nou,