te/op de swarte rotsen’. De klank fan dizze rigels is moai: it ò-lûd mei lytse fariaesjes, sûnder dat dy assonanses opsetlik oandogge. Boppedat kriget de lêzer oanstriid mei ‘rotsen’ it wurd ‘útinoar’ ta to foegjen, sûnder dat it der stiet. In sterke suggesty! It pleonasme ‘folsleine perfeksje’, hwerfan it lêste wurd ek noch yn klank en aerd by de rest út de toan falt, forswakket lykwols de gevens fan dit gedicht.
It trêdde part fan ‘wetter, stien en sân’, de konklúzje, is in stikje proaza sûnder pluspunten: ‘hja bliuwe/en jowe de falske hope/op ûnstjerlikheit’.
Dêrnei folgje seis koarte libbenssketsen fan forstoarne persoanen, foarôfgien troch in prolooch en in epilooch. De dichter rint oer it tsjerkhôf en ‘bilibbe(t) it libben dat libbe wie’. Efterinoar krûpt er yn de hûd fan in miskende dichter, in sûplap, in libbensblier frommes, in psychopate, in twivelriedich man en in âld ûngelok. Myn biswier tsjin dizze gedichten is dat der net mear suggerearre wurdt as der stiet. It connotative aspekt fan de wurden is to meager, dat kinne wurdgrapkes as de forhearde útrop ‘Jezus!’ fan de âld ûngelok dy't biklach docht by de Heare net oerhelje. Forslachjes yn fersfoarm binne noch gjin poëzij.
Yn it forheljende gedicht ‘forkear’ wurdt de dichter konfrontearre mei de dea op ‘in deagewoan krúspunt/yn in bûtewyk fan gouda’. De prikel dy't er dêr ûnderfoun slacht op my net oer, dêrfoar binne it ‘lûd fan in klakson en it/piipjen fan remmen/yn 'e fierte de gjalp fan in frou’ to klisjémjittige bylden.
De ‘ynternasjonale’ dy't er op syn keamer makket mei Frânske tsiis, Finske toast, Amearikaenske muzyk, Dútske drank en Fryske literatuer is in aerdige fynst fan dizze ‘loftse jonge’. Spitich dat er de slotrigels net hwat ‘nasjonaler’ makke hat: ‘moarn mar wer op in diéet/fan pils en vrij nederland’, hwant pils is net typysk Nederlânsk.
Folle puntiger binne de slotrigels fan ‘as it sa ris útkomt’. Dy drage it hiele fers en jowe der troch suggesty in ûnforwachte draei oan: ‘ik freegje my hieltyd wer ou:/hwat moat ik sizze/tsjin hwa en hwannear en/op hokfoar toan/mei hwa moat ik prate en/by hwa moat ik bliuwe en/mear dwaen as allinne mar/de tiid fan de dei tabringe/ /of fan de nacht/as it sa ris útkomt’.
De ‘rapsody yn bloed’ oer in moardner dy't in âld minske ‘oan smots fike(t)’ en har in knoop fan syn jas jowt om de plysje to geriivjen is yn it anekdoatyske stykjen bleaun. Nearne wurdt in noflike huver op de lêzer oerdroegen.
Fan de trije ‘wyn’-ferskes is it earste it aerdichste: ‘de wyn nimt it stjûr/yn hannen/en makket fan/dakpannen/saeipannen’. It twadde is al minder spontaen mei in oerboadige lêste rigel, hwerút